WeRead Powered by ReaderPub
Fryslân cover

Fryslân

Chapter 10: IT FJIRDE TAFRIEL
Open in WeRead

Explore more books like this:

About This Book

A cycle of nine dramatic tableaux in prose presents a personified land awakening in spring, summoning embodiments of dreams and deeds who describe visions of forests, rivers, seas and the people who inhabit them. An aged figure representing Time and rival figures symbolizing Matter and Spirit confront the land with competing crowns, prompting reflection on identity, communal duties, and choices between worldly power and spiritual integrity. Through lyrical imagery and staged encounters the work explores renewal, memory, and the responsibilities that shape a community's future.

IT FJIRDE TAFRIEL

DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM.
TWA MUNTSEN.
IN REIZGER.
DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it hege rjucht fen Fryslân. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in oprinnende greide, bikroane fen trije mânske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de beammen binne, as ôfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten fen de rjuchters; hjar beklingen binne sierd mei de wapens fen de Fryske sélannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa dêrnêst, hwet nei efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de hâlder fen it sigel. De gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles útspraet.
    Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei in boekdiel yn parkemint yn de hân; fen rjuchts in reizger, oan syn dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in lândeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de rûmte mear en mear fol fen Friezen yn tige útienrinnende dracht; men sjucht hege geastlike hearen en ienfâldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf.

DE REIZGER.
Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de iedmannen fen Upstalbeam?

DE MUNTS.
Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen hofier komstû, reizger, detstû net witst hwet yn Friezene libben it earst is?

DE REIZGER.
Sokke lange jierren haw ik omswalke bûten Fryslân, broer. Do’t ik foartteach gyng der in geroft ûnder it folk: de Upstalbeam scoe wer gearkomme, sûnt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen. Nou kaem ik werom ta it heitelân, en it earst joech ik my op paed hjirhinne.

DE MUNTS.
Wiis hastû dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslân. Mei de gearsit fen hjoed dy net ûnfoldien litte. Mar it is goed det ik dy siz, du moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de Upstalbeam bidrige fen ûnderling skeel fen de Friezen.

DE REIZGER.
Is den it âlde striidfjûr nea yette dwêst? Ek net fen ’e gearsit dy’t for hiel Fryslân stiet?

DE MUNTS.
Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslân. Mar yn de twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts.

DE REIZGER.
Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit?

DE MUNTS.
Lyk astû sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen fen Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette.

DE REIZGER.
Sa bistû den in mûnts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?

DE MUNTS.
Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?

DE REIZGER.
Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hûs det my sa nei is. Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.

DE MUNTS.
Sa moatstû dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstû alteast tofreden wêze. Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is de rykdom dy’t God ús joech. De drege âlde beammen by de skiere kleastermûrren glânzgje fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne giet mient men de sé to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it sûnt tiden wier, en God joech ús de lêste jierren skoandere rispingen. It Klearkampster fé is forneamd yn de omkrite. Wis moatstû komme en det alles sjen, frjeon reizger.

De rûmte is nou alhiel fol wirden, lûder bigjinne de stimmen to gounzjen. In oare jonge mûnts komt nei foaren.

DE OARE MUNTS.
Komstû, Aegidius? Wy moatte ús sitten ynnimme, de iedmannen scille sa dalik forskine.

DE EARSTE MUNTS.
Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!

DE REIZGER.
Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.

De mûntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e lege bankjes nêst de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerûs troch de mannichte.

IN STIMME.
De iedmannen fen Fryslân binne yn oantocht!

OAREN.
Rûmte for it hege rjucht fen Fryslân, rûmte for de mannen fen de Upstalbeam!

Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man, yn de útris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere geastlikheit, twa, ûnder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue; fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ôffirdige fen Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, dêr’t de gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen Klearkamp en stiltme falt yn.

DE ABBET, oerein.
In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae Virginis Mariae.

DE GEARKOMSTE, moarmeljend.
Amen.

DE ABBET.
Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer to bigjinnen. Dingen út it jongste forline meitsje it mear as winsklik, det ik jim op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslân de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ús krêft, ûntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen de Friezen tsjin de hearen út it frjemdlân. Bitink: troch iendracht wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ús tinken allinne, mar ús hert sels moat wêze by dizze greate mienskip.

IEN UT DE GEARKOMSTE.
Det is ús al faker sein. Det witte wy allegear wol!

DE ABBET, stranger
As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik jim foarhâlde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr’t jim tsjintwirdich jim krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de brânstifting yn de bûrren Elwierde.

GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Hja fortsjinnen it dûbeld en dwers! Hjar heechmoed wier ûndildber! Hja joegen sels de oanlieding! Hja binne bigoun!

DE ABBET, forûntweardige.
Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in grouwel binne for de himel en in ûnrjucht for de minsken? Hwer is it forskeel twiske dizze plonderers en brânstifters en de wrede Noarman, dêr’t ús kroniken fen sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net forstean? Sjuch hjir dizze sit rjuchts fen my; ienris siet dêr de iedman fen West-Fryslân. Nou is er leech, nou hearsket dêr de greve fen Hollân!

GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Flok oer de greve fen Hollân en alle frjemde hearen!

OAREN.
Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!

OAREN.
Oer de stêd Grins it meast fen allegearre!

Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa Frysk as folle parten fen Fryslân!”

DE ABBET, mei greate stimme.
Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze mûle sa’n wird sprekke, hja scoe it slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de greve fen Hollân, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien wierne? It is wier, de sé skaette West-Fryslân fen ús: do wier it de oaren swier to stypjen. Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fjûr yn jim herten bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslân net yn greatens oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein stean!

Der lûkt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild wint.

DE ABBET.
Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane ûnder ien haed, hja binne ien. Hwet is ús swakkens en skande? Dit, det wy sûnder haed binne en fordield. Lâns dizze wei is der allinne de ûndergong. Dêrom det ik my nou, en troch myn mûle it ienriedige rjucht fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy’t Fryslân ynmoedich ljeavet. Hwa’t it libben fen Fryslân wol, lit him de macht fen de Upstalbeam bisterkje.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Yn hokfor wei?

DE ABBET.
Hûndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze yn hiel Fryslân. Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht werom. Ik easkje striders fen de goaën om for ús bisluten de earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart to bistean.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Tinkstû det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bûgen for eigen? Dû scilst ús net forrifelje, heite!

Kabael en laitsjen.

DE ABBET, him meitôgje littend fen syn grime.
Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sûnder hearskippij bistean? Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t keazen binne fen jimsels?

Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar mei hirdens en driigjen oertsjûge wirde wolle. Men is stil.

IEN UT DE GEARKOMSTE.
Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.

DE ABBET.
Sprekstû for dysels ef for in mienskip?

DE SPREKKER.
For in great part fen de mienskip fen Westergoa.

DE ABBET.
Siz dyn bitinken.

DE SPREKKER.
Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to sjen. Wy scille dêrom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy forbine dêroan ien bitingst.

IN OAR.
Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslân spylje!

DE SPREKKER.
Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ús rjucht fen frije Fryske goa; dy namme is ús genôch. Mar ien ding wolle wy net: ûnfryskens en forrie yn ús eigen formidden, yn in boun det de greatste namme fen Fryslân draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne út suvere Friezen bistiet?

IN OAR, spottend.
Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!

DE SPREKKER.
Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam. Ik skik yn, dêr is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen iepen for de greve fen Hollân; oan ús doar leit de forriederlike, ûnbitrousume stêd fen Starum!

IN STIMME.
Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ôffirdigen hjirhinne to stjûren!

DE SPREKKER.
Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwânselje de Fryske frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollân! Jim dije en wirde grou, en it fierdere Fryslân kin forkomme!

DE ABBET.
Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstû net fierder sprekke!

DE STARUMER, forachtlik.
Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder fol, ús wenten der net minder ryk om wêze!

DE WESTERGOAER.
Skande oer de fette keapljue dy’t Fryslân forriede! En der binne mear sokken yn Fryslân! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!

Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstû wier meitsje!”

DE WESTERGOAER.
It stiet sa fêst as in hûs! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen Hollân! Jim hawwe him de hilde bean en ús forret! Jim krûpe for de frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy’t jim binne!

IN WYT-EASTERGOAER.
Wy scille ús it brea net út ’e mûle stjitte litte om dyn gelikens! Wy hiene rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, dêrom krûpe jim de oaren oan!

DE WESTERGOAER.
Mannen fen Westergoa, scille wy ús det sizze litte! Foart mei de forrieders!

DY FEN WYT-EASTERGOA.
Forrieder dy’t it seit!

Der driget in greate striid, gûnt sjucht men de swirden lûken. Nei hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit, wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden, folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:

DE ABBET.
Sjuch ta hwa’t jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne!

It wirdt hwet stilder; hja ûntsjugge de prelaet yet.

De gearkomste fen de Upstalbeam is ûntboun! By de weardichheit fen myn ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei in kant! Wé as jim earen net hearre!

Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne; effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It wirdt leech ûnder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ôf oan wearskanten, útsein ien, dy’t nêst de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten heart men de geroften fen ’e reboelje.

DE RJUCHTER.
Mei ik jo in ried jaen, earwearde?

DE ABBET.
Jy hawwe frij. Hokker?

DE RJUCHTER.
Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou mûntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat fijannen.

DE ABBET.
Nimmen yn dit ûnlokkige lân is mear sûnder fijannen. Mar safier scille hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.

DE RJUCHTER.
Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?

DE ABBET.
Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ûnder hjar skepersstêf. Mar hja lykje mear wolven as skiep.

De mûnts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.

DE MUNTS.
Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...

DE ABBET.
Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy sa oan?

DE MUNTS.
De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint oer de woartels fen de Upstalbeam...

DE ABBET, skriljend.
Nou is de ûndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis Frisiae. (Tsjin de rjuchter.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik scil myn kleaster bisterkje.

De foarhing slút.