WeRead Powered by ReaderPub
Fryslân cover

Fryslân

Chapter 11: IT FYFTE TAFRIEL
Open in WeRead

Explore more books like this:

About This Book

A cycle of nine dramatic tableaux in prose presents a personified land awakening in spring, summoning embodiments of dreams and deeds who describe visions of forests, rivers, seas and the people who inhabit them. An aged figure representing Time and rival figures symbolizing Matter and Spirit confront the land with competing crowns, prompting reflection on identity, communal duties, and choices between worldly power and spiritual integrity. Through lyrical imagery and staged encounters the work explores renewal, memory, and the responsibilities that shape a community's future.

IT FYFTE TAFRIEL

IN BOER.
REIN ANES.
SIBE HETTES.
FOLK.
IT ROUWENDE FRYSLAN.

Tsjuster. In skoftke, en de hérold forskynt fennijs. Hy bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp.”

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in treastleaze lânsdouwe ûnder in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei, dêrefter de ynsinking fen de lânsleat; yet fierder rint de groun op nei de terp. Huzen binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet net ûnder, mar de wolkens jeije wyld it loftrom lâns en fortsjusterje hjar ljocht; bytiden reint it.
    Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters, sit in breklike jonge, syn krukken yn de iene hân, ûnforweechlich. Syn antlit hat it bleke en fêste fen minsken dy’t folle lijd hawwe; hy hâldt it keard nei rjuchts eft er dêr ien wachtet. Fen lofts komt in greate, foarse boer; de kile en seilbokse ûnder de modder.

DE BOER.
Nou moat it wrychtich net mâlder wirde! Dêr sit ien yn dit waer!

Hy bikruset him.

Ik mocht wol weromgean ... as det mar suver spil is...

Der komt him hwet yn ’t sin en hy makket him ta man.

Bistû it, Rein Anes?

DE JONGE, mei in heech en klear lûd.
Hwet wolle jy?

DE BOER.
Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! It hert slacht my noch yn ’e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy dêr del to jaen yn dit waer? Rein sit yn ’e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs gekkewirk, net?

DE JONGE.
Ik bin wirch. En ik wol wachtsje.

DE BOER.
Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hastû hjir to wachtsjen yn dizze hjerstjoun? Ef (wer bang) wachtestû op ... hwet oars?

DE JONGE, steech.
Ik scil jo net wizer meitsje.

DE BOER.
Nou ... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed, jonge. Mar der is net folle slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt him nou op in paed, mids yn ’e neare hjerst?

DE JONGE.
Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte.

DE BOER.
Heden jonge, hwet bistû my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik nou witte... (hy bitinkt him): lit my nou ris sjen ... it is Slachtmoanne, en wy telle de tsjiende... mieri, dêr ha ’k it... Ei jonge ja, it is hjoed de Lândei fen ús Steaten to Snits... Jonge, jonge, en wachtestû nou op nijs dêrfen?

DE JONGE.
Sibe is nei Snits ta op ’t hynder. Hy scil tynge meinimme.

DE BOER.
Sa mâl kin ’k it net oangean! Dêr sitstû nou op to wachtsjen, in foech jonge, dy’t himsels net ienris rêdde kin! Hwet hast dy yn ’e kop helle, jonge! Lit dêr de hearen mar oer plachtsje, hwet is ús der nou oan fêst! In minske moat om himsels tinke, siz ik mar; dêr hat men al skoan genôch oan!

DE JONGE.
Jy komme út ’e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder gean.

Hy keart syn antlit ôf, sadet er de boer net mear sjucht.

DE BOER.
Dû hast se alle fiif net, jonge. Mar dû moatst net miene, det ik gjin niget oan nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men yen net ûntkomme litte.

Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank.

IEN FEN DE NEIKOMMERS.
Is Sibe Hettes al werom op ’t hynsder?

DE BOER.
Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my ris nij dwaen, ho’t it jern hjoed to Snits hispele is. Dêr komme yet mear, leau ’k.

IN OAR.
Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om tynge. En ja, men is den fensels al nijsgjirrich.

DE BOER, swetserich.
De heechste lânsbilangen sitte deroan fêst, minsken! Jonge, dêr moat men net licht oer tinke! Dêr meije wy wol effen de keallen for wachtsje litte, oars net?

IN OAR, spotsk.
Sêfts wol, froede Fries. As ús foarfaers goed en bloed dêrfor oer hiene, kin by ús it boarnen wol in amerijke letter.

DE BOER, hwet kitelich.
Dû hoegst in oar net sa oer de snút to slaen! Salang as de bûter goed jildt, scilstû it dy ek net drok meitsje mei lânsbilangen. Miskien hastû sels dyn stim wol for in aerdich dofke forkoft!

DE OAR.
Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel!

DE BOER, op ien ein.
Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as dû!

GEROP.
Dêr is er! Sibe Hettes is werom!

GEJUCH.
Eala! Eala!

Der wirdt rûmte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstrûpt, mar de hege learzens ek ûnder de modder.

SIBE HETTES, ergere.
Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke. It is biswit, dû moatst it in dek oplizze.

Hwet meilijich, mar frjeonlik:

Och heden, Rein, sitstû hjir to wachtsjen?

IT FOLK.
It nijs! It nijs!

SIBE HETTES.
Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks út ’e mouwe stieken as lyk âlde wyfkes de nijtsjes to bitsjânseljen dy’t oaren jim oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy sitte ûnder de kwint fen in frjemd, mar wy moatte frâl witte ho’t er ús útstrûpt!

IN OAR.
Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de Steaten bisletten?

SIBE HETTES.
Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene ús Steaten bislute as dêr’t de frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Fryslân langer mei in frije Fryske tonge? Opsitte en „woef” sizze as se ús in stikje woarst foarhâlde, det is hwet wy nou dogge!

IN OAR.
Us Steaten bisteane út hege frije Friezen. Hja scille gjin feintetsjinst dwaen.

SIBE HETTES.
Hiest hjoed to Snits wêze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it wier in noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De frouljue rôpen jûchhei det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens scille hja gjin feinten mear ha wolle dy’t gjin mantels en plommen drage as dy fen Eastenryk!

IN OAR.
Hwet kinne ús dy klean male! Siz ús hwet ús Steaten bisleaten!

SIBE HETTES.
Det ha ’k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef” for de woarst dy’t Karel fen Eastenryk hjar foarhâldde! Hja hildigen him as erflik en rjuchtlik hear oer de frije goaën fen Fryslân, him en syn neiteam beide!

WER IN OAR.
Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen Dútsklân, net as greve fen Hollân!

SIBE HETTES.
Ljeagen! Dêr hawwe hja ús swiet mei hâlden! Hja hawwe him hildige as hear fen Fryslân, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De Lândei fen de Steaten bistjûrt ús net mear! Karel fen Eastenryk is hearsker!

Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!”

SIBE HETTES.
Hja hawwe mear dien! Karel fen Eastenryk syn fjildhear, dy’t Fryslân mei it swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him in stik goud foreare om’t er de frede yn Fryslân hersteld hat!

GEROP.
De Steaten fen Fryslân hawwe ús forret! Hja fortsjintwirdgje it folk net! Wy scille ús los meitsje fen hjar! Wy scille opstean!

IN GRIIS MAN, mei lûde stimme.
Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe hja dy skandlike dingen bisletten?

SIBE HETTES.
Fensels yn de tael dêr’t nou ús mûle nei stean moat, yn it Dytsk fen Karel fen Eastenryk!

DE GRIZE MAN.
Den hat it gjin krêft for it folk fen Fryslân! Gjin wearde hat for ús hwet yn frjemde tael oer ús bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht om!

Gejûch en gelaits. Gerop fen:

Det hâldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Fryslân!

IN HEGE, FIERE STIMME.
Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen. Allegearre scille jim jim to bûgen hawwe, lyk as ik my to bûgen haw!

Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fjûr to barnen. Heech op ’e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn swarte reagen. It gejûch fen it folk stjert wei yn gelúster; den swijt it alhiel. Men heart allinne mear it rûzjen fen de hjerstwyn. Frjemd en fier klinkt dêroer de stimme fen Fryslân:

FRYSLAN.
Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy’t gjin honk mear hat yn it heitelân! Hear nei hjar, lyk as men heart nei in stjerrende, hwent net ien fen jimme scil dit lûd by syn libben mear hearre. Yn dizze einichste ûre, yn dizze skieding for ieuwen, stean de wierheit net tsjin dy’t nou wach wirde wol yn jim herten!

Ik bin it, o Friezen, dy’t jim laette troch dizze rige fen moeisume ieuwen. In lân fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de krêft fen it libben. Ut de dizen fen it ûnbikende binne wy kleaun ta it ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme de nachten ljocht, myn dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster?

De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen út ’e skie, om soannen fen Fryslân to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird fen Fries tsjin Fries, myn skientme wier it dy’t dylge waerd fen jim hannen, myn krêft wier it dy’t forblette fen jimme striid. Forlern is de kroane dy’t ik droeg sûnt myn jonkheit—mar hwet telt in kroane? Wei binne hja dy’t nêst my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun oer de erflike goaën; sels myn rouwe wirdt net ûntsjoen.

Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim mûle. De wytgers hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy’t jim moannen ta ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede hertstochten binne útgien oer it lân fen myn ljeafde, en jim hawwe de trou noch de greatens noch de hillichheit ûntsjoen.

Dêrom is myn grime great wirden tsjin jim, dêrom scil ik gjin gedild mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Fryslân forlit it lân det hjar jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende, dy’t yn it libben bitroude; lear nou sels iensumheit to forstean. Jim scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom scil ik gean nei de oarde, dêr’t ik út teach; jim dy’t my haten, sjuch ho’t jim libje scille sûnder my. Jim adel scil stean yn de hôven fen frjemden, jim skatten scille forstruid wêze oer de ierde, de eigen tael fen jim mûle scil lytsachte wêze by eigen en frjemd.

Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje scil for jim neiteam, salang de âlde forblining yet yn jim formidden bistiet. Dy dei det jim sizze scille: sels fordreauwen wy hjar, sels sloegen wy hjar, sels stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen ús skilden—dy dei scil der hope wêze for jim. Flok net de frjemden, mar gean yn it rjucht tsjin jimsels.

Forfolle is de tiid, fortein is de swiere ûre. Farwol, o Friezen. Yn jim formidden is Fryslân—net—mear.

Hja is fordwoun, de loft glânzget yette. Under de minsken komt biweging, net ien praet lûder as yn lústertoan.

IEN FEN ’E MANNICHTE.
Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen hûs.

IN OAR.
Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit.

IN TRED.
Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn ús earen.

IN FJIRD.
Arbeidzje, arbeidzje—miskien is der útkomst.

It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer.

SIBE HETTES.
Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kinne.

DE BREKLIKE.
Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik rêd my wol.

Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him ôf fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat op it West.

DE BREKLIKE.
Noch is der ljocht ... noch is der in bytke ljocht... (lûder:) Salang der ien is dy’t dy ljeavet, meistû ús net forlitte, o Fryslân....

DE STIMME, fierwei.
Salang it folk my net ljeavet, kin ik net yn Fryslân bistean, o soan...

It lêste ljocht stjert wei.

DE BREKLIKE.
O....

Hy falt del by de stapstien en brekt út yn wyld en hertstochtlik snokkerjen.

De foarhing slút.


De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en drôvens, dêr’t hiel njunkelytsen in ljochter toan as in sêfte fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven nêst inoar mei gelikense krêft; den tilt it ljochte út boppe it dûnkere en wreidet him út ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding lûkt omhegen.