IT SECHTE TAFRIEL
MASTER GYSBERT JAPIKS.
JONKER WATSE FEN CAMMINGHA.
SAMUEL FEN HARINGHOUCK.
Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de hérold. Hy bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to Boalsert.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht in keamer yn it hûs fen Master Gysbert; oan hwet der stiet is
dúdlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer brûkt wirdt. Dêr
hearsket in âldfryske skjinnens, dy’t de bliken fen krapte lykwols net weinimme
kin. De mûrre is opset mei stientsjes, op de flier lizze matten. In greate âlde
spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en matten stoellen; tsjin de mûrre
efter rjuchts, in âldfryske klok. In pear skilderijkes fen Wybrand de Geest
binne de ienichste forsiering. Rjuchts foar, in finster, dêr’t it ljocht fen in
iere hjerst trochhinne falt; dêrnêst in skriuwtaffeltsje, dêr’t folle âlde
pompieren oer forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert,
op in stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha.
Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier âld, mar syn skôging teikenet
heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de eagen hawwe yette de
âlde glâns. De biweging fen syn hannen is ûnwis en as siikjend; om to lêzen
bitsjinnet er him fen in forgreatglês; nou en den ûnder it praten, tyspelet er
hwet om mei in greate goezzefearren pinne. Syn dracht is dy fen in ienfâldige
boargerman, mar keal en forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige
forskining yn gâns djûrder útris.
DE JONKER.
It is den sa ôfpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze winter
op ’t Amelân forwachtsje?
MASTER GYSBERT, suchtsjend.
Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik ûntankher to lykjen mei al myn
biswieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin net libje
mids de forlieding fen de wrâld. Hy scil hjir togroune gean, en syn âlden
scille stjerre yn earmoed.
DE JONKER.
Dêrmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde frjeonen yn
Fryslân. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op ’t each haw. De iensumheit
fen it eilân koe him bringe ta ynkear.
MASTER GYSBERT.
De sé scil wêze twiske myn soan en ús. Sa biswierlik is de reize fen Fryslân
nei it Amelân, seit men. En wy wirde âld, myn alderljeafste en ik. Fen ús seis
is hy de ienichste dy’t yette oer is. Ik winske him net fier ôf, as skielk de
Heare my roppe scil.
DE JONKER.
Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits hoaske
oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen yn jamkste
fâlde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit forkroppe yn it
eigen herte, mei safolle oars.
DE JONKER.
Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master Gysbert, as my
diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de foartgong fen ús
frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje fen jins ûren fen Fryske
stúdzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in setsje op de ein fen ús
ûnderhâld. (Oerein:) Ik winskje jo de seine fen omhegen en in goede
sounheit, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstrée groetenis oerbringe.
De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck, útjouwer to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsjûgenis fen Ingelske saeklikheit (hy is berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen Master Gysbert oer. Mar hy hat in rûm en wiid herte, en is myld for de âlde skriuwer, for hwa’t er in frjemde mingeling fen forearing en meilijen fielt.
FEN HARINGHOUCK.
Bêste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen!
MASTER GYSBERT.
Wêz wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei Ingelân
lit jo net to ûnfoldien oer ús Fryske sljuchtens.
FEN HARINGHOUCK.
Planút sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to wêzen. Frjemd is it
sa’t jou heitelân sels de bern fen oare kontreijen oanlûkt en ta eigen makket.
Sûnder mis, yn Ingelân is mear tier, mear droktme binammen. It libben dêr
sprekt mei lûder stimme. Mar ienris hjirre biwend, kin men de myldens fen dit
âlde lân min mear misse. Earst en binammen moat ik jo de rjucht hertlike
groetenis oerbringe fen master Junius to Oxford, frjeone.
MASTER GYSBERT.
Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege
wittenskip forsommet it ûnderhâld fen syn Fryske kennisse net.
FEN HARINGHOUCK.
Dêrfor hie er fierstento goed ûnderrjucht by jo, master Gysbert. Yndied, hy
droeg my op, jo to sizzen det er jo dêrfor tige forplichte bliuwt. Mei greate
wille fornaem er fen it plan fen de útjefte fen jins rymlerije. Jamk scoe it
him oanstean as wy him in pear kopijen for de bibletéken fen Ingelân biskikten.
MASTER GYSBERT.
Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken ús nommele Fryske
tonge yet eare weardich achtet, mei it ek wêze yn fiere en frjemde lânnen. Mar
oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo to forstean. Op it ynlikst
hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea ôfnimme det er syn bitinken foroare.
Lang haw ik hjiroer tocht en mimere. Mar ik bin kommen ta dit bislút, frjeone
fen Haringhouck: de Rymlerije moat net by myn libben forskine.
FEN HARINGHOUCK.
Mar master Gysbert! it wirk dêr’t jy sa folle by opset hawwe, det sa to sizzen!
jou hiele libben draegt! det in plak for Fryslân winne moat en scil yn de kinst
fen ús tiden!
MASTER GYSBERT.
Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo rekkenskip
hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik dêrta ré. Frjemd is it det ik my tsjin
jo to uterjen kom oer dingen dêr’t ik nea mei ien fen it eigen folk yet oer
praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy’t gjin Fries binne fen komôf, better
prate as mei mannichien fen ús eigen minsken.
FEN HARINGHOUCK.
Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my reden jaen
kinne, sterkernôch, om it bislút det jy neamden, to binlikjen.
MASTER GYSBERT.
Wol harkje, frjeone. Dûrjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen myn
Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit ôf. Ik sette my
dêrta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net mûglik dichten mei plicht to
bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to libjen. It wier wûnderlik, ik
seach hjar brekken en ûnfolsleinens sa klear. En dochs tsjûgen en songen hja
elts mei in eigen lûd. Yn de dagen fen dizze sêfte hjerst gyng, mei it lûd fen
myn fersen, hiel myn libben wer foar myn eagen foarby.
FEN HARINGHOUCK.
My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen wêzen?
MASTER GYSBERT.
Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder. Ik haw
jounen hawn, det ik de lektuere ôfbrekke moast; myn eagen woene net mear mei,
myn moed wier to fol. Sokke ûngelikense stringen hat it libben yn myn herte
triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn jonkheit, de earnst fen myn
ripens, de drôvens fen myn âlderdom. De blide jierren to Wytmarsum, ik hearde
hjar wer sjongen en laitsjen. Ik seach my, krêftich en ryp, oan de side fen myn
alderljeafste. Ik seach ús bern lyts, en great wirden ûnder memme en heite
noed; ik seach hjar forreizgjen ta de better kontreijen, ien for ien. Forjow,
det ik safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele
pompier; it wier as seach ik myn eigen libben dêr foar my. Dêrom bin ik hwet
tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben.
FEN HARINGHOUCK.
Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Fryslân scil it oars forstean?
MASTER GYSBERT.
Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje net
det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte wierheit forstean.
Safolle spot haw ik heard yn Fryslân, safolle slim en drôf misbigryp. Ik mien
net to sizzen, det hja sûnder fieling binne for dichting en kinst. Mar hja
achtsje hjar eigen sprake net, mei de âlde Fryske tonge driuwe hja follertiden
de spot. In makker fen Fryske rymkes, lyk as hja it neame, is net folle tel yn
Fryslân. Djip treft en wounet my it domme praet oer de rouwens fen ús sprake.
Tinkt jo, ik sjuch dit to swart?
FEN HARINGHOUCK.
Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert. Mar it is mar al to wier. For in
Ingelskman is it swier to forstean ho’t dit folk syn tael sa forsmite kin. It
is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael dy’t de Skepper fen ierde en
himel hjar joech. Jan Jans Starter, in frjemd, moast komme, om it earste Fryske
liet to sjongen. It is ûnbigryplik.
MASTER GYSBERT.
Sa is it, for elts dy’t suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen leit
oer Fryslân hinne. Yn it herte fen Fryslân libje wy, en it liket gjin Fryslân
to wêzen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier. Mar nou stean ik oan
de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy’t det alles ynhat. Jow ik hjar yn
it ljocht, it scil my wêze eft it djûrste fen myn libben ûnder kâlde frjemden
komt. To nei scoe it my gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme.
(Effen stiltme.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck?
FEN HARINGHOUCK.
Sa bin ik. Mar....
MASTER GYSBERT, glimkjend.
Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt, scille jy
frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn sjen, ik naem it
jo net kwea ôf. Jy scille de foarste wêze, dy’t it lûd fen in Frysk sjonger
hearre litte scil yn Fryslân.
FEN HARINGHOUCK.
Ik bitsjûgje, gjin soarch scil my dêrfor to great wêze, master Gysbert.
Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel.
MASTER GYSBERT.
Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for it
jounmiel. Dogge ús de wille en jimmetsje mei ús, frjeone fen Haringhouck,
sljucht en rjucht as ús jounspize is.
FEN HARINGHOUCK.
Sok in hoaske noeginge mei ik net ôfslaen, master Gysbert.
Sêft en wijend spilet it oargel fierder. It lêste jounljocht falt troch it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn eagen. As it oargel ophâldt, seit er yette:
FEN HARINGHOUCK.
Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Hokker, frjeone?
FEN HARINGHOUCK.
It kaem yn my op, wylst ik jo dêr sa sitten seach, yn it jounljocht, oan de ein
fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar wûnderlik is de
macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet libje scil yn Fryslân as
de greaten fen ús dagen allang ta moude forgien binne, ja as de spot en
ûnforskilligens oer de eigen tonge, lang hearre scil ta it forline.
MASTER GYSBERT.
Det it de himel sa haegje mei! Ik tankje jo for dit wird fen bitrouwen.—En
nou, frjeone, lit ús gean ta it jounmiel. (Hja geane.)
De foarhing slút.