WeRead Powered by ReaderPub
Fryslân cover

Fryslân

Chapter 13: IT SAUNDE TAFRIEL
Open in WeRead

Explore more books like this:

About This Book

A cycle of nine dramatic tableaux in prose presents a personified land awakening in spring, summoning embodiments of dreams and deeds who describe visions of forests, rivers, seas and the people who inhabit them. An aged figure representing Time and rival figures symbolizing Matter and Spirit confront the land with competing crowns, prompting reflection on identity, communal duties, and choices between worldly power and spiritual integrity. Through lyrical imagery and staged encounters the work explores renewal, memory, and the responsibilities that shape a community's future.

IT SAUNDE TAFRIEL

PROF. EV. WASSENBERGH.
SYTSE HETTINGA.
REITSE JANS.
FJOUWER OARE STUDINTEN.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de Akadeemje fen Fryslân”.

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.
    Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, âlderwetsk en ienfâldich. Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in búste fen Pallas. Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfjûr; dêrboppe in greate skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel for de prefester; dêrfoar yn ’e lingte in tafel mei stoellen dêromhinne for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt mids yn de keamer. Bûtendoar waeit it fûl, de sigen docht de gerdinen nou en den forwegen.
    Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel, in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge yn spanning nei de doar; it is dúdlik det hja ien forwachtsje.

DE EARSTE STUDINT.
Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strûpt der for om, hwet ik jim siz!

DE TWADDE.
Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in earesaek for him. Hy lit it nea slûpe.

DE TREDDE.
Ik mei ’t lije det er it der ôfswit. Dy âlde Mombosius mei wol ris in ôflear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by myn propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!

DE FJIRDE.
Dêr komt ien, jonges! (tsjin de earste:) Moatst út dy stoel weikomme, stalke, it kin Wassenbergh sels wol wêze!

DE EARSTE, ûnsteurber.
Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.

DE TREDDE.
Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa lûd as wy kinne: „Ave triumphator!” As er de prûk hat, komt it him ta; hat er him net, den stiet er biskamme!

DE OAREN.
Ja, ja! tige!

De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder. Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Frânsk garde-soldaet, in boek ûnder de earm. Forbjustering.

DE TWADDE, sjucht it.
Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstû hjir joun yette! En yn dizze útris!

SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich.
It wier de lêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer sparret syn soldaten net.

Hja binne yn ienen stil wirden.

DE FOARSTE.
It bidjert de joun detstû moarn by ús wei moatst.

SYTSE.
Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhâlde oan de ein ta. Tink mar net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik hâld ek yet wol fen in moaije bak, hear!

DE TWADDE.
Reitse Jans scil âlde Mombosius in loech ôfsjen. Dû witst, dy twa hawwe it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de âld man syn prúk ûntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by wierne, en sûnderdet de âlde him yn de lampe hie.

DE TREDDE.
Dêr is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!

De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint, en hat syn draei tige. De oaren roppe lûd meiinoar: Ave triumphator! Yn ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei in steatlik gebeart efter syn rêch de prúk fen prof. Mombosius wei dy’t er as trofé omheechhâldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne; Sytse Hettinga hâldt him hwet efterôf.

DE STUDINTEN.
Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!

REITSE JANS.
It wier sa ienfâldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en jim scille my biwûnderje. Jim witte allegear, âlde Mombosius komt om dizz’ tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net for neat sa roun as in tûntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er to frijen.

DE STUDINTEN.
Det liigstû! Mombosius grien! Optinksels!

REITSE JANS.
Sa wier as ik dizze prúk omheech hâld. Hy hat it forsjoen op de âlde widdou Truffelsma; dêr sit modder oan ’e kloet. Dêr kuijeret er den hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun út tûzenen. Piktsjuster, en it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, nêst it hoekhús. It wierre my mei en it twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt do’t âlde Mombosius om ’e hoeke komt, myn beam foarby, in pûster fen gewelt. Ik mepte him de hoed ôf en pakte teffens syn prúkje beet; sà hie ’k it.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum west!

REITSE JANS.
Gjin sprút dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen út myn skûlhoekje wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ôf, foun syn hoed werom, mar fensels, it prúkje net! Do kaem it moaiste. Wylst er dêr yet omsneupt, komt Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it liif. Mombosius wist net ho’t er der mei oan moast. „Gij vindt mij in eenige ongelegenheid, collega,” sei er. „De kracht des winds in dit gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om. „Ik leau earder det jy in slach fen de moalpûde as fen de wyn beet hawwe,” sei er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!

IN OAR.
Hwet moat der nou mei de prúk barre?

DE STUDINTEN TROCH INOAR.
Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje! Syn snúfdoaze dêryn biwoelje!

REITSE JANS.
Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn grime is foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stjûre him in earste klas taert en litte de prúk yn in doaske dêryn bibakke. Wy litte him bisoargje... By Jupiter, Sytse jonge, bistû hjir ek! Det ’s al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw.

SYTSE.
Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de bêste fen dyn fiten.

REITSE JANS.
Moatste moarn foart?

SYTSE.
Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.

Stiltme. Reitse Jans hat it prúkje weimoffele, en liket forbjustere. De doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer, det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjûr geane. Dizze joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.

WASSENBERGH.
Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?

Hy fûstket mei him.

SYTSE.
Ja, professor.

WASSENBERGH, him oansjende.
De lêste joun?

SYTSE.
Ja, professor.

Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lâns. Effen liket er yn opstân to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.

WASSENBERGH.
Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim lêze wollen, frjeonen. Mar jim moatte my ûntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen sûnder my hwet skine to litten. Mar ik kin it dochs ek net for jim stil hâlde. En nou’t Sytse hjir sa yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne hjir as goede Friezen mei-inoar.

IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend.
Is der nou wer hwet ... mei de Akadeemje, professor?

WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, rêd, as kin er dêr net lang oer prate.
Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Det kin net....

Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit kleardernôch út. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bûtendoar heart men de wyn, great en fûl. Op it lêst seit

IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje kin ús dochs net ûntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de keizer forkeard ynljochte....

WASSENBERGH.
De amptners fen de keizer binne krekternôch. Sadré’t it bisiik fen Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t it west hat. De keizer hat jild nedich, jild—en minsken. Hy hat de list fen de hegeskoallen foar him krige út syn nije Frânske provinsje; hy hat sein: seis, det is to djûr. En hy hat in streek helle troch de twa minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for ús bitsjut, hwet wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it, hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrâld dy’t fol fijannen is, hy wol se delslaen. Hy hat ús yn de macht, hy biskikt oer ús.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje. (Lústerjen: Sst, sst, tink derom!)

IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Mar wy kinne ús Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn Frjentsjer leare, net mear ús thús hawwe yn it lytse stedtsje, om utens to learen gean. Fryslân kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang regearje....

WER IN OAR.
As er falt... Oranje scil helpe! Dit ûnrjucht kin net bistean.

WASSENBERGH.
Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik hâld fen Oranje, en dizze nacht scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen. Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it folk net, hja hearre allinne hwer’t men lûd om ropt. It kin it tinken net fen my ôfsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do’t de departemintale yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar dy fen Fryslân liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit hat in ding fen neat for him west.

SYTSE HETTINGA.
Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslân? Wy hâlde dochs fen ús eigen folk, fen ús sprake. Hwerom stipet men ús net? Is it net ûnbigryplik?

WASSENBERGH.
Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslân ... wy libje yn it herte fen Fryslân, en it liket gjin Fryslân to wêzen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen Boalsert stie allinne. Det is mei ús oars.

REITSE JANS.
Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslân. Wy scille ús bêst dwaen.

SYTSE HETTINGA, klear dêroer hinne.
As it moat, lit alles falle. De greatens fen Fryslân, de Akadeemje, ús libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslân libjen bliuwt yn de herten fen hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.

WASSENBERGH.
Lit dit den ús lêste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige, forlitten, wy hâlde oan Fryslân fêst. Hja kinne ús birôvje, ús krêft brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske Tsjerne net mear lêze. Mar lit ús yet ienris lêze master Gysbert syn Jounbede, lyk as wy det wend wierne to dwaen.

Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lêzen mei oandiene stimme.

WASSENBERGH.
Nou is de dei forroun mei ûre en stoune,
Oermits de sinn’ doldûkt, yn wetters groune.
Meitse ús nou, Sliep, fen God om rêstjen jowne,
    Dei’s lêst onboune.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Kom swiete sliep, ús eagen firdich binne.
Det swierlik drôgjen net ontstjûrgje ús sinnen.
Det soarch en eangstme ús rêstnjue net oerrinne,
    Noch fré forwinne.

IN OAR, sterker.
Kom swiete sliep. Mar wêz ús fêste boarge
Det nin nachtgrime ús fettet by de loarge,
Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge;
    Hâld wacht en soarge.

IN OAR, heger.
Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine,
Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine,
Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine,
    Ontskake ef skeine.

SYTSE HETTINGA, fêst en klear.
As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare,
Wy firdich moarn-ier t’ ús birop werkeare,
Holp det ús dwaen en litten, ta Jon eare,
    Wol wirdt rejeare.

WASSENBERGH.
As den, frjeonen, ús Akadeemje, dizze fakkel fen Fryslân, dôve wêze moat yn de stoarm fen ús tiden...

IEN FEN DE STUDINTEN.
Hjar fjûr scil foartbistean yn ús herten....

IN OAR.
En wy scille it útdrage oer hiel Fryslân....

IN OAR.
En der scil wêze in nije dei....

SYTSE HETTINGA.
En der scil wêze: ûntweitsjen.

Prof. Wassenbergh slút syn boek.

De foarhing slút.