IT ACHTSTE TAFRIEL
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE TWIVEL.
DE STOF.
DE GEAST.
DE IDELHEIT.
DE SKIENTME.
DE DOMMENS.
DE KLEARENS.
DE MISMOED.
IT BITROUWEN.
DE LEFFENS.
DE MOED.
DE TWANG.
DE FRIJHEIT.
DE HATE.
DE LJEAFDE.
Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein fen Fryslân.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Yn de romte hinget in frjemd healtsjuster,
ûndúdlik sjucht men de seame fen in wâld. Rjuchts en efter mânske beammen,
lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen in frjemde griene opheging, det
in âld alter fen seadden wêze koe; oan wearskanten dêrfen twiske de beammen
stean twa greate lyljes, sletten.
In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhâldend
tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ûnderskaet men saun
foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen Fryslân, sit as
wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet in tsjustere forskining,
bleek en meager, roppend mei in ûnwis en binearjend lûd:
DE FORSKINING.
Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslân!
DE JONGEREIN.
Hwa bistû dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel út myn dreamen
ûntweitsjen?
DE FORSKINING.
Om dy hinne stiet de himel yn fjûr en de groun dinder’t fen de fordylging. Pas
ier bistû ûntwekke, o Jongerein fen Fryslân. De folken geane ûnder yn de
greatste striid dy’t de wrâld oanskôge. Hoedzje dy, hoedzje dy, slút dy oan by
myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr’t de geroften fen de striid net mear
klinke, dêr’t de ivige stiltme is en de rêst.
DE JONGEREIN.
Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining. Mar ik
kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat. Ik noedzje
eat, my djûrder as de rêst, djûrder as hokfor stiltme.
DE FORSKINING.
Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld is de
tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dû dos mei sa greate
soarge?
DE JONGEREIN, in glânzgjende skeal fen kristal optillend.
Ik noedzje de tsjelk dêr’t de treast fen Fryslân yn is. Sûnt hja gyng, dronken
dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it
hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy.
DE FORSKINING, skriljend.
Yn frjemde dreambylden bistû bitiisd, o Jongerein fen Fryslân! Ik siz dy, neat
kinstû meifiere op dyn gong troch de barnende wrâld. Lit falle dit boartersgûd
op sterke stien en dû scilst frij wêze for jimmer!
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn
wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn wêzen is
it Neat!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lûd klinkt kreakjend en droech.
DE FORSKINING.
Folgje my, o Jongerein fen Fryslân! Los binne britsen de krêften fen de wrâld,
yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de krêft fen dyn
jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin dines!
DE JONGEREIN.
Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o Forskining. Folle
ûnthjitstû my, en nei folle bin ik bigearich. Mar fjuchtsje scil ik net for
idele winst fen de wrâld. Skat haw ik genôch; biwarje my dy en ik bin ré dy to
folgjen.
DE FORSKINING.
Frjemd liket it detstû in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit, o
Jongerein fen Fryslân. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my dyn skat
en ik scil dy bettere wize.
DE JONGEREIN.
Myn skat is de tsjelke dêr’t de treast for Fryslân yn is. Sûnt hja gyng,
dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit
my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil gean dêrstû wiist.
DE FORSKINING.
Riker bistû as ik ealge, o Jongerein fen Fryslân. Mar nêst myn jeften is bleek
en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske ús en lit ús roalje fen jeften en
de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Mei dyn wirden forriedstû dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz oaren, astû
kinst, mar my scilstû earder wêze ta feint as ta hear! Ik ken dy, o
forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.
DE FORSKINING.
Bistû wekker en ré, o Jongerein fen Fryslân?
DE JONGEREIN.
Untwekke bin ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta hwet moat
ik wêze?
DE FORSKINING.
Ta moanning en wytging bin ik dy stjûrd, o Jongerein út in âlde stamme. De
tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat kostbers is dy
bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de wazem fen it forgean.
Draeg it út yn de wrâld, o Jongerein, til it mank dyn folk omhegen.
DE JONGEREIN.
Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke teare
hannen is dit greate bitroud. Dû hast it ljocht en it witten; nim dû it en ik
wol dy folgje.
DE FORSKINING.
Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dû bitrouwende.
DE JONGEREIN, lústerjend.
Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dû benedijde.
DE FORSKINING.
Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslân. Hwetstû warrest, is
skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje. Nea kin ik nimme
hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown wirde út genede, astû
ynmoedich fregest.
DE JONGEREIN.
Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn eigen
hannen.
DE FORSKINING.
Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en wirgens.
Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje net it goed fen de
ierde.
DE JONGEREIN.
Mar myn skat scil feilich wêze?
DE FORSKINING.
Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit.
DE JONGEREIN.
Ik wol komme, ik wol komme, o geast (hy forriist alhiel). Wé my, swier
is de tsjelke en de wei fol neden.
DE FORSKINING.
Gean en gean aloan, o Jongerein fen Fryslân.
Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange rûzjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de jongerein en him tsjinkeart.
DE IDELHEIT, laitsjend.
Ha, ha, ha! Yn in moaije útris forskynstû yn de wrâld, myn frjeon. Dit is dochs
in bytke âlderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstû bilake wirde by útman
en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as mei meilijen en
argewaesje!
Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de jongerein.
DE SKIENTME.
Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn earmoed.
Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net allinne, de Skientme
scil nêst him wêze.
DE IDELHEIT.
Ah!....
Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt út de romte. De jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm yn kostbere útris mei greate wêzenleaze eagen.
DE DOMMENS.
Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrâld to siikjen, heite! Hjir
scilstû fier mei komme! Det in minske him sa oan syn ljeafhabberijen forgrieme
kin! Den moat men ek al fier hinne kommen wêze, net?
Ien fen de Dieden forriist en giet stean nêst de Jongerein.
DE KLEARENS.
Jow dy ôf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ûnbidige swierens scilstû
gauwernôch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen, siikje
dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean, hwent de
Klearens is nêst him!
DE DOMMENS.
Soa, soa, soa.
Hy wykt fen it paed ôf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd foarút. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei bûgde holle, pratend mei kriterich lûd.
DE MISMOED.
Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dû hiest earder wêze moatten. Alles
is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dû moatst mar nei hûs ta
gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude stoarje.
Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.
IT BITROUWEN.
Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistû sels. Wy hawwe
inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der better fen
wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen stiet foar dy. Wolst ús
hwet rûmte jaen?
DE MISMOED.
Och, och, och...
Hja bigjint to kriten en forlit de rûmte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn lea, in nije foarm.
DE LEFFENS.
Ho doarstû, ho doarstû! Dû witst net hwetstû bigjinst! Ik wik dy, dû hast it
slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht my der yet fen
yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lâns!
Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE MOED.
Wy binne net allegearre bang for ús eigen skaed, ilindige leffens. Wiswier, by
in skôging as dines koe men der oars fen wirde. Mar somliken geane ta gelok
rjuchtop en eangje neat. Dû forfeelst my, meager spoek. Wolstû mei de Moed dy
mjitte? Ut ’e wei, ef dû bist forlern!
DE LEFFENS.
Oeoeoeh!
Hy filet út, sûnder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gâns forsliten rêsting, pratend mei in kâld en hird lûd.
DE TWANG.
Ik warskôgje dy. Gjin stap scilstû fierder gean. Ik ha dy nou langernôch bigean
litten. Ik tocht, dû scoest wizer wirde, mar it wirdt earder minder. Nou scil
it út wêze. Dû giest tobek, ef oars....
De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE FRIJDOM.
Scilstû it drôfste fen dyn folle drôve forsinnen bilibje, o Twang. Dû witst
dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken. Njuggen tsjiende
fen dyn wapens hastû forspile yn de striid om dy to bihearskjen. Wolstû op
dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne ré.
De twang skoddet syn fûst, mar swijt en wykt út de romte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer, slûpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske, lústerjende stimme.
DE HATE.
Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom tagelyk,
ik krûp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy oer yn myn
tsjinst, ef dû scilst forstean hwa’t ik bin.
De lêste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE LJEAFDE.
Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstû my oansjen woest. Den scoestû
de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen.
De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn eagen.
DE HATE, snokkerjend.
O....
Hy wykt út de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de Geast, dêr’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden nige de holle.
DE JONGEREIN.
Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw myn skat
biwarre. Kinstû my wije ta strider?
DE FORSKINING.
Yn de stoarm fen ús tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de klearens fen
de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein fen Fryslân.
Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.
De foarhing slút.