„Ienkear scil de moarn forrize
Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”
Sang fen de Upstalbeam.
IT NJUGGENDE TAFRIEL
DE SISTERS FEN DE NACHT.
DE KENING FEN DE MOARNTIID.
DE TIID.
IT NIJE FRYSLAN.
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE UPSTALBEAM.
WESTERGOA.
EASTERGOA.
DE SAUNWALDEN.
DE STEDDEN.
DE EILANNEN.
NOARD-FRYSLAN.
FRYSLAN OM UTENS.
Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen foaren mei pompeblêdden forsierd, en in krânse fen reid en forjit-my-netten op ’e holle; den forskine fen wearskanten twa hérolden, útrist yn de kleuren fen Fryslân. Hja blieze; de faem stekt in silveren stêf omhegen en kindiget oan:
„Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Fryslân.”
Hja geane en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht deselde wâldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong mids
efter eat heger. Oer de rûmte hinget in healtsjuster, dêr’t men, flak by de
yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ûnderskaet, drok dwaende de yngong
ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin de wâldseam, klaeid yn in
mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde, sit de Tiid, roungear. Hy hâldt syn
holle yn de hannen en liket as slomjend; syn stêf leit nêst him.
IEN FEN DE SISTERS FEN DE NACHT.
It is net heal genôch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel! Jim
forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in bêd om
op to sliepen. Lekker sêft scoe det lizze.
DE EARSTE.
Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars yndruije!
Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen hannen de nekke
omdraei!
DE TREDDE.
Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de oar is
to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat.
DE EARSTE.
In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it de Nacht
trochdwaen ho gemien jim syn djûre tiid forluiterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei, nou ha ’k myn bikomst. De wrâld moat himsels mar rêdde. Ik wol
my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep.
Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit.
DE EARSTE.
De eagen scil ik dy útklauwe, dû sleaukemoei, dû ding fen neat! In oar litstû
bodzje en sels spilest de jiffer! Mar dêr haste gjin troanje for, Slieppekop!
DE TREDDE.
Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar wer yn ’e
hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wrâld dogge.
In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde.
Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It barnt yn myn hûd!
DE EARSTE EN DE TWADDE.
Wé! wé! nou komt er ús dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o! fierder
lûkt it, wy scille forgean!
DE TREDDE.
Wy moatte flechtsje! Foart, foart!
Mei wylde gjalpen strûze hja út ’e rûmte wei. It ljocht glydt wiid en roazich oer de rûmte. Beammen, krûden en moas glânzgje yn de frissens fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fjûr en mei in strieljende kroane op ’e holle, de kening fen de Moarntiid. Oan syn side hinget in swird, it hânsel ynlein mei dauwepearels. Yn it oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ûnderhellet syn swird en klearret mei ien slach de yngong.
DE MOARNTIID.
De nije dei is bigoun! Wêz wekker, o Tiid!
DE TIID, him oprjuchtsjend.
Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep de eagen
fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker dei is dit dy’t
bigjint mei sa great in dage, o kening?
DE MOARNTIID.
Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid, meitsje dy
op en gean ta it wâld fen Fryslân. Klearje de wei for de kommende, hwent hjoed
scil hja komme fennijs. Forljochtsje de lânsdouwe fen Fryslân, det hja de eagen
fen hjar Frouwe fornoegje.
DE TIID.
Hwet seistû, hwet seistû, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it antlit
fen Fryslân oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen scil dy’t skûl
gyng sa lang yn it grien fen hjar wâlden!
DE MOARNTIID.
It folk fen Fryslân wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider weaget it
ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme pleatsen, de lústerjende
wâlden en de riljende marren binne klear en nij fen myn glâns. Net fier kin it
earste lûd mear ôfwêze fen ús earen, o Tiid.
DE TIID.
Hark.
Sêft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen it liet fen Colmjon: „Wy, wy litte ús tael net farre”, dy’t men heart.
DE MOARNTIID.
It earste ûntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk bitinke
hjar op it forline. Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt hjarren
forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de winen fen de
moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op
dizze earste en tearste lûden Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja forriist fen hjar bêd fen blommen en krûd earne yn it hert fen it wâld.
Skerp leit hja it ear to lústerjen, en hja glimket. Mar hja bringt hjar hân oan
de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen forstiet hja it priizgjen fen it
forline allinne. Hja tinkt oan lang lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Eat tichterby, mar yette op fiere ôfstân heart men sjongen fennijs. Dizz’ kear binne it it earste en lêste fers fen van der Burg’s: It Heitelân.
DE MOARNTIID.
Krêftiger wirdt it lûd, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde ta lân en
sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Fryslân wirdt iepenbier. Ik
hear de lûden klinken fen Noard ta Súd, ik sjuch de rigen hjar foarmjen. Wytgje
my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dit greatst ûnthjit fen Friezene
herten Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net mear, yn
hjar eagen is in glâns fen earnst. Hja forstiet, de trou oan hjar komt to
libjen ûnder hjar folk. Mar hja mist yette it lûd fen de jonkheit en hja
wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz’ kear twa fersen fen de Jongfryske Findelsang. It lûd klinkt al klear oer de romte.
DE MOARNTIID.
Kommen sjuch ik ta de seame fen dit wâld, de jongerein fen Fryslân. Yn hjar
hannen draegt hja in glânzgjende tsjelke, teare en sterke forskinings geane
myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de klearens fen de mieden,
blommen en herten geane iepen fen myn ljocht. Wytgje my: hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil by dizze glâns fen jonge wijing Fryslân forskine?
DE TIID.
Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy’t nou nij foar hjar
útleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy’t de Geast hjar bea; hja siert hjar
hier dêrmei, ta in tsjûgenis fen hjar wêzen. Mar hja nimt de hannen gear en
freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Oan de grins fen de rûmte dy’t men oanskôget klinkt in sjongen fennijs. Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts.
DE MOARNTIID.
In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed wreidet in
mânske iik dêrop syn tûken fen ieuwen út. Ik lêz de wirden ûnder det findel, en
hja binne: rursum viridis, grien fennijs. Ik sjuch it folk dêrefter yn
greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by de groetenis
fen dit findel Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja strûst oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it langstme.
Iepen geane de wâldfioelen, en de fûgels sjonge it lok oer hjar út. Fierder en
fierder strûst hja en rounom nige de beammen. Hja forstiet de ienheit fen hjar
folk, hja scil forskine.
Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte krêftige bazúnstjit. Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Fryslân, de tsjelk hâldend yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy’t de wei mei hjar gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen dêrmank struijend foar de foetten fen Fryslân, en yn hjar formidden Fryslân sels. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei de kroane fen de Geast.
DE TIID.
Ik dy’t it earste dy moete, hwaens fjilden dû sokke lange en swiere ieuwen
bigyngst, hwaens fjilden dû nou wer bigean scilst fen nijs,—o mei it wêze ta
lok fen dyn folk en ta dines—, doch dy myn groetenis, o Fryslân.
DE MOARNTIID.
Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy’t opkommen
seach út it tsjuster de krêften fen dyn folk, ien for ien, nij en sterk yn it
witten fen dyn weromkomst—o mei hja wêze for jimmer—doch dy myn groetenis,
o Fryslân.
DE JONGEREIN.
Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn Treast
bitroud waerd, dy’t ik dy suver en ûnskeind weromwij, ik, dy’t great wirden bin
yn dyn hope en my yn dyn ljeafde ûntjown ha, doch dy myn groetenis, o Fryslân.
Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Fryslân del.
DE UPSTALBEAM.
Ik, for hwa’t it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it ûnôfwiisber
bitingst for dyn weromkomst, dy’t my opmeitsje striidber fierder to gean for
dy—o mei it wêze sûnder de ûnsillige âlde forblining,—doch dy myn
groetenis, o Fryslân.
Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de folgjende hilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Fryslân.
WESTERGOA.
De âlde goa fen Westergoa, dêr’t de terpen lizze, it honk fen dyn bern sûnt it
bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
EASTERGOA.
De âlde goa fen Eastergoa, dêr’t de wâlden rûzje, dêr’t de striid om dyn
hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy hjar groetenis,
o Fryslân.
DE SAUNWALDEN.
De jonge goa fen de Saunwâlden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern yn in
nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
DE STEDDEN.
It ketier fen de stêdden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde, nou fen
nijs forfolle fen dyn wêzen en dyn lûd, docht dy syn groetenis, o Fryslân.
DE EILANNEN.
De lange rige fen eilannen, dêr’t de skûmjende sé tsjin briek, de meast
omfochten en omstoarme dielen fen dyn lânsdouwe, dogge dy hjar groetenis, o
Fryslân.
NOARD-FRYSLAN.
De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it stamlân, mar biwarjend dyn
sprake en dyn wêzen, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
FRYSLAN OM UTENS.
De mienskip fen de Friezen dy’t honk en brea siikje moasten om utens, mar dy’t
yn de kjeld en de tropen fen it útlân yette dyn ljeafde biwarren, docht dy hjar
groetenis, o Fryslân.
FRYSLAN.
Fryslân docht dy hjar groetenis, o folk fen Fryslân! Djip wierstû fallen en
sonken, mar de krêft fen de âlde stamme forliet dy net. Fennijs sjuch ik dy
stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de lottering fen myn skiednis
oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim greiden en wâlden, oer de glâns fen
jim marren, en gjin bern fen Fryslân ef it scil myn wijing yn syn herte
forstean—
Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: om de tiid dêr’t jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten dy’t my tsjinnen, joegen my folle greats: yn de gielgoede fen myn ûnthâld leit it biwarre as in skat, en Fryslân scil hjar hjar eare wiswier net ûnthâlde. Mar nou moatstû stean yn in oare wrâld, o myn folk, en yn oar formidden moatstû dyn wêzen biwarje. Forstean det ik net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare kontreijen—
Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken rôp ik ta greate skôging en krêften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte ûren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik tankber bin for skientme allinne. Sa hwa’t arbeidet for my mei de trou fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste wirk for Fryslân—
Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is ús wirk, rjuchtlik ús striid, mar machtich is it misbigryp fen de wrâld. Sjuch ta det nea net nije bitizing ûntstiet yn jim herten en fen nijs jim fiert yn ’e lichte. Sa hwa’t my siket, scil my fine; stridend yn de klearens fen Fryslân, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing.
Ik groetsje dy, o folk fen Fryslân. Hâld dyn stêf omhegen, o Tiid; lit dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs.
De Tiid tilt syn stêf omhegen, oer de rûmte lûkt it folle ljocht fen de dei. In sêft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de rûmte; it binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it sjongen oan; den wirdt de rûmte it skôgjen ûnttein.
De foarhing slút.
— E I N. —