WeRead Powered by ReaderPub
Fryslân cover

Fryslân

Chapter 7: IT FOARSTE TAFRIEL
Open in WeRead

Explore more books like this:

About This Book

A cycle of nine dramatic tableaux in prose presents a personified land awakening in spring, summoning embodiments of dreams and deeds who describe visions of forests, rivers, seas and the people who inhabit them. An aged figure representing Time and rival figures symbolizing Matter and Spirit confront the land with competing crowns, prompting reflection on identity, communal duties, and choices between worldly power and spiritual integrity. Through lyrical imagery and staged encounters the work explores renewal, memory, and the responsibilities that shape a community's future.

IT FOARSTE TAFRIEL

STIMMEN YN IT WALD.
IT FORRIZENDE FRYSLAN.
DE DREAMEN.
DE DIEDEN.
DE TIID.
DE STOF.
DE GEAST.

De seame fen in wâld op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide oprinnend nei de foarste beammen. De rûmte twiske de stammen stiet fol mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr’t heal ôfditsen fen de nij bigriene twigen, in paed út it wâld útrint op de greide.

IN STIMME sjongende yn it wâld.

Myn herte is koel en suver
Allyk in mar moarnsier;
It fielt yn sêfte huver
De dei syn krêft en tier.

It ljocht mei tûzen strielen
Oerstreaket al syn wiid;
O frjemd en noegjend fielen,
O gouden Maeije-tiid!

IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it griene wâld fen de Maitiid?

IN STIMME anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it langjende.

DE STIMME YN IT WALD sjongende.

Myn herte fielt to rizen
It ûnwearsteanber ljocht;
De wyn yn kleare wizen
Hat my de wytging brocht.

It stiet alhiel omringe
Fen tsjoenend ljocht-gewiuw;
It kin noch wol bitwinge
Syn eigen djippe driuw.

IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?

IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it stridende.

DE STIMME YN IT WALD, sjongende.

Ik scil myn finznis brekke,
Myn iensmens is net mear;
Myn hert, myn hert is wekke
En al syn great bigear;

It djippe wâld ûntteine,
Wol ik de dei yn gean;
Sa mei de heechste seine
Oer al myn wegen stean!

IN STIMME, klinkend fen lofts.
Hwa is hja dy’t sjongt mei it rike lûd fen de Frijheit?

IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it forrizende.

De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in hân fen siden dien. Men sjucht Fryslân, jong en strieljend, mei loshingjend hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de hân, en seit:

FRYSLAN.
Kom harren, jim dy’t myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en myn sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar ús leit de iepenens fen de wrâld. Wy forlitte it skaed fen ús bosken, wy scille stean yn it greate ljocht fen de dei. It libben is bigoun for ús. Kom harren en stean nêst my, det wy sjugge hwet foar ús leit ear’t wy fierder geane.

Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet oer hjar hier. Hja geane stean oan wearskanten fen Fryslân, en yn ienen slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen.

FRYSLAN.
Hwet hastû, ljeave, hwet hastû, myn teare Dream?

DE DREAM.
Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe.

FRYSLAN.
Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy krêft jaen en dijen dwaen, it scil dy meitsje ta wierheit.

Nou stekt de foarste Died syn earmen foarút, as yn in great langstme.

FRYSLAN.
Hwet hastû, frjeon, hwet hastû, myn sterke Died?

DE DIED.
Sa fûl langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe.

FRYSLAN.
Byn yn, it is nedich detstû dêr hoeden giest, it lân fen dyn wegen kennend, en in wiis brûkme meitsjend fen dyn krêft. It is nedich det wy witte hwer’t wy steane, hwer’t wy hawwe scille to arbeidzjen, to striden en to ljeavjen. Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen, biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dieden.

DE FOARSTE DREAM.
Ik sjuch in lân, ditsen fen griene wâlden; de wyn fen de greate dei rûzet sêft troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de minsken, fen ien, heger as wy. Ik sjuch in lân mei wâlden, dreech, suver en grien, en alles is dêr wijing.

DE TWADDE DREAM.
Ik sjuch in lân, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de dei tsjoent in sêft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte dêr tûzenfâld. Ik hear it gelúster fen dy streamen en it wevet in liet yn de sêft-trochrûze stiltme.

DE TREDDE DREAM.
Ik sjuch in lân, omboerde fen blauwe séen. Hja bistreakje en bistoarmje it, hja binne it ta fijân en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja ien, dit lân en dizze séen. Ik sjuch in lân, wrakseljend, om nêst de sé to bistean.

DE FOARSTE DIED.
Ik sjuch in folk, libjend yn de glâns fen syn moarntiid. Hichten smyt it op tsjin it wetter; dêrop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar fé. De keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget trou.

DE TWADDE DIED.
Ik sjuch in folk, jeijend yn de skûl fen syn wâlden. Mear as it dimmene wirk, mear as hjar deistige soarch is hjar djûr. Hja siikje it wyld yn hjar wâlden, en hjar herten ljeavje it aventûr. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget moed.

DE TREDDE DIED.
Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn lieders. Frjemden tsjugge ta op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de skylden, en hja binne ien. Ik hear út hjar mûle de striidrop: ljeaver dea as slaef. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget krêft.

FRYSLAN.
Goed hawwe jim skôge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn Dieden. Sa bistiet dit alles, myn lân en myn folk, sa bistiet dit alles yn Fryslân. Mar hwa is hy mei it bûgde stal, swier lynjend op syn stêf, dizze mei de griis-streamende hierren? Komstû om Fryslân groetenis to dwaen, o myn âlde?

Fen rjuchts komt op in âld man yn silveren klean en mei lang griis hier. Hy bûgt swier oer syn stêf, mar yn syn eagen en lûd is klearens. Syn hier is ditsen mei in krânse fen jimmergrien.

DE ALDE.
Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Fryslân. Mines binne de fjilden dêrstû nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de Kening groetenis docht.

FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dwaen, dû âlde, ear’t ik net wit detstû mear bist as ik. Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for hwet hja is, en dy eare dwaen lyk astû fortsjinnest.

DE ALDE.
Ik bin for hwa’t de blom bloeit en forwylget, for hwa’t de iik riist en rottet, for hwa’t de folken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen alles hwet ierdsk is, ik bin de Tiid.

FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke, detstû mear bist as ik. Hy, dy’t dy rôp to bistean, rôp ek my to bistean; Hy, dy’t dy skoep, skoep ek my. Net ûnder dy scil ik libje, mar ûnder Him út hwa’t wy beide binne.

DE ALDE, bûgend ta de klaedseam fen Fryslan.
Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hastû andere; ik frege om dy to hifkjen, mar dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn fjilden en biwarje dyn witten.

FRYSLAN, hjar hân lizzend op it hier fen de âlde.
Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bistû, en de slachten fen de minsken learstû de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht fen dyn fjild scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy’t dêr komme fen wearskanten, ien yn swier read, ien yn trochskinend wyt, beide in kroane dragend yn hjar hân? Siz dû my, hwent dû witst.

DE ALDE.
Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn hân, is in greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend wyt, en de glâns fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht, en syn namme is Geast.

Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Fryslân en de âlde hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende pearel.

DE STOF.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.

DE GEAST.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.

FRYSLAN.
O wûndere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounje! Forklearje my de wearde fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten.

DE STOF.
Dizze is de kroane dy’t it lichem draegt, en hja jowt macht oer de ierde. Dizze is de kroane dy’t de greaten earje en dêr’t it folk for bûgt. Dizze is de kroane dy’t dy stean dwaen scil mank de kenings fen de ierde.

FRYSLAN.
Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof.

DE STOF.
Ut it bloed fen de minsken is hja ûntstien. Alle oare stiennen ljochtsje fen de Dea, mar dizze is de stien fen it Libben.

DE GEAST.
Dizze is de kroane dy’t de siele draegt, en dy’t hjar tilt boppe de ierde. De folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de kenings kenne hjar net. Mar hja is ûnforgonklik, en de Tiid is machtleas tsjin hjar.

FRYSLAN.
Neam my dizze pearel, glânzgjend mei in ûnwitten glânze, o Geast.

DE GEAST.
Hja is de pearel dy’t gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is ûnskeinber, hja is hillich. Hja is de pearel fen it mystéry.

FRYSLAN, mimerjend.
It mystéry? Ik wit net hwet it is. Yn myn wâlden bloeide it libben, it is it libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet bûten en boppe it libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de kroane fen de macht op myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn kroane, scil ik ûnder de minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane dy’t ik keas, o Tiid.

DE ALDE, de kroane fen goud settend op it hier fen Fryslân.
Keazen hastû, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy sterk wêze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilstû priizgje en hjar lytsens forflokke; hjar sillichheit scilstû smeitsje en hjar ilinde trochfiele. Gean dyn wegen yn greatens, o Fryslân.

Fen in ûnsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet:

SANG.

Fier de wide doarren iepen,
Meitsje rûm en klear de wei;
Hinnegien de tiid fen sliepen,
Rizend, great en eal, de Dei—

Gean, o foltsen, gean, o swide,
Foar dy leit de wûndre wrâld—
Gean, yet yn dyn dream forblide
Dy’t dyn dei bisletten hâldt!

Under it twadde fers giet Fryslân, stil en steatlik, folge fen hjar Dreamen en Dieden, dêr’t de Stof him by oanslút, oer de greide lofts. De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de wâldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate stimme:

DE TIID.
Nou bigjint de skiednis fen Fryslân.

De foarhing slút.