WeRead Powered by ReaderPub
It Jubeljier cover

It Jubeljier

Chapter 10: VI.
Open in WeRead

About This Book

The narrative centers on a small town as it readies for a summer celebration, opening with a man waiting on the quay while coaches, merchants, and neighbors convene. Detailed descriptions of weather, landscape, and everyday sounds establish a vivid local atmosphere. A gallery of townspeople and visitors is sketched through gestures and domestic moments that disclose social hierarchies, private worries, and small pleasures. Episodes shift between public pageantry and intimate interiors, showing how communal rituals both heighten tensions and reinforce ties. The prose uses regional color and careful observation to compose a textured, sympathetic portrait of communal life and its rhythms.

VI.

Stadich streame de Elbe, gouden yn ’t jounljocht fen dizze heldere simmerdei. Hjir en der boarten fonkjes ljocht op it wetter, sims krûzden in pear weachjes oerhearrich omhegen en stie it wite brûs hjar op ’e kopkes as kroantsjes. Det wie, as in stik granyt ef in greate peal de stream bihindere yn syn great iensum gean nei syn heit, de fiere sé.... dy-t tûzen ûren fier wei rôp, al mar rôp om alles, hwet fen ’e hichte komt yn winterdavering ef simmersljuerking. En de weagen giene en giene—steden sjenn’ se blinken, lizzende as ealestiennen yn griene lânsdouwen, slotten rize boppe tichte bosken, hege spits binuddele toerren komme tichteby en fordwine wer, swiere beamtokken hingje oer hjar hinne to dreamen yn lije simmernachten en lokje ta ebjen en forsânjen yn dizze dreamestiltme, mar hja giene, giene aloan.... hja bliûwe de ivige gongers, de swalkers sûnder rêst for it hol fen ’e foet, Ahasverus, de nea net rêstende pilgrim.

Mar dizze joun gyngen se dochs yn stadiger sljuerking, dizze joun, fen gjin hirde wyn, gjin wanlûd en gjin skel gerop skeind, selst de gewoane deilûden forinnigen hjar ta in sêft geflúster fol wollûdigheit. Der song noch in fûgeltsje, mar o sa fier ôf, yn ’e lichte lette de klok fen in kleaster de jounfrede yn nei de deistryd en heech op ’e brune bergen, dy-t de sinne noch efkes taglimke, blies in harder de hoarn en dreau it fé de delte yn nei hûs.

Ien tel.... it fewielige grien fen in spjirrebosk stie felread to gloeijen tsjin ’t blau fen ’e loft.... do forblikte det ek stadich.... de skimerjoun gyng oer ’e bergen. Hjir en der diich dy machtige bergrige in ynsprong, den liken der in stikmennich húskes delsaeid to wêzen op ien tropke mei in eigenwiis toerspitske boppe alles út, in moai hoekje greide lei der kleurich foar yn syn simmerpracht fen tûzenen blommen, fen in lyts streamke biwettere, det mei hege sprongkjes by de bergen delkaem en it rad fen in houtsaechmounle draeije liet, eart it sêft yn slomme sonk yn ’e earms fen syn sterke maet, de Elbe.

In smelle wite wei roun as in troue selskipper by de Elbe lâns, folge de lytste krinkel fen syn loop, makke him lyts twisken de grimmitich loerjende rotsen en breed yn ’e laeitsjende flakte en ’t molle sân glinstere sa wyt det yn ’e donkerte fen bergen en bosken.

It wie simmer.... it simmerblomt bloeide op syn aldermoaijst yn elts herntsje, hinge út elts rotsskreefke mei blomkes bisprinkele teare bleddefranje, kroep omheech as bûnte slingers en sûge him fêst, hwer mar in hâldfêst to finen wie, elts blomke in lyts oerfol hunichtsjelkje, ûnder elts bledokseltsje noch in rike skat fen knop en sprút, in forheuginge foar ’t each. Der dreau in swiere lineblossomgeur foarby op ’e jounsigen en út ’e delte kaem de rook fen it lêste nij-woan hea, meand en swile fen it fleurige frouljuesfolk, ek kleurige blommen yn ’t tún fen ’e wrâld.

Nou gyngen se grapjeijende nei hûs, de foetpaedtsjes lâns oer de bergen nei hjar doarpke ta, as in skruten famke yn ’t gaes fen ’e opkommende dauwe forside krûpt oan ’e igge fen ’e greate stream.

Op it doarpspleintsje song in dwarsfloite:

„So herzig wie mein Liesel,
Giebt ’s halt nichts auf der Welt....”

en it dûrre net sa bare lang, do draeide alles, hwet mar jonge foetten hie, yn ’e rounte, om ’e linebeam hinne, dy-t dizze kostlike joun syn geuren fier de loft ynstjûrde en as feeste ’r mei, sims hwet fen ’e folripe blombledtsjes falle liet op ’e jonge hollen en se bipuijere mei goud.

In lette reisger siet op ’e houten bank foarhûs by de doarpsharbarge en forlustige him yn it moaije waer en it fleurige, bûnte gewimel om him hinne.

De floit hâldde efkes op.... de hospes kaem mei in mingelen bier oansetten en de spylman mei d’âld mûts. Dy gyng roun by it jongfolk, elts offere mei blydskip syn oartsen en niigjende wei kaem de spylman ek skruten by de hege hear. Hy hie noch nea in kening sjoen.... mar him tocht, sa moast ’r wêze fen ’e plasse oan ’e soallen fan ’e foetten ta, ien dy-t stiet boppe tûzenen. Hy seach in great sulveren jildstik.... it rinkele der oer.... Det bitsjutte iten.... in goed bêd.... in nij buis....

De spylman bûgde yetteris mei de noas oan de groun ta, do joech ’r him wer ôf nei ’t fleurige folkje ûnder ’e linebeam en efkes letter, der gyng ’t wer hinne. De reisger seach der glimkjende nei, mar as immen, dy troch syn steat fier boppe it folksgeniet forheven is, dy-t it sjocht fen in troan.... yn iensumheit. Hwet sei dy greate dútske filosoof ek wer? „Jede grosse Gunst der Götter wird erkauft mit Einsamkeit....”

In jong pearke socht in plak neist him op ’e bank. Hja wie de dochter fen syn hospes en hy in stienbikker út ’e bergen. Hja sieten stil en kûs neist inoar en preauwden stadich it let geniet fen dizze moaije joun, sûnder it mei wird ef laeits to forsteuren.

De moanne kaem op, in onwesentlike greate reade follemoanne en riisde út it jounige wetter, stadichoan heger. Hwet sprankeltsjes ljocht tipelen fynfingerich yn ’e âlde linebeam om.... hja teikenen wûndere skaden fen bled- en blomtúffen op it wite sânpleintsje en troch eltse rûzing fen ’e wyn weefden dy pitertuerlik hinne en wer. En by tûzenen waeiden nou de forballe rûkbledtsjes. Geuren fen maitiid, jonkheit, fen heimsinnige wûnders yn natuer en minskeherte, noch forsonken yn onberte ’s heimlikheit wierne der en det alles bisocht nou optheden yn sêfte foartrilling ta wêzen en millodij to kommen en it jonge minskeherte, ryp ta alle lok, syn poarte stie wiid-iepen. Sá biidet ek in hiele wrâld by-t maitiid de sinne....

De moanne kleau.... de skrille kleuren fen it hiele gea toraenden yn in tearte fen fynblau en sulver. De bosken allinne stiene stoef en strang en like tsjuster as altyd nei ’t nachtljocht to sjen.

De dâns wie nou dien, de rokjes wipten net mear, it klappen fen ’e skoentsjes wie stil.

It lange skaed fen ’e geande spylman foel smel en biweeglik yn ’t forlitten doarpsstrietsje. De frjemdling syn eagen folgen it.... nou waerde it ynienen wei. Hy preauwde grif noch in mingelen Pilsener yn in oar weardshûs.

Stadich gyng hy nou ek oerein, seach noch ris nei de stille wrâld om him hinne, sa kenber yn ’t fol-ljochtmoanne waer, tear fen kleur as in Ingelse print en ynienen foel ’t him as kjeld yn ’t hert. It kaem him yn ’t sin, hwer dy hinge, yn ’t seal fen in âld great hûs to Ljouwert, sont geslachten it eigenerf fen de Ripperda’s. En as in fisioen seach ’r Ljouwert en ’e omkrite ek sa lizzen yn dit moaije ljocht-moanne waer, de lytse doarpkes mei hjar stompe toerkes yn ’e hege beammen, de flakke greiden, fol mei blommen en ’e wetters, noch lij fen simmermiddeiwaermte en yn ’e ûnbiroerdens fen wyn en dei fen in wûnderfrjemde eigen moaijens. En de ljeafde for Anne Hopperus, it heechste fen syn libben, lei noch ienkear wer bislach op syn herte, sa alhiel, krekt as bilibbe hy yetteris det earste, swietste ûndergean-yn-willichheit, det hiele oerjaen fen syn sterk eigen-ik oan de ljeafde.... oan in oar....

Hy hie it noch noait sa biseft as nou.... der wie hwet tobritsen yn syn libben.... en it scoe noait wer wirde kinne, sa ’s it ienkear west hie.... Alle herhelling is ommers mindering en gewoante ûnthilligt selst it alderheechste op ierde....

Den der mar in streek troch! Ho faek hie ’r det al bisocht, ho goed slagge it ornaris, ont, it him sims nei lange moannen fen forjit dochs wer hommels oer ’t mat kaem en him pinige oan syn djipste sieleroersels ta. Sûnder forset ûndergyng hy ’t den wer.... wie it dochs net in swiete pine en der blydskip middenmank, it dochs ienkear bisitten, det lok taest to hawwen as in libbene hearlikheit, de bloei sjoen to hawwen fen ’e roaze, al is it den mar ien moarnsskoft.... och, al is it den mar ien ûre....

In klok sloech alve.... hy skrilde der fen en seach om him hinne. It wie nacht waen. De moanne en hy wekken.... en dy âld strúnder skalkeage gnyskjend nei him, frij fen minskeleed.

Der yn ’e fierte lei syn doel nou,—sei ’r nidich yn himsels. In oaren-ien, mar ek wirdich, om derfor to skrippen en yen to warren. Rom en eare, det wie nou de foarsje en ljeafde, och ljeafde! in bykomstigheit. Al det âlde, foart der mei! Eltse faem hjirre woe him wol treastje mei de ljeafste lokking fen ’e moaijste eagen, de glimkes fen ’e jongste reade lipkes.... It geniet wie der yette, sa foldiedich mooglik, mar lykwirdich wie ’t dochs net....

Hy sette de tosken op inoar yn forset tsjin dit âlde, det him selst hjir, hûnderten ûren fier fen hûs, biteante en ta de tichtforsegele doar fen syn hertehûs ynslûpte.

Der yn ’e fierte lei syn doel nou.... lei Dresden. Der scoe ’r oanslach krije kinne, licht in postje, der scoe ’r him nei wenjen sette, de swalker in hâld fine for de ûnrêstige foet. Ho scoene de toerren fen ’e sted nou blinke yn ljochtmoanne waer en syn moarmeren paleizen wyt en heech rize boppe de oare huzen, de greate wegen as sulveren linten der allegear hinne slingerje troch ’t grien fen ’e simmerlânsdou, as spinrêchstriedden altyd mar wer út it hiele Saksenlân op dit iene sintrum oan, de âlde keningssted, hwer de skimme fen ’e romrike August de Sterke by tiden nachts noch omspûke bij de Elbebrêge. Sa flustere it ienfâldige boerefolk. In inkelden ien, dy-t mear leard hie, in mûnts út in kleaster, in krûdsiker út ’e bosken, dy syn gûd forkofte oan ’e aptéken derre, fortelde fen ’e wûnders dêrre, fen bearen yn in kûle, op stedskosten forsoarge, fen doarren mei goud bislein yn ’e paleizen, fen tarissinge om to oarlogjen en oanbod fen sielerânselers, as min teikenje woe om ûnder tsjinst for in grou lean. Den sloech it folk in krús, oarloch.... oarloch.... it wie in ôfgryslik spûk, min mocht it om yens libbenswil net oproppe....

Oarloch! oarloch! hy winske it tichteby! en wie ’t net singulier, hwer hy kaem, wie it krekt dien, ef snokte noch nei yn hwet lytse strideraesjes.

Nimmen hie him nedich, in fêste earm, in goed swird wie altyd wolkom, mar.... mei in folle pong derby, om sels in findel útrisse to kinnen, oars wie der net in foaroanman’s posje to bisetten en ien boppe him, né det dilde ’r as Fries en in Ripperda net.

Sa yn mimeraesje fortiisd, gyng ’r op bêd. Lang rôlle ’r him hinne en wer op de hirde striesek en smiet faker as ienris it bolle dounsene dekbêd op ’e groun, sa min koe ’r yn ’e sliep komme. In wûnderlike onrêst pleage him en neare dreamen makken syn sliep licht en wif.—

De oare moarne, o ho ’n strieljende simmermoarn wie it! dy luftige wyn út it Súd, ryp fen geuren as in drúftrosse oan in tinne soeijende rank, jong fen ’e kommende simmer as in slank fanke fen fyftsjin jier! ried ’r op syn moedich hynsder det út nei Dresden. De moaije moarn makke him it moed licht. Hwa wit, hwet lok der for him weilein wie. It is yn ’t libben net altyd tsjinwyn, der komme ek wol dagen, as alles meiwaret.

De spylman seach him riden en joech him in seinewinsk mei. Der ried de kening, dy-t him iten, in nij kleed en ûnderdak jown hie en hy helle de dwarsfloite út ’e bûs en spile ta ôfskie yetteris in fleurich wyske.... Ripperda hearde it.... hy liet syn hynsder stean en wiûwde mei de hân ta ’n ôfskie. Hwet diich him det in goed, hjir yn it frjemde lân dochs immen to witten, dy-t him tagedien wie en goeds tawinske op reis. Hwent och.... syn bliid sin bigoan al wer to sakjen, hy tochte om syn pong, ienkear swier fen goudjild troch memme soarch en heite kloekens, nou holrattelich en licht. Hja gyngen allegear diselde wei, de goudstikken, hja waerden sulver, hja waerden koper, mar hja kamen noait werom en de swiere pong krige sa ’n greate slappe strûp, det hy doarst der hast net mear nei fiele. En hwet den? ja, hwet den?

In balling zijn is heldendom,
    Of ondergang....
En sterk is hij, die staat,
Als zoo het lot hem slaat.

Hwa lustere him det yn ’t ear?.... Syn oanbifélingsbrieven waerden lêzen en.... leauwd, min joech him lytse commando’s, noade him tiden útfenhûs, joech ta syn eare en formaek fen alle moaije frouljue feesten en gearsetten, dy-t elts for oar mear kosten as de útrissing fen in hiele rúterbinde, der hy mear eachweiding oan ha scoe as oan alle moaije frouljue mei-inoar. Der waerden him baentsjes taskikt, heech bititele en rûm bileane.... mar dy-t him bûten it sintrum fen eltse biweging hâlden.... ûnder de bileefdheit fen al dy dingen fielde hy it geloer fen ’e oerginstigens. Hy, de frjemdling, mocht it ris fierder bringe, as de ljue fen it lân sels en hja den in reed efterút komme. Hja wierne op hjar openst.... alle doarren fleagen wiid-waech op for him, mar nearne kaem hy fierder as yn ’t foarhús. Der hâldde de frjeonskip op.... it eigenbilang kearde ’r him wol út.

Allinne de tiid yn it „Osnabrücksche” twisken al de oaren, ek officieren lyk as hy, Oranje-trouwe earme swalkers, forbâlle fen de eigen groun, do leefde ’r op, al wie ’t den ek mar for in setsje. Hja wierne der mei sa ’n seishûndert officieren en sa ’n sechstsjin hûndert man minder folk, fen it Ingelske regear sahwet út ’e fûst wei ûnderhâlden op hoop, noch ris ta help tsjinje to kinnen for de âlde Republyk en tsjin it Frânske gesach. Mar alles mislearre der ek al wer en ’t einbislút wie, det Prusen se der ek net mear dilde. Dy-t woe, koe nei Ingelân oerstekke en der tsjinst nimme yn ’t leger en dy-t det net woe, waerde mei seis moanne soldij ôfleanne. En hy.... ek hy! rekke wer oan ’e swalk!

Sa njonkenlytsen.... o it koste tiden fen ta-ynsicht-kommen en mismoedigens! bigoan ’r to biseffen, ho ’n swier stik it wêze scoe, hjir yn ’e frjemdte foet to krijen. Hwer scoe ’r keare? Fryslân sluten for him, Ingelân net to kommen.... yn Prusen de dilde gast, yn Bohemen hast net mear as in „avonturier” mei in folle pong, dy-t min ljeafst safolle ôfskûrde as min mar koe en nou.... ja, hwet nou....?

Al wer in jier fen syn omswalkjen scoe yntkoart ynsette. Hwer wie dit jier bleauwn? Wie ’t net foarbystrûze as in wyntwirre oer in wetter, oer in wiid wetter....? Sa mimere ’r yn ’t stadichwei foartriden en noch miende ’r it rûzjen to hearren fen ’e âlde beammen op it bolwirk en it geklos fen ’e weagen fen ’e stedsgreft, dy reinige stoarmige joun, dy-t allinne syn flucht biloerke mei in feale, wiffe moannesichte yn ’t earste skynsel efter in swarte wolken wei!

Der wie net folle fen útkaem, sa ’s hy him do de takomst foarsteld hie, Ljouwert hie oan ’t nou ta syn wrâld west, der achte en eare min him as in jonge kening, oandien mei alle prael, hwer hy oanspraek op ha mei. De femylje, de foarâlden, it kaptael, de hege affysjes fen syn heit, de goederjowskens fen syn mem, de ambten fen syn sibben, al det wierne de steunsels, hwer hy grif op bitrouwe koe, mocht ’r him al ris hwet oerkomme fen ’t ien ef ’t oar, hwet mei jild, foarspraek ef desnoads mei gewelt smoard wirde moast. It spriek sa fensels, hy hie der nea net om tocht, it koe ris oars wêze op in oar plak en yn in oare forhâlding. In minske sjocht ommers nea de dingen, sa ’s se wirklik wier binne, mar hy sjocht se yn de forhâlding, sa ’s se ta him stiene. En it libben sels leart op den duer wol mei pynlike prippen en rukken it heldere sjen, it sjen fen ’e wierheit, it sjen fen yen-sels.

Ho heuchde him noch de dei to Potsdam oan it hof fen Frederik Willem de twadde. Hie de erfprins net in dochter fen dizze kening en skripte dy der net altyd om, hjir in wyt foetsje to hâlden? Hy wist wol, alle war waerd dien, om de erfprins en de dochter út it hege hûs fen Prusen wer op ’e troan to krijen, ja as ’t moast, scoene se de Stedhâlder selst wol ôfkonfoaije doare. Mar det wierne allegear dingen, hwer hy optslach dochs gjin baet fen ha scoe en partij stelle woe ’r him út noch yn net optheden

Fol moed gyng hy der op ta. En do....! earst aloan it op ’e tôch hâlden.... en einliks de tredde deis earst de ûnthjitte „audientie”, hwer hy fen hope, dy scoe him in lyts, mar frij baentsje bringe en in ynkommen, hwer hy fetsoenlik wei de freugden en lêsten fen ’t libben mei bitelje koe. Hwet in sneuë reis! Net mear yn tel as de earste de bêste „soldenier”, ûren wachtsje mei alle rosmos en bihânnele as immen fen hjar, syn brieven smeulsk oan kant lei mei in: „Ja, det kenne wy hjir al,” en einliks nei lang hinne en wer geriddenear, hwer hy it gefoel by krige, as waerde der spotsk heineballe mei syn lot, de oanbieding fen in posje fier foart yn Silezië, de wyldernis fen bosken en marren, hwer de oeroksen noch balten.

Och, it hie him sa ’n kleinigheit koste, om it lot in priisliken bistean ôf to twingen! as ’r him mar willich bûge wold hie nei de lumen fen in jong-troud fromminsk, hwer ien fen de ministers heech mei wei roan. Mar for sa ’n minne menear fen dwaen.... der skamme ’r him for! Hok for Fries joech him ea ôf mei in troud wiif! brûkte frouljuesginst, om foet yn ’e stiichbûgels to krijen?

En do al gaueftich waerde hy der oer.... Min bijegene him koel.... oaren, net sa fij en keken as hy, graech en bilust op ’e felle loaitsen fen ’e swarte eagen en it profitelike baentsje der by, skouwden him fyngnyskjend oan kant. Hy hie syn possenaesje der útspile, hy rekke op ’e eftergroun.... hy rekke yn ’t forjitboek. Hja koene ’t allegear sa skoan sûnder him redde.... nimmen hie ferlet fen him en skoude him sa maklik oan kant, as wie ’r in dea ding.

Do bigoan de tiid fen it moedsume, doelleaze swalkjen, fier, hiel fier, selst nei Poalen ta, hwer ’r de tobrokkeling mei oansjen moast fen det ienris sa machtige ryk, yn it great diselde „tragedie”, dy-t ’r yn it lyts yn syn eigen Fryslân meimakke. Sims waerde ’r frjeonlik biwolkomme, sims ek mei in skean each oansjoen. In spion! ja in forklikker! hearde ’r ek al ris flusterjen en hy kaem him sels sims for as in skouwe houn, hwer mar in hiel inkelden ien de klink fen ’e doar for lichte scil.

Do kaem de sinneblink.... Sa ’s de simmer noch ienris giet oer it hjerstbireinde lân, wie ek dit.

Hy hie syn winterketier opslein yn Frankfort, bigearich om tominsen de lange winterjounen yn ’t fortier fen minsken to bliûwen en hierde in keammerke yn ’e Pragergasse, tichte by de Römer. It wie lyts, mar greater mocht him net barre, omt de ynstruijinkjes fen hûs, hwer Ulrich, de jeneveroaljekoop him nou en den mei bliid makke, wierne ek mar lyts. It hie in útbouwke, der seach min mei op ’e Römerplatz en as ’t moai waer wie, skynde de sinne der ta ’n yn op it ienfâldige húsrie en ’e greate kachel yn ’e hoek, heech oan ’e souder ta en mei bûnte majolicastientsjes opset. En derfoar op in âld blaufewielen kjessen lei de moaije snikwite poeke en dy aeide flaeikjend om him hinne, as ’r him nei sitten joech. Den naem ’r de guit, sprong yn ’e snûrje wei op syn knibbel en nussele him ticht tsjin him oan yn ’e waerme jas.

Der yn det greate Frankfort learde ’r helden fen ’e geest kennen, greater as ea de helden fen it swird mar wêze kind ha, der waerde ’r bean by de femylje ’s to gast, gol en frjeonlik bihânnele as in bern fen ’t hûs. Der spilen en songen se, hy sims op in âld fioele, liend fen in frjeon en dânsen de menuet, steatlik en wol as by syn âlden thús en ’e fine klankjes fen ’t clave-cimbel rinkelen as skeltsjes yn ’t greate, hege seal, wher jeugd, leardens en fleurigens inoar sa moeten. As ’r in goed sin hie.... en honear hie ’r yn dy dagen in min sin!.... den droech ’r sims in moai fers foar fen in nije greate dichter, Goethe hjitte de man en as ’r den letter sims op ’e striette de âlde blaulakte koets oankommen seach fen „die Frau Rat” dy dichter syn mem, den groete ’r al op fjouwer pas distânzje mei in djippe „reverence” en tocht om syn eigen mem.

De winter kaem det jier betiid. Op in joun yn Slachtmoanne draeide de wynwizer op ’e toer fen ’t Westen troch ’t Noarden nei ’t Easten en de oare middeis gyng de sinne doddich biskûl yn in nêst fen sniewolkens. De loft biroan en om trijen hinne foelen de earste flokjes op ’e Römerplatz. De swingel fen ’e greate pomp hinge slap del, hwent nimmen kaem mear bûtedoar, nou de winterjoun sa kâld en onlijich it biwâld oer de sted naem en op ’e puntige gevels, op de reade pannen en de spitsen fen ’e toerren bigoan stadichoan in biwyske fen wyt to skimerjen. Ho seach ’r it allegearre noch, sa klear, sa klear, as wie it jister bard!

De postilions wierne der oankaem mei de fjouwerspannen by de smid en lieten de hynsders op ’t skerp sette. Strak ansens scoe de postwein komme fen ’t Suden, de greate route fen München op Frankfort. Den wie ’t hjir ien amerij alles libben en fortier, frjeonen en kinders bigroeten inoar, guont kamen for freugde, guont for leed, tynge fen fier wei lei forside yn ’e greate sekken fen ’e byweinen. Hy hie der altyd in wakkeren aerdigheit oan en hope, as Ulrich der ek ris wer út komme scoe op reis nei Fryslân ta.

Sa hie ’t ek dizze dei west, dy-t mei in great read letter yn syn ûnthâld to boek stie as ien fen syn moaijste libbensdagen. Hwerom moast ’r nou krekt hjir wer sa om tinke, dizze simmermoarn op reis nei Dresden ta, nou de fûgels om him hinne jubelen, elts blomke op syn lyts simmerouterke rynsk de swietrook joech en de sinne op hjar keninklike troan bliere, waerme loaitsen sinke liet yn ’e delte? Ja hwerom?

Hy liet him fen ’t hynsder ôfglide en togearre sochten se it skaed fen ’e hege beammen. Wer bispoanen de sulveren triedden fen loksillige mimerij syn tinzen yn swiete tsjoen. It liet him net los....

Hy seach de snie noch ris wer waeijen oer dy stille Römerplatz dy middeis, de grouwe kâlde loft der boppe en de jonge op ’e útkyk foar ’t weardshús „de Post”. Der ynienen, eart de jonge warskôgje koe, protte de wein ta ien fen ’e smelle strietsjes út mei in lûd getoeter fen ’e postilion. Alles rekke op iene ein, it weardshús wie yn in omsjoch leech en it plein fol. It wie de wichtigste ûre fen de hiele dei, selst for it greate Frankfort, dit kommen fen ’e postwein, de skeakel fen Súd nei Noard, fen wrâld nei wrâld en folk nei folk. Hy hie noch efkes foar ’t finster stien en scoe der krekt wei en jowe him wer oan syn skriûwerij, do seach ’r hwet, det al syn plannen sa mar foart ynienen fordiggele.

As ien fen de alderlêsten kaem der in âld man ta de koets út, klaeid, né biwoelle yn in greate mantel, ôfset mei brede streken sabelbûnt. De kappe fen ’e mantel siet him wit ho fier oer ’e earen, it antlit kaem der wyt en smel út. En det seach min net foarby. Ek hy, de stille skôger foar ’t finster net. Det wie in man fen gesach, dy der yn ’e fierte, det fielde ’r as by ynjowing. De menear fen syn oarderjaen oan ’e feint neist him, de taest nei de pong om in dofke for de foerman, it bifeeljende sjen nei syn bulte „bagage” boppe op ’e bywein en it krûperich dwaen fen de hospes út „de Post”, dy-t ho langer ho lytser waerd fen onderdanigheit, hy formakke him ta de teannen út der foar ’t finster.

Strang en great stie d’âld man yn syn pels foar it portier fen ’e postkoets, al de oaren der onderdanich omhinne. De koets draeide, de tré fen it oare portier kaem del. Der waeiden hwet flokjes snie op de fewielene kjessens. Hy seach se nou noch....

Do kaem der in kopke ta de koets út en in hantsje, heal bistoppe yn in greate ottermof en it oare hantsje, steunder siikjend oan ’t hâldfêst by ’t portier en einliks! einliks! yn lytse sierlike blauferwielen skoentsjes in pear foetsjes op ’e bimoddere tré fen ’e koets.... nou, suver om to stellen. Do stapte d’âld man nei foaren en holp se der út. Ien amerij seach ’r hwet fen ’t antlit, donkere eagen en in streekje fen it swarte hier. Ho forginde ’r dy âld man syn great lok! do dy hiel deagewoan it teare persoantsje opkrige en sa mar oer ’e striette droech nei in oare koets, krekt de hoeke omkaem, fjouwer bêste dravers der foar en blinkend fen forguld en spegelglês. Hy koe dy âld man wol forgrieme op dit stuit, sa ’n ljeave lêst paste ommers net yn sokke earms! mar hy markbite op ’t selde stuit, grif wie ’t in heit ef omke. Sá draecht nin feint syn faem.

Eart de hynsders ek mar oansette koene en de koets weiwirde yn Frankforts strietten, hie ’r de mantel al omslein en wâdde troch de snie, om neifraech to dwaen. In ûre letter wist ’r alles, selst it hûs, det hjar bimûrre en hy fielde de swiete pine fen in frjemde pylk yn syn hert, krekt op it aldertearste steed....

De hiele winter hie do mar ien namme syn dwaen en litten bihearske, ja syn libben. Angelica Lotarini! Wie ’t net as in strieling fen de Sudewyn sels for him, de earme kâlde soan fen it Noarden, dizze ljeafde for in faem, yn hwaens ieren it bloed streame fen it sinnelân en hwaens widze roeike hie yn Florence? En syn hert tilde op fen blydskip, do-t ’r hearde, hja bleau de hiele winter útfenhûs by hjar omke, om de freugden fen ’e jeugd to genieten en him hwet ta selskip to wêzen, de iensume widner.

O dy winter fol jubel! dy hearlike jounen fen sang en dâns, alle ljochten op en alle herten licht! dy inkelde amerijkes mei hjar allinne! ja selst yn it gean nei hjar hûs en it falle litten fen ’e klopper op ’e doar wie al in oerstjelping fen lok....

Al koe ’r den as gast fen hjar omke mar in wirdmennich mei hjar wikselje en mar komselden noegje ta steatlike dâns, it sjen wie altyd frij en syn eagen wykten tomûk net fen hjar wegen, as se sittende wei alles regele ef yn al de graesje en ljeaflikens fen hjar súdliker ras twisken hjar omke gasten omgyng, in frjemde moaije blom yn hjar djip-feletten kleed en de greate bellen fen smaragden en pearels flonkerjend tsjin de sinnebrune lange hals. Hja wie in fromminsk! en hja forstie de tael fen syn eagen dúdlikernôch....

Hja moeten inoar oeral, hwer min inoar mar moete koe yn ’t rountsje, hwer hja allebeide ta hearden. Swieter noch as in mangelblom hjar útkommen fen it knopke wie de groei fen dizze ljeafde, seldsum en frjemd, hwent winter en simmer sochten mienskip en de bigearte droech út de kosmos dizze sielen nei inoar ta en ginde se, yn ’e extase fen ljeafde to libjen.

Der wie mear skied as fen lânaerd allinne, hie ’r do sims wol suchtsjend tocht, as it forstân yetteris wer for in koarte tiid syn ljeafde oermans waerde. Hwet hie hy oan to bieden, de frjemdling sûnder thús? It wie net mear de greatmachtige hear Ryklef Ripperda, ritmaster yn Syn Heechheits liifregiment, de gesiene regintesoan fen Ljouwert, de ealman fen sechtsjin ketieren en in folle pong en in namme, dy-t klonk as in klok yn Eastergea, Westergea en ’e Saunwâlden.... It wie nou in lyts man, forjage fen syn erf, sûnder posysje, neat oars oan to bringen as syn jeugd en syn moed, hwer nimmen ek mar ien reade duit for joech. En dochs.... ûnder alle fordrukking wei, tsjin alle forstân yn gyng syn ljeafde hjar gong. Hy woe net.... en smeulsk hie ’r om syn ljeafde for Anne tocht. Hy woe him net wer barne oan det fjûr. En dochs.... ho machteleas stie hy as minske ek al wer tsjin ’t lot!

Der kaem in tiid, det hy him net mear forsette en syn earm, forbittere, iensum herte frij joech ta alderswietst hope en bigear. Hy waerde in frjeon fen ’t hûs by „Herr Lotarini”, hy skaekte mei him en holp him ta syn saken en kaem sa yn ’e kinde mei alle great-mannen fen Frankfort’s hânnel, hast in wrâldhânnel. En de kâns kearde....

Sa maklik as in plûm op ’e wyn droegen wirdt, waeide him nou sa mar in baentsje oan as commandant fen in findel ruterij, det de stêd Frankfort de kening taskikke scoe. Hy krige alhiel frije hân yn alles, „op jild waerde net sjoen, as it mar it bêste fen it bêste waerde”, sei Herr Lotarini.

En it waerde it bêste, der stie hy boarch for. Mei syn selstbitrouwen groeide ek syn ljeafde skoatich as in jonge beam, swier fen biblossomme tokken oan in wiidstreamend wetter. En ienkear op in joune, do hie hy it sizze moatten, hwet der yn syn herte song. It kaem sa mar ynienen.... och hy wist sels net mear, ho-t it sa kaem wie. Hy hie ommers swije wold, altyd swije en dochs sei ’r it, dy joune....

De skimer fen ’e winterjoun wie der bûtedoar en it wiffe ljocht fen in stikmennich kjersen yn ’e stille keamer en hja sieten togearre foar ’t fjûr. „Moat det sa fierder twisken ús, Angelica?” hie hy sêft sei. Ek neat mear, hwent pratende wei bisefte ’r, ho de bea fen syn eagen ’t hjar noch wol better fortolkje koe as wirden, ho nei se him oan ’t herte lei.

Hja hie net andere en stadich wie hjar holtsje foardel sakke. Der foel in trien op hjar hân. En hja wiisde nei in ring oan hjar finger. „Is it det, hwet ús skaet, myn ljeafste?” hie hy frege. En hja nikte. It fonnis foel.

De oare deis kaem de forwachte brief. Angelica Lotarini wie troud, sûnder det immen yn Frankfort it wiste, skreau hjar omke, mar hjar man wie siik en scoe wol noait wer better wirde. It moide him om syn earm bern en it moide him ek om de omkesizzer, as hy him ienkear sa neame mocht.

Hy hie de tsjilk wer oan de lippen set en de alsem dronken. De moaije dream forfleach.... hy seach it libben wer yn syn skier, deisk habyt.

En gyng.... Frjemde wegen wierne it wer, wylder as ea tofoaren, de kanker fen in wyld forlangst yn ’t moed, it pongkje slap en de haet tsjin it Frânske gesach, det him sinke litten hie ta dizze steat, greater as ea. Djip Bohemen wie ’r dizze simmer yntein om to forjitten en nou, hwet macht loek him wer westeliker, nei Dresden, nei syn frjeon greve fen Saijn? Hy makke himsels wys, it wie om neat oars as to sjen, ef der ek brieven fen hûs wêze koene ef licht Ulrich de jeneveroaljekoop sels.

Twaris jiers diich dy in trochtocht en reisge ek yn ’e Fryske contreinen, ornaris om Juli hinne en den yetteris yn Novimber, as de earste sniebuien him warskôgen, de winter wie op kommenswei. Den naem ’r de postwein op Swol en geandefoet nei Apeldoarn gyng ’t, hwer ’r wachte op ’e greate Hessenweinen fen Amsterdam nei Keulen. It riden hie ’r altyd om ’e nocht en ’e kost roan ’r altyd wol op troch ’t forkeapjen fen syn medicaminten en ’e echte Keulse lodderein en snúfdoazkesponskes. En derby, hy naem hiel hwet mear brieven mei as oan him allinne. De Oranjepartij syn oanhangers brûkten him allegear en de wichtigste stikken en brieven hie hy, de swerver yn ’e dûbbelde boom fen syn âld kastje en twisken de foerring fen de boppestikken fen syn greate learzens. En soks lei him ek gjin wynaeijen.—

Sa yn syn mimer wei, mirk Ryklef Ripperda der neat fen, ho-t de felle hjittens fen ’e middei al foarby wie en der in frisse wyn bigoan to waeijen. Hy siet noch altyd op itselde plak en hie syn moed net. Krekt as hinge der in tsjustere wolken oer alles, en scoe der noait wer útkomst wêze.

Mar mei in sprong fleach ’r ynienen oerein: né sa woe ’r noch net, hwa wit, hokker moaije tynge der net for him lei to Dresden! En op syn kostlik optúchd hynsder ried ’r wer fierder, de readfewielene rutermantel skitterjend fen goud en dy him seagen, tochten, it moast grif de kening sels wêze en niichden oan ’e groun ta en forginden him syn jonkheit en hege steat.... Och, as se ris heal wisten, ho biswierd syn herte wie, ho earm oan inerlike greate freugden syn bistean.... ho-t yn him twa sterke machten al mar fochten, de iene, de jonkheit en hjar hjitte bloed, de hertstocht him nei wegen lokken, hwer it swier en sounich gean is en de oare, ek in erfskip fen rigen fen syn foarsaten, him laette nei in stil bidriûw, in nolk thús, wiif en bern, as ’t koe yn d’ âlde lânsdouwe, binypt en lyts yn syn marren en wetters bisletten, hwer it greate wrâldbidriûw klonk as de rûzing fen in fiere stoarm, mar dochs syn heitelân.

Dizze hiele reis, nou al trije dagen lang, stie ’r einliks aloan-wei yn bistân, hwet scoe ’r? hokker kant út? Wer Easteliker gean.... him op gelyk ef ongelyk jaen yn ’t iene ef oare kriichsbidriûw, hwer ’r al de wylde freugden fen syn sinnen yn útlibje koe mei yn d’ ein miskien in ûndergong troch in skot ef in forfjurre woune yn it frjemde lân. In libben.... efkes as in meteoor.... in skittering for himsels, in tel fen ’e felste gloarje ef in stil libben, sober stikje brea yn stadiger rin fen dagen en in ein yn frede op in stille stins.

Ien amerij.... scoe ’r noch werom gean en al it âlde farre litte? As ’r him heal omdraeide yn ’t seal, seach ’r noch de flaue ôfskynsels fen ’e bergen fen Bohemen blauwjen oan ’e loftein en as in njuentsjend ljeafdeliet oer de hjitte maïsfjilden kaem noch ris ienkear wer de forlokkinge....

Hy skoarre him.... mei in ruk siet ’r rjucht yn ’t seal en loek de jageline stiver oan. Der gyngen de bergen.... wykten al mar fierder tobek en o hy fielde it.... hy scoe se noait wer sjen. Hy hearde by de lege lânnen, de kalme, stille wetters, de minsken, dy-t net wykten rjuchts ôf—noch lofts ôf, dy sterk stiene yn ’e eigenfêstens fen ’t soun karakter en opfettings en selst, as se de oantriûw fen it jonge bloed folgen, it nea diene op in wize, det ’r nei de freugde fen it geniet de biskamsumens oer in gemiene died it read hjar nei de wangen jage.

It hynsder drafke fleurich, de fine kop nei ’t Westen ta. Der lei Potsdam.... der lei Fryslân, o ho fier.... ho fier noch! En der wie ’r dochs mei sokke taeie bânnen oan biknotte.... hiel wûnderlik kaem ’t him ynienen foar ’e geest, ho-t ’r as in jonge to silen west hie mei syn maten nei de greate Wielen ta en it do krekt sok waer west hie as nou hjoed, in hjitte foardei, blokstil en op ’e neidei dy hearlike frisse koelte. Hwerom nou krekt dit fredige, ljeaflike byld en noait ris dy freeslike amerij, hwaens mark for altyd yn syn siele grifke wie, do-t hy yn heftich forset tsjin ’e omkear der dingen syn sabel tobriek foar de eagen fen it forbaesde folk op it Hofplein? dy sabel, wijd ta de tsjinst fen syn Oranje’s en noait misbrûkt? Hwerom dit noait? en o! it hie dochs sa ’n stap west!

De Elbe wie nou fierder ôf.... toside fen ’e wei spjalte ynienen in moaije loane fen âlde linebeammen, fol yn bloei, it nuddelige grien fen ’e spjirrebosken en roan sa ’s it like der fier yn op, ont min hielendal op de ein in wyt, great slot skimerjen seach, suver as in mearkehûs yn in minske-forlitten wrâld.

It joune hird yn ’t skaed fen al dit beamte en wylt ’r syn eachweiding hie oan de skiente om him hinne en stapfoets de loane opried, bigoanen stadich d’iene nei d’oare alle finsters fen it slot ljocht to wirden en it reine, djippe lûd fen in cello song yn dizze stiltme fen simmer en geur al ’s minsken greate freugd en smerte út.... Him, de swerver.... ta in wolkom....

Hjir wie nou for earst de ein fen ’e reis. Hjir wie in thús, leine wis wol brieven út it heitelân, dy-t him wer in amerij mennich Ljouwter bern meitsje scoene yn ’t âlde, ljeave Ljouwter hûs. Moannenlang wie syn siele net fen ljeafliks roerd, rouwe klanken koe se allinne,—de lêste skreau fen in fordwaelde binde, oerfallen yn in piktsjustere maitiidsnacht,—it gewrinsk fen earme hynsders om ’e griene igge, der se wraemjende en sparteljende al mar fierder ôfrekken, om einliks to fordrinken yn ’e stream,—it to pletter riden fen kenonnen tsjin in sterke bergstelling, dy-t bigoan to biwegen en foel op in kloftsje jonge, sterke, soune minsken, yn in tel twa neat oars mear as hwet bloeddrich fleis,—de oerwinningsrop fen in hiel regiment, as it oer de liken hinne fen syn lânsljue in nije stelling naem om in ûre letter sels as lyk fortrape to wirden—it wierne de freugden en de lûden, hwer ’r fen dreamd hie as jonge, by en hwennear ’r de groeden seach yn ’t antlit fen paken en fiere oerpaken, deftich útskildere mei de hân oan ’t hâldfêst fen de houwdegen ef sims op ’e eftergroun it admiraelskip fen de Ruijter ef de toer fen in frjemdlânske sted, der se miskien foar lei hiene yn in moannelange bilegering en optlêst ynnaem.

En nou.... al det hie syn tsjoen forlern, omt hy hie ’t nou sjoen mei eigen eagen.... en oars. Optheden hie ’r in wjeraks yn alles, hwet rou en wreed wie, selst de felle lûden hinderen him, it wyld gesjong en gegalm fen it folk jouns om it wachtfjûr, de fyngnyskjende spot, it skeinjende gemiene praet fen syn eigen maten oer forhoalene frouljuesmoaijens it geknetter fen ’t stellene hout gemiene sangkjes fen ’e marketinsters, wylt se dwaende wierne om jenever to taepjen en ’e manljue boarnden, krekt sa lang, det se der stoarreljend by delfoelen, net minklik mear.... Ho fredich, ho suver like him nou ’t libben ta yn dit âld slot! Mar moast min earst net âld wêze, om yen to sa ’n steat bijaen to kinnen? For greve fen Sayn en heit joech it pas, mar hy, ocht optheden wie ’r alles wars en dochs fielde ’r it jimmeroan, it forlangst wie der noch.... forlangst nei nij aventúr, wer lokking nei frjemde en oare dingen.

De swiere ketlings fan in falbrêge rattelen, in doffe plomp, de brêge lei flak. Foarsichtich sette syn hynsder de poat der op, de earen kamen spits op ’e kop en hy wrinske bliid tsjin in maet op ’e stal. Roek it dier selst it nochlike honk, wist ’r ek noch fen de golle gastfrijens fen dizze hird, wiid en siid forneamd yn ’t hiele Saksenlân en selst fier oer syn grinzen?

Gjin ûre letter siet ’r yn in hearlik koele keamer, syn skatten om him hinne. It wierne mar fiif, mar o ho dierber wierne him dizze fodsjes pompier, tichtplakt en segele fen hânnen, altyd warber ta syn bêst en hwer de eagen oer gien wierne fen de trije op ierde, dy-t hy ljeaf hie mei hert en siele: mem en heit en Doedte, lytse bloune poppe fen syn hert.

Hy snie de earste foarsichtich op. Waeide der net in sigentsje fen it heitelân ta ’n út? It wie heites: de stive, steile letters fen ’e âld rutersman drafken spitsich fen hoek de igale streken fen ’t pompier lâns. Heite hân! in stikje fen heite wêzen, ien tel de waerme tik fen it ljeavjende hert efter de mûrre fen deistige koelens en ynfierenheit!

Hy skreau, det ’r dizze Ulrich meijown hie, dy-t wol soarchje scoe, him op de iene ef oare menear to plak to krijen. En ho de Frânsken yn Ljouwert hjar nei húzjen setten en ’t nou fol siet fen sok onrân as in nêst hoannebijen. En ho-t hy sa knevele waerd yn ’e bilêsting, det ’r de stâl hynsders al forkeapje moatten hie en allinne de âld skimmel noch hie en ’e fosmerje en dy scoe ’r nea forkeapje, dy scoe by hjar stjerre. Ryklef wist wol hokker.... o as ’r it ek noch wist! dy joune, dy nacht! En fen ’t oproer yn Optwizel skreau ’r en fen Wibe Lubberts en syn ellinde.... Hy hie ’r ek in fear by sitte litten, der hie in kou om foart moatten, oars koe hy syn part ta it losjild net by inoar krije. En mei blydskip hie hy ’t dien. It hie ek sa spand om Wibe Lubberts giseling en brânmark to bisparjen, hwent det wie nou skearing en ynslach. Hja rieden de Oranjeljue nei, krekt as ’t gjin minsken mear wierne en Wibe Lubberts hie tofolle rike en oansjenlike frjeonen hawn, dy-t it mindere folk, nou op ’t stoeltsje, dochs noch net oandoarste, mar oars.... it hie him syn holle kostje kind.

Der skeat Ryklef Ripperda in stik yn ’e kiel, do-t hy dit lies. Hy seach der dy húshâlding, de lytse bern om mem hinne as de pykjes om d’ âld klok en heit.... ja hwer wie heit? en mei triljende hânnen, it hiele hert yn opstân, lies hy fierder: ho-t it losjild der by stikjes en bytsjes kaem wie en as yn triomf it lêste nijs: ho de frijheitsbeam fornield wie der yn itselde Optwizel in nacht ef hwet foardet Wibe Lubberts wer thúskaem wie. Hwa ’t dochs dy beam omhouwd hie, heit scoe ’t nea sizze, mar Ryklef koe ’t wol tinke.

As syn Fryslân noch sokke mannen hie, den scoe ’t nea forlern gean. Hja stiene as in rotsene skoeijing, al scoene der ek hege séën oer hjar hinnegean, de Heare scoe hjar stypje yn al hjar need en ienkear alles bringe ta in goed ein....

En hy lies fen Wolmoet.... en ’t gyng as in maitiidstwirke oer syn hert, swiet en geurich. Lytse Wolmoet der yn ’t stille Bouwekleaster, dy ’t wegerje doarst ûnder alle twang en moed foun, om Frankryk to húnjen yn ’e persoan fen monsieur Dompierre. Hwet hie ’r wol net jaen wold, om det sjen kind to hawwen! Ho heech hâldde ’r as man frouljuesmoed en frouljueskekenens, wol guont fen ’e bigearlikste frouljuesegenskippen, as de ûndertoan fen it herte dochs wer sêftens wie!

En do lies ’r it briefke fen Mem. Hja skreau net folle, ien bledkantsje fol, mar sa ’s allinne in mem skriûwe kin.... It trof in tear steedtsje yn syn hert.... ynienen waerde ’r weak.... syn eagen wiet. De bigearte kaem, om se wer to sjen, hjar âlde ljeave wêzen yetteris goed yn him op to nimmen, as in skilder elts tearke, elts skerpkantsje fen hjar âlde blankfellich antlit to biäeijkjen, de loaits fol ljeafde en ’t herte fol tankberheit en hy bistoarre skoften lang it útknipsel, fen Elske Baerdt útknipt for him dy freeslike joun fen syn flucht.

It dûrre in set, eart hy der ta komme koe, ek de oare brieven to lêzen. Ien wie der by fen fen Asbeck út Ingelân, hy skreau, hy hie der in fêste oanstelling krige yn it Ingelske leger troch foarspraek fen ’e Prins en hy lies it mei hwette as spyt, tinkjend om syn eigen swalkerslibben, gjin oare wissichheit om op to bouwen as syn jeugd en sterke earm, beide rykdommen, fen ien kûgel to fornietigjen.—

Nou leine der noch twa. Hast onwillich wei biseach hy se. De greate moaije letters fen it iene slûfke liken wol printe, sa moai wierne se skreauwn en it pompier, fen ’t fynste felijn wie ’t en sluten mei ien great skarlakenread lak en der in frjemd wapenstimpel yn. Hy wist sels net, ho-t it wie, krekt as seach hy der tsjin oan, om dizze brief op to dwaen en syn boadskip to fornimmen. En sadwaende taeste hy nei it twadde brief, ek moai fen opsierde letters, wakker mei krollen en babbelegûchjes om ’e bigjinletters, mar och, hwet eage it allegear oars—hast earmoedich en ’t pompier fielde suver as goezzebriefspompier. Ien hael fen ’e skerpe knyft.... in lyts bitûmke briefke foel der út en der mar in wird-mennich op en ûnderoan de nammen fen hjar, dy-t hjir de hân for set hiene en it dos bikreftigen mei hjar namme. O dy dierbere nammen út it heitelân: Foppe Lieûwes syn kreftich gestreek en gehael, Bindert Japiks fen Bouwekleaster de namme, as wie ’r mei in fine etsnuddel teikene, Wibe Lubberts syn fjouwerkante greate letters, gjin stoarrel der yn, gjin streekje tofolle, gjin stipke to min, Joege Innes fen Boerum, in krúske, hwent hy koe min skriûwe, wist Ripperda wol en ûnderoan de sierlike hael en streekskriûwer fen ’t adres, master Marten Joukes, skoalmaster en doarpsrjuchter fen Driesum.

Hiel it Fryske lân, hiel it Oranjefolk libbe op dit stuit foar syn eagen! En hy lies! en lies! Ho kenber makken se yn in wirdmennich dit hjar bigear: om in foarman ha to wollen, om noch ris to sjen, as de kâns ek keare koe ten gunsten fen Oranjen en de frjemde oerhearskers fen ’t steed to reagjen. En hja fregen út namme fen tûzenen, yette Oranje tagedien en God en wet stellende boppe alle rede. De sintsjes fen master Marten Joukes wierne koart, mar treflik. Hja rekken doel. En singulier, al ho-t Ripperda him der ek oer bisoude, dizze oprop to krijen, dochs wie ’t krekt, as hie hy-t foarfield: sa moast dit komme, sa en net oars. Derom dizze oantrún nei hûs, derom al dy mislearring yn ’e frjemdte, net it dûrjende plak for it holle fen ’e foet.... hy hie him net nei wenjen sette mocht, hy moast werom.

En wûnderlik to moed snie hy de oare brief op. Dy droech mar ien ûnderteikening, great en steil en deftich fen Archibald Eric Porter en wie skreauwn yn ’e sted fen Harns yn it hûs, der „De Spuitende Wallevis” úthinget, krekt seis wike lyn en minhear Porter joech út namme fen syn Souverein, de kening fen Ingelân to witten, det it ek mei ’t wolnimmen fen Syn Majesteit wêze scoe, as de jonker Ryklef Ripperda him oan ’t haed stelle woe fen de Oranjepartij yn ’e Fryske lânnen. In goede foarrie fen wapens wie der al, as ’t moast, scoe der ek noch hwet jild oan skanseare wirde kinne, mar det koe net safolle wêze.

De beide brieven sloegen op inoar.... d’iene wist fen d’oare. Hy wist al lang, de eersame en de erentfeste traensieder yn „De Spuitende Wallevis” to Harns, Arjen Poárt, sa ’s it folk him golwei neamde, sear noch hiele oare specie yn syn tsjettels as hwet levertraen for de klierige en tsjalskonkerige bern, dy-t yn ’t lijen sieten, sims rattelen se fen krûd en kûgels en ’e greate kistfollen alún, dy-t hy oankrige for syn affearen, sa’s it hjitte, wierne ornaris neat oars as folpropt mei gewearen, pistollen, bajonetten en lead for kûgels.

Ingelân woe dochs helpe, om Oranje in lêste kâns to jaen. Ripperda bisefte it, dit wie in help, hwer gjin oaren ien it by helle. It machtige Ingelân, ryk, ien fen de alderforneamste greatmachten yn Europa, sette ’r syn skouders ûnder, nidich as ’r wie, det Prusen wol de soan fen Stedhâlder Willem de Fyftde, mar himsels net wer oan ’t regear winske. Greve fen Saijn hie him ’t yn in wirdmennich al útlein, dit scoe forkeard jern spinne twisken Ingelân en Prusen op den duer, tomear omt de erfprins nou al sont tiiden tahâlde yn Berlyn en tige fen Ingelân bigoan to forfrjemdzjen. En derom dizze lêste greate troef! derom it brief fen Porter!

Syn kâns! Ien fen ’e greate setten fen it lot op it skaekboerd ek fen syn libben. De tiid fen ’e died kaem oan.... de fruchten bigoanen hjar to setten ta de rispinge, dy-t ienris de resultante útmeitsje scoe fen dit syn libben for de wrâld nei him. Alle oardiel is ommers oan de tiid en dy syn souwe skiftet nau....

Hy koe him net mear bidimme.... hy fleach oerein en roan mei lange stappen de keamer op en del.... It krige sa ’n fat op him, der wie gjin ûntkommen mear oan. Scoe ’t sa foarbiskikt wêze, wie hy der ta útornearre om syn Fryslân to helpen yn ’e need, nou ’t det earme folk, de deadsklam yn ’e kiel, net iens mear de kreft hie, om syn ellinde útskreauwe to kinnen tsjin in mûchlike helper? Ho-t de gefolgen den ek wêze mochten, hy woe werom nei Fryslân ta en hy tantte alles, hwet him yn ’e wei stean doarst. As ’t moast, joech hy syn libben for de saek en de blydskip fen dizze oertsjûging makke him it hert rûm en ’t moed licht.

En sa kaem it, det Ryklef Ripperda in brief skreau oan syn âlden, hwer net folle nijs yn stie, mar Ulrich de jeneveroaljekoop in wykmennich letter in boadskip meijoech, hwer hja by hjar thuses raer fen opharken, alhowol se hjar fen blydskip hast gjin ried wisten en Archibald Eric Porter, do-t hy ek in soksoartige tynge krige, it nedich foun, om neat oars as it onnoazele wirdtsje „Yes”, nei Hampton Court oer to briefkjen.

Mefrou Ripperda helle it almenak foar ’t ljocht en streke mei readkrytstreken de Sneinen oan, dy-t noch forrinne moasten, eart de moanne „wer fyfteris roun wie”, sa’s Ulrich sei op syn heimsinnige menear. ’t Scoe den likernôch mids Novimber wêze, licht wol mistich ef froastich. Prate min ornaris net fen in Sinte Martinus winter? Hja siddere nou al om de gefaerlike reis, dy-t ûndernaem wirde scoe, om „thús” to sjen en den as ’t koe, nei Ingelân to kommen. Allinne Regnerus en hja wisten der fen, ho ’t einliks krekt de foarke yn ’e stôk siet, hwet de inerlikste driûw wie ta dizze reis. Hwerom it Doedte en de oaren to fortellen? It bêst biwarre geheim is ommers it ienlinggeheim en net folle gewach fen in saek meitsje, jowt better útkomsten as der in bulte oaren yn to biheljen. En hja telde de ûren, hja telde de dagen.... ho smachte it memmeherte nei de komste fen hjar bern! Waerde it net swypke yn dizze dagen twisken freze en freugde hinne en wer as in boatsje nei twa oeren op ien sterke stream....

De swarte reinbuien kamen opsetten út it Noard-Westen en teisteren de hege beammen yn ’t tún, de hirde wyn plôke se sa keal, det se der rillerich en earm foarstiene as hinnen yn ’t forfearjen. Al koarter en koarter diich de sinne hjar ommegong, de moarnen wierne dauwich en de jounen kâld. Hja hellen de skoudermantels út ’e kast en de greate wollene châles, dy-t nei múskes roeken en lavendel. En jouns blies de wyn sa earmoedich om ’t hûs, krekt as gûlde der in lyts bern. Den skerpe se de âlde earen op en lei it breidzjen del.... kaem der immen de gong lâns? Kaem hjar jonge, hjar moaije greate jonge mei syn laeitsjende brune eagen en syn swiere stap der oan, ta de doar yn, om syn âlde mem op dizze joun—krekt sa ’n ien as ’r gien wie!—bliid to meitsjen?

Mar de joun gyng sa stil syn gong.... de azem fen ’e jeugd wie der noch net yn ’e brede, âlde gongen en hja hearde neat oars mear as it smûchjende sykheljen fen hjar man, hwette nearboarstich fenwegen it rikkerige fjûr, hwer de wynhoun by lei to sliepen, it ranke ljochte liif op in roungear lyts protsje en sims yn felle dream fen jachtgeniet efkes lûd jankjend yn ’e dod....

En as de forlangsten fen âlde minsken heftich bigjinne to wirden, binn’ se den net as de swiere tôgen fen ’e piid yn in âld lampe, der net folle oalje mear yn is? Al heger en heger barnt hja en jowt in ljocht, sa ’s nea tofoaren. Hja jowt boppe hjar kreft.... hja fitert d’ âld piid syn lêste kreft der út, dy-t oars by stadiger brân noch dagen mei kind hie.

Regnerus Ripperda krige in stek yn syn hert: waerd’ syn wiif minder? bijoech der him hwet? En hy ûnderstie der doctor Falentijn tomûk oer. Dy kaem op in nei-dei, wylt hja allegear noch ris yn ’t simmerhúske yn ’t tún sieten to thédrinken. It wie al October, mar ho soel en moai wie ’t noch! De loft skjinfage fen wolkens, de sinne klear en ljeaflik oan it teare blau, jouns fen in fine mist omnevele en fen tûzenen o sokke kleare stjerren bisprinkele.

Der bloeiden noch stokroazen by de paedtsjes lâns, de spintsjes roanen op hjar sulveren triedtsjebrêgen twisken de bledtsjes en ien kaem op in hiel fyn triedtsje op Falentijn syn jasmouwe oanwaeijen. Hy biseach him en liet him rinne op syn brune hân. Do sette ’r him hoeden op in letbloeiende roas.... It gyng allegear yn ’e stúdzje wei, hwent syn eagen, syn tinzen, o syn hiele siele wie by Doedte Ripperda.... Hy kaem jerne en hy kaem faken.... it wie net om mefrou Ripperda, glimke ’r frjeonlik.... dy koe noch jierren mei, as hja hjar towacht naem, mar der loek him in hiele oare seilstien en op in joune lei hy hjar syn heimnis bleat. Minskekenner, as hy wie, biflapte hy sa twa profitelike dingen yn ien klap: hy joech hjar yette in oar punt om hjar tinsen by to bipalen en hjar de lange tiid fen it wachtsjen to forswietsjen, mar meast noch diich hy ’t om de frijichheit to krijen, Doedte ek ris oars to sjen as op jounpretten en feesterij.

Der hat gjin minske ea lokkiger west as hy yn dizze dagen fen foarfreugde. Stie ’r net yn ’e poarte fen in nij, frjemd lân? bigoan der net stil-wei it lok to bloeijen, syn lok! ja syn ienichst lok! De measte patty binn’ syn wegen ek wol ris gien.... wie net it earste sjen it moaijste, moaijer selst noch as it nimmen en habben yn eindom? De died is ommers de skeinende dead fen selst de aldermoaijste dream....

Mefrou Ripperda hjar bitterswiete langstme fortakke hjar nou yn twa wegen. De sterkste gyng altyd wer út nei hjar greate, oermoedige jonge, yn hjar memmeëagen altyd noch lyts en helpsikerich. Hokker âlder sjocht syn bern ea great? Hja bliûwe lyts, al wirdt heit ek njuggentich en hja sauntich. Mar as der wer aeklike prakkesaesjes hjar binearen, den stie der lytse teare Doedte, it bern fen hjar soan en frege ek om ljeafde en beppe herte wie in ryk saed fol ljeafde en joech jerne....

Forline hjerst hie se it wol bispeurd, Jehannes Falentijn en Doedte wierne lang net fij fen inoar. Syn eagen forretten him altyd weroan en mei hjar sterke speursin markbite se al ringen, Doedte hjar hertke waerd’ ek wekker.... Skruten en tear, in lyts maitiidsblomke yn in great hôf, hwer de sinne ta ’n yn bigjint to skinen.... En al koe se it as âld aristocrate hast net daeije, in boargermanssoan wolkom hjitte to moatten as de oansteande man for hjar bernsbern, dochs sei hjar forstân it hjar wol.... Doedte krige it bêst en scoe op ’e hânnen droegen wirde fen de hiele femylje.

Mar krekt, as rekke it spul oan ’t sloeren. Regnerus en Falentijn moeten inoar op ’e kolfbaen en hiene ek in skaekjoun togearre, mar de jongeljue seagen inoar hast noait. De simmers hie Doedte thús west by heites yn ’e Bjirmen, hie it húshimmeljen mei dien en letter de forname gasten mei ûntfongen, heite eptige frjeonen, dy-t mei soannen en dochters kamen, de Frentsjerter prefesters, dy-t út to tsjokiten en útfenhûzjen gyngen by de âlden fen hjar stedinten, de doomné’s, ûnderweis fen ’t iene plak nei ’t oare en by de stinsljue bean as wolkomme gasten, al wie ’t allinne mar om ’t archyf by to hâlden.... Der seagen hjar sadwaende in bulte, in mennichte fen loaitsers, mar yette gjin keapers. Hwa doarst it ek oan yn dizze minne tiiden, om in húshâlding op to setten? Och, it wie der wol in hege steat yn ’e Bjirmen, det wist it folk ek wol, mar de pong, de boom skûrde der net út fenwegen de sulverswierte. Saundersum, it wie me der in skare, it spande, om se allegear goed to plak to krijen. En derom, it gyng hjar einliks mar frijhwet to stadich mei doctor Falentijn. Doedte wie nou great.... de measte famkes fen hjar stân al forsei ef troud. En sadwaende kaem ’t lang net fen onpas, det hy hjar ris opsochte, nou ’t Doedte sont trije wike wer yn ’e sted wie. Hja krige nou sangles fen monsieur Parmentier en hja forsocht doctor Falentijn, as ’r de fioele ris meinimme woe en op in joune komme, den scoe hjar det oanstean.

Simstiiden kaem ’r, stil en earnstich en stadichoan bigoan ’r as in tûke oerste de lytse festing fen hjar skruten fammehertke to foroverjen mei syn spyljen. It hie hwet eigens, hwet tige persoanliks, donker en breed lei der dochs in gloed yn, dy-t mei tsjoenende hearlikheit oarmans herte omspoan. Eltse toan, eltse triller lokke wûnderlik.... Noait hie mefrou Ripperda noch sok spyljen heard.... Der wie eat yn fen oproerige, woeste Sigeunersangen en den wer fen fiere jubel en ek wémoed, ja det ek....

Doedte siet der by op in lyts stoeltsje en suchte fen wille wûnderlik. Der bigoan in kleurke op hjar wangen to kommen en hjar eagen, dy greate kristallen, wykten net fen ’e snaren, fen de brune hânnen, dy-t de strykstok hantearren en mei sok gesang hjar lokken.... Sa siet se der den foar him yn in hoeke fen ’e greate keamer to harkjen, it blaufewielen jurkje mei de kamerdoekse kraech hiel stiif om it teare lichemke, de smelle lange hânnen drok nifeljend om ’e figuerkes fen ’e pauwefear to breidzjen for in greate challon for beppe en sims ek stil yn ’e skirte. Ef sims.... stie se deun neist him en song.... it ljeave lûd hwette onwis noch, mar suver as in sulveren klokje....

Sa gyngen de moannen fen it wachtsjen foarby, stadich, stadich as de trêdden fen in loaie lânmjitter for âlde mefrou Ripperda en for Jehannes Falentijn fleagen se foarby mei joleit en plaisier, hird! hird!

Det jiers foel de winter betiid yn. It bigoan to waeijen út it Noard-Easten, stiif en sterk. De steppenwyn fen Sibérië kaem ’r oanjeijen mei fule foarsje, in âlde, grime ruter en boldere syn machtwird oer it yneine, biidzjende gea.... keal.... forlitten en forsutere nei de Snein der Freugden fen de jiergetiiden. Tsjin de joun bôze it waer oan, it bigoan in bytsje to wiskjen en sniekoppige buien dreauwne stadich op it stille Fryske lân oan as swierbiladene skippen mei sulverblinkende seils. Alles bleau lizzen, de greiden waerden wyt. Dodderich gyng de sinne ûnder, sette it gea ien tel yn in frjemde gloed.... scoe min nou net sizze, det it in oare wrâld wie, in wrâld fen dream en tsjoenskyn....? tocht Doedte.

Earst hie se in skoftsje nei it snijen sjoen yn ’e efterkeamer, der min sa fier sjen koe, oer it tún hinne de stedsgreft en den hiel fier it lân út, de skaden fen ’e keale beambosken, de readpanne húskes by de Ie lâns en sims hjir en der in stomp toerke. Nou like alles onwennich en forlitten en joech se hjar nei foaren ta en siet foar ’t finster út to sjen. Mar der kaem ek nimmen foarby.... gjin wein dindere oer ’e grouwe balflinten en gjin karossen kamen krêkjende wei mear om ’e hoeke. De trapkes fen ’e húsgeveltsjes skimeren al wyt en yn ’e smoute herntsjes fen ’e striette, tsjin in stekje oan ef by in beamke op, der bleau de snie ek al lizzen, de earste snie fen ’t winter, de lange tsjustere winter fen fiif moanne, as de jounen hast net om woene by it lytse ljocht fen ’e kjersen, fen acht nou al bimindere ta fjouwer yn ’e hiele keamer, fenwege de minne tiiden. En njuggen ûre krekt den kaem Minne Pjirkes slof-slof de lange gong lâns en blies se út. Den wie ’t bêdgongerstiid.

En wylt se der sa siet, kaem hjar fensels ek wer in oare joun yn ’t sin, noch net sa lang lyn, ek min waer, slimmer as nou yette en de freeslike moarn, dy-t der op folge, do-t beppe siet to stoarjen by de tafel, de eagen fol triennen en Ryklef-om syn stoel leech en keal tsjin ’t bedsket oan, it toebakspûdtsje noch hingjend oer de knop fen ’t bekling en yn in hoeke fen ’e keamer syn learzens, noch bimoddere fen jister. De wynhoun lei der foar en grânze tsjin elts, dy-t der mar nei wize doarst.

Hwer wie omke nou? Hja hie forlangst nei him, optheden sa tige, nei syn earm, hwer se heal fen droegen waerde as se ris togearre kuieren troch ’t tún, nei syn hertlike ljeave lûd; det yn sêfte wirden al hjar lytse en greate fortrietlikheden delbêdde. Nou se yn bistân stie miskien wol hiel yntkoart.... al it ljeavjen fen hjar herte oan in oaren ien to jaen, wie ’t krekt, as liet dy âlde, sterke bân him mar net sa spjalte en tobrekke. De ljeafde wie noch sa frjemd en nij en o it skrutene hert koe der mar sa stadichoan ta komme, dy biwâld oer al hjar tinsen, dwaen en litten to jaen.

En dochs! as se der goed om tochte, ja den forsonk dochs al it oare en bleau der neat oars as Jehannes Falentijn en dy allinne.... Den waerde hjar hertke in triljend lyts reidtsje yn ’t machtige wrâldsbidriûw en biide fol démoed de sêfte sigen fen ’e Súdewyn, dy-t it folle rike libben bringe scil, simmergloede en simmerleed, ja ek det....

Sa siet Doedte der dy joune to prakkesearjen en nimmen flustere it hjar yn ’t ear, ho-t Ryklef-om optheden ek tige om hjar tochte en syn reis nei hûs bispoede, dreauwn fen in frjemde binearjende langstme. Greve fen Saijn biselskippe him oan Potsdam ta en sadwaende joech de reis him alles, hwet mar mei jild to bikeapjen wie, de alderbeste hynsders, de eptigste weardshuzen, de beste „introducties” oeral. It wie allegear sa noflik, mar makke it net swak? en al ho tankber hy ek wie, der foel him in pak fen ’t hert, do-t hy ôfskie nimme koe en allinne wer oan ’e swalk rekke. Ho ’n langst krige ’r nei hûs, eage ’r oer it lege lân om Bremen hinne nei ’t Westen út en mei ho ’n freugde hearde ’r yn it Saterlân wer de earste fryske klanken en siet der oan ’e dis mei neisaten fen syn eigen folk, rys fen ’t selde hout!

Einliks.... de lêste dagen gyng ’t oer hirdfêrzen wegen, slingerjend twisken wytbisnijde lânnen op Emden oan. Der lei it wetter, it wiide rike wetter! Fol niget snúfde ’r de sâlte geuren fen ’e sé op, hearde ’r nei de skreau fen ’e kobben, heech boppe syn holle en seach de âlde, wolbikende lyntsjes soeijen yn ’e wrede wyn en der de lytse skaerkes oan to druijen. Hie ’r wol in jier foart west?.... in lang jier? in wreed learjier? der syn geest ryp yn makke wie, om de davering fen wilbirettens en diedkreft, it opeaskjen fen de hiele minske en al syn kreft! it biidwird fen dizze tiiden, bigripe to learen.... Raer wie ’r troch de moster feegd, hie earmoed kennen leard en minskene ellinde fen allerhânne soarte, in machtige hertstochtelike ljeafde, skeakele oan in bittere dwesting, hwer syn hert him yn pynkrimpings tsjin forset hie, sá sear diich it—wie as in föhnwyn oer him hinne jage en neat! neat him bisparre.... Hie dit altomets syn wrâldfjûr west, om lottere to wirden? Sa mealden de tinsen yn syn holle om, mar yn ’t effen kaem ’r net mei him-sels.

It joune al—syn hynsder hie ’r to plak brocht yn in waerme stâl foar in goed krebfol foer—do gyng ’r noch ris ’t bolwirk om en einliks yn ’e bidelte nei de haven. Der wie gjin minske to sjen, mar fen alle kanten loerden de ljochte finsterkes fen ’e huzen nei him mei finnige âldwiveëagen ûnder de wite sniekape wei. It bigoan feninich oan to knipen, krekt as sieten der tûzen nuddeltsjes yn ’e loft en diene neat oars as prippen yn ’t fel. Hy sloech syn mantel tichter om ’e lea en kroep suver forside yn ’e âld mûts. Syn eagen dikeren oer it stil noadzjende, skiere wetter, neat as weagen en peallen, grien bimoske, spûkeftich yn ’t feale ljochtmoanne waer, o neat as forlittenheit yette.... Scoe ’r nou fen Scylla yn Charybdis forfalle moatte? Moarn scoe ’r ommers de sprong weagje nei it ûnbikende, op it gefaer yn, miskien wol de dead, hwent hy struide himsels gjin sân yn ’e eagen, de tastân dêrre yn ’t heitelân wie minder, as ’r ea west hie. De brieven telden der fen en hwet ’r twisken de rigels troch lies, der stiene noch folle slimmer dingen.... Hy spile nou noch folle heger as ea tofoaren.... „Hwerom bijowst dy den ek wer yn sokken tizenêst,” lytsmoedige him syn wach kwea-ik, bigearich him yn in swak steed to taesten en markbitend, ho swak as ’r optheden wer wie mei dy ûnsikere takomst foar him en it hearlike Sigeunerlibben fen wille yn Bohemen ef fierder op noch to binaderjen yn ’e fierte....? Det tizenêst fen strideraesje om macht, rjucht, godstsjinst en persoanlike foarrjuchten, koe hy det út ’e tiis krije, lykme allinne?

Hokfoar driûw swypke him einliks oan? Hwerom dit gean nei hûs, biredt en hastich? Omt hy foar fêst leauwde, det alle gesach is út God en alle gesach, det der tsjin yngiet, op den duer fen syn eigen greatmachten wer to niete gean scil en det hy nou roppen waerd, hy persoanlik ek, om syn lyts earm lân fen bystân to tsjinjen, al scoe ’t den ek wêze as 100 tsjin 100.000 ef yette mear. Hwent Ien is ’r, dy-t seit, hjir oan ta en net fierder, frjemdling!—de fordrukking fen Myn lân en Myn folk is oan in tiid ta, oan Myn tiid ta. Den lit Ik wetters komme om hjar to forswolchjen ef de pest, de grime swarte dea, dy-t hjar de lêste syke ta it lichem út parset ef oare slimme bisykings en Ik lit it lân skjinfeije as in telleflier en suverje Myn folk fen frjemdlânsk oerlêst as de wanne it sied, de kerl en syn húl....

Dit leauwde ’r en dit wie syn kreft. Der wie nou syn ropping, hy fielde it en de moed ta de died groeide skoatich yn him by it sjen oer it brûzjende wetter, de skied fen syn earm lân. Lei it der net foar as in earm warrich jage dier foar de wolven? Ja slimmer as wolven wierne der optheden oergear, it wie de fornietiging sels, hwer it fen bisprongen waerde....

Mar ek—hwet fen fornietiging bisprongen wirdt, hat eat yn him fen greate waerdij, det fier boppe fornietiging en dead útgiet.... Der is gjin stryd, as der gjin lean wêze scoe.—

De oare moarne skynde de bliere, heldere sinne oer ’e wite wrâld. It hiele lytse Emden wie in weikrûpt lyts fûgeltsje yn ’e skutte fen syn wite bolwirksbeammen. Om middei hinne bigoan de wyn, de moarne yette in stadige Easterkoelte, ta to setten, it waeide, det it lille en de wyn roan al heger en heger ta ’t fiere Noard-Easten ta.

Do lichte in swierladene Noardlânskoffe fol hout it anker en stevene, al de seils op en sêft soeijende as in skuitsjeseas yn syn riemmen op ’e weagen, op ’e fiere igge fen Grinzerlân oan. En Ryklef Ripperda stie foarenoan by de boech. Under’t mom fen in ienfâldich houtfrachtersfeint sloech syn hert mei heftiger slaggen, do-t se al skipperjende en lavearjende, de hiele koffe oer en oer wyt en de seils as planken sa hird, ta de haven fen Delfsyl ynsylden en it paed nei de greate sted fen Grins sochten.

Mar gjin healûre letter lei de greate trijemester stil. De froast wie machtiger as hy en stie him.

It wintere fûl.—