VII.
As in lange staesje fen stil-trêdzjende skiere nonnen, sa tôgen de wolkens, frachten snie yn ’e kape, de winterloft lâns, it forlittene paed, hwer gjin fel sinnefjûr mear barnde en hjar greate grize kapûzen fordonkeren smychtich en skelmich it lytse streekje sinneskyn, dwaende yn ’t Súd-Westen om hjar to ûnderwrotten. It pinkeage der al de hiele dei om, earmtlike sobere pronk fen in sinneblinkje, det gjin sinneskyn hjitte koe, en gjin ljochtmoanne yet wie. In biwyske wie ’t, in triljende libbenssucht fen it ta de dead martele en stridende ljocht. Hwer wierne nou de dagen fen triomf? de hjitte wegen fen ’e bigearten? hwer eltse foetprint in bûrling bliûwe liet fen tinend ljocht, fen hearlike blide tinzen, fen kostlike kreft, dy-t oanfitert ta moedige, oermoedige en selst weachhalzerige dieden, de tsjustere driûw fen ’e hiele skepping, om wer it nije to jaen yn ’e tiid dy-t komme scil, it libben syn foartbistean’s wissichheit yn it smeijen fen ’e nije skeakel?
It ljocht sykhelle noch swakjes oan ’e loft. Ho flau de skimer! ho kringe de démonen fen skaed en nacht al wramende op him yn! Sjoch se wrakseljen mei him, de godlike! en den wer yn inoar om! sjoch it slangeringjen fen hjar skiere, wytskobbige wolkeliven! hjar spjaltinge yn in mennichte fen wjerljochtreade fangearms, om der it godlike, det mar net stjerre wol, it moaije, it goede, it reine fen ’e wrâld mei to fornietigjen. Ho-t se de wrede wyn en de kjeld oproppe ta help, o dy freeslike wraksel derboppe yn ’e loft.... is ’r net it suverste byld fen ’e lytse minske op ’e lytse ierde derûnder, ek wrakseljend tsjin syn kweade geesten, dy-t nei him rame, om him it godlike fen syn siel to ûntstellen?
Mar it ljocht, it godlike scil it winne....! En sa tynde it stadichoan oer in stille lânsdouwe, griis en feal yn ’e winterfoarmoarn, forlitten fen minske en dier yn ’e meast folkomene iensumheitsearmoed fen ’e onbiprinte snie, dy-t noch gjin minske droegen hie, allinne de lichte lêst fen rovers út honger en moardsucht, oanfitere ta strún en aventúr yn ’t piktsjuster fen dizze stille nachten.
Ien jaget der oer in boerehiem yn it winnende ljocht.... de moaije lange rêchhierren stiif fen froast, de lytse snút gnúvt by de hinneloop lâns. It rûkt der sa fearrich en fetlik.... Hy hâldt him mei de skerpe klauwkes oan ’e triemkes fen ’t hinneljedderke, it sêfte moaije lyfke himet fen wille as in jager it boarst, as de hazze omtûmmelt fen in rekke skot yn ’e efterpoaten. Hjir is it neat oars as moardlust, dy by tiiden raest om bifrediging, derre de mird freget neat as iten, it wapen tsjin de stille, grime dea, dy-t nou al dagen op him loert.
De hoanne skreauwt en slacht yn de geweldige wjukken, de hinnen raze, as in lytse dryste ruter springt de mird de alderfetste nei de waerme strôt.... Wer stiltme. Hwet geslûp en gewriûw, in plofke yn ’e snie, in bloeddrip twa trije op in efterhússtriette, suterige wyt yn it bleke ljocht oan ’e Easterkym.
De mird spilet fen ruten, as in tigerke giet it by sprongkjes mei in plofke op it hirde iis fen in bysleat, by de rûche wâl wer op en den oer it lân yn ’e tichtsnijde fûrgen lâns. De skiep skeuke him foart, as ’r oan hjar lâns reart, in âld skierroek yn in iensume eskenbeam skeldt him út. De mird dûkt him noch lytser. Hwet male him dizze allegear! Der is neat, hwet him fen it paed nei de hoale ôfhâlde scil en mei faesje tûmmelt hy by de hege wâlskant del op it hirde iis fen it Djipt.
Ynienen krûpt ’r yn inoar ta in nietichheit, in biwyske mar fen in libben dier. Syn bloeddrich snútsje giet skûl yn t sêfte hier fen ’t lyfke, de fjouwer poatsjes lûkt ’r op, de rêch jowt him willich yn ’e bocht, nou moat de sterke rêchbonke de skutte wêze tsjin gefaer. Sa leit ’r der deastil, in lyts protsje yn greate deadsbinauwinge.
De minske, de greate fordylger, giet foarby. It skaed.... it greate skaed yn ’e wrâld fen al it djiert, hwer it mar earne ek sykhellet.... it greate skaed, altyd fen pine en dead biselskippe. Hy hat wjukken oan de foetten. It iis krêket en earmoedet, hwer hy de swierte fen syn lichem plantet. De kwalster stout de mird oer ’e hûd, hy roert gjin hier, leit as dea.... It skaed giet deun oan him lâns.... As in skûrwyn giet it foarby....
Mei in sprongkje ef hwet is de mird nou by syn hoale ûnder in daem yn in forstoppe pomp, hwer it wetter net mear troch wol. Mar de minske, hokker hoale nimt him yn syn biwâld, hwer is de koestering fen in smûk binhûs for syn yneine foetten?
De reedrider seach de Liikster bosken blauwjen oan ’e einder, rjuchts seach ’r de âlde standermounle fen Súdhoarn en it keal beamte fen ’e Hanckemabosk en hirder, al mar hirder kris! kras! fleagen de flugge izers oer it hirde iis. De wyn hie de snie der ôfjage, wreed en kâld lei it iensum paed der foar.
Hy bleau efkes stean to útpûsten yn ’e smoute fen in tropke beammen. Hwet scoe ’r wol net jaen wold ha, om him efkes waermje to kinnen yn ien fen ’e greate bûthúzen, hwer nou sa noegjend de kouwegleskes fen skimeren yn ’t bleke lantearneljocht. Hy koe it gefaer en hy joech ’r him mar net sa op ’e dolle roes yn. Mei soarch strûpte ’r syn knapsekje los, det him op ’e rêch hinge en helle ’r in spekbrogge út en al itende wei ried ’r stadich fierder, Bidlersboom foarby, op Blaufallaet oan.
De sinne riisde boppe de tear-kleurde roazereade kym.... hwet in woldied wie dit stille, bleke winterljocht for de iensume reisger! De sniewolkens protten nou gear yn nidige kloften djip yn it Suden en seagen oerginstich it ljocht groeijen, boppe de kym út en winnende wei heger kliûwen, al mar heger....
En hy!.... o ho seine hy de nije dei, wer de earste yn it heitelân, de brune jonge skippersfeint! It pakje stie him goed, al wie ’t hwet bilape en ’t konstitúsikoard al lang fen donkerbrún ta bleekgiel forwosken en in fellemûtse mei earkleppen siet him sa ticht om ’e earen, min seach allinne der ûnder út in moi greate noas en de mûle mei syn waermreade lippen. Lyk ûnder ’e rânne fen ’e mûts laken heal biskûl ek de heldere brune eagen en seagen frank en frij om hjar hinne, yn ’e wite stille wrâld om, optheden it bisit fen him lykme allinne, hwent fier en nei wie gjin minske to sjen. Mar yn ’e fierte krinkelde in slangkje reek de loft yn en kefte in hountsje.
De lange reed fen ’e neinacht wie foarby. ’t Gyng al mear en mear op hûs yn, der scoene nou al gefaren op ’e loer lizze kinne en hy tochte ynienen om ’t âlde sechje fen syn heit: ho tichter by hûs, ho greater de skea, sei de hazze en hy rekke tichte by ’t leger yn in rottestap—mar gefaer—der hie hy noch noait foar omkrolle. In nuver soarte fen wille wie ’t for him, om him der tsjinoer stelle to kinnen en ’t op syn alderfynst út to fikelearjen hwer de goede kâns om to ûntkommen to finen wêze scoe.
Foar de wyn ôf liet ’r him stadich glide, de soune skoudrige lea sêft widzjend nei ’t forweech fen ’e stevige streek fen ’e skonken, de hânnen yn ’e broeksbûsen, de eagen skerp stoarjend alle kanten út. It wie noch fierst to betiid yn ’e moarn, ’t gefaer sliepte noch, allinne by Blaufalleat wie folk warber. In âld man kapte in nij bit oan ’e feartskant en it kefferke roan as in lytse gek oan board fen it skip om en wie alhiel oerstjûr.
„Scilst’ stil wêze?” raesde de man mei de bile. Mar Bijke joech gjin belies, tûmmele fen pûre razenheit fen it skip op it iis en hinge mei feninige toskjes de reedrider oan ’e bokse. Dy bleau stean. It like hjir net sa ongeskikt, om ris út te pûsten en nei ien en oar to pinfiskjen, dy âld man mei syn gutige skreefkes fen eachjes en syn fynlippige mûle like snoadernôch, om in petear wirdich to wêzen.
„Kâld, hwette?!” sei de reedrider en stie yn ’e smoute fen ’t skip nei de bitmakker to sjen.
„Foaral for in gewant jongkearel, om loaikjend nei in âld man to sjen”, gnyske de oare.
„Det hoecht gjin twaris sei”, en de reedrider naem him de bile út hânnen en sloech der op as in flaljeklap op ’e telle. De skossen stouden der nei en efkes letter lei it donkere wetter syn heimnisse bleat. ’t Kefferke slobbere yn ’t wetter om, mar hâldde de frjemde man dochs altyd yn ’t fesier. Syn kraleëachjes wykten net fen syn wegen.
„Kom”, sei de skipper rejael, „in kûmke kofje. ’t Wiif hat se brún. Den kinst ús skûte en sa ek ris sjen. ’t Is in gnappen-ien. Hast licht wol ris heard fen „De Vrouw Maria?”
„Nou né”, sei de reedrider, „ik bin fen de bûtefeart, Emden en Hamburg”.
„Soune en skande, ik hie wol wirk for sa’n ien as dû en den om utens to swalkjen.... Mar dy-t jong is, hat wyld hier en eart det net útfallen is, wolle jimm’ ’t dochs net leauwe. De earen scill’ dy ek noch wol ris bikauwe wirde der yn ’e frjemdte, det wik ik dy, jonkje.... Fortsjinnest oars goed?”
De reedrider wrotte krekt troch ’t lûk en do’t syn foetten wer groun fielden, andere ’r: „’t Hat syn útfallen, sims in goudgoune en ek wol ris fijfjes, ja dy wol it meast.”
„Min sjocht it dyn habyt wol oan”, en de skipper takseare it bilape buis en ’e âld mûts en ’e hirde fetlearen skoen ûnder ’t kofjeslobberjen wei en hy joech oarder oan ’t wiif, om in boltsje to smarren en der in goede hompe tsiis op. En noch in kûmfol gleone kofje.... De reedrider fielde him op dit stuit as in bidler, dy-t sa mar ynienen in keningsmiel foarset wirdt.... Noch noait hie him eat sa forkwikt as dit ienfâldige moarnsbyt.
d’Ald skipper hie de eagen net fen him ôf. „Dû bifalst my wûnder. Hast fen ’t maitiid noch gjin tsjinst, freegje den mar by Visser’s folk to Heech, hwer Jellema is mei „De Vrouw Maria”, dy witte altyd wol, hwer ik tahâld, hwent myn jonges farre for hjar op Londen mei iel. En hwer kin ik dy biskriûwe?.... So, wennet der folk fen dy to Ljouwert, yn ’e Bûntebargesteech? As wy it roer der ris fêstsette, den siikje wy dy op by gelegenheit.”
„Bêstich”, glimke de reedrider, „beide wolkom, hear”, en hja fûsken as âlde kammeraten. Like wiis as ’r kaem wie, ried ’r wer foart en al wie ’r neat gjin nijs wys waen, licht wie ’t ek mar better sa. Hy seach noch ris om nei de beide âlde minsken op hjar skip, nou al hiele lytse swarte stipkes yn ’e greate, wite wrâld om hjar hinne. Scoene se inoar ea werom sjen? En dochs foel dizze aerdige ontmoeting as in bliid fonkje yn syn hert.... it makke syn hiele moarn goed.
Der waerde nou al mear folk warber. Hânnelsljue rieden him foarby nei ’t Grinzer wykmark, pearkes om in Lieksterblom to heljen, de famkes, de moaije wangkjes blau fen ’e kjeld en de wiide rokjes as tontsjes om hjar hinne fenwegen de wyn, stadichoan oanbôzjend út it Easten, sims in slide, folladen mei sekken sied, trije kearels derfoar en ien der efter en den wie ’t mar fen wyk-út en jow-rûmte.
Yn ’e lijte by in tropke wylgen-moezen en in jaskerke spanden se in seil, der kaem in dis mei hjitte sealjemôlke en knapkoeken en der siet me in âld wiif efter mei filekaenseagen, soksoartigen hy syn libbensdagen noch noait sjoen hie.
Hy skrilde der fen en seach mar gau yn ’e oarre wei. Koe se him? wist se hwet fen him? De geur fen ’e sealjemôlke lokke him oars wûnder, suver mûltergjen wie ’t. Mar hy forwarde him der tsjin en kraste hastich troch, de brede baen lâns. Einliks, noch omdize fen ’e fine wintermoarnemist, seach ’r de stompe Stynsgeaër toer út ’e beambosken fen Siccamaslot en Boelenshûs tinen en as in wife blinkert yn ’t tsjuster fen dy bosken ien amerij de wite hege sydmûrre fen Siccamaslot.
Hy bigoan nou ek syn lea to fielen. Sont fen ’e moarn fiif ûre op in paed, syn ankels diene him sear fen ’e stiifboune riemmen en syn skonken fen ’t hâlden en kearen op ’t kwalsterige en onbibane iis. In tel mennich letter Mûntsjetille en lofts hwet fierder yette de beammen fen Bouwekleaster, it noflik thús fen syn bigearte.
Hy ried de opfeart del en boun ’r him by ’t brêchje ôf. It spande, om troch de sniedunen hinne to kommen en ien amerijke bleau ’r ris efkes stean, om út to pûsten en om him hinne to sjen. Ho ’n hearlikheit wie dizze wite, wiide iensumheit! Hy, de lytse, hymjende en wraemjende minske, it swarte biweeglike stipke yn ’e stjurre wrâld fen froast en snie, bidoar neat fen ’e majestieuse moaijens fen dizze oarde, sûnder minsken en huzen. Hy wie ’r to lyts, to nietich ta. Al scoe ’r der nou ek delfalle en nei in pear deadsetten stjerre, syn waerm jong lichem yn pinekrimp ticht tsjin ’e âlde mem ierde oan.... hjar scoe der net iens de lytste rille fen oer de lea gean, as der him wer hwa ef hwet bijoech. Kaem it hjar elts jier net sels oer? As in swiere, droeve weach fen in onneispeurlike Oceaen fielde se ommers elts jier itselde, berte út hjar swiere, ripe skirte en dead, wer dead, it willeaze oerjaen fen al hjar kostlikheden yn machteleaze opstân tsjin ’e dead, de gnizer om ’e hoeke. Om de minske, de inkeling, bikroade hja hjar likemin as om it fallende bled fen in beam ef in deade bij, fortiisd yn ’e webbe fen in spin.
Krekt as fielde ’r eat fen dit alles op dit stuit. Noch nea yn syn libben wie him de iensumheit sa bikrûpt en ho bliid wie hy der ta, einliks fêste groun ûnder de foetten to hawwen, de Stynsgeaër wei en det opdraeije to kinnen nei ’t Bouwekleaster. Hjir wie ’r ienkear earder lâns gien mei Anders ta maet. Do stie de wrâld yette yn ’e pronk, apels blonken yn ’e hôven en blommen yn ’e túnen en moai fé weide yn ’t lân, nou waeiden de toarre hopperanken op de diken en hâlden noch yn alle earmoed de keale ikenstruwellen omklammere, yn libben en stjerren jimmeroan ien! De tokken klapperen kâld hinne en wer, bonkjes fen in geramte yn winterdeadedâns, de Eastewyn as spylman en de froast as kâlde fryster de lange tsjustere winternacht. In heal forhongere hazke sprong op út syn leger yn ’t rûch fen ’e dykswâl en joech him stuiterich fen ellinde ôf, net fierder as stiensmiterslingte. Der stie ’r wer, to swak om fierder to kommen. Det bigrutte him en hy smiet him in timpe brea ta út syn knapsekje. Do-t hy efkes letter omseach, siet it hazke der al by to knabbeljen. It earme dierke en hy wisten beide, hwet honger wie, al wie hjar honger ek ongelikenser soarte, swerflingen wierne se allebeide, frjemde hoalen ta hûs, jage fen wrede hounen tiiden lang....
Einliks seach ’r as earste fen ’e trije Wolmoet hjar pleats, djip ûnder de sniekape. Ho ’n skat, sa ’n honk, sa ’n thús yn it âlde Fryske lân, it seine âlderserf, mei de ljeavjende hân oerjown fen âlder op bern en fen bern op bernsbern!
Wobbe wie mei de feint oan ’t dongkroadzjen efterhûs en krige him al fen fjirren yn ’t fesier.
„Hea”, sei ’r bidaerd wei tsjin de feint, „der komt de nije turfskipper oan. Det treft mar goed, de frouljue woll’ noch graech hwet sponturf ha. Is der noch plak yn ’e skûrre? En rin gau efkes nei Bindert en dy ’s, det dy optslach efkes komt, den kin dy ek noch hwet krije.”
De feint kroaske nei de skûrre en do troch ’t gat yn ’e hage nei Bindert Japiks, de bûrman. ’t Paed wie rûm.
„Moarn boer,” sei de skipper dimmen en seach Wobbe mar net oan.... „hat de frou ek turf brek?”
„Jonker!” hime Wobbe en stiek him de hân ta, „o! o!” en do ynienen hie ’r himsels wer yn ’e macht en sei lûd wei: „Turf?! ’k Scoe ’t al sizze. As se net yn ’e hutte binne, den grif yn ’e molkenkelder”, en hy raesde lûd om ’t hûs: „Der is in skipper for turf.” De feint hearde ’t, seach nou net iens mear nei dy skipper om en gyng syn wegen. Sá goed spile Wobbe syn rol, mar yn syn âld hert wie ’r raer gesteld. De jonker, o goede guánt noch ta! Ho kaem ’r hjir? en hwer kaem ’r wei? en hwer moast ’r hinne yn dizze slimme winter, dizze fûle kjeld, det se selst de skiep binnedoar helle hiene en alle moarnen der fûgeltsjes dea ûnder ’t tek weifoelen. O hearink hwer moast dit hinne! en hy krige der sa ’n bikrûping oer, det der ûntfoel him in trien. Hastich ôffeije mei de mouwe, de feint mocht it oars ris sjen. Hwet scoe ’r graech yn ’e hûs wolle en ris ôfloere, ho ’t Wolmoet en Lysbeth hjar postuere scoene, as dizze fiere frjeon ynienen libbenliif foar hjar stie!
De tsjernmounle gyng en de wine bigoan to klapperjen, allegear ljeave bikende heitelânske lûden, hertetreast for de swerver. Ho moai dit fredige boerehiem by winterdei! de lege rûchbisnijde huzing, forside krûpt ûnder de âlde linebeammen, de lange wite oesen oan it tek, nou as fine sulveren franje yn it ljocht fen ’e moarnssinne, de greate reade hoanne, fiktoarje kraeijend op ’e skerne tsjin in fiere oare strydheld en den de heldere kâlde wintersinne hjar glinsters oer al dit wyt en it bytsje kleurigs der yn forskerpjend ta grille bretale moaijens.
Sa kaem ’r om ’e hoeke en seach Wolmoet stean, dwaende om spekswaerdtsjes, oan in touwke reauwn yn in beamke op to hingjen.
„O!” sei se en stoarre nei him as in skynsel. Hja sloech mei de hânnen yn ’e loft, mar joech aldergeloks fjirders gjin lûd.
„Stil!” hjitten strang en flaeikjend syn moaije eagen, dy-t hjarres frank en frij en o sa innige hertlik fen loaits moeten. Hy seach hjar triljen en forslein der by stean en hy diich war, om sa gau mooglik dit noedlik amerijke ta in goed ein to bringen.
„Bêste baelder brek?” frege ’r dimmen, mar de skalk kaem efkes om de hoek yn ’t glimkjen fen ’e mûlshoeken.
„Gien mar mei en freegje Lysbeth,” sei se en makke, det se fen ruten kaem, troch ’t gongkje nei de keamer. Der wie Lysbeth, oars nimmen, der wie de feilichheit. En ’t âld sloof skriemde fen blydskip, do-t se him seach en wist net, ho-t se him wol lette en sette scoe.
De waerme húslikens der fen dy âld keamer wie as in mantel fen smûkens om him hinne. Der stie in oeribel great fjûr op ’e hird fen bêste boekeblokken en de greate swietapelpot prottele heech oan ’t hael mei geurige brimstigens. Roek min net de sjerp? en de bargerêch? en den de oare goede dingen, dy-t der noch yn ’e stalpanne op ’t komfoar stiene? De kat siet der by to noaskebarnen en heech yn ’e loft boppe de bedsketsdoarren rôp de darteldou fen roekoekoe, do-t hy frjemd seach.
Hwet wierne se allegear bliid! Hja wisten net, hwet se him wol net oandwaen scoene en tatriûwe. Lysbeth hie gjin sittend gat, dy toaide mar oan, mar Wolmoet? dy siet der stil by en harke.... harke, it hiele fine antlitke ien oandacht en démoed. En by it sjen fen hjar, de suvere reinens fen hjar wezen, de teare fammigens, it oanminnige fen ’e lytse blom yn útkommensmoaijens fen hjar wêzen, toraende alles as waeks, hwet der hird wie yn it herte fen ’e kriichsman en waerde ’r fen sêfte fielings dreauwn, om oan ljeave dingen to tinken. Ho nei wie ’r oan hjar alle trije forkleefd as oan guont fen ’e alderbêsten út it Fryske laech.
Al gaueftich kaem Bindert Japiks der ek oanstappen en skikte by. Hwet waerde der hwet bipraet! yn in healûre tiid wist Ripperda fen al dit ljeaf en leed fen ’e lêste tiiden en it leed hie fier de oerhân, ja wol det! It folk kreunde ûnder it swiere jok, wierne it gjin frije skouders, hwer nimmen noch ea in lêst op lizze doarst hie? sei Bindert Japiks en nou sa?! Ljeaver dea as slaef! noait dûke! noait krûpe, as ’t wêze moast op in healspyn lân frijman, eigen hear, Fries op frij Frysk lân! En nou scoe Fryslân by Hollân komme en koe opdraeije for de greate skilden, fen ’e oare provinzjes en ’e forkwistende steden makke. Fryslân en Sélân stieken de hoarnen yn ’e wâl en de ôffirdige nei de „Nationale Vergadering” scoe ’t boadskip meikrije, earst de oaren offerje en den scoene de Friezen ’t laedtsje ek ris útlûke. It wie altyd alweroan mar bitelje.... bitelje, suchte Bindert Japiks. En hja rekken op ’e tekst fen ’e Optwizeler merkejoun o! o! en der bloeiden reader roaskes op Wolmoet hjar ljeave wangkjes as ornaris en de jonker hie der syn eachweiding oan en hy pinfiske krekt sa lang, it hege wird moast der wol út fen Roanes, Lysbeth forklapte it. Sedich gyng it kopke foardel, hy seach allinne mar mear it blonde hier skimerjen troch ’t swarte haekte mûtske. En hy prize de man lokkich, dy-t dizze ienkear winne scoe ta breid.
Nou skikten se allegear sa mar sûnder fratsen om de tafel. „De skipper scil ek hwet meiite,” wie Lysbeth hjar bistel.... Wolmoet droech in pantsje oan en in foarke en in leppel for de brij. Hy snie syn bargegûd mei de sulveren knyft, dy-t ’r yn in moai biwirke ské op ’e side hie en de greatfeint seach ’r stoarjend nei, de blauwe kealleëagen wiid op.
Hwet dy fjouwer minsken tochten ûnder iten, it wie in nuver grienmank. Seisersum sieten se om ’e tafel, de great- en ’e lytsfeint tochten net, dy ieten en wierne bliid, do-t it efter de knopen wie en hja gean koene to terskjen. Dy frjemde kearel derby, hja hiene mar in skalk each op him, licht woe hy him der wol bisteegje en reagje hjar fen ’t plak. En Wobbe en Lysbeth en Wolmoet? Hja waerden ho langer ho stilder.... hjar herte, yn wyld biweech fen blydskip en drôfenis, pakte sa swier mei it nije en frjemde om, fen dizze dei brocht, det hja hiene gjin lust yn in ôfwaeid praetsje en diene it swijen der ta, safolle as ’t mar koe, sûnder each to jaen.
De middei kaem, de moaije fredige winterneimiddei. In winterkeningkje song yn ’e hagebeam, in lette hin keakele op ’e matte. Klap! klap! sûzen de flaljeklappen by tiiden.... den wie ’t wer efkes stil en bigoan de wine to sûzjen. De greate reade hoanne kraeide nou op in omkearde kroade fen fiktoarje, in stikmennich hinnen stiene ’r biskieden en stil nei to harkjen. De kâlde wyn boarte in wrede dâns mei hwet deade ikebledden, sa nou en den dûkele ’r noch ien op ’e snie. Wyt en krêkerich lei dy der foar, nuver glinsterich fen fûle kjeld dagen lang oanien. Read en gril sakke de sinne, it blau fen ’e loft wie sa igael as in djip bergwetter sûnder ien faei steed. Der dreau gjin wolken, gjin wynfear reepte pylkich yn ’t effene fen ’t stiifspande blau.
„’t Friest joun wer in stientsje”, sei Wobbe en kroep âldmannich hast wei yn ’t skurf buffeltsje. Min seach net folle fen him, de holle lyts ûnder in greate klots, de hânnen yn greate skieppegrouwene wanten, de meagere skonken yn twa pear wollene hoazzen en de klompen fol strie, hy like hast gjin minske mear, suver de winter selme mei dy rym yn ’t bird.
Mar de jonker? Nou foar de wyn ôf oer de Skalkepaden gyngen se en hy snúfde de hearlike frisse loft op as lodderein! Der wie de geur wer yn fen Fryslân, eltse beam, dy-t der waeide, eltse fûgel, dy-t der fleach, elts húske, kipich ûnder syn reiten tek, makke him syn lân wer kenber en sette ’r it eigene stimpel op fen heitelân. Syn mage wie wer stil en syn skonken oanstevige en syn jonkheit seach noch de moaije roazereade gazen fen blide forwachting en hope hingjen om alle ding. ’t Scoe noch goed komme, alles noch wol. Mar yn eltse tins wie der dochs in sterke ûndertoan fen langstme nei hûs, sa sterk, det ’r hjir ek al net langer toeve as bislist nedich wie om hwet út to rêsten en de brieven mei to krijen. Der wie eat det rôp.... sa rôp yn ’e fierte.
Sa batsten en wâdden hja troch de snie, hy in pear baelders ûnder de earm en Wobbe mei in âld weinhoep, kwanskwiis om in boadskip to siikjen by de Hamster smid, mar mear noch, om de jonker bihâlden troch de Ham to loadsen nei it Kolonelsdjipt. Tomûk seach ’r him efternei.... Der gyng ’r fearich fen stap op ’e Tille ta en in seinebea wâlle der op yn syn âld hert for him, dy-t nou miskien yntkoart syn libben weagje scoe for de goede saek.—
’t Wie stil op ’e mar, gjin minske to sjen fier en nei.... De ienling-minske yn syn iensumheit biselskippe fen loft en wetter allinne, kearde ta him sels yn en diich tomûk ris wer in doar op, tige skoatele lang lyn.... Hy tochte noch ris wer om Anne.... om dy moaije dei yn ’t Wetterlân.... Ho stil scoe ’t der nou wêze op it iensume boerehiem fen Jelle boer ho hiel oars as do yn syn simmertoai! En Anne sels? hwer scoene nou hjar lytse foetsjes hjar sêfte wegen gean? ja hwerearne mei Popke?—
Ien sprong.... hy wie oer de kiste yn ’e mar, it klotsjende, roofhymjende wetter deun oan him en in skoftsje letter ried ’r Birgumerdaem foarby, der se dânsen, det it klapte.
It waerde noch iensumer om him hinne, de jaskers yn rêst, gjin huzen mear en allinne in inkelde wylgenmoes, kapt en keal, ûntdien fen ’e pronk fen syn krún, it ienichste markteiken fen ’e minske en syn biwâld.
As in fjûrreade kûgel hinge de sinne yn ’t Súd-Westen, frjemd en wûndre moai. In fine dize bispoan de fierte yn in heimsinnich net. As de mesken in amerij ris hwet wider út inoar gyngen, seach min in boerehûs, hwer de sinne yette yn ’e glêzen glimke ef yn in opfeart in âld skip fêst fêrzen. En op it lêst, as yn in gloppe, seach ’r syn sted! syn dierbere âlde sted! rizen yn ’e fierte! Like ljeaflik as hy se forlitten hie, wonk se de swerfling ta in blide ynkomste.
Mar nou bigoan ek de swierrichheit en mei in skok bispeurde ’r ynienen it wicht fen dizze. Alle poarten ticht en by de Túnster wetterpoarte de poartfeint om nau ta to sjen, as der ek forkearde frachten al slydtsjend ta de sted yn brocht waerden.
Hy tocht him hast staf. Eltse streek foarút brocht him tichter by ’t gefaer. Hy ried nou al op Skilkampen yn. De baen wie fage en der kaem mear folk, sliden en baentsjeriders, jongfolk en sutelers mei knapkoeken en wiven mei oaljekoeken. It barnde nou op ’e neil, foarút doarst ’r hast net mear, steanbliûwe koe ek net, den der mar dryst en greatmoedich op yn.
Sa stoude ’r foart en hope op it lok for de weager. In lange slinger wie foar him út, wol fjouwer feinten en fammen en hja songene it heechste liet. Hy seach wol, de manljue hiene in hys, hwent de frouljue preamkeskouwden, det it hwet diich en hy hie syn aerdichheit oan in lyts ding, hielendal efteroan. Dy forsette nou suver gjin foet, dy liet hjar mar glide. It kypske hinge al hwet skean, it sulveren earizerke glinstere, in hiel lyts smel streekje. En út de swarte omslagdoek kaem in fyn wyt halske.
De hiele smite bleau stean yn ’e lijte fen ’e pelmounle en elkmis krige in kûmfol sealjemôlke for in sint: Ryklef Ripperda koft ek for in sint en mei ien lodderich knypeachje forstiene it famke fen ’t swart kypske en hy inoar.... en do-t it jongfolk wer foart ried, pakte ’r it hantsje beet, det him hiel willich nimme liet en skoude op.
„Ha wy help?” hime de foarman.
„Nou!” sei de twadde en de waerme triûkjes fen ’t lyts famke foar him makken Ripperda waerm en dryst yn alle lijen en kjeld.
Sa sûzen se it Fliet lâns, oer barsten en skûrren as ’t neat wie.... De frouljue geiden fen wille en de manljue songene:
„Soete lieve peperkoek
Kussen is geen sonde!
Geef m’ een blozend meiske fijn,
Geef m’ een maatje brandewijn,
En ik dâns de ronde
Met de soete liefste mijn,
Die mijn hartebloem wil sijn!”
Der skimere de Túnsterpoarte. De poartwachter hinge ta ’t finster út, syn âlde gichemertseagen loerden fel nei ’t jongfolk. Ald sûrpripper hate ’r alles, hwet nei freugde en plaisier aerde en hy sloech mei in klets syn finster ticht. Dy jeugd fen tsjinwirdich, wyldsang en mâllens! Yn syn tiid wie ’t oars.
Under de poarte stie Simen, de poartfeint, in greate, grille lantearne yn hânnen. Ryklef syn hân trille efkes. ’t Gefaer.... de dea deun by him.... roerend oan him.... Yn in kramp fen eangstme knypte ’r it waerme hantsje fen syn famke.
„Ek slûkwaer?” frege Simen en hâldde syn lantearne heech. Hy koe se allegear wol en glimke.
„Dy wolstû wol ha, mar dy krigeste net”, songene se wer en raemden oerdwealsk op him yn. De lantearne rekke út en Simen sprong út ’e wei en hja laeitsjend foart, de Tunen del en de drokke baen fen ’e Foarstreek op. De greep fen Ryklef waerde al losser en losser yn ’t gewoel.... hja mirken ’t net iens, det ’r by hjar wei gyng, allinne it famke seach efkes om. Hwer bleau hjar aerdige maet?
’t Wie tsjuster waen yn ’e twiskentiid en stil op ’e striette, hwent it waerde tiid for de jounbrogge en alle ljue binnedoar. Kniep it wer net finnich oan?
Hy ried nou stadich ûnder de piip troch en draeide de Ie op, it hiele smelle farwetterke, hwer nou gjin skippen leine en allinne de bernebaentsjes wierne. Suver útstoarn wie ’t hjir.... hy fielde yn dizze stiltme de feilichheit nei ’t gefaer. O dy ljeave stille, smelle Ie! ho faken hie hy as jonge der net op boatsjefard ef by sitten to fiskjen op bearskes ef binnebot en noait! noait, tinke kind, op hokker wûndere oare menear hja him ek noch ris fen profyt wêze kinne scoe!
By in tsiispakhús, mei stiennen treppen delstap oan dizze drokke feart, boun hy him der ôf en do mei staesje troch steechjes en strietsjes op hûs yn.... Yn al de freugde fen syn hert jage ’r in eangstme him, hwer hy gjin reden for fine koe. Hy hie syn moed net, selst nou net, nou alles sa goed slagge wie en syn wegen sûnder ien tsjinstuit feilich roanen nei it heitehûs....
Regnerus Ripperda sloech it boek ticht, der hy yn sitten hie to lêzen en eage nei de hoeke fen ’e smoute binnekeamer, hwer syn wiif lei yn it ledikant, hiel stil, gjin forweech mear fen de meagere, kliene fingerkes. Ho faken hie hy se hjoed net yn syn waerme greate knusten hâlden, om se ek mar waerm to krijen, hja wierne sa kâld, sa kâld! krekt as floeide der stadichoan alle bloed út. Dy ljeave lytse fingerkes, ho lang kende hy se al! ho faek wierne se net kûstere fen him! hwet hiene se net for him biskript yn in togearre-wêzen fen acht en fjirtich jier! En nou hiel yntkoart, den soargen se net mear, den waerden se ôfbrûkt ark, min garret it yn in kûle, dy-t min grêf neamt.
Hy bûgde syn holle foardel.... Regnerus Ripperda skriemde. Hy koe nou ien amerij himsels wêze.... Doedte wie sont jister op forsyk fen doctor Falentijn útfenhûs by Elske Baerdt.... hy koe nou it leed ûnder de eagen sjen. En hy wist, it scoe freeslik wêze, hwet him nou to wachtsjen stie. In stream fen ellinde scoe ’t wêze, dy-t him forswolchje en miskien wol mei yn ’e bidelte slingerje scoe, hwent hy wie ommers ek âld en it libben sûnder Hanne like him ta in wei to wêzen, tsjuster en lang....
Minne Pjirkes kaem yn, in koerfol houtsjes ûnder de earm en snute de kjersen. Hy seach bidrukt fen de iene op de oare en tocht om fen middei, de siike sa roerich en onrêstich en det getipel mei de lekkens, hwet hie ’t him oangriisd! en nou dizze stiltme, swier as in stik lead.... En hy sette stil-wei in brochje foar minheare del. Dy hie sont fen ’e moarn noch neat trochkrije kind.
O it hie sa ’n slimme dei west en nou de lange nacht! Doctor Falentijn scoe noch komme en minhear Baerdt en syn wiif en âlde minhear Falentijn, dy scoe wekje mei minheare. En mei de trouwe soarch fen de âld gediende diich ’r in nije koal yn ’e plaetstove en lei twa pakken kjersen op ’e skoarstienmantel, hwer it moaije forgulde sinnependúltsje, der de frou sa wiis mei wie, omt se ’r de berteûre fen al hjar bern op ôflêzen hie, krekt fiif ûre sloech.
„Regnerus!” rôp mefrou Ripperda ynienen en fleach rjucht oerein.
Mei in pear stappen wie hy by hjar en hâlde se sêft yn ’e earms. „Hwet is der oan?”
„Ik....” hime se.... „ik hear.... de stap fen myn jonge.... myn jonge.... O Ryklef!” en hja foel werom op bêd, yn ’e eagen noch de wjerskyn fen blydskip. „De doar fen.... ’e steech.... op.... wiid op, det ’r ynkomme kin,” flustere se.
En mei tsjinsin gyng ’r nei de gong en hjitte Minne Pjirkes om ’e gongsdoar op to setten en ’e efterdoar en ’e útdoar nei de Bûnte Bargesteech.
Hja hearde it en lei nou wer stil, it forfallene âldwyfke kopke hielendal skean op it kjessen mei ’t gesicht op ’e keamersdoar. De wangkjes sa biklonken en de eagen sa frjemd wûnderlik, Regnerus Ripperda bispeurde ’r kenber al it mark op, hwer in frjemde, wrede gast elts minske ienkear yn syn libben mei teikent. En hy biet him op ’e tosken, om syn ellinde net útskreauwe to hoegen. Den machteleas to stean! den net fechte to kinnen tsjin dizze geweldener!
Ynienen.... syn hert stie hast stil. Der wie it, it frjemde, it bjusterbaerlike. Hy hearde ek it lûd fen hastige stappen fierôf yn ’e hûs, it slaen fen ’e doarren, Minne syn bliid lûd, it oanslaen fen ’e houn, al tichterby de stappen.... yn ’e foargong.... nou deun by him....
En do in breed great skaed foar ’t bêd, mei alle gewelt it lytse figuerke kearende, det der ôf woe en him nou yn ’e earms hinge.... In skynseltsje fen alear.... in triljend swak skynseltsje.
„O myn jonge.... lytse jonge....” hearde ’r hjar snokkerjen. En do.... in stiltme, in blide sêdde stiltme.
Hy gyng der stil út. Hy hie syn wiif to ljeaf, om hjar dizze lêste freugde op ierde net allinne to ginnen en hy joech him teantsjende ôf nei syn opkeammerke ta, hwer ’r syn boeken en munten hie en skouwde in greate stoel by ’t fjûr en lies de post, dy op ’e tafel lei al sont in lyts wike en hwer hy noch net in each op slein hie.
Lokkich, ’t wie net folle sûnders. In pear brieven fen lânhierders en ien fen in húsman, dy-t wol hwet jild ha woe for in nij steedtsje en ien fen master Marten Joukes fen Driesum. Dy stiek ’r hânsum yn ’e bûs, om joun let to lêzen as minhear Baerdt der ek wie. De syktme fen syn wiif lei sa it near op alles, det selst de pollityk rekke op ’e eftergroun. Hy koe him net mei soks bimoije, nou-t hja der hjar slimme stryd oan ’t striden wie en hy neat foar hjar weinimme koe.... Hwet hiene se togearre al net mei inoar trochmakke, trochwraksele sims, inoar moed ynspritsen, as it leed sims hast oan ’e lippen ta stie en togearre ek de freugden dield, dy-t houlik en de bern hjar ek sa ryklik joegen. En faken, den hiene se ek togearre bidden.... Dy greate binnekeamer, fier fen alle gewoel ôf, mei syn hege koekkoek, der in stikje fen ’e loft to sjen wie ef sims in inkelde stjer, der hiene se hjar eigentlyk libben yn libbe.... hjar ynderlik libben.... sims yn it deisgewoel forside krûpt as in skruten bern, mar jouns, as de frede kaem, makke it him namstomear kenber en leine se hjar sielen foar inoar bleat as guont, dy gjin geheimen for inoar ha, mar frank en frij as man en wiif inoar yn leed en wille tige nei bistanne.
Hiel sunich teante ’r troch de gong en harke oan de keamersdoar nei it swiere, woldwaende lûd fen syn jonge. Ho ’n hearlikheit! ho ’n treasting! krekt nou ’t hy him sa fenneden hie!
Der leine syn redens noch yn in hoeke fen ’e gong en de jachthoun snuffele al op syn knapsekje om en haffele oan ’e strûp, om dy troch to krijen. Syn skrandere eagen loerden skean nei de baes, as ’r ek kibjen krije scoe. Mar dy seach yn ’e oarre-wei, hie syn stúdzje by hiele oare dingen en tocht net om syn frjeonke en syn boarterij. Stadich gyng ’r werom en nei de koken ta en hjitte Minne Pjirkes en ’e fammen it stilswijen oer ’e jonker syn komste. Hja nikten, nimmen scoe ea in wird út hjar krije, der koe minheare op oan en hy stjûrde Minne mei in boadskip nei minhear Baerdt. En det wie in nuver boadskip, hwent Minne hoechde neat oars to sizzen, as det ’r Lukas 15: fers 24 foartdaedliken lêze moast. „En dû neamst noait derre in namme—ik warskôgje dy.... it scoe de dea fen myn bern wêze kinne. De mûrren ha earen tsjinwirdich.”
En do koe hy it net langer daeije, hy moast en woe ek it genot ha fen ’t sjen fen syn jonge. En mei lange stappen kaem ’r op him ta en biseach him op en del, syn bern.... syn dierber bern.... En hy loek him nei ’t ljocht fen ’e kjers ta en striek him de krollen fen ’e foarholle en seach him djip yn ’e eagen, hifkjende, soarchjende wei, o sa fol noed. Ho krige ’r him wer thús? hoechde ’r syn eagen net foardel to slaen foar dy fen syn âlde heit?
„Is ’t mei God en mei eare, detst hjir wer biste, jonge?”
„Det is ’t, heit,” klonk it der foars en lûd oerhinne út syn mûle. Einliks fierst to lûd for in siikekeamer, mar hy diich ’t willemoeds. Mem moast en scoe it hearre, dit tawird op dizze fraech.
En mem hearde ’t. Hja forheuvele hjar in bytsje en siet rjucht oerein op bêd en seach nei de beide minsken, hjar it ljeafst op ierde en hjar eagen, al omskimere fen in fine frjemde dize, as dânsen der tûzenen michjes foar hjar om, stoarren stiif nei de kroeze brune holle fen hjar jonge yn syn ienfâldich skippershabyt. En as in fisioen gyng ’t hjar foarby, ho-t hy der nêst in set noch stien hie yn syn kleurige unifoarm fen prinselike rutersman en de lange dagen fen it wachtsjen kamen hjar foar de geest, de langen, de o sa langen....
Nou wie it allegearre dien, det wachtsjen ek.... Stadich sonk der in nuvere rêst oer hjar hiele wezen, hja fielde hjar foetten dôf en kâld wirden en hjar foarholle, der kobbele it klamme swit op. Hja woe hjar noch nei de mûrre ta draeije en foel oerside op ’t kjessen del.
„Mem!” kriet Ryklef.... o memke!” Mei ien sprong wie ’r wer by hjar, de earms om hjar hinne, de holle deun tsjin hjar oan. It teare lichemke skokte noch in pear kear op en del, do ien lange syke.... hy wist it, dit wie de ein.... En hy bigroef de holle yn ’e tekkens fen ’t bêd, om it lûd fen syn snokken to smoaren....
Minhear Baerdt kaem dy joune en bleau de nachts, sei ’r en in set letter kaem doctor Falentijn en syn komste allinne wie al in greate treast. Hy bioardere âlde Ripperda op bêd en folgens bistel fen mefrou Ripperda sels kamen mefrou Baerdt en mefrou de Witt en âlde Betteke út it gasthús en leine se ôf. En do-t det alles foarby wie en de frjemde stiltme fen in deade yn ’e hûs hjar kenber makke, kaem syn heit en minhear Baerdt en mei hjar trijen wekken se mei Ryklef en wierne him ta treast.
De oare middei, hast al tsjin de joun, ûndernaem mefrou Falentijn de reis nei it hûs fen ’e Ripperda’s. It wie hast gjin waer, de strietten onbigeanber fenwegen de snie en ’e kwalster en it snijde mei fine flokken aloan en alwei. Sadwaende waerde se mei de greate sleep brocht en der it boppestel fen it draechkoetske op. It waerde in slim eindsje riden.
Freark fen minhear Falentijn hie de hânnen fol mei de hynsders, dy-t der in hys oan krije scoene, foaral by de gledde pipen op en twa fen ’e sterkste feinten fen Falentijn, Hjarke Ljimmes en Jan fen Proaijen, hâldden elts oan in efterkant de draechhouten fêst, om it net kantelje to litten. It siet oars fêst mei swiere izeren bouten yn stevige pingatten en der wie forwrikken noch forwegen oan, mar min koe ’t net witte.... En oare dingen koe min ek net witte....
François Falentijn, lyts en griis yn ’e kjeld, stie yn ’e útdoar en seach de staesje efternei, do-t se fen ein set wie en nou wrottende wei in paed sochte troch de snie. Hy wist der Pronica yn, de greate skoudermantel fen hamsterbûnt om en in dikke swarte doek om ’e holle. En hy wiste Jehannes neist hjar, stil en evenredich as altyd, miskien wol syn hân yn hjarres.... En hy wist fen in tins, hwer hja nou allebeide alhiel fen yn bislach naem waerden en it wie net mear om de dea fen mefrou Ripperda, hwer hja om tochten.... De libbenen fregen om oanpart yn hjar noed....
En Falentijn, de bidaerde minhear Falentijn syn hert siddere fen eangstme, nou ’t ’r der goed ynkaem. Mar hwet docht in mem net for hjar bern? Hy wist, as ’t moast, den scoe Proan for hjar soan, doctor Jehannes Falentijn yn ’e dead gean wolle mei blydskip! for him en Doedte Ripperda. En nou dit diich se ek mei blydskip.... hja hinge der net tsjin oan, gjin amerijke. Ho koe ’r syn ljeave goede Proan der ek wer yn.... Hwet in rike seine wie him jown yn dit wiif....!
En hy tochte om ’e skieding fen ’e dea, der yn it greate hûs fen ’e Ripperda’s. Sa scoe ’t ek ienkear mei hjar komme, ien waerde de earste en de oare scoe der ek sa stean en sjogge de poarte tichtfallen en syn ljeafs foartgean en stiene der allinne foar to klopjen. En nimmen diich op en de geande gyng al fierder en fierder foart....
Sa yn ’e prakkesaesje wei seach ’r de sleep by de Piip op gean en der wer by del en do in smel strietsje yndraeijen. Skoaljonges snieballen him efternei, ien rekke de swarte klots fen Jan fen Proaijen en barste der út inoar. Twa huzaren seagen it en joegen de jonges in wan op ’e hûd, det ’r net om liichde, mar fiks fen rjuchts op lofts.
Hja sloegen oan, do-t se troch ’t gleske Proan en Jehannes seagen, tocht him en gyngen do hjar gong, de hege learzens batsjende troch de snie, de berefellene mûtsen oer ’e eagen. Forlittener as sa ’n dei fen felle froast en snie wie de sted nea. Dy-t net nedich moast, joech him net op in paed, sa om fjouweren hinne yn ’e winnende skimerjoun wie de sted suver útstoarn, der hielendal gjin minsken mear, selst gjin houn noch kat.
En dy tiid binuttige mefrou Falentijn om werom to kommen. Jehannes siet net wer neist hjar. En hja wie dochs net allinne....
Trije dagen letter, in moaije sinneskyn winterdei, waerde mefrou Ripperda to hôf brocht en bigroeven yn ’e Greate Tsjerke yn ’e koarsein. Alle klokken fen ’e sted letten ta eare fen de deade en in lange rige fen ryk en earm folge hjar nei. Nou diich it yetteris bliken, ho heech de Ripperda’s yn oansjen stiene by de aristocratie en it folk. Fen allebeide hiene se de ljeafde.—
Ryklef Ripperda seach se troch it dakfinster by minhear Falentijn it Breed fen ’e Nijested lâns gean, de lange swarte staesje de wite wei lâns. De measte lûken fen ’e huzen wierne ticht en do-t se by de soosjeteit kamen, presenteare de skildwacht it gewear.
Stadich draeide de swarte slinger, hy seach se fierder gean oer it pypke, de Sint Japiksstriette yn.... En einliks de lêsten, de alderlêsten.... Hy snokte bitterlyk....
Wol fiif spionnen strúnden yn dy dagen om it hûs fen Ripperda en de wacht by de poarten hie syn alderstrangste oarders.... Mar dy Ripperda, dy gledde fûgel, kaem net thús. Dy bleau forsjille. Dea, sei in inkelden ien, forlit yn ’e frjemdte, miende in oar to witten, op ’e doele rekke mei in Sigeunerwiif, brocht in tredden-ien fol spot ûnder de minsken en det wie ’t, hwet monsieur Poppéus fen Rhé syn wiif Anne op in joun as in nijtsje fortelde. Hja siet to lêzen yn in boek en ho skerp as ’r ek taseach, hy markbite gjin foroaring yn hjar antlit.... It wie yn syn slutenheit fen sa ’n reine, suvere ljeaflikens, det ’r oanstryd krige om der mei ien fen syn skerpe neilen in skram yn to klauwen en ’t to skeinen.... Om se jammerjen to hearren.... en him to smeken om op to hâlden....
Det scoe minselik wêze.... mar dit.... O ho hate ’r dit iiskâlde panser fen ’e aristocrate, hwer hy him altyd noch in lyts boargerman by fielde. Nea scoe se him tastean, to kliûwen yn hjar sfear, for him wierne de krûmmeltsjes ornearre, for in oaren ien de rike, hearlike folle byt, loksillich fen goederjowskens jown. Mûltergjend hie ’t der ticht oan ta west, mar hy hie ’t dochs woan. Kâld gnyskjend tocht ’r noch ris om dy dagen en it opwinend geniet fen dy stryd.
Hy stie foar de spegel en striek mei de wite plodsige hân oer syn lang hier. It hinge him suver yn ’e nekke en it makke him somtiden ta in oanfluiting fen ’e ondogense stedsjonges. „Skareslyp, de skjirre is stomp”, raesden se den, as hy yn al de gloarje fen syn lange rôk mei gouden knopen, syn hege hoed en syn stok mei goudene knop foarby gyng.
En op in goede dei, do forfeelde him det. Optheden krekt op dit stuit, kaem ’t him wer yn ’t sin. Nuver. Hy gnyske der efkes om en biseach him sels wolgefallich yn it kleare glês.
En tochte der wer om.... It hie him sa forfeeld, det op in goede dei liet ’r in pear jonges oppakke en yn ’t hounegat smite en der traktearje op tsjien swypslaggen elts....
Sont hearde min nea mear fen skareslyp en as de jonges him mar seagen, dûkten se hjar al, naeiden út mei de klompen yn ’e hân.—
Mar de heiten ballen de fûsten, it scoe him sûr opbrekke, ûnthjitten hja. Hy hie twa fijannen mear. En ien fen dy wie Haeije Trompetter.