VIII.
Alde minhear fen Rhé siet yn in greate briedstoel foar ’t fjûr en syn soan, de man fen Ljouwert, monsieur Poppéus de Rhé, stie foar him, de iene hân loai-wei op ’e skoarstienmantelsteunder, in karyatide fen roazekleurich moarmer, in moai fanke foarstellende en de oare oan ’e lange pipe, der hy halen út diich, det min koe suver de reek snije.
Hy wie der net steviger op waen yn e lêste tiiden, monsieur Poppéus. It wie allegear noch like slop en weak, min scoe sa sizze, as min him in goede triûw joech, den bleau de dobbe wol yn ’t fleis stean. Syn bleekblaue eagen hjar loaitsen sprieken nóch fen libbensnocht nóch fen sterkwillichheit, wykten en loerden wol alle kanten út, mar wierne dochs nea ûnder de slach to krijen, fierst to ongedurich as se wierne, dy loaitsen út de eagen fen monsieur Poppéus en altyd op ’e strún nei forhoalen hearlikheden.
Syn bleekblond hier hinge him fier oer ’e kraech fen ’e jas, wynkleurich by ’t feletten om ôf en fen ’t aldernijmoadrigst fetsoen, hwer dy fen Andersen selst noch âlderwetsk by wierne. In greate sidene bûsdoek bongele him út de iene bûs en de oare stie wiid út fen ’e brieven en ditten en detten, der trou en feilich biwarre. En der wierne ek wol dingen by, dy-t heit net iens sjen mochte.
Alde minhear fen Rhé moast nou einliks greatsk wêze op syn soan, mar och! hy wie it net, der miskearre noch al gâns oan. Mei skrippen en skûrren, bikoessemoezjen en hânstopjen mei steapels goudgounen út Anne hjar breidskat, dy-t aldergeloks tafoel en in tsjientûzen goudgoune bidroech, bineffens it brûken fen ’e fruchten fen in sate op ’e Lytse Jouwer, hiene se him fen it iene baentsje nei it oare, bettere hyst. ’t Spande sims danich en krige hy der wol ris in opstapper op ta, mar habben is habben en krijen is kinst. Nou wie Poppéus den, hwer ’r wêze moast nei heite ynsicht en nou stiek ’r de hoarnen yn ’e wâl en liet roasje soarchje en syn âlde heit mei de saken oanpiele. As ’r koe, pykte ’r út nei Amsterdam en hy wist mar al to goed, hwer Poppéus hinne gyng as jouns de kjersen flau bigoanen to barnen en de lûken fen ’e greateljueshuzen oan ’e Hearegreft ticht set waerden op ’e pin. Op dy Hearegreft by de Leidskestriette wenne nou dy aerdige leidige madame Levoissier mei hjar trije dochters.... der hie hy wakker de rin, sei min. En fen ’t simmer hie me dy trijekaert fen dochters hjir útfenhûze ek by sa ’n snueshaen fen in útlanner, in luitenant fen it peerdefolk en Anne hie net sa goed west, as hja hie hjar der in joune forsykje moatten, de hiele santepetryk fen jonge luitenants en hjar frouljue en fammen en Poppéus yn ’t foarmidden fensels, slap en kâld as altyd, mar as in oun fol fjûr fen binnen. En hy koe sok slach fen stillen goedernôch, om to witten, ienkear den sloech de lôge nei bûten ta út en scoe ’t in skandael wirde. En derom bisochte ’r, yetteris de jageline to pakken en Poppéus to stjûren, hwer hy him ha woe.
Hy diich it for syn âlde, onbismodzke namme, hy diich it for Anne en syn bernsbern, syn lytse ginaemd aldermeast noch. Hwer kaem dy forkearde oast yn syn jonge dochs wei? suchte ’r wrokjende. Hie ’r net alles nei syn bigear? En hy seach de keamer ris yn ’t roun, hast in seal wie ’r mei syn fjouwer finsters—en hwet wie ’r ryk opsierd troch syn bisniene, mei goud ôfsette panélen op doarren en blinen, syn skildere bihang, de jiergetiden foarstellende, syn skoarstienmantel fen it prachtigste bleekreade moarmer, syn kostlik dik kleed op ’e groun, hwer de foetten yn weisonken! Troch it skimerige ljocht fen ’e kjersen op ’e skoarstienmantel wie ’t allegear sa eigen, sa húslik, det in minske moast him hjir wol nei wenjen sette kinne, tocht him.
En ’t moaijste wiif fen Ljouwert wie folgens de hjitting de jonge mefrou fen Rhé. En it bêste baentsje, det fen thesaurier général oer hiele Fryslân, det hie monsieur Poppéus de Rhé, waerd der sein. Hy hie it to tankjen oan in heldere tins yn syn heite breinkasse op in goede joun. En hwet hy sei, wie nou wet nei it gedobbel om ’e macht langlêsten. As goed Jacobijn woe ’r oan ’t roer, alhiel baes wêze, lyk as ’r det syn libbensdagen al winske hie, autocraet yn mark en bonken en Moreau en hy spilen ûnder ien hoed, do-t dy mei syn hiele militaire macht foart triek en hy ketsjerûmte krige, it âlde regear foartjage en himsels op ’t stoeltsje sette. Hwet ’r sa lang yn hinge hie, makke hy, det syn bislach krige: hy twong de Friezen, om ta to stimmen en ek mei to dwaen oan ’e Konventie. Hy glimke efkes smoutwei yn himsels: krekt dy toarne út ’e foet en hy in plûmke fen ’t hege regear fen ’e Haech, do kaem dy forjage kliber werom en scoene him ek kopketûmmelje litte, mar o hy hie en hâldde alle triedden noch yn hânnen, om syn marionetten dânsje to litten! yetteris spile Moreau mei al syn folk de wyk en hy waerd’ en bleau yetteris baes! Hy hie de tosken op inoar set.... hy woe... en mei dy syn sterke wil dreau ’r se, hwer hy se mar ha woe! En lyts hâlde scoe hy se.... hja scoene krûpe allegear mei inoar!
Dizze reboelje wie yn Selle as in twirre oer him hinne strûzt en hie him de haet fen tûzenen en de frjeonskip fen inkelen, ûnder dy Koert fen Beijma bisoarge. Dizze, in gleon patriot, scoe den einliks Fryslân fortsjinwirdigje yn ’e Haech.... en Poppéus, ja Poppéus, scoe der grif side by spinne, hwent hie syn heit Fryslân, det sa lang tsjinabbeleare hie en de hiele boel der yn Hollân tsjinkeard! nou einliks net sa fier krige, det se as nuete skiep selst op ’e skearder ta kamen. En de Bataefske Republyk leane goed, dy-t hjar goed en trou tsjinnen, det wist ’r.
Mar nou moast der jild komme, hwent stie Fryslân, ryk en sûnder skild, nou net mei yn for de skilden fen Hollân? Syn onôfhankelikens wie ’t kwyt.... it wie gjin lân mear op himsels, allinne in provinsje, al wie syn folk den ek sa greatsk as in pau en joech him mar kwalik del ûnder ’t nije gesach. Det koste millioenen. It âlde hiene se hast om ’e nocht hawn, blykte nou.... sunich by ’t waltsje lâns leine der yn steds- en gemeintekas slompen oersparre jild. Der liet ’r fensels bislach op lizze. Hwer earne yn ’e wrâld easkje de nije hearen net de folle pongen? Det ’s ommers de earste oerwinningsfreugd!
Al gaueftich wie dit saed ek wer forsânne en hy hie him hast wer suf prakkesearje moatten om nije bilêstings út to finen, wylst Poppéus in fidibus draeide fen syn siferbriefkes en der in nije piip mei oanstiek. Heit scoe wol wer in útwei fine, hie hy koel sei en heit, âld rot, gewiksten útpluzer op rjuchte en sydwegen, foun dy al moi gau.
Der gyng in skreau fen ontsetting op yn Fryslân, do-t min fen dit nije plan hearde en hy gniisde. Scoene de tsjerken oanrand wirde, it dierber bisit fen ’e frommen? En de doomné’s ôfset? En de tsjerkegoederen forkoft?
De godshuzen streamen fol, de doomné’s diene alle war, it folk yn ’t stjûr to hâlden en hjar foar alles yn to printsjen, hwet der ek barde, it wie Gods wil, ek dizze saek. Hy hearde der fen, in fyn kâldgnyske krolde om syn lippen. Ho spartelen se, dy frommen as in fette fisk yn ’t net! Der wie gjin ûntkommen oan en mei in stevige streek skreau ’r de nije wet,[1] lei se foar oan ’e representanten en syn soan. Sleauwei hie Poppéus der syn namme ek ûnder set en alhowol de measten der foar wierne út oertsjûging ef freez, det koe him neat skille, kaem der ien opponent foar ’t ljocht, dy Daem Fockema, dy aep fen in jonge. Hy achte de saek net rjucht, liet ’r him witte en hy warskôge for de gefolgen. Hwet wist me sa ’n mûlryp feintsje noch fen soks? Scoe dy him, al lang yn ’t sâlt bibiten, warskôgje? Hwer for en hwer om?
[1] Folgens dy nije wet moasten tsjerken, weeshuzen en gasthuzen 1/3 fen hjar bisit forkeapje en det jild oan ’t lân ôfstean.
Dy-t preekje woe, koe wol in lokael hiere en dy-t sjonge en bidde woene, diene det mar yn hjar eigen hûs. Den koste it neat en scoe wol like folle helpe,—hie hy laeitsjend sei. „Wy dogge it der ek wol sûnder, nou?” Poppéus hie flau oandraeid nikt, hy siet mei niget to lêzen yn ’e Decamerone en biseach de moaije printsjes en liet heit mar skrippe en wrotte.
It hie me in opskûr jown yn Fryslân fen hwer bin jo my, do-t it earste jild ynfoardere waerd en op heite oanstean hie Poppéus in skoft yn Brussel tahâlden. Hy woe syn jonge, de thesaurier général, net dea ha.... in rút ef hwet stikken yn ’e hûs, det mocht noch hinne bruije.
Mar einliks bilune de stoarm en bigoan it jild moai dripkjende wei binnen to kommen. It gyng stadich, mar de bêste saden binne de bûrrelders, net de spuiters, den is ’t gau dien en de tsjerkfâlden en de gasthús- en weesfâlden hingen oan ’t jild as tiken oan ’e wolle. It mes waerd hjar sa op ’e kiel set, det hja moasten einliks wol en hy wreau him yn ’e hânnen, dizze útfining bisloech boppest bêst, Ljouwert wie for gâns in set út ’e jildkrapte en hy soarge wol, det Poppéus eard waerde as de gnappe rekkenmaster, dy-t dit plan úttocht hie. Hy sels bleau efter de skermen en hie syn wille.
Mar ’t is net lang sinneskyn, as der komt wer in bui en nou siet ’r wer yn noed en soarch om dy jonge. Dit woe ’r net en det woe ’r net en as ’r al hwet diich, roan ’t altyd op skea út ef hy sette himsels op in nuvere menear fêst. Krekt as wierne syn tinsen altyd op ’e doele.—
Sá tocht d’ âld man en koe syn soan der hast om hate. It hekke al gau ris mei hjar yn ’e lêste tiid, sa ’s nou hjoed ek wer. En den socht ’r syn hael by Anne en de lytse poppe. It moaije wiif fen syn soan, hjar ljeaf antlit mei syn sêftreade wangen en blierkjende heldere eagen, de gutigens fen it mûltsje en ’e dertenens fen de dobkes yn dy wangen, it wie him in eachweiding, as hy it ris wer seach, de ginaemd spinfoetsjend op ’e skoat en syn lytse fingerkes lûkend oan ’e krollen fen hjar glanzich hier.
Hy forstie hjar better as syn soan it eigen wiif en Anne, o hja roan heech mei pake! sa ’s se him altyd, it ljeave sêfte lûd ien strieling, neamde. Pake wie hjar bounnoat, hjar help en hjar stipe yn mennich ding. Mem stie ’r alhiel bûten, foaral nou se hjar yn in twadde trou bijown hie mei hjar fâld. En as Anne om dy dagen tochte, den suchte se. Hja hie hjar it libben ek oars winske, as it kaem wie. It wie allegear sa deagewoan, it libben in forfeelsum karwei, om trochhinne to arbeidzjen nei de ein. Hiel djip yn hjar hert fielde se hjar altyd noch de aristocrate, dy-t hjar delbûgt nei de boargerman, al is ’r ek noch sa ryk en yn oansjen as de fen Rhé’s en by tiiden, as se in min sin hie, liet se it net, om him ris in gefoelige ealjebij’s prip to jaen. Den glimke hy fyntsjes en liet it by him delglide as wetter by in iel. Ljeaver sa ’n ien ta skoandochter, der fjûr yn siet as in sleau tutsje, dy der net iens in eigen oardiel op neihâlde.
Ynienen krige hy der sin oan, nou foartdaedlik ris efkes by hjar to sjen. Poppéus syn stúmjend selskip wie net folle oan.
„Giest mei nei ús jongfolk?” frege ’r, wylt ’r de piip delsette yn ’e stander.
Poppéus bromde hwet. It sinnige him net, hearde ’r wol. Hy loek de jas rjucht, sprinkele hwet lodderein op ’e klean en skouwde de prûk in bytsje út de eagen. Efkes riboske ’r, do-t ’r út de waerme keamer kaem, it loek kâld yn ’e gong, al skynde de sinne maitiidseftich en wierne de dagen moai oan ’t winnen.
Der bigoan me ynienen de âlde spylklok yn ’e gong to spyljen, skel, gekjeijende wei mei hege trillerige lûdtsjes en syn âld wyske brocht yn in omsjoch in libben fen fleur en ljocht yn ’t healtsjuster fen ’e brede gong. Tra.... lá!.... tra.... lá!.... tra.... lá! gyng it, in âld ruterkeliet foar hûndert jier nij en neisongen troch in jonkheit fen do. De popkes boppe yn ’e wizerplaet niichden en bûgden, de boatsjes op ’e frjemdblaue wetters skommelen, de triedtsjes fen it touwirk trillen en wynderen, suver as blies der in wyntwirre fen ’t forline yn ’e seilen. Heech en skel song de klok troch, ta twa kear ta itselde âlde, wufte, ljeave, dertene deuntsje. Do waerde it ynienen deastil.... de klok sloech fol, fjouwer ûre.
De hânnen yn ’e bûs, de skrandere eagen heal tichtknypt, sa stie âlde fen Rhé der nei to sjen en formakke him der mei, ho-t de boatsjes noch altyd skommelen en it wiiske fen ’e klok noch itselde wie, as do hy him as lytse jonge for ’t earst hearde yn syn heite hûs. En nou hearde syn bernsbern him al sa, lytse Henricus fen Rhé. Mei hasten stapte ’r nei de túnkeamer ta en diich sunich de doar op. Hwet ’r do seach, wie suver in skilderij.
Foar ’t finster yn ’t grille ljocht stie de lytse boi, in hege steek op fen swart sitspompier, in kwast fen útraffele en útpluze fjûrread sajet der foar op, in lange jageline fen pypstallen en reade lapkes om ’e mil oer ’e liebân, in great swird fen goudpompier op ’e side. En Anne yn hjar sidene staesjejurk der efteroan en dy mende him en hja songene it heechste liet togearre fen „De Peerdeman”:
Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Huizen, boomen, vliegensvlug,
Zie ’k zoo glijden op je rug.
Hop! hop! hop!
Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Ren als ’t haasje zoo gezwind,
Dat ik vaders huisje vind,
Hop! hop! hop!
Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Nu rijd ik je naar den stal,
Ruik je daar de haver al?
Hop! hop! hop!
Paardje, wil nu stille staan,
Sta! sta! stil!
Straks wil ’k wel weer spelen gaan,
Maar na rijden komt eerst staan,
Sta! sta! stil!—
En de lytse beuker stie by it lêste ferske as in mûske yn ’e hoeke fen ’e keamer, de skonkjes kutich ticht oan inoar en de earmkes rjucht by ’t lyfke del en Anne der sjongende foar mei hjar ljeaf lûd al mar herheljend: Straks wil ’k wel weer spelen gaan, maar na rijden komt eerst staan. Sta.... sta.... stil....
En by ’t lêste stil krige se hjar lytse poppe op en treau him al tútsjend tsjin hjar oan, wol twa, trijeris. De steek rekke der by ôf en de kroltsjes kamen foar ’t ljocht, sêfte blonden as hjarres. En pake rekke sa foreale op dy twa, det hy stoude ta de keamer yn en biflapte se allebeide tagelyk yn syn earms. Lytse Henricus kraeide ’t út fen plesier en Anne glimke hjar ljeafste glimke en troaide him mei nei de hoeke fen ’e keamer, hwer de thé klear stie op de greate roune tafel. En hy sette Henricus op syn knibbel en bigoan fen ’e weromstuit ek to sjongen fen:
Din, din, din!
Harmen wever is op ’e rin!
Hwet jister noch in pykje wie,
Det is nou ’n âlde hin, hin, hin,
In âlde hin!
„Noijis,” skoaide de lytse man en hy sette it nije frânske teldeuntsje yn en wiisde nei Mem en Henricus en himsels en telde:
Eunom, deunom, des,
Katrom, sinkom, ses,
Halve jan, doktersman,
Enne penne, tryf! traf! troef!
It kaem krekt sa út, hy wie ’t fensels en do boarte ’r for hynsder en roan op hânnen en foetten de keamer lâns, lytse Henricus as in greatsk ruterke op ’e willige rêch. O dy mûtelens fen ’e lytse earmkes om syn hals, it swiet gewicht fen it waerme lichemke ticht op sines!
As ’r nou dy dwangnagel net hawn hie mei syn great jonge, ja, den hie hy op dit stuit lokkich west, det fielde ’r. Mar de alderbêste hynsders ha altyd noch wol ris in forkearde dwarrel yn ’t hier, treaste ’r himsels en paste tige op, Popke net yn ’t petear to biheljen.
Hy mirk wol, it siet hjar heech en ja sjeder, optlêst bigoan hja der sels oer. It wie mei tsjinsin, det bispeurde ’r wol. ’t Moast dos wol oer de hege skoen gean mei dy twa, tocht ’r mei skrik. Mar hy diich, as wie der gjin wolkentsje oan de loft. Hwet is ek minder wirk, as twisken beam en bast omhaffelje?
—Foun se it forfeelsum, det Poppéus Snein al wer nei Amsterdam ta moast? It koe net oars.... in man fen syn posysje moast fieling hâlde mei syn partijbistjûr en in pear dagen, och in pear dagen wierne sa gau om. Hja kaem mei de lytse jonge mar by hjarres, beppe hie al wer sa ’n forlangst. En den scoene se út to riden, fjouwer echte hoppen foar de wein en Henricus mocht foar sitte by de koetsier. De lytse jonge rekke alhiel pûr, hy wie net mear fen syn knibbel ôf to slaen en togearre slynden se sa fen ’e Dokkumer fluitsjes en kekskes, det de hiele tromp rekke leech.
En do jage mem se foart, in glimke om ’e lippen, in skaed fen leed yn ’e eagen en hja sloech sabeare nei hjar mei it breidzjen. En minhear fen Rhé syn opskerpe eagen, der neat oan ûntgyng, markbiten, der wie in lyts hoazke op ’e priemmen set, in hiel lytske, wer in hiel lytske....
Hy sei neat.... de lippen ticht op inoar knypt, joech ’r him stadich ôf, wer nei boppen ta. Poppéus hingele der noch altyd om, de forféling op ’t antlit. De hiele keamer roek fen toeback en snuf en op ’e tafel leine in stik ef hwet brieven. It pompier wie himelsblau en de sluven hiene in útlânsk fetsoen. Hy wie lang goed, mar nou waerde ’r siedend....
En hy forbea syn soan de reis nei Amsterdam, koart en goed. En as ’r it diich, den scoe ’r him de talage koarte. Poppéus seach him fen toside wei loerjende oan en seach him ek al wer net—o ho koe hy dizze ôfwêzige, ongedurige, onforskillige loaits! sei gjin wird, krige onwillige stadich syn brieven op en syn snúfdoaze en gyng ta de keamer út....
Efkes letter hearde ’r de foardoar tichtslaen, monsieur Poppéus de Rhé gyng oan de kuier, de rôk mei gouden knopen oan, de gongelstok mei goudene knop yn ’e hân. En al wie ’r noch sa breinroer, hy koe’t net litte en gean foar ’t finster stean en sjogge him nei, lang en smel sa ’s ’r der gyng, hwette slopeftich op ’e gong, mar fen ’e plasse oan ’e foetsoallen ta de minhear, de man, dy-t syn eigen waerdij kin, him fen gjin minske oerstaek sette lit, gjinien teld as himsels, omt hy gjinien wizer en forstânniger en snoader wit. En eltsenien dy him foarby kaem, niichde al fen fjirrens, it forstânshoedtsje ef de pet djip ôf en de measten bleauwne selst stean, om him foarby gean to litten.
Hy stie der nei to sjen, de eagen stiif op syn oerhearrige, ondôgense, dierbere soan. En sa seach ’r fen ’e oare kant doctor Falentijn oankommen, de chirurgijnslearjonge efter him oan, it kistje mei bloedsûgers en ystreminten ûnder ’e earm en ’t linnen sekje mei pluksel yn ’e hân. Fluch en stevich stapte hy der oer, de sinne biskynde him krekt fen toside, as hie hja niget oan dit hjar soun, sterk, treastbringend minskebern. It gyng hird.... it gyng der mei staesje oer.... Hy seach de donkere eagen, it brúnforbarnde antlit ûnder de hege doktershoed.
Ho scoe dit gean....? Noch in stap ef hwet en Poppéus en Jehannes moeten inoar. Hwa scoe ’t earst groete? Ticht by ’t glês, de noas hast op ’e ruten, stie hy der nei to stoarjen. Jehannes kaem.... nou wierne se den njunken inoar. Jehannes draeide stadich syn holle om en seach yn ’e oarre-wei, suver as wie der gjin minske op ’e wei en alsa diich ek de learjonge....
Krekt as joegen se fen Rhé in klap tsjin de holle. Hy fielde it as in smaed, himsels oandien. En hwet joech it him in stek yn ’t hert! Ho lang wie ’t lyn, do farden se noch as frjeonen nei ’t Wetterlân en nou.... der wie wol in great skied kaem. Ja! ja! as der kleur bikend wirde moat, wirde der ek fijannen berne!
Mar dit wie den dochs noch noait fortoand! Al wie ’t op in distânzje, de bileefdheit hiene se altyd noch yn acht naem. Mar nou mei dy tsjerkespullen en ’t oantaesten fen ’t fêst goed fen gasthuzen en weeshuzen, det hie wol tige slim kweabloed set. Net det it him in koarel skille koe.... as Poppéus der mar by woan, it oare, ál it oare fen ’e hiele wrâld, maelde him net.
Sá seach ’r syn soan, monsieur Poppéus de Rhé dy moaije wintermiddei gean, de jeugd fen syn geslacht, al syn hoop, al syn stribberaezje. Hwer libbe ’r oars for, as ’t net for syn jonge wie? As ’r him net hie, nou den ljeaver yn ’e groun as in dea dier, yn ’e groun, yn ’e swarte modder, der de ein is fen alle dingen, der neat mear is, neat, neat....! De frânske wiisgearen hjar boeken wierne syn bibel en dochs lispele sims de twivel yn syn soune harsens.... Scoe der ek noch ris hwet oars wêze kinne? En o.... ho den mei dy.... sondaer, earme lytse sondaer.... Hwa is den de foarpleiter op dyn deabed?!
Der gyng de jeugd wer, sa ’s hy der ek ienkear gien wie. Diselde beammen stiene der noch to waeijen, diselde sinne biskynde se wer en aeijde hjar mei sêfte kûsterjende hân, as in mem it lytse skirtebern. Hy hie syn plak mei eare skjin makke, nimmen koe in neil efter him krije. Hwet scoene de ljue fen Poppéus sizze, ho der ûnderstean, as hy ek ris de fiif krúskes op de rêch hie? Den scoe hy wol in wiis en forstânnich man wêze en dwane gjin domme dingen mear, de wylde sinnen wol bitûmmele wêze en hy him bijown habbe yn ’t húslik bidriûw fen in earsum heit mei in hûs fol bern, dy-t ek allegear wer to plak moasten. Ljeave, lytse bern, den al great, in moai skaei fen syn moaije Anneke. En hja scoene allegear hjar kalme aerd erve en net folle fen heite nuvere fizefazen.
Stadich dripten der in mennich reindrippen op ’e pannen.
Efkes in felle snjit, do wie ’t ek wer oer en de loft blau as in flaeksblom om middei, dy-t to bloeijen stiet.
Fen Rhé skelde om syn mantel en joech him ôf nei hûs. Hy tredde der bidachtsum oer, it gewoane stedskuierpaed lâns fen eltse eptige Ljouwter, it Breed fen ’e Nijested, it Nau, den de Bierkelders op, de Dokkumerein lâns, by ’t bolwirk op en sa om de Prinsetún hinne nei hûs.
Op ’e weromreis kaem ’r Falentijn’s foarby en fol wjeraks hearde ’r se der sjongen. It klonk sa moai yn ’e ljochte, stille joun, det hy bleau stean en harke der nei en einliks, hwerom wist ’r sels net, gyng ’r troch ’t strietsje, in eintsje fierder en kaem oan ’e efterkant fen it hûs by de weverij en de spinkeamers.
De wytkalke mûrren fen ’e huzen joegen noch ljocht op, mar hjir en der barnde al in kjers op in hege kandler ef it tútlampke. Hwet lei ’r in ljeave sfear fen frede en wolbihagen nei de dei syn drok bidriûw oer dit alles, de lege húskes mei hjar lytse finsterkes en heechoppe gevels, noch ljocht yn ’e lêste neiglim fen ’e joun, in pear pratende wyfkes oer in ûnderdoar, dy-t him binijd neiseagen en efter syn rêch drok bigoanen to flusterjen, in njuete ekster, dy-t him wiis útskattere yn syn kouwe en in âld húsman, dy de skieppeweide hierd hie fen ’t bolwirk en nou stadich syn féstapel nei hûs ta dreau. Hy kende fen Rhé en bleau fen fjirrens al stean yn needrige dimmenheit, om to groeten en him foarbygean to litten.
Gol en frjeonlik groete fen Rhé werom en gyng stadich foarby. Hie ’r do omsjoen, den hie hy him raer bisoud. De húsman wie ynienen yn ’e groun forsonken en de skiep sochten sûnder him it rib.
Mar fen Rhé kuiere fierder, krekt as loek der him in wûndere seilstien nei in plak ta, as waerde ’r hjitten to gean en warde him net, liet him selst willich liede.
Foar it efterhûs fen Falentijn stie ’r en harkte. Earst koe ’r neat forstean, al skerpe ’r syn earen ek noch sa op, alles wie gemompel en neat oars, en hy gyng hiel sunich ta de gong yn. Der foel in ljochte streek, der wie in oare doar en dy stie oan....
En do seach ’r in lytse spinkeamer en op ’e lânsein, it fierst fen ’e doar it bihindige, smelle figuerke fen François Falentijn foar in âld tafel en der stie ien kjers op to flikkerjen neist de greate Statebibel. Ho wyt like ’r nou en ho âld! Mar syn lûd wie yet jong en fol fjûr en hy koe ’t net litte en harkje der nei, hwet ’r lies, lûd-op:
„Die in de schuilplaats des Allerhoogsten is gezeten, die zal vernachten in de schaduw des Almachtigen.
Ik zal tot den Heere zeggen: Mijne toevlugt en mijn burg! mijn God, op wien ik vertrouw!
Want Hij zal U redden van den strik des vogelvangers, van de zeer verderfelijke pest.
Hij zal U dekken met zijne vlerken en onder zijne vleugelen zult gij betrouwen; zijne waarheid is een rondas en beukelaar.
Gij zult niet vreezen voor den schrik des nachts, voor den pijl, die des daags vliegt.
Voor de pest die in de donkerheid wandelt, voor het verderf, dat op den middag verwoest.
Aan Uwe zijde zullen er duizend vallen en tienduizend aan Uwe regterhand, tot U zal het niet genaken.
Alleenlijk zult Gij het met Uwe oogen aanschouwen! en Gij zult de vergelding der goddeloozen zien.”
De wirden rôllen oan as frisse wetterstreamen, der kamen al mar mear, al mar mear.... En do-t hy oan it hearlike ûnthjit ta wie, hwer de Heare Him mei forbynt oan al Syn folk, do gyngen syn âlde wite hânnen as seinjend omhegen:
„Dewijl hij mij seer bemint, spreekt God, zoo zal Ik hem uithelpen; Ik zal hem op een hoogte stellen, want hij kent Mijnen naam.
Hij zal Mij aanroepen, en Ik zal hem verhooren; in de benauwdheid zal Ik bij hem zijn, Ik zal er hem uittrekken en zal hem verheerlijken.
Ik zal hem met lengte der dagen verzadigen, en Ik zal hem mijn heil doen zien.”—
Efkes bleau it stil, do bigoan Falentijn to bidden, mar in wirdmennich en as einbislút droech ’r de Oranje’s, fier fen hjar folk en lân, op oan syn God. Hy scoe se ienkear wis werombringe yn hjar lân, as it Syn tiid wie. Mocht it hjar den forgean as Job en Hy hjar lêste mear seinje as hjar earste.
Fen Rhé yn syn forskûl fielde it fêst bitrou, hwer elts wird mei sein waerd’. François Falentijn leauwde oan ’e forfulling fen syn bea. En hy wie net mar sa in dagelyks minske, dy-t min alles wysmeitsje kin, hwet min him ta ha wol—né, der waerde wol sei, hy wie de aldergeleardste fen hiele Ljouwert. Syn bibliotheek hie hjar gelikens net boppe de Tsjonger en syn muntesamling wie selst yn ’t bûtelân fier forneamd. Yn syn jonge jierren hie ’r greate reizen makke nei Parys en Londen en dit sa ’n wiis man nou sá! sá! Dy earme forbjustere dweper! hy in foargonger fen ’e lytse ljue en der mei det folk yn in hok oan ’t sjongen en bidden! och! och!
En hy loerde skean, it âlde glûpersgesicht ien spanning nei it gearset, yn dit spinkeammerke by inoar. Op ’e earste rige op kjessenstoellen Pronica en Bet en André en Mulier, ek al net wizer. Alde Ripperda der ek al middenmank en de Witt en ’t wiif en Elske Baerdt. En den hwet mindersoartich folk, spinsters en sa en hwet manljue. En sa wier, der kaem Jehannes yn mei de fioele en hja bigoanen lang fen galm to psalmsjongen.
Do gyngen se allegear oerein en fol hartsear seach ’r Falentijn, lyts grys dûknekkich mantsje, stean twisken syn foarse soannen. Wie der dochs in seine al yn dit libben, der hy net fen ôfwiste, in taestbere seine, to skatten ek yn waerdije fen dizze wrâld, dizze wrâld, dy folgens syn oertúging einde by en yn in gref....?
Fol yzegrinens roan ’r nei hûs, hird! hird! folle hirder as ’r it wend wie en goed for syn âld hert. Nou wist ’r, hwer se preken en hwet se preken, dy fordreauwne bidders! mar hwet ’r net wiste, wie det ’r noch in taharker stien hie, om it Wird fen genede to hearren, ticht by him, deun neist him. Mar syn eagen waerden hâlden, det ’r him net sjen mocht. It wie Ryklef Ripperda. Efter in tin sket stie ’r en seach troch in útboarre oastgat al hwet der omgyng yn ’e spinkeamer en hwet ’r der hearde, o it dripte as suvere balsemoalje yn ’e brânwounen fen syn earm, oproerich, swier fen leed slein hert.
—Aan Uwe zijde zullen er duizend vallen en tienduizend aan Uwe regterhand, tot U zal het niet genaken.... Hy wist net, ho dy wirden optheden, ja nou krekt op dit stuit for him fen tapassinge wierne, ho tichteby de fijan wie, op hânbreedte ôfstân. Mar hy moast foarby gean.... hy moast. It wie in bifel, hwer hy oan to foldwaen hie, sûnder forset. En hy gyng, waerd dreauwn, om wer foart to gean, it selde paed lâns, bûtedoar, ta ’t strietsje út, nei hûs.
Gjin fiif minuten letter wist Falentijn fen in oandrager, hwa der yn syn hûs west hie. „O frou”, suchte ’r en it klonk as in snok....
„Dy-t yn de Kening syn biskerming stiet, dy hat gjin soldaet to frezen”, sei Pronica mei neidruk en lei hjar hân treastjend op sines, de wite en smelle meagere hân fen hjar man. En sa sieten hja der in hiel set stil neist inoar, elts mei syn eigen tinsen, dy dochs hjar oarsprong hiene út ien saed. Hwet hjar ek oerkomme mocht nou yntkoart ef letter, hja wierne for altyd forboun en troch leauwing én troch ljeafde. Al streame it libben mei syn onwisse weagen foart, hja wisten beide de feilichheit fen ’e haven, hwer it for ivich goed ankerjen is en in bihâldene thúskomste nei de swiere dei.—
De hiele joune bleau fen Rhé stil en steurd. Hy wie ’t net mei himsels iens. Hwet scoe ’r? Dy gearkomsten forbiede? ef it folk gewirde litte mei hjar gesjong en gepreek? As ’r tofolle gewach fen de saek makke, den krige eltsenien der aerdigheit oan en scoene se der op takomme as âld roeken. It domme folk, och det woe ommers dochs altyd in hâldfêst ha yn hjar bygelovigheit. Ho stilder, ho better en den knipe, der bifoun hy him altyd ’t bêst by en min scoe altyd it gesach sa ûnder dúmkes wei wol ris de wink jaen kinne, det se taseagen, hwa-t der al sa by Falentijn’s út en yn gyngen yn ’t efterom.
En der scoe hy joun wol gelegenheit ta ha op ’e soosjeteit foar de Waech oer, hwer hy elts trof, dy-t yn Ljouwert hwet to sizzen hie fen ’e jongste luitnant ôf oan ’e ôffirdige nei de Nationale Conventie, fen Beijma ta. Hjir wie de mounle, hwer it Ljouwter moal meald waerd’, ja det fen ’e hiele provinzje einliks en det it folk letter yn wûndere baksels opdist waerde, al meast fen nije bilêstings bisauske. Hjir huze de spin, hwaens webbe syn triedden de hiele provinzje omfieme. Hjir kamen de útkloarkers en oandragers gear en makken de ljue min en krigene hjar judaslean útbitelle. Hjir waerde de ljue it jild foarsketten, om ûnder moaije sinspreuken soosjeteiten oprjuchtsje to kinnen, hjir waerde it rjucht fen ’t frij boek- en pamfletprintsjen bisnoeid, hjir bitelle de boekforkeaper, dy-t net om lyk woe de hege boeten foar it lytse lûkje, hwer monsieur Berdeau, eren plûmker en kenineslachter, nou thesaurier, efter siet to gnizen, hjir hipte en sprong alles, hwer mar in fear fen libben yn siet en dânse nei de pipen fen âlde fen Rhé. Poppéus wie ’t yn namme, hy wie de died.
It gesach fen Ljouwert wie hy, de Jacobijn. As in kening regearre ’r yn dit syn lyts ryk en ’e Bataefske Republyk hie nea trouwer ôfgesant fine kind. Yn dizze republyk tsjinne hy syn eigen ideael, hwent wie dizze staet net sa, as hy him altyd dreamd hie, fen great jonge ôf oan? de staet fen it biriddeneare forstân, sûnder God, sûnder gelove. De „ontwikkelde”, forljochte minske hie det net mear fennoaden, dy âlde sedewetten út ’e Bibel en soksoartige boeken hearden net mear ta dizze tiid.... Diderot, Voltaire, Rousseau, det wierne de mannen, der moast min yen fen riede en liede litte, den kaem it grif goed yn it libben. En hy hie Poppéus opfoed sá, as him tochte, det hjar idealen it meast binadere. Yn Poppéus seach hy syn lear bilichame en derom wie hy him namsto dierberder, al ho-t hy him sims ek bikibbe en bifûtere. It wie syn fleis en bloed, de ienichste lêste loat fen syn stamme en ek geestelyk fen syn eigen makelij. Gjin frjemd hie oanpart oan syn geestelyke ûntjowing, sels hie hy de teare siel foarme nei syn ynsichten, ja lichamelyk en geestelyk koene einliks gjin twa minsken inoar neijer bistean as hja twaresum. Mei him, yn him, troch him, bloeide ef stoar alles, hwet for him waerdij joech oan ’t libben.
Stadich, deftich, ien fen ’e hearsfeinten him op hakken en teannen nei, kaem hy der oanstappen, in „imposante” figuer, de mantel loswei om ’e lege meagere skouders, de moi lytse holle omliste fen ’e wite krollen fen ’e prûk, de eagen skerp en loerderich ûnder de swiere eachsbrauwen, as se ek hwet fine koene to lekskoaijen op dizze ef gene, hwent de hiele middei roan ’r om mei in botte min sin. Alles gyng wan optheden, bifoun ’r, fen Poppéus syn oerhearrigens en ’t dryste gepreek fen Falentijn ôf oan ’e jeuzelbriefkes fen ’e ljue ta, der by fenmiddei yn ’e gong oer stroffele wie en dy smeken om forleging fen straffen ef boeten. Soks makke him altyd tipelsinnich.... it wie de wet en hy diich de wet sá en net oars.
Swierige stadich biteante ’r it opstapke yn ’e gong en forweardige him, Berdeau, dy syn rêch yn twaën bûgde, in lyts frjeonlik knikje werom to jaen, krekt en allyk oan in oare frjeon, dy ek sa fen neat ta eat heineballe wie en as in forsjittende stjer yn syn sfear tolânne kaem en dy min dochs jimmer wer ljeafst oer ’e holle sjocht en tsjinstich smiet de feint de doar fen syn keamer wiidwaech op foar him. Der barnde in moai fjurke, fiif kjersen ljochten frjeonlik glânzjend op ’e tafel, de piip lei ré, toeback, útpluzer en komfoar derby, in echt ljeaflik binnehûstafrieltsje, sa smûk, sa noegjend, det hy rekke der alhielendal wer fen yn ’e blâns.
’t Earst stoppe ’r de piip, do diich ’r in taest nei it sulveren bledtsje, der de post fen ’e middeis op del lei wie. Det wie me in sjouwke, fenwegen it minne waer de lêste dagen, al mar teije en de wegen ien blabze en modderpoel, hiene de postweinen hast net ride kind en alle forbining mei de bûtewrâld sadwaende yn trewyn. Ut Hollân wei troch ’t ticht wetter alles oer Utert en Swol, hok in omlânske reis! en fen ’t bûtelân kaem hielendal neat yn. De heftige streamings, dy-t der yn Frankryk brûzden, hjar fier gedinder hearde min hjir selst net iens.
De beide earste brieven wierne dingen fen neat, bidankjes fen guont, troch him op ’t kjessen holpen, omt ’r se willich bifoun hie, slaefsk nei him harkje to wollen en dwaen to doarren, hwet hy se foarsloech. It fjûr slikke al ring de snipels op, hwent dizze epistels achte ’r to gefaerlik, om to biwarjen.
It tredde brief wie fen gâns plezieriger aerd. Boarger fen der Werff, representant yn ’e âlde sted fen Dockum skriûwt en as dy skriûwt, den moat fen Rhé laeitsje en komt de stoefe kâlde troanje ris yn oare tearen. Nei it komike deftige oanrintsje klaget de goe-man oer it folk fen de stede fen Dockum „dat so donderse doofhudich is, men súdde se in trompet an der ooren sette, siedaer, en blaze so it ferstand in dur hoofd. It is hier altyd en eeuwich roerich en elkeneen loopt met skerp in de bús en as Woensdags de Woudtsjers in de stad komme, dan staane se mar op ’e Syl to swetsen. En langlasten skolden se me so mar út for blauferwer. Ik kan je segge, ik kookte fenbinnen en ik liet him oppakke, dy bosduvel fen ’t Ikkerwoud en sette hem in ’t honnegat, drie dagen op water en brood en ik kan je segge, de selfde avons waren alle útdeuren fen myn hús met blauwe ferf bestreken, suver in griis. It het my 3 carolieguldens kost om ’t der weer met fetsoen af to krijen.
Verder doen ik te weten, alsdat der hier gâns gearsetten binne fen ontevreden luijden. Ik bitrou dit saakje for geen botsen en súdde wel wille, det wy hjir frans peerdefolk kregene, oude bidrevene knapen. In de kerke fen Aelsum en Hantum kin se wel legere wirde en bistel se in de kost by de rike terpboeren en orte- en boonebouwers. Dy hewwe in jaar, se ride met koetsen en der twee gudsen foar na de kerke.—
Fen Rhé seâch âlde f. d. Werff.... oerginstich, hjit fen suver forginnen, nei de kerke ta kûrreljen en in grouwe klaeiboer him foarby riden mei dy beide gudsen, det de fonken út de flinten fleagen.
Mar it gesach moast heech hâlden wirde, boarger f. d. Werff is it gesach derre en hy skriûwt ûnder it brief: 100 man ekstra nei Dockum en geskut, de kosten fen ien en oar en ynkertiering to dragen fen ’e sted en ien fen ’e Ljouwter representanten scil in deimennich nei Dockum ta om boarger f. d. Werff fen tsjinst to wêzen en desnoads mei gewelt alle forset to smoaren.
In stik ef hwet skoaiposjebrieven reart ’r oan kant, den falt syn each op in roazekleurich briefke, swietfingerich biskreauwn mei lytse tipelige letterkes en for Poppéus ornearre. Hy stie yn bistân, om it to forskûrren, do bitocht ’r him en stoppe it yn ’e binnebûs ûnder ’e bûsdoek en ’e snúfdoaze. Hy scoe ’t Poppéus sels jaen, det der noait oare eagen oer gean koene.
Hy lei efkes de piip del en seach ’t hear oer, de rûmte fen ’e moaije greate stille keamer, forlevendige fen goudlearbihang en in greate skoarstienmantel fen sêft gielread moarmerstien. It skilderstik deryn stelde Hercules foar en Omphale en ’e teare, ljeaflike moaijens fen Omphale, de blankens fen it jonge neakene fleis ûnder ’e gazene klean, de blondens fen it sêft golvjende hier, de blauwens fen it greate heldere each brocht him Anne to binnen, syn oantrouwde dochter, sa’s se der dy moarne sitten hie to sjen dy deis nei ’t Wetterlân ta. Scoe sij de lytse Omphale wirde kinne, hwer in Hercules him fen bilêze liet? Hy hie wol yn hjar eagen lêzen, hja boun de stryd oan en hy! hy! scoe hjar stibelearje, mar Poppéus hie in hirde kop en rekke sims raer op ’e doele om in frjemd boskje rokken en in gleon readsidene kyps.
Hy snute de kjersen ris en helle it flessekisje foar ’t ljocht en út syn pong it sulveren kaeike, det der op paste. En hy geat him ris yn, in prachtige slipe griensmaragden romer fol bramboazebrandewyn. Do stoppe ’r de piip fen nijs en bigoan wer to lêzen. It wie nou in great brief fen it fynste felijn, tichtplakt mei kleurde ouwels en yn ’e midden in great wapen, trije balken fen sinnobel op in fjild fen sabel.
Braak fen Collum, tocht ’r optslach. Hwet in gemiter! Hwet scoe der wer wêze? Det Collum wie al sa ’n oerhearrich gat, der bidden en preken en oranjekraeiden se ek noch algedurich en blaesden nei ’t Frânske gesach as feninige katten. Monsieur Braak en Keuning hiene der de hânnen fol, it folk hie gâns it grou op hjar, omt it troch hjar tadwaen wie, det grytman fen Scheltinga yn ’95 ôfset en oppakt wie en yn ’t Blokhús finzen set waerde. Det koe det Collumer poddebrod mar net forkropje sa ’s ’t like, der wrokken se altyd noch oer en omt siktaris Braak him altyd tige warde for it Frânsk gesach en rûm yn ’e duiten siet, makken se him jern it libben sûr. Mar fen Rhé kénde him, monsieur wie in fiaen, dy stié syn man as ’t wêze moast en derby, syn dukaten wierne fen ’e bêste specie, dy joegen him in bult macht en krimp jaen scoe hy noait.
Hy klage, de lêsten kamen sa min binnen en as se bitelje moasten, forwieten se him fen alles en noch hwet en hunen him as in bloedsûger en ielshûd. Hy koe net sjen, as alve stûren fen ’e goune nou sa ’n great griis wie. Hja hâlden ommers sels noch njuggen stûren oer, der moast in minske fen libje kinne en oars mar om de oare dei boekweitengroat mei lollemansstip, as ’t spek to djûr waerd. Det kaem de Frânsken ek ta, derom net, de jonge spallings en ’e fette piken fen ’e matte smakken lekkerder.
It jild moást der komme. Ien hiene se al skúsjeboelgoed oandien mei ’t gerjucht, it wie âlde Leijenaar, ek sa ’n oranjerazer. Hy hie ’t forhipt to biteljen. Lokkich wie alles gau biredt, hwent der kaem me ek sa ’n kanarje by, Joege Innes fen Boerum en dy bea for in kastje safolle, det de Staet kaem ta syn jild. Mar de joune hiene se de opropper de sleatten lâns jage nei hûs.... lokkich wierne de executeur en hy siktaris, dy-t it fonnis ûnderteikene hie, sûnder skea it gefal ûntkaem.
Alde fen Rhé loek de foarholle fol tearen. Hy hie ’t net op dy broeinêsten stean, sims ynienen koe der de lôge en ’t fjûr útslaen en dit gefal fen in pear jier lyn, do se it Blokhús foljage hiene mei grytmannen en oar sok deftich gespús fen ’e stinsen, hie mis west. Hy hie ’t genôch sei. Hja rekken der it tearste steed fen it folkshert.... dy-t hja achten en earen, woene se perfoarst net as moardners en dieven bihânnele sjen. En om alles, hwet de mennichte mient as fordrukt en martele, weeft it in aureool. Den komt der in slachtoffer, der folget in catastrophe op, de wraek is de ein. It individu, sels onmachtich om wraek to nimmen, suggereert de massa en dy nimt se, wreed en lang. De hyena instincten fen ’e folkssiel forbrekke de klusters fen selsbitwang en wetsfreze en gien’ to wirk folgens de opswypke hertstochten, dy fordjer en dea bringe.
Hy hie se warskôge.... it regear fen do hie net harkje wold. It wie de feint, dy-t it regearjen noch leare moast, gnyske hy smeulsk yn him sels.
Nou siet hy hjir al lang op hjár stoeltsje en de feinten fen do, hearen fen ’95, fen ien skoft en in healûre, kroepen werom yn hjar kinkhoarnen as slakken, dy-t min de fielhoarntsjes tofolle kitele hat, it wird wie wer oan dyjingen, dy-t hearskjen leard hiene en hy wie yn in omsjoch op ’t kjessen. En hy hie en hy hâldde it heft yn hânnen, al wie it Poppéus, dy-t hy as thesaurier général al mar oan nei foaren skoude. Hy yn it skaed, syn soan yn it felle hearlike ljocht!
As de wegen birydber waerden, den kaem hy persoanlyk ris to sounfreegjen, skreau Braak en hy noege fen Rhé en ’t wiif út, der Peaske ris to kommen. Collum wie in skoander plak fol fortier en hja scoene it hjar ta in eare rekkenje. De goezzefearren pinne fleach oer ’t pompier, fen Rhé makke in kantteikening en lei him do kreas opteard by de oaren.
It folgjende brief wie fen fen der Kooij fen Stynsgea, mar in wirdmennich. De ljue forsetten hjar der yn dy contreinen tige tsjin de ynkertierings en ’e hege lêsten en de siel fen al dy opstannelingen wie de eigenerfde Bindert Japiks Cloosterman fen it Bouwekleaster en syn beide âldste jonges. Min woe wol ha, det hy de minsken selst mei jild stibeleare, om it mar mei oranje to hâlden en op to sprekken tsjin de Frânsken. Fen der Kooij kefte ris wer as in houn, fierst to bang om ea to biten—tocht fen Rhé en smiet it briefke yn ’t fjûr.
Nou lei der noch in fodsje op it sulveren bled.... in fiis lyts fodsje pompier sûnder slûf sa mar hwet by inoar trânsele. Fen Rhé loek de noas op—it stonk fen reek en earmeljueswent en hy socht in skjirre út it tafelslaed en hâldde it sa beet. Do mei it mes derby en sa lûkende wei krige hy it út inoar en lies: As mynheer eens op een avond laat naar bysitter Falentijn zijn huis gaat, dan vind hy daar een buit. Want daar ligt Ripperda in den kost sedert dagen.
Hy fleach oerein mei ien sprong, it pompier foel him út de hân, it mes plofte op ’e flier. Hy bisoude.... hwet wie me det? Hjir.... by Falentijns.... al sont dagen....? Hy moast rûmte ha, hy sette de prûk in amerijke ôf en makke de halsdoek los. Dreame ’r? Lies ’r wol goed?
Al den dei kamen der sokke briefkes. Ornaris neat om de hakken. Guont, dy in oar in loer draeije woene en hjar formakken, as de gens d’armes oer de flier kamen for in hússiking. Mar út dit fodsje pompier spriek eat, der hy út opmakke, it wie wierheit en al sont lang formoede ’r, Ripperda wie yn omwandling yn Fryslân. It folk roeriger as ornaris, krekt as bitrouwden se op in onbikende sterke stipe, fonkjes fen forset hjir en der oplôgjend ta striefjurkes, alderstikeligste skotskriftsjes, hjir en der oanplakt op sketten en mûrren en rare skimpskeuten op Poppéus, him en oare foarmannen, altyd argewaesjes fen alderhande soarte. Sims fong min in dôgeneat en traktearre him op in tweintich stokslaggen op ’t Blokhúsplein en ienris op in goede dei, wylt se der wer mei dwaende wierne ta great formaek fen ’t folk, wierne Poppéus en hy der krekt foarby kuiere. En ien fen dy knapen, hie me dy net in pûdde fol duiten krige en dy oer hjar hollen saeid, det it jild fleach hjar om de earen en Poppéus op ’e hoed en him op ’e steek en it healwize folk raemde hjar hast om en klauwde hjar de duiten fen ’e lea. Alles! alles! bilechjes fen det oranjeras, om hjar loeren to draeijen. Hja waerden stibeleare mei Ingelsk jild, wie ’t sizzen. En Ryklef scoe der wol hândiedich oan wêze, it mirdepaed giet altyd werom nei de ein hoale en eltse fûgel hat oanstryd, om noch ienris it forbâlle nêst to sjen.
Mei in hastige taest pakte ’r de tafelskel. Hy wie biredt.
„Optslach monsieur Lefèbre,” hjitte ’r de hearsfeint yn ’e doar.
It gyng gauwer as hy tocht, hwent monsieur Lefèbre siet mei syn maten to kaertspyljen yn ’t seal en mei twa sprongen tagelyk, lichtskonkich fen oermoed en jeugd, fleach ’r by de trappen op en stie al yn ’e keamer, eart fen Rhé noch iens in wirdmennich op ’t pompier krije kind hie.
„In hússiking by boarger Falentijn op it Smel fen ’e Nijested. Foartdaedlik. Njuggen man fen ’e alderbitrousten mei. ’t Bifel fen finzennimming fen Ryklef Ripperda, dea ef libben to bringen yn ’t Blokhús. Hy hâldt him der skûl. Jou stien’ my persoanlik boarch for dizze saek, Lefèbre.”
„Kin ’t sûnder myn commandant to rieplachtsjen?”
„Der redt ik mei,” sei fen Rhé heech en kâld en gyng oerein. „Tink erom, it is in gledde fûgel.... hat in bult oanhang yn ’e stêd, soarchje dos det de knip sa finael set wirdt as ’t mar kin. En.... yn ’t alderslimste gefal.... in kûgel. Ik wol it sa.”
It bihindige mantsje foar him nikte. Hy wist, hwet der oan fêst siet. Bifoardering, eare, fortsjinst, forlof om in wykmennich nei Parys ta to gean. Mar oars koe dit aventúr him mar kwalik haegje. It moide him selst om Bet Falentijn.
Fen Rhé seach him foartgean. Hy wist, oan hwa ’t hy dit affysje opdroech. Nimmen hjitte goochemer as Lefèbre yn ’t útfikelearjen fen alles, hwet mei nachtwirk to meitsjen hie. Yn syn hert neamde ’r him altyd de bloedhoun. Syn tsjinsten wierne noait yn goud to biteljen en hy achte him de alderienichste yn hiele Ljouwert, wirdich en bikwamernôch, syn greatste fijan de bretale snút to rongjen, det hy noait ef to nimmer wer wrotte koe.
Hy lies it fiise briefke yetteris, smiet it do yn it fjûr. It hie syn tsjinsten dien. Nou foartdaedlik scoe ’r witte, ef it liichde ef wierheit spriek. Oer in ketier stiene Ryklef Ripperda en hy licht wol foar inoar oer.... tominsen.... tominsen, as ’r den noch libbe,.... de twa sterke machten fen ien lytse sted, de patriot en de prinsman, de rede en it gelove en syn hânnen jûken him, om dizze saek nou ris sa gau mûchlik ta in ein to bringen en dy bolstjûrige, oermoedige kraeijer it swijen op to lizzen. Net as in martler op it skavot foar ’t Blokhús, den scoe min him der licht op oansjen kinne, as ’r it diich út persoanlike wraek, né, der wierne fen dy kelders ûnder ’t Blokhús, der it wetter by de mûrren lâns sipere, der min stadichoan krepearde oan ’e tredde-deis koarts. Der scoe Ryklef Ripperda yn.... der scoe ’r de lêste syke jaen....
Den krige de hiele oranjepartij yn him de nekslach en as se him nou joun by Falentijn’s founen, den koe dy der ek yn bihelle wirde en bliede. Hy hoechde syn soan den ek net wer op to stokeljen, om Poppéus net to groeten, licht moast ’r den wol ris mei hangende poatsjes komme en dogge in knibbelfal foar Poppéus, om heite âld libben to redden. Sá scoene se allegear troch dizze iene wize set foargoed wjuklaem slein wirde en alle forset to niete gean.
Efkes letter hearde ’r hwet gestommel by de útdoar en gefluster en doar tichtslaen en koarte, flugge stappen op ’e flinten. Sunich diich ’r in blyn op en seach bûtedoar. It reinde, det it spielde, dochs wie it net sa tsjuster, it roan nei folle moanne. Yn ’e stúdzje wei eage ’r nei it kloftsje folk, det by de Waech lâns gyng, earst trije en do ien en do in man ef seis, swarte linige skynsels, stil en fluch yn ’e swarte reinnacht. Hja waerden wei yn in steechje. In pear hâldden de wei en gyngen nei de foarkant fen Falentijn’s hûs. Mei in slach sloech ’r it blyn ta en diich it izer der wer op. En wachte deastil by it hearlike heldere fjûr op it gean fen it lot, det hy alle frij jown hie.
Sá sette de lêste greate wraksel twisken dy beide greatmachten fen Ljouwert yn.
Falentijn, nochlik yn petear mei Pronica, hâldde in reaf jern for hjar op en seach fol niget, ho de kleone groeide twisken hjar blanke tinne tûmmen. Hy hie dy greate blanke hânnen ljeaf, dy slanke, fynbonkige polsen en it moaije biweech fen dy hânnen wie him in eachweiding, ja hiel de jeuchlike, fleurige, reafallige moaijens fen syn Pronica wie him yette in eachweiding. De sinneskyn fen hjar wezen formoedsoene him mei al de tsjinstuiten en alle leed, hwet him ek net bisparre waerd, hwent droegen se it net twaresum? Jehannes yn ’e hoek stimde syn fioele en bigoan in suver lietke fen minne op ien hege snaer. Falentijn wist, hwer hy om tochte, om lytse Doedte Ripperda, der jinsen yn ’e Bjirmen op ’e âld stins. En hy spile! hy spile! krekt as helle hy se yn sêfte lokkinge werom nei hûs, tige, tige tichte by him!
En oan ’e lânsein fen ’e tafel sieten Bet en André to dominearjen, sa stil as mûzen. Ho pronken se troch hjar bliide jeugd ek mei dizze âlde keamer op! ho ’n skatten hoede dit âld hûs ûnder syn readpanne dak! En fol ljeafde en meilijen tocht ’r om noch in skat yn syn hûs, ûnder syn biwâld, in skat fen noeden en soargen. Strak scoe ’r út syn forskûl komme doare en hjir ek mei oansitte en ien skoftsje ek de fredige kûstering fiele fen it húsgesin.
Pronica stiek de holle op. „Der ’s folk by de útdoar,” sei se en fleach fen skrik oerein.
„Jehannes!!” Oars sei Falentijn neat. Jehannes wie al foart, de lange gong troch, yn ’e spinkeamer, by de farwekûpen lâns, mei in swaei by de trap op nei de wollesouder. „Bist der, Ryklef,” rôp ’r sunich.
„Ja,” sei dy en kaem der hird oan.
„Forredt, freez ik.... Kom del.... troch ’t keldersfinster foart....”
Hiel sêft makke der him eat út it tsjuster los en liet him by de trep delglide nei de keldersdoar ta en der yn. Jehannes hearde de doar efter him tichtflappen en skoatele him, beide skoatels der op. It hûs fen François Falentijn liet syn dierbere gast gean.
Do krige ’r in pear drankfleskes fen in planke út ’e medicynkast en geat se fol út in flesse. Syn hânnen trillen in bytke, hwent wylt ’r der mei dwaende wie, hearde ’r al guont oankommen yn ’e gong en syn heite lûd, like kalm en evenredich as altyd: „Dizze kant út, monsieur, yette de spinkeamers en ’e wollesouder. Myn soan scil jimm’ wol bijljochtsje, hy is der oan ’t apteekjen. Jehannes!” rôp ’r. „Wolst efkes komme? De hearen miene, wy ha hjir guont húsfeste, dy-t fûgelfrij forkleare binne. Wistû der fen?”
„Hjir binn’ gjin oare minsken as ik allinne.” Jehannes Falentijn stie foar de lytse Lefèbre as in kening en dizze leauwde him op syn wird. Hy diich it einlik al mei tsjinsin en krige ho langer ho greater wjeraks yn dit gehússyk yn Falentijn’s hûs, hwent hy wist, ho heech as dizze húshâlding oanskreauwn stie yn ’e sted en ek mei om de moaije eagen fen Bet, hwaens fioeltsjeblau him bitsjoend hie, hjitte ’r syn folk, yn ’e gong to wachtsjen en kuiere allinne mei Falentijn fen keamer ta keamer, seach ûnder de bedsteden en yn ’e kasten, op ’e tekkensouder, oeral, hwer mar in mûzzegat to finen wie en bispeurde selst gjin inkeld markteiken, det hjir ea in minske syn nachtleger hawn hie.
Falentijn smiet mei in rûm gemoed de lêste doar fen ’e boppegong op. „Hwet ’s hjir yette?” frege monsieur Lefèbre en snúfde fyntsjes de swietrook op fen lodderein en soksoartigs.
„De keamer fen myn dochter,” sei Falentijn deftich. Monsieur Lefèbre bleau op ’e drompel stean. Mei ien forljeafde loaits fen syn skerpe eagen omfieme ’r de hiele lytse wrâld fen it jonge famke, de spaenske matte op ’e flier, it taffeltsje fol snypsnaren, de blausitsene bêdsgerdinen en de blausidene sprei op bêd, de printsjes oan ’e mûrren, alles tear en wif fen glâns yn ’t skynsel fen ’e lantearne. It wie him allegear to sêft en to ljeaflik, om oan to kommen mei greate manljueshânnen en to bismodzkjen mei greate smoarge learzens.
„Op jou wird, is hjir nimmen?” en hy seach Falentijn oan en tróch.
„Né,” sei Falentijn. En hy wist, dizze man liichde net.
Koart biredt draeide hy him om en sa kroasken se wer nei ûnderen. Falentijn him op in distânsje efternei, slingere twisken hoop en freez, hwet der efterhûs barde ef al bard wie. Fen Jehannes fornaem ’r neat.... Pronica, Bet en André wist ’r yn in hoeke fen ’e keamer, triljende as popelbledden, mar Ryklef? Hwer wie ’r? Hie ’r wapens? As ’r omkaem, hwa scoe den de brêge wêze twisken de Prins yn Ingelân en de Oranjepartij? Hy wist it net, hy wist neat optheden, as det it needlot wer mei in minskelibben om heineballe en it smiet rjuchts en lofts nei alle kanten fen gefaer en dea. En út ’e binaudens fen syn hert wrong ’r de bea nei boppen: Sparje him, Heare, o sparje him for Oranje en ús....”
Monsieur Lefèbre bûgde ta ôfskie en Falentijn sels liet him út, troch de winkel, de foardoar út.
„Ik diich it op bifel,” sei monsieur Lefèbre yn ’t foartgean, as moast ’r him forûntskildigje. „Ik diich it mei tsjinsin, omt it jimm’ ljue oangyng.”
„Det miende ik to bispeuren,” andere Falentijn koelfrjeonlik en dochs eat hertliks yn it lûd. „Meij it wird ha, fen hwa dit bifel útgyng?”
Monsieur Lefèbre seach om him hinne. Der wie gjin minske, om hjar to biharkjen. „It is op oarder fen âlde monsieur fen Rhé.... in anonymis joech him de wink.... Wêz op jou hoede, monsieur, it scil sa wol net de lêste kear wêze en ik scoe ’t net wolle om jou en om jou.... dochter.... Komt de kniper ris op ’e skine, dizze rjuchter kin gjin genede, monsieur Falentijn.”
Falentijn stiek de hân út en hja fûsken. „Tank for dizze frjeonerie”, sei ’r ienfâldich. Nou earst bigriep ’r, hwerom him it smaedlike fen in eigentlike hússiking mei in kloft frjemde soldaten efter de haedman oan, dy-t neat hillich wie bisparre waerd. Monsieur Lefèbre, de charmeur, mocht syn Betteke skoan en derom eare ’r de drompel fen hjar hûs.
Mar Ien, oneinich heger as monsieur Lefèbre, machtiger as alles yn ’e wrâld, joech him al soks ek wer yn ’t hert en ûntnaem selst dit syn forskrikking en smaed.—
Falentijn hearde de manljue swier foartstappen en sa hird as ’r rinne koe, hy nei ’t efterhûs, nei Jehannes. Hearst hwet? wist hwet?” hime ’r en hâldde him oan it sket fêst, sa trille ’r.
„Stil heit, stil....” sei dy en krige him by de beide hânnen beet. In stream fen kalmte en kreft like him wol út dy sterke, ljeave hânnen ta to floeijen.... hy waerde ynienen bidaerd en it felle jeijen fen it hert bikaem.
„Hjir is gjin ien mear,” bigoan Jehannes.... „mar....”
„Ho scoe ’t der foar stean? Scoest net bûtedoar doarre en harkje....?”
„Det ’s to gefaerlik. Wy kinn’ nou neat mear.... Ien allinne wit nou syn wegen.... It scil komme nei dy Syn wil.”
En wylt Ryklef Ripperda by de mûrren lâns rearde fen it steechje, om yette in forskûl to finen en in ûntwyk út ’e falle, leine Falentijn en syn soan deastil to harkjen yn ’e kelder, der it finsterke noch fen op stie.... Hja hearden neat, allinne it fine getik fen ’e rein op ’e pannen. De stiltme waerde binaud.—
Monsieur Lefèbre slûpte súntsjes om ’e hoeke fen it steechje en loerde nei syn manskappen. De hiele steech wie ôfset en alle strietsjes en slûpyntsjes yn ’e omkrite. Hy wie wol mei njuggen man foartgien, mar hwet joech sa ’n hântsjefol! en derom hie hy der noch sa ’n tsjien man by opcommandeare en dy wierne der nou. Falentijn syn hûs wie omsingele fen alle kanten. As Ripperda der wie, den kaem ’r foar ’t ljocht. Hast bigoan ’r al to leauwen, dit roan ek wer op neat út, alles om ’e nocht, do miende ’r in gedrús ticht by him to hearren. ’t Koe ek in kat ef in rat wêze, mar hy skerpe dochs syn earen op en sloech de hân oan ’e sabel en fielde nei de pistollen, hwent it scoe in swier stik wêze, om dizze sterke knaep to bimasterjen. Fen syn kreft diste min yn Ljouwert wûndere staeltsjes op en net minder fen syn ridderlikens en eale sin. Al wie ’t syn fijan, hy koe ’t net litte en priizgje dit yn him. Derby wie it in edelman, min scoe him noait de achtinge ûntkeare wolle, dy-t him takaem.
Stadichoan op syn commando slute him de ring tichter, in net fen binauwinge for in earme fûgel, fordwaeld en ynein flein.
Ynienen, hwet wie det? Seach ’r goed? Stie der ien midden yn ’e steech, in gesicht fier fen Falentijn syn hûs ôf? In man? In greate, foarse man? Koe det Ripperda wêze?
„Monsieur!” hearde ’r roppen. „Ik bin Ripperda.” By it ljocht fen in feale glimp ljochtmoanne seach ’r in donker bosk hier, in drystmoedich antlit, hwer in pear donkere eagen greatsk en fol haet yn flikkeren.
Ien amerij stie monsieur Lefèbre as in blok, hwer ’r stie, sa oertongere him de sitewaesje, do wie ’r mei ien sprong by him en helle it pompier út ’e bûs.
„Doch gjin moite, monsieur”, sei Ripperda heech. „Ik leau de leugen fen fen Rhé wol.” En sûnder forset, o sa stil! hwent hy freezde forset fen de Oranjeljue en hwa wit den hokker gefolgen! liet ’r him de hânnen bine en twisken twa fen ’e sterksten yn rekken se op reis nei ’t Blokhús ta. Monsieur Lefèbre foarenop as in held mids syn folk en in stikmennich ta sluting fen ’e trein, in sombere staesje, op reis nei de ein fen de dingen, itsij dea ef finzenis for it libben.—
It ploechje fen Haeije Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige Kokke en Gajus de Filder, Jan fen Minnen, Kaeije Klapdermarop en Brike Lubbert, it âldermalste gespús fen Ljouwert stie op it hege pypke by de Sint Japiksstriette en seach út nei de fearskippen, as se ek fé oanbrochten for ’t wykmerk. ’t Hie sa lang ticht wetter west, nou rekken marren en fearten wer iepen en as der altomets oare akkefytsjes komme mochten yn ’e nacht, nou, den scoene se de noas der ek net for oplûke. De rein sipere hjar by de nekken yn, hjar âlde plunje rekke sa njonkenlytsen trochwekke en derom namen se sa nou en den in hertsterkingkje út in greate flesse, út mear as ien flesse. En optlêst bigoan der al ris ien to dânsjen en to sjongen, der wrakselen ek al ris in pear om ’t sterkst, it skerp waerd’ al ris út ’e ské litsen en ’e wrede kneppels swaeid.
Der kamen al mar mear by.... it rosmos, it útskiftsel fen Ljouwert hâldde der yn de foarnacht op it Sint Japikspypke syn soosjeteit en dy foarbykaem, koene se hast net fen ’e hûd bliûwe. En rache en skelde!! it wie in griis!
De rein dripte en de nacht kaem oan, de tsjustere, lange foarwinternacht mei syn teiwaer, syn hirde wyn en reinfleagen.... it koe net minder en inkelen fen ’e bidaerdsten ribosken ûnder ’e wiete klean en trapen hinne en wer, sims de Piperstriette yn ef ’t Breed fen ’e Nijested op.
Sa krigen se yn ’e fierte folk yn ’t fesier, in ploechje fen dy hate, forspuide Frânsken. Hjar opskerpe eagen, wend oan nachttsjuster en rein, hiene de koppen al gau teld en sjoen, hwa ’t de foarman wie, de lytse Lefèbre. It gemien hate him as de pest.
De foarsten slûpten hastich wer nei it pypke ta en fortelden, hwet der op komst wie. „Der wirdt ek wer ien opbrocht”, grânze Haeije Trompetter twisken de tosken. „As ik wist, it fen Rhé soadtsje hat it bifel jown, den tiggele ik der op, det se út inoar spatten”, en hy swaeide mei syn swiere ikene kneppel, det it sûze der oer. De oaren gyngen hwet toside stean, Haeije Trompetter wie net mak sokke tiiden en sloech yn moster, hwet him tonei kaem. Hy wie forneamd as de bûnte houn, sa sterk wie ’r en sa ’n rûzjesiker. Hy wie al twa kear gisele om fjuchterijen. „As it my de tredde kear oerkomt, den stjert de man, dy-t it my oandocht, sá wier as ik dit izer brek”, hie hy al ris sei en in hoefizer dwerstroch brutsen yn ien feech, det de helten fleagen oer ’t koumerk. Nou woe eltsenien it wol leauwe. Haeije Trompetter wie ek in kening yn syn soarte.
In bytsje stuiterich stoarrele ’r de kant wer út nei ’t Breed fen ’e Nijested. Syn eagen seagen hwet biwaseme, mar syn holle wie noch goed helder. Dy him nou moete, krige in min portuer oan him. Heal bang en heal nijsgjirrich kaem it hiele ploechje him skytskoarjend efternei, nou al in tweintich man, licht ek mear, hwent yn ’e fierte hearden se him al balten en oangean en syn fiten wierne sa wiidforneamd, det elts kaem der op ta as op in pretsje. Der stiene ek al guont op de Wirdumer dyk yn ôfwachting en in pear fen ’e loaisten brûkten de wiete stoepe fen ’e Hopsek as sitselbankje. It wie in hiele tiidkoarting yn ’t minne waer. Min scoe der wol in fijfje for oer ha ast moast.
De Frânsken kamen tichterby, nou sûnder monsieur Lefèbre. Dy wie noch efkes nei minhear fen Rhé ta gien, om him de ginstige útslach to fortellen en in hertsterkingkje to nimmen by blonde Katryn, de moaije taepfaem fen ’e soosjeteit. Hwerom scoe ’r ek net? Dy Ripperda, as in mak skiep, scoe wol feilich twisken syn soldaten mei foartrinne en hy kaem wol nei yn in tel twa trije. Hy seach der wol sa ’n dronken kearel om skermesearjen en mâlgûlen, mar ’t sin stie der him net nei, him der mei to bimoijen.
„N’avend altosaem”, sei Haeije Trompetter op detselde stuit en swaeide mei de âld hoed en roan hjar sa lyk foar de foetten, swaeijende en mâltjirgjende wei.
„Foart man!” sei der ien yn heal hollânsk en scoe him oan kant reare, om romte to krijen.
„Hui ris, ik bin gjin fanke, det dyn aeikes brek is”, stammere Haeije Trompetter en socht in hâld oan ’e earste de bêste pylder en det wie tafallich ek wer in opljeppene Frânskman, dy-t him in dúst joech fen hwer-bin-jy-my. Do waerde Haeije Trompetter foargoed wekker en seach, hwer hy wie en hwet hy diich. En by ’t feale moanneljocht seach hy ek noch hwet oars: syn jonker! syn jonker Ryklef! der midden twisken yn, twisken dy forspijden, dy kringen fen frjemde snúshanen. En hy spjalte syn brede mûle op ta in divelse gniis en hy sette de fingers yn ’e mûle en fluite forskûrrend. En draeide him do mei ien slach om en roan foar it troepke út, swaeijende fen ’e iene kant nei d’oare.
De Frânsken bigriepen der neat mear fen. Hwet woe dy man? Hwet in forsteuring! De foarman hope, monsieur Lefèbre mocht mar gau komme en oarder skaffe, hwent hja foarderen gjin byt mear en ’t Blokhús wie noch fierôf en ’t consigne wie: alles moast sa stil mooglik birûrre wirde. En nou dizze healwize kearel mei syn gefluit en syn getipel mei dy grouwe kneppel, al mar det geswaei. Hy fielde al ris nei syn sabel en hjitte de oaren, itselde to dwaen en ticht oan to sluten, de finzene yn ’e midden. Sa kaem it, hja roanen hast skouder oan skouder Ryklef Ripperda en syn oppassers.
It abbeseare sa stadich oer ’t Waechsplein en scoe ta ’t naue Piperstrietsje yn. Der soeide de lantearne oan ’e greate izeren hâlder foar de Hopsek, der wie in skimer fen ljocht en dy foel op ’e hege stoep, hwer mennich pimpelder by nacht wol ris hwet pynlik ôfstroffele, dy foel op in kloft aesfûgels, dy der stil stiene to wachtsjen op in fette bút, by-ien fluite fen Haeije, dy foel ek op it deawite, greatske antlit fen Ryklef Ripperda.
„Bistû ’t? Us jonker Ryklef?!” skreauwde der ien.
„Ik bin it,” klonk it optslach foars werom.
„It giet nou nei de dead mei him.... Der moatte wy by wêze.... Dy-t nou moed yn ’e beulich hat, komme op! Scille wy him sa goedsmoeds smoare litte? Kom jonges!” raesde Haeije Trompetter en bleau ynienen stean, sa ûnforhoeds, det de soldaten wykten ien amerij tobek der yn det naue strietsje, det trachterke en bleauwne stean. Fen efteren krongen de oaren op, dy-t it fluitsjen mar al to goed forstien hiene, al wisten se net krekt fen ho en hwet en foaroan stie Haeije Trompetter, lykme allinne, troch ’t razene hinne. Syn jonker oanrânne, syn jonker giselje, sa ’s fen Rhé him en syn jongkje dwaen litten hie, syn jonker.... miskien.... wol deasjitte....
Né!!
En mei in skreau sloech hy der yn, earst rjuchts, do lofts as wie ’t op in plezierich commando. De Frânsken rekken út it gelid en skûrden oan ’e ské om ’e wapens, mar eart se se hiene, krongen de oaren fen efteren op, nou wol in fjirtich man en warden hjar mei fûsten en kneppels. It waerde in moardpartij der yn det naue strietsje en ’t gekjirm en gejammer gjin ein. Hja fochten en wrotten de Weaze-kant út, al mar mear, hwent der op ’e soosjeteit hoechden se it net to witten, ho-t de hotte en ’e file inoar hjir rekken, yn ’t mâlle. Hwet sieten de ljeave hoeders yn ’t onleech! Hja skûrden hjar de wapens út hânnen en sloegen hjar de koppen yn smots en do-t Haeije Trompetter se sa wrakseljende wei ticht oan ’e Weaze ta hie, pakte ’r mei ien foarse greep Ryklef Ripperda út it foarmidden wei, briek it ket fen ’e hânboeijens dwerstroch, as it in spantou wie en stompte him yn in stomp twa fier de Weaze út. „Nei ’t hûs fen Jan Swel en oer ’e stedsgreft to nacht,” flustere ’r en noch ien fearige triûw.... Ripperda stie allinne en frij op ’e forlittene Brol.
Ho-t hy it foun hie by nacht, wist ’r sels net, mar hy bilânne by Jan Swel yn ’t bolwirkshúske en kaem dy nachts bihâlden oer ’t heal weiteide iis fen ’e greft, krûpende wei op in lang ein planke.
En de oare nachts, yn ’e neinacht, waerde Wibe Lubberts opkloppe. „Giest der ôf, der ’s swierrichheit by ien fen ’e bûrljue,” sei syn wiif.
„’t Scil wol hwet oars wêze,” sei hy en diich ’t izer fen ’t blyn. „Hwet is ’t, mei goedens ef mei lilkens?”
„It is Oranje yn ’e rouwe,” andere ien hiel sunich.
Ho raer harke Wibe Lubberts op! Ho gau hie hy de skoatels fen de doar!
Ripperda hie wer in thús, al wie ’t den ek mar for in deimennich. Hwer den syn wegen rinne scoene, hy wist it net. Mar hy ûnthjitte himsels, noait wer in foet yn Ljouwert to setten. Hy hie nou de dead yn ’t antlit sjoen.... it waerde tinken. Den tûzenris ljeaver in dea op it slachfjild, hwerearne den ek, as yn ’e kloeren fen fen Rhé to forfallen en stadich deamartele to wirden.
En dochs.... de tiid fen ’e died bigoan to rypjen.... it lot teikene him nei in fêst plan syn wegen foar en wolle ef net, hy moast komme en folgje alle wûndere krinkelpaden. Hwersanne se him liede scoene, hie ’r net de flauste biseftheit fen, allinne dit wist ’r, det der selst yn ’e heechste need in útkomst tichteby wêze kin, in útkomst sa great en wûnderbaerlik, det gjin minskeforstân der by kin.—
Haeije Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige Kokke, Gajus de Filder en Kaeije Klapdermarop, Brike Lubbert en Jan fen Minnen, det hiele ploechje en den noch sa ’n fyftsjin man, pakten se op, do-t der help kaem fen alle kanten en brochten se sjongende en razende nei ’t Blokhús en der rekken se opsluten yn ien great cachot. De cipier waerd’ binaud en der moast hynstefolk komme en hâlde de wacht foar de poarte, oars lei hy syn affysje del, sei ’r en koene se der sels mei oanpiele.
Fen Ryklef Ripperda tael noch teiken, de groun like him wol opslokt to hawwen.
Fen Rhé krige hast in flauwte fen breinroerens.... op itselde stuit, det Lefèbre him fortelde, hja hiene him en ho maklik! moast ’r hjar noch wer ûntkomme. Poppéus lake syn domste gnyske, do-t hy it hearde en fortelde it mei kleuren en geuren thús en wreed sei hy derby, as se dy lânforrieder nou wer krigen, den scoe ’r gisele wirde krekt sa lang, det ’r it bistoar en syn flaue skylfiskeagen hjar loaitsen wykten net fen syn wiif ôf. Dy seach gledwei oer him hinne en gyng greatsk ta de keamer út.... mar yn hjar herte, o der stoar se noch tûzen deaden om dy man, om dy man, noch altyd dy en noait in oaren ien.
In wike ef hwet letter wie der wer in great feest to Ljouwert en wol op wykmerkdei yn ’e neiwinter, as it fé wer los komt de útteide fearten lâns, de hinneboeren de aeijen wer by ’t koerfol yn ’e sted bringe en de earste protters tsjotterje yn ’e platsnoeide, keale linebeammen.
De moarne ier en betiid bigoan it folk al to rinnen, guont forsûmmen der hjar affearen om en de bern krigene frij fen skoalle om der by wêze to kinnen. Haeije Trompetter en syn kornuten scoene ommers gisele wirde, nou der moast min by wêze, oars wist min ommers net, det min in stedtsjer wie en de ljue hingelen op ’e stoepbanken om en kleauwen yn ’e keale beammen en sieten op âlde mûrstikjes en poartsjes, om hjar dochs mar neat ûntgean to litten. In inkelden great minhear kuiere swierich troch it folk, de prûk fris puiere en de ebbenhouten gongelstok, de ivoren knop foarút, ûnder de earm. It folk groete fol ontsach en earbied.... heart min sa net to dwaen for de greaten, de útdielers fen ambten en forjowingen en ’e lytse baentsjes, hwer de greate foantsjes oan rinkelskelje? Dy-t de holle ’t earste bûgt, stekt him ek it earste wer op, nou? En de hunich yt it swietst, as min der net al to lang oer hoecht to garjen.
Der kaem de koets fen âlde minhear fen Rhé oanjeijen, hielendal yn ’t forguld, fjouwer hynsders derfoar en hok foarren! sokken seach min nearne! En de readsidene gerdyntsjes wiid foar de gleskes weistrutsen, det min seach d’ âld hear sels yn al syn gloarje sitten en neist him syn soan, monsieur Poppéus de Rhé, onforskillich en deftich yn ’t swart, in greate pelskraech fen astrakanfel om ’e hals mei in goudene sluting fêst ûnder it plodsige wite kin.
„Romte!!” raesden guont út it folk, slij nei in posje to gelegener tiid, „romte for boarger fen Rhé,” en hja stouden oan kant en hiene ien amerij hjar niget oan al dit moaijs en loerden skean nei de koetsier syn kleurich pakje en wedden om in duit sûkerslakken, ho faek de jaspânnen fen ’e hearsfeint efter op it plankje noch hinne en wer wippe scoene, eart ’r der by de Blokhúsbrêge ôfsprong.
Mar ien wie der ûnder it folk, dy hjar antlit bleau stiif en kâld en de mûle forweegde him net ta in groet ef glimke, as allinne, do de koets deun neist hjar wie, sa det de eagen fen Poppéus fen Rhé en hjarres inoar moeten, hearde ’r ynienen forheard, ho se him forflokte mei hjar djippe donkere altstim, in freeslike forflokking en noch freesliker dreigemint yn ’e eagen, det der gyng him suver in rille fen oer de lea en hy sloech syn mantel tichter om him hinne.
Hwa wie det wiif? Dy moaije gleone brune eagen, hwer hie hy dy earder markbiten? hwer earder dy skerpe tear sjoen twisken de swiere swarte eachsbrauwen, hwaens sierlik biloop hy selst yn dizze nuvere sitewaesje biwondere. Der efkes oer streakje, de fingers yn satanise lokking, om frouljueseare op ’e fjûrproef to stellen, al mar oan dizze foarholle en syn moaije bôgfinsters to aeijen yn ’t healtsjuster fen in stille opkeamer, ont einliks dy eagen hjar forsêftigen en stadich it dreigemint der yn forstoar, om rûmte to jaen for in gloeijende, oare loaits.... ho scoe ’t him noaskje....!
En stadich forheuvele ’r him hwet út de djipte wei fen ’e sidene kjessens en seach op nei det fromminsk.... twang yn ’e kâlde blaue eagen.... twang. De wylde freugde fen ’e jager om in nije bút polske him troch ’t bloed, jage him in flau read nei de bleke wangen. Eart de joun foel, woe ’r witte, hwa ’t dizze wrang-swiete hunichblom wie, dy sa ’n forflokking op him delsaeije doarst en o mieri sei! nou selst in lytse fûst nei him útstiek! Hy glimke fyntsjes, de koets ried fierder. Hy seach, de eagen nou heal ticht knypt oer it folk hinne, it plebs, det krûpend wjirmet op ’e groun, det min sparret ef dea trapet, al nei ’t yen haget en seach noch altyd yn syn forbylding dy lytse fûst der al mar swaeijen op it stevige standerke fen in mûtele roune brune earm.
De giselpeal hie ’r gled forgetten en hwet der sa daedlik barre scoe. Dy skild hat, moat mar ris mei bollesmoar linich slein wirde en krepeart der al ris ien, nou hwet scoe det den noch? Bargen genôch om ’e trôch, ien minder, den dije de oaren namsto better.
De Blokhúsbrêge kaem del, lei sljucht en de koets fen boarger fen Rhé rôlle der oer. De wachten stiene mei de gledde houwdegen út ’e ské, de cipier yn saun bochten yn ’e útdoar en efter him loerde de beul skean nei de hege hearen, hwaens bifélen hy aldertigenste goed hope op to folgjen, hwent hy wiste fen in pong en der tsjien goud-gounen yn for ekstra wirk, det de ljue hjir hjoed ris in goede ôflear krije scoene, hwent det opstean tsjin it bêste Frânske gesach op hokfor wize den ek, moast nou mar ris út wêze, hie boarger fen Rhé sei en der koe hy, Winnewink fen Haerlim sines ta dwaen. Derom hie ’r ek nije kneppels bisteld by de Balkster ikeskylders en dy fornagele mei fine, gemiene, skerpe tingeltsjes. Hy koe syn fak.... boarger fen Rhé scoe der eare mei ynlizze, det se him sa bitrouden.
Yn in moaije keamer, rjucht foar it Blokhúsplein oer, mar op sa ’n distânsje, det min koe wol alles sjen en dochs neat fen it geskreau ef gejammer hearre, der stiene de stoellen ré for fen Rhé en syn oanhang, de kofje en de swietekou en de nije lange pipen en der de geurigste, djûrste toeback by. Monsieur Lefèbre kaem en ek in stikmennich fen syn frjeonen, kwanskwiis, om de fortoaning ek to sjen, yn wierheit, om as ’t nedich wie, fen Rhé en dy to biskermjen tsjin it folk. De cipier hâldde ek syn folk ré, as ’t wêze moast, wie de flapbrêge yn in tel twa op en al hwa ’t binnen wie, wie feilich.
Stadich stapte der in kloftsje soldaten ta de poarte út, oer de brêge.... noch ien en noch ien. Isegrinich tochte fen Rhé, as der dy joune mar safolle west hiene, den hie dy oranjekraeijer nou al lang njúd west. Hy mocht dit nou dwaen út in soarte fen wraek.... it wie nou dochs einliks moster nei de mjiltiid, pluchsneijen as de skoech forsliten is en ta neat mear nut.... En hy knaste op ’e tosken om syn falikante birekken.
Wer plompten swiere stappen oer ’e brêge. Omsingele fen in mennichte fen swartkoppen waerden de finzenen nei ’t Blokhúsplein ta dreauwn, twa oan twa, de hânnen boun, it buis los om ’e neakene rêch hinne slingere, de koppen keal skeard en bleate foetten yn ’e kjeld. Brike Lubbert, dy stimper, koe hast net meikomme, hy krige sa nou en dan in lawibes fen ien fen ’e beulsfeinten.
It folk grommele. In great meager wiif smiet in hânfol bidoarne aeijen nei de soldaten. De djirre spatte hjar om de earen en guont minsken laken. Do-t brike Lubbert de giselpeal seach, bigoan ’r earmhertich to kriten en rôp om help.
It folk waerde stil en seach.... seach. Hwer bleau Haeije Trompetter?
Einliks, twisken wol hûndert man foetfolk yn, pipenuten by him, der kaem ’r oan, steil en rjucht, in ein kearel as Greate Pier, de kealskearde holle wytbloun fen ’e lytse oanwinnende hierstoppeltsjes, de tipnoas greatsk en eigenwiis yn ’e wyn, de wrede blauwe eagen ûnforwrikber op ien punt yn it folk, hwer ’r syn wiif wiste.... Hjar eagen moeten inoar.... en nou, nou! koe ’r alles drage! hy wiste him sterk, sterk yn it bisef fen hjar bywêzen, hjar meilijen, hjar ljeafde! En om him wiste ’r it folk, it laech, hwer hy út foartkaem wie en det it mei him hâlde scoe, stil en fûlbânnich, wist hast yn elts hert, det der nou kloppe op dit binaude pleintsje, ljeafde en trou oan Oranje, selst al sei hjar mûle út freez sims oars. Hy koe gjin freez, hy hildige de leare fen ’e klap, dy-t min birintsjende wei werom jowt: lear om lear, slachtstû my, ik slach dy dûbbeld wear....
En fen him scoene se net in kik hearre.... Hy bigriep it wûndere skoan, fen Rhé en syn oanhang en boppe al dy sloppe soan, sieten wol hwerearne, om hjar formaek mei him to hawwen, om him krimpen to sjen as in strûpte iel oan hjar foetten. Hja scoene bikaeid útkomme, der koene se op oan. Der wie in soarte fen forhoalene blydskip yn syn hert. Strakjes, oer in ûre twa trije, den wie dit leed lit, gyng ’r nei hûs, scoe ’r Dúfke sjen en ’e lytse jonge, al wer oanwoan yn dizze wykmennich. En dit wie him great, dit wie it hearlike, gjin priis scoe him to heech wêze for de frijheit fen Ripperda en yn him for Oranje.
As in kening stapte hy, de âlderlêste nei it rjuchtplak. De hânnen jûken him en trillen yn ’e swiere izeren boeijens, do-t hy it mei oansjen moast, ho se Gajus de Filder en Skilige Kokke tramtearren. Gosse Ketsje foel fen him sels en hja smieten him in pear ammerfollen wetter oer ’e neakene lea en rosten der wer op. Brike Lubbert earmoede sa alderdierberst om genede, det hy kaem mei fiif en tweintich stokslaggen frij, do krige ’r in skop en foel om by de treppen del, waerde op in bjusterbaerlike menear opfandele fen in pear kearels en foartbrocht nei hûs.
In stik ef seis soldaten, scoene him nou by ’t trepke opstompe. „Lit mar los, pjutten”, grânze ’r bidaerd, „ik gien wol”....
De beul skûrde him it buis fen ’e hals en boun him sa stevich oan ’e peal, der wie forwrikken noch forwégen mear oan. De feinten holpen him nei bihagen, tûk op in dúbbelstûr en in joun frij mei frij fortarring yn ’e Hopsek.
It folk seach det alles oan.... en swijde.... De wrok groeide.... Der waerde net lake en opswetst sa ’s by de measte giselings.... Hjir siet mear efter as in stellen skiep ef in kreauwerij ef in stikken rút.... Dit rekke it hert yn syn djipste roersels.... hjir waerd lit om in saek, in saek, dy tûzenen nei oan it herte gyng.... It gemoed rekke oerstjûr. Guont draeiden hjar om en gyngen skodholjende foart.... Net fier fen him ôf seach ’r doctor Falentijn stean en âlde minhear Ripperda. Hja nikten him ta. Dy hearlike âlde tiid! de Ripperda’s, de Scheltinga’s, nou alles foart! foart! en der foar yn ’t plak dizze bloedsûgers, dizze beulen!
De bollepyst hagele op ’e brede, sterke rêch en de fornagele stôk spile net swak by. Der bigoan bloed to siperjen, earst in drip ef hwet, do al mear en mear,
It waerde allegear bloed, in ôfgrys om oan to sjen, det sterke lichem, det him net forwarre koe tsjin dy wrede giselder, dy mûle stom, en ticht.
It folk swijde en litte mei. Hwer fen Rhé sa fjûr bang fen wie, biskripte ’r nou sels yn syn forbline haet tsjin de Ripperda’s, Haeije Trompetter him seach it folk as in martler for de goede saek, en hûnderten, oars lau en ûnforskillich, kearden nou om as in bled oan ’e beam en, bikenden kleur for hjarsels.
By kloften stouden de minsken nei hûs, drok pratende, det wierne de gefaerliksten net, mar de stillen, lyk as Wibe Lubberts en Foppe Lieûwes, foarenoan derby en Joege Innes fen Boerum en master Marten Joukes fen Driesum, der groeide de tins nei dieden yn, sterk en wyld en bidachtsume taei.
De lêste slach mei de stôk, de fiif en sauntichste, kletste op ’e bloeddrige rêch. De beulsfeinten seagen it triljende fleis, gniisden en sniene him los.
„Ho hat it foldien?” frege de beul spotsk en joech him in optuter, det hy trûzele fen ’e forheging ôf, plof twisken it folk.
„Wy prate wol ris wer, as dyn jonge op in joun net wer thús komt”, andere Haeije Trompetter oerstadich. De beul waerde sa wyt as in doek en moast him oan ’t hek fêsthâlde.
De bloedbiroanne eagen wiid op fen pine en razenheit, eage Haeije Trompetter stiif yn ’e fierte, hwer hy Dúfke stean seach, in lyts protsje gûd tsjin de stamme fen in âlde kastanjebeam, it antlit oer en oer biskriemd fen bittere meilijens triennen en in djippe tear as in heimsinnich dreigemint twisken de sêfte, alderljeaflikst teare bochten fen ’e eachsbrauwen, hiel donker yn ’t jonge fel.
Hja waerden hastich wei yn ’t gewoel en yn in hiel lyts keammerke rekke ’r op bêd. Der kaem fûl fleis by en matearje, koartsen teisteren it sterke tobûke lichem, slimme wounkoartsen en doctor Falentijn kaem en siet sims de heale nacht foar ’t bêd en forsoarge mei syn wiif it earme lichem en wosk de djippe wounen fen ’e rêch, der mar gjin rouwen op komme woene en net hjilje. En âlde Ripperda kaem en Falentijn en al de oaren, it steechje hie noch noait sa ’n staesje kend fen koetsen, dy suver rearende wei oan ’e mûrren lâns ride moasten en sims gyng ’t waerliken net iens sûnder kantroeren en hja brochten fen alles, hwet mar lekker wie en jild by hânfollen, det Dúfke hie ’t noch noait sa rûm hawn.
En einliks dage der in dei, do woan de sterke ynhâlden it fen de syktme. Haeije Trompetter klauwde by de wâl op, hy mocht wer in brogge mei spek en kibbe op ’t wiif. Det wie betterskip! en hja lake him ta, in loaits yn hjar brune eagen, hwer it him hjit fen oer ’e lea gyng as it simmerfjild fen in soele wyn en hja stiek in hiel lyts hantsje nei him út en lake noch lokjender, de toskjes krytwyt twisken de reade, soune, frouljuesweake lippen. En hy krige wer lust yn it libben en liet him fen ’t bêd ôfglide en stie midden yn it keammerke hjar op en del oan to sjen.
Laeitsjend fleach se nei him ta en wie net bang fen ’e earms en ’e hânnen, dy-t in hoefizer to brekken neat wie.
Simson syn hier woan wer oan en dizze reboelje rekke al gau yn ’e fegyljemounle, hwent min hearde fen oare, frjemdere dingen, it gerommel fen in slim swierwaer yn Frankryk en wûnderlike fiten fierôf ef tichteby en Haeije Trompetter hâldde him yn ’t earst oan sa kûsse stil det, min hearde him net iens op ’t fémerk ef by de snikken. It hier fen Simson wie noch to koart.... it moast earst wer groeije.... en den.... ja den.... Der wie mar ien, dy-t him sa goed koe, det hja wiste, hwet al dit bitsjutte en dy-t him ornaris stjûre koe as in laem, det wie syn lyts wyfke, syn pipenútsje en hja siddere, as hja der om tochte, hwa nou yntkoart syn wrake treffe en ho-t dy útfalle scoe. Hwent dit op him sitte litte, noait! En as se him ûnderstie oer ien en oar, den lake ’r, de brede geve tosken bleat en hâldde hjar pleagjend fen him ôf en sei, hiele lytse wyfkes mei sokke moaije eagen moasten net sokke domme dingen freegje oan greate manljue.
Nou wie hy den wer better, mar hy bleau sa stiif as in peal. Do moast Gajus de Filder, wiidforneamd om syn wriûwkinst, komme en dy kaem der deis trijeris oanhompeljen op syn knolfoet en knypte en striek en aeike him den sa gemiene goed, det Haeije Trompetter flokte him heas fen pine en tankberens. Mar it holp, it dûrre al net sa bare lang, as mei syn help en it biproefde middel fen âlde Betteke út it gasthús, hynstemoanjefet, griene oalje en brandewyn, fielde Haeije Trompetter him op ’t lêst wer sa linich as in baleinen swipe yn jongfeinte hânnen.
Do hiene se op in joune in wûndere ontmoeting. Hy siet hwet to pluchsnijen for de skoenmakker en pluze der in jounbrogge by op en it wiif siet der by to fesje forsetten for de jonge, do waerde de doar op dien en der stie me dy rike minhear Josua de Metz fen Amsterdam foar hjar noas. Hy koe him wol.... al sont jierren koft ’r it bêste fé fen ’t merk op en de minsken setten him allegear heech, hwent hy scoe nin earmen driûwer om in sint bikrinke en tingje him ’t hert út it liif en hy bitelle graech goed jild for goed gûd.
Hja rekken allebeide hwet fen ’e wize, hy en ’t wiif en stiene rjucht oerein de bisite oan to sjen. En waerliken, efter him oan kaem âlde minhear Ripperda ek noch en minhear Baerdt. Hy, Haeije Trompetter wie bang for nin divel noch donder, nou waerd it him dochs krappernôch en for ’t earst yn syn hiele trouwen seach ’r, ho lyts en earmoedich syn keammerke wie, ho sober it húsrie, ho rikkerich it skiûwdefjûr! Mar skjin! skjin! Gjin wiif yn hiele Ljouwert koe tsjin syn Dúfke út!
„Joun!” seine de hearen, de rike Josua de Metz it earste en alderdanigste frjeonlik en hy kaem op him ta en stiek de hân út. Nei him! nei him! nei Haeije Trompetter, trijeris gisele, earme forskoppeling yn in steechje! stiek in ryk minhear, stiek minhear Josua de Metz fen Amsterdam de hân út, in moaije skjinne wite lytse hân fol ringen en kostlikheit. En hy krige him foarsichtich yn syn forile knúst fol barsten en groeden, mar ek goed skjin, en hja fûsken. Mar hy waerde suver raer fen dit gefal, syn skonken trillen der him fen en hy seach skean nei ’t wiif om help. Frouljue binn’ redsum, hwer in man, stadich fen bigryp, net in mûzzegat fine kin, sjogge hja noch wol in skûrredoar iepen.
„Gien sitten, hearen!” sei se en det wie mar hânsum trije stoellen by ’t bedsket wei en om ’e hird hinne, hwer yn ’t moai opstoelle skiûwdefjûrrountsje de houtsjes knapten. En alsa sieten de hearen en hja ek, mar op in earbiedige distânsje en diene it swijen der ta en biskammen hjar djip yn it hert oer hjar needrigheit. O dit holderhúske! dy toskeinde reauwkes, dy âld tafel, hwer gjin drip farwe op siet! Mei hokker nidasserigge eagen seagen se it joun!
Minhear Josua de Metz naem in snufke út syn goudene snúfdoaze en mei in swierige bûging noege ’r de oare hearen ek to priûwen. Do brimde ’r ris en sette fen ein mei syn petear, wylt ’r frege: „Wer hielendal de âlde, Haeije? Ik hearde sa fen ien en oar....”
„Det scoe ’k sizze, minhear”, andere dy, bliid, det ’r de mûle opdwaen koe, hwent dy finnige lytse eachjes fen dy Amsterdammer, der hie hy it einliks mar neat op stean. Dy seagen him tróch en der wie wol ris in skûlherntsje yn syn hert, hwer hy ljeafst mar nimmen ta ’n yn loere litte woe. En hy strûpte de mouwe fen ’t baitsje op oer ’e earmtakke en minhear Josua de Metz seach de sterke earm en der skean oerhinne de reade groeden fen ’e wrede striemmen. De wounen wierne hiel, mar de groeden? dy scoene der noch jierren bliûwe! En hy tochte om ’e sterke rêch fen dizze reus en ho dy wol lykje scoe! En hy riboske ûnder syn waerme tichte mantel.
En minhear Josua de Metz knypte de lippen stiif op inoar en makke yn dizze amerij in birekken, in nuvere birekken, hwer selst minhear Ripperda en minhear Baerdt, âlde, bitûfte rekkenmasters fen wit hofolle saken en affysjes gjin flau bisef fen hiene.
„En ha jou al wer wirk? Nei ’t sin?”
De brede mûle fen ’e reus waerde noch greater fen in glimke. „’t Is by de runmounle en fjouwer goune wyks. En jouns noch learsnije, hiele lapen. De learloaijers leanje net al to ryklik. Den noch pluchsnije. En yntkoart wer de bisten.”
„Dos jy ha al wer bisten dreauwn?” en minhear Josua de Metz seach skerp. Wist ’r al, det in patty him de bisten ûnthâlden, omt se bang wierne for de Frânsken? Det ’r al twa kear op ’t merk west hie en gjin oanslach krije kind hie? Der loek him in flau biwyske read oer ’e meagere, biklonkene wangen.
„Noch net, minhear”, andere hy hwette mismoedich, „yn nije wike scil ’k it ris wer bisykje. Myn fêst plak wer ynnimme.”
„Hwer is det?”
„Op de hoeke fen ’t steechje, det nei de Nijested ta giet. As minhear ek ris hwet for my hat....”
„Det ha ’k”, sei minhear Josua de Metz der ynienen flotwei oerhinne, „en der komme wy hjir om. Wy Israëliten binn’ Oranje ek tagedien en wy ha heard, det jou it ek binne en ’t biwys levere ha. It biwys fen de dingen, Haeije.... der komt it op oan. Jou ha nou alle patriotten tsjin.... as ’t kin scoene se jou wol fen honger krepeare litte wolle, omt jou it for Oranje opnaem ha yn ’e persoan fen jonker Ripperda. En sjoch, der scille wy nou ris in stokje foar strike. Ik moat in nije preamfarder ha for myn bisten nei de sted fen Amsterdam ta. Der sit gâns jild ûnder, sims tûzenen en derom, ik moat in man ha, dy-t ik yn alle stik bitrouwe kin. En dizze hearen hjir neamden jou....
„Minhear!” rôp Haeije Trompetter en koe hast net mear stilsitte op ’e stoel. Mar Dúfke skodholle stoef en Haeije Trompetter siet wer as in laem, alhowol hy trille oer al syn lea, sa raer waerde ’r fenbinnen. Giseljen wie neat by dit.
„Hja neamden jou”, gyng minhear Josua de Metz troch mei syn praet, „en dy-t fen sokken in goed getúgenisss mei kriget, dy kin ik wol yn myn tsjinst nimme. De nije pream, in bêst iken-ien mei izeren bânnen bislein en in roefke for ’t gerief, is al ûnderweis hjir hinne en scil klear lizze yn ’e Snitser feart. En der farre jou op nei Amsterdam for myn rekken alle wiken. En der binne jou baes mei twa feinten ûnder jou. Dy kinne jou sels wol hiere. En for kosten is hjir noch fyftich goune.” En hy krige it pongkje út de bûs en telde it jild op ’e earmtlike tafel út. Dy hie noch noait it gerinkink heard fen tsjien goune, lit stean fen fyftich! fyftich!! In kaptael, in takomst, in jildwinning, in eigen húske, in douwehok, en simmers sims to fiskjen nei de mar ta, Dúfke en de jonge mei, in hearlike lange sinneskyn dei!
Hy wie sa forslein, det hy sei gjin wird en liet it jild stil op ’e tafel lizze. Hy seach fen Josua de Metz op Baerdt en den wer op Ripperda, it wie him allegear to great, om dit leauwe to kinnen. Jister noch yn ’e slimste druk en nou ynienen yn ’e folop! En hy fielde him as de skoaijer út it mearke, dy-t sliepende wei yn ien nacht kening waen is.
„Nei de Reade Sé fen binauwinge komt der altyd in Kanäan fen hearlikheit,” sei minhear Baerdt hiel plechtich mei syn swier lûd, hwer it lytse keammerke noch lytser fen waerde. „Krij mar oan, jonge en wêz bliid mei ’t wyfke. It lot is keard, Haeije.”
Do bigoan Haeije Trompetter einliks to praten, hiel stadich, krekt as moast ’r de wirden ien foar ien ta de kiel útwringe. „Minhear scil net bidroegen mei my útkomme.... ik bin der.... tige bliid ta.... ’t aldermeast for ús.... jonge.” En hy stiek de greate hân út en rearde yn ien taest al dy skoane gounen nei him ta. Do seagen syn wrede, earlike eagen yn ’e lichte en sochten it antlit fen ’e lytse âlde joad en der yn de snoade swarte giteagen, glinsterjend as kralen en de loaitsen fen dy eagen troffen inoar en elts for oar lies der yn, hwet ’r witte woe en ’e bifestiging fen inkelde oare dingen.
Seis dagen letter stie Haeije Trompetter yn ’t rountsje fen al syn getrouwen op ’t wykmerk. Hy hie him ’t hier knippe litten en fetsoenlik skeard, hy hie in nij buis oan, in lekkense pet op en prachtige nije klompen, gleon op glânze, mei greate bosken strie der yn, oan ’e foetten. Dúfke en ’e jonge stiene fen fjirrens mei in optein sin dit alles oan to sjen. Gol wonk ’r Brike Lubbert, Gajus de Filder, Gosse Ketsje en Kaeije Klapdermarop en hja fandelen it fé for him fen ’t merk, det minhear Josua de Metz dizz’ kear koft hie. En it wie gâns in poarsje.
En sels krige ’r de âldermoaijsten by ’t hoarntou, in pear fen dy alderkostlikste bistkes, suver siden fen fel en fyn fen kop as jifferkes en der in pear hoarnen op, as wierne se bislipe, der wie nou suver gjin wryt noch slyt oan! pronkjes wierne it! en hiel stadich kuiere ’r net troch ’t steechje nei de Nijested, né, hja gyngen ’t hiele merk lâns, de Wirdumer Dyk op en sa nei ’t Breed fen ’e Nijested ta. Alle âlde getrouwen der efteroan en alle Ljouwter bern en hounen fen fjirren. Der hat noch nea in kening sa yn top fen gloarje stien as Haeije Trompetter dy moarne.
En by de Waech, der lei de nije, greate pream klear, sines. Der stiene de feinten to wachtsjen, der hy baes oer wie, der stie minhear Josua de Metz op him to wachtsjen, nou syn breahear en hokfoar ien! En hja biseagen en bitûmken de kostlike bistjes noch ris en do hearde ’r as in moai mesyk it bossen fen hjar poaten oer ’e barte yn syn pream!
En foar ’t finster fen ’e soosjeteit, der stie âlde fen Rhé to smoken en ’t wykmerkfortier oan to sjen. Sûnder erch seach ’r sa nei it folk, nei it fé, nei dy greate kearel, dy-t boppe alles útstike. Haeije Trompetter, dy smycht! wie dy det? Op syn Sneins! suver yn ’t brat as in riken rintenier? En hwet moast dy der by dy pream fol bisten?
Hastich liet ’r de skel rinkelje yn ’e hân. Sibren, de jonge út it Wetterlân, al sont tiiden syn hantsjemoaisknecht en neisneuper fen alle ding, hwer greate jonges de noas mar ynstekke doare, kipe om ’e hoeke fen ’e doar. En dy al gau, wiis fornim der op út.
It wie Haeije Trompetter, ta eare en oansjen kleauwn. En fen Rhé, âlde bitûfte foks, bignúvde det spultsje fen fjirren. Ripperda kaem en fûske mei dy joad en Falentijn en Hopperus.... Do wist ’r genôch.... Haeije scoe de ôfgesant wirde twisken Ljouwert en Amsterdam fen dy oranjerazers. De brieven rekken wei.... nou founen se der dit op. Hy gnyske húnsk en forflokte lûd de dei, det hy dy dogeneat giselje litten hie. Det skreauwde wech en der wear. Min moast folle stilder wraek nimme kinne.
Hjir setten se him nou pyk mei. Scoe hy oan ’e koartste ein lúke moatte? scoe ’r?
Hy koe wol gûle fen spyt.—