IX.
Oan ’e âld Harstewei tichte by Iestrum en hielendal forside yn ’e beammen, stie in húske. Brekfallich wie ’t, de lûken hingen mar heal mear op ’e hekken en de measte rútsjes, nou der blies de wyn troch. It stie der sa forlitten en iensum, nimmen liet syn each der oer gean as op in joun in man, dy-t der stadich oantrêdzjen kaem, sims foarsichtich om him hinne seach en do mei ien sprong oer it sleatsje wie op it hiem en him tomûk nei de hússide joech, hwer in lytse útdoar yn ’t brike kosyn hinge. Hy fielde ris ûnder it tek en ja waerliken, de kaei wie ’r en sûnder in bult geskermesear krige ’r de doar op en gyng yn ’e hûs. Binne-yn like it hiel hwet better as bûte-om. De liemen flier fen ’e keamer wie skjin oanfage en mei wyt sân bistruid, der stiene in pear banken en in stikmennich stoellen en yn ’t foarmidden in greate trijepoatige klaptafel. It forwûnderlikste wie, op ’e hird barnde in lyts fjurke, nochlik glimkjend mei lytse biwyskes fen in lôge en derby stie in greate swartrikke tsjettel. De man hifke him ris en hinge him do oan ’t hael.
Do gyng ’r stil foar ’t fjûr sitten en wachte op ’e dingen, sa ’s hy wiste al op kommenswei. Mar al ringen bigoan him det wachtsjen to forfélen, hy diich de útdoar ris yn ’t kear en seach om him hinne, alle kanten út. Neat oars as bosken en beammen, hege diken en op ’e groun it toarre, noch wintereftige gêrs. Der flonkeren al in pear stjerren.... yn stúdzje wei kúrde hy der nei.
De stiltme bineare him suver hjir yn dit iensume hûs. De fûgels wierne al stil, in flearmûs tûmmele om twisken de beammen as in biwjukke tsjamme en nei de kant fen ’e mar skreauwde in reiddomp. In oaren ien trompettere der tsjin yn: Kom ris op, ast doarst. It wyfke scoe wol yn ’t onlân tahâlde, hiel yntkoart bigoan der wer ljeafdetiid en ljeafdestryd. Sels fielde ’r ek al de hearlike nije kreft fen it jier yn syn jong sterk lichem.... hy doarst ek wol, moed hie ’r, ja det sikersonk!
Der krêken in pear tokjes op de dyk en do ’r omseach, liet in âld man him stadich by de steile kant delglide, de hân oan in stevige hazzenúttetokke en wie mei ien sprongkje oer ’e dyksgoate en by him.
„Foppe-om!” sei de jongste bliid.
„Wiestû der al lang, Wibe?” frege dy.
„In skoftsje. ’t Is noch betiid, mar ik koe tomûk foartkomme efterút en do de âld Dyk del en oer ’t Heechsân en sa wer oer ’e lânnen hjir hinne. De wei om is net bitroud. Strúnders planteit en yn elts hûs Frânske ynkertiering.”
„Soksoartige útfenhûzers ha ik fjouwer,” forkleare Foppe-om. „Twa fen Eadske hjarres hie ik al en nou noch twa der by. It soppet rûm yn oarremans petyljen, tinke dy Frânsken grif, mar myn miellen wirde lyts, jonge. As ’t sa troch giet, rekket Foppe-om oan reapsein, den moat de stôk yn ’e hals, der is sa gjin fordidigjen mear oan. It libben wirdt stadichoan it Fryske folk ta ’t lichem útknypt.... O Wibe, det it sa komme moat mei ús, ús Stedhâlder, ús folk....!” en Foppe-om balle de âlde stramme fûsten.
„Stil,” sei Wibe Lubberts.... „hark!.... der is hwet!”
It waerde al skimerich, de moaije folle moanne kleau, in sulveren bal oan ’e loft, mar de jounglâns wie ek noch net alhielendal wei en as in skynsel seagen se út ’e fierte in great swart ding oankommen, noch swarter as de joun. It blykte in âld hynsder to wêzen en hy droech in steil en meager man en der waerde bliid fûske mei dizze nij-oankomling, master Marten Joukes fen Driesum. It hynsder waerd nei in hokje brocht efterhûs, der hea en hjouwer en wetter to finen wie, alles nei de eask en hja gyngen trijersum yn ’e hûs en diene de doar op ’e skoatel en de blinen alhiel ticht.
„Hearst net fluitsjen, Wibe?” sei Marten Joukes. Dy mei flugge stappen nei de doar en efkes letter roan de keamer ynienen fol. Der wierne me Schotmans fen Boerum, Bindert Japiks Cloosterman fen Bouwekleaster en syn soan Wytse, jonker fen Scheltinga fen Stynsgea, Rienk Reinders, de skoalmaster fen Optwizel en Romke Piters, great eigenerfde ek derre, Jan Binnes fen Aldwâld, Gjalt Botses fen Mûntsjessyl, Else Louwes Siccama, dy ’t efter de Collumer tsjerke wenne mei Eelke Meinderts, de wiidforneamde skriûwer fen Aagtsje Ysbrandts en forskate moaije dichten, biselskippe fen Boate Eskes. Op ’t âlderlêst kaem der noch in kearel oanstappen en dy naem ek de guit nei ’t húske ta. Sa ’n Collumersweachster tsiiskeapman like it wol, to sjen oan syn greate wite pûdden, dy-t him, ien foar ’t boarst en ien op ’e rêch bingelen. Hy swaeide der oer, krekt as hie ’r in stik yn ’e kraech, de hoed hinge him op ien ear en syn hiele antlit gyng hast skûl yn in lang swart bird. Sûnder mis ien, dy-t min ljeafst net moet op iensume wegen en as min him al moet, den ljeafst mar oan kant gean en slûpende wei foarby. De sutelder seach ris nei it húske, nei in âld wylgenmoes oan ’e sleatskant en der in einekoer yn, do wie ’r yn in omsjoch oer it haechje, by de hússide lâns, yn ’e hûs. Flap, de doar ticht en de beide skoatels der op.
„Jonker!” sei Wibe Lubberts sunich en allegearre fleagen se bliid oerein op him ta.
Ja, it wie jonker Ryklef Ripperda, de dea en finzenis ûntkaem, nou yn ’t foarmidden fen it boerefolk, like trouwe Oranjemannen as hy, de man fen hege steat. En nou hokken se mei inoar om ’e tafel to rieplachtsjen, ien op ’e útkyk foarhûs yn ’t tsjuster, as der ek onrie kaem. Mar hwa tocht der om, det hjir ea hwet útheefd wirde koe, hjir midden yn ’t forlitten lân, der gjin wei, gjin paed roan en simmers selst noait oaren kamen as bisteforweiders en ris in inkelde krûdesiker om wjirmkrûd en honnebeistal?
Hiel ienfâldich wei, sûnder ophef, sûnder gelekskoai, diich ’r it forhael fen syn bifinings yn ’e lêste wykmennich, in tiid, for altyd mei onútwiskbere markteikens griffele yn syn oantinken. De hollen foardel, harke it omsittend laech nei him, ho biwarren se elts wird yn hjar hert!
Hy siet ticht by ’t bedsket, der wie ’t it feilichst, as der al ris onrie kaem en ’t tichst by de útdoar nei ’t efterhûs, hwer de doar fen yn ’t kear stie, om de wyk spylje to kinnen it lân yn, it tsjustere, iensume nachtlân en in flauwe wjerskyn fen it fjûr skynde op syn moai drystmoedich antlit. De measte patty fen syn harkers wierne âlder as hy, allegearre goedwillich om mei gean to wollen en to stibelearjen, mar onmachtich om foaroanman wêze to kinnen. Wibe Lubberts scoe ’t licht noch al kind hawwe, as ’r mar mear leard en yn ’e wrâld forkeard hie. Mar syn skipke hie likemin as det fen Marten Joukes ea op ’e greate wieling fen ’e bûtewrâld omtoarke en dobbere, hjar wrâld syn grinzen wierne it Ljouwter fémerk en de Liike winters en oars dei yn, dei út it eigen boerehiem. Sa tocht Eelke Meinderts yn him sels, wylt hy om him hinne seach nei syn mannen en jonker Ryklef der middenmank, de jonge kening mids syn trouwe folk, mar ek.... de sterke stoarmer en syn folchsum ploechje. En de greate mennichte wirdt it bêste laedt fen immen, dy-t heger stiet. Gelikens jowt gelikens nea gesach.
De jonker swijde.... hy wie útpraet op dit stuit. Der foel in swiere stiltme. Nimmen sei in wird, min hearde allinne it knappen fen ’e houtsjes op ’t fjûr en it kofjewetter, det bigoan to razen yn ’e âld tsjettel.
„It wachtsjen is op jou, master,” sei Wibe Lubberts en stompte Marten Joukes efkes oan.
Master greatsk! sa útforkoaren to wêzen fen al dizze forstânnige mannen, eigenerfden de measten en floreenplichtingen allegear, hwer hy mei syn tractemint fen hûndert fjirtich goune jiers neat oars by wie as in earmlike penneforsnijer, raspe de kiel ris in kear twa trije en do sei ’r:
Frjeonen en Oranje-tagedienen! Alvorens wij deeze saek verders útspinne, mut it my fen ’t hert, ho-t de saken der voorstane yn de Wouden. Niet te best of wûndre goed, al naar ’t woord hewwe mag. Niet te best voor de blauwhozen, want om so te seggen staat de lonte aan ’t krúd toe. Der hoecht niet feul noadich te wesen, as wy hewwe in oproer fen wer bin je my”....
„Det kin mâldernôch wirde”, foel Foppe Lieûwes him yn ’e reden.
„Jou kinne my eerst prate late, Foppe-om en segge dan jou bifining”, fjurre Marten Joukes finnichjes fen him. „En as wy dat oproer den ris kregen en se deden allegaer so, Oostergo, Westergo en de Sevenwouden, den konnen wy ons dy skapetiken fen in Frânsen wel ris gau fen ’e húd ôf skudde. As ik noch dúzend gulden hadde for myn folk, alleenich for krúd en load, dan súdde it niet so ’n sware hys wirde. Hwet seit it omsittend laech.... om so te seggen de jonker fen dizze tiding?” en mei in soarte fen bûgingkje draeide hy him nei de jonker ta, wylt alle oaren der oandachtich by sietene en boe noch ba kikten.
Nou joun gyng ’t der hjir om.... de bislissing hiel yntkoart scoe ’t útwize, as Fryslân noch wer út de niten komme koe ef doemd wêze scoe ta ûndergong, in diel fen Frankryk wirde ûnder in hollânsk regear, in melke kou for in frjemd gesach. Det noait! det noait! Kin in wylgentien net bûge oan ’t brekken ta, sûnder dochs ea earne in brek to krijen, det him kniest yn ’t mark? Driûwt ’r der letter gjin soune, nije loaten wer by? lit ’r syn krúntokken net rûzje yn ’e wyn, maitiids syn pûskes net spegelje yn ’e sleat?
„Frjeonen!” sei jonker Ripperda en yn syn lûd klonk in soarte fen birêsting, mingd mei de greate earnst fen dizze amerij, hwent hy wist mar al to goed—histe ’r oan, den gyngen se him efternei, selst yn ’e dead, wie ’r to lau, den scoene se him licht for in skermman forslite, dy-t, ast der op oankaem, syn libben net jaen doarst en woe for de goede saek. „Frjeonen!” sei ’r noch ris wer en hja allegearre kearden him hjar stoefe, forware antlitten ta. „Hwet master Marten Joukes, in man fen gesach yn ’e Wâlden, ús nys krektsa fortelde, forbjustert noch forbaest my. It moast sa komme. It is de wet fen ’e macht, dy-t yn machtsmisbrûk ûntaerdet—fen it forset, det opkomt en to ’n langelêste dizze macht wer brekt, det hja to niete giet. Dizze tiid komt ienkear for Fryslân.... mar ik leau net, det hy der nou al is. Wy binn’ to minmachtich. Wy ha to krap jild. De Frânsken ha de ponge al tofolle plondere en ús Stêdhâlder is net sa ’n ryk man, om lykme allinne in leger útrisse to kinnen. Ingelân wol ús wol helpe, mar dy-t fen frjemd oannimt, rekket yn rare liendersskild. Fryslân sit oan ’e kop ta fol Frânsken en ûnder ús eigen folk skûlje selst noch forrieders, dy-t for in baentsje ef sa ’n hûndert goudgounen selst wol in frjeon de hakbile fiele litte wolle. Witt’ jimm’, ho-t it de frelle fen Dordt tot Medler forgien is, do-t se opstie? Fen fjirtsjin kûgels troffen is se stoarn en hwet hat hjar dead bidijd? Neat.—By hwet wy bigjinne, moatt’ wy ek om de ein tinke.—Bij wat gij doet, let op het einde,—seit de spreuk.
„Mar ast nou al sa fier ris kaem—it folk bigoan—. Ho scoe de jonker der den ûnderstean, as ’r hjir noch tahâlde?” sei foarsichtige Banjer stadichwei mei syn fluensk frouljueslûd.
„Is ’t for Oranje, den bin ’k op myn post”, sei Ripperda fol fjûr. It klonk as de reveille fen de tromslagger, de oprop for libben, sege ef dead. „Mar dizze saek leit der oars ta. Der binn’ noch gjin feiten, ik wit noch fen neat oars as fen feronderstellingen.”
„In tastân wizigt him sims yn in tel twa”, foel master yn. „Hwa is der mei my foar, om de kat de skel om to binen? ’t Der ris op oankomme to litten? It folk stiet klear, jonker. It wachtsjen is noch mar op it Ljouwter jild.”
„Der hoecht it net om oer to gean, it sit yn goede pongen yn myn pûdden”, sei Ripperda in bytke stoef. „Ik ha myn sin der oer sei, ek as man bikend mei kriichsbidriûw liket it my net goed ta, ien man tsjin seis ef saun oer to setten. Det is de forhâlding. En soks neam ik moardzjen. It lottet ornaris raer út, as min it gefaer net biächtet op hope fen in onwisse sege. Komme wy bikaeid út, den scill’ der offers falle, master, net sunich ek. It frânske gesach is in wrede hear.”
„As ’t der mei to heljen is, litt’ se my den mar as offer nimme”, spatte master op. „Lit se my mar giselje en brânmarke.”
„Hja scoene jou libben easkje kinne, master”, sei de jonker earnstich.
„Hark ris”, sei Gjalt Botses fen Mûntsjesyl, „lit ús nou earst ris jild sjen. Binnen is binnen.” En al moi gau rôllen de gouden en sulveren riderkes oer ’e tafel, waerden optaest op heapkes. Collumerlân, Achtkarspelen, Dantumadiel wiisde it briefke út, det ’r by lei. It foel hjar allegear hwet ôf, der lei mar in bytke, foaral de âlderen hiene hjar moed net. Foppe-om, de hiele joun al hwet mismoedich, suchte en Wibe Lubberts telde sa út ’e rûchte wei de rychjes. Der wie gjin iens twatûzen goune en wapens, krûd en lead piperdjûr.
„Ik hâld my oan de jonker”, sei ’r ynienen stadichwei mei in neidruk, hwer elts fen opharke. „Nou de saek sa stiet, bin ’k net sa dolkoppich, om ús folk mei yn ’e dead jeije to wollen”, en Foppe-om, Romke Piters en Else Louwes Siccama, en mear fen dy âlden, foelen him by. Mar der wierne ek oaren.... en do se it jild mar seagen, riisden der gouden bergen yn hjar oermoedich brein.
„De jonker hat in skalk each op ús plannen”, smeulde Jan Binnes fen Aldwâld, „omt hy hat it altyd to dwaen hawn mei hierde soldaten. Mar ús folk docht it net for jild ef for eare, det docht it for syn gelove en det is hjir ien mei Oranje! en Oranje sit ús hjir, jonker”, en hy sloech him by dizze wirden mei de flakke hân op ’t boarst en hy loerde skean ta de eachshoeken út nei de jonker. Nou scoe dy wol opspatte en tasizzings dwaen! As min sa ferge en nite wirdt, den ûnthjit min wol.
Mar Ripperda bleau bidaerd. Yn ’t Osnabrückske hie hy ek wol ris rare breaïters ûnder syn folkje hawn en it altyd klearspylje kind. Jan Binnes krige ’r ek wol stil.
„Frjeon Jan seit dingen, hwer wy allegear akkoard mei giene”, andere ’r droechwei. „Der hoege wy net op to anderjen. It liket my goed ta, wy scille der oer stimme strak ansens, as wy oer alle oare dingen útpraet binne”, en hy liet by it bytsje gleonte fen ljocht út ’e pyptsjettels Foppe Lieûwes, Boate Eskes en master Marten Joukes it briefke teikenje, det se it jild ûntfongen hiene. Sadwaende hokken de fjouwer foaroanmannen yn ien herntsje by inoar en flusterjende wei praettene se oer it nijs fen ’e lêste wykmennich en oer it aldernijste, hwet se in dei ef hwet lyn yn Ljouwert mei bywenne hiene.
„Hwet?!” rôp Ripperda moi lûd, „Haeije sa tramtearre? En der wie gjin biwys ommers, det hy krekt it wie, dy-t my lossnien hat. Is der hwet foarlêzen, Foppe.... Wibe? Siz op, jou ha jonge earen. Hat de gerjuchtichheit hjar bislach hawn?”
Hast onwillich wei sei Wibe Lubberts heallûd: „Der is in wirdmennich foarlêzen, jonker, do wonk dy âlde minhear fen Rhé....”
„Wie dy der?” Det koe ’r hast net leauwe.
„Hy siet foar ’t finster yn ’e keamer, tichte by de Blokhúsdoar mei monsieur Poppéus.... en al dy oare hearen. Dit wie in feest for hjar en Haeije hat in wan krige.... nou, as ’r it redt, den falt it my ta....”
Foppe-om skodholle. „Hja giselen him de rêch iepen”, suchte ’r. De grize gyng him noch oer de grouwe, as ’r it him tobinnen brochte.
„Hwet sei it folk der fen?” pinfiske Ripperda. It hert diich him sear om hjar, dy-t sa for him lit hiene.
„Hastû ek hwet heard, Wibe?”
„It folk wie stil, mûskestil. Wy hearden de Nijetoer spyljen.... twa ûre, sa stil wie ’t. Allinne....” Sa ’t like, bitocht ’r him wer en farde net foart mei praten.
Sêft trune de jonker him oan: „Ho fierder, Wibe? Jimm’ kinn’ bigripe, ho nei my dizze saek oan ’t hert giet. O myn earme frjeonen....!” en der blonken triennen yn syn eagen en rôllen oer syn wangen, mar hy biskamme ’r him net oer.
„Siz dû ’t mar Wibe”, joech Foppe-om him frij.
„Nou, do kaem me der in fromminsk midden út it folk weisetten.... in jongen ien en dy skodde de fûst tsjin de greate-ljue foar ’t finster en dy raesde ’t út: „Ik winskje dy smycht alle ellinden ta, dy der mar op ’e wrâld to finen binne! Lit dyn soan krolje fen pine as Haeije nou!” en hja bearde sa raer, det hja tochten, hja wie dûm waen”.
Ripperda syn earnstige eagen fregen, smeken om mear.
„Do kaem fluch minhear syn heit, ús âlde jonker Ripperda út it folk wei en dy lei hjar de hân op ’e earm. En do is se stil meigien. It alderslimste hat se net sjoen.”
„Mei Heit foartgien?”
„En do hat in wyfke út in gasthús hjar wetter brocht en lodderein krige se fen in forname dame út ien fen ’e huzen.... It diich bliken, it wie Dúfke, Haeije syn wiif.... En optlêst is se werom kaem en hat Haeije meinaem nei hûs.”
„Koe ’r noch gean?” frege Ripperda, dy-t to faken dizze toanielen meimakke hie yn ’t bûtelân, om net to witten, ho-t immen mei in britsene lea der oan ta wie.
„Kwalik”, suchte Foppe-om, goeman en seach de reus noch ris wer foar him, deawyt en stuiterich, krekt as miste ’r it bilul, om mear rjucht gean to kinnen.
It waerde oproerich yn Ryklef Ripperda syn hert. Forstân en gefoel bigoanen in stryd derre, hwer nimmen weet fen hie. O hie ’r nou tûzenen om him hinne en den nei Ljouwert gean to kinnen en der op to slaen! man tsjin man en skerp tsjin skerp; it lân skjinfeije fen it gespús en it âlde, ljeave, hillige gesach wer yn eare en oansjen! Koe ’r? Scoe ’r?
Scoe ’r as in goed chirurgyn it mes yn ’e swolm sette doarre, it lichem suverje litte? Mar ek de kâns wie der, de matearje kaem yn ’t bloed en de dea scoe den de ein wêze kinne. Sá wrakselen dy twa greatmachten der danich om yn syn harsens, dy beide sterke maten, oan inoar weage. Hokfoar scoe ’t winne?
Foppe Lieûwes en Wibe Lubberts sieten der nou mar stil by en bigoanen stadich hjar broggen to biplúzjen en dronken der in kûmke kofje by, rounbrocht fen Wytse Binderts, fluch jongfeint fen njuggentsjin jier en joun for ’t earst yn ’t rountsje fen ’e Oranjemannen bihelle.
—Ek al great—tocht Foppe Lieûwes, do-t hy him sa by de rige lâns gean seach, yn ’t healtsjuster fen ’t barnende fjûr en de sêft ta de keamer yn kypjende moanne in jong, linich skaed fol biweechlikheit en libbenskreft. Syn folk wie Oranje wakker tagedien en hy skaeide grif ek dy kant út, ien fen de seis jonge loaten op de âld stamme fen Bindert Japiks en Anty Wytses. Mear as alle ierdske goed sa ’n seine fen seis fikse, fleurige jonges en Foppe Lieûwes, âldfeint, suchte.... Hy hie neat ta freugde yn syn libben en treast yn syn âlderdom, it lot hie him net dy kant út ha wold.
Aldmannich dûkte ’r wei yn syn buffeltsjekraech en hinge roungear op syn bankje to iten. Hy fielde him âld en min optheden, al dy jonge minsken om him hinne, dy jonge plannen doarsten to meitsjen, oanfjurre fen it soune, trúnjende bloed. Scoe ’t him noch barre meije, der de blide útkomste fen to sjen, it waeijen fen ’e Oranjeflagge wer op de âld toer fen Eastemar. Scoe ’t? Ef scoe de klok him al earder bilet hawwe?
Schotmans smiet in pear houtsjes op ’t fjûr en in stik planke, ynienen wie de keamer fol gloed en it stûke petear bigoan him wer grânzjende wei to forheffen.
„Ast mei ’t wolnimmen fen de jonker is, súdde ik noch wel in woordmennich segge wille,” frege master Marten Joukes op syn heal-Dokkumers.
„Gien jou gong, master”, noade dy.
„So ’t jimm’ allemaal wel wete scille, he ’k it forpoft om it stamhús fen Oranje ôf te sweren en my to foegen na det frânske gesach. It sal my myn baentsje fen master en ook fen dorpsrechter wel koste. Mar ik he wel in paer duiten, om mysels bedrippe te kennen. Mar der benne ook anderen.—Is it de jonker te kennisse komen, ho min tegenwoordig it folk wapent tegen Oranje? As ’t dus aan ’t fechten toe komt, den mutte se skiete op hur eigen doarpsljue miskien, dy ’t it wel met Oranje houde. Yn de grietenijen om Dokkum hene he se der niet feul sin aan, se komme niet op. Earstens wille de luijden niet fechte en bilieven niet teugen eigen folk en se hoeve ook niet te tellen, hoveul jongkearels der yn in dorp benne....
„Om ’e divel net!” spatte der ien op. „Tinke se, det ús jonges foar ’t kenon set wirde scille om hjar?”
„Stil nou”, susse in oaren, „lit master prate”.
Master neamde nou tal fen nammen op, hwer it fen fêst stie, hja stieken de hoannen yn ’e wâl en steurden hjar net oan ’e oprop. „It giet net goed sa.... earst ús frijheit, do ús jild en nou lizze ús jonges oan ’e sintinzje”, hime hy, „mar nou mut de houwdegen mar ris op ’e slypstien en ’t krûd ris rûggelje yn ’e hoarntsjes.”
„Ha se det?” tantte de jonker him stadich mei neidruk.
„Mear as de jonker tinkt”, sei master, „en dit jild”.... en hy wiisde op de pûdtsjes.... „is ek gau omset yn hwet oars. Der hoecht neat by to kommen, as it wirdt ien great forset en den....”
„En den?” sei de jonker him nei, swiere neidruk op elts wird.
„Den scill’ wy sjen, hwa ’t gelyk kriget, jou twivel ef myn drystmoedichheit!” en de eagen fen Marten Joukes flikkeren by ’t ljocht fen ’e lôge fen hillige strydkreft, krekt as wie hy in krúsfarder en seach yn ’e fierte it leger fen ’e Saracenen al oankommen. Hy neamde himsels in mathematicus, tocht Ripperda sa foar him hinne, mar der doochde ’r noch net al to goed for, koelbloedich birekkens meitsje, plannen teikenje, om útwegen to finen út in bihyplike tastân, der wie hy to hjithollich en to rimpen ta, scoe ’r op ynfleane as de bolle yn ’e reek op, de dea tomjitte. Allinne de koel-forstânnige hearsket oer túzenen. En hy sels? Och, hy fielde him ek noch stoattelich en wankel, om nei de died taeste to doaren, al markbite ’r, det dy al folryp as in frucht yn ’t birik fen ’e taestfiem fen syn earm en hân hinge to lokjen.
„Lit ús stimme, frjeonen”, wynde hy him der út en liet sa oan it lot de bislissing, om útring to jaen om hwet der yn hjar binnenst woelde en wraemde. „Lit ús stimme, hwa ’t for in diedwirkelik forset is ef for in stilswijend. Elts meij bitinke, det hwet ’r nou biwirkstelligt, it kin him syn libben kostje, as it ta ’n útfier brocht wirdt ef ek.... der kin miskien in goed ein fen komme....”
„Dos de jonker is der noch tsjin?” hifke Foppe Lieûwes súntsjes.
„Ik bin der tsjin”, sei Ripperda lûd. „Ik acht de tiid noch net ryp for de died”. Hy gyng einliks tsjin syn eigen hert yn, hwent det trille en langhalze just om dy died to sjen, dy died, om wraek to nimmen om alles hwet der oan it Oranjefolk misdien wie dizze lêste tiiden.
Efkes wie it stil, min hearde it sêfte jounrûzjen fen ’e beammen om it hiemke en it doffe gestap fen ien fen ’e jonge maten op it sânpaedtsje, de skildwacht for onrie.
„Ik bin der foar”. It swiere lûd fen master Marten Joukes foel yn dy stiltme as in klok, dy-t bigjint to lieden.
„Ik ek! En ikke!! Schotmans is der foar! Jan Binnes fen Aldwâld! Tsjibbele fen ’e Wygeast! Bindert Japiks der foar! Eelke Meinderts der fûl op tsjin—Gjalt Botses der foar!” It waerde in lawaei fen bilang, elts skreauwde en bearde en rôp.
„Stiltme!” rôp Ripperda der twisken. „Ik scil de nammen opteikenje en foarlêze en elts ropt den „foar” ef „tsjin”. En hy skreau stadich de nammen op by it flikkerjen fen in eintsje kjers op in flesse en rôp den de nammen ôf. It hagele fen der foar, it hagele op syn moed as heilstiennen yn Maeije op ’e jonge bloei fen it jier. Toalve der foar en mar fiif der tsjin, derûnder hysels, Foppe Lieûwes, Wibe Lubberts, Eelke Meinderts en Boate Eskes. De saek wie forlern.... it folk winske iepentlyk forset.
„Wit hwet jimm’ dogge”, warskôge ’r yetteris. „It kin in stryd wirde op libben ef dead. Ik siz it noch ris: wy binn’ to minmachtich”.
„Ast slim komt, stiet de jonker ús den by?” ûnderstie Schotmans him.
„Ja, ho scoe ’t den wêze kinne”, hifke foarsichtige Banjer, „as ’t sa wêze koe, det wy de jonker syn help fennoaden hiene, sjoch.... den moatte wy dochs witte, hwer wy de jonker fine kinne yn dizze contreinen”, liet hy der tokjende wei op folgje, it iene fen syn plúrjende eagen net fen ’e jonker ôf en in fyn gnyske.... o sa ’n finen ien, om de holle mûle.
„Det ’s ommers....” bigoan Marten Joukes, mar fen in freeslike slach op ’e tafel, hwer de kjers fen omfoel en de flesse fen op ’e groun keile, skrilde ’r sa, det hy hâldde him stil en bisefte do earst, hokfoar flater hy wol net bigean scild hie.
„Hwer ik bin, Banjer, is net nedich, det jou witte”, sei Ripperda heech. „It is net iens nedich det mear as ien it wit, mar hjir witte twa it, master en Wibe Lubberts. Det binn’ gjin forrieders. Ik set se allebeide heech. En jou Banjer, ik scil lêst jaen, jou gongen nei to gean. Towille fen mysels acht ik it nedich, jy bliûwe hjir mei twa oaren en scill’ net earder foartgaen kinne as trije ûre letter as ik.”
Hy gyng oerein en socht de wiide tsiisdragerskyl wer op en ’e âlde breedskade hoed. Hy fielde it, syn posysje stie wrantelich optheden, gjinien fen ’e foarmannen foel him by, allegear hisen se him oan op it doel, det hy skou wie, nammentlyk forset, iepentlyk forset fen man tsjin man en det easke earst in fynútwirke plan en in goed tal oersten, birekkene for hjar wirk, fierder, o slim kânsspel! rûch jild by de rûs en de stipe fen ’e Ingelskman, om wapens to krijen, slûkjende wei by Nije Silen en to Harns en de stille havens fen ’e Sudersé.
En hwet woe dit hantsjefol den noch? Der op ’e dolle roes ynfleane as de wylster yn ’t net? syn eigen ûnk fen finzenis tomjitte? Hy wie steurd, det syn wirden sa min oerwicht hiene, om hjar ta oar ynsicht to bringen en hwette stoef joech hy him ôf, biselskippe fen Wibe Lubberts, dy-t hy yn alles syn bitrou joech.
It wie nou nacht. Yn ’e fierte by in hûs op ’e Iesten blafte in houn, oars wie it stil. Ek gjin forweech fen wyn mear yn ’e keale beammen, dy hjar tokken fol fyn gerank dochs al wer de teare skiente fen ’e poarjende bledknop droegen. Der sweefde ek al in frjemde, fine geur fen hwet nijs oer it gea. Tynde dy heimsinnich út ’e âlde poel yn ’t skaed fen ’e wylgenmoezen, hwer it glimhout yn glinstere? Kaem it fen ’e winterfrucht, tear sykheljende mei tûzenen fen gêrslongkjes yn ’e reine foarmaitiidsloft?....
Dy loft stie sa blau en stil boppe de ierde en de stjerren fonkelen der oan, heldere kleare himeleagen, noait fen ierdske tins ef dream bismodzke. Ryklef Ripperda seach der nei.... nei dy moaije kleare himel fen syn Fryslân. Syn eagen dwaelden ôf nei it heldere paed fen ’e Môlkwei.... Der ynienen foel in stjer.... noch ien.... en noch ien.... In rein fen frjemde hearlikheden.... En stil foar him sels hinne sei ’r syn winsk folgens it âlde sechje.
Hjir kruste de Harstewei in foetpaed.... en der wie de brede hearrewei fen Ljouwert op Grins. Nou gyng ’t it Wyldpaed op.... it wylde paed, ja wol det. Gjin hûs to sjen, ûren fier net, heide! heide! en boskstruwellen, spûkeftich fen foarm, elzenbosken, den wer hege sânbulten, bigroeid mei ikenkreil ef keal en aeklike wyt yn ljochtmoanne waer. Sims in greate poel, it djippe swarte wetter as in droef geheim weikrûpt yn in slinke. It wie in min paed, dizze âld sânwei, mar it wie ek in feilich paed.
Tichte by Hanenboarch gyngen se by inoar wei, Wibe Lubberts de Wedze del nei hûs en Ripperda joech him nei ’t âlde Fogelsanghstate ta by ’t Feankleaster, hwer in keammerke him wachte yn ’t ôfgelegenste hoekje fen ’t greate slot. Sa stil as ’r koe, slûpte ’r yn ’e hûs en by de âld trap op nei de souder. Hjir húsmanne ’r nou al sont wiken, sont syn twadde flucht út Ljouwert ûnder it gastfrije dak fen ’e fen Heemstra’s, like greate Oranjefrjeonen as hysels. Hjir wie rêst en feilichheit. Mar for ho lang noch? Hy hie dy Banjer trochsjoen.... dy wikel ûnder de mosken. As ’r koe, scoe hy se allegearre wol forriede wolle en gnize, as se oan ’e galge bingelen.
’t Slimste eigentlyk, hwer de skoech knypte, wie de jildkrapte. Jild joech hjir ek al wer macht en as ’r planteit wapens wie en sok spul, wie alles folle better to weagjen. Hy siet der noch in set oer to mimerjen en kaem optlêst ta ’t bislút, Porter noch ienkear wer to skriûwen om jild, Archibald Porter, de earsume Ingelskman, dy in traensiederij hie yn ’e sted fen Harns en in goed en needrich boarger wie fen dizze âld sted, mar yn wierheit.... o ho inkelden wisten det mar! in ôfgesant fen it machtige Ingelân en in great frjeon fen ’e Stedhâlder, hwer ’r wol for troch ’t fjûr fleane woe.
Hy ouwele it brief soarchsum en segele him yn ’e midden mei it wapen fen ’e Ripperda’s.
De dage gyng oer ’e loft, de dage foar in moaije sinneskyn iere-maitiidsdei en syn hân trille, do-t hy dit syn brief oerjoech oan in feint, dy-t him nei Ljouwert bringe scoe en kaem ’r al yn need, him opbarne oan ’e gleone pipe en ’t boadskip wol mei de mûle oerbringe oan heit, dy ’t wol soarge for de fierdere reis.
Noch gjin wike letter kaem it andert bihâlden oer. It wie mar in wirdmennich, mar genôch. Archibald Porter skreau koartwei.... de greate letters gniisden him suver út der op it wite pompier: It wie al ienkear sei, nóch Ingelân nóch de Stedhâlder sels koe mear jild biskikber stelle. It hie allegear al skatten koste en ’t bidijde neat. Alhiel forlegen litte scoene hja hjar dochs ek net en derom waerden der dizzer dagen noch in pear skippen fol wapens stjûrd nei Collumer Ald Syl en lei der by minhear Ripperda noch in pong fol goud.
De brief wie sadanich, det hja waerden net foargoed ôfkonfoaid en doch wie ’t Ripperda, as ’r op in moaije greate barnende kjers ynienen in swiere domper set waerde. It ljocht snokte noch efkes nei yn in hael ef hwet.... nou waerde de wrâld ynienen tsjuster.
Ja wol det.... ek syn wrâld. En singulier!.... nou, nou krekt! nou ’t alles him by de hânnen om ’t ôfbriek, bigoan eat yn him út alle macht in forwar, sa heftich, det it him meisleepte yn fûle foasje selst tsjin better witten yn. Hwerom scoe ’r dochs ek net dy stryd oanbine? jong, hjithollich, doldryst frege hy it: hwerom einliks net? Hwet wie ’r mear by to forliezen? It libben? Syn felle hearlike soune jeugd kende ’r noch net de waerdij oan ta, dy-t it hawwe scoe, as ienris de fyftich efter de rêch wie en stadichoan de deadswetters tichter op him oan bigoanen to streamen en sa nou en den ramende al ien fen syn kinden meinamen. De libbenstsjilk stie noch sa fol fen alle hearlikheden preauklear to pronkjen en hokker feest is der greater for it hert, as den stride to kinnen for in ideäel, bilichame yn hokfoar foarm den ek. En hjir hie ’t de foarm oannaem fen hwet wol elts it hillichst is op ierde, it gelove, it heitelân en it âlde, ljeave Oranjehûs, for him en al syn foarsaten troch ieuwenlange tradysje biknotte yn in fêste bân.
Al taende de gloarje, al wie de opperhear nou ek in banling yn in fier lân, dit bleau sa, krekt sa lang oan syn deasnok ta. En hwet nóch it húnsk gepraet fen Jan Binnes, nóch it petear mei master biwirkstelligje kind hiene det diene nou dizze lêste onforskillige wirdmennich fen Porter. Hjar lauwens makke him hjit. Hja trunen him oan ta de died.
Sá skouwde it lot him al njonkenlytsen foarinoan op it skaekboerd, om it spul to spyljen, de iensume helt yn it greate, frjemde lân, de lytsmoedige skare fen fjirrens efter him oan, bang en dryst fen beiden.
En swak yn al syn kreft, knibbele ’r dy joune yn in hoekje fen syn keammerke del en frege om stipe, om sterke stipe en great forstân, om dizze saek ta in goed ein bringe to kinnen. It wie in stryd for de goede saek en it wettich gesach, mar wie de tiid fen druk al foarby? Mocht it lân nou al hoopje op in bliide útkomste, op in jubeljier nei de dagen fen Job? Och, hy wiste it net. Hwet wit in minske? Net iens, as ’r de dei fen moarn it ljocht wer sjen scil en ho folleste minder, hwet syn foarlân wêze scil yn takommende dagen. Derom net, hy wie biredt.—
In joune ef hwet letter hast neare nacht al, it aeklik gespûk fen greate mistfluesen oer ’e greiden en twisken de keale beamtokken, in onrêstige wyn syn gegûl út it Westen, dy-t hy lokkich yn ’e rêch hie, sette hy de stap der ûnder nei Jan Binnes ta to Aldwâld, him oanwiisd as immen, dy-t tige gesach hie yn dizze contrein, en miskien hwette ûnfoech en rûch yn dwaen en litten, dochs in earlike en rjuchtúte kearel. Hy wie lyts boer en genierker derre en bidijde in sober stikje brea op syn lyts steedtsje. Ienris hie hy him moet by heites to Ljouwert op in forgearringe fen stedtsjers en gealjue en nou langlêsten yn ’t húske by de Harstewei. Syn antlit stie him noch altyd foar de geest as hiel appart to wêzen: greate, donkere eagen, hwer min in frjemd fjúr fen drystens, moed en ek ûnforsetlikens yn barnen seach, in smelrêgige noas mei fine biweeglike noasters en derûnder de fynlippige mûle, fêstbiret ticht, in smelle reade skreef yn ’e bislettenheit fen ’e blekens fen it frjemdsoartige antlit, troch it fjouwerkantige kin en syn breed trutsen dobke deryn hast wreed. Dizze man socht ’r op, dizze man, fielde ’r, scoe min goed dwaen to rieplachtsjen, bikend as ’r wie mei gea en ljue fen bern ôf oan.
Hy trof him thús, foar ’t fjûr, drok dwaende mei ien fen ’e lytse bern op ’e knibbel, om douwebeantsjes poffe to litten op in âld têst. In heftige, gleone loaits fen syn eagen trof de gast, de frjemde en dochs om syn war dwaen for ien en diselde saek ek al wer de bikende.
„Joun jimm’”, sei ’r mei syn foars lûd en dûkte him yn ’e doar fen ’e sobere wâldtsjerswente.
.... „Joun.... werom, jonker”, andere Jan Binnes stadich en liet it jongkje fen syn knibbel glide. „Gien sitten”, en hy skouwde in foech bankje by ’t fjûr en lei der in kjessen op, alles net onwillich wei en dochs ek net botte oansjitsk. Eat as ienfâldige greatskens spriek út syn hiele dwaen en litten, wie der om syn hiele persoan.
Mei in wirdmennich bisocht Ripperda, om oan ’e slach to kommen, mar it woe net bûtterje. It petear forsânne fen it doel ôf yn nietichheden, hy woun der him út en flustere einliks: „Der is tofolle kriel om ’e tafel en efter de bedsdoarren, wy giene noch efkes yn ’t bûthús to ôffûrjen.”
En hja joegen hjar ôf nei ’t bûthús en biseagen it fé, it ryk bisit fen him, lyts frij man en bisteande út twa bistjes, ien skiep, ien geit en in spallinkje op ’t hok. Mei ho ’n ljeafde liet ’r der syn eagen oer gean! Der sieten se nou by de tútlampe syn walmige reskepiid en bikoezzemoezzen in bulte, ho-t der de lêste nachten skippen fol wapens lost wierne by Collumer Ald-Syl en by ’t wyt brechje yn ’e Ald Swemmer, ho hy, Jan Binnes de hiele souder folloeid hie en by Joege Innes to Boerum, Wibe Lubberts to Twizel en Bindert Japiks Cloosterman yn ’t Bouwekleaster fen ’t selde en hy liet in list sjen fen mannen, dy-t yn gefal fen need op it earste klippen fen ’e klokken komme scoene en de wapens opnimme for Oranje.
Ripperda bisoude! Der stiene se fen East en West, Súd en Noard! Lyklama fen Aldeboarn! De Kempenaer fen ’e Limmer! syn frjeon Rengers fen Ysbrechtum, fen Hambroek fen Ljouwert en al mar mear, mar mear!! Fornamen en nederigen, mar allegear Friezen, dy-t it opnamen for it fordrukte heitelân!
Ho skoarren se him optheden, sûnder it sels to witten en as yn ljeafde aeide syn hân oer it knûkerige fodsje pompier.
„De lonte leit oan it krûd ta.... deun der oan,” sei Jan Binnes stadich, syn gleone eagen fêst en lyk yn Ripperda sines, krekt as hâldden dy loaitsen de siele fêst yn sêfte twang troch in heimsinnige oermacht, „it is mar mear ien spjeldeknopsbreedte en den....”
„Ja, den....” suchte Ripperda.
Efkes bleau it stil. „It is altyd on ef even. Licht lûke wy oan ’e koartste ein. De tiid scil útwizing dwaen. Us saek stiet faei, derom is weagjen de wei. ’t Izer smeije, ast hjit is. En det is ’t optheden. Oan ’t kroljen ta as ’t ein izer yn ’e smid syn hân. En bûgt ’r it den net nei syn wil?”
„Jou ha moed”, miende Ripperda, „mear as ik.”
„Hark ris,” andere Jan Binnes en prate mei oandrang. „Ik ha moed, det ’s wier. Mar det is net in moed út myselme. Ynwindich trillet myn herte fen eangstme en freze om hwet komme kin as ús alles mislearret. Licht den it Blokhús ef de galge. En as ’k sa tink, den wird ik bang.... En as ’k der den wer yn kom, for hwa it giet.... sjoch jonker, den doar ik, ja den nim ik it op tsjin tûzenen, tsjientûzenen as ’t moat.... hwent ik stien yn it fêst bitrou, ik doch it for in goede saek. En al lang ha ’k my mei hert en siel oerjown oan dy macht, dy sterker is as iksels.... ja, der jow ik my oan oer.... sa alhiel as in lyts bern oan syn sterke heit.... Ik kin net oars....”
In hiel skoft bleau it stil. Swijende holpen se inoar troch hjar tinsen en ienriedigens. Mocht Jan Binnes den al in fanaticus wêze, hwet syn dieden noch útwize moasten, howol syn wirden der wol op wiisden, hy hie de kreft en de moed ta de stryd en kaem dy ienkear, den scoe hy mei foarenoan yn ’t gelid stean en syn plak skjinmeitsje, like it Ripperda ta.
Ho wûnderlik wie ’t altyd yn ’e wrâld! Hwerom wie dizze net berne yn in hege steat en him gjin macht jown oer tûzenen, det him grif goed ôfgean scoe? Hwerom siet hy hjir yn in lyts holderhúske en molk syn kij en bouwde hiel njúd syn fruchten en biskripte it brea for wiif en bern, wylt de hiele wrâld soksoartigen, doarders! dwaenders! en oermacht oer oaren habbenden brek wie? dy hiele wrâld, dy-t optheden op ’e kop stie?
Sa mimere hy der yn it stille bûthús by de wjerkauwjende kij en ja wol wûnderlik! wierne dizze syn tinsen.
Yn ’e neinacht gyng ’r wer foart, biselskippe fen Jan Binnes, de Mûntsjewei by de Mûntsjebosk lâns, mei syn achthûndert ikene beammen, nei ’t Jan Binnes him fortelde, in prachtich forskûl for immen, dy-t miskien yntkoart ris fluchte moast, mar nou yn ’e tsjustere nacht in reuseftige klobbe fen noch tsjusterder swart tsjin de loft, hwer moanne noch stjer mear oan to bikennen wie. Net lang mear scoe hjir syn honk wêze kinne, Jan Binnes achte it to noedlik en hja founen út, by Bindert Japiks Cloosterman yn ’t Bouwekleaster by Stynsgea, it haeddoarp fen ’e gritenij, scoe ’t better wêze, mear yn ’e flank, as de greate slach slein waerd. Hjir leine de greate heiden efterút en bosken fol wyld, rûch beamt, hwer min feilich yn fluchte koe, as ’t ris knypte. Hwent de tsjoede kâns is ek in kâns en net ien, dy-t wei to siferjen is.
En sa forfarde Ripperda den in dei ef hwet letter geandefoet fen Feankleaster nei Bouwekleaster, bleau to jounbroggeïten dy deis by Wibe Lubberts en gyng dy joune mei him skeanoer de lânnen op it oerset by Mûntsjetille yn en sa nei syn nij thús. Hwet wie it him der eigen! De hege geast, al bisjiddde mei in nije frucht, de âlde beammen, de sterke earms rikkende nei it goudene jounljocht, Wolmoet hjar wite douwkes, hjir en der delsaeijende út it hege blau, fen froast noch helderder as oars en hiel heimsinnich op it tsjerkhôf it klokhús, nou heal weikrûpend yn ’t oanwinnende tsjuster.
En as in bern fen ’t hûs waerde ’r der ûntfongen by Bindert Japiks en syn wiif Anty Wytses. Hy moast yn ’e briedstoel yn ’e hirdsherne en ’t nije goezzeplûmmene bêd yn ’t binhús, der kaem in têst mei fjûr ûnder en twa hjitte krûkjes der yn en in nij hynstetek foar ’t sydfinster om ’e sigen, det hy foel der yn as yn side. Suver as in skipper, dy-t mei syn skip binnefalt yn in feilige haven nei de stoarm!
Syn útfenhûzjen scoe der oars wol net sa lang dûrje, hie Bindert Japiks fol neidruk profetearre en dochs.... sims winske hy wol, elts minske hat ommers syn swakke riten! det it noch in deimennich, in wykmennich dûrje mocht! Hy fielde him oansterkjen nei lichem en siele yn dizze rêst fen it iensume boerehûs by minsken, dy him tagedien wierne en mei him to stek stiene, him heech setten, al seine se it net yn tal fen moaije wirden. Hjir yn ’e hiele omkrite hâldden se it mei Oranje, lyk as hy, hjir gyngen se ek noch net mei de stream, dy los fen Bibel en wet, neat oars preke as lichamelik geniet, tajaen oan alle lust fen it sounige fleis, hwent der is dochs gjin forjilding, straf ef lean, gjin himel ef hel! Libje as in dier en mar as in dea dier yn ’e groun!
In skare fen njuggen, sieten se jouns om ’e tafel, de boer, de frou en de seis jonges en hy allinne as frjemde der by. It miel wie ienfâldich, mar hja mochten it skoan en as heit it tankgebet sei hie, gyngen de jonges der út to ôffûrjen ef op bêd. Guont wierne al jong-great, guont gyngen noch op skoalle, twa hiene al as heit de kant keazen fen Oranje en Ripperda hie hjar nammen lêzen: Wytse Binderts Cloosterman en Ritske Binderts Cloosterman.
It jonge geslacht, fen hwaens dwaen en litten, fen hwaens tinsen en dieden it ôfhingje scoe, ho-t de wrâld der oer in fiif en tweintich jier foarstean scoe.... it jonge geslacht, by tractaet fen de 17e fen Maeijemoanne 1795 ek foarbistemd, om Frankryk by to stean yn syn oarloggen! Koe ’t fornéderjender det forboun syn foarwaerden: net allinne hûndert millioen goune brânskatting! Venlo en Staets Flaenderen kwyt en 25.000 soldaten op kost en klean, mar dit wol it aldertergjenste, it mes op ’e kiel, om twong to wirden dit Frankryk, dizze Moloch ek noch it alderdierberste bisit, it lân syn jeugd to offerjen?
Derfendenne nou tsjinwirdich de wapentelling, it opskriûwen fen ’e nammen fen alle warbere jongkearels. Hwer it hinne moast, hy wist it net. En as ’r den dizze seis fleurige jonges om ’e tafel sitten seach, krige hy der bikrûping oer. Hwer waerden se for greatmakke? Hokker dis scoe ienkear hjarres wirde? Op hokker pôle hjar libben de bifestiging en hiemfestens fine? Ef scoene se allinne great en feardich wirde moatte om as slachtoffer falle to kinnen fen in oarloch? Dit geslacht makke de woelings fen in tiid mei, hwer hy troch syn jierren al hast bûten stie. Scoe ’t in geest fen forset kweke ef slappens en meigeanders mei it nije, de frjemde tsjoen fen it heimsinnige út ’e frjemdte hjar yn ’e maling nimme en swak meitsje? En hy seach fen ’e iene op ’e oare en den wie der altyd ien ûnder, hwer hy it measte mei op hie. En det wie Wytse Binderts, de âldste soan.
De dagen forgyngen sa stil en moai as sêfte wolkens oan in kleare einder en dochs...?
Hwet hie Jan Binnes sei?
„Der is mar mear ien spjeldeknopsbreedte, sa ticht leit de lonte oan ’t krûd....”
En den...?