WeRead Powered by ReaderPub
It Jubeljier cover

It Jubeljier

Chapter 15: XI.
Open in WeRead

About This Book

The narrative centers on a small town as it readies for a summer celebration, opening with a man waiting on the quay while coaches, merchants, and neighbors convene. Detailed descriptions of weather, landscape, and everyday sounds establish a vivid local atmosphere. A gallery of townspeople and visitors is sketched through gestures and domestic moments that disclose social hierarchies, private worries, and small pleasures. Episodes shift between public pageantry and intimate interiors, showing how communal rituals both heighten tensions and reinforce ties. The prose uses regional color and careful observation to compose a textured, sympathetic portrait of communal life and its rhythms.

XI.

Twa dagen hie ’t oan ien stik wei reind, det it spielde, nou kleare tsjin de joun de loft noch op in ’t Westen.... hiel djip oan ’e fiere einder, oer onbikende doarpkes hinne, oer feale, wasemjende greiden, oer in beambosk, stiif en swart tsjin ’e skitterjende, goudkleurige eftergroun fen sinnejoun. Der foelen noch in pear neikommende reindrippen, in snjitsje waeide stouwerich oer ’t fjild, do wie it foargoed droech.

In lytse fiere wyn forhefte him.... oer ’e Presterkamp hinne kaem ’r en de wolkens slierken nou de loft lâns yn lange, wylde jachten, tsjustere geesten, krimp jaend, nou ’t suver ljocht en wrâlds frisse amme oan ’e winnende hân binne.

Hjir en der spjalte de loft al, lake it blau tear en rein. Der kaem ynienen hwet simmereftigs oer ’t gea.... wie ’t fen ’e wyn, de kâlde wiete groun aeikjend mei maitiidssoelens, s’as in lytse waerme hân ’t in forware kâld antlit dwaen kin? Wie ’t fen ’e wite wyfkes, klûmsk op in tropke yn ’e lijte fen ’e sleatswâl, dy-t de iene nei d’oare de reindrippen fen ’e kopkes skodden en nou yn ’t felle read fen ’e joun namsto witer liken? Wie ’t fen in treurwylch, hwaens gouden bloiselfranje djip yn it swarte sleatswetter delhinge? Wie ’t fen in flecht protters, dy-t hjar deljoegen op syn giele tokken en nou sêft in jounliet kwélen.... in giele tokke fol glânzige swarte fûgels tsjin ’t heldere blau? De heimsinnige tsjoen fen ’e maitiid wie oeral, dizze stille joun yn it frjemde wikende ljocht, hwaens opaelkleur selst al tsjoenskimer wie.

Mar och! it wie noch mar Selle, de 18e fen Febrewaris skreau min en ho ’n reinruters scoene de loft noch lâns jeije moatte, eart de sinne ris in skoft oanien yn keninklike pracht it biwâld fiere koe! Ho faken scoene de âlde beammen noch swypkje moatte, eart de tokken hjar swiete simmersang bigoanen to rûzjen, fol yn ’t bled en mei bloisels bifrissele?

Ja, it scoe noch tiiden dûrje en doch..,. optheden lei ek selst de hiele âld sted foar foarfreugde ryp as in minskeherte fen achttsjin jier foar ljeafdedreamen yn ljeave eangstme en biidzjende hope. In onútspreklik forlangst siddere yn alles, hwet der nou sykhelle.... nei Sudewyn, nei lange waerme simmerdagen, nei forfulling, hwer selst it ûnthjit noch mar knopjende wie. En doch....

Sokke jounen binne wol de moaijsten fen it jier. It is den alles noch sa tear.... noch alles forhoping.... noch alles sa, as in minskeherte it it ljeafste sjen wol. It is noch de wrâld fen syn fantasij.... hy sjocht it kommende jier as in dichter.... As ’t Septimber is, dicht ’r net mear.... as ’t moast wêze in satire.

Mar sokke teare jounen, oan ’e kym det lette ljocht, oan ’e loft wer det earste frisse blau, sont de hjerst mist, de earste blom boppe de groun en de earste ljip syn kroantúfke yn ’e finne.... den moit it him, oer ’e sechstich to wêzen en bigjint ’r to rekkenjen, ho faken ’r de maitiid noch sá kommen sjen scil mei syn timpere jubel en syn forhoalene libbenswille. It kin noch tsjien kear wêze en noch ien kear.... en ien amerij giet der in pynkrimping troch it herte.... It is de tins om it bisit, hwer it gemis op folgje scil.... it is it leed fen alle wrâlden en alle minsken oer alle ieuwen hinne.

Falentijn stie yn ’t tún fen syn nij hûs. De beamsnoeijer hie al dwaende west, hjir en der siet al in blomknop oan in parrebeam. „En de iene appelbeam stiet der al sa fleurich foar.... dy koe ek wol ris drage wolle,” sei âlde Geart en skikte om ’e rjuchte paden de poltsjes sipelgêrs en minniste nettichheit. In protter hipte by him om, wie sa njúd, det hy helle him de wjirms hast ûnder hânnen wei.

En Falentijn kuiere syn hearlikheit ris yn ’t roun, al de rjuchte paden lâns en wer lâns, om de sinnewizer hinne yn ’t roundel, lyk foar ’t hûs en do stadich nei de fierste hoeke ta by de stedsgreft. Der scoe ’t grientetúntsje komme, de eigen radyskes en túnkjers en der wie de hinneloop al, in team wytweiten hinnen en der in pauwige snikwite hoanne by mei in kaem, dy slingere him op ’e kop. Hja sieten nou yn in hoeke fen ’e loop en pikten tier hwet yn ’t núndergûd om. Hy struide der noch hwet iten del, mar hja taelden der net mear nei. Ien stapte nei de matte.... de hinnenacht bigoan.

Mar oer it fjild bleau it noch lang dei, rodsich en soelich. It wetter fen ’e stedsgreft donkere al twisken de hege wâlskanten, de Potmarge blonk noch witich yn it lege lân derjinsen. Hiel fier foart stiek immen de lôge yn in rys ef in striebultsje.... in húske stie as in swart etsprintsje sá skerp tsjin dy reade lôge.

Falentijn bleau stean en seach der stoarjende nei. Dit gesicht oer it fiere, flakke lân wie him ljeaf, hy hâldde fen fierte, wiidte en frijheit. Kaem det, omt syn foarsaten sa lang as earme Réfugiés omswerve moatten hiene, sa lang bankje moasten yn stegen en binypte wenten?

Derom koft ’r dit kâld sté, sa fier oan ’e bûtekant fen ’e sted as ’t mar koe, mei neat oars as de brede stedsgreft ta skieding twisken syn gerjuchtigheit en it frije fjild, hwer hy de wiksel fen ’e jiergetiiden sjen koe yn ’t stadige foarbygean nei midwinter, as de ierde rêst.

En hjir fendinne wei bilôke ’r nou de maitiid en fen dy maitiid syn earste moaije joun. It sjen fen dy loft, fen de drift fen dy goudbirânne wolkens, it iensume skip syn wyt seil yn ’e donkerjende joun, in pear wylgenmoezen by in âld daem, in stik ef hwet skiep, dy hjar skeukten tsjin ’e walfiskbonke yn ’e Presterkamp, allegear wie ’t him eachweiding en geniet, sa ’s ’r syn gelikens net faek kend hie yn syn beuzich libben, as ’t moast wêze simmers in set, as se wierne to fiskjen nei Langwar ta en omdoarmen yn ’t fjild moarns ier en jouns let.

Syn hazzenútbeamke yn ’e hoeke by de greft bloeide, hy tepte ’r foarsichtich in tokje ôf en roek ’r nei. It roek as de iere foarsimmer sels.... koel en fris en o sa jong.... Twisken de lippen kaem hy ’r mei thús.

Breed en foars ûntfong syn nij hûs him. Hjir wierne nou de brede gongen en de greate finsters, it seal mei goudlearen bihang en de ikenhouten trap, hwaens útsnien hekwirk him in ekstra ekstra dofke koste hie. It wie allegear prachtich, in hearehûs, út in rûmme bûs bouwd en Pronica en de bern wakker nei ’t sin. Mar hy miste ’r syn âlde geur fen wolle en lekken. Der wie hy by great waen en.... ryk. Hjir wie alles sa nij en och.... sa frjemd. De skiednis fen dit syn hûs moast noch makke wirde en sims.... o elts minske hat ommers syn swakke mominten! den waerde hy sa onwennich nei ’t âld hûs op ’e Nijested, det hy bitocht mar in boadskip en kuiere derhinne, einliks hwette skytskoarjend, hwent hwet moast in oar wol net tinke! En as ’r der wie....! krekt as hie ’r jierren op in woelige sé omswalke en kaem nou earst wer thús yn in stille, feilige haven.

Pronica siet der wol net mear yn ’t sydkeammerke by ’t gleon turffjurke, mar nou wie ’t André syn wiif, de lytse bloune Sibylla de Carpentier, hwer hy in kopkefol lekkere kofje fen krige en der in drabbelkoek by, mar de ongedurigheit bleau him yn ’e skonken omrideljen, al gyng ’r ek nei de weverij en kleau wer by de âld trap op nei de souder ta.... hy miste hwet.... it wie net mear s’as eren. En sims koe ’r sa onwennich det wirde nei det âlde libben, krekt sa onwennich as syn âld kat, dy-t forline hjerst twaris by nacht de hiele sted trochkrúst wie fen ’t nije hûs nei ’t âlde ta en der de moarne prinshearlik wer yn ’t finsterbank siet to spinnen en tsjin de mosken to gnizen.—

En dochs hie hy it bislút naem, om fen det beuzige, rike libben to skieden, makliker en gauwer as ’r sels tocht hie. Pronica fitere him oan en Bet! o dy greatskens fen det lytse kriel, dy hinnepiken, mar krekt út de dop en kraeije! kraeije! Bet spegele him alles sa moai tofoaren fen ris alhiel frij to wêzen en moarns it bolwirk ek ris omkuijerje to kinnen en to gean to fiskjen! as ’t biterswaer wie en noait mear thúsbliûwe to hoegen om ’t folk yn ’e weverij! En Jehannes! ja Jehannes! dy rette it heit wol net oan.... mar ek net ôf. En hy sels? och de droktme fen ’e weverij waerde him somtiiden wol ris stoefernôch en den dy greate lekkenhânnel! it ôffarren fen ’e skippen mei swiere ladings yn! it boekhâlden, it bistjûren! Sims forbylde ’r him, hy waerde forjitlik en roan mei ’t skriûwboekje fen efteren nei foaren, aloan en alwei en sims diich ’r dryst en tochte.... it rôlle wol. Den blykte ’r himsels to heech set to habben en forgeat yndied dingen fen bilang.

Do op in goede dei yn ’e lette hjerst kaem jonge Andersen wer oansetten. Sa nou en den diich ’r in raem, sims twa kear yn ’t jier. Altyd de forlieder, dy-t it op de swakke siel forsjoen hat. En nou trof ’r dy net mear sa wis, sa fêst yn ’e skoen steand, oan. Wie aerdich nueter waen, harke nou tominsen ris nei it gefloit fen ’e floiter. En dy syn gefloit wie wakkere swiet en fluensk en syn bod oannimlik, seine Jehannes en André allebeide op de joun fen ’e femyljeforgearringe, dy-t hy bilein hie, om ris mei-inoar to praten en André noch ris to hifkjen, as hy gjin sin oan ’e hiele saek hie. Hy makke gjin gading, hie al sêd genôch oan ’e wolspinnerij allinne. Pronica woe ’r hjar net fierder mei bimoije, sei se en Diûke en Bet likemin, mar Mulier, in aristocraet en fen âld regintegeslacht, foun ’t wol mear oerienkomstich skoanheit syn stân, om nou to rintenierjen, tocht him.

Hja hiene yn ’e peikeamer sitten, de piipen gleon oan. Hy roek noch de geur fen ’e sealjemôlke, neist Pronica op ’e koal. Fiif kjersen op de greate nutebeamhouten tafel, oars in sellich healtsjuster yn ’t greate fortrek. Hy wist, sá scoe hy nou dy âld keamer syn libben lang sjen! it bytsje ienfâldich húsrie, syn bern, it nije geslacht om ’e tafel en Proan! ja ommers Proan! der yn al de gloarje fen hjar ripe, blanke moaijens by yn hjar appelblossompakje mei de swarte fewieltsjes. O hy scoe alles wol útteikenje kinne, det scoe ’r!

Andersen kaem en lang om let rekken se ta in akkoard. Jehannes snie in nije pinne ré en mei dy pinne skraeu ’r stadich syn fonnis en droech syn great affearen oer oan ’e nij-ynkomling en it âld hûs en ’e lytste hânnel oan syn jongste soan.

Maeije wie ’t waen, eart hy der út gyng en André en ’t jong wyfke deryn. Hja hâldden de âlde, ljeave meubelstikken en hy wie der bliid om. Stadich wie syn nij hûs klear kaem, de mûrren fen ’e alderbêste Fryske stien, de sniene foegen fen ’e alderbêste kalk, alles rjucht en stiif nei de aldernijste moade, in sarken parredis mei seis opstappen foar de foardoar en heech boppe by de listgoate in kroanlist mei toskewirk. En hiel Ljouwert roan der Sneins foarby to bisjen.... „bigryp ris oan, sinneblinen foar de finsters en in foardoar út ien stik!” biwiisden de minsken inoar it wûnderbaerlike moaijs.

Hy hie al ris sûr sjoen, it naem gâns mear, as syn birekken west hie, ja al in tredde mear! Hy hâldde net fen krinterigheit, mar húsbouwe! húsbouwe! hy bikende it himsels fol skamte, for ’t earst yn syn libben hie hy him forrekkene!

Do moasten der noch nije ditten en detten yn, stoellen mei koper ynlei en tripene sittings en in canapé en in greate tafel mei in bled út ien stik, hwer min yen wol yn spegelje koe en in kroan for fyftich kjersen.

En nou! de timmerman hie sines en de farwer en de stienhouwer, de nije skoarstien rikke en Proan en Bet formakken hjar ta de teannen út mei al det nijs en saenden noch maenden om neat mear. Hja wisten, syn bûs wie den ek sa plat as in skol.

Dit alles liet ’r noch ris yn him omgean, wylt ’r troch ’t tún kuiere en bywilen de geur ris opsnúfde fen it jonge, útrinnende hout, fol jonge libbenskreft, mar noch bisletten yn syn hulen.

De lûden fen ’e dei waerden swakker en swakker, it „hallo” fen ’e skippers foar de poartbrêge klonk mar inkeld mear, de snûrjende wiele fen ’e lynbaen stie.... der wie ek gjin geboart mear fen bern op ’e bûrren en gjin hoarnse weintsjes mei plesiergasten rieden mear ta de poarte út, op hûs yn, hwa wit ho fier noch foart yn ’e oandonkerjende fierte.

Stadich bjiske ’r optlêst nei hûs. Hy wie noch net oan ’e doar ta, do seach ’r Jehannes oankommen mei syn flugge stap, rjucht troch de gong op him yn. De freugde! ja de kroan fen syn âlderdom! Ho seine de Heare him yn syn bern!

„Kom mei yn ’e bibliotheek,” sei ’r sunich en diich de doar op, „de frouljue sitte boppe en hwetstû to sizzen hast, past frouljuesearen kwalik.” Lyts fen stap roan hy foar Jehannes út nei ’t hege, ljochte fortrek fol mei boeken en greate muntekasten, de mûrren opsierd mei skildere bihang en as skoarstienstik in skilderij fen ’t âld hûs to Langwar oan ’t wiide wetter....

„Hast minne tatiding? Dû bist suver út ’e liken,” miende Falentijn en seach nei syn soan. „Hjir, nim dit op,” en hy hâldde him in glês wyn foar.

Moi hastich skouwde Jehannes it fen him ôf. „It walget my.... it walget my allegear optheden. Myn hert is yn opstân, heit.”

„Ja jonge,” suchte Falentijn,.... „hwet der bard is by Dockum, leit my ek swier yn ’t moed.” Hy woe net freegje, mar o syn hert siddere fen eangst en freze, hwet ’r sa foartdaedlik krije scoe to hearren. Hy trêdde de keamer ris op en del, twaris.... trijeris....

„Heit,” sei Jehannes, „kom hjir ris, det nimmen ús heart.... It is al bard....”

„Ho let?”

„Fen middei om trije ûre op ’t Blokhúsplein.”

„Wiest der by?”

„Ik wie der en bin der by bleauwn, krekt sa lang, as alles foarby wie.... Op heite bistel en kosten wegere de beul fen Gorkum „fenwegen syn hege jierren” dizze executie op him to nimmen. Wy hopen, nimmen oars scoe him oanbiede....”

„Nou?” sei Falentijn bidrukt.

„Do is der ien fen ’e feinten kaem en hat him de holle ôfslein.”

Falentijn bigoan stilwei to skriemen. Jehannes skikte hwet tichterby en krige him by de hân.... „Dy earme jonge stimper....” hearde ’r him sêft nokkerjen.

It bleau in hiel set stil yn ’e stille keamer, de tik fen ’e steande klok krige suver hwet minskeliks, sa gyng de tiid stadich syn biwende gong, mar de tiid fen Jan Binnes, syn jonge, oermoedige, noch folryp steande tiid as in jonge risping op in lân.... dy wie foarby.... for altyd foarby.... tocht Falentijn.

„Sei ’r ek noch hwet? Wiest derby, jonge? Net sa fierôf, detst it hearre koest?”

„Ja,” sei Jehannes bidaerd. „Ik stie der deun by en hy sei ditte, heit: Heare, ontferm Jou oer my en do.... ien slach.”

„En?!” Falentijn doarst syn soan net oansjen. As ’r syn triennen seach, scoe hy neat mear fortelle wolle.

„Heit moat der him net tofolle ynjaen. For eltse goede saek falle der offers.... en hwa-t der ta útkipt wirde scil, leit net yn minskehânnen. It is sa biskikt oer Jan Binnes, it wie syn wei....”

„Ja,” suchte Falentijn, mar syn eagen waerden wer helder. It flues fen triennen loek der foar wei. Hy wie wer op de bikende feilige wei, ja yn libben en stjerren bikend en feilich.

„It lyk komt net nei ’t Galgefjild om der to forkommen yn waer en wyn, ik ha ’t de beul ôfkoft for myn snijkeamer ûnder de Nije Toer en de holle derby.... Mar det spande.... Dy ha se earst to pronk....”

„O!” suchte Falentijn, „hwet in martling, Jehannes.”

„Scil ’k my stilhâlde?” frege dy.

„Né, ik wol alles witte,” sei Falentijn foarser as oars.

„To pronk op ’e Brol folgens oarder fen âlde fen Rhé en der is neat oan to dwaen. Ik stie der op oan, let yn ’e joun alles to habben.... sa ’n soun, jong minske, krekt hwet for my en sa brocht ik de beul op in dwylspoar en ik treau him fiif goudgounen ta en yn ’e foarnacht bringe se him my....”

„En den?” Falentijn syn lûd waerde ho langer ho bidester.

„Yn ’e neinacht bringt Haeije Trompetter him mei in pear man yn ’e pream nei Aldwâld ta op it hôf. Hy krijt in earbere bigraffenisse dêrre, heit. Al de Oranjeljue stiene der my boarch for.”

Falentijn ridele op ’e stoel hinne en wer, sa bistoarmen him de neare tinsen. Aloan en alwei efter de skermen dy fen Rhé, oeral, oeral.... Hy like wol de kweageest fen hiele Ljouwert to wêzen.

„En Ryklef,” sei ’r nei in set. „Hast derfen heard? André sei, dy is nou foargoed foartein. Hy scil wol noait weromkomme, nou syn ljeafste forhoping sa fordiggele is yn grús.”

En Falentijn tocht om âlde Ripperda der yn it greate iensume hûs en sette der syn eigen rykdom tsjinoer, alle bern om him hinne yn ien en diselde sted, goed yn eare en oansjen.... Pronica hjar bywêzen, de kostlikheit fen hjar bisit bisefte ’r optheden wer namstomear, as ’r op in oar syn gemis seach en hy ûnthjitte himsels, Ripperda yntkoart ris op to siikjen.

„Dû moatst der mar neat fen sizze by ’t jouniten. ’t Is better, mem en Bet hearre der neat fen.”

Jehannes nikte, syn skerpe dokterseagen mirken wol, heit pakte ’r noch raer mei om en dochs hie hy ’t sa maklik mooglik foarsteld, selst mar by binadering, ho-t it west hie. Och hy en de dead wierne selskippers, hy seach him sims alle dei wol yn ’e kâlde, wrede eagen en waerde ’r net oars mear fen.... mar sims, o yn syn doktersherte wie ek in tear steed en as det rekke waerd, den fielde ’r as minske en diich it ek sear.... ja tige sear....

Do-t se by de frouljue kamen, founen se der Mulier yn in loaikerts-stoeltsje by de hird, de wite meagere hânnen boppe de lôge, de fine holle dûknekkich wei yn ’e jaskraech. Falentijn krige in skrik, scoe der swierrichheit wêze?

„Dochs allegear goed thús?” frege ’r moi ongerêst. ’t Moast wol goed wêze, tomiddei hie ’r lytse Proan noch hoepjeijen sjoen op de Wirdumer Dyk en Diûke wie him foarby riden yn ’e karosse nei de iene ef d’oare ta to thédrinken.

„Alles goed en de groetenis,” andere Mulier. „Pronica sliept al en Diûke is noch net thús. ’t Wie sa stil yn ’e hûs, ik tochte, ik moast hjir mar hinne om in brochje.”

„Kinst krije,” sei Pronica hertlik en gol en gyng oerein, om alles klear to setten foar ’t jounmiel.

„Kom, wy giene mar wer efkes nei de bibliotheek, om in pypfol to smoken,” sei Falentijn en joech de oaren de wink.

„’t Jildt ús oars wol ’t aldermeast, hwet der bipraet wirde scil, tink ’k,” kaem Bet ynienen snibbich út ’e hoeke. „En ik stan der op, det mei oan to hearren.” ’t Sin stie min, heit bispeurde it oan ’t heazige fen ’t lûd.

„Bet hat gelyk,” sei Mulier en kaem werom. „Nou den, ik wie langlêsten yn Amsterdam en hearde nuvere praetsjes fen Andersen. En ik acht it myn plicht, myn skoanâlden en Bet yn ’t bisûnder dy to fortellen, omt der fen gnute wirdt, it scil twisken jimm’ beiden op in boask oangean.”

„’t Is dyn affearen ommers ek, om in oar min to meitsjen,” húnde Bet, alhiel oerémis.

„Hui! hui!” sei mem, „hwet bistû koart, Bet!”

„Andersen is in minhear en derom kinn’ jimm’ him net útstean. Hy hat nou ienkear oar praet en sjocht de wrâld oars as jimm’ en hat oare ljeafhabberijen....” Bet gûlde der hast om.

„Ja wol dy”, sei Mulier smoutwei en hie syn eachweiding oan Bet, nou yn hjar lilkens mei dy skitterjende eagen en it bloske op ’e bleke wangen, tsjienris moaijer as ornaris.

„Hwet seine de minsken?” pinfiske Falentijn stadich. ’t Scoe allegear ek wol wer mâl wêze, ’t wie hjoed dochs al sa ’n freeslike dei, dit scoe de doar wol ta dwaen.

„Och, ’t scoe hjir de lêste útsetter wol wêze, de Andersen’s leine oan ’e sintinzje. De saken fierst to heech ynset en den Oranje tagedien.... det is al in heal deafonnis. En den.... hy is gâns troch de wyn gien dêrre yn Amsterdam.... Jan bidoel ik fensels.”

Falentijn nikte flau.... ho ’n wjeraks hie ’r de earste kear net yn him krige, as in moadegek yn ’t habyt en den det eigenwize, greatske wezen derby. Nou nessele hy him hjir yn Ljouwert en wie aloan drok dwaende, him Bet to ûntfytmanjen. En hy wist wol, Bet wie ien fen dy soarte, as se hjar sin op eat sette, den stjerre se ljeaver as krimp jaen.... It roan ek allegear sa hiel oars, as se tocht hiene.... Ripperda foart.... o sa ’n goed partuer! en mear fen dy Oranjemannen, allegear fen Bette jierren. Hwet oerbleau, wierne Frânsken ef hâlden it der mei en as sadanich by Falentijn’s forspuid. En ’t hertke siet hjar heech, hja woe ljeafst like goed oankomme as Diûke, dy-t it yn ’e kant sette tsjin jonge mefrou fen Rhé. En Andersen mei syn hearichheit, syn yndeftige klaeijing, syn ûnderhâldend praet oer reizen en bilibbe grappen, syn slach om mei frouljue om to gean en fen al hjar lytse grillen en stumerijkes bihoarlik notysje to nimmen.... och hy hie hjar lyts, dom hertke al lang bilêzen.

It krêke dy joune raer yn ’t hûs fen Falentijn, mar Bet focht for hjar ljeafde as in lyts terge liûwke en stie op hjar stik. Dizze en gjin oaren, der kaem ’t altyd wer op del. Heit en mem en Mulier warden hjar oars danich, om hjar noch ta oar ynsicht to bringen.... Jehannes liet hjar betien en sei, sokke dingen wierne fierst to tear, om der yn om to rearen. Falentijn siet lyts en stil by de tafel, hwet in rare joun, hwet in argewaesje!

Mar ’t wie allegear fen dy gefolgen, det de 23e fen Maertemoanne stiene se al ûnder de geboadens, waerden hjar nammen ôflêzen fen ’e preekstoel yn ’e Galileister tsjerke en Falentijn en Pronica hearden it en Jehannes, de djipearnstige eagen ien amerij in ljochtfonkje fleurichheit en Ripperda, stil en âld yn syn hokje, deun efter it fjouwerkant en Doedte Ripperda, tear bloun famke op ien fen ’e frouljuestoellen.... fier fen him ôf en dochs.... him o sa nei, al doarst ’r syn fieling noch net yn wirden uterje, fierst to bang, de hearlikheit, fen hwet allinne noch mar knop wie, moaije knop mei ’t hiele swiete geheim yn him fen ’e kostlike ljeafdeblom, oan to trunen ta foarlike bloei, ta neat nut....

En derom swijde ’r noch, al siddere der somtiiden ynhâldene jubel yn syn siel. Den krige ’r de fioele en gyng sitten to spyljen.... O dy amerijen fen lok.... as ’r syn iensume siel gean litte koe as in siikjende pilgrim út de woestenije fen syn eigen bislettenheit wei en de moaije wrâld ynstjûre nei syn ljeafste! Sinneskyn! wille! Ho moai sjocht ’r den it libben! ho brûzet syn jong, soun bloed! mei ho ’n kreft makket hy him sterk yen alle leed!

En lytse bloune Doedte is by him.... de millodijen lokje hjar, hwer se ek is, moat se om him tinke, fielt fen wûndere nije fielings hjar hertke tinen.... Krekt as sjocht se de wrâld nou oars.... nijer en ljeafliker.... Wie ’t om ’e âld stins wol ea sá moai? roeken de earste griene spruten wol ea sá krûderich, bloeiden de titelroazen ea sa ryk? en de ljurk, ho kaem ’t, det ’r nou krekt safolste moaijer song?

Jehannes syn tinsen dwaelden ôf yn tsjerke. Hy seach net nei hjar, mar fielde hjar bywêzen yn siel en sinnen. Song mei, liet syn lûd bliid driûwe op de cadans fen ’e noaten, sims oanbôzjend út ’e fierte, den weistjerrend yn ien inkelde noat fen in lang oanhâlden neispel.

Hy geniet sa echt syn ûre, det it is him, as sit hy hjir as de breugeman en net dy Andersen, liipe bilêzer fen swakke Bet hjar hertke.... Syn ljeafde is fen in oar soarte en hy wit, as Doedte syn wiif net wirdt, den bliûwt hy iensum.

Do-t se út tsjerke kamen, fleagen de snieflokken en wie alles noch ris wer wyt. In spitse wyn gûlde út it Noard-Westen, de strietten wierne wiet en gled. Hy sloech syn mantel tichter om him hinne en sette ’r de stap ûnder nei ’t nije hûs, hwer joun in great gearset wêze scoe en hwer ’r Doedte wersjen scoe! Eltse minút, eltse ûre in seine troch hjar bywêzen!

De tiid kroep.—De middeis roan ’r tsjin de finnige wyn yn nei Lekkum ta, om nei in siike to sjen, in jongfamke as Doedte, nou al sont wiken as in stik lead op bêd en bisocht mei senuwsinkingskoartsen. Do-t hy se mar seach, wist ’r, de syktme hie in skieding naem nei de goede kant. Syn middels waerden seine, it libben, it soune jonge libben forhefte him yn it siike lichem en wraksele yn stryd mei de dea om de sege.... en woan it. En allinne syn ljeaf lûd, de kniep fen syn sterke, sa treastbringende hânnen, syn bitrouwen op betterskip stibelearen de siike sokke tiiden sa oerweldich, det se it hast wol sûnder medicinen redde koe. In hiel set bleau hy der by dy ienfâldige minsken yn hjar lyts húske op ’e terp, hwer net ien stikje fen weelde yn to bikennen wie. „Saundersum om ’e tafel en det fen in deihier.... it bitsjutte hwet”, sei de mem, lyts, âldsk wyfke hiel bidrukt by ’t foartgean.

Hy nikte stilwei en gyng syn wegen, mar yn ’t thépantsje founen se twa grouwe, gleone dukaten.... „For my.... for aeijen”, hime de blide siike fen ’t bêd. En hja sei him sêft de wirden noch ris nei: dû wirdst nou better, fanke.... wy binn’ ’t hoekje toboppe. As ’t simmer is, swilest wer mei yn ’t moaije waer. Hja lei der nou stil hinne.... hja roek suver de geur fen det nije hea al.

Jehannes Falentijn gyng wer op ’e sted oan, foar de wyn ôf. It snijen hâldde op, in tin laechje lei donsfearrich op it hirdfêrzen lân. Hjir en der yn ’e lijte like it gêrs al grienich en maitiidseftich, al lei der noch gjin erf op it lân. Soelte moast der komme, Sudewyn en sêfte rein, dy-t sa stil delfalt as roazebledden, loslitten fen in geurige kroan....

By in sleatswâl bloeide in âld wylgenmoes. De sinne skynde op ’e goudene hierkes fen ’e katsjes.... hja tsjirmen om yn dizze kjeld, sa fen onpas by ’t lingen fen ’e dagen. Mar dochs.... hâlden se net in boadskip fen ’e maitiid yn? Net fen it wûnder, hwer stadich de wirklikheit út groeit?

Hy bigoan ynienen sa ’n langst to krijen nei hûs, det hy sette de stap der ûnder. Namsto dierberder wie him nou dizze syn âld sted, nou hy hjar der nei hjar útfenhûzjen wer yn wiste. Yn ien hûs fen ’e hûnderten klonken ommers hjar foetstapkes.... Licht seach se nou ek wol nei de wytbisnijde bolwirksbeammen ef harke nei it lûde praet fen ’e ljue op ’e gledde strietten, hwer de dryste âld roeken permantich wei op omstapten. Speurende wei seach ’r alles, hwet jong en bloun wie, tomûk ris ûnder de greate kypsen op. Koe ’t Doedte wêze? Mar geandefoet? Gjin tinken oan! Alde Ripperda hâldde se for pop, it draechstoeltsje kaem ef de karosse en mar ienris op in moarntiid hie hy se kuierjen sjoen op ’e Bierkelders, in lyts nuffich parresoltsje op en in wyt kedoeske oan ’t tou. Fensels op oardelfoet distânzje Minne Pjirkes, sa izegrinich, det hy hie ’t net weagje doarst en sprekke hjar oan. Det wie nou al hast wer in jier lyn. Sims hie Bet meilijen mei him en fortelde, hwer hy se middeis fine koe yn ’e thékoepel by in goekinder oan ’e Greftswâl ef Efter de Hôven. En den trof it krekt sa tafallich, hy kaem der de middeis ek. O! hwet wierne it feestdagen!

Stadichoan waerde dizze ljeafde him in earetsjinst, hwer hy al syn moaijste, heechste tinsen oan wijde, de swiidlûdigste trilders fen syn fioele oan opdroech en yn sêfte minne wei ûren yn oanbidding forsonken fordreame. It noch net útspritsene wie fen sa ’n greate skiente, as ’r miskien nea bilibje scoe as ’r de dingen ienris as syn eigen ta him nimme mocht. Ho ’n bytsje lok is ommers tsjin forwirkeliking bistand?

De wite flokken bigoanen wer oer it lân to stouwen.... as wolkens jagen se oer de lege lânnen op ’e smoute sted oan. Hiel wyt en blank stike de Presterkamp boppe it swarte wetter fen ’e sleatten út, de fûrgen streken as donkerder delten troch it ientônige wyt. Op ’e ein fen it lange, smelle stik lân stiene hiel heimsinnich fiif wylgenmoezen op ien trop as âlde reuzen, hjar stammen oan ’e wynkant snie-biklodde.—

Jehannes syn tinsen hjir by it knappende houtfjûr biroanen sêftsoalich nou de hiele kommende libbenswei. En Doedte gyng mei him en.... lytse, bloune bern. Hjir yn dizze âlde sted scoene se wenje, yn in hûs mei greate, smûke keamers en flinke finsters, hwer min ljocht en sinne ta ’n yn skine litte koe en in greate tún scoe der by hearre, fol fen rûkende, reade roazen en leeljeblommen. Sá scoe hjar libben stil en fredich foarbygean, as in moaije wite wolken oan ’e loft—tocht ’r, wylt ’r yn stúdzje wei de wolkens neiseach, ho-t se kamen en gyngen folgens ûnbikend bistel.

Efkes lichte it snijen, nou forhefte it him wer. Alles waerde wyt, in suvere, goeddwaende stiltme sette elts hûs yn syn eigen iensumheit. De ljochtskimer út ’e brede gong foel yn ’t wite tún, it fine skaed fen hwet tokjes struwel leech op ’e groun teikene him skerp ôf tsjin ’t blombêd, fol fen tulpenoaskes, grien en klûmsk ûnder ’t turfmot.

Hy wist net, ho-t hy it hie, it mocht him net tinke, ea sa ’n Sneintojoun bilibbe to habben, sá yn harmony mei himsels en de wrâld.

Hy hearde skelgerinkel en it swiere lûd fen Minne Pjirkes by de doar en efkes letter, o foarfreugde! it swiet giressel fen sidene rokjes, de mesyk fen ’t getrippel fen hiel hege lytse hakjes. Op ’t selde stuit stie ’r al yn ’e gong en seach se en bûgde syn holle oer hjar hantsje, oer ’t lange en smelle fen Doedte Ripperda.

Alde Ripperda seach it en giisgobbe. It potuerde lang net min, dy twa.... machtich sieten se der om ’e petylje yn ’e Bjirmen, hy scoe wol wolle, as se allegear sa to plak komme koene as miskien dizze lytse rakkert, syn hertlapke.

Der wierne noch mear noege en stadich kamen se oandripkjen yn wiide waerme mantels en wollene sjaels om ’e holle for de kjeld, mar al roan it hûs ek fol, for Jehannes Falentijn wie der mar ien en it foege him sa wûnderbaerlik, det hja kamen neist inoar to sitten. De oaren wierne meastal âldere, troude ljue en Andersen en Bet sa grien als gêrs, det der wie ek neat oan en sa koene hja togearre it folle geniet ha fen inoar’s bywêzen.

„As hy ek noch wol ris spile?” frege hja sêft en hy liet hjar, kreas út in koker rôlle, moaije nije stikken sjen, dy-t hy út Dútsklân komme litten hie.

Hja hie ’t spyljen noch net leard, andere hja op syn fraech, mar jouns by heites songen se fjouwerstimmich en Regnerus, hjar broer, learde it dwarsfloite-spyljen to Frentsjer, der hy stedint wie en yntkoart scoe hja der ek hinne to útfenhûzjen by ien fen syn prefesters. Der krige hy in skrik! Doedte nei det lichtsinnige Frentsjer, hwer it krioelde fen dy jonge griene hipperts, it hier fol krol en it hert fol forljeafdens! By tsjienen scoene se hjar foetfallen dwaen en nachts foar hjar finster sjonge en dichten op hjar meitsje en de handigste en leidigste fen allegearre scoe hjar ynpalmje. O hy seach it oankommen! en sei! it scoe him krektlyk gean as Ryklef dodestiids mei syn gemael, hwer hy Anne Hopperus troch kwytrekke.

Syn lûd klonk in bytsje onwis, do-t hy frege, honear as de reis oangean scoe. Tongersdei gyng se mei pake wer nei hûs, sei se en Saterdei scoe heit hjar nei Frentsjer bringe en jimmetieten se by prefester en mefrou en den bleau hja der in setsje.

Nou wist ’r it, dizze fjouwer dagen waerden bislissend for syn hiele libben. Hwet scoe ’r nou: it skreauwne, deftige en foarmlike brief to baet nimme en hjar heit skriûwe ef scoe ’r hjarsels syn libbenslot foarlizze, om it fen hjar hânnen forfoarmje to litten ta in greate blydskip ef in ellindich lijen? It onbisoarge, hearlike geniet fen ’e joun wie foart.... in ûnrêst krige fat op him, hwer hy him net tsjin forsette koe.

It petear stûke.... stilwei sieten se yn it fjûr to sjen, ek in ivich riedsel as hja selme fen hwer-wei? en hwer-hinne? en al fielden hja it net, dochs wie de ljeafde dwaende, om hjar al tichter en tichter yn ’e mesken fen hjar mearkeëftich net to biknoopjen. De ûren fleagen.... der sloech de klok al njuggen ûre, noch in pear ûren en hy scoe syn lytse skat foartgean sjen en ’t noch net útsizze kind ha, hwet hy tochte.

De feint kaem yn, stoelle it turffjûr wer op mei in pear bêste boekeblokken. It wie it sein, om ris oerein to gean, de hearen stapten nei de bibliotheek, om de nije munten en ’e nije boeken to keuren de dames waerden boppe noege, om Bet hjar troujurk en útset to bisjen. Doedte hâldde hjar mar by pake, hwet scoe se ek mei dy âldere dames? en Bet? och, dy forgeat gled-wei, det der noch oare minsken yn ’e wrâld wierne as Jan Andersen!

„Sjoch,” glimke âlde Falentijn, „is ditte net hwet for ús gast?” en hy joech hjar in lytse goudene munt út syn samling, in goudene ducaton.

Yn ’e eagen fen Ripperda kaem in tige earnstige, hast swiermoedige útdrukking. Hwet waerd’ dit, gekheit ef djippe, djippe earnst?

„’t Is om to hâlden, Doedte,” lei Falentijn út mei dy âlderwetske ridderlikheit, dy-t sa goed hy him paste.

Hja draeide de munt om en om. „Der stiet lêzen op,” sei se en hja lies:

Daer Ware Liefde woont,
Daer is het Huis geheiligd.—

„O!” sei se en sloech de eagen foardel. Hja hie Jehannes sines moet en der yn lêzen, hwet syn mûle yet altyd forswijde. Hja joech hjar hwet toside ôf, in bloske op ’e wangkjes, bleu en forlegen en seach hiel efkes nei de mânljue, mar pake en minhear Falentijn kúrden al wer mei greate forgreatglêzen op hjar fynsten om en de oaren dy pypken ef praetten en nimmen tochte om hjar.

Hja woe hjar nei de doar tajaen. „Doedte!” hearde se Jehannes. It klonk fen o sa fierôf en dochs.... as kaem it as in wjerklank út hjar eigen, hiel binaud en dochs ek wer hiel frjemd-bliid hertke. „Sjoch ris, hjir binn’ noch trije sokken.... Hja binn’ nea brûkt yn jildomrindershânnen, hja binn’ gloednij, dizze trije. It binn’ knottedoeksducaten.... Kom ris efkes tichter by my,” en hy gyng hjar foar nei de fierste hoeke fen ’e bibliotheek ta, hwer in iensume kjers barnde en it fjûr syn nochlike, rodsige wjerskyn joech.... „Noch tichter.... Sa....” Hja stie nou deun neist him.... as ’r woe, koe ’r it bounzjen fen hjar bang-bliid hertke hast hearre tsjin ’t nau siden spinserke oan.

„En wistû, hwet der by heart?” en wylt de trije goudene stikken yn ’t holle fen syn hân leine to blinken, sei ’r hiel stadich, elts wird in stikje hertefreugd en bitterswiete eangstme:

„Wotte sa wotte,[1]
Hjir hastû de knotte,
Wott’ it net dwaen,
Den moatst’ him my weromjaen.”

[1] Dit knotterym is noch gâns âlder:
        Wolstû my hybje, den scil ik dy habje,
        Den scill’ wy togearre út ien skûtel slabje.
        Wott’ it net dwaen,
        Den moast him my werom jaen.

Doedte seach him oan en hy hjar.... yn hillige stiltme helle se de trije ducaten fen syn triljende hân nei hjar ta en biknypte se stadich yn hjar iiskâlde rjuchter.

Sá anderje ik, Jehannes,” sei se sêft. Al it berneftige wie yn ien omsjoch fen hjar antlitke fordreauwn.... hja bisefte hokfoar rjuchten en plichten dizze iene amerij hjar nou for it hiele libben oplei.

Falentijn, wol op syn openst, seach ris tomûk nei hjar en syn hert, slingere twisken hope en freze yn, fielde as by ynjowing, ho-t syn soan taeste nei syn ryp lok. O mocht der seine rêste op dit syn bisykjen! de Heare hjar herte flije nei dit syn bigear en hja him tabrocht wirde as in jonge, teare roas yn syn wachtsjend hôf!

Hy socht algedurich ris de eagen fen syn wiif, mar Pronica mirk neat, dy wie sa alhiel mei de oaren wei yn in kleanpraetsje oer japonnen en ruches en stroken en kypsen fol fearren, det hja hie gjin loaits oer for him.

De spylklok yn ’e gong spile de folle ûre fen alven, do makken de Ripperda’s rislewaesje. Hja hearden de skeltsjes al wer rinkeljen foardoar yn ’e wite stille wrâld, Minne Pjirkes klos-klos by ’t parradis op en ’t fallen fen ’e klopper op ’t swiere ikenhout fen ’e doar.

En de oare moarne betiid al histe Jan syn âlde skonken op ’e loaie brune fen ’e weverij. Falentijn joech him in goede braspenning mei for ûnderweis en in folle knapsek. Sa rekke ’r woltomoet op reis, hwent bang for bûsehifkers wie ’r net, hie ’r net in knyft, slipe as in flym, by de broeksbân yn en Annemoi for in grou goune de kweade net bispritsen, om him ôf to bliûwen op iensume wegen?

Yn in learen sekje, ticht oan syn hert, droech ’r syn boadskip, in great brief for jonker Age Ripperda yn Seisbjirrem. Hy koe wol fen bitinken ha, hwet der sahwet yn stean scoe, de dokter scoe wol syn lytse dokteresse foun ha, tocht him. Hy hie ’t al lang bispeurd, hy wie yn ’t frijen keard en as der fen de lytse frelle praet waerd, den harke hy mei saun pear earen. En sok slach fen ljue, der hearde poeha by. Mei syn Lys frijde hy der foartdaedlik mar op los, det it der oer klapte, mar mieri! hjir bleau min op oardelfoets distânzje en ’t scoe wol al in hiele ginst wêze ris in aeijke, ek op oardelfoets distânzje, jaen to meijen!

It hynsder kloste sleaudrafkjend de hirdfêrzene wei lâns, nei ’t Westen út. Noch wie de wrâld stil en wyt, mar de loft arbeide gâns yn ’t Suden en ’e mosken sieten bliid to tsjilpen yn ’e keale beammen.

Tsjin ’e joun kaem ’r op de stins en diich syn boadskip en waerde do al gaueftich nei de greateljues poeskoken laet, hwer it útroan op in wûnderbaerlik plesierige joun, hwent hy, as in goed Ljouwter, spile ek net swak by mei in mingelen bier foar him en in goed miel efter de baeitsjeknopen.

Mar oan alle lofsangen komt ornaris ringen in ein en yn ’e neinacht, do-t de moanne, dy-t al gâns forsiet, opkaem, joech ’r him wer op reis. Hy krige in brief fen ’e jonker mei, it glimke, der det him mei oerjown waerde, bifestige him wol yn it gelove, it waerde in goede tatynge for de jonge dokter.

Ho oneinige lang like him nou de reis! by nacht en ontiid! Gjin minske op in paed, allinne mirden en by de doarpen healforhongere hounen en boppe yn in listgoate in earmoedzjende kat, de eagen twa greate gleone roundellen, stiif op him delsjende. Hy riboske optlêst fen binaudens en kjeld en ho seine hy de toerren fen Ljouwert, dy-t einliks yn ’e moarn, griis en tsjuster tsjin it oanwinnende ljocht ôfstieken.

Jehannes hie gjin hael hawn thús op syn keamers, hy spoarde al ier en betiid by heites om en iet der syn moarnsbrogge en mei ien ruk skûrde ’r it brief op, det Jan him oerjoech.

It wie mar koart, al wie syn ynhâld wichtich. Hy waerde útforsocht, om Doedte Tongersdei mei werom to bringen en sels it andert to heljen. Fierder neat.... it wie ek genôch.

Mei in optein sin roan ’r nei âlde Ripperda, dy-t al fen alles op ’e hichte like to wêzen en bizich sei, hy scoe wol ljeafst mei Doedte allinne prate wolle. En der kaem se al oan.... for earst seach ’r hjar yn deise klean, yn in grienruten jurkje, it rokje hiel wiid en it spinserke hiel nau, sa deaïenfâldich as in boargermans bern. En it moai boskje hier net yn in toer heech op ’e holle fol skitterjende siersels en plûmmen, mar flochten yn in lange frissel en sa om ’e holle woun. En nou sá hie hy se op ’t alderljeafst, wie ’t net singulier?

Hy bleau fensels to iten, en hwet diich ’r ljeaver as det?! den hiene se noch in hiele moaije middei togearre! en o gút.... hy helle in roazeread siden doekje út ’e bûs, der in losse strûp yn siet. En der bitearde hy de trije ducaten yn en do loek hja mei hjar sierlike, lange fingers de strûp oan. „Dit ’s nou for altyd, myn Doedte,” sei ’r earnstich.

Hja swijde. Mar der foel in trien op ’e roazereade side fen ’e knottestrûp.

As Annemoi it sjoen hie, hie se in krús slein.—

En op in moaije dei yn Maeijemoanne, de wrâld yn ’e pronk fen hjar earste blomknoppen, alle hôven wyt fen blomsnie en lûd fen fûgelliet, de blauwe loft helder as in gril, de sinne fen gjin wolken skeind, do barde it, det âlde Falentijn for de twadde kear al fen ’t jier de goudene gaspen op ’e skoen naeije liet. Oars diich ’r it altyd mei de sulveren, nou mei it trouwen fen ’e bern moasten de goudenen for ’t ljocht en ’t wie krekt, as kaem yn ’e heechste pronk, de deftichheit fen syn wezen, ék noch namstomear út.

Yn ’t seal by Ripperda’s, it seal, der ek ienkear de Oranjemannen dy Sneine by inoar sitten hiene, hâldden se nou it gearset, fornaem en stemmich, ek al mei om de lege plakken fen beppe en Ryklef-om, dy-t nou as in swerfling yn Ingelân forkearde en hiel inkeld tynge stjûrde. As hy der om tochte, den waerde Ripperda it moed fol, selst op dizze freugdedei. O ho miste ’r optheden wer syn jonge twisken dizze bloeijende, nije jeugd fen Ljouwert, ho sear diich it syn âld hert, him misse to moatten!—

En nou gyngen Jehannes Falentijn en Doedte Ripperda togearre, sa ’s syn forljeafde dreamen it him ienkear al foarsei hiene. Yn ’t tún bloeiden fjûrreade roazen en mennichten fen wite leeljes tsjin ’t sket oan yn ’e sinne en klip! klap! klapten de lytse sidene toffeltsjes fen Doedte it mei estrikken floerre paedtsje lâns nei ’t simmerhúske ta, hielendal ûnder in treurboek biskûle. En in lytse wite kedoes der blaffende efteroan, in hiele greate fjûrreade strik oan ’e halsbân.

Sá echt, o sá echt noch de soarchleaze jeugd der dy simmers, dy moaije simmer mei syn lange sinneskyndagen, hwer fen eltse dei wer in feest for hjar allebeide wie.

Do-t de hjerstfleagen om ’t hûs gûlden, hâlden Doedte en kedoeske hjar kûs by de hird, in lyts protsje gûd yn in greate briedstoel en dy winters? Do foreare mefrou Falentijn hjar in greate pelysse fen otterbûnt en der in lyts swart mûtske by for hjar bloun hier en as se de sted yn woe, stie der in forgulden draechkoetske ré mei Jan, trouwe, sterke en o sa soarchsume Jan en Minne Pjirkes as dragers.

It kopke ûnder ’t swart mûtske waerde al lytser en biklonkener, de eagen al greater en greater en sims, o sims en ek mar hiel efkes! siddere de sterke Jehannes Falentijn for de takomst, for it libben fen syn teare, bloune skat....

Hiele skoften koene se stil neist inoar sitte, hja lynjend tsjin him oan mei de holle tsjin syn skouder en hjar beide hantsjes yn syn waerme rjuchter. Dy tiiden learden se it lok kennen, sa ’s it him mar komselden fen minsken kenne lit.

En op in kâlde moarne yn April joech se him syn soan, in lytse bloune jonge, in razer. It hiele hûs rekke yn ûnstjûr en hiele Ljouwert dielde fen herten yn ’e blydskip fen syn doctor Falentijn, sels sa faek boadskipper fen sokke goede dingen en nou der sels mei bitocht.

Mar Jehannes Falentijn siet mei de hân oan ’e holle. Hy hie syn moed net. Bitterheit wie yn syn freugde, sa ’s de Psalmist seit....

Diselde joune moast Jan de reis wer ûndernimme nei de Bjirmen ta. Der hoechde gjin brief mear hinne en der waerde ek net mear mei blydskip nei ’t andert útsjoen. Alles hie ommers syn bislach krige en der yn ’e widze lei de greatste seine, dy-t in minske mar barre meij.

De wegen wierne min to brûken—jonker Age Ripperda liet fjouwer hynsders foar de wein slaen en jage, sa ’s hy noch noait jage hie. O hwet wie det in reis yn dy ljochte, lije maitiidsnacht mei dy freeslike eangstme ta driûwer!

It wie noch net to let, do-t ’r kaem om syn bern en bernsbern to sjen. In ûre twa letter gyng Doedte stil by hjar wei, lykme allinne en selst Jehannes mei al syn greate ljeafde wie net yn steat, hjar to folgjen.

En diselde simmers, yn ’t tún mei syn rûkende reade roazen, syn leeljeblommen yn al de folle pracht fen hjar wite moaijens, learde hy, hwet iensumheit wie en waerde him de kreft jown, dy birêstend drage to kinnen.