WeRead Powered by ReaderPub
It Jubeljier cover

It Jubeljier

Chapter 16: XII.
Open in WeRead

About This Book

The narrative centers on a small town as it readies for a summer celebration, opening with a man waiting on the quay while coaches, merchants, and neighbors convene. Detailed descriptions of weather, landscape, and everyday sounds establish a vivid local atmosphere. A gallery of townspeople and visitors is sketched through gestures and domestic moments that disclose social hierarchies, private worries, and small pleasures. Episodes shift between public pageantry and intimate interiors, showing how communal rituals both heighten tensions and reinforce ties. The prose uses regional color and careful observation to compose a textured, sympathetic portrait of communal life and its rhythms.

XII.

Ho hearlik roek it bûtedoar! Maitiid, maitiid! floite de skelfink yn Foppe Lieûwes syn hôf,—hearstû my wol, âlde húsman? Bistû ek net bliid? Sjoch de priel fen de lânsdouwe, draecht se net as in keninginne hjar kleurich keninklik kleed, mei blossoms binaeid en sinneglâns der yn biweefd? Sjoch it wetter, ho klear as it is en ho stil.... Sjoch de lytse wetternestjes fen ’e stikeltsjes roeikjen, sjoch de swânneblommen, ho-t se stadich bledden en knoppen út hjar longerjend herte poarje litte, om ek mar sinneskyn to heinen, tûzenris sinneskyn! Sjoch it waeijen fen ’e teare felettene blomtûffen fen ’e pinksterblommen yn dyn finne en it gesoei fen ’e wytbisnijde hagetokken op dyn diken.... is ’t dy ek gjin wille dit alles, o húsman?

Foppe Lieûwes hearde de skelfink wol sjongen en seach ek wol de moaije maitiid om him hinne, mar hy suchte.... Dizze winter hie hy hwet bidobje moatten yn syn hert.... det hie him tige sear dien.... hy hie optheden gjin lust oan geniet. Ho hie ’t syn forhoping west, noch ienris wer it âlde Fryslân, sa nei forkleefd mei syn hiele libben, yn gloarje herrizen to sjen! Ho bikaeid wie ’r útkaem! Alles lei nou ommers yn gruzeleminten. En nou hja der yn ’e Haech drok dwaende, om Fryslân noch lytser to krijen, syn selsstânnigens to ûntfytmanjen en syn jild yn to palmjen. Ho hate hy dy Coert fen Beijma, dy saneamde representant, dy-t foarstelle doarst yn ’e Nationale Forgearring, om plechtich haet oan it Stedhâlderskip en alle oerhearsking to swarren! Nimmen wie him byfallen—sa settene se him pyk, mar sei wie it en hy makke him sa lilk, det hy skodde de fûsten fen pûre argewaesje. Wie det in kearel! wie det in Fries! Immen, dy-t alle war diich, om Fryslân yn ’t leech to bringen en kroep foar de hege hearen, om mar in hollânsk plûmke to krijen en mei bean to wirden op in hollânsk gearset. Hy en âlde fen Rhé! O it wierne de beide kweageesten fen Fryslân en hja scoene ek wol sa lang skrippe, om it foargoed yn ’e bidelte to hompen. Hy koe se allebeide wol forgrieme, sjeder! en hy makke himsels ho langer ho lilker, en seach net iens, det ’r immen det opdraeide nei hjarres ta. Bidaerd bleau ’r stean, do-t hy mirk, Foppe seach him net en snúfde ris in noasfol op fen al dy hearlike geuren, hjir yn ’t hôfke om ’e nocht to krijen. Hwet ûnthjitte it allegear in moaije risping, de beammen stiene suver wyt!

Der knapte in dea tokje op ’e groun en Foppe Lieûwes draeide him moi gysten om. „Hea Roanes, bistû der?” sei ’r hertlik wei en hja fûsken. „Kom mei yn ’e hûs to kofjedrinken.”

„’t Is hast skande”, sei dy op syn kalme, bidaerde menear, „sok waer en den yn ’e hûs....” en syn hânnen aeiden in blossomtokje, det him oan ’t skouder ta hinge, mar hy tepte it net ôf. O dy triljende sinneweelde, hokker ljeaflik byld rôp dit alles by him wekker! Hy fielde, ek hy hearde by dit alles, jong, sterk en bloeikreftich yn syn swietste sappen, fen gjin gesting ef onhuerens bidoarn.

Syn eagen skitteren, hja dikeren yn ’e fierte, wist ’r der net Bouwekleaster yn syn tsjustere beammen, wenne der Wolmoet net, it swietgeurige blossomtokje yn it maitiidshôf fen syn hert? Hwet wist in âld man fen soks? Dy soarte fen ljue stoarren hjar staf op it forline. Det wie dochs for altyd foart.... Hy woe it nije.... de driûw fen syn soun bloed frege twingerich de skeakeling oan de takomst.... ljeafde, it húsgesin, it bern....

En dizze moaije maitiid, wie hy net it ûnthjit fen dit alles, hearde ’r net in mesykjen fen sêfte snaren en lokke det net ta alle rein en suver geniet?....

Al tocht ’r sa fen alles by inoar, foar it each bleau ’r like bidaerd as altyd, pandere Foppe Lieûwes efternei nei de lamkes ta en de biggen en it bêste koukeal, fen ’e moarn fongen en einliks kamen se yn ’e hûs to kofjedrinken. „En dû bliûwst hjoed mar by úzes to iten”, ornearre Foppe Lieûwes, „en den kinst fenmiddei wol meiride nei ’t Kleaster ta. Ik gien dochs mei de seas. Ef hoechste hjoed net hinne?” pleage ’r mei in bizich glimke. ’t Min sin sakseare hwet, nou-t hy selskip hie. Hy kûstere him oan ’e jonkheit fen Roanes as oan in waerm fjûr. Hy sette him heech, dizze skûtmakkerssoan fen Eastemar en ’t scoe Wolmoet nea birouwe, as se mei dizze nei ’t gritenijhûs ta gyng, tocht him. Dy rare markejoun fen Optwizel hie dochs noch earne goed for west.

Dy middeis rieden se togearre op ’e kromsidige seas, heech boppe it stof fen ’e wei, troch de moaije, bloeijende wrâld. Hja koene fier sjen.... gjin dize loek syn sulveren streken twisken ’t fiere en ’t tichtebye.... ’t wie allegear sa klear, sa fris en ’t kaem sa folmakke út ’e Skepper syn seinjende hân, det de nije pracht fen it jier makke hjar suver stil.

Sá rieden hja in hiel set. De iensume sânreden lâns en do oer ’e Hamsterheide.... yn it âld weinspoar wipte de seas op en del en mennichten fen heideblommen sneuvelen ûnder de greate tsjellen.... Hjir en der in inkelde spjir, in jeneverbeamke, oars de wiide hege blauwe himel en de brune heide inoars maten, nou yn simmerhearlikheit, winters yn earmoeds bitterheit.

By Bindert Japiks stiene de skúrredoarren op en Wytse seach al ris út.... It like der wol boelgûd, sa fol stie it hiem fen allerhânne soarte fen weinen, bolderweinen, in gieloaljelinnen kappe der stiif oer spand, seasen, ierdkarren, in pear faeiëtonnen, in inkelde moaije karosse for fjouwer hynsders en yn ’e kamp foarhûs roanen sa ’n sechstich hynsders.

„Nou, nou!” sei Foppe Lieûwes en seach dit alles oan. Ho scoe hjoed dit weromsjen wêze fen ’e Oranjemannen, nei de tsjinstuit fen Dokkum út inoar stoud as hwet goezzeplûm nei alle wynstreken. Inkelden, dy-t tichteby wennen, kaem ’r yetteris wol to wird, mar sokken fen Ingwjirrum en Anjum en Boerum en de efter-Ljouwerts, wierne se net as skippen, wachtsjend foar ien slûs in amerij, sa tichteby en nea yn it libben wer diselde reis!

„Miskearret der nou nimmen mear?” waerde der frege, do-t se ynkamen yn ’e greate skûrre, hwer wol in hûndert man hjar opwachte. Stadich waerden de nammen oproppen út de neiste contreinen.... presint wierne de measten en dy-t der net wierne, der joech in oar for lûd en fen dy-t fierst ôfwennen, kaem allinne de oerste ef foaroanman op it aljimint. Finzen noch inkelden, mar de measten al wer los tsjin in heech losjild.

It wie Wytse Binderts Cloosterman, dy-t út namme fen syn heit de list foarlies en do-t hy by de namme fen Jan Binnes kaem, stúke syn lûd efkes.

Al de oaren waerden stil.

„Jan Binnes!” sei Wytse Binderts. De hoedden kamen ôf.

„Jan Binnes is de holle ôfslein for de goede saek fen Oranje de 18e fen Selle fen dit jier en syn stof is biierdige folgens oarder fen al de Oranjemannen op it Aldwâldemer hôf. Dit doch ik, fen Scheltinga fen Stynsgea to witten oan al dizze ljue hjirre. Hy hat syn libben jown for ús saek. Litte wy syn namme yn eare hâlde.”

In inkelde bange stimper riboske efkes, ware de geest fen Jan Binnes net yn hjar foarmidden om?

Wer trof de klank fen in bikende namme Foppe Lieûwes syn earen.

„Master Marten Joukes?” waerde roppen.

„Forkomt yn ’e finzenis to Ljouwert al sont Selle.” In dof gemompel gyng troch de rigen, seagen se it lytse opljeppen mantsje noch net oan ’e spits fen syn folkje út ’e Wâlden? en nou al sont moannen yn ’e wiete kelderhôle fen ’t tichthús! Foppe Lieûwes gyng ’t neijernôch, krekt as wie ’r op in bigraffenisse fen ljeaven.

„En nou frjeonen, komt it alderslimste yette,” sei Bindert Japiks. „Nou komt de kniper op ’e skine. Ik bigjin sa njonkenlytsen to tinken, det allinne twa fen de earmsten der útpikt binne, om ’e koarte dea op ’t skafot en ’e lange marteldea yn ’e finzenis to stjerren, omt der dochs neat op hjar to forheljen is. As se tûzenen bisitten hiene, wierne se ek wol sparre.... nou wierne se goedkeape offers ta formoedsoening fen ’e wraek fen ’e Jacobijnen. De libbenen moatte bliede.... Frankryk easket ommers jild, tûzenen, hûnderttûzenen, noch mear.... En ienkear.... scil ús it fjûr noch wol neijer oan ’e teannen lein wirde, den komme ús bern oan bar....

Der kaem biweging ûnder ’t folk.... „Sa fier is ’t dochs noch net?” oppeneare ien binaud. „Sitte wy den al sa yn ’t ûnleech, det wy gjin kant mear út kinne?”

„Praet fen gelok, as ’t noch net slimmer wirdt. Jisterjoune let krige ik dit brief.... Geuke Ljibbes wit fensels wol, det wy hjir hjoed by inoar binne, der soarget de forrieder yn ús foarmidden wol for. Min moast him ôfsoalje, det ’r der noait wer sin oan hie, om hjir to judasjen.” Banjer, hielendal efteroan by ’t skûrrefinster, slûpte foart. Immen joech him in stomp, hy stroffele oer ’e efterhûsstriette.... syn possenaesje wie nou útspile, fielde ’r wol, it jildfortsjinjen dien. En Foppe Lieûwes brocht him tobinnen, hwet de jonker ienkear sei hie der dy joune yn ’t húske to Iestrum.

Nou bigoan Bindert Japiks sels de lange „dagvaarding” foar to lêzen, opmakke fen ’t Geregte fen Achtkarspelen en únderteikene fen Geuke Ljibbes en fen der Kooij en hwer de nammen[1] op foarkamen fen allegearre, dy-t oan de Collumer opstân mei hândiedich west hiene en lies teffens de boete op, hwer se ta foroardield wierne.

[1] sjoch efteryn dit boek de „officieele” list fen nammen en boeten.

It wie sa stil, min scoe wol in spjelde fallen hearre kinne. D’iene seach toglûp nei de oare, mar elts for oar hâlde him great for syn bûrman.

Einliks swijde it swiere lûd fen Bindert Japiks. Hy tearde it pompier op en stiek it yn ’e bûs. „En nou, hwet sizze jimm’ hjir ta?” tantte ’r de ljue. „Wy ha rare lege eagen smiten, frjeonen! Is der nou ek ien by, dy-t it moit, hy komme op. Ef ha wy it allegear for Oranje oer en yn Oranje for Fryslân, it selsstânnige Fryslân, frij fen hollânske twingerij!” en do hwette sêfter: „Alle ljeafde freget hjar offers frjeonen,.... alle lok wirdt ommers bitelle mei syn eigen priis.... Dizze priis is heech, taest ús oan yn ús goed. De measten scill’ der hjar om bikrimpe moatte, in tindere brogge en faken in sûpke jenever minder. Nou, der kin ’t sûnder, dy brouwdrank fen ’e divel is nin minske ea goed bikaem.... Mar hwet my o sa sear docht, frjeonen.... it is net de straf.... ef it jild.... ef de kweanamme, dy-t se ús oanwriûwe scille yn Hollân.... mar it is de saek sels. It hat de lêste útsetter west for ús. Nou is der gjin forwin mear op. Wy kinne om ús hinne gnauwe as in snoek yn ’e foeke, it jowt ús neat mear. Hollân krijt ús nou alhiel yn ’e bisnijing. Fryslân wirdt in wingewest, ôfbeuld as in âld hynsder foar in swiere fracht fen skilden.... nou en for alle tiiden en al ús gloarje scill’ se ta hjar nimme. Skrippe se al net, om ús ús Hegeskoalle to ûntstellen? Fryslân moat ta de wrâld út.... As se koene, scoene se selst de tael en de namme der út snije wolle as in minskehert út syn lichem....”

De oaren bleauwne stom, gjinien hie in wjerwird, mar it gyng hjar troch ieren en sinen. In nuver gemompel bigoan warber to wirden yn alle hoeken fen ’e greate skûrre, it wie in swier stik, om dizze bittere wierheit forkropje to moatten.

Einliks sei der immen bidêsd: „Bindert kin ’t ús nou allegear wol slim tofoaren prate, scoe ’t altomets noch net hwet tafalle kinne? Min merkt der hjir noch net folle fen as nou ja.... mei det jild is nou wol slim, mar der ha wy ek de kâns for hawn om to winnen. Hokker groun hat Bindert for al dizze slimme formoedens?”

„As min immen hwet to lien freget, is min al hear ôf en as min frjemd yn ’e hûs hellet, om der to regearjen, wirdt min sels slaef. Hy sit by de skerm en min yn ’e sigerige herne. Tinkst, det Frankryk it rike Hollân om ’e nocht helpt? Wiste noch net, det wy yntkoart in fyftichste penning opbringe moatte fen al ús goed en mar in rinte krije fen 3½%.... as wy se krije?! Brekt de ynkertiering ús allegear op den duer net de nekke? Tinkst sims, det ik myn fiif man ynkertiering altomets om ’e nocht útbisteegje yn ’e Hamster harbarge? En wy binn’ noch lang net oan ’e ein fen ’e tiiden ta.”

Foppe Lieûwes, ek ien fen de âlderein, nikte byfallich. De jongeren woe ’t net oan, ho slim as ’t wol stie, och, as min jong is, kin min alles tille.... den leit it hiele libben derfoar as in effene wei. Mar al njonkenlytsen leart in minske hifkjen en soarchjen.... de jonkheit libbet der mar op los as de soldaet Saterdeijouns. Moandei’s is ’r al mak,—tocht Foppe Lieûwes, wylt ’r sa ris om him hinneseach yn ’e healtsjustere skûrre en hjir en der in goekinder tanikte. Hea, der stie ek in kloftsje Boerumers, Joege Innes yn ’t foarmidden en hy gyng der op ta en hja fûsken, mar it antlit bleau stoef en hja seagen bidrukt.

Och, it jild wie noch wol oer to kommen, det net, al scoe hjar ’t helter wol útstrûpt wirde en de pong yn ’e alderlangste knoop komme! Mar dy grêven diene it him, ien op it Aldwâldemer tsjerkhôf, twa yn Driesum en trije yn Ikkerwâld! It wierne offers fen minsken, dy-t it Bataefske regear frege hie, in moai biwys fen ’e heech romme broerskipeftigheit! De tûmmeskroeven setten se linkende wei al mar kniperiger oan, earst de frijdom kwyt, do it jild en nou! de earste soannen fen it folk sels, dy-t oars neat gjin kwea dien hiene as det hja it wettich gesach fen ’e Oranje’s, it hjar fen God taskikte regear, hânhavenje woene.

Scoe ’r dit noch ienkear bilibje meije, dit regear wer op syn troane to sjen? de flagge noch ris wer waeije op ’e Eastemarder toer ta eare fen ’e jierdei fen ’e Stedhâlder, goudtsjeblommen yn syn tún sjidzje to kinnen, sûnder det der immen kaem en skûrre se der by nacht en ûntiid út. Och hy wie in âld man en Joege Innes en safolle oaren wierne it ek.... licht wierne se al lang yn it hinnekleed bispjelde, eart it sa fier kaem. En dochs.... hy twivele net oan Heger Bistel, nei dizze tiid fen binauwinge en druk kaem ek ienkear wer in bettere tiid. Den scoe it folk wer frij wirde en ’t wêze sa ’s alear: Fryslân wer it frije, moaije lân en in fryske Oranje draechjend yn eare en greatskens de Fryske kroan, dy-t him takaem en hwer it hiele folk syn rjuchtsbisef him yn skoarre, dy drage to kinnen....

Ho ’n moaije dream wie ’t, ho ’n bitiizjende tsjoen fen takomstbylden! ’t Koe allegear sa komme, al wie ’t nou noch mar in drôge, mar is net alles, hwet nou wirklikheit is, net ienkear ûntstien út hwet do spotsk drôge hjitten waerde?

Bindert Japiks drôge net, dy hânnele koart biredt en koel. Hy siet op in ierdkarre en skreau de nammen op fen ’e ljue, hwaens wapens al ynlevere wierne[2] op ’t Stynsgeäer gritenijhûs ef dy se weismiten hiene yn ’e stedsgrêft fen Dokkum. Ek skreau ’r de nammen op fen ’e ljue, hielendal troch earmoed ûnbikwaem ta boetebiteljen. It wierne mar in stik ef seis, hwent it folk, hândiedich oan it forset, hearde ta de geseten ljue. Earme lús-angels hâldden it mei it Frânske gesach, hja hiene ommers nea hwet to forliezen, altyd to winnen, as ’t ris oan ’t fordielen fen ’e bút takaem. Ho scoene se der den yn omskûrre, as dy bêste brave patriotten hjar ris frij lieten to dwaen nei hjar eigen wil! Ho scoene se sels skrippe, om it measte to krijen, al moast der den ek in húsman om dea. As hja it mar hiene!—tocht Foppe-om.

[2] Sjoch hjiroer efter yn it boek.

Fierders lies ’r ûnder deadlike stiltme it brief fen ’e jonker foar:

Hampton Court de          
30e van April 1797.

Mijne seer getrouwe Vrinden.

Deeze wordt UEdn. geschreven uit de residentie van onzen Frieschen Souverein, te weten Hampton Court, waar ik na eene seer sware reis van zes dagen door Gods genade toch nog behouden ben aangekomen. Ik ben nu, waar ik moet zijn, in de schaduw van mijn’, ja onzen seer beminden Vorst. Toch gaat mijn verlangen uit naar mijn vertreden Land en naar mijn verslagen, verootmoedigde vrinden. Wij hebben ons spel gespeeld, wij hebben verloren.

Ik zie de toekomst donker in, mijn Heer doet het evenzoo. Hij weet niet en waarhenen zich te wenden, zijn herte is in bittere droefenisse om ’t gene en is geschied.

Laat ons allen onze oogen opheffen naar de bergen, vanwaar wederom eenmaal onze hulpe komen zal. De Heere is ook de God der legerscharen, Hij leidt ze naar Zijn wil.

Seer zoude het mij verblijden, te mogen vernemen, of onze vrinden Jan Binnes en meester Marten en de anderen huiswaarts sijn gekeerd ende of se nog zijn beboet.

Deze wordt UEdn. gezonden door de tusschenkomste van Porter uit Harlingen en zende de Uwen ook alzoo.

Ik groet U allen seer, mijne Vrinden, in ’t bizondere Bindert Japiks in ’t Clooster en Wibe Lubberts: Gedenkt mijner—banneling—in den gebede:

Ripperda.

Hwet roerden de wirden út dit syn brief teare snaren oan! It hert spriek ta it hert, ja wol det!—

En einliks formoanne Bindert Japiks de ljue yn in koart, earnstich wird, goedwei de boeten to biteljen, de saek lei der nou dochs sa ta, hja wierne oerlevere oan ’e dogeneaten en forroppe foar it Hof to Ljouwert ef sa, om ’e boeten forlytse to krijen, scoe dochs neat jaen, omt Hollân raesde om jild en dit moast wer as in lyts pynstillingkje brûkt wirde.

„Mar wy wolle neat mei det Hollân út to stean ha! Hwet maelt ús det Hollân?” rôpen inkelden en ho-t Bindert Japiks, fen Scheltinga en Joege Innes ek praettene, it folk bleau rare roerich.

„Woll’ jimm’ it noch ris bisykje en det it ús wer ôfgiet as to Dockum?” frege Bindert Japiks.

Der prusten se ek raer tsjin oan. Né, det nou just net....

„Nou, hwet woll’ jimm’ den? Komm’ op, dy-t in útwei wit....”

It bleau stil ûnder ’t folk, mar einliks pinfiske in bisûnder bolstjûrigen maet: „As wy nou as ien man ris wegeren, om dy boeten to biteljen, hwet scoe ús den oerkomme kinne?”

„Den krigest skúsjeboelgûd, alles forkoft en den op ’e keap ta tsjien man ynkertiering....[3] en ast dy den noch al to raer postuerdste en net om lyk wolste.... nou, de bile is der altyd skerp to Ljouwert en der is gjin greater plesier for Hollân, as der in frije Fryske nekke ûnder,” sei fen Scheltinga bitter.

[3] Fen Scheltinga fen Stynsgea koe der fen meiprate. De 7e fen Selle waerd hy oppakt troch in oermacht fen fyftich patriotten en ’e captain en nei Ljouwert brocht, syn wiif Maria fen Haersma waerd’ do in húsarrest oplein út suvere pleachsucht en der sahwet in wike ef fjouwer in man ef tsjien by hjar ynkertierd, wylt hjar man yn ’t tichthús siet.—

It snie hjar troch it hert, dizze wirden. Wie it sa? Ja, it wie sa! Det hie Hollân al lang in greate argewaesje west, det rike Fryslân dêrre ûnder syn eigen regear, dijende fen wolfeart en frede.... de Hegeskoalle to Frentsjer tige yn bloei en mennich learde ôfleverjend, hwaens namme klonk as in klok.... Fryslân fleurich, sûnder greate skilden en wol mei greate baten, hwet stiek it Hollân de eagen út! Der moast in ein oan komme, hwa kin yn ’e wrâld de fleur fen bûrman sjen en wirdt net oerginstich?

En nou hiene se Fryslân yn ’e bisnijing! goed knevele ek! en lei it der spinfoetsjend, machteleas foar! Ho scoene se it nou tramtearje, eart se it einliks genedich de deastek joegen. Der moast neat fen ’e âlde gloarje bliûwe! In útplûndere hûs! in kealskodde beam! En den koe ’t folk gean, hwer it woe, ast tominsen noch op ’e poaten stean koe....

It joune nei de moaije Snein. Elts ried nei hûs, wrok yn it herte, opstandich it moed. Hwet Bindert Japiks en fen Scheltinga seine, wier wie it, bifestige it soun forstân hjar, mar in oaren, tigen fûlen twinger, it gefoel, stie op tsjin dizze twinglandij. En den fen frjemd! Hie ’t ien fen ’t eigen folk west, in Fries ûnder ’e Friezen, hja hiene noch mei tsjinsin dwaen wold, hwet hy gebea, al scoe ’t den ek wrokjende wei west ha, mar in frjemd oerweldner!? Wûndere plannen spûken der dy moaije fredige joune yn in bulte hollen om. Hja seagen neat fen ’e hearlike wrâld om hjar hinne, hja kearden sa djip ta hjar selme yn, det de bûtewrâld bistie net iens mear op dit stuit, allinne haet! haet! bimastere hjar tinsen en joech de sêftere fielings fen ljeafde en forjowing in triûw yn ’e bidelte.—

Foppe Lieûwes bleau to iten by Wolmoet en dy. Wie ’r der net as thús? En Wobbe en hy kuieren togearre it lân noch ris in eintsje út en biseagen de nije frucht, dy-t der oerwaeide op ’e jounsigen as in hearlik ûnthjit. De lege sinne streake ’r noch goudglânzich oer, in fûgeltsje, sêft fen lûd, song ’r noch syn sangkje. It lûdtsje wie sa fyn, it lûdtsje wie sa tear, krekt as koe ’t hast net ta jubel komme en woe it dochs sa minlike graech....

It wie sa maitiidsêftige jong, dit allegearre en Foppe Lieûwes en Wobbe, de beide âlde mantsjes, fielden hjar optheden o sa âld.... âlder as hja ea west hiene.

Hja hearden lûd praten en laeitsjen en seagen Wytse en Ritske mei Roanes Gearts kuierjen yn ’t kleasterhôf, de wallen neisneupend, as der al ripe wylde ierdbeikes wierne.... Hja koene noch laeitsje, dy trije, it gyng hjar noch net botte nei....

„It bliûwt mar oan mei ús Wolmoet”, sei Foppe Lieûwes en syn eagen kipten wolgefallich Roanes út ’e trije. „Hwet seistû derfen Wobbe?”

„Dy binn’ for inoar bisteld, det ha ’k al lang bispeurd”, nikte Wobbe wis.... „Us Wolmoet is keken en as sokken hjar hwet yn ’e holle sette, den slacht gjin minskewil it der ea wer út. As ’t in forkearden ien west hie, hiene wy der neat oan dwaen kind.... nou ’t it in goeden ien is, liket it my in seine ta fen de Heare. Hy wit, hwet it weeske nedich hat, wy beide, jou en ik binn’ âlde minsken en Lysbeth ek, wy ha ús measte tal jierren hjir hawn en ho den? It bern hat in stipe fenneden.”

„Scoe hy der ta doge?” hifke Foppe Lieûwes útfreegjende wei, al hie hy for him sels Roanes Gearts al tiiden as sadanich biskôge.

„Sjoch”, sei Wobbe, „jy hâlde it stil fensels.... ik ha ris nei him fornaem sa nei ’t iene en ’t oare. Hy hat jild fensels en den hat immen ek fijannen, guont, dy-t it him forginne, mar de boaden by syn heites meije him graech lije en syn kammeraten binne ek goedsoartige ljue. En it laech is goed....”

„Bêst”, sei Foppe Lieûwes der op ta. „Ik ken se fen âlder ta âlder, it is gjin oastich hout om sa to sizzen.” Sa kâlten dy âlde mantsjes der mei inoar om, wylt de jonge feinten laeitsjend en pratend om hûs en hear kuieren. Roanes loerde al ris skean nei de pleats, hwer hy syn famke wiste en den pleagen Wytse en Ritske him sa, det hy waerde der hast mâl fen. Syn donker, djip baslûd klonk fol en helder en sims spitsten de beide âlde mantsjes de earen. Den forstiene se in koartswilich wirdtsje.

„Jonge! jonge!” sei Foppe Lieûwes,.... „do-t wy ek noch sa jong wierne....! hwet wie ’t do moai....”

„It is noch moai”, sei Wobbe droech-wei.—

Lysbeth raspe krekt de tsiis oer ’e broggen, do kamen de manljue yn. „Wy binn’ roppich as hinnepiken, nou Foppe-om?”

„It hat in minne dei west”, suchte dy. „Min scoe einliks net ite moatte fenwegen al dy aeklikheden....”

„Kom, kom!” susse Lysbeth, „mar gau in flaubyt. Noait de holle hingje litte, altyd der mar wer kraukyl en fleurich by. Elts minske sit wol ris yn ’e skûrsek en de bêste medicyn is jimmer, de holle heech en de mage fol.”

„Jy prate hwet”, en Foppe Lieûwes suchte noch djipper.... „Hwer is it fanke?”

„Efkes nei de bûrren nei de kammeraetskes. Sjoch, der komt se krekt oan.” De âlde eagen fen al dy trije minsken seagen fol ljeafde nei hjar.... de fleur en de gloarje fen hjar libben. Hiene se se mei-inoar net opsaeid as in lamke, do-t heit en mem it net mear koene? Hiene se der alle trije net like folle oanpart oan? Elts for oar easke syn part op, liet him net oer in strie lûke, fielde him der like nei ta as de oare, Lysbeth einliks aldermeast.... Hwet scoene dy manljue ek al!

Der kaem se oan, hjar ljeave, jonge pop! De sinne hie se yn de rêch, nou like se greater as oars. En hwet stie det nije gielsitsen pakje swierich en der de wytkanten skelk by foar. Al wennen se efterôf, hja wist noch wol fen moade en ’t moaijste út de fyndoekspoep syn marse achte se noch mar krekt goedernôch for hjar. Al hie Wolmoet hjar eigen bern west, hja hie net mâlder mei hjar wêze kind, tocht se.

Efter de elzenwâl seach noch ien hjar.... Roanes stie der, hielendal wei yn ljeaflik oanskôgjen.... Ut de fierte wei by in bocht fen ’e reed kaem hja in eintsje lyk op him yn.... hy stie der stil nei to sjen, for ’t uterlike sa bidaerd as altyd. Ritske en Wytse op in distânsje grânzen: „Pas op, detst net yn ’e sleat falste. Der ’s wetter en Wolmoet net”, en hja forknypten hjar for wille. Roanes diich, as hearde ’r neat. Ien tel waerde ’r yn syn siele in gerdyn oplicht en de binnekeamer fen it lok syn doar seach ’r en hy gyng der ta ’n yn, stil en stadich, de djippe preauwer, hwent det wie ’r. Hy preau oan ’e djipste roersels ta it sidderjende lok.... hy naem it ta him as in rjucht....

En hja kaem tichteby, gyng de hoeke om, linich fen swaei en yn ’e hûs. En noch altyd stie hy der, yn dreamen wei....

„Wolst altomets ek in elzenbeam wirde? Kom, gien mei yn ’e hûs, Roanes. Fen acht ûre ôf oan twa ûre ta kinst se strak ansens bisjen.... Hja hat ek in deaplakje op ’t wang”, pleage Ritske. „Hjir oansje”, en hy wiisde op syn birdstoppelich kin. „Wy kenn’ Wolmoet ek wol, nou Wytse?”

„Fen oansjende, hear Roanes”, sei Wytse heech en gyng neist Roanes yn ’e hûs.—

Yn ’t oankommen fen ’e lije foarjiersnacht wie diskear in wûndere hearlikheit. It hie yn lang net reind, nou foel der somwilen út in tsjuster wolkje, hiel even in droeve glim oer ’e greate moanne, in hantsjefol bûterdrippen. Hja foelen rjucht del en makken net folle gewach yn dizze stille bloeijende wrâld, al trúnden se ek de stadigen en ’e loaiën en ’e letkommers oan ta bloeiberens. De lêste knoppen troaiken se ta iepengean, de lêste ikebledden om de oprôlle bledspruten hjar kleverigens los to litten. In moaiwaerûltsje rôp, ien fen ’e Stynsgeäer bosken andere gysten.... twa.... trijeris, krekt sa lang, det de oare waerde stil.

De kamperfoelje geure, de michjes gounzelen bilust om ’e tafel, for hjar oanrjuchte ta in feestmiel en fen geurige ranken biskûle, brette de bûnte specht op in fol tal aeijen yn ’t holle fen in stamme. Dy stie deun by ’t hûs, in âld boekebeam wie ’t. It lette de fûgel net, hwent it folk dêrre liet him betien, al woe hy ek twaris briede, hja scoene him net forbâlje. Heech yn ’e beam, der rûzde somwilen de snjitterige rein, efkes stil, efkes wiet en nou skynde de moanne wer. Lysbeth toffele nei de hutte ta to fjûrbistopjen, Wobbe skoatele de útdoar. Foppe-om wie al lang wer foart, lyts yn inoar dûkt mantsje op ’e hege seas seagen se him weiwirden det út nei de Hamster bûrren, op ’e joun wol feiliger paed as dy iensume heide.

Roanes siet op syn âld plak foar de hird, nou kâld en de plaet en it koperen hirdtsje moai oppoetst en in pronk fen in readkoperen greate tsjettel oan ’t hael. It skoarstienkleed roek fen stisel en de hiele keamer fen terpentyn. Hy helle syn pypke ris út de bûs en stie yn bistân. De toeback lei oars al foar him.... in folle pûdde bêste Jouwste hearebaei.... mar joech ’t einliks wol pas hjir to smoken?

Stadich, hiel lytse snúfkes twisken tûmme en finger, bigoan ’r de piip den dochs mar to stopjen. Wolmoet snjitte der noch efkes út, ticht by him lâns, hy hearde it fortrietlik gejammer fen ’e kofjemounle yn ’t foarhús en gepraet yn ’e molkenkeamer. Syn eagen wykten net fen ’e doar en by ’t ynkommen seach ’r hjar fol en great mei ljeave, twingerige langstme oan. Hja glimke jongfammige bidêsd tsjin him, wylt hja it tinnene kofjekantsje op it komfoarke sette en de brune klontsjes yn ’e glêzene klontsjepot der neist en de Dimter koeke.

En do siet se, in lytse prinsesse, op hjar troan, al wie ’t ek mar in knopkestoel en der in kaffen kjessen op. Ho gau wie ’r by hjar....! ho swiet de earste swiete pea....!

De stoeltsjeklok roan as in hirddraver.... d’ûren kopketûmmelen, gnizerige kwajonges, inoar foarby. Roanes hie net folle to keap.... hy triûwke en patte syn lytse pop al mar oan en as se hjar ris efkes út syn earms loswynde, den hâldde ’r dochs hjar hantsjes yn syn greate brunen.

„Ik kin dy net wer misse, Wolmoet,” sei ’r optlêst hiel stadich en sunich. „Strak ansens komt de simmer en de haeijing.... den scil ik dochs in skoft net komme kinne.... En ik kin net sûnder dy.... Ho scoe ’t nou moatte?”

Hja sei neat, siet, de hânnen yn sines en ’t lytse kopke tsjin syn skouder oan, stil foar hjar út to sjen. „Sa ’s dû dochste, is ’t my goed,” sei hja optlêst, as in syke sa sêft. Yn ’e greate keamer wie ’t as gefluster.

„Pop!” sei ’r en loek hjar wer ticht tsjin him oan....” „En as ik nou ris sei, om takommende Maeije to trouwen, hwet scoest den sizze?” en yn syn moai djip lûd, suver as in sulveren klok, reaunte in trilling fen twivel. Al hope ’r sont tiiden, al leauwde ’r sont in set, och, al syn lok hinge optheden as in lytse sulveren kûgel to soeijen boppe in djippe swarte kolke fen leed.... En it lot boarte ’r mei, boarte mei him en syn ljeafde. Hokker kant út, jong minskebern.... in flimende smert ef in jubeljende freugd....?

Hja nussele hjar tige ticht tsjin him oan, deun neist him flustere se: „Det scoe my ek goed wêze, Roanes....”

Yn ’e foarmoarn gyng hy nei hûs.... de stille paden del nei Eastemar. De beammen dripten noch nei, mar it reinde net mear en alles roek oeribele swiet, krekt as hie de hiele wrâld syn kostlikste geuren biwarre for krekt dizze nacht. De lânnen fol blommen geuren, de hagebeammen op ’e diken, de wylde roaskes yn ’e sleatswallen en by in iensum boerehûs stie in âlde kastanje yn folle bloei. De jonge, bliide moarn waerde warber yn ’t Easten en in sêfte roazereade skimer trille oer ’e loft, al fierder en fierder teante ’r, ont it hiele Easten as in blom yn ’t roazereade iepen bloeide. En derfoar.... en ek gjin inkelde beam mear, stie allinne dy iene kastanjebeam en bloeide.

Tûzenris bloeide ’r, tûzenris de jonge maitiid droech ’r op syn swiere âlde tokken.

Roanes Gearts bleau in amerij stean en preau syn skiente en liet de heugenisse hjir oan stilwei sinke as in sulverstien yn ’e djipten fen syn optheden o sa ontfankelik gemoed. Ho ’n dei, ho ’n nacht....! De pilgrimsreize fen ’e minske, hwet in hearlik, freugderyk paed, hokken wûnderen geniet it reisgjen togearre al den dei, sa ’s nou syn kenber foarlân wêze scoe....

Geart skûtmakker hearde syn soan thúskommen. Hy makke krekt rislewaesje, om fen ’t bêd to gean en ris yn ’t waer to sjen. „Bistû ’t Roanes?” rôp ’r.

„Ja,” rôp dy werom en de jubel fen it lok lake yn syn swier lûd. Heit wist genôch.—

De simmer gyng as in jonge, sterke helt syn hastige wegen. De seinen waerden harre, de stannen foelen, de bynstokken wipten op en del op de haeiweinen en hâldden sêft fen twang, it bolstjûrige nije hea yn lust en op in joune yn ’t lêst fen Juny waerden de earste foarkfollen hea yn ’e gollen loege. Ho geurich dy nije risping! ho streksum dy nije wintertarring! De sinneskyn fen wit hofolle sinneskyndagen wie der yn.... de swiete balsemrook fen millioenen blommen, de stille seine fen net to tellen reindrippen.... de soeijing fen wit hofolle streakjende wyntwirren, tantsjende om siedtsjes falle to litten for it kommende jier, det nou syn tried al spoan twisken it wêzende en it kommende. Natuer koe ommers gjin stilstân.... dizze mem hjar flitige hân koe gjin hjeljoun....

De haeijing wie krekt dien, do brocht de biisjager de tynge bylâns, it Geregte fen Achtkarspelen scoe sitting hâlde yn ’e Hamster tsjerke to boete-opfandeljen.—Nou kin ’t den oan ’t strûpen takomme”—, sei Bindert Japiks stoef. „Hwet seistû, Anty?”

„Sa lang as ik myn seis jonges noch mar om my hinne ha, siz ik neat,” andere dy.

Bindert Japiks bigriep de wink.... der foel gjin wird mear yn ’e húshâlding oer dizze saek.

En de middeis fen ’e 27ste July 1797 trieken se allegear nei de Hamster tsjerke ta. Der sieten Keuning, Geuke Ljibbes en fen der Kooij al yn ’t fjouwerkant, goed forsegele efter it hekje en in wacht fen fyftich patriotten der omhinne. ’t Koe ris knipe.... en dea is ’t lêste.

Hjar moaije gloednije faeitonne stie foar ’t weardshús. ’t Koe in nije wein lije, monsieur Poppéus de Rhé hie biskikke litten en jowe hjar in forearinge fen elkmis fiifhûndert goune, omt se sa goed de skildigen by de kraech krige hiene en de wapens ynlevere. Hússikings hiene se der om dwaen moatten, net sunich ek en alles útfikeleard ta ’t lytste bytsje ta. Der scoe noch wol ris in houwdegen oerbliûwe, mar ’t measte wie binnen. De fette baerch koe net mear wrotte, hy wie foargoed ringe en hoechde nou allinne mar mear slachte to wirden, om ’t smoar der út to snijen.

De tsjerke wie al fol binaud en démoedich folk, do kaem Bindert Japiks Cloosterman, earste tsjerkfâld fen Droegeham en ’t Bouwekleaster der oanstappen.... syn seis jonges efter him oan.

„Hwet moatte dy lytsen?” sei de hounegiseler by de doar en wiisde nei Nanne en Anne, beukers fen trettsjin en alve jier.

„Mei,” sei Bindert Japiks stoef.

„Mar it binn’ noch mar bern mei jou wolnimmen. Der kin in hiele forsteuring fen komme,” abbeleare de hounegiseler der yin, de eagen den wer skean op Bindert Japiks, den wer skean op ’e hearen yn ’t fjouwerkant. Hy waerde der hjit fen.

„Dû kinst nei de ljue der ta gean en freegje, ast dy net bitrouwst,” sei Bindert Japiks koartwei en bleau yn ’e tsjerkedoar stean mei ’t gesicht op ’t fjouwerkant. De hounegiseler hipte nei de hearen.

„Heit!” flustere Ritske.

„Stil nou,” hjitte Bindert Japiks him. „Harkje en swij, det jimm’ letter witte, hwet der hjoed bart bern.”

„De hearen sizze, lytse bern wirde hjoed keard. It is gjin preek, mar in forgearring fen ’e hearen patriotten.”

„Bliûw hjir mar efkes stean, bern en harkje nau ta, hwet ik nou fierder siz,” sei Bindert Japiks en gyng lykme allinne yn ’e tsjerke op. Ast koe, o ast koe, moast dy Keuning pyk set wirde!

„Meije dy bern deryn as net?” frege ’r bidaerd-wei oan Keuning, mar syn bloed, det sear.

„Né,” sei Keuning sneuterjende wei, „’t is nou gjin gefimel fen sa ’n doomné hjoed, ’t is in gearkomste fen it Frânske gesach, om de oproerlingen boete bitelje to litten. Witt’ jy det noch net iens, man?” Guont gniisden, guont, dy-t Bindert Japiks koene, fleagen oerein om as de need oan ’e man kaem, him to helpen. De wacht hie de hân al oan de houwdegen, fyftich skerpe wapens scoene der den dochs wol oarder yn hâlde kinne, tocht hjar.

Stadich gyng Bindert Japiks noch mear foarút, nei ’t fjouwerkant ta. Hja stiene nou lyk foar inoar oer, de deadsfijannen. Keuning waerde al hwet wyt om ’e noas.... it wie him oandroegen fen Banjer, it koe hjir hjoed wol ris rare nuten krêkje en al hie ’r noch sa ’n wapene folk om him hinne, min wist net, hwer in razene kearel ta yn steat wie en ien kûgel is der mar nedich for ien hert.... mar hy skoarre himsels ta forset en knypte de lippen stiif op inoar.

„Dy bern net deryn, Wybren Keuning?” frege Bindert Japiks nou sa lûd, det it klonk oer ’e tsjerke.

„Né! siz ik ommers!” andere Keuning breinroer.

„Den der allegear mar út!” rôp Bindert Japiks. „Ik as preases tsjerkfâld wol jimm’ hjir net mear ha. Hwer ’s jimm’ tastimming?! Derút en fluch in bytsje. Staet en tsjerke binn’ nou skaet.... dû hast hjir neat mear to sizzen, jongkje. To gau, gien yn ’e faeitonne sitten en rop der de ljue by inoar....”

It wie in smoarhjitte dei.... en Keuning siet ek ljeaver yn ’t skaed.

„O dû divel!” flokte ’r.

„’t Is altyd kamp en noait woan,” gniiske Bindert Japiks koeltsjes, „as twisken ús de hotte de file rekket, nou?”

It folk wie oerein flein en stie der stil nei to harkjen, de Oranjemannen forknypten hjar for wille. Bindert stie him, dy wie tsjin him, de tyran opwoeksen, woan mei glâns de felle wraksel fen man tsjin man.

Bindert Japiks wonk.

Stadich kamen syn jonges yn tsjerke, Wytse, de âldste, tweintich jier foarop, Anne, de lytste alve jier efteroan. Saûndersom gyngen se yn ien fen ’e hokjes sitten, lyk foar de preekstoel oer.

It slachtsjen bigoan. Earst waerde oplêzen, hwet de getugen sein hiene, dy-t by Hotze Jehannes, keslein to Stynsgea de 14e fen Maertmoanne getúgd hiene, hwet se al sa wisten: it jaen fen wapens oan al det folk fen ’e Pein en guont fen ’e Ham, it hâlden fen oproerige forgearrings by nacht en by dei, it klippen fen ’e klokken, it oerhelje wollen ta dy forflokte Oranjepartij, it oanstean en de twingerij om mei to dwaen oan it Collumer oproer, it wêzen by en it fechten foar de poarten fen Dockum en do waerde it relaes fen nammen fen ’e Ham oplêzen, fiif en fyftich.

Gjerrit en Marten Clases, de heechsten hearden hjar nammen en de boeten,[4] de alderheechsten: sauntich goune en hja gyngen nei foaren en telden de sulveren munte út op ’e tafel, dy-t yn ’t tsjerkepaed stie, rychje by rychje, soarte by soarte, netsjes foar Geuke Ljibbes, nou hjoed safolle as skathâlder.

[4] De list fen ’e nammen en boeten efter yn it boek.

„Ik woe wol, det dyn kop rôlle as dy fen Jan Binnes! Bistû in kearel? Bistû in Fries? Fen dy hie ’k noait net sok gemiens tocht!” biet Marten Clases him ta.

Geuke Ljibbes sei neat. Hy sloech de eagen foardel. De tiid kaem him yn ’t sin, do-t hy en Marten Clases maten wierne.... en nou.... nou forflokte ’r him!

In oar kaem en noch ien, noch ien, alle fiif en fyftich, it fette smoar fen it oergearre jild foel yn ’e panne om raend to wirden ta eare en bifestiging fen it Bataefske gesach. It folk seach nei Bindert Japiks: scill’ wy him oanfleane en meitsje him fen kant? Hy fielde, ien wink en de tsjerke, it hûs fen syn God, scoe ûnthillige wirde ta in moardplak.... It barnde op ’e neil.... hy fielde it sinzjende fjûr smeulen yn ’e onstjûre herten.

It dûrre gâns in skoft, eart al de mannen hjar penningkje offere hiene. Optlêst kaem ’t noch sa fier, in stik ef acht moasten nei hûs en helje jild, sa ’n kaptael hiene se net op rekkene.

Ien amerij wie ’t stil yn tsjerke. Do gyng der ien oerein, greate Gjerrit de foarsjonger wie ’t en dy sei: „Wy binne hjir yn tsjerke, yn ús Heare God syn timpel, it past ús yn dizze slimme omstannichheden, det wy in psalm lêze. Sjongen jowt gjin foech optheden. Scoe ’t mei ’t wolnimmen fen doomné wêze?”

„Doomné is der net.”

„Ast den mei ’t wolnimmen fen Bindert Japiks en dy en de tsjerkerie is....?”

„Jawisse!” rôpen se as ien man. En hy brocht hjar it boadskip fen ’e fjouwer en njuggentichste Psalm.

Keuning siet to rideljen op ’e bank, hy koe him net forwarre en moast it mar mei oanhearre, det onnoazele gefimel fen dy domme âlderwetske boer út in âld boek fen ’e joaden.... Ho hate ’r det Boek! ho hate ’r alles, hwet christen hjitte!

De neimiddeisinne skynde al leger ta de tsjerke yn, do kaem Bouwekleaster en ’e Pein oan bar.

„Heit, scil ’k strak ansens nei hûs en helje jild?” sei Wytse en loek him oan ’e jas.

„Still” andere Bindert Japiks. „Sangerje my net om ’e earen....”

Wybren Keuning, tûk op ’e sege, nou ’t hy earst ’n tobekset hawn hie, kaem mei fen der Kooij út it fjouwerkant wei en gyng neist Geuke Ljibbes sitten. De soldaten deun efter him. Nou scoe de bûter jild jilde, net sunich ek. Hie ’r Bindert Japiks, dy greatste dogeneat fen in Prinsman, net yn hânnen om him to rûppeljen, om him to strûpen oan ’e baeitsjeknopen ta? En forwarre koe hy him net.

„Tymen Hindriks fen ’t Bouwekleaster: fiif en tweintich goune,” lies de opropper, in soan fen Hotze Jehannes, de Stynsgeäer keslein.

„Eelke Rommerts fyftich goune.” Stadich stapten de mantsjes, tige foraltereare nei de tafel en skodden de pong út, ducaten, gounen en fijfjes, inkelde âlde goudstikjes, fen heit op soan forerfd, rôllen der út. Der gyng it.... foargoed.... Noait seagen se miskien wer twa goudstikken by inoar. It wie hertebloed....

„Harkje en wêz nou op jimm’ openst,” flustere Bindert Japiks en sette syn lytste jonge, dy-t noch mar kwalik oer ’e bank sjen koe, op ’e knibbel.

„Bindert Japiks Cloosterman fen ’t Bouwekleaster,” rôp dy langramige jonge fen in Hotze.

„Presint,” sei dy. „Hofolle krijst?”

„Trijetûzen goune.”

De hiele tsjerke wie stom slein. Nimmen sei in wird. Allegear hiene se de eagen op Bindert Japiks. Trijetûzen goune! in great kaptael! Min koft der fjirtich fen de âlderbêste bisten for ef in pleats fen hûndert pounsmiet lân! Nimmen hie ea noch safolle jild by inoar sjoen. Langlêsten wie syn boete en dy fen in pear oaren noch net bikend en derom net foarlêzen, hja bigriepen it nou, it wie in foefje fen Keuning, om de Oranjemannen it mes op ’e kiel to setten, hwent de boete moast foartdaedliken yn goede munte bitelle wirde, oars waerd der bislach op alles lei. Sa woé monsieur Poppéus de Rhé it.

Ho scoe dit komme? Mennichien briek it klamme swit út. Scoe Keuning Bindert Japiks dochs noch lyts man krije?

De tsjerkedoar fleach op en Jean, de greatfeint fen Bindert Japiks seach om ’e hoeke.

„Bring se mar,” rôp Bindert Japiks. En hy kroade it jild by sekfollen ta de tsjerke yn. Ho griisde it de minsken oan! guont koene it gûlen hast net litte en noch folle minder it flokken. Dy moast wol in bult mei Oranje op hawwe, om sa koelbloedich sa ’n kaptael ôfstean to kinnen. Scoe min dy Keuning net nei de strôt fleane?

Bindert Japiks diich neat fen dit alles. De sekken stiene kreaswei yn in rige yn ’t middenpaed fen ’e tsjerke, lyk foar de tafel. „Noch mear?” sei Jean mei in lyts binaud lûd.

„Nim de oaren mar wer mei nei hûs. Siz mar tsjin de frou, der wie krekt tûzen goune tofolle en det ik ansens thús kom.”

„Bêstich,” sei Jean en kroade stadich syn wegen.—

Bindert Japiks seach ris om him hinne, neat as binaude ef forlitsene troanjes fol haet en bitterheit. In inkelden patriot gniisde him út, it maelde him net. Noait wirdt min oerriden fen in karosse, mar meast fen in dongwein tocht ’r greatsk en hy gyng, de holle heech en de nekke stiif, út de bank nei de sekken ta en snie se ien foar ien los. Der rôllen se, de goudene en ’e sulveren munten lyk foar de foetten fen Keuning en fen der Kooij.

„Der is net by oplêzen yn hânnen,” sei ’r lûd, „en derom, klau se fen de groun, as jimm’ se ha wolle. En nou mannen.... ien wird. Dy-t it noch mei him hâldt, hwer wy nou hjoed sa om straft wirde, giet oerein as ik en myn bern en jowe him noch stilswijend de eare, dy-t him takomt.”

Alle ljue stiene, bihalven den de trije man patriotten.

„Der op ’e groun leit in hiel kaptael. Sjogge jimm’ det?”

„Ja!” rôpen se as ien man.

„Wit den, ik jow it út de folle ljeafde fen myn hert for myn Souverein. Ik hoopje, hy scil noch ienkear werom komme by ús en de Heare meij him biskermje en al syn fijannen fornietigje. Amen.”

Greatsk joech ’r him nei de útdoar. Dy hiele joune kaem nimmen him mear to sjen. Hy wie it lân útgien, om allinne to wêzen yn ’e stille natuer, him sa ljeaf, allinne yn ’t selskip fen syn tinsen. Wie de priis altomets to heech? O né! it libben scoe ’r jaen kind ha for de Oranje’s en yn de Oranje’s for syn gelove. Hwet wie it jild? In ripe apel fen in beam. In oar hat him set.... in oar hat him snoeid, wer in oar hat him bloeijen sjoen en de alderlêste, dy-t selst gjin weet mear hat fen syn earste innich forgroeijen mei de groun, dy tept syn fruchten.

Hwet wie it jild? In kiste en in hinnekleed kostet gjin kaptael en oars wirdt de deade ek al neat meijown....

En hy koe dy joune, wylt der weagen fen grimmitigens en lilkens oer syn herte bolderen as in onstjûre sé, dochs de dei noch seinje, hwer hy hjoed sá swier om biboete wie. Noch ris wer der op oanstien ta ienselde died, ta ienselde stryd, syn biidwird scoe it bliûwe: For Fryslân en for Oranje nou en for altyd!—

Hwet joech dit spul yn tsjerke dy deis in opskûrring yn ’t doarp! Lang om let rekke it boetebiteljen dien.... permantich stapten Wybren Keuning en syn kornuten, op in distânzje folge fen de soldaten, wer nei de harbarge ta, der se hjar in jounmiel sette lieten, bisproeike fen mennich flesfol bêste âlde wyn. Der foel hjar in stien fen ’t hert.... it jild wie binnen en net in hier op ’e holle krinkt. En det sei hwet. It wie hjir yn it hart fen it oproerigste diel fen Fryslân en dochs! ho stil en dimmen hiene se hjar de wolle ôfskeare litten! Allinne dy Bindert Japiks moast wer roet yn ’t iten smite.... as dy ris ûnder de griene seaden fen ’t Bouwekleasterhôf lei, hwet scoe me det in rêst jaen!

Nou wierne se keal—hy ek! hune Keuning sunich tsjin Geuke Ljibbes,—nou scoene se wol gjin oanstryd wer krije en stekke de hoarnen yn ’e wâl. Geuke nikte, hy hie krekt de geve tosken yn in swinemaech fol krinten en koe deswegen mei fetsoen it swijen derta dwaen, howol yn syn hert....? jonge, jonge! it hie him dochs oangriisd, ho-t de minsken hjar lytse sparduitsjes skriemende neiseagen. Hird man op in weak tsiis, birouwde him einliks syn baentsje al en nou kaem itselde noch yn ’e Koaten, der sa ’n sauntich ûnder ’t mes moasten, Optwizel mei njuggentich, Bûtenpost mei ien en njuggentich, Surhusum, Surhusterfean en Stynsgea ek elts noch mei in poarsje.

Sjeder, hy woe wol, det hy him der útwine koe, sá woe hy net langer. As ’t der op oankaem, wie ’t dochs fen syn folk, ja syn bloed! dy-t se der tramtearren as wierne it slaven en gjin frije Friezen mear en as dit de dieden wierne fen ’e Frânsken, sa mei jubel fen ’e Bataefske regearringsljue ynhelle ûnder ’t geraes fen Frijheit, Lykheit en Broerskippelykheit, den wierne dy dieden yn syn eagen min, sjeder....! En al wie ’t den ek monsieur fen Rhé sels, der hy him tsjin fordedigje moast, stilhâlde scoe ’r him net!

Oanfjurre fen ’e wyn, bigoanen hy en Keuning der optlêst om to kreauwen en det bôze sa oan, det Keuning rekke allinne foart yn ’e faeitonne, in stik ef hwet Frânsken to „peerde” efter him oan’ ta biskerming, hwent hy wie sa bang as in mûs en wakker yn noed om syn skoane trijtûzen en fiifhûndert en fiif goune,[5] de greate bút fen dizze iene dei. De minsken, dy-t him foarby riden seagen, skodden de fûsten yen him, it lette him net. Dy-t lêst laket, laket bêst.... en hy hie it woan, al hie it knypt. Hy scoe syn bêst dwaen, om Fryslân lyts en platbûsich to krijen en as ’r den ta lean it ris bringe koe ta maire fen ’t Collumerlân, in baentsje, det yntkoart ynsteld wirde scoe—wie det net in prachtige kroan op dit syn wirk? Wie det net it plak, hwer hy troch syn formogens, syn skranderheit hearde?

[5] Nou distiids ûngefear tsjientûzen goune.

Geuke Ljibbes gyng nei hûs, yn ’e prakkesaesje wei, de holle foardel.... „Bistû in kearel, bistû in Fries?” hearde ’r alwei sizzen. It makke him mâl.... hy rekke der suver fen út ’e liken. Wie ’r hjoed net towekker skodde op in hirdhânnige menear? Hy bigoan nou einliks to biseffen, hwer it om gyng. Al dy moaije wirden, al dy leidige praetsjes, wierne nearne oars om, as de ljue sân yn ’e eagen to struijen.... Fryslân moast forgean, weiwirde, eft it nea bistien hie. Frânsk syn seden. Frânsk syn regear, rede syn gelove en syn skoane jild, in roof for de frjemdling!

Mar det scoe noait wer barre, hy scoe net wer hândiedich oan det útpûlkjen wêze. It snie him troch syn hert, krekt as stitsen se der mei skerpe messen yn.

Yn ’e foarnacht kaem de kjers der by op en in nije goezzefearren pinne waerde oanlei en hy skreau Keuning mei in wirdmennich, det hy Geuke Ljibbes der gjin sin wer oan hie, noch ris wer as in beul der by to sitten, as de minsken de nekslach jown waerde. It bloed fen Jan Binnes hie hy lokkich net op syn gewisse, mar de triennen en de forflokkings fen oaren woe hy ek frij fen wêze. Derom winske hy ontslein to wirden fen syn affysje.

Sá stoar de patriot yn Geuke Ljibbes.... hy waerde wer in Fries.