XIII.
Helder lake de neisimmermoarn oer ’e bolwirksbeammen yn ’e âlde sted fen Ljouwert op. It tearblau fen ’e loft, hjir en der oerkroesd fen in wyt flanterich wolkje as in glimke oer ’e effenheit fen in kalm antlit fol bisonkene mimeringsmoaijens, hie oan ljeaflikens woan, hwet it oan kleurigens forlern hie, de earste fleagen fen ’e hjerstrein hiene alle simmerhertstocht der út weispield. It telde nou fen frede, de greate frede nei it kende geniet, de kalme rêst nei de heftige langstmerillen. Alle fiere frjemde streamen, wit hwersanne wei, wierne nou yn ’e fiere lokjende mar fen forfulling forroan. As in kristallene tsjelk, oerfol, stie der yette de simmer to pronkjen, mar o sa nou en den, hast net to bispeuren! kralen der in drip twa oer ’e rânne en foelen.... Yn det fallen wie dea en dwesting.... in simmerblom, hwer gjin nije dei for bloeije scoe.... in sinnestriel, hwer gjin nije dage for trilje scoe oan ’e reade Eastereinder....
De beammen op ’t bolwirk stiene noch fol yn ’t bled, al roan der ris in rodsigen ûnder, al foel der ris in foarbatigen ôf, de krunen rûzden noch yn de winen en bigearlik dronken de bledden hjar spitsige tongkjes de koele hjerstrein, as dy somwilen yn in stille nacht forkwikking brocht. En o! ho ’n weelde wie der yn ’e hôven to pronk, ho’n oerdiedigen weelde oan dy âlde tokken, hast to breklik sims om sa ’n simmerfleur yn read en giel nei bihoaren heech to hâlden en to toanen oan elts, hwa-t der niget oan foun. Ho skatteren de stokroazen hjar felle kleuren tsjin in âlde wytkalke mûrre! ho stoofde de sinne de lytse felettene drúftroskes oan in Súdgevel, hwer efter in latten hekje fjûrreade moanneroaskes bloeiden!
It like wol in parradyske, det húske, sa forside en blombigroeid stie ’t yn syn blommen en strûken. Oan ’t stiennen paedtsje derhinne, pronken sinneblommen, in hiele rige en ’e holders sieten der op to gounzeljen en preauwne hunich, det it hwet diich en ynienen kaem der ek in flinter oanfleanen, in skoenmakker en saeide der op del en stie op syn ranke poatsjes wjukjeslaend yn ’t swart fen ’e noegjende sinneblom as in kleurich fûgeltsje op in swarte berch syn sinnebiskynde keale krún.... „Pake!” dreau in lytse jonge. En hja roanen beide hird en stiene der by to sjen, dy moaije neisimmermoarn, wylt de dei syn nije ûren hjar ûntjoegen, de bern mei ’t skrift en ’e pin nei skoalle boarten, de húsman nei syn bidriûw gyng en de loaikert fen ’t bêd ôf skonke.
Hja stiene noch foar ’t wytfarwe hekje, pake en bernsbern en seagen nei de pracht op ’e wjukjes fen ’t skoenmakkerke. „Scoest him ha wolle en scille wy him prippe op in spjelde en dy op ’t buiske stekke?” frege de pake. Syn skerpe eagen wykten net fen ’e pronkjende flinter....
Bliide taslach lei yn ’t jonkje syn eagen.... hy scoe der sa mar op ta en pakke him.
„Hui, hui, alles mei forstân en oerlech,” sei pake en hiel foarsichtich teante ’r tichterby.... al tichter, al tichter.... „Flap!” sei ’r en hy seach en sjoch, syn hân wie leech. De flinter fleach foart en sette him gekoanstekkerich del op in drúftrosse, fierst to heech for minskehânnen.
De lytse jonge raesde, stampfoette twingerich op de groun. „Ik wól him ha en hwerom krij ’k him den net?” snokkere hy en sloech sa fûlbânnich op ’e sinneblom om, det de stâlle rekke kniesd en de swiere moaije blom sakke foardel....
Lyske-moi, in jierrich minske, kaem krekt ta de doar fen ’t húske út en seach! en takseare de skea, mar hja knypeage der net iens fen. Hja koé hjar foltsen.
„Myn hear!” rôp se oansjitsk, „en waerliken ús lytse poppe! Nou! nou! hwet scil’ wy nou ha? Ik sei fen ’e moarn al, de kat slikket him sa mei de poat oer de kop en ik seach in koets mei in pear skimmels, ik sei al sa, wy krije bisite. Mar hwa scoe dit tinke kind ha! En gûlde hy om in moaije blom, myn poppe? Hy scil de aldermoaijsten ha út it tún en in readwangkje apel der op ta,” en hja naem de lytse jonge mei efterhûs en hja kamen werom.... nou, de apels foelen him ta de bûsen út en rûggelen it paed lâns.
Minhear fen Rhé foel as yn side. Bernehoeden wie min wirk en hy diich it nou al sont seis wike. Joun scoe ’r lins krije, den gyng lytse Henricus wer nei mem, den mocht ’r it lytse boarterke bisjen, it sisterke, det mem meinaem hie fen de Wâldreis en noch folle mear, poppebakken en taert en greate bofferts en in top for him en dy koe spylje.
Sá hâldden se de lytse jonge yn lust. Moarns spile hy for bernefaem en kuiere mei syn ginaemd de hiele sted yn ’t roun en middeis diene syn Nelle en Sibbel it. Monsieur Poppéus foun himsels to heech for soks.... hy taelde net nei syn soan.... ja einliken ek net iens nei syn famke, suchte fen Rhé.
Lyske-moi hjar skerpe eagen wisten der ek wol fen, hy lies deryn hja tochte krekt itselde as hy.
„’t Is joun wer húswarjen by myn soan en dy’s,” sei hy. „Kinn’ jy, Lys-moi? Wy bitrouwe it nimmen oars ta as jou en ’t popke is noch sa ’n lyts harterke fen in wike ef hwet.”
„Honear moat ’k komme?”.frege Lys-moi dimmen, sa ’s yen past yn petear mei de greaten fen d’ ierde. „Ik kin de lytse jonge ek wol op bêd bringe en alles for inoar. Mefrou en dy hoege nearne nei om to sjen.... De kreamheinster is al foart fensels?” hifke se, in grisel loerjends yn hjar âld, skel lûd.
„Ja,” nikte fen Rhé deftich,.... „wy ha jou ljeaver, det witt’ jy en ha se mar sa gau mooglik foartskikt. Myn soan, monsieur Poppéus,” en minhear fen Rhé sei it, as preau ’r hunich op ’e tonge.... „biskouwt jou as de alderienichste fen ’e hiele sted, yn steat, om op syn bern to passen.”
„Ik hoopje it my wirdich to meitsjen,” sei Lys-moi, it lûd fen suver biskiedenheit sinke littend hast ta gefluster. Fen Rhé treau hjar hwet ta.... it foel swier yn ’e greate bûs. Om hjar part mocht dy bidoarne jonge noch wol tsjien blommen brekke. Blommen genôch, mar mieri, sulverjild as kofje en piper sa djûr.
Hja sette gau in krom kofje en helle in fearn dúmkes fen Sam de joad en lette en sette dy twa der wakker, det hja wisten hast fen gjin foartgean. Der kamen bikkels op ’e lappen en in arke fen Noach, hwer hjar eigen bernsbern ek mei boarten, as hja kamen, earme streuperts, hast gjin fleis om ’e bonken en gjin klean om ’t liif en der boarte nou dy greateljue’s jonge ek mei en hie likegoed syn formaek dermei as hjar bernekriel. Hja strûpte him syn moai kyltsje efkes út en hy krige in skjin skelkje fen ien fen ’e famkes foar.... nou hie hy better syn tier, sei hja. It bern formakke him ta de teannen út yn it earmoedige keammerke op ’e stiennen flier.
Einliks ûnder mâl gebalt moast ’r wer mei foart en de treast, det Lys-moi joun by heites komme scoe en bringe him sels op bêd en det de bikkels mei ûnder de wrine mochten, makke de lytse jonge wer hânnelber en folchsum. Yn eltse hân in greate sinneblom pandere ’r neist pake lâns, it lytse strietsje út wer nei ’t bolwirk ta. ’t Wie fierst to moai om nei hûs en skadich ûnder ’e hege beammen, hwer noch simmermylde heimsinnige flusters oerhinne waeiden.
Skippen sylden, de seils stiif fen ’e moaije koelte, yn it brede wetter fen ’e stedsgreft, hy en de lytse jonge stiene der in set nei to sjen, nei it bol-stean fen it wite seil, it draeijen fen it roer, hwer in gouden roaske op glinstere, it keffen fen in snikwite kees boppe op in fracht turf.... Den stiene se wer by in fisker en seagen, ho-t hy ophelle.... in moaije foarn ef in sulveren wâldfamke, fjûrread fen fintsjes, krekt as ’t bloeddrippen wierne en der ynienen, in grouwe trijepouns snoek oan ’e heak, efkes twisken himel en ierde en do sparteljend, de greate bek wiid iepen, op ’t gêrs. Do kroep de lytse jonge efter pake....
Hja seagen de moaije mounle gean foar de wyn, de fjouwer roeden as kreaze jiffers op ’e stap, op ’e stap! ien, twa, trije, fjouwer! en de brune seils der bobbeljend oan, hymjend op ’e azem fen ’e winnende neisimmerwyn, myld en aeijkjend en pake praette mei de mounler en hja mochten yn ’e mounle sjen, al dy radtsjes en radden en toskjes en kamkes, in wûnder wie ’t yn ’t berneëach en sa mar o hearlikheit! skodde de mounler krekt in sek moal by de lytse jonge út en hy gûlde fen plesier „snieman! snieman!” en hy biseach syn eigen moai en dânse op en del, sa hie hy it nei ’t sin. En optlêst kamen se by ’t Saeilân by de loadsen en stallen fen it Frânske hynstefolk.[1] Do waerde de lytse jonge wer bang en kroep forside efter de lange jaspannen fen pake en liet him lûke, dy-t oars foarút dribbele.
[1] Earst waerde it hynstefolk as went de Prinsestallen jown, letter waerden der op ’s lâns kosten loadsen bouwd op ’t Saeilân, ien der fen wie 300 Ned. ellen lang. De Greate Tsjerke waerde in hospitael, de Galileïster en ’e Westertsjerke, der hâldden se forgearrings yn.
Der stiene de grouwe poepen, dy-t de swiere munitieweinen lûke moasten, foar in fol rib to stinnen en hja seagen nei hjar mei de domme eagen slieprich mar heal op.... in hiele rige wie ’t en hja frieten al den dei for hûnderten fen gounen.... der trappelen de jonge lichte rydhynsders fen ’e frânske officieren en oare hege oomes en skrabben op ’e groun om fen ûngedild en wylderigens.... en yn ’e fierte, yn in ôfsketten hoekje, in oppasser derby, pûsten en sloegen de beide goudfossen en de skimmels fen ginnerael Moreau, de oerste fen alles, hwet der oan militair folk wie yn ’t Noarden fen ’t lân, al droech ’r somwilen it bistjûr ek wol oer oan Gaspard Thierry.[2]
[2] De beide ginneraels, dy-t Fryslân sa tramtearren, rekken letter raer oan hjar ein. Moreau fluchte nei Amerika, Pichegru hinge him yn 1804 op oan syn bûsdoek yn ’e finzenis. Allebeide waerden se biskildige fen Napoleon, om war dien to habben, wer in monarchale staet fen Frankryk ha to wollen.
Hwet in moai gesicht, dit dûbbel span fen ’t allerealste bloed! de kroeze nekken greatsk yn ’e bocht, de rêgen rjucht as in tried en de fine poaten fen gjin spat ef bultsje bidoarn! Sa seach hy se faken troch Ljouwert draven.... de greate karosse, skitterjend fen forguld en spegelglês der skommeljend efteroan.
En moarn den dei scoe syn soan der licht wol ynsitte, syn soan monsieur Poppéus en monsieur Coert Lambertus fen Beijma, om se to bringen nei de Limmer en derwei scoene se de reis ûndernimme oer Amsterdam nei de Haech ta, om der de twadde Nationale Forgearringe, útskreauwn for dizze Septimbermoanne, by to wenjen as „representant” en bysitter.
Sjoch, der kaem de smid al oan, om it ûnderwirk fen ’e karosse nei to sjen en ’e felgen om ’e radden. In great jonge, in smarselpot loai slingerjend foar him út, smarde fluitsjend it swiere izerwirk. It fette kliemsel dripte der mei greate drippen ôf, sa rij smarde ’r.... In lyts frânsk feintsje kaem en wipte mei ien sprong op ’e bok en bigoan to wriûwen en to wiskjen, oeral hwer ’r mar koe en hinge optlêst de swier forguldene spegelglêzen lantearns yn ’e hâlders, nije kjersen deryn, swevelstokken derby en song ûnderwilens in raer ondôgens frânsk sangkje.
Fen Rhé kuiere mei syn lytse jonge fierder yn ’e stallen op. Eltsenien gyng earbiedich oan kant, de measten sloegene oan. Nei de ginneraels wie monsieur de Rhé nûmmer ien yn ’e sted, det mirken hja wol, as der ris in baentsje to forjaen ef in foaike to fortsjinjen wie.
De lytse jonge syn eagen.... der bigoan optheden in wûnderlike mearkewrâld libben foar to wirden. Al dy moaije hynsders! dy minsken yn ’t goud, yn ’t sulver! plûmmen op ’e hoed, mûtsen fen berefel op ’e holle, goudene steken en houwdegens fen goud.... o hwet wie ’t allegearre moai! En dy koets! dy koets!
Ried der de elfenkeninginne net yn nei de dwergen ta ef miskien, miskien? kaem Sinte Klaes deryn út Spanje weiriden?
Syn hantsje trille yn pake sines en hy dreau him hastich de kant út fen de koets.... Dit paste fen Rhé krekt yn syn „principe” fen opfieding, it bern in ding sjen to learen, hwet in djippe yndruk op syn hert meitsje moast en der den teffens in twadde yndruk oan fêst to knoopjen, sadet sa allebeide onforwrikber yn ’e siele griffele waerden en noait de iene wer fen de oare to skieden wêze scoe.
Hja stiene foar de koets.... it lytse skrale jonkje kaem noch mar krekt oan ’e tichtklapte tré fen ’t petier ta.... Hy rekte syn halske al wakker, as ’r ek in bytke der ta ’n yn sjen koe, mar ’t woe net lukke. Licht siet ’r in lytse prinsesse yn.... Fen Rhé liet him betien.... stie hwet toside it oan to sjen....
De tsjoen fen in frjemde nije wrâld bitiisde it bern. It soune fen Rhé’s bloed pûnde him oan ta ûndersyk en hy bisocht om de tré los to krijen en falle to litten, sa ’s hy it Peter det wol hûndert kear dwaen sjoen hie. De lipkes stiif op inoar knypt, sette ’r him to skrip.
De tré foel. Do loek ’r noch ris en de twadde foel ek. Yn in omsjoch stie hy der op, de lytse beuker en rekte it meagere halske en seach yn ’e koets, der prinsessen mei rieden nei mearkelânnen ta. Ho wûnderlike moai.... ho kostlik.... hy stoarre mar.... hy stoarre mar....
„Der scil heit moarn yn sitte en ride sa nei de Haech ta.”
„O!” sei it bern, oars neat.... Onforwrikber stie it op dizze amerij al yn syn siele etst.... it scoe him syn libben lang bybliûwe en det wie just pake syn bidoeling. De moaijste, de greatste dei fen pake syn libben moast en scoe, al wie it bern ek noch sa jong, in oantinken biwarje yn it bernehert....
Hy wonk de poetsfeint by de lantearns wei. „Doch it petier op en set it bern deryn....”; hjitte ’r heech.
Der siet ’r nou, lyts en fyn en bloun op it readfewielen kjessen, sels in hiel lyts onwesenlik prinske.
„Op dyn plak scil heit moarn sitte, krekt sa,” sei pake en pake sei noait hwet, det net wier wie. It wie dochs wier, dit alles.... Hy bifielde it fewiel en loek oan ’e noppen fen ’t biklaeisel en kroep ûnder de sitselbanken en rikte nei de souder, hwer in moai lyts glêzen lantearntsje oan bingele, fêst mei gouden ketlings en do wie ’r foldien. Hy liet him wer út ’e koets glide en gyng stil neist pake lâns.
Sa kamen hja einliks thús en founen beppe, tsjok en lyts foar ’t kofjebled en der Sibbel by en einliks Anne, nei de kream fen it lytse famke, noch moaijer, mar ek noch tearder. Fen Rhé waerd der kjel fen. De lytse jonge klauwde hjar op ’e skoat, syn mûltsje stie net stil. Mar aloan wie de koets op ’t rabat, de goudene koets, hwer heit yn ride scoe, de koets mei de goudene fossen en ’e wite skimmels. De flinter, de bikkels, de mounle en it greate plesier dêrre, det alles sonk wei for dit iene: heit en de koets.
Anne glimke.... o det ljeaflike glimke! eagentreast wie ’t for fen Rhé en hy koe ’t net litte, hy moast efkes hjar hân krije en patte dy galant en hy ûnthiet hjar bliid in goudene hierbân mei saffieren for hjar hier, om to dragen as in oantins oan ’e berte fen ’e ginaemd fen syn wiif Pieternelle Emerentiana. Hja hie ’t sels sa ha wold en bineame hjar eigen mem net.... fen Rhé bigriep it. De twang fen ’e boask siet hjar noch as in angel yn ’t hert.... as in skaed stie altyd dy Ryklef noch twisken hjar en hjar man.... It wie in heale ljeafde.... in dielde ginste....
En do briek it ynienen út yn syn hert.... det wie nou foarby, it moást foarby wêze! Ryklef Ripperda wie fen ’e baen.... noait scoene syn foetten wer op Fryske groun stean, noait syn bretael-soune stap wer troch Ljouwert syn strietten daverje. Dy opstân to Collum joech de nekslach oan him en oan alle oare sondaers mei him. En as hy der goed ynkaem, ja, den wie ’r lokkich optheden, sá lokkich, as ’r yette nea west hie.... Hysels noch net âld, soun en geef, al pake fen in lytse ginaemd, net yn ’e jildkrapte, gesien by in greate patty, al forfoeiden oaren en hokfor oaren! him ek as de pest, alle plannen, dy-t fen him útgyngen, goedginstich ûntfinze by it bistjûr en goed slachjend, as hy se yn praktyk brochte en nou syn soan, syn ienichste! útforsocht om Coert fen Beijma to biselskipjen nei de Haech ta en as dy troch syktme ef sa bihindere rekke, nammens him oer Fryslân to sprekken en to riedplachtsjen.
Hwet in dei! Hy wist suver net, ho-t hy him wol net postuere scoe, in bliide onrêst kitele him ta de fingerseinen út en hy de kalme, ynfierene fen Rhé, noait út ’e ploai, lake in reis twaris lûd en bliid. Syn wiif seach Anne oan en dy hjar.... kaem heit yn syn twadde jeugd? Al wie syn hier ek piper en sâlt ûnder de prûk, de strange eagen, oerbôge fen ’e swiere eachsbrauwen, stiene noch skerp fen útkyk yn ’e kaskes en op ’e fleisige wangen lei noch it soune read fen in sterk lichem, noch net wrak ef fen in faei steed ta in ontiidige dead forfallen.
Anne glimke efkes hjar heimsinnich glimke, de skimer fen twa swiete dobkes yn ’e wangen en yn ’e greate blauwe eagen eat fen blidens, eat fen wémoed en dochs altyd, hwet it den ek mar wêze mocht, eat fen bitsjoenende ljeaflikens.... Hja tocht om joun, ho-t it wêze scoe.... joun....
Hja wist hjarsels jong en moai en al sei Popke it nea, oaren flusteren it hjar faken yn ’e earen.... Liet him onforskillich wêze, hja ljeave harpelûd, det lokke en as de iene it ystremint net goedernôch bispylje koe, den licht in oaren ien.... En hja tochte om in slanke manljueshân, kreftich en dochs sêft mei hiele lange spitse fingers, hwaens greep allinne al in hearlikheit wie. Dy woe se joun fiele.... det lûd hearre.... hjar waermje oan de gloede fen dy frjemde, jonge eagen, hwer in waermer sinne yn skynde as de flauwen fen Poppéus, hjar optwongen man, de boargerman, de plebejer.
Ho langhalze se nei de ljeafde! Hwer wie dy? ho wie dy? Alle greate dichters songen der fen, alle greate geesten sinspilen der op! O dit libben wie allegear sa forfeelsum, sa dea! De deirin yn ’e lytse sted, dy bleke man altyd om hjar hinne, hwaens tinsen dochs nea thús wierne, mar altyd op ’e doele yn ’e frjemdte, it gesanger fen ’e bern en ’e boaden om ’e earen en it geskoai om bûssinten for rûkersgûd en linten en flinten, dy-t Poppéus mei húnske wirden en tametten mjitte joech. As skoanheit der net west hie en hjar aloan en alwei stibeleare en it beurske folpropte, hja hie wis eltse dei wol ris ienris swime moatten. Nou hoechde it net faker as wyks ienris!
De dei, de moaije dei! forroan ek al wer en ebbe nei de joun as alle dagen. It moide fen Rhé hast, al joun nou.... al joun. Ja, der kaem al in greate stjer oanfonkeljen yn it blau fen ’e loft der dreauwne noch in pear goudkleurige wolkens en in soele jounwyn waeide troch ’t tún, suver noch simmereftich, mar it waerde dochs skimerich en kâld.... De dagen koarten hird....
Peter stiek de kjersen op yn de sydkeamer, der sieten se nou to jouniten en hy hearde de oare boaden drok omskrippen yn ’t seal en de bykeamer. Hûsrie waerd forset, finsters ticht dien, de izers op ’e blinen hekke. In fine, smaeklike geur fen feest roek min yn ’t hiele hûs om, fen blommen yn hege fazen op ’e skoarstienmantel en frjemde útlânske geuren fen lodderein en múskes út sierlike frouljuesklean.... Syn bloed bigoan flugger to polskjen,.... hy fielde him, as wie ’r wer fiif en tweintich en moast it libben, it lange libben, yette bigjinne! Noch lei it foar him.... noch wie der gjin wissichheit fen net ien ding.... alles noch hoop en onwesentlik lok.... O dy ljeave jonge dreametiid.... as nei de fiif en tweintich jier de skied bigjint, hâldt alle illusie op en gjin macht op ierde forlost de minske den wer út it kleaster fen ’e boargelike maetskippij, it ambt en de binyptens fen it húslike foarmidden. Frij! frij! gjin minske wie ea frij, mar optheden dochs.... hy fielde him mear as frij.... hy fielde him lokkich.... troch alles hinne lokkich en tofreden.
Alles wie him nei ’t sin.... hysels.... syn wiif, syn jonge.... syn posysje en ek syn hûs. Det wie optheden wol op ’t aldermoaijst ta eare fen Poppéus. Hy hie himsels de weelde tastien fen swier, nij húsrie yn ’t seal en donkerreade sidene gerdinen, ho lang al de sielewinsk fen syn wiif! derby en de mûrren hiene as bihang sulvergrys velours d’Utrecht krige, alles stemmich mar ryk. It koe nou, it gyng alles út ’e brede fjirtsjin, hwent syn baentsjes leine him gjin wynaeijen, hy wie ’t jild ek net gram. ’t Scoe ek al slim wêze, as hy der mar in lyts krom for barde, dy-t tichtst by ’t fjûr sit, waermt him ommers ’t bêst en hy siet der ticht by, sims barnde ’r him hast de teannen, s’as yn Febrewaris, do-t it ek ris wer hekke hie en hy hast tocht, nou syn possenaesje útspile to habben. Mar it lotte oars út. Him hiene se net kitst, omt Moreau en Noël it ûnder dúmkes mei him hâlden, mar de measte oare Jacobijnen foelen as bâlstiennen yn djip wetter. Him doarsten se net oan.... him, dy-t de partij hjir makke hie ta hwet se wie en se noch fierder bringe scoe. Dy-t Fryslân njúd en gesachlik meitsje scoe, det it willich roan yn ’e sylbeage efter in hollânske foarman oan.... in lytse, swakke „provincie” en neat mear as det!
Hwer scoe det ek ta liede, om hjar eigen baes bliûwe to wollen, hjar eigen jild to fortarren en der in eigen regear op nei to hâlden, hjar der sa útkippe to wollen mei in eigen selsstânnigens. Healwizer koe it wol net! Unifoarm moast alles wirde.... ien wet, ien rede, gjin gelove, ien plicht for alle lânnen en net mear dy tobrozeling folgens lânaerd en gelove, folgens hertsbigear en in tael folgens sielsbigear, sa ’s guont ljue djipsinnich seine. By de toer fen Babel praettene se alear ek ien tael, der moast it wer hinne. Efkes gnyske ’r, syn hiel spitsich foksegesicht ien grimas, do loek ’r it antlit wer yn ’e gewoane ploai fen deiseffenheit en ynfierene greatskens.
Hy gyng stadich nei ien fen de greate damspegels ta yn ’t seal en biseach himsels ris. Hwa scoe ’t him oansjen, det ’r al pake wie, tocht ’r greatsk. De rêch noch rjucht en steil, de reafalligens fen ’t antlit noch skerper teikene troch de wite nije prûk, prachtich opmakke mei geurige poeijer fen monsieur Pierre, de nije frânske coiffeur, en de nije rôk, de pannen mei swiere risselside fûrre, siet him hwet krudich om de lea. Hy stiek de skjinne bûsdoek yn ’e bûs, naem noch in snufke út ’e gouden snúfdoaze, in forearinge fen monsieur le général Pichegru en joech him do stadich nei ’t seal en hy fielde him as in kening, dy-t hjoed for ’t earst de swiettens fen ’t regearjen ris priûwt. Gjin wolkje oan ’e loft, gjin skeel, gjin argewaesjes! Hwet wie it libben, dit libben, dochs de moite wirdich, om libbe to wirden!
Sa drupkjende wei kamen de gasten, earst de jonge luitenants en hjar dames en aloanwei hegere hearen en frouwen en optlêst, ho wiid waerden de doarren opsmiten en ho fluch wierne se allegear oerein.... le général Moreau! Ja wol waerde him eare tametten op dizze joun, bûtengewoan!
Tomûk seach ’r ris nei syn soan, fielde dy det nou ek sa? Det heit en hy optheden sa yn top fen oansjen wierne, as stiene se op in berch!
Mar Poppéus, kâld en onforskillich as altyd, tocht om neat fen soks en socht deagewoan formaek by de jongerein, hwer dom gegniis om flauwe grappen skearing en ynslach wie. Nei syn bigroeting fen Moreau seach min him net mear yn ’t hillich herntsje fen de ljue fen gesach. Hy stie nou yn ’t foarmidden fen in rountsje fen jongefammen, syn bloun, gledboarstele hier stike fier boppe de donkere en swarte kopkes út en sims bûgde ’r him det djip oer nei ien inkelde.... Det scoe Madeleine Benier wol wêze, it jonge wyfke fen ien fen ’e luitenants, der ’r heech mei weiroan.... Nou, it wie den ek in pronkje, efkes flikkere der in wjerljocht fen heftich bigear selst yn syn eagen en hy draeide him gysten om, de Eva’s lokkinge greatmannich út ’e wei geande.... En op itselde stuit waerde syn oardiel oer Poppéus mylder en fordraechsumer. Hy wie ommers ek noch sa jong! de stryd twisken fleis en forstân scoe op den duer wol saksearje en brûzde by de âlde, greate geesten de libbenskreft ek net altyd heftiger as by in gewoan minske? Wierne Goethe, Nelson en safolle oaren der ek gjin foarbyld fen?
En wie Anne der net? It feilige anker fen in ljeave húslikheit for it swypkjende skip op ’e wyldramende libbenstwirren? Anne, nei Poppéus him de dierberste fen al syn sibben? Anne, hwer hy fen hope, hja mocht him oan ’e ein fen syn dagen ta meihelpe en hâlde Poppéus yn ’e biwende maetskippelike banen? En syn eagen opskerpjend kipte hy se út de oare moaije frouljue wei en bigoan to forgelykjen. Hja koe ’t hâlde tsjin elkenien, der wie gjinien moaijer, fynder, aristocratysker as hja. Hja droech in jurkje fen pesleinblauwe side en der sulveren blomkes op binaeid, de mouwkes hiel koart en de prachtige blanke earms frij to bisjen for eltsenien, dy-t der mar sin oan hie. Sa ’s se der stie, like it suver noch in jongfamke, allinne om de mûle, der loek sa ’n spitich fâldsje.
Nou seach ’r se net mear, in jong luitenant spriek hjar oan, ien fen de ruters út it gefolch fen ginnerael Moreau, baron de Noailly hjitte ’r, miende ’r to witten. In kreas kant jongkearel wie ’t en hy slûpte hwet tichterby, om as ’t koe, hjar to biharkjen, mar krekt bigoanen hja to dânsjen en mei hwette as isegrym seach hy de biwonderjende loaitsen fen ’e greate, slanke dânser, peiljende it djippe, suvere blau fen syn dânserke. Hja glieden foarby, ienris, noch ris.... it joech him in prip yn syn hert. Hwet wie dit.... hwet scoe dit wirde kinne....?
—Ik bin sa wis fen Anne as fen mysels—sei ’r heallûd ynienen en seach kjel om him hinne. Ja wol wis.... Anne hie net om ’e nocht âld Friezne bloed yn de ieren. Noait de trou skeine.... noait en to nimmer de trou oan ’e man en it folk.... oan it dierbere lân....
Der gyng fen Rhé in lytse kâlde rille oer de lea. En hwet diich hy? Hwet hie hy dien? Forkoft ’r net for in judaslean syn lân? dochst it net for in goudene snufdoaze, hune de kweageest yn him, for in fet baentsje for dyn stoaterse jonge.... for in greate pong fol jild? Elts en alle ding is omkeapber, ast de priis mar wiste, hune hy noch lûder.... en dyn priis wie in bedroefd lytsen ien! Hwet wiestû gau yn dubio! hwet wiestû gau biredt!
In pear hastige stappen yn ’t gewoel, de kweageest swijde. En it feest gyng syn gong. It waerde ho langer ho fleuriger, de wyn streame, de hollen rekken oerstjûr, it forniske fen ’e biskaving skulfere der by lapen ôf en de minsken lieten hjar gean en fortoanden hjar yn hjar wiere steat. Foaral de jongerein rekke alhiel los, fierst to mâl, lokkich, it wie yn in bisletten hûs en syn boaden koene swije as bychtprysters, mar ’t wie ek net to hoopjen, as der hwet fen oer ’e streek kaem, ho-t hjir joun feestfierd waerde. Noch nea hie hy sa hwet bilibbe! Och, it kaem fen ’e nije Frânske geest, dy wie losser, frege mear libbensgeniet, diich, sa ’s it fleurich, oerdwealsk sin mar ynjoech. Hwet wie der de stive fryske ynbânnigens by, dy-t as efter de slettene doar altyd en ivich syn fieling bigrindele. Hja songen, hja dânsen, hja praetten hjar út, hwet hjar op ’t herte lei. Mâl gyng ’t sims.... heal liet ’r him ek noch fen dy wylde wieling meilûke, heal hie hy der in wjeraks yn.—
It dûrre ta let yn ’e nacht.... einliks rekke it seal leech en âlde fen Rhé, snoaden kânsbirekkener, hie syn trouwe mantsjes al klear stean, om guont, dy-t net al to fêst mear op ’e skonken stiene, thús to bisoargjen. Poppéus wie nearne to finen en galant liet ’r de karosse foarkomme en brocht sels Anne, lytse fé yn in sulverbrokatene mantel, thús. Him eange in oaren ien, dy-t der ek net fij fen wêze scoe en jonkheit en fjûr op ien hird, kin in rare lôge jaen.... en Anne yn hjar ûnskild wierne de wjukjes allicht al earder sinze fen in brân, eart se it wird brân selst ek mar bigriep.
Hja liet hjar spitigens net skine, prate gewoan en hy biskildige himsels.... och it hie allegear forbylding west.... hy wie in âld man.... in stumperige, spûksjoggerige âld man. Mar frouljue bliûwe frouljue en dy-t se ljeafhat, hâldt se yn ’e kiker.
Nou siet ’r allinne yn ’e karosse, hastich ried dy oer ’e hobbelige balflinten. De nachttsjustere sted lei der stil foar, gjin lûd makke him mear kenber, gjin minske wie mear op in paed.
De moaije dei, hast ien fen syn aldermoaijsten, wie foarby.... syn siel al dwaende, him as oantinken yn syn heugenisse for altyd to bimitseljen, tocht ’r in bytsje mismoedich.—
En nou hjoed, de dei fen hjoed, gyng syn soan monsieur Poppéus de Rhé mei monsieur Coert fen Beijma nei de Nationale Forgearringe yn ’e Haech. It wie him great, dizze dei bilibje to meijen, dizze dei, dy-t de kroan sette scoe op syn wirk as heit en opfieder beide.
„It hat joun wol mear as tûzen goune koste”, suchte syn wiif yn ’e weach, do-t hy nei hwet omgeskermesear ek de swiete rêst socht op bêd, ....„wol tûzen grouwe gounen.... Hearst, hwet ’k siz, Henricus?”
„Al kostet it ek de helte mear, jow dy mar del, Nelle. ’t Is ’t praet net iens wirdich. Dizze dei hat my wol in kaptael wirdich west.” En hy seach goedlikswei nei hjar âldwyfke antlit ûnder de greate nachtmûts fol stroken en strikken.... suver fammige fol en fleurich like it antlit noch nei dizze joun fen freugde en frolikheit.
Sa wie dizze greate dei syn einbeslút.
De oare moarne om tsjienen rieden se foart. Foar de harbarge „de Falk” stiene de karossen klear en de ruters fen ginnereal Moreau as in eare-escorte yn great tenue. Der wie in bult folk op in baen, in hiel akkefytsje for de rinteniers en omstoatskavers, dy-t oars neat to dwaen hiene as alles nei to sneupen en op to strewearjen, om det den letter by in swiet pantsjefol kofje noch ris wer oer to eidsjen, ho en hwennear en hwersanne it west hie.
Monsieur Poppéus, deftich yn ’t swart, de stôk mei gouden knop yn ’e hân en in swiere portefeuille ûnder de earm, kaem der stadich yn ’e stúdzje wei oanstappen, de Sint Japiksstriette wei út oer it pypke. Slap en langliddich as ’r wie, roan ’r hwet foaroer.... it joech syn gong it bisonder apparte, it aristocratyske, hwer heit sa mei weiroan.
Hy stie by ien fen syn frjeonen to praten en seach syn soan sa oankommen.
„Dit ’s wol it moaijste, hwet in âlder bilibje kin”, miende syn frjeon, in echte hunichstriker.
Alde fen Rhé sei neat.... hy koé net en hy nikte koart en koel. It folk seach der op ta en det hoechde nea to witten, ho-t de heechheit fielt en hjar postuert by bûtengewoane gelegenheiten. Poppéus diich krekt, as gyng ’t him allegear net oan, hy bûgde foar de oaren en gyng as alderlêste nei syn heit ta, like koel as altyd en joech him in slappe hân. Mar âlde fen Rhé knypte tá. Efkes woe ’r it bloed fen syn bloed fiele, innich forbân habbe mei dit syn ienichst, leard en heech biwittenskippe bern.
„Goede reis en kom bihâlden werom”, sei hy en koe syn hân hast net loslitte. Poppéus gnyske efkes smeulsk, stadich loek ’r sines út heit syn waerme triljende.
„’t Is gjin sémansreis”, sei ’r hwette spotsk. Alde fen Rhé krige in skrik, diich ’r flau? Syn antlit forstive ynienen ta koele bileefdens en mei in koarte, nidige nik joech ’r de koetsier de wink, do-t it petier efter de beide manljue tichtfallen wie.
De hynsders setten ta, de stringen stiene spand, de moaije skimmels, hwer lytse Henricus jister sa ’n eachweiding oan hawn hie, sloegen it fjûr út ’e flinten. De goudfossen diene ek in hoart twa.... krêkjend kaem der biweging yn ’e swiere karosse.... Ruters foar, ruters rjuchts en lofts en in stik ef tsjien der efteroan....
In wolken fen stof fleach op.... yn flugge draf gyng ’t de Wirdumer dyk lâns, op de moaije iensumheit fen ’e griene greiden en ’e blauwe loften yn, oer Snits nei de Limmer.—
Sêd fen lok kuiere fen Rhé nei Anne en bleau der to kofjedrinken en to neipraten, lytse Henricus op ’e knibbel. En der yn ’e widze lei nûmmer twa to spinfoetsjen, it lyts famke, det him nou al krekt Nelle hjar evenbyld talike, ’t lyts prûkje hier sa swart en de eagen ek hiel donker, as hja se efkes opdiich. Hy takseare it widzekleed en it kleed om de bakerkoer, alles yn ’e es, swier readsiden demast, krekt sa ’s hy it ha woe en hy treau Anne tomûk in doaske yn hânnen: „detst net forlitste, nou ’t Poppéus foart is”, sei ’r en hy wist, it siet optaest fol fen goudgounen. En optlêst dronk ’r der noch kandeel en hy biöardere Lys-moi, om der noch in fjirtsjin dagen to bliûwen, hwent Anne moast ris foart kinne en net om ’e bern thús hoege to bliûwen. En Lys-moi hjar bûs tynde út as in boffert, hwer de rees yn sit fen saun aeijen en in healfearn gest. Sûnder, det Anne it bisefte, krige se in skildwacht om ’e doar, dy-t gjin wissewasje ûntgyng.—
De moaije hjerst roan to ’n ein, de rein kaem der daverjend oanriden op ’e weinen fen ’e swiere wolkens. Dead en fordjer oeral.... net ien fen de teare moaijichheden, dy-t net skeind waerde fen de wrede swypslaggen fen de Westewyn. Fen Rhé fielde him âldmannich en huverich en siet klûmsk by it houtfjurke yn ’e efterkeamer en seach de fonkjes nei, ho-t se dânsen en knetteren en dôven op ’e gledskjirre hirdplaet.
De freugde fen syn dagen brochten de forslaggen, hwet der forhânnele waerde op ’e Nationale Forgearringe. As ’r de postwein daverjen hearde op de Wirdumer dyk, it Súd út wei, joech him det in bliide skok en ûren foartiid wykte ’r net mear út ’e sydkeamer wei en naem, in bliide rydling yn ’e hân, it swiere pak oan fen Peter en joech gol de bringer boppe de fracht in rejale braspenning for in swiet sûpke. En den seach min him yn in skoft net wer. Hy bigroef him as in mol mei syn skatten yn ’e waerme keamer. Syn wiif soarge for syn wiet en droech, somtiiden kaem ’t net iens oan ’t opiten en drinken ta. Hy naem optheden biten fen in swietter foerring, dy-t him stibelearen, as nea oar fied it smaekliker en streksumer dwaen kind hie.
Sa kaem de lêste dei fen ’e forgearringe, dy waerd sluten en oer in pear dagen scoe Poppéus thúskomme en koene se neiprate oer dit alles. Ho-t se der sims tsjierd en inoar yn ’t hier hinge hiene, dy hearen representanten, omt elts for master opspylje woe, ho-t Coert fen Beijma smeule doarst op alles, hwet mar mei det forflokte prinselik hof ef de femylje gearhinge, en inkeld, hiel seldsum, hiel biskieden en dochs manlik en op ’t stik ôf, ho-t Poppéus ek hwet sei hie. Poppéus, syn soan. It wie net folle noch.... och, hy wie ek noch jong, alhowol hy syn paed skjinmakke hie as de bêste, mar hwet ’r sei, snie hout. Min moást him markbite, min harke nei him, liet it yn yen omgean en sa waerde de earste triemme fen in ljedder nei in nije steat opkleauwn. As der mar ien skiep ropt fen bê! den raze alle oaren ek wol mei, sa is in minske nou ienkear en hy hie Poppéus yndroege, rejael yn ’t jild útjaen to wêzen, net op in sint mennich to sjen, iters to noegjen sa nou en den yn ’e harbarge „De Steds Doelen”, hwer hy thús lei en wyn en toeback net to sparjen.
Hwet scoe der in neipraet wêze! ho ’n bûsfol nijs!
De rein hindere him net en it droeve gean fen ’e neisimmer nei it tsjerkhôf fen ’t wyljen, noch it gesanger en gespartel en geëamel fen ’e ljue, dy-t de bilêstings to heech founen en der him sims rare brieven oer skreauwen, noch it sneuë gesicht fen Anne, dy-t hast nea thús wêze woe en jeuzele, hja siet altyd mei dy twa bern oantangele en koe ek net nei greate gearsetten ta, omt it joech gjin foech, der sûnder Poppéus hinne to gean, sei se snibbich op in joun, heal gûlende wei. Hy bigriep it bêst, de skoech knypte hwerearne oars as op ’t krop, hja miste de gelegenheit om de Noailly to moeten en fen forféling woeks de langstme geweldich, dy-t oars miskien al lang sakseare wie ta in fluchtich neat ef oan kant skouwd wêze scoe for in oar tiidfordriûw.
Fen Rhé harke der mar heal nei, do-t se op in joune wer kaem to kleijen. Hja siet opsluten en for Poppéus wie alles, setten en pretten by de fleet, alles, hwet it hert mar bigearde.
„Nou, nou,” susse fen Rhé, „in wiif heart ek thús. Dû hast de bern, in moai hûs en bist it wiif fen ien fen de oansjenliksten fen ’e sted. Min kin ’t folmakke net bigeare. Dû scoest dy deljaen en wêze bliid, ast hearst, ho Poppéus syn paed skjin makket.”
Anne loek oan ’t fyn noaske, seach prot en bleau prot en gyng betiid foart. In swym fen hjar swiete lodderein bleau noch yn ’e keamer hingjen, fen Rhé snúfde ’r wolfoldien hwet fen op en glimke fyntsjes. De Noailly hie ’t bisocht, hie ’r wol mirken en út Anne hjar wirden makke ’r op, ’t wie mislearre. Poppéus moast nou mar gau thúskomme, tocht him en hy skreau him yn ’e blydskip fen syn hert in great brief en foege der oan ta, Anne hwet moaijs mei to nimmen, itsij in lape side, frjemd fen stael en fen it alderbêste ef in waerme pelysse for de winter. Hy moast mar ris sjen.... heit sei goed for it jild. En hiel ondôgens sette ’r ûnder hwet yn it brief, hwer Poppéus grif om laeitsje scoe. Hy lake komselden en dochs wie syn laeits, de prachtige wite tosken bleat, sa geef as kryt, in lokking for alles, hwet fromminsk wie. En de lytse swarte Française kaem him yn ’t sin, madame Benier lêsten jouns.... do koe ’r laeitsje, mear as ienris.... En do-t dy dames der wierne út Amsterdam.... ja.... do ek. Do koe ’r prate en geestich wêze en charmant.... hy hie him suver bisoud oer Poppéus. Krekt as waerde der mei in lyts, skerp meske efkes in feechje dien yn syn hert. lt diich sear. Op dit stuit woe hy wol, det alle frouljue ta de wrâld útreage waerden.—
Einliks kaem it lêste forslach fen ’e lêste dei fen hjar fortoef. Fen Beijma en hy scoene noch in pear dagen bliûwe, den kamen se wer thús, skreau Poppéus koart en sakelik. Der koene noch in pear dagen by komme, omt hy woe ek noch yn Amsterdam oan.... it wie nou dochs ien reis. Letter scoe ’r noch wol tynge stjûre. It wie allegearre sa koel, sa kâld ditte, krekt as hâldde ’r yn syn waerme hân in grou stik kâld lead do-t hy it lies en den einliks de groetenis for allegearre en ek oan Anne.... it wie by ’t onfetsoenlike om ôf. Hy moast it hwet bihimmelje en sizze Anne net krekt, ho mâl as ’t brief wol wie.
Sels kuiere hy de oare moarne nei de koekebakker ta en bistelde in moaije taert fen confituren en mealde mangels en liet dy bisoargje by syn skoandochter as de foarboade fen in bliide tynge en yn skimerjoun gyngen hy en Nelle der sels hinne, om Poppéus syn boadskip, hwet oannimliker makke, oer to bringen en de taert, de foarpret, mei op to plúzjen.
It hoarntsje wie noch kniesd, Anne ûntfong se koel. Henricus lei al op bêd, swiet sliepte ’r, it mûltsje heal yn ’t kear en de kroltsjes fier oer ’t foarholtsje. Alde Lys hie Nelle op ’e skoat en dy raesde en spartele wakker foar de waerme bakerkoer, hwer al in komfoar mei fjûr yn stie. In swiete geur fen spaenssjippe hinge yn ’e greate keamer en dochs roek min der boppe út de pittige rook fen bêste kofje. En Poppéus kaem him yn ’t sin, ek ienkear sa lyts, ek ienkear in lyts bihelperich harterke en syn wiif, in jong memke fen twa en tweintich jier....
Hy sei syn boadskip en Anne andere, hja wie bliid en bitanke for de groetenis. De wirden wierne bêst en goed, alhowol, de toan, hwer se op sei waerden, stie fen Rhé net oan. Anne hâldde in min sin, it petear woe him ek net flije nei in sellich en smout wikselwird.
Hja gyngen derom al gauëftich wer nei hûs yn ’t moaije stjerheldere waer. It wie noch suver waerm nei de reinige rite en blokstil. Moai waer for Poppéus om oer de sé, tocht ’r, miskien wie ’r nou wol ûnderweis. ’t Scoe him nij dwaen, hwet ’r Anne meinaem. Hy scoe him yetteris goed ûnderhânnen nimme, Anne wie wirdich, om in trouwe man to habben. Och, mar hwet docht in âlder tsjin ’e wylde hierren fen syn bern? Kin ’r it minne steed út it carakter snije, sûnder eat oars to bisearen? Hy waerde der suver mismoedich ûnder, nuver, dizze hiele joune hie hy syn moed net en wie sa bidrukt as wol noch nea yn syn libben. En Nelle dribbele neist him lâns, sêft fen stap op ’e everlasten skoen en liet him ek mar mei syn eigen soargen oanpiele. Hja sei neat.
„Bist net fluch?” frege ’r optlêst. „Dû bist sa stil det.”
„Ik fiel my raer,” sei se en hjar lûd klonk heasich en skriemerich.
„Jow my in earm. ’t Scil wol de foroaring fen waer wêze, dy-t ús yn ’e lea sit....”
Hja hinge oan syn earm, swierder as oars en it bigrutte him. By it ljocht fen in lantearne bleauwne se efkes stean. Hja makke in pear hekken en oesen fen ’e skoudermantel los.
„Doch noch ien los,” rette hy. „De gaspen hâlde him wol en sa is ’t frisser. Hast de kielbânnen fen ’e kyps ek to fêst?”
De prachtige juwélen fen ’e mantelgasp skitteren wûnderlike moai yn ’t lantearneljocht en de lange earbellen spilen ek net swak by. Dy wierne hast noch moaijer, Rio’s sûnder ien skaedplakje. Hy hie se Nelle jown as in forearinge by de berte fen hjar soan, dy-t in ienling bleauwn wie, al hie hy der noch graech in pear sokke bûslittings for oerhawn, om de widze noch ris wer roeikjen to sjen.
„Saksearet it wer hwet, Nelleke?” en yn syn lûd wie hwet fen alear en lang lyn.... Fen roazegeur en in stille ljochtmoannejoun en in priëel by hjar âlden thús, hielendal yn ’e kamperfoelje biskûle. Ho hearlik it tobinne bringen....!
Hja bigoan al sleauwer en sleauwer to rinnen, hy droech se hast, sa hâldde ’r se. „Raer gesteld bin ’k fenbinnen, krekt as knipe se my de kiel ticht,” hime se en hoartende wei kamen de wirden der út.
Hwet wie hy bliid, do-t hy se thús hie en yn ’e koele, frisse keamer op bêd. It finster stie noch op, de frisse jounwyn waeide ’r ta ’n yn en de geur fen lette blommen. Hy seach de frânske kroanen blinken yn ljochtmoanne en in pear lytse fûgeltsjes kopke oan kopke, sliepen op in tokje fen ’e keale kastanje.
De oare moarne, do-t hy syn bolwirkkuier diich, lytse Henricus en de greate wynhoun mei as selskip, hearde ’r, fen Beijma wie sont in dei ef fjouwer al wer thús en dy-t him fortelde, gnyske efkes. In skaed fen in gnyske wie ’t! In oarenien hie ’t net iens sjoen, fen Rhé, gefoelich yn alles, hwet Poppéus oangyng, seach it en ’t pripte him. Wist dy man al, det Poppéus nou optheden noch omswindele yn Amsterdam? wegen gyng, hwer min net sjoen heard to wirden? Hy knypte de fingers ta brekkens ta yn ’t weak fen ’e hân yn opstânnich forset!
Dy jonge! dy jonge! Koe hy, de heit, Henricus fen Rhé, mânskernôch om hiele Fryslân ûnder de kwint to hâlden, dy jonge net interje? net yn bitwang hâlde, det ’r rjucht troch gyng, sydwegen skou?
Hy koe wol gûle fen onmacht en spyt fen ’e moarn en lytse Henricus jeuzele al sa en stroffele hy me der net en foel him in smartlape op ’e knibbel! en de houn fleach in oarenien oan en det gyng om dea der sa mar ynienen op ’t Waechsplein. Hy hie gjin stok en moast it mar oansjen, det dy oare Leo nei de strôt fleach en de skerpe tosken yn ’t moaije wite hier sette.
Do kaem der sa ’n kearel oan, in grou kneppel yn ’e hân en dy barnde der op yn. De beet fen de iene waerde efkes losser en koart biredt pakte ’r yn ien taest de fûleinichste houn by ’t nekfel, skûrde him los en smiet him mei in geweldige saei oer ’e flinten. It bloed spatte der nei. In ôfgrys wie ’t.
Fol argewaesje seach ’r, dy sterke kearel koe ’r.... it wie Haeije Trompetter, dy smycht.
Stilwei joech ’r him ôf, Leo, slûkstirtsjend, kreupele him efternei. Alles mâl fen ’e moarn.
Dy middeis skreau ’r Poppéus wer in brief, it wie in dreigemint. Nelle lei op bêd en de doctor sei, it wie neat as sénuwen.... Rêst en gjin swierrichheden úttinke, den wie se gau wer klear. Derom praette ’r net oer it brief en net oer de ontmoeting fen ’e moarn. De kop der mar foar hâlde allinne, hy koe dochs wrachtsjis ek noch wol sûnder de sêftens fen frouljuestreast.
Hy rekkene út, Poppéus koe it brief yn twa dagen ha yn syn loosjemint to Amsterdam. Yn ’t lêst fen ’e wike kaem ’r, as hy dit brief lies, thús. Der wie gjin mis op.
Hy bistelde de ekstrapost for de Saterdei’s en ried sels nei de Limmer, om him ôf to heljen en ’t leksum optslach op to lêzen. Thús harke Nelle oan ’t slotsgat en den gûlde se, as hy ’t to bot makke en by Poppéus thús siet Anne op ’e loer, yn ’e wein hie hy gjin mot om ’e teannen en der scoe hy him ’t leksum oplêze en net sunich ek. En oars minderesearje scoe ’r, heite talage mar ris kwyt, op wetter en brea yn in lyts húske.
Hy makke him sa lilk as in spin. As ’r ek net sa sterk wie en sa geef, min scoe der wol in biroerte fen krije kinne, biklage ’r himsels. Slingere twisken hoop en freez, kúrde ’r oer it wiide freedsume wetter. Hjir en der in kroes weachje as in sulveren fiskje, djoeijend op en del yn ’t grysblau en de frisse séwyn mei syn sêfte twirren him hwet koelte tawynderjend oer ’e hjitte wangen. Sá stie ’r der en seach út nei syn soan, in frjemde mingeling fen forlangst en forbittering yn it hert. Do-t hy lyts wie, trape ’r him somtiiden op ’e teannen, scoe hy ’t nou to ûnderstean doare en traepje him op it hert? det hert, det yn eltse tik dochs mar allinne libbe for him?
Stadich kaem it skip der oansilen foar it Westersigentsje ôf. De seilen stiene mar efkes bol, it abbeseare net folle. De oare minsken sieten bidaerd op in bank der nei to sjen, hy koe ’t sitten net féle, hy moást rinne, biwége, hwet dwaen al wie ’t den mar in krobbe dea to slaen, dy-t yn ’t sân omskarrele. Hja libbe noch efkes, stiek de poatsjes krûpende út, do sloech ’r sá ta, det de stôk knapte dwarstroch.
Razen smiet ’r him yn ’e sé, dy kalme sé, loai as in weak, grou wiif, det mar net fen ’t steed wol.
De minsken skodhollen en seagen him efternei. Dy man wie grif net goed wiis, nikten se en biklagen him. „Elts húske hat syn krúske,” sei in wyfke en seach nei de karosse, mar woe dochs net ruilje tsjin dy nuvere man sines. En dochs hie hja dy deis noch neat hawn as in timpke droech brea en in pear swolchfollen skiepmôlke, hwent hja wie in widdou mei fiif bern en dy gyngen foar. Der sunige hja it sels for út de mûle.
Noch altyd kaem it skip der oansilen. Min koe ’t folk ûnderskiede en de wite gerdyntsjes fen ’t heareroefke. It wie moai waer, Poppéus siet fensels boppe. Ho-t fen Rhé ek stoarre, hy koe him net foar ’t fesier krije. En al mar tichter kaem it skip, al mar tichter. It draeide hwet, it lei nou by de wâl lâns. De touwen waerden útsmiten, de planke nei de wâl taskoud. De earsten gyngen der oer.... hy bigoan to triljen en nou.... nou gyng de lêste der oer.
De beurtman seach nei him, nei de karosse, do sloech ’r oan en kaem op him ta. „Dit ’s ommers minheare fen Rhé,” sei ’r fluensk. „Kom efkes oan board,” en hy gyng him foar nei it heareroefke. Yn in eachwink seach fen Rhé it, hjir hie sont dagen gjinien húsmanne.
„Forwachte minheare altomets hwa?” fiske de beurtman. Hy diich sa nuver, wie ’r wol by syn sûpe en stút?
„Ik forwachte immen. Det is de reden fen myn komste. En oars forwachtsje ik in brief,” sei fen Rhé út ’e hichte.
„Det brief is hjir,” sei de beurtman en joech him oer. „Oars wie my bisteld, him sels to plak to bringen, nou bisparret it my in reis.” Fen Rhé taeste nei de pong, hokfor tynge it den ek wêze mochte, syn dofke wie ’r wirdich.
En stadichoan, hiel foarsichtich, stapte ’r wer oer ’e planke nei de wâl en foel suchtsjende yn ’e siden kjessens fen ’e karosse del.
En lies.... Syn hert stie hast stil fen skrik. It wie net in brief fen Poppéus, wol wierne syn eigen beide lêsten yn ’e brieveslûf en in skriûwen fen ’e eigener fen ’t loosjemint derby hy hie der net west.
Forslein ried hy nei hûs.
De Moandei’s stie ’r al wer by de haven fen ’e Limmer en siet sels yn ’t heareroefke en stiek oer nei de greate sted fen Amsterdam om syn jonge to heljen. Hy moast dochs earne wêze.... hy koe sa mar net weiwirde.
It waerde in swiere gong, do-t hy de stap derûnder sette nei de „charmante” dames, hwer Poppéus altyd sa jerne toevje mocht. Dy seagen raer op en biswarden, hy hie der net west, nóch op ’e hinnereis, nóch op ’e weromreis. Hy wist op dit stuit, it wie wier.
Forklaeid as in earme hânnelsman holp hy de polysje mei, om him to siikjen. Preemjes waerden útloofd oan fiiftûzen goune ta. It bleau stilsit.
Deis en nachts swalke ’r yn Amsterdam om. Haeije Trompetter op syn fêst plak yn ’t Rak-in seach him faken as in skynsel sa troch de sted dwalen en gyng him sims hiel fen fjirrens efternei, eat yn him fen ’e trouwe houn, dy-t noch de baes folget, dy-t him healdea slein hat. En hy en syn maten en minheare Josua de Metz petearen oer al dizze dingen, as se jouns yn ’t lytse rikkerige roefke sieten om ’e âlde kofjepot.
De dagen waerden in wike.... de wike in moanne. Do gyng fen Rhé wer nei hûs, allinne en âld.
Scoene de foetten, de linige jonge foetten fen Poppéus noait wer de Ljouwter strietten roere? Hy skriemde yn ’e wein, ien amerij mei himsels allinne. Oeral minsken, jonge minsken, oeral heiten en soannen en hy allinne de biroofde.... de earme....
It lyk fen Poppéus fen Rhé dreau stadich op ’e ebbe nei de sé ta.
As in weach hie ’r west, spield op it strân fen it libben en nou nei hwet gedjoei weromroppen yn ’e djipten fen de dead.