WeRead Powered by ReaderPub
It Jubeljier cover

It Jubeljier

Chapter 19: XV.
Open in WeRead

About This Book

The narrative centers on a small town as it readies for a summer celebration, opening with a man waiting on the quay while coaches, merchants, and neighbors convene. Detailed descriptions of weather, landscape, and everyday sounds establish a vivid local atmosphere. A gallery of townspeople and visitors is sketched through gestures and domestic moments that disclose social hierarchies, private worries, and small pleasures. Episodes shift between public pageantry and intimate interiors, showing how communal rituals both heighten tensions and reinforce ties. The prose uses regional color and careful observation to compose a textured, sympathetic portrait of communal life and its rhythms.

XV.

Like it net in dream, al detjinge, hwet foarby wie? It boartlik geflinter fen hwet sinneskyn by ’t maitiid oer in fryske finne.... it opkommen fen in tongerbui oan ’e einder oer in stille mar, hwer selst gjin forweech fen reid ef snilen to bikennen is? Wille en leed yn ’e palm fen ien hân, alles in nietichheit, in plusterke, waeijend oer in oneinich great heidelân en dochs en dochs.... yn it herte wie der in sear steed fen oerbleauwn en.... wémoed, as de joun komt mei syn iensumheden fen stjerrend lûd en wyljend ljocht en in siele, dy-t hjarsels werfynt út it gebolder fen de dei yn dit hjar eigen skûl fen stiltme en omtinken....

De dagen wierne as gloarjeridders yn gouden rêstings en de nachten as wûndere mearkes fol fen mesyk en ritsel fen sulver en sprinkels fen blommekleurigheit hjir op it eilân fen Wight. Tsjin de jounblauwe loften donkeren de seders en yn ’e âlde tunen om Ventnor hinne hingen de figen to rypjen oan ’e beammen, waeiden der palmefearren en kaem der fen de Oceaen in twirre sa swiet, krekt as droech ’r de simmer sels op syn waermteslûge wjukken. Fjouwer jier hie hy dit alles sjoen.... nou moarn gyng hy foart, foargoed, om syn hear to folgjen nei it nije frjemde plak. Fjouwer jier hie hy mei Willem fen Heemstra en fen Asbeck diel útmakke fen de brigade fen ’e Prins fen Oranje hjirre op Wight en nou joun scoene se for it lêst hjir by inoar komme yn ’t âlde Carisbrooke Castle en moarn scoe dit kapittel út hjar libbensboek útlêzen wêze en in nij opslein lizze foar hjar.

Ryklef Ripperda striek him it hier hwet fen ’e foarholle wei, wylt hy op ’e binneplaets hinne en wer kuiere. Op ’e finsters fen in omgongstoer stie yette de sinne, de lytse griene rútsjes blêkeren deryn, krekt as sloech de lôge er út. In fûgel song, in keppel reabûnte kij wâdde yn ’e fierte yn in dobbe om en de lytse hoeder bauwde gekjeijende wei op syn fluitsje de fûgel nei. Harkjende hie hy syn aerdigheit der oan.

In greate sulveren wolken kaem út it Suden oanseiljen as in fjouwermest koffe, alle wite seils op en sylde de blauwe loftsé lâns, ien amerij in biwyske fen in skaed oer de poarperen skieppewolkjes smitend, dy-t as bern yn in herntsje boarten. De sinne siet efter in dize biskûl, it blau en poarper oer ’e bosken yn ’e fierte forroan stadich yn in djipwaerm feletten, hwer in pear ielreagers sulverkleurich by ôfstieken. Fen jounige onrêst dreauwn, skreauwden se fel fen lokkinge hjar ljeafdeliet en setten ta op de Oceäen, ek in langhalzer s’as hja fol bigearte en hertstocht.

Moaijer oarde op de wrâld scoe min mar komselden fine kinne, tocht him en joech him willeas nei de tsjoen fen dizze frede. Heal winske ’r yn syn hert, hjir bliûwe to kinnen, heal winske ’r ek al wer de foroaring, om ek syn kâns to habben. It wie ommers in tiid sa fol biroering, elts minske hie om sa to sizzen syn greate kâns, foaral op it oarlochsfjild, om it fier to bringen. Derom net, oant nou ta wie hy net ien fen de lokkigsten, in earme Odysseus, in swerver, smiten fen it lot hinne en wer as in eskenwjukblom oer in wrede spjirrebosk, hwer hja gjin hael fine kin om del to saeijen en gjin fêste groun for it skraech amjend piidtsje. Altyd alweroan de swerver, nou ’t yn it egen lân de ban oer him útspritsen wie. Dodestiids foar Dockum wie ’t op ’e snaren ôfgien, as hja hiene him pakt en ’t hie him licht ek de holle koste as Jan Binnes, nou scoe ’r neat mear weagje, hy waerde âlder, it sin bitûmmele sa njonkenlytsen en de waerdij fen it libben waerde kostliker, al moast it den ek yn frjemde lânnen libbe en trochmakke wirde.

Wer droech ’r ’s kenings klean, wer sierde him it wapen der eare. Ritmaster hie de Prins him makke en hy wie mei syn frjeonen yn it Ingelske leger, do-t det lânne by Alkmaer, om it noch ris tsjin de Frânsken yn ’e kant to setten. Nei in bult geskermesear wer mis, it like, as lei de flok op alles, hwet der mar ûndernaem waerde tsjin det frânske gespús. Ien tel bipaelden syn tinsen hjar wer by dy tiid, de lânning by nacht op hollânske groun yn ’e stille, beamteommantele dunen, de grize heitelânske loften, yn it Easten de sulveren kûm fen ’e Sudersé, hwer hy in bult fen syn Fryske fiskers op wiste, de netten sinke littend yn ’e stille nacht.... it âlde hûs fen Porter mei ’t wiis trapgeveltsje, dy-t miskien nou wol foar ’t finster stie to stoarjen nei it Skoorler dún út en noch fierder yn ’e Bjirmen, hwer nou diselde wyn oer waeide, de âlde stins en der wie heit. En noch in lyts doarpke, hwer syn tinsen hinne fleagen, in stille fûgel nei in ljeaf ûntwyk.... In hûs yn ’e Wyckeler bosken, hwer hy Anne wiste en hjar bern....

Hy helle út de binnebûs fen syn uniform noch ris wer de brief fen Jehannes Falentijn en hy lies noch ris wer, hwet ’r skreau. Och, hy koe ’t suver wol fen bûten, elts letterke, elts sintsje stie yn syn ûnthâld beitele noch skerper as de letters op in moarmerstien.

—Vanwegen de krankheid van ons zoontje zijn mijne Ouders den ganschen zomer met hem in Langweer geweest, veel op het water. Hunne wegen leidden ook veel malen naar de Slotermeer en hebben ze onze vriendinne Stine dikmaals bezocht. Zooals Gij weet, ligt Anne van Rhé daar thuis, zij is haar tantezegger, en is daar wel besteld, alsdat zij plan heeft, daar metterwoon te blijven. Haar zoon Henricus is nog hier en woont bij zijn grootva in.

Laastmaals, toen wij van UEd. spraken, als zijnde van doel, zich naar Duitschland te begeven in ’t gevolg van onzen Prins—ik docht, zij mogt het weten, is het niet?—verschoot zij zeer van kleur en was den ganschen avond in zich zelven gekeerd en stil.—

Seach ’r hjar der net sa sitten, it ljeave boarterke fen alear „in zich zelven gekeerd en stil?” Syn hert fleach nei hjar ta om hjar to treastjen en to bimoedigjen, nou it lot syn wrede weagen ek op hjar takamen.... om se to biskermjen, al syn kreft to war to stellen, om dizze iene leed en triennen to bisparjen! En fierôf fen him, lykme allinne, moast se nou hjar stryd stride! En in angeltsje pripte fûl yn syn hert: wie der hwet twisken hjar en Jehannes? Prate ’r net faken oer hjar yn syn brieven? sette ’r se net altyd tige heech? En hy wie widdener, ryk, yn oansjen yn Ljouwert as gjin twadden ien. It páste dy twa, martele hy himsels al tinkende wei. Anne wie net fen dy soarte fen frouljue, dy-t de tjilling op ’e wiûw sette, om ’e einefûgel to fangen, noait scoe se twa op ’e tôch hâlde, wist ’r wol en as Falentijn’s der sa faek kamen by ’e moije, wie ’t grif for hwet oars as in âldwivepraetsje en in pantsjefol thé.

Grimmitich gyng ’r yn ’e hûs en sloech de doarren efter him ticht, det it dreunde der oer. Eat moast ’r dochs syn lilkens op koelje, eat, al wie ’t den ek mar in stik hout. „Hwet bistû joun ongedurich en tipelsinnich,” biskrobbe fen Asbeck him. „Min scoe sizze, docht it ôfskie dy sear? Hast hjir altomets dyn herte forlern?”

Fen Heemstra stompte him oan. „Lit him betien,” sei ’r hiel sunich. „Somtiiden moast in siele net oanroere.... den is alles as in stikje glêspeslein sa tear....”

Hja seine allegear net folle, elts hâldde him binnen it park fen syn eigen ôffieme tinsen. Sá wie dy lêste joun der op Wight, neat barde der, neat foroare der en dochs.... In lyts spintsje, stjûrd fen it lot, bigoan wer in tried to spinnen út it iene minskeherte wei nei it oare ta, krekt as yn dy moaije simmerdagen fen 1793, krektlyk as do en dochs oars.... De ryp fen it libben wie der oerhinne gien as in nachtfroast oer de griene greiden. It earste frisse grien, de earste blom, det wie it net mear. Mar it sette him dochs wer nei bloeijen for in twadde risping en al wie der yn ’e bitterheit fen ’e earste dead, dochs wie dit ek wer moai, hwent it joech in earm herte treast.—

In deimennich letter waerden de toerren fen Hampton Court wei yn ’e fierte, de Prins mei syn gefolch forliet it gastfrije Ingelân, det him in jierjild tasei hie fen sechtstjintûzen poun sterling, (ûngefear f 190.000) en de Prinses noch ekstra in forearing fen sechstichtûzen poun sterling (f 720.000). It wie in keninklike jefte for de earme bannelingen, dy-t alles kwytrekke wierne, hûs, jild en lân, allinne de eare, dy hiene se as in echte Oranje rein en skjin biwarre en det wie den ek de treast fen ’e Prins, nou-t hy hjoed den dei de reis bigoan nei Dillenburg, hwer hy in honk hope to finen.

De measten fen ’e trouwe Friezen hie hy om him hinne, syn lotgenoaten wierne it. Hy seach ris stoarjende wei nei hjar en syn each bleau ien amerij yn ljeafde rêsten op ’e kante figuer fen Ryklef Ripperda. Scoe ’t him ek sa nei gean as him? sa as in reid hinne en wer slingere wirde fen syn gefoel? Och, hy wie noch sa jong, den is in minske noch neat oars as in spyltúch en alle ding ljeaflik om him hinne en folbisnare wachtet ’r op it greate, rike libben om him to bispyljen. Letter wirdt it oars, den komt de stiltme, as der gjin gesang mear is en de snaren d’iene nei d’oare springe, de hân mêd wirdt en it lûd ynein....

Hja wierne trou, dy Friezen, nou gyngen se mei him yn in nije forbânning. Om it lean hoechden se it net to dwaen, hja bleauwne by him om himsels. Neat scoe hjar skiede kinne fen him, as it moast syn eigen wird wêze, det hjar it bliid boadskip bringe koe fen ’e frijmakke wei nei it eigen lân. Den scoene se gean.... foartdaedlik. Hwent it lân, it Fryske lân! gyng noch foar him, det stelden se boppe alles. Syn bloed kroep der ek hinne, wierne syn foarâlden der net berne? hiene oaren der net lange tiiden húsmanne? Der lei in bân twisken Oranje en Fryslân, hy wie as in ring en yn ’e bislettenheit fen syn rounte leine skatten biwarre fen trouwe ljeafde, alles ienfâldich en echt, suver lottere goud.

Hy biet him op ’e tosken, it moed waerde him fol, nou ’t it ôfskie taknypte en Hampton Court oan ’e einder fordwoun. Hja hobbelen troch it lytse London, de onsljuchte strietten lâns en krigen einliks de greate Tower syn mûrren en toerbulten yn ’t fesier en it blinkende wetter fen ’e Theems. Wetter, altyd frijdom, altyd feilichheit! Ho ljeaf hie hy it wetter, de Noardsé, dy tsjin de bloune Skeveningkse dunen oanklotste, de wiide wettergatten om Leiden en Haerlim hinne, de stille dúnkûmmen yn it Castricummer en Skoorler dún! Leine se net as blauwe eagen him oan to sjen, as ’r der yn ’t foarige jage op hart ef fokse, in fleurige, kleurige ruterbinde efter him oan, syn jonges op ’e side en it moed sa frij, sa rûm as in bliide ljurk yn ’e hege loft....

Strak ansens gyng nou de reis oan, hy scoe tichteby al dizze plakken lâns farre, in goede kiker scoe se noch tichter by him bringe, mar syn foetten hjar printen scoene der miskien noait wer stean, likemin as Ripperda sines yn Fryslân. As in beam, midstroch houwd, sa wie dit hjar libben ek yn twaën spjalt.

London glied al fierder en fierder foart, de sé kaem tichterby, effen fen gong folgen syn skip de oare skippen, goed biwapene him as selskip en help meijown, hwent loerde de Frânskman net oeral?

De twadde joune farden se ticht oan Hollân lâns, seagen selst hjir en der it wiffe ljocht fen in fjûrtoer. Hja hiene gjin inkeld ljocht, yn ’e kajuten efter de pottichte blyntsjes barnde mar in inkelde kjers. It folk diich swijgsum syn wirk. It wie sa near det allegearre, krekt as hie min in deade oan board.

Sa kamen se yn Hamburg en do nei in goed wike yn Dillenburg. ’t Wie krekt, as ’r yn side foel en it gefolch mei him. Hjir hie hy den einliks rêst en hwet oars bigearde hy ek net mear. Det syn soan Frederik, de twadde fen syn jonges, sneuvelje moast yn Eastenrykske tsjinst as ginnerael, hie him ek in knoei jown, it wierne allegearre fen dy dingen, dy-t in jierrich minske yn aloane pimperpine slope en de frisse kreften fen in jonkheit, om der him tsjin forsette to kinnen, de hope op wûnderbaerlike reddings, och, dy wierne ek al lang forgien. En de jongeren? Dy lieten de moedfearren ek hingje, songen yn mineur de âlde wizen. Hy koe se oars neat mear oanbiede as in lyts lean, as se by him yn tsjinst bliûwe woene en det scoe krûmmeljende wei oppluze wirde moatte, sunich by ’t waltsje lâns, en dochs! ho ’n goed diich him det! hja sloegene bliid ta. En bleauwne by him yn syn needrigheit.

Yn ’t lêst fen it jier (1801) skreau hy út Dillenburg wei oan syn frjeonen yn de Republyk, det hy der gjin bien mear yn seach, as se in ambt oannamen ûnder it nije bistjûr, det alle war diich, alles wer hwet yn ’e âlde foegen to krijen en ’t skeel safolle mûchlik to sljuchtsjen. It wie fen dy gefolgen, det de Oranjeljue wer for ’t earst op in feest kamen, hwer se wisten, ek Frânsken to treffen, mar den soksoartigen, dy-t se én om hjar caracter en óm hjar dieden net de hân wegerje scoene, as se dy útstieken om to fûskjen. Hy wist, partijen stiene yn it âlde heitelân net mear sa fijannich tsjin inoar oer: it folksregear wie ôfskaft, det doochde net mear en dy-t nou wer oan ’t roer kamen, wierne âld-reginten wol fen patriotske kleur, mar net sa fel mear ef o wûndere rin fen it lot! selst guont fen Oranjetagedienen kamen wer op ’t kjessen. It folk bigoan stadich wekker to wirden út syn dronkemansroes en bisochte, al hoartsjend en stompend, alles wer yn ’e âlde foegen to krijen. Hwet wierne sokke tatidings út it heitelân treastlik! en yn elts herte krige de forhoping fat: scoe der einliks forlossing komme kinne?

Det tocht Ryklef Ripperda ek faken. It koe noch jierren oanhâlde ommers, al wierne der nou oare mannen oan ’t roer, út it folk sels as de sterkste macht moast de omkear foartkomme it prykjende sâlt fen soun trochsicht en selsbitwang it biderflike yn it aerd fornietigje, den earst scoe de staet wer soun wirde kinne en nije wegen en nije banen for in nij bistjûr ré komme to lizzen, om to gean. Wol naem de syktme in skieding.... mar ’t koe noch jierren dûrje, eart dizze slimme goarre syn onhurens genezen wie. En dochs....

Ynienen stie de frjemde, nije wirklikheit foar him as in sterk jongkearel en treau him yn ien triûw de kant út, der it lot him ha woe. It kaem as in dream.... it oerstjelpte him sadanich, det hy it hast net leauwe koe. Wer krige hy it brief út de fesjebûs.... en seach nei it forware antlit fen Ulrich, de jeneveroaljekoop op ’e hoek fen ’e âld sopha, him sa bikend en o in sé fen oantinkings bigoan oer syn hert to brûzjen: Bouwekleaster, Wolmoet, de flucht nei ’t frjemde lân....

„Dy letters lige net, jonker,” sei Ulrich dimmen, do-t hy seach, ho-t de jonker der op om stoarre. Hy hie mear blydskip forwachte by dizze tynge. Ho hie ’r him spoede de hjitte simmerdagen om hjir to kommen en de jonker sels it boadskip to bringen! Libbe ’r noch net altyd mei Fryslân en de Friezen mei en gyng it him ek net nei oan ’t hert, ho-t se as slaven krûm leine ûnder ’t wrede frjemde regear?

„De tiiden en de herten binn’ gâns foroare der yn ’e lêste jiermennich. De Jacobijn is der út gisele, der binn’ nou guont, dy-t hwet makker op ’e hûd binne en ’t regearjen wend,” sei Ulrich.

„In minske wol nou ienkear opsjen kinne nei him, dy-t de baes is, lyk, det lyk regearje kin, is in drôge. Allinne sterkeren en hegeren en wizeren winne, den kin in minske him bûge,” sei Ripperda stadich. „En ik mirk al lang yn ’e brieven fen minhear Falentijn, ho-t der ek yn Ljouwert in omkear kaem wie ek mei troch tadwaen fen Fockema.”

Hy tearde it pompier ris wer út inoar, striek soarchfâldich de tearen gled en lies noch ris de rigels oer, wylt ’r hjit en kâld fen binnen waerde, sa nei gyng it him. Earst waerde him to witten dien nammens it provinciaal bistjûr, syn forbanningsfonnis wie to niete dien, hwer oanplakking fen dien wirde scoe op it Stedhûs, de Waech fen Ljouwert en de doarren fen alle stedspoarten en den, det it provinciaal bistjûr him ûnder it wolnimmen fen Rutger Jan Schimmelpenninck bineamd hie ta kwartierdrost. De wirden stiene der sa kâld en ûnforskillich en och, hwet hâlden se dochs wol net yn! Wer as frij man, de holle heech! yn it heitelân komme to kinnen, heit werom sjen! de Ljouwter frjeonen.... en Anne.... Krekt as stie se op dit stuit neist him en flustere it „ja my” sa sêft, det allinne syn jerne harkjend ear it hearre koe. Yn in bliide fierte seach ’r nou ynienen alles moai en nij. De hiele wrâld strûpte it âlde tsjustere kleed út en stie foar him, like glimkjend en fol ûnthjittings as ienkear, lang lyn....

Ulrich bleau in deimennich syn gast en diich hiel hwet saken derby, hwent de hânnelsman yn him slomme nea. En Ripperda gyng nei syn Souverein mei it bliide nijs om dy der oer to rieplachtsjen en as ’t him goed like, tastimming to freegjen, om foart to gean. De Prins suchte. Wer in banneling, dy-t thús forwachte waerd, wer ien, dy-t hy miskien nea wer sjen scoe. En syn frjeonen! mei in nuvere mingeling fen blydskip en drôfenis hearden se nei dit syn boadskip. Biswier om ûnder dit nij régime in ambt oan to nimmen, hiene se ek net, alhowol hjar de freez bikroep, it wenjen wer yn Ljouwert koe him ris raer ôffalle. Der wie safolle foroare, neat scoe hy weromfine fen hwet der ienkear west hie.

Krekt as loek der in wolken oer syn sinnige, bliide dei, sá foelen dy wirden yn syn hert. Scoe ’r it oandoare, der nou wer in nij libben op to bouwen, selst in nij fondamint to lizzen, hwer it âlde, moaije yn tûzen splinters en grús tofallen wie? Wie der sterk genôch, om det dwaen to kinnen? Hy fielde him skoarre fen in kreft, sterker as syn eigen, hy wist, hwa ’t him nou syn wei ek foarskreau, likegoed as de bittere wei fen syn omswerven, earm en forlitten as in forskoveling. En hy diich nei Dy syn wil, démoedich en biredt.

Ulrich hie om ’t skik mei de jonker syn help in âld guds bisette kind en der hysten se him op in goede dei op, it kistje fol medicaminten hinge him foar ’t liif en in greate sek mei krûden bingele him op de rêch. Yn syn great hoed, yn ’e foerring, stevich en wol binaeid, hie ’r in sjou brieven for de Oranjepartij yn ’e útlânnen en op mennich brieveslûf stie de namme fen Archibald Porter. Earst ried ’r sa mei de jonker nei Keulen en derfendenne scoene se oanhâlde op Arnhem. De jonker scoe den de wei mei blydskip gean nei hûs en hy.... hy diich syn plichten, om leed en freugde wer to bringen op mennich plakken by frjemde ljue en somwilen pine en smert to forlichten. Ho dielde ’r yn ’e jonker syn lok! ho licht waerde him yn ’t selskip fen dizze jonge maet de lange reis! Ho forstie ’r syn stilswijen nou en den, syn bliide laeits ek bywilen, as ’r ris in koartswilich wirdtsje foel, jouns yn ’e frjemde harbargen by de tsjelke fol wyn, âlde, goede iiskâlde Rynwyn, hwer ’r de geuren fen Dútsklân syn bergwâlden yn miende to preauwen.

Yn Arnhem gyngen se by inoar wei. De jonker stjûrde syn hynsder it Noarden yn....

Sá seach ’r him riden, de kante jonge lea yn ’t nau fewielen buis, de moaije lytse fine holle reabrún fen sinne en wyn, de eagen yn ien innich forlangst al mar útsjend it Noarden yn, it kâlde hege Noarden, syn bertelân. Hy draeide him noch ris om, glimke bliid, do drafke ’r foart. En Ulrich en syn âld guds lieten beide mismoedich de holle hingje.

Der gyng in jong minske nei syn lok.... en hjir, och sei! in âld minske nei de dead....

De lêste deis wie de jonker ticht oan Ljouwert ta op it Hearrenfean. Hjir bleau ’r, liet him in goed miel sette, it hynsder nij bislaen en yn ’e weide bringe, hwer hy him in hiele dei yn syn wêzen liet. De postwein joech ’r in brief mei for minhear Falentijn. Hwet scoene se opsjen! Mar fensels, hja wisten der al mear fen as hysels allicht. Hiene der miskien sels wol hândiedich oan west, om it safier to krijen. En de Falentijn’s en de Baerdt’s hiene noch altyd in sterke earm. Jild brekt in bulte slotten en sljuchtet in bulte sterke stinsen. Ho scoe fen Rhé ûnder dizze saek stean....? scoe ’t noch ris wer de wraksel wirde yn dizze lytse sted twisken hjar beiden ef scoe him de lust ta fordjer en tigersprong foargoed forgien wêze? Ho scoe it tsjinwirdich stedsbistjûr regearje? En it folk, ho scoe det ûnder al dizze dingen stean? Scoene de ljue him noch kenne? Hy hie ek sa lang foart west. En mei wémoed tocht ’r om twa grêven, dy-t it stof ta hjar naem hiene fen twa fen syn alderljeafste sibben ek yn dizze jierren, Mem en Doedte. Hy scoe se net mear sjen, fen hjar lippen net in wolkomstwird en ho ’n ien! mear hearre. It libben yn syn onbarmhertigheit swile ryp en grien op en de dead diich it noch folle mear....

Hy hie it sa skikt, wykmarkdei wer yn ’e sted werom to kommen, hwer hy ienkear op sa ’n rare menear as in houn útgisele wie. En nou sa yn eare werom! in fêste oanstelling yn ’e bûs! In nij forstânnich regear yn Nederlân oan ’t roer, it militair gesach oan kant en miskien, o hiel miskien! ienkear it lân noch ris wer frij fen frjemd onrân. Hwet scoe hy him warre, om in goede, fredige tastân mei to bistindigjen, om al syn frjeonen, Oranjeljue, ek werom to bringen, Heemstra, Asbeck en al de oaren, dy-t nou noch earm en onhússittend yn ’e frjemdte omdoarmen. Tûzen nije plannen makke ’r, wylt ’r sa op Ljouwert, syn âlde, ljeave sted oanried.

It wie in sinneskyn moarn, de hearrewei fol folk. As in jonge kening ried ’r mids hjar, al wie syn klaeijing ienfâldich en bistoud, syn hynsder meager en it túch hwette skibbich en feal, dochs ûnthâlde min him de earbied net, dy-t in edelman takomt. Stadich ried ’r sa mei de oaren op, hwet oan ’e kant yn ’t gêrs lâns om ’t hynsder to sparjen.

Der lei Oenemastate yn syn singels en beammen, der yn in bochte fen ’e wei Barrahûs, der Goutum op syn hege terp. De sinne stie noch net heech en dochs wie de dei al moai en in kostlikheit om him to bilibjen fen ûre ta ûre as swolgen, dy-t min drinke scil út in goudene tsjelk, hâlden fen de ljeafste. De simmer bloeide yn syn felste moaijens, it lân stie fol blommen, de loft wie fol jong fûgelt, de bou siddere fen ’e nije swierte fen in nij gewaeks, det ieren en kerrels yn mennichte droech en de âlde stompe toerren hjar klokken letten de jonge, bliide dei yn.

En der yn ’e heldere fierte....! hy hâldde it hynsder en bleau stean to harkjen.... der bigoan de Aldehou to brommen. It ljeave, o sa lang miste lûd....

Syn eagen waerden wiet. It hiele eardere libben, lei it noch net ris wer op dit stuit as in triljende flinter mei al syn moaijens yn ’t hol fen syn hân? Seach ’r it net wer, sa ’s it west hie, dit alles, eart it skaed fen it leed der oer gien wie?

De sted kaem stadich út ’e fierte wei op him ta, earst de brede, massive toer fen ’e Aldehou, do de heechste huzen, de bolwirksbeammen, noch foarser, noch skadiger waen en einliks de toerkes fen ’e Wirdumerdyksterpoarte.

Deagewoan ried ’r oer de brêge, nimmen naem notysje fen him—ho wûnderlik wie dochs dit alles—en seach efkes skean nei it pompier, hwer ’r syn namme op wiste. It hinge der, in boerke stie der foar to lêzen, in skiepke oan ’t tou en ’t breedskadich hoedtsje op ien ear.

Scoe nimmen him mear kenne? nimmen in frjeonegroet for him oer ha? Syn bliid sin sakke, iensumheit bikroep him as in greate spin de bliid iepenkame blom.... De sted wie him frjemd waen. Der wierne nije huzen kaem en âlden ôfbritsen. It Saeilân fol hynstestallen like ek hiel oars, it folk op ’e striette mei dy bulte Frânsken dertwisken, de frânske úthingboerden foar de winkels.... de frouljue koe ’r ek al net mear, wierne se ek al fen in oar skaei? Wie der den net ien ljeaf, bikend antlit, nearne net?

Der ynienen seach ’r in man oerein gean fen in bank ûnder de linebeammen by de stedsgreft. Krekt as hie ’r der sitten to wachtsjen en stadich trêdde ’r nei de hearrewei ta, speurende wei it folk opnimmend. Syn gong kaem him bikend for, al roan ’r stadich en hwette onwis. Hy seach nau ta, dy prachtige donkere eagen ûnder it sniewite hier hie mar ien man yn Ljouwert.... Ien sprong, hy wie fen ’t hynsder en by de wachtsjende man, minhear Falentijn.

„Wolkom bern yn ús heitelân,” sei dy hertlik en gol wei en knypte him yn ’e hân, as scoe ’r him nea wer loslitte. „Hwet bin ik bliid, dy sá wer to finen! Kom mei ta uzes en wêz ús gast.... Pronica wachtet al sont dagen. It scil ús in eare wêze. Dû scilst hjir lege plakken fine, mar dochs ek noch âlde frjeonen.”

It wie him great, dizze bigroeting fen dizze man. En hy waerde der stil ûnder. Falentijn seach him fen toside oan, de forfleine jierren hiene him manliker makke en dochs it antlit it karakteristyke, it blijmoedige en it bliidbitrouwende net ûntnaem. En togearre kuieren se troch it folk nei Fâlentijn syn hûs.

Hja seagen Haeije Trompetter en syn kornuten, in stikmennich bêste kij foar hjar útdreauwend en hja seagen minhear Josua de Metz der middenmank yn ’e blauwe kyl en skoenklompen oan, hja seagen mefrou fen Rhé en Sibbel op ’e kuier nei ’t bolwirk ta, hwer skaed en koelte to finen wierne, hja seagen doctor Falentijn op in licht seaske troch ’t folk riden, det ynienen rûm baen makke, as gau it in kening en einliks seagen se Falentijn syn nij hûs parearjen yn ’t moai oanlei tún en der foar ien fen de finsters, de gerdinen wiid fenien strutsen siet âlde Regnerus Ripperda en seach út nei dizze syn ljeafste, syn jongste soan.

„Dyn heit is swak en âld waen, Ryklef,” sei Falentijn en it klonk as in sêfte foarbirieding for yet slimmer tatiding. De skerpe, jonge loaits fen him hie it al lang markbiten.... op dit stuit wist ’r it.... dizze dei waerde ien fen heit syn lêste freugden.

De tiid wiisde it út, hy hie net mis sjoen. In wike ef hwet letter brochten se heit nei syn lêste hûs, âld en sêd fen dagen yn ’t acht en sauntichst fen syn libben en leine him to rêsten neist syn Hanne. De âlde beam fortoarre, hie ’r dochs it útsjitten sjoen fen syn nije, griene loaten.

Ryklef Ripperda diich alle war, om it âlde hûs, hwer safolle oantinkings oan forboun wierne for him en syn folk, werom to krijen. It slagge al moi ridlike gau mei Falentijn syn help. En op in goede dei riisde it lange, smelle skaed fen Minne Pjirkes út in keldersdoarke op en hy eage syn jonker nei, dy-t de foarstriette lâns gyng.

„Willemke!” raesde ’r, „hwer bistû? Ik leau, ús jonker is wer thús!” en sa mar mei de bleate holle, de toffels heal oan, fleach ’r him efternei. En do de jonker op syn mâl gebear omseach en stean bleau en fluch op him ta kaem, gûlde ’r as in bern, sa bliid wie ’r. En Willemke en hy skoaiden him oan om for in lyts lean en as ’t moast, sûnder lean, wer by him to tsjinjen.

En sa waerde dit fet bikûpe. It wie krekt, as rekke in hiel stik fen Ljouwert wer yn syn hear en fear, nou de jonker wer thús wie en it folk him somtiiden troch de sted kuierjen seach. In bettere tiid dage.... scoene de Oranje’s, suchte mennichien,—scoene dy ek noch sa ris werom komme kinne? It gesach waerde smidiger, flijde him mear nei de wil fen it folk, det syn folk wie. En fen hjar eigen folk koene se ek hiel hwet mear op as fen dy frânske binde, dy-t hjir nou in jier ef hwet skepper en skriûwer west hie.

De dagen gyngen hjar gong en ek dizze simmer foel einliks as in forwile blom yn al hjar ripens ôf en sjoch! it waerde wer hjerst....

De minske kearde yn ta himselme, de útflechtigens fen ’e simmer, de ongedurigens fen ’e siel, opswypke fen ’e lange dagen en ’e simmersoele nachten, bisonk ta rêst en it fredige fortoef binnekeamers wie de nije tsjoen, hwer de minske him jerne ta bijoech.

Stadich kaem ek frede yn Ryklef Ripperda syn moed nei de greate omkear yn syn libben, dy-t him mear skokt hie as hy sels wol tajaen woe en út dy frede waerde in forlangst berne, sa heftich en twingerich, det al syn tinsen hjar der nou by bipaelden. Hy koe it net allinne mear forkropje en op in joune, do-t Jehannes Falentijn syn gast wie, moast ’r prate, oars scoe ’r stikke.

Hja sieten togearre yn ’e stille keamer. Willemke hie de thé klear set en in steapeltsje sânkoekjes op in pesleinen pantsje derby. In pear roazen en in tûkje gielgouden wylde druvebeam yn in kristallen faeske joech in biwyske fen frouljuessoarchsumens oan ’t great fortrek, al hie hy sels den ek de blommen sa skikt en de fewielen kjessens fen ’e greate mahoniehouten sopha sa dellei. Der yn ’e hoeke foar ’t finster siet ’r jerne mei it útsjoch oer ’e rûmme greiden en ’e kostlike wolkenbiskûmme loften.

Sá hiene se der faken yn ’t foarige ek togearre sitten en sims woe ’t der by hjar allebeide hast net yn, ho de woeling fen de tiiden der ek mar ea in skûrring yn bringe kind hie. En wer wie s’as fen âlds eltse Tongersdeijoune as in feest, de iene joun fen de lange wike, dy ’t de minske for himsels redt út ’e sterke brânning fen de woelige droktmedagen.

„Krekt as hast net foart west,” liet Falentijn him ûntfalle sa mar út syn tinsen wei. „Alles sa by ’t âlde bleauwn, it hûs, de keamer, selst dyn tún hast wer yn de âlde sitewaesje, sjoch ’k.”

„Alles gelyk, mar wy sels foroare,” andere Ryklef hwette bitter.

„Nei better den doch, âlde filosoof.”

„Det âlde kin der wol foar wei,” biskrobbe Ryklef him in byt brûkel. „Dû ûntrinst my net folle, jongkje. Hast ek al in griis hier troch dyn swarten.”

Jehannes Falentijn seach him oan mei syn rjuchúte eagen.

„It is de skaedside fen myn birop, ik moat altyd it minder moaije, it ongeve, it biderflike sjen fen ’e minske. Sá sjende kin ik geneze. En Ryklef, sá scoe ik dy ek geneze kinne, leau ’k, fen dyn hiele slimme goarre.”

Ryklef Ripperda sprong oerein, read flamme op syn soune brune wangen, efkes flime der lilkens yn syn eagen.

„Wel noch ta! Ik siik....? Ik yn ’e pogge? Net wiis, dy-t it seit.... al bistû it den ek!” en hy stompte sa foarheftich tsjin de tafel oan, det de stikken op it skaekboerd trillen op ’e grounfêsten.

Jehannes bleau bidaerd en sei stadichwei: „It makket dy sa yn onstjûr, myn gesinspyl, det ik scil der mar net mear oer prate.”

„Noustû my earst oerémis makke hast....! Ik hear ’t geslyp al fen dyn skerp doctorsmes....” bromde Ryklef, wylt ’r mei in min sin wer sitten gyng.

Falentijn glimke ris en liet it oan it tafal, ho-t syn opsmiten kûgeltsje fierder rôlje scoe. Mocht it wêze, Ryklef syn hânnelingen yn fêste, goede banen liede. It bigrutte him, dizze iensumheit wie to swier om to dragen fen dizze sterke, jonge, oergeve, mar ek oersappige persoanlikheit, net fen ’e natuer foarbistimd om as in mûnts troch ’t libben to gean. As ’t wêze moast, scoe hy it mes noch djipper yn ’e woune sette, sear dwaen, om dizze, dy-t hy ljeaf hie as in broer, to genezen.

Einliks rekke it spultsje út, Ryklef woan it, mar hy stume noch. En dochs moast it sa komme, al scoe ’t ek op kreauwen útrinne, prate scoe ’r, syn hiele hert bleat lizze moast ’r. Hwent hwet him skilde, wist Jehannes net.... it wie hwet slims, it makke him stil en sims bidrukt. En det nou, alles sa keard ta in goed ein, jubel yn pleats fen triennen!

„Scill’ wy noch efkes troch ’t tún en sjogge yn ’t waer?” sei ’r en hja diene de glêzen doar op en kuieren pypkjende wei oer de skelpe paden. It wie hast folle moanne, de loft heal bilutsen fen wite plûmwolkens as in stil lân fol snie. De wylde wynbeam hinge mei fjûrreade slingers yn ’t ljochtmoanne waer to blinken en grillige skaden dânsen op en del, as se hinne en wer soeiden op ’e wyn. Yn ’e fierte rôp in lette skipper syn hallo! yn ’e stiltme, dy-t ek wie as in wiid wetter, swier fen sliepende deilûden.

Hja gyngen nou nei de hoeke ta by de stedsgreft en seagen oer ’e lânnen, hwer de dauwe op tynde en slonk as in wûndere simmerjounssé syn ebbe en floed. In boatsje kaem der stadich oandriûwen, foar de Westewyn ôf, in lyts lantearntsje yn ’e mêst en ticht neist inoar op in bankje in jonge en in fanke, swijgsum en frjemd yn ’t bleek ljochtmoannewaer. En do-t hja njunken it tún wierne, lei hja hjar holle tsjin syn skouder oan, patte ’r hjar hoeden yn syn teare, jonge ljeafde as in wynsucht de hiele teare maitiidsblom.

Stil foer it boatsje foarby.... en swijgsum gyngen de beide frjeonen wer yn ’e hûs.

By it skymrich ljocht fen ’e kjersen socht Jehannes syn fioele en bigoan to spyljen. It wie sa bliid en it wie sa droef dit allegearre, snokkende en jubeljende wei wie ’t it libben sels det song, sa ’s dit nys ansens yn syn hearlike top fen gloarje oan hjar foarby gien wie.... in jonge en in fanke en in pea, wiksele op in stille joun.... It mystery fen ieuwen, det de dichters oanroere mei koele fingertoppen en der fen sjonge, skilders en byldhouwers bisykje om fêst to hâlden yn kleur en foarm en det dochs mystery bliûwt, de ivige onforgangklike skiente en dochs yn elts minskelibben de forgangklike flechtige forskining.

Stil siet Ryklef Ripperda der nei to harkjen en do-t it út wie, sei hy hiel sêft: „Der scil gjin fromminsk op ierde wêze, dy-t dizze tael fen dy net forstiet. Hwer wachtest den noch op?”

Jehannes lei de fioele del. „Hwet bidoelst?” sei ’r hiel bidaerd. Scoe Ryklef nou syn siel foar him iepenlizze wolle?

„Hwerom nimstû net, hwet dy takomt?” wie de wjerfraech fen Ryklef. Hy sei it mei tsjinsin.

„Ik bigryp suver net, hwerstû hinne wolst. Ik nimme?.... ik hwet nimme? Us frjeonskip is sa âld en sa yn ’t fjûr lottere, wy hoege gjin oanloopkes mear to brûken, selst net foar de alderwichtigste dingen. Ik fen dy.... dû fen my, wy witte alles fen inoar.”

„Alles Jehannes?” en Ryklef syn lûd klonk twivelich.

„Ik ha net ien geheim for dy. Ik scoe net witte hokker.”

„Ek net dyn ljeafde for Anne?” Ryklef flustere it hast.

„Myn ljeafde is mei Doedte bigraven,” sei Jehannes hiel stadich, neidruk op elts fen syn wirden, dy-t, al ho sear as se him ek dwaen mochten, dochs koel en wolbiredt der út kamen. „Nea scil ik wer ljeaf ha.... Ik kin det net.... Det mei.... Doedte wie my der to hillich ta.... En hastû der mei ompakt, detst ’ek mar ien amerij miene koest.... O stimper, hwet moit my det om dy en der allinne mei omtôge....”

„’t Scoe gemien west ha, dy yn ’e wielen to riden,” andere Ripperda. „Derom swijde ik en wachte en as ik dy seach, tocht ik altyd, der bringt ’r dy it deafonnis fen al dyn forlangst. En nou is ’t sa.... Kinst dysels goedernôch? Is der neat, det nei Anne útgiet?”

„Der hat noait selst ek mar it lytste twisken ús west. Leauwst my?”

„Jawisse”, sei Ryklef, „al wol ’t der min yn by my, det hja net it hertsbigear fen eltse man wêze moat.”

Do glimke doctor Jehannes Falentijn. „Noch myn siel, noch myn sinnen ha ea ten ginsten fen hjar spritsen. It lot hat it net sa wold. Hja is for dy biwarre bleauwn, hja is frijmakke fen ’e bân.... Ryklef. Hwerom scoest nou net hinnegean en helje dyn skat.... It bliûwt net altyd simmer, it bliûwt net altyd jonkheit. Wachtsje net sa lang, as der mear grize hierren komme en bitûmmele sinnen. Wêz bliid en jong togearre en bring noch ris fleur yn dizze âld wente.”

En hy krige syn fioele wer op en bigoan to spyljen. Ryklef harke, de tinsen yn swiete mimerij. En bizich, as ’r hiel inkeld ris wêze koe, rette Jehannes him dy joune let oan, Spreuken 31 ris goed nei to lêzen en net sa swiersettich to wêzen en âldmannich. „En dit wie dyn goarre”, sei ’r optlêst pleagjende wei. „De earste leppelfol drank docht al syn wirk....”

„En de rekken?” glimke Ryklef nou wer mei in goed sin.

„Dy komt, astû foargoed genezen biste”, pleage Jehannes Falentijn, de eagen forsêfte fen goedwilligheit, om dizze iensume út syn earmoed to forlossen.—

Mar it hâldde hwet yn, likegoed as yn ’t skaken bywilen, sette Ryklef Ripperda de stikken op ’t skaekboerd fen ljeafde ek mar stadich.... hast al to stadich en miste dertroch sims in goede kâns. Den gniisde it needlot en alle kweageesten gniisden mei. In minske, delbûke fen tsjinstuiten is in maklik offer en sims gau dreauwn yn djipste delte sûnder forset.

Mar doch, dizze joun brocht in kear yn syn libben. Hy naem Jehannes syn wirden yn syn acht en bisocht, syn herte forlangst om to setten yn dieden.... en Jehannes stibeleare him.

Hy sette in reiske nei Langwar op tou, moast min noch net safolle meinimme fen ’e hjerst, as ’t mar koe? en mem skreau moije Stine in great brief, as se der noch in dei komme mochten to jimmetiten en ien gast meinimme. Yn in postscriptum kaem de namme fen de gast derby en it forsyk, Anne der neat fen to sizzen. Hja scoe den de ynfierenheit en ’e ljeave greatskens wol sa fier driûwe kinne en giene foart, as se wiste, hwa de gast wie.

En nei tsjerktiid scoene se komme, it boat to Balk bliûwe litte, hwer se de nachts útfenhûzen yn ’t loosjemint, en den geandefoet it lyts eindtsje fen Balk nei Wyckel ta. Allegear hiene se goede skonken en Jehannes koe lytse François wol drage, ast moast en oars Ryklef en hy him wol ris kakkestoelemeije. Moije Stine woe hjar der hiel wol for fine litte. Trewis wie ’t. De Ljouwters to gast! nifte Pronica, de doctor, âlde bysitter! En hjar âld hert fleach fol ljeafde Ryklef Ripperda tomjitte. Hja wist al lang fen Pronica, ho-t dy foarke yn ’e stôk siet.... dy ljeafde libbe yn hjar herte as in minnedicht fen Cats. Pearkeknoopjen bleau min sels jong by, in stikje maitiid wie ’t yn in âld minskehert!

Hja fortelde Anne wol alles, hwet yn ’t brief stie, allinne it postscriptum.... der liet se gjin wird oer falle. Hja seach út nei de Snein as in jongfaem nei de frijer en hie hjar noed om it waer, as ’t ris reinde, en om de boffert, as ’r ris net rees! en om ’e beurtman, as ’r de Rinse wyn ris forgeat!—

Mar it reinde net en ek de oare dingen bisloegen goed.—

De Sneine kaem.... en oars scoe ’r wêze as al de oaren fen it jier, tocht Pronica en moije Styn frijmitsele mei yn in innichheit fen ien tinsenrin. De Saterdei’s wierne se al to Langwar kaem yn ’t húske oan ’t wetter en sprongen hjar der yetteris út, stedsljue, altyd yn de binyptens fen bolwirk en poarten en de joune foeren se oer it blauwe kleare wetter op Balk yn, de wite tinte moast noch op it skipke en Pronica hie de lichte omslagdoek noch om, hwent it waer wie noch simmerich en de loft fen in geurige soelens, as droech hja blomt en sudersinne yn hjar skerldoek en skodde dy yetteris út oer it gea.

De wolkens spegelen hjar yn it wetter, de jongbisten boarten op ’e sompen, dy-t as lang útstitsene fingers fier yn ’e mar útwiisden oan ’t djip ta, hwer se huf krigen fen wyn en stream beide. Wyt en sulverich waeide der in glim fen sulver oer ’e wylgenmoezen, mar de âld stammen bleauwne onforweechlik en stoef.

Pronica hie de lytse jonge op ’e skoat en skylde him in lekkere ripe applekoas en seach yn syn prachtige fewielige eagen Jehannes noch ris wer jong en nij. Alde Falentijn siet neist hjar yn ’t rountsje fen Ryklef en Jehannes en forlustige him yn it moaije waer. En sa mar sette ’r yn en de oaren foelen him by:

De heerlijkheid der hoogste Majesteit
Zij hoog geroemd en duur’ in eeuwigheid!
Zij blink’ alom, en kenn’ noch paal noch perken!
Dat zich de Heer verblijde in al Zijn werken.
Het aardrijk schudt, als God in gramschap blaakt,
Wanneer Zijn hand de hooge bergen raakt,
Slaan zij terstond aan ’t sidderen, aan ’t rooken,
Inwendig door Gods almacht aangestoken.

Ik zal, zoo lang ik ’t levenslicht geniet,
Gods mogendheid verheffen in mijn lied;
Ik zal mijn God met lofgezangen eeren,
Terwijl ik nog op aarde mag verkeeren.
Mijn aandacht zal op Hem gevestigd staan,
En met vermaak Zijn grootheid gadeslaan,
Ik zal mij in den God mijns heils verblijden,
En dag op dag aan Hem mijn psalmen wijden.—

Ho klonk it oer it stille wetter, yn ’e frede fen dizze timpel fen natuer! hwer Hy likegoed forhearlike wirde koe as binnen de binaude rûmte fen tsjerkemûrren. Oeral is God ommers, alles hwet der libbet en sykhellet, docht det folgens Syn bifel, om to kommen en to wêzen. Selst it lytste blomke hat efkes Syn libbenbringende amme oanroerd, de Wil fen Syn almachtige skeppende tins field! De fûgel, dy-t der fljocht, it wetter, det der bliûwt binnen syn lege iggen, de loft, hwer jouns millioenen stjerren oan flikkerje scille, somliken folle greater as de ierde, dogge se it net allegearre op Syn bifel as tsjinders, hwaem earbied en dwaen nei Syn wil en bistel past? Sá tochte Falentijn ûnder ’t sjongen wei.

Stadich gyng ’t oer ’e stille wetters op Balk yn, sims lavearjende wei, sims, as der boartlike rukjes kamen fen ’e wyn, der it seil spand fen stie, in bytke flugger, al mar oan mei dy hearlike helderblauwe hjerstloft boppe hjar en de sinne hiel stadich sakjende nei de roazekleurige Westereinder.

Wie ’t tafal ef foege it lot it sa? Ryklef Ripperda seach yetteris as yn in moai frjemd fisioen de dei nei it Wetterlân foar syn eagen, lang, lang lyn.... Syn wûndere tsjoen, syn blydskip, de sidderjende bigearte fen do om it lok yn syn flechtige rin to hâlden en do dy hearlike joun nei hûs der oerhinne, de loksilligens yn syn hert, Anne hjar siel lyk as sines yn folle iepenheit bleat for it lok as it jonge jier for syn maitiid.

Ien skûrring fen in wyn.... it hie foarby west.... In kile spjalte de ienrin fen hjar libbens en dreau se elts in kant út en nou....? hwet woe it lot nou wer? treau it se nou wer nei inoar ta? Scoe ’t him nou goedginstich wêze kinne nei sa ’n lang gefaksear? Scoe it?

Sa mimerjende wei oer âld en nij yn syn hert en kâltsjende oer de onforskilligste dingen fen ’e wrâld mei syn mûle, lânnen se de joune yn Balk oan en de oare moarne gyngen se stadich kuierjende fen Balk nei Wyckel ta. Smûk skaden de beammen noch oer de wegen, grien en fris sprute it gêrs noch ris wer nij op ’e lege lânnen, spand stiene de beamtokken yn ’e hôven fen ’t dragen fen ’e kleurige, swiere krûdtsjefrucht!

Lytse François roan boartsjende foar hjar út en doctor Jehannes syn lange skonken swaeiden tik-en-honk om alle beammen by de wei lâns. Den kraeide de lytse man it út fen wille en pake en beppe glimken. Mar yn hjar glimke beefde it skaed fen in trien....

Der sieten se nou yn ien fen ’e hearebanken, Ryklef hwet efter in pylder, Jehannes neist him en de lytse jonge op syn knibbel. Ryklef hie syn each net fen it middenpaed ôf, strak ansens scoe se komme en hy se ien amerij sjen, sûnder det hja ek mar it lytste bilul ha koe fen syn bywêzen hjirre. Scoe de âlde tsjoen fen ljeafde noch ris wer sprekke? scoe hjar earme iensume siel hjar lyk as sines noch ris wer flije kinne nei de nije ljeafde, bitter en swiet fen beiden?

Hy waerde noch ris wer hiel jong, hy Ryklef Ripperda en hy siet der mei in triljend hert, de eagen net fen de tsjerkedoar ôf en wachte.... It oargel spile sêft.... in lytse Viola di Gamba song berneftich en rein....

Do kaem se. Earst de moije, lyts en hastich en foartdaedlik der efter hja.... Efkes hekke syn hertslach.... do jage syn bloed him fol blydskip troch de ieren. Det slanke, greate fromminsk, dy bloune hierren, dy hals syn swânnebocht! o it wie, as kaem mei hjar syn hiele jonkheit noch ris wer op him ta....

Do seach ’r hjar lyts famke en yn hjar wezenstrekken it hearlike lijende fen ’e Mem, de benedijde en de smertdragende fen alle ieuwen. Syn hert waerde weak.

Op itselde stuit sloech hja de eagen op en seach him. En bidaerd wei liet se de sinnen fen syn eagen yn hjar blauwen skine.

Wie it net in dream, dy middei? It wer mei-inoar praten, it hearren fen hjar lûd, hwaens ljeave teare fal hy noch noait forgetten hie, en yn alle koelens en ynfierenens doch bispeure to meijen, det se him gjin kwea hert tadroech, by ’t iten neist hjar to sitten en it hantsje oan to roeren, fen ’t soune fleis en bloed blank en waerm en fen blauwe ierkes trochkrinkele? Alle jierren.... alle forlerne tiid foel wei, der hie gjin Popke fen Rhé west, noch banneling wêzen, earm en swalkjend yn ’e frjemdte, it wie nou wer neat oars as Ryklef Ripperda en lytse Anne Hopperus yn ’t koartmillich jurkje en de greate hoed fol roazen.... O! it hie noch noait hjerst west.... it moast ommers noch simmer wirde....

En do-t dy gouden hjerstdei nei de ein gyng, sei ’r tsjin hjar, hwet der yn him omgyng. Net in bult omhael fen wirden brûkte ’r ef in moai opsteld petear.... de tiid hie him it dichterlike uterjen fen ’e jonge jierren forleard.

„Der is plak for jimm’ allebeide yn myn hert en hûs,” sei ’r der sêft oerhinne. „It libben is kâld en hird for in minske allinne, twaresum is it in nochlik paed.... Ho stiestû der ûnder, Anne?”

„It moit my om de jierren, dy-t foarby binne,” suchte hja en bigoan to skriemen.

Det koe ’r net ha en naem hjar lytse kâlde hân yn syn greate, as woe ’r hjar sa treast bringe. „En as der nou noch ris tweintich goede jierren for ús togearre weilein binne?.... Alle greate lok komt dûkende wei ta ús troch de poarte fen it leed, det wistû dochs ek wol, net?.... Ien fen myn bigearten is forfuld, det ’k wer yn Fryslân bin. Meitsje dû my ryk en gin my de oare. Dû jowste dochs ek noch wol hwet om my?....” „O!....” sei se en ’t wie him, as iepenbiere de wrâld hjar hiele hearlikheit oan him op dit iene stuit....

En yn de dagen, dy-t nou kamen, bimûrre hy se yn syn ljeafdetinsen as de sterke beammen fen ’e bosk it de lytse blom dogge, dy-t op in sinnich plakje yn hjar foarmidden stiet to bloeijen. Hja fielde hjar nou feilich yn ’e greate, iensume wrâld, der wie in biskermer, der wie nou in thús oan ’e ein fen de dagen ta. En boppe alles wie der syn ljeafde. Hiel stadichoan koe se mar wenne oan dy rykdom.... It wie hjar to great, ja alles wie hjar hast to great en to wûnderbaerlik.—

En do-t it wer winter waerde—wer de lange, bange winter! helle Minne Pjirkes in âld skaefbankje yn ’e koken fen it greate hûs fen de Ripperda’s en stevige planken en hy hammere en sage en timmere it hûs hast út inoar.

„Dû plichtest to sizzen yn ’t foarige, ast ris mei my trouste, scoest noait wer brol meitsje,” kibbe Willemke en fage jeuzeljende wei it saechmoal op en rearde de spoennen op in bultsje.

„Det wie al sa dodestiids,” nikte Minne Pjirkes byfallich en ljurke oan ’t slap pypke. „Ik koe do net witte, det ’k noch ris in slydtsje meitsje moast for in lyts famke, hwette?”

„Nou né,” sei Willemke, „mar in âld griemer bist.”

In dei ef hwet letter slydte Minne Pjirkes de lytse Nelleke fen Rhé it bolwirk lâns. Op in distânsje foar him út kuiere de jonker mei syn jong wiif. It like him ta, as kaem nou Ljouwert wer sahwet yn syn âlde sitewaesje.—