III.
Falentijn, de lekkenwever, hâldde fen stiltme en dy socht ’r alle dagen alweroan op in wûnderlike menear. Om middei hinne waerde ’r stil wei, diich hiel foarsichtich de trap-doar op en bigoan him stadich by de treden op to hisen. Achttsjin wierne ’r, it biderf for de snuten fen syn lettere pantoffels. Den kaem de souder, der legere syn bisit op brede planken mei grien saeijene gerdinen derfoar. It hâldde net wer op, planke oan planke, bêste ikene steunders derûnder. It roek ’r fen skerpe farwstoffen, fen lekken en nije wolle en ’t meast noch fen kamfer en toeback. Alle dagen, as François Falentijn sa fier wie, snúfde ’r mei nocht de frjemde geuren op, as in alderfynst snúfke. Hja hearden by syn libben as de séwyn by de fiskersman en de krûderige geur fen it nije hea by de simmerfreugd fen ’e boer. Den sprong de greate trijekleurde kat ûnforhoeds efter opsteapele balen gûd wei ef fen in hege balke en streake him om ’e foetten en roan al foar him út nei de efterkant fen ’e souder ta. Der like ’t wol nacht to wêzen, sa ticht stie alles der op, oer en troch inoar, hinter troch trinter. In lyts smel kouwepaedtsje wie frijhâlden en dy-t him der troch wrong, op ’e taest of en om ’e hoeke knoffele, hoechde mar in âld gerdyn oan kant to skouwen en stie yn Falentijn syn hillichdom, in lyts souderkeammerke, mei neat oars deryn as in âld canapé, in tafel en in pear stoellen.
Der wie ’t, det bysitter alle middagen in knipperke diich, sa ’s syn frjeonen seine, de sparpot telde, hwet de fammen út ’e weverij him gnyskjend neijoegen, as hja goedernôch wisten, det bysitter syn swart kalotsje, syn grize bakkebirdtsjes en syn griene kamerjapon efter de hage fen ’e binneplaets weiwaen wierne.
As nimmen him forwachte, den wie hy der altyd krekt. Gek-jagen se mei de skippersfeinten yn ’e steech, op ’t selde stuit kaem bysitter bleek en stil om ’e hoeke, stiene de spoellen ien amerij, as ’t gjin skoft wie, liniger as ien fanke it koe, bigoan hy sels it jern[1] op ’e spoellen to winen en smiet se de wever ta, det it rinkele deroer en ’t fanke krige sa ’n joun dien wirk. Mar in lean as ’r ek joech! hja fochten om in plakje as jernwynster oan ’e weeftouwen, oan ’e spinwielen en ienris yn ’t jier, op Sint Severius dei, de skutspetroan fen ’e wevers, den mochten se spinne en weve om eigen gewin fen bysitter syn wolle. Den songen se fen:
„Sinte Sevérius, det’s ús petroan.
Wy weve de stikken, wy kenn’ it skoan,
Fen helderom, telderom, joep! joep! joep!
Fen helderom, telderom, tjoep!”
en hiene hiele lange stringen kleurde wolle by de holle delhingjen en de útsetter wie altyd de joune by moeke Truke „yn ’e forgulden Rasp” mei thémôlke en waffels. En Heinrich wever wie d’âld oerste fen dy hiele fleurige binde jongfolk sa ’n dei, as bysitter Falentijn syn weefstoellen wol gyngen en himsels dochs gjin gewin oanbrochten. En dochs leine se him gjin wynaeijen.
[1] De hânweverijen hiene se dodestiids yn lege, dampe keamers mei in liemen flier. Derfendinne in tige ongesoun hânwirk en forklearret de sizwize: sa wyt as in wever. Ien weefde oan ien weeftou, skearing/ûndertried, ynslach, boppetried. It jern op ’e spoellen wine wie frouljueswirk, it weven sels manljueswirk.
De joun foar wykmerkdei strúnde ’r al yn ’t foarhús fen ’e weverij om, de goezzefearrene pinne efter ’t ear en skreau mar op, hwet der alsa yn sa ’n skoftsje tiid syn hûs binnedroegen waerd. Hwent sokke dagen like ’t der wol in trachter . . . Om fjouweren hinne bigoan ’t al. Den kamen de fearskippers met fluessen wolle for tekkenoanrieden ef fyfskaft ef skieppe-grauwen jern, hege skoukarren fol en wrotten ta de nauwe steech yn en laken ef flokten, al nei ’t it sin stie. Foar alle finsters fen ’t âld hûs syn heech-oppe eftergevel barnde ljocht, lytse eintsjes kjers op koperen blêkers. Krekt as hokke al de beuzigens fen ’e hiele sted hjir by inoar, krekt by dit iene ljochte hûs. Yn ’t efterhûs, der ’t de weverij wie, hantearren de frouljue noch mei hasten de wiffe spoellen en smieten se de wever ta as boartersgûd. Min seach de jonge, fine hollen forwegen en sims it skaed fen in spits snútsje op ’e bline, wite mûrre fen ’e binneplaets. De hiele steech stie fol âlde wiven mei de skelken om ’e holle en hjar mûlen! nou, dy gyngen as lazarusklappen. As der wer in karre oankaem, stouden se oan kant, suver in swarm roeken, dy-t earne op ongânzen loere. It wierne de spinsters, dy-t thús om lean spoanen for bysitter Falentijn, it fynste sajet for jiffershoazkes en sêfte wolle for lyts bernegûd. ’t Ald hûs hie as in brede, wiidopbûgde trachter de greate efterdoar op.... de ljochte gong slokte alles troch, hwet der mar ta ’n yn rôlle en droegen en sjoud waerde, ta great formaek fen ’e steechjonges, dy-t der omhinne dounsen as tsjammen yn ’t skymrige ljocht en sims wol ris de dryste skoen oanteagen en mei in swier pak gûd ongemirken wei yn ’e hûs slûpten. Op ’e ein fen ’e gong seagen se den op in greate baelsek fol wolle in bleke âld man sitten, dy skreau mar op yn in sakboekje, aloan en alwei. Allinne syn fingers forweegden hjar noch, oars koe ’r wol dea wêze, tochten hja den. En as hja der lang genôch nei stoarre hiene, waerden se bang en slûpten der stil wer út, by de mûrre lâns.
En de greate trachter stie mar wiid-op to gapjen en ta de nacht út smieten beuzige hânnen him fol en de oare moarne, wykmerkdei, droegen wer oare warbere ljue it ta de foardoar út, ladingen. De trachter dripte nou stadiger.... krekt as woe’r ljeaver bihâlde, hwet ’r jisterjoune sa mei soarch garre hie. En den kaem ’t op ’e greate, skjinne souder tolânne, hwer de sang fen ’e spoellen en it snûrjen fen ’e wielen in fier lûd wie, krekt sa lang, det de âlde katrol bigoan to piipjen en ’t sterke tou ’t as in fangearm twisken himel en ierde hâldde en einliks sêft delkomme liet op ’e binneplaets. En in set letter kuiere it as pylekken, rôkstreept ef as bokkebaei noch wer it âld hûs foarby, hwaens oarelstiensmûrren al wer de wielen gean hearden en ’e sang fen ’e spinsters, wylt de sinne op ’e binneplaets skynde mei in smel streekje fel ljocht, der in spin hjar greate webbe yn glinstere.
Dy spoan ek.... sa moai scoe nimmen fen Falentijns folk it noch kinne.
Dizze middei nei wykmerk klauwde Falentijn ek wer âlderwenst by de trap op en kuiere nei ’t keammerke ta, bifielde yn ’e stúdzje wei noch gau efkes twisken tûmme en finger de nije tekkens, dy-t noch swevelich roeken en foel do mei in sucht op ’e âld mahoniehouten canapé del. De rol hindere him, hy sette him op ’e groun. De kat sprong ’r boartlik op en ôf en bleau do mei de stirt oer ’e foarpoaten stil sitten him wiis oan to sjen en streake him einliks mei ’t fine kopke oer ’e jasmouwe.
Falentijn mirk it net. Hy kúrde mei syn âlde, skerpe eagen nei de loft troch ’t dakfinster.... de wynwizer stjûrde noch syn pylkje nei ’t Easten ta en in fris twirke blies jongesêftich om ’t hûs. Bûrmans doukes trapen op ’e naed fen ’t skûrke om en twa trippelen foreale nei in hoekje en streaken en bekjeaeijken om inoar hinne, det it hwet diich. En do bieten se inoar, de skerpe lytse bekjes hingen yn inoars fear. Ljeafde, dy-t yn warsens forebbe....
Sá gyng ’t mei alles, ja mei alles! ljeafde en haet, komste, kliûwing, hichte en stadich o sa stadich mindering en.... dea, de ein fen alle dingen. En François Falentijn tochte om ’e lange jierren, det hy syn sit hawn hie yn ’t gritenijhûs. Der kaem hy nou noait wer, alles hwet Oranje wie waerd’ band foargoed. De trijekleurde cocarde pronke ’r en Liberté, Egalité, Fraternité skearing en ynslach....
Hoe koe ’t sa komme? Forline jier hie ’t wol oeral gest as jong bier en hy hie net iens sa raer opharke, do-t Ripperda him fortelde, hokfoar nijs Foppe-om wol net biharke hie yn Berdeau syn hûs, mar is der net altyd in partij yn ’e wrâld, dy-t oars wol en war docht, om ’t oars to krijen? En hwa seach ’t sa yn? Ripperda net en hy net en fen Rhé, och yn sok ding wie hy altyd in sluten boek, likegoed as Herama en de heit fen Wobbe Easgama, dy hâldden ek altyd in slach om ’e earmtakke, as der oer praet waerde yn ’e kolfbaen ef op jounpizelerijen. Ho-t se den harken! en sels diene hja gjin mûle op! Mar jouns let, as nimmen mear bûtedoar kaem, den slûpten se nei ’t hûs op ’t Waechsplein ta en der waerde den yn stiltme bikûpe, hwet nou njonkenlytsen yn ’t deiljocht set waerde.
As in bitûfte hânnelsman hie hy ’t al lang mirken, der broeide hwet, ’t jildmark syn fynste trillings koe ’r sont lange jierren en dy diich rare sprongen optheden, ja einliks al in pear winters lang.
En nou gyng ’t der oan wei. In dei ef hwet lyn hie Frankryk ús de oarloch forklearre![2] Earst koe ’r ’t hast net leauwe, hy wie nei fen Rhé taflein, dy-t troch syn ambt alles earder wiste as in oar! Do-t ’r him mar seach, wist ’r alles. It wie sa.... folle slimmer yette. In toarn letter waerden al de bannisementen to niete makke, mr. Cornelis fen der Burg scoe weromkomme en him it fjûr wol sa nei oan ’e teannen lizze, det hy scoe it ambt der wol oan jaen moatte den, sei hy mei in sûr glimke, do-t Falentijn him ris wer to wird kaem yn ’e greate efterkeamer fen syn eptige huzing oan ’e Ie-wâl. As hjar degens inoar noch ris wer krusten, den foel ’r ien wis, profetearre hy koelwei, wylt hy by de skoarstienmantel stie to smoken, smel en bleek, noch altyd de heech-eale en strange mr. fen Rhé, „advocaat in den Hove provinciaal”.
[2] De 1e fen Selle 1795.
En hy, Falentijn roan nei syn oare frjeonen ta, like forslein as hy en de moarne fen ’e 10de fen Selle (Febrewaris) om alve ûre gyngen se mei-inoar nei ’t stedshûs en koene der ’t fonnis oanhearre, mei in fyn gnyske útspritsen fen Borgrink, de president, mei as bysitters de oare ljue fen ’e Fraternité, Kroon, Ruitinga, Dijkstra en Zeper.
„Burgers!” sei ’r, „’t is ulieden bekend, hoe Gij op een wijze, die voor een burgerij, welke haar waarde kent en gevoelt, ondragelijk is, tot deze Uwe betrekkingen gekomen zijt en deze reden is het, waarom het Comité revolutionair provinciaal, overeenkomstig den wil en last der burgers, U allen hier heeft verzocht en in haren naam plechtig te verklaren, dat zij in deze verlichte dagen niet langer door ulieden wil of kan worden vertegenwoordigd of geregeerd, dat gij dus van Uwe regeeringsposten wordt ontslagen ten einde terstond van hier te gaan en met volkomen veiligheid voor U en Uwe goederen in den thans achtbaren burgerkring weder te keeren.”
En bidaerd-wei andere grytman Viersen: „Wy ha heard, hwet Jy sein hawwe. Wy geane,” en de iene nei de oare wierne se foartgien, om noait wer to kommen. It âlde gesach weismiten, it nije, it frjemde mei jubel en sang ynhelle. En do-t se by ’t parradis fen ’t stêdhûs delkamen, hwxet seagen se? De hege mest fen in spjirrebeam, opsierd mei linten en flaggen en boppe-op in blikkene hoed en ’t hoarnmesyk spile de Marseillaise en ’t púkje fen ’e Ljouwter fammen dânse der omhinne, alhiel yn ’t wyt mei greate kleurde sjerpen om en de hiele sted stie op ien-ein! En de middeis hellen se de forbânnenen fen ’87 wer yn mei ’t lieden fen ’e klokken en mesyk. Nou waerde ommers alles goed, ien stân, ien pong, ien gelove.
Stil wie hy nei hûs gien, dit swier miel koe hy sa foart ynienen mar net fortarre en yn dagen kaem ’r net bûtendoar, siet stil yn ’e peikeamer, mar nachts, den waerde ’r warber; den sette ’r de steechdoar op en liet tomûk syn frjeonen yn, Viersen, Ripperda, de Witt en Anne Hopperus hjar omke. De saek lei derta, krektlyk as yn ’87 en nou siet de oast namsto djipper, ynfretten oan ’t hert ta. De âlden hiene der fen flustere, de jongerein rôp it út en sette it nou yn dieden om, dieden, der de mienskip fen siddere yn hjar hechtste skoarstilen. Nachten sliep hiene se der om brutsen, Ripperda en Viersen rieden wech-en-der-wear hinne to rieplachtsjen, om noch to redden, hwet to redden wie, mar nearne founen se mear hael. De ûnthjittings fen it nije ryk wierne to moai.... it âlde wisten se, hwet brocht hie, ho knypte by inkelde patriotten de ellinde fen ’e fiif en saun jier finzenis noch nei, hjar yn ’87 oplei en nou noch mar krekt útsitten, der hjar ambt mei hinnegien wie, hjar eare fen skeind en der hjar húshâlding it droech brea fen ’e earmoed troch ite moatten hie. Det forgeaten se net, né noait!
En de bêste salve op dizze woune brocht de oarlochsforklearring! Dy-t it nou mei Frankryk hâldde, krige ’t heft yn hânnen en ’e knyft erby en dy slipen se flimende skerp. It wie de bitterste haet, dy-t partijen tsjin inoar ynjage. Och, it gyng net allinne om ’t Patriot ef Prinsmanwêzen, alle persoanlik skeel groeide, arbeide mei.... alle eigenbilang seach in doar op, om ta eare en oansjen to kommen, hwet oars mar in inkelden ien takaem as stimrjuchtich man. It wie net sasear de frijheit sels, dy-t min hjar joech, mar folle mear noch de ûnthjitting der dingen en det wisten de Frânsken, fine minskekenners, bjusterbaerlike goed. Net it bisit sels fen in saek jowt de waerde, mar de winsk om to bisitten, de langstme fen ’e siel nei it takommende, is de oantruner ta alle dingen, goed en tsjoed.
It âld regear gyng nou—it nije kaem. ’t Folk, los fen ’t ket, scoe nou ek ris regearje. Mar in baes, dy-t sels lang feint west hast, hinget altyd noch it skibbige oan fen ’t ûndergeskikt wêzen, hy draecht syn tsjinstberens mei, fynstimpele yn ’e siel, dy-t alle foroarings mei ûnforganklike markteikens ynbarnt yn ’e heugenisse. As hy der om tochte, ho-t der nou miskien guont yn ’t gritenijhûs komm scoene, dy-t lêze noch skriûwe koene, den moast ’r dochs noch efkes glimkje yn al syn ellinde, mar de freze bikroep him teffens, scoe ’t ek ta machtsmisbrûk komme kinne? Hy hie dizze learing al fen wrâldsskiednis útfikeleare.... it wirde de wreedste hearen, dy-t langst feint west ha.
It nije jier, 1795, wie min ynset.... o sa min. De Stedhâlder nei Ingelân mei wiif en bern yn ’t kâldst fen ’e dagen, de 18de fen Jannewaris, wylt it frear, det it ongele en nou smiet Frankryk mei heftige roerige weagen tûzenen úthongere soldaten oer Hollân en Fryslân, suver as in onstjûre mar syn goare kriik oan ’e ich.
Fen ’e moarn, wykmerkdei, wierne de earsten kaem, forlit, forsutere, hongerich en bretael. It nije stedsbestjûr, mei it brede, frjeonlike gebaer fen in rynske jower, hie se forsoarge as eigen bern. Moarn scoene der wol mear komme, der de fûgel it goed hat, floitet ’r ommers syn kornuten en fen oarremans jern is ’t goed reaven hespeljen. André, syn jongste, moast mar gau trouwe, in troud man wie altyd wis, det ’r net ûnder tsjinst hoechde en hwa wit, hwer dit allegearre noch op útrinne scoe! Lokkich, de Stedhâlder hie troch syn flucht it lân biwarre for oarloch, mar hwer lei it nou foar bleat? De oerhearrigheit fen inkelen scoe wol wer útsoend wirde moatte mei pongstruisel, det blinkt, ’t jild wie wakkere krap yn Frankryk, hwer d’iene regearsman nei de oare kantele as in brôzelich stik stien, net bikwamernôch as ’r blykte to wêzen, om nije fondaminten to lizzen op it steed, hwer hy sels de âlden útbikt hie.
’t Woe hjoed hielendal net mei ’t sliepen. Hy bleau sa wach as in nachtbiddeler yn ’t skaed fen ’e stedspoarte. De kat siet to spinnen op syn knibbel, in ljeave fielbere frede makke syn herte weak der op ’e stille souder fen syn âld hûs. Hwet joech ’t gemodder ek yn neare swierrichheden? Der wie Ien, dy-t de minsken hjar lot yn hânnen hie en dy-t se troch dizze Reade Sé fen ’e binauwinge ek wer liede koe nei in Kanäan fen hearlikheit en sunich sei ’r sa for himsels op de wirden fen ’e Psalmist:
„De fijand mach te velde zijn: de Trommel mach alarme gaen;
Het swaerdt mach op de kele staen:
De Lucht mach klaer van blixem zijn: de heel natuer mach syn ontstelt,
En doen haer eijghen selfs gewelt.
Daer mach geschieden wat het wil: Een reijn vroomhertigh Isra’ lyt,
En raeckt het al te samen niet.
Om dat hy God, die meerder is dan al wat datter is en leeft,
Tot sijnen troost en steunsel heeft.”[3]
[3] Psalm LXXIII. Camphuijsen.
Hy loek nei de sechstich, syn pikswart hier wie al lang sa wyt as hwet, hy fielde de wirden, det de minske neat oars is as stôf, neat oars as in lyts hântsjefol stôf, det fen in skûrwyn saeid wirdt yn it grêf. It waerd’ nou tiid, as ’r noch hwet wille ha scoe fen syn âlde dei mei Pronica. De saken oan kant, hwet blomkje, in pypfol smoke, it scoe in moaije joun wirde kinne nei syn libbensdei, ljocht en skaed yn jimmeroane wiksel, op en del as ’t gean fen ’e weversspoellen.
Ynienen bimastere dizze tins him sa.... de hiele reboelje fen ’e lêste dagen waerde ’r by wei. Op in reinige dei, dy-t gjin klanten oanbrochte, koe ’r sims ek sa yn ’e winkel sitte en ’t kaem him den krekt-en-allyk oer’t mot.... En moarns en jouns, as ’r de hinnen foer brochte yn ’t tún bûten de stedsgreft, der hy ek hwet griente kweke for aerdigheit. Sims selst yn ’t riedsseal sette it op him ta mei lokjende bigearte. En nou hjoed bimastere it him wer, ja it bimastere him sa heftich as in reisger de tins om ’e greate, feilige haven for ’t útsjend each, de feint de tins om in sib fryster, dy-t fier is. En hwet him noch noait oerkaem wie! sa stiltsjes wei waerd hy nou ûnderlizzend partij. O hy joech him sa willich! en de earste plannen, om syn winsk yn died om to setten, ripen stadich as simmers de moerbeijen yn syn tún.
Hy hie nou de bern great.... as jimmetiters sieten André en Bet mar mear mei oan yn ’e peikeamer. Diûke hjar eigen skoarstien rikke al en Jehannes, de chirurgijn, kaem mar inkeld ris, sa to hea en to gêrs, om in flau byt út ’e petylje. Bet, syn jongste, koe hy ek al hast great rekkenje mei ’t hier yn in skeiding en hoepen yn ’e rôk. Op minhear Baerdt nei wie hy de rykste fen ’e sted. Stil droech ’r syn rykdom.... hie net iens in gouden ket oan ’t heloazje. ’t Swart bantsje mei ’t gouden singenet diich ’t like goed. Syn namme allinne, dy sei genôch, as dy mar steil en great ûnder de brieven stie, sa nou en den nei Amsterdam forstjûrd, den biteikene det ûnbigrinze kredyt. Mar as syn earste beantsjes boppe de groun kamen, der formakke hy him einliks dochs noch mear mei as mei soks.
En hwet bitsjutte it den einliks allegear noch by dy earste freugde fen ’t eigen oerfortsjinne jild! It earste flues wolle, as lekken mei winste forkoft! dodestiids, do-t syn sterke jonge hânnen it âld affearen rjucht setten en leine yn syn eigene, nije banen, dy-t hy sa klear en dúdlik foar him seach, as hie hy se sels ôfparke, mar der âldmoadrige minsken raer oer skodhollen. Nei âlde principes hânnele hy, howol, ’t nije wie ’r ek net fij fen, seach ’t net mei in skalk each oan, as ’t rjucht wie for syn gewisse. Hwent rjucht as de lynbaen neist syn âld tún, wie hy troch ’t libben gien, nimmen koe in neil efter him krije, syn winste wie net koft mei oarremans leed, det wist ’r.
Nou bigoan de moaije dream wer om him hinne to streakjen.... mei Proan en Bet yn in nij hûs oan ’e bûtekant fen ’e sted, André yn ’e weverij en hysels rintenierje en Bet, jong ding ek einliks troud, ljeafst noch in graedtsje fornamer as heit en mem. Hy fielde suver, ho-t de waerme sinne him op ’e rêch skine scoe, sa simmerdeis yn ’t tún, der min de simmer roek út ’e bloeijende blommen en ’e flinters fleanen seach en net allinne de simmer mar formoede yn in waerme striette út de lûken, dy-t ticht wierne en ’t stof, det mei greate wolkens ta de winkel ynfleach.
Hy krige it heloazje út ’e bûs, it roan nei fjouweren.
De sterke stream fen ’e deis-droktme bigoan wer om him hinne to skûmjen. ’t Wirk wachte op him, altyd itselde en dochs altyd nij....
Pronica, forklaeid en wol, siet al yn ’e sydkeamer foar ’t thébled. Sims, as ’t in bêste klant wie, waerde ’r ek wol ris efter ’t glêzen doarke mei syn kamerdoekske gerdyntsjes roppen, mar yn ’e lêste tiid hâldden bysitter en ’e frou hjar hwette appart. ’t Siet der moai, ’t great finster seach mei in útsprongkje de oare huzen foarby, oer ’e Lange Piip op ’e Waech oan. Simmers, as de beammen yn ’t bled wierne, koe ’t der jouns gau tsjuster wêze, nou lei de grillens fen ’e Febrewarismiddeisinne hjar erf oer alles as de nije gloed fen krekt út ’e farwekûp kaem gûd en de kleuren fen ’t skildere bihang helderen der sa fen op, krekt as hie de skilder it langlêsten earst dien krige.
Oan ’e lânsein fen ’e tafel mei ’t gesicht op ’e Piip, siet bysitterske. Hjar moai brún hier hinge hjar yn lange koarketrekkers tosiden fen ’e holle, hiel nijmoadrich en ’t frisse read yn hjar roune wangen koe noch komme en gean as by in jongfaem. Yn hjar klaeijing markbite min suver de fleurichheit fen hjar wezen.... dy-t in min sin hie ef swiersettich wie fen aerd, droech gjin wynread pakje en hekke noch folle minder gitten yn ’t goud om ’e hals, foarenyn mei in juweelen boat. Oan hjar greate, wite hânnen skittere mar ien ring, de trouring fen François Falentijn, twa slangkjes, dy hjar kopkes rekken inoar om in smaragd, djip donkergrien. ’t Ljocht foel krekt op dy griene stien en ’e wite hânnen mei de bleekreade neils, dy’t it breidzjen hâldden, in hoazke for it hiele lytse foetsje fen ’t earste bernsbern. Nou ’t Jehannes noch net troude, wie ’t in hiele treast, det by Diûke tominsen in widze gyng, scoe min oars suver net fen hartsear omkomme, as de oare dames fen ’e krâns praettene oer hjarres, hofolle toskjes as’r hie en det in oaren ien al hântsje by-lâns doarst to rinnen? Lytse Pronica wie noch net faken op ’t rabat, dy lei noch mar stil hwet to mûlkjen yn ’t widzke efter de grien demasten gerdyntsjes en Diûke like noch sa jongfammich mei hjar lyts, fyn kopke en ’t smel middeltsje, hiel kant út ’e wide hoepelrôk, det mem woe ’t sims suver hast net iens oan.... hjar hiele beppe-wêzen.
Hja tocht altyd om hwet bysûnders, as Diûke byld hjar foar eagen kaem. Dy kipte ’r hjar den ek sa seldsum út, út ’e greate, fearige, bloazjende bern, der hja as mem oer stie, Jehannes en André en Bet, krekt sa ’s sims in inkelde wite blom fordwale kin yn in park fol bûnte asters. Hwet harkene se raer op, do-t Diûke op hjar stille, bidaerde menear, mei gjin foroaring yn ’t bleke antlit, heit en mem frege, ho-t it hjar talike, as abbekaet Mulier hjar frege ta wiif! Goed fensels! bêst! hwet bigearde in alder oars as sa ’n skoansoan! En de oare deis kaem ’r optslach en diich hjar de eare oan, om hjar lytse, bleke Diûke ta syn wiif to bigearen. Elts-en-ien koe der op sjen.
Falentijn hâldde net fen det lange gefrij yn ’e hûs en seis moanne letter wie se al troud wiif en makken se in hiele greate, moaije reis mei ekstra-posten by de Ryn lâns. It koste wit hofolle, wiken en wiken wierne se ûnderweis en der waerde raer oer beard, hwent hwa kaem det oer, sa fier foart! Syn eigen koetsier moast mei for de wissichheit en dy learde earst noch Dútsk fen in âld poep, dy hie Falentijn hawn as wever yn ’e weverij. Sims kaem ’r in lang brief, dy leine nou allegear noch yn ’e cassette, om noch ris nei to lêzen. Den waerde de hiele femylje útforsocht by hjarres en den lies de jonge dokter him foar, hwet se allegear wol net seagen en det Mulier mei de rike Rothschild[4] praet hie, dy-t nei min sei, troch syn jild oarloch en frede fen Jerope yn hânnen hie en Diûke kant kofte for fyftsjin goune de jellen en ek in servies for mem fen echt Meissner peslein. De greate Elisabeth Mara hearden se sjongen, wûnder! wûnder moai! Fortsjinne 6000 Thalers yn ’t jier, suver in kaptael! En op in jountiid wierne se fordwaeld rekke yn ’e omkrite fen Frankfort en kamen foar de stêdspoarte yn ’e neare nacht en Mulier hie de pong lutsen en do hierden se in kearel, dy gyng foar hjar út mei in lantearne en brocht se sa wer nei ’t loosjemint, hwer de koetsier yn ’e poeskoken siet to gûlen. Hy tocht net oars mear, as hja wierne formoarde der yn ’e frjemdte fen bosken en bergen.
[4] Maier Amschel Rotschild, de stamheit fen ’e bikende femylje, letter de jildsjitter fen mennich regear en hy yndied troch syn jild de bislisser oer oarloch en frede.
It lêste brief skreauwne se de 14e fen Maeijemoanne 1792 en in goed fjirtsjin dagen letter rottele de ekstra-postwein wer by de Piip op, by de grêft lâns en hâldde foar ’t hûs. Brún, meager en sutrich kamen se wer by honk.... in lekkere skinke prottele krekt op ’t fjûr en der in stik grouweiten bôle by en in pofke, it foel der yn, wûnder.
En nou wie ’t al trije jier lyn en noch rekken se net útpraet oer dy reis. Hy koft in greate kaert en reinige Sneinemiddagen, den reisgen hja ’t noch ris wer nei en spile Bet op ’t forte-piane de moaije Dútske sangen, dy-t se der koft hiene en Jehannes mei de fioele der by, och, hwet joech det in libbenens en selligens yn in húshâlding, as der fleurige, jonge bern om ’e tafel sieten!
Pronica hjar breidzjen glied yn ’e skoat, hjar hânnen leine stil yn ’e waerme sinne. Falentijn, kreas forklaeid, wipte de lange jaspannen hwet op en gyng sitten to wachtsjen op in pantsje-fol thé, lyk foar hjar oer.
Pronica mirk it net. Hja siet steil en rjucht tsjin ’t bekling oan fen ’e stoel en mûlke yn ’e sliep. Och, hwet like se optheden noch wer jong! en Falentijn brocht it him fol ljeafde noch ris wer tobinnen, de earste kear, do-t se togearre yn skimerjoun op ’t bolwirk kuiere hiene. Reind hie ’t do, reind! de beammen dripten, de wyn swypke mei de krunen om en by dy iene, in hiele âlden, hwet wiste ’r it noch! hie hy se stadich nei him ta helle en hjar sêfte lippen roerd, yn blide forwondering, det it libben ek noch for him, in tritiger, sa ’n ljeafde bloeije litte woe. En de oare deis kuieren se togearre op de Bier-Kelders en koft ’r hjar det medaillontsje mei in klaverfjouwer fen pareltsjes as oantinken oan dy reinjoun, dy loksjoun. Sont hie hja ’t altyd om.... hy koe hjar moaije, blanke hals net oars.
Hwet koene se nou togearre noch in wille ha! De winkel en ’e hiele santepatryk fen ’e wolkammerij forkeapje, André allinne it lekkenweven oanhâlde en ’e greathânnel.... en hja as âlde ljue hjar nei rintenierjen sette. Hy moast nou yntkoart mar ris prikken yn ’t wirk stelle, hwet min sloere lit, bidijt nin botsen.
Hy seach ris tofreden ta ’t finster út, nei de platsnoeide beammen, dy-t as in stammige hage by de Nijesteds greft lâns stiene en nei in pear Peasumer botfrouljue, drok dwaende om in jan-hinnige húsman mei in stûr ef hwet to bilazerjen. Einliks kaem de koop klear, de bot fordwoun yn it boadskipsnetsje. Ien hipte mei in sprong út de koer op ’e striette, de húsman flokte, de frouljue gniisden, it hiele bonkige antlit ien plezier. Do waerde it wer stil.... it sinnich hoekje striette wie minskeleech. Midden yn ’t paed lei de houn to sliepen en in pear koekoeksfearrene hinnen stapten permantich yn ’e sinne om en sochten gêrskes en hjouwerkerreltsjes twisken de skreven fen ’e stiennen. Jan kaem der oan mei de brune, hy hie in sending jern nei de Amsterdammer beurtman brocht.
Oer ’e greft oan ’e oare kant fen ’e striette, lei ’t ljochte skaed fen ’e kommende Febrewarisjoun al, de ljue bigoanen bûtedoar to kommen, útlokke troch ’t mylde waer, bûtengewoan for de tiid fen ’t jier en stiene by inoar to praten en de nijtsjes fen ’e dei op to fandeljen, dy-t der, sei! planteit wierne. En foarsichtich waerd de „Oprechte Haerlemmer” ef de Ljouwter-krante útteard en lêzen en mennichien gyng ’t kâld oer ’e lea. Hwet in oarloggerij oeral, whet in fordieldheit en rûzje!—
Syn eagen waerden ek al lyts der yn it waerme, smoute keammerke, mar der ynienen skûrde ’r se wiid op. Myn goede, hwa kaem der oanstappen, prinshearlik as in pau? Hy bisoude en scoe ynienen fen ’e stoel. Do bitocht ’r him.... gyng wer sitten en wachte.
„Frou!” sei ’r en Pronica wie optslach klear wekker en hie de trekpot al yn ’e hân. Der hearden se it frjemde lûd al yn ’e gong en de feint tikke op ’e keammerke doar.
„Mar yn ’e efterkeamer. Ik kom,” sei Falentijn deftich. Syn wiif mirk wol, hy waerde sa wyt as in doek, mar mei saken hipte it sa nau mei him, det hja doarst hjar net to ûnderstean en kloarkje him út. Letter sei hy ’t dochs wol.
Hja hearden Jan, de feint, foar de prater útgean en de doar opdwaen fen ’e efterkeamer. Stadich gyng Falentijn hjar efternei, de hânnen yn ’e broeksbûsen, in djippe nidige tear twisken de donkere eachsbrauwen, dy-t sa wûnderlike jong ôfstieken by it wite hier.
Hy hie him net forsjoen. Der stie, ien lang en twa breed, krekt as’r sá fen in kuierke kaem troch de sted, jonge Andersen, hielendal fen Amsterdam en bigoan, in bûs fol frjeonlikheden oer Falentijn syn grize holle út to skodzjen en to fortellen, ho bliid as’r wol net wie, om minhear Falentijn sa fleurich en wol werom to sjen.
Falentijn nikte flau-oandraeid, syn wirden wierne hjoed djûr, hy stie Andersen like-min as útlânske wolle. En dochs hânnele hy al jierren mei hjar.
„Scill’ wy mar ta de saek sels komme, Andersen?” damme ’r einliks onwillich wei de stream fen wirden ôf, der de jongfeint him mei forfeelde.
„De saek?!” frege dy binijd en seach him lyk oan, wylt ’r syn iene wite jiffershantsje by ’t fewielen fesje ynstiek en mei ’t oare hwet mei ’t swier gouden ket omtipele, der in onbidich great singenet en segelstimpel oan bingele. Syn halsdoek, sa keakelbûnt as gjin Ljouwter ea droech, siet yn in swierige strûp, de streken fen syn broek wierne sa breed en syn kammisoal sa koart en o onfetsoen! hy hie net iens in prûk op, mar in great bosk eigen hier, poeiere en wol, hinge him sleau-wei oer ’e earen. Falentijn socht altyd by elts minske de pit ûnder ’e skyl en dy doochde net by Willem Andersen. Ek syn lange spitse fingers mocht ’r net lije, det wierne jildforgriemershânnen.
„Jy bigripe wûnder bêst,” bigoan Falentijn stadich, „det ik der neat fen leau, as scoene jy allinne oankomme to sounfreegjen. Der is de postwein to djûr for en Andersen to bitûft. Ik ha net om ’e nocht in sek sâlt mei jou heit opiten.”
Andersen hâldde him in amerijke stil en liet syn dryste eagen ris troch de keamer gean, krekt as takseare ’r ’t húsrie. Alles bêst en djûr, fen ’e frânske pendule op ’e skoarstienmantel ôf oan ’t thégûd ta op de tafel, sulveren trekpot, hoarntsjepesleinene reauwkes. Yn ’e hoeke in trijekantige glêzekast, noch optaest fol fen ’t âldermoaijste en oan ’e mûrre, lykme allinne, in greate Jan fen Goijen. ’t Scoe spanne, om dizze âld fûgel yn ’t net to lokjen. Nou, woe ’t iene net, den ’t oare. Hy hie wol foar hjitter fjurren stien en him waermje kind, sûnder him to barnen.
Onforskillich wei sloech hy de skonken oer inoar en biseach syn greate ringen. Hy siet derfoar, krekt as scoe ’r de hiele joun net wer foart.
„Nou den,” sei ’r einliks, „ho stiet it, kinn’ wy ek ris wer hânnelje?”
Falentijn seach stoef. „Der ’s ommers krekt jern nei jimmes ûnderweis. In koffe mei neat oars as lading yn for keapman Andersen.
De soan glimke fyntsjes. „En hjir is ’t jild,” sei ’r en helle de fynlearen pong út ’e bûse en noch ien en noch ien.... fol goudgounen en onsteurber wei smiet ’r se op ’e tafel. Falentijn diich se út ’e strûp en lei ’t jild foarsichtich yn lange rigen. Der foel him op dit stuit in stien fen ’t hert, sikersonk, hy tocht al, det hiele Andersen wie oer ’e kop en syn jild, tûzenen nei gichem.
Krekt as lies dy slûchslimme jonge syn tinsen, tominsen hy gniisde fyntsjes, wylt ’r kwanskwiis syn lytse bakkebaerdtsjes aeide.
„Dos nou binn’ de saken ôfhânnele?” frege Falentijn en gyng oerein en twong Andersen dertroch, om ek oerein to gean.
„Né,” sei dy koart. „Hja bigjinne earst. Dy binn’ noch folle wichtiger as de lading wolle.”
„Den yn elts gefal for jou,” sei Falentijn moi skerp. „Myn saken binn’ biredt, as ’k levere, hwet ’k ûnthjitte en bitelle krige, hwet my takaem.” En hjir mei dy jongfeint om to pantsje-roven op wykmerkmiddei, sinnige him mâlle min. Hy woe thé ha en joun nei de kegelbaen, om to sjen, ef de lange njuggen ek tûmmelje woe. Hy woe gjin soargen mear ha, út noch yn net mear.
Andersen spile syn lêste, wichtige kaert út, der hy einliks de hiele reis om makke hie, it doel, hwer hy al jierren syn sinnen op set hie. Sa ’s ’t nou stie mei dy opgeande tiiden, koe hy him, as ’t slagge, yn in jier mennich ryk hânnelje. „Scoene jy der ek op tsjin ha, as wy ris hânnelen oer ’e spinnerij?” sei ’r stadich mei neidruk. „Wy hearden, jy tochten om rintenierjen en ha wy den de earste keap erop? Op alles?”
Der kaem de aep út de mouwe, tocht Falentijn en hy wie nou namstomear op syn openst. Al wie hy ek in geseten man, in dûbbeltsje wie him noch like dierber as in goune en krije koe min alles yn ’e wrâld for jild, ek fen him, mar hy sloaide net mei de priis.
Der stie ’t op, der bleau ’t op, al foel den optlêst de hiele spinnerij ek yn en seach min de blauwe loft troch de spanten. Mar de earste keapman! jonge! jonge! in hael wie ’t. Fraech is freugde ommers!
Syn antlit waerde onforskillich en hy gyng in stap twa nei de doar. „Is ’t oars net?” sei ’r. „Den kinn’ wy wol ris wer prate. It scoe jimm’ ek wol passe, hjir jimm’ eigen saken to hawwen. Mar ik kin der net sa bêst ôfsjen. Jildoerwinnen is in ljeaf faem, dy forfeelt noait. En as rintenier op ’e dead sitte to wachtsjen, liket my ek net sa bigearlik ta.”
It foel Andersen danich ôf, det Falentijn net habbiger wie. Hy miende, hy hie de hiele boel al, as hy mar lûd joech.... nou waerd’ hy einliks mar hwet ôfkonfoaid en det makke him namsto hjitter. „Ik meij dochs wol freegje, set it ris op jild,” hifke ’r foarsichtich. „Jy witte ommers ek wol, wy binn’ mei ús trijen fen jonges yn ’e hûs, twa krije de saek fen ús thuses en jy ginne my dochs ek wol in hoekje for in affearen? As jy jild freegje, den wisten wy tominsen hwet.”
Efkes stried François Falentijn noch. Do woan ’t nije it fen ’t âlde. Syn dream wie to moai.... de forlokkinge waerde him oermans.
„Nou den, ’t hûs, de spinnerij en ’e tekkenoanriederij en alles, hwet yn dy spinnerij is for sechstich tûzen goune,” sei ’r ynienen biredt, mar krekt, as ’t wie ’t, as stoar der in lytse ljeafde yn syn hert.
„Tominsen net to min,” andere de jongfeint en seach spûnsk: „Der kin gjin fetsoenlik minske in bod op dwaen.”
„Den moat in fetsoenlik minske it litte,” sei Falentijn stoef en gyng him foar nei de útdoar. Andersen syn habbige eagen loerden ta alle hernen yn, as ’r ek in skyntsje seach fen ’e moaije Bet Falentijn, der syn frjeon Easgama wakker fen opdien hie. Mar Bet wie nearne to bikennen.
De forseane thé smakke Falentijn net mear en omt Pronica der ’t harkjen ta diich en him net rette, noch yn ’t iene, noch yn ’t oare, joech ’r him yn skimerjoun ôf nei Jehannes ta, dy-t foar ’t iepen finster siet to smoken, de brune, treastbringende hânnen efkes stil, mei de skerpe eagen de stadige joundrift fen ’e wolkens folgjend oer de stille sted, dy-t hjar as in warrich boarte bern nei jounfrede joech.
Hy hearde heite stap op ’e trap en stie al klear op ’e tsjustere oerloop mei de blêker yn ’e hân—it frjeonlike antlit fol wolkom for d’âld man, dy-t ’r heech sette.
„Hoechst der joun net mear út?” sei Falentijn. „Gien den mei om ’t bolwirk. De doar fen ’t hinnehok moat ek noch op ’t slot. En derby.... ik ha mei dy to praten.”
Det klonk wichtich. Jehannes tochte al, scoe heit him ûnderstean en woll’ him in wiif oanprate? Det smiet ’r ek ynienen wer fier fen him, der stie heit fierst to heech for. Yn saken, as ’t sa nau hipte, moasten se hjar eigen sin dwaen, heit bitroude wol, syn bern scoene net yn ’t efterom siikje, hwet se op de foarstriette to kust en to keur krije koene. Syn taktyk wie richtich. Diûke levere it biwys en bisibbe as hja wierne oan alle eptige Ljouwter femyljes, koe ’t ek net oars, as hja bleauwne wer yn hjar eigen stân, der se yn in innigheit fen geslachten, de ieuwen troch, mei biwoartele wierne as soartige beammen, dy-t mar yn somlike streken húsriem binne, der se hjar tier fine yn krekt dy groun en hjar erf krije yn krekt dy sinne.
Hja kuieren stadich de striette út by ’t bolwirk op. De lêste markeljue, in sikje oan ’t tou, sjaggelen sjongende wei nei hûs oer ’e hiele weisbreedte, in pear jonges piûwden se nei. It wetter fen ’e stedsgreft lei stil.... de joun striek de lêste fâlden gled. Yn ’e fierte spilen se op in dwarsfluite, as ’t efkes stil wie, sette in alt in sang fen wûndere minne yn, hiel âld en hiel bikend. Al de blydskip, al de wémoed fen it libben lei deryn.... it ivige forlangst fen in minskeherte, al syn lok, syn leed song ’r him yn út.
Hja bleauwne in set stil stean en harken. Ho fielden se hjar sokke jounen wer sa nei forboun oan hjar âlde sted! ho hâldde dy hjar lokjend yn in net fen tichte mesken omfongen! En krekt as song nou optheden dy alt boppe alles út eat, det ek yn hjar eigen herte wjerklank foun, ja hjar eigen libbensliet! wie ’t det net?! Hwet dy âld sted hjar jown hie, fen hjar forwachte en hwet hja fen hjar meitsje scoe en ho-t einliks de kluten fen hjar sêfste ierde for hjar wêze scoene, as hja to rêsten gyngen oan hjar âlde foetten, dy-t ieûwen ôfstân trêdden.
„Heit hat swierrichheden,” sei Jehannes en yn syn eagen lei sa ’n soarch en noed, det Falentijn waerde der suver oars fen. Der gyng sa ’n hertewaermte fen him út, det dy rekke optslach it tearste, it fielichste skûlherntsje yn oarmans moed. Der hy kaem, wie sinne—as in hoekhâlder naem ’r ’t op tsjin dea en pine. Ja, as in sterke jonge beam wie ’r, hwaens krún skutte en skaed oer ha scil for tûzenen.
Lyts en bleek roan François Falentijn neist syn foarse soan. Hy sei noch neat. En Jehannes earbiedige syn heite swijen, like goed as ’r it syn wirden diich, dy-t der ornaris oanrôljen kamen as in stream fen folsinnen, koart en woloertocht. Alle Falentijn’s wierne manljue fen ’t wird, berne sprekkers, hwet se seine, wie goed, mar sá’s se it seine, wie treflik. Det wie it stimpel noch fen hjar frânsk aerd, fen âlder op âlder forerfd as in oantinken, hwer hjar widze stien hie. Net yn it lân fen sompen en wetter, mar yn in sinnige tún fen it âlde Avignon, hwer de wynstôk bloeit en de sjongende troubadours de finsters fen hjar foarâlden foarbygyngen mei de luit ûnder de earm en in ivige jeugd fen ljeafde en freugde yn ’t hert. Fen âld Hugenotebloed wierne se.... hie net ien fen hjar foarsaten mei beverige hânnen yn ’t âld bibeltsje oanteikene, det der dy freeslike nachts[5] trije fen hjar sibben it libben jown hiene for hjar gelove en François Falentijn biwarre it as in reliquie yn ’t geheime laedtsje efter de pylder fen syn pultrum. En Aldejiersjoun, as de hiele femylje om syn tafel siet en hy psalm 94 fen Mozes foarlies, ek in bywenner yn it lân fen frjemdlingskip, den lei it âlde bibeltsje al foar him op ’e tafel, den naem ’r mei in earbiedige earnst de goezzefearren pinne yn ’e hânnen en teikene op de nije, ynlaske bledden de berten en stjerten fen syn femylje op yn dit syn âld, hillich Boek. De lêste wie nou lytse Pronica Mulier, de berte fen it earste bernsbern en Diûke, jong memke, hie triennen yn ’e eagen hawn, do-t hy hjar tanikte, dy joune. O hwet in wei hie hjar folk lâns moatten, eart se yn it kâlde Noarden de lytse tinte foargoed opslaen en hjar nei wenjen sette koene!
[5] Sint Bartholomëusnacht 24 Aug. 1572.
Sims spriek it âlde súdfrânske bloed dochs noch efkes, krekt as yn âlde wyn de geur fen hjitte simmer ivich bliûwt, in donker each, in seldsum libben aerd, in bihindich omskot fol bûgsumens en „elegance”, ja selst it wûnderlyts foetsje, fyn fen ankel en heech fen krop hie ’t raseigene fen ’t frjemde suderlânsk type. Al hie ek treddelieuw syn skaden oer ’e wei fen hjar geslacht falle litten, al boasken se ek wit ho faken mei in greate, bloune dochter fen ’t Noarden, det scoe noait stjerre. As in sprankel súdlike sinne sparkele it nou en den op yn ’e femylje en hâldde it oantinken libbener as ea it spritsene wird. Derfen it levendige yn François Falentijn syn aerd, sims it koarte, koel bileefde, as him eat net noaske, krekt as riisde der ynienen in himelhege mûrre op twisken him en in oar, it markante yn syn âld antlit as fen in âld markys yn ’t kleurd setyn mei de wite prûk op, dy-t thús heart yn in salon, opsierd fen Watteau. Hy bleau altyd minhear, al lade ’r sims ek sels de swiere pakken sajet mei op ’e wein ef roan mei hwet hinnefoer it bolwirk lâns nei ’t tún ta. Sont it skild fen lekkenwever en spinner oan ’t hûs bingele en hjar bange siele hjir ta rêst kaem wie as yn in frijsted for ’t gelove en hja nei saun jier it boargerrjucht ha mochten, kleauwen se al ringen yn eare en oansjen. Der se kamen, koene se wer komme, hjar ienfâld wie echt, it kringerige fen in parvenu, in nij-opkomling, bilêstige hjar net, hjar pong siet yn ’e losse strûp en hja tochten great oer in bulte dingen, hwer in hopen Ljouwters sims hiel bikrompen oer foelen. Falentijn syn hânnel makke him rûmeagich—hy wist, de wrâld bitsjutte noch hiel hwet oars as de Oldehoofster klokslach en dy-t him ienris op de rûmte jown hat, ken de wierheit en ’e seine fen in wide horizon.
It klokje fen poartsluten klipte. Hja koene noch krekt it hek fen ’t bartsje oer ’e greft by ’t hinnehok op ’t slot draeije en roanen nou ’t koartste paed werom. Hindrik, de poartwachter, swaeide mei de greate lantearne op ’t bolwirk hinne en wer, krekt as woe ’r se warskôgje en djip gyng d’âld mûts fen ’e holle. Jehannes makke in praetsje, François Falentijn nikte allinnich en gyng stadlich troch. De foroaring der dingen bisette him ynienen as in nachtmerje it boarst. Ho faken hie ’r wol net winske, rintenierje to kinnen en nou ’t de kâns foar him lei as in iepene, moaije kaert, doarst ’r it spil net út to spyljen, krekt as eange him de ein fen ’e dingen.
„Jehannes,” sei ’r ynienen, „ried dû my, hwet ’s ’t bêste. Ik wird der staf fen. ’k Wol ’t net allinne mear witte.”
De wirden floeiden him nou ta en yn in omsjoch wist Jehannes, ho-t de saken stiene, heite langst nei frij, nei rêst en den ek wer de onwil fen dy sterke geest, om de saken, hwer syn hiele libben him op concentreare hie as alle paden yn in stjerrebosk op ’e stjerre yn ’t foarmidden, as tûzen strielen op ien spectrum—út hânnen to jaen en neat mear to wêzen as Falentijn, sljuchtwei Falentijn, hwent bysitter! och hy bysittere ommers net mear, fleach him ek ynienen oan. Hy prate him waerm, wiske mei de fine batisten bûsdoek it swit fen ’e foarholle, lei it mei de hânnen út, dy-t wyt en jong liken yn skimerjoun.
François Falentijn bleau stean—útpraet wie’r. Yn ’e stille striette libbe gjin lûd mear. Ek de beammen wierne stil. Yn ’t tsjuster rekten se de brede, keale krunen út nei de blauwe Febrewarisloft, fol fonkeljende stjerren.
Jehannes hie net om ’e nocht stil nei heit harke, sûnder him yn ’e reden to fallen. As in skerp byld naem ’r yn him op, hwet ’r nou yn syn heite hert omgyng—it lichem hage rêst, de geest woe ’r noch net fen witte. Dy scoe him jeije, det ’r der by omfoel as in âld mounle by felle wyn, dy-t himsels yn deabrân jaget. En der hie ’r him to ljeaf ta.
Heit kin der him oer bisliepe, ’t is gjin moatten,” sei ’r bidaerd wei en syn wirden rûzen as in koelte oer ’t hjittochte brein fen ’e âld man. „Wie ik yn heite plak, ’k scoe myn genot derfen nimme, eart it to let is.”
„Wird ’k minder?” frege Falentijn lyts-moedich.
Do lake Jehannes ynienen syn hearlike, jonge laeits.
„Heit is nou yn ’t saun en fyftichst,” sei ’r. „Guont bigjinne den noch in nij affearen, oaren trouwe en meitsje noch tûzen plannen en sizze, ús libben bigjint noch.... En heit praet sá.... Doch as Easgama Dy is 71 en keapet my noch in nij hûs en set noch jonge fruchtbeammen yn ’t tún. Hwa-t dy apels ite scil? Hy fensels.”
„Ja dy,” sei Falentijn hwette smeulsk. „Det’s sa ’n âld stânfries, kin stikken noch dea. Dy wirdt wol hûndert. En as dy koer ris útslachte wirdt, der sit hunnich. In bitûften âld skierkert is’t, ien, dy-t al syn libbensdagen twa riemmen út ien ein snije kind hat.”
Stadichoan wierne se op hûs yngien en eart se it murken, stiene se yn ’t peikeammerke by Falentijn’s, hwer de lampe nou al op wie en ’e blinen ticht en ’e kofje prottele yn ’e greate tinnene kanne.
„’t Is dochs to let to kegeljen,” sei Falentijn en seach nei de klok. „Jow my mar in brogge, mem, twiebak derop en stolkse tsiis en kofje mei in bult reamme.”
„En dû, jonge?” sei mem tsjin Jehannes.
„Hwet mem jowt, is altyd goed,” sei dy en yn syn eagen lake de skalk. Hy tochte om in pak bruijen, det ’r ek ris hawn hie fen mem mei de jellenstok. En memme moaije hânnen sloegen ta, as ’t wêze moast.
Bet kaem thús, min hearde it risseljen fen hjar siden rôk yn ’t foarhús en efkes letter siet se mei oan, soun, jong fanke fen sauntsjin jier, de glâns fen jeugd op it hier, sa swart as ebbenhout en de greate, fewielige eagen fen François Falentijn bloeiden as blommen yn ’t blank fen hjar antlit, hiel heimich en moai. As ’r Jehannes en Bet beide wer om him hinne hie en hja praettene as alken, den gyng ’t him wûnder nei ’t sin, fielde ’r him as heit seine boppe tûzenen. Mei al syn saken, syn affysjes bleau ’r in man for syn húsgesin, der hy al syn lok en syn swierrichheden as yn in timpel bimûrre.
Allinne foart hie ’r ek gjin sin oan.... hwer hy gyng, Pronica moast mei en yn Augustus kaem de reiskoets foar de doar, waerd’ de swiere, mei kouwehûd oertritsene en mei izer bisleine komfer opladen en de griene reissek en de angelstokken en rieden se nei Langwar ta útfenhûs, nei Pronica hjar folkes. Moarnsier stiek ’r den ’t fjild yn to fiskjen mei Jehannes en André en kamen se lang om let wer thús, de honger yn ’e hals en brúnforbarnd fen ’e kostlike sinne.
En winters, setten de Langwarsters de stap derûnder en kamen to hjarres, wiken útfenhûs. De jongefammen, om it borduren to learen en ’t kantstopjen en de âlderein socht syn fordiwedaezje yn ’e kegel- ef ’e kolfbaen en ’e fortoaning fen in moaije frânske klucht ef oare jounpret, hwer it sims hwet al to frânsk frank-en-frij-út sei waerde en ’t for ’t jongfolk dos gjin trewis wie. En Falentijn, yn mimer wei, makke it foarútsjen op dy moaije simmer, der op dy stille wetters, nou al wer bliid. En hy makke al plannen, ast ris ta rintenierjen kaem, scoe ’r hinnegean en litte in foech forblyfke sette by de Langwarder Wielen en bliûwe der nachts, as ’t ris skoan bite woe.—
„Hwet skilt dy, Bet?” pleage Jehannes en seach ris mei niget nei syn lyts sisterke, noch o sa jong yn hjar brúnsidene, wiidútsteande staesjejurk, fjouwerkantich útsnien, det min it biloop fen it wite halske nei de schouderkes sjen koe, heal en heal wei ûnder hwet wytsidene kant. It blanke fel skimere ’r troch en hiel bretael in swartbrún deaplakje, djip yn ’e nekke. As bleek paerlemoer slingere him ien inkeld stringkje pearels om de mûtele bocht fen hjar hals.
Bet seach prot.... hja hie hjar moed net. In minne middei west hjoed. Dy Doedt Ripperda mei hjar ynfieren gesnjit! Doarst hjar to ûnderstean en sette mei hjar moaijere jurk en hjar greater bosk hier en o! hwet wie ’t hird, om ’t bikenne to moatten! hjar kreazens fen antlit! hjar, Elisabeth Angelique Falentijn yn ’t skaed! Foart ’t earst ûndergyng se de bittere tobekset fen net nûmmer ien wêze to kinnen! fielde it, dy der waerd’ biwûndere! mear as hja! En Doedt wie mear! ried yn in karosse mei in kroantsje, wie bisibbe oan ’e adel fen hiele Fryslân en al wie heit ek fornaem.... hy wie lekkenwever en bleau ’t, in graedtsje minder yn tel as selst de earmste jonker!
Bet stume stil en skoude de biten fen ’e brogge onwillich wei troch ’t kielsgat en diich mar krekt, ef hearde se net iens, hwet Jehannes sei. Heit en mem hiene it wakkere drok earst oer ’e patriotten, do oer Andersen.... smeulsk loek se oan ’e mûlshoeken, hwerom moast der wer safolle tiid oer hinnegean, licht wol in jier twa, eart dy freger en bieder it roaije scoene? Foarsichtich is goed, mar ’t izer is mar ienkear hjit, gnap man, dy-t it den wit to smeijen!
„Hast altomets in min sin? Hearst net, hwet Jehannes seit?” frege mem ynienen moi lûd-wei.
Mei in hoart hie Bet hjar tinzen wer yn ’e macht—’t antlit effene him ta onforskilligens. „Woest witte fen ’e bisite? Nou, det wie net folle bisûnders. Mar min hat net oars.”
„Dû hearst der nou ienkear by,” bisêftige mem. „Wy ljue, ha ús frjeonen net mear for ’t kiezen. Jehannes, det wistû ek wol en jonge fammen binn’ hjir net sa planteit. Bet heart nou ta de alderearsten. Binaud, det der allegear jonges binne by de Muliers, de Beuckers en ’e Holdinga’s en hielendal gjin fammebern.
„Ryklef sei, Doedt is by Ripperda’s,” kaem Jehannes yn ’t sin en do-t hy dy namme útspriek, wie ’t krekt, as waerde der ek in wûndere forwachting op ’t selde stuit yn syn herte berne, krekt as scoe hiele Ljouwert nou oars wirde!
„Ja dy....” en Bet waerde libben. „Tink dû mar net mear, det se dij noch sjocht, jongkje, omtst mei hjar boarte hast en mei Wobbe. Dy hinget de frânske „dame” út. En in wyske! En klean! Dy set ús allegearre yn ’t skaed! De hiele aerdichheit is der by my al ôf for Snein.”
„Nou, nou,” bisêftige Falentijn. „Litst dy oer staek sette troch ’t earste ’t bêste útfenhûzerke? Snein is ’t wer praten. ’t Hat syn útfallen, sei de ruter, hjoed in niet en moarn de hûnderttûzen. Hja hat dochs wol in fetsoenlik kleed, net mem?” Krekt as seach heit hjar der al stean yn al dy pracht by mefrou de Witt yn in âld slûk kemelshierren pakje fen memmes.
„Dû wist, ho ’k sels gesteld bin op soks,” sei mem en makke hjar breed yn ’e briedstoel. „’t Fanke kin krije, hwet hjar haget, mar noait goed is ’t mei jimm’. De hiele joun sitst al to stúmjen.”
„Bist me dochs net siik?!” en Jehannes hie se al by de pols.
Hja sloech kwânskwiis fen hjar ôf en do bigoanen dy beide bern der mei-inoar to oangean en to maljeijen, det hearren en sjen forgyng yen derby.
„Kom, laeitsje ris,” sei Jehannes en hâldde hjar beide lytse hantsjes yn ’e knipe fen syn iene geweldige brune. Hy hie se nou yn in hoeke fen ’e keamer by ’t bedsket, der se as bern ek al jerne boartsje mochten.
„Lit my los,” lustere se, warch lake fen ’t regjerjen, „’k sil dy hwet fortelle,” en as lyts broerke en sisterke mûskoppen se mei-inoar yn ’t hoekje. „Doedt diich dy de greate eare oan, om nei dy to freegjen.”
„Ea rin,” sei hy en fielde, hy waerd sa read as in skoaljonge.
„Doch wier,” andere hja.
„Hwet sei se,” pinfiske hy nou hiel sunich en bûgde him, great en foars as ’r wie, hielendal foaroer. Bet gekjage graech, mar ’e earnst fen ’e dingen ûnthillige hja net, det wist hy wol.
„As Wobbe en dû noch frjeonen wierne,” sei se.
„En do....” tante hy.
”Ja, sei ik, fensels altyd Tongersdeijounes. En do lake se hwette gnyskjend. Pas mar op, hja hat mûzetoskjes. En do sei se: ’t scil my al ris nij dwaen, hwa-t de kat noch ris jaget yn dy frjeonskip fen David en Jonathan, ’t Is me in ding.... Ik woe wol, det se ûren fier wie,” suchte de lytse oprjuchte Bet en forklanke sa hjar inerlikste ik, det him forwarde tsjin de oermacht fen dizze nijynkomling.
„Dû bist in raer fanke,” pleage ’r hjar en do ynienen tige earnstig en sêft: „lytse sister.... dû bist net bistand tsjin sokken. In man moat komme, dy kriget se mak. Sokken wolle bihearske wirde troch machtigen.”
„Ik hâld net fan slaven,” sei lytse Bet.
„Fen whet?”
„Fen slaven,” skreauwde Bet ynienen lûd. François Falentijn stiek de holle op, hy eage troch de wolken reek nei de bern.
„Net sa oangean. ’t Giet tsjin ’e nacht,” moanne hy glimkjend, wylt ’r soarchfâldich de pipe mei de hazzesprong útpluze en yn ’e stander sette.
De klok sloech tsjien, de rottelwacht gyng om. Jehannes joech him ôf nei hûs, iensum, lyts minske yn ’e stille strietten, hwer de greate heechtoppe huzen weidodden yn skaden. De wacht rottele nou noch fier ôf, de heimsinnigheden fen ’e âlde sted bigoanen wekker to wirden en yn hoeken en hernen om to spûkjen as in stik stoarje, ienris like goed wirklikkeit as ’e foetprint fen ’e nou libjende minske.
En Jehannes Falentijn tochte al wer om lytse Doedt Ripperda.
As in jonge roas, dy-t yn nachtedau stie yn dizze syn âlde sted....