WeRead Powered by ReaderPub
It Jubeljier cover

It Jubeljier

Chapter 8: IV.
Open in WeRead

About This Book

The narrative centers on a small town as it readies for a summer celebration, opening with a man waiting on the quay while coaches, merchants, and neighbors convene. Detailed descriptions of weather, landscape, and everyday sounds establish a vivid local atmosphere. A gallery of townspeople and visitors is sketched through gestures and domestic moments that disclose social hierarchies, private worries, and small pleasures. Episodes shift between public pageantry and intimate interiors, showing how communal rituals both heighten tensions and reinforce ties. The prose uses regional color and careful observation to compose a textured, sympathetic portrait of communal life and its rhythms.

IV.

Yn ’t Súd-Westen groeide in swarte wolken, djip ûnder de sinne groeide ’r, yn ’e lijte fen ’e wyn, dy-t hinne en wer gyng fen ’t Westen nei ’t Noard-Westen, as in sterke, dy-t klinge en delte mint. De gouden bledden fen ’e beammen makken sims noch sêfte wynmesyk, de tokken hâldden se noch oan sterke simmersnaren. Mar yn ’e foarnacht, as de wûndre froastman krêkjend oer ’e ierde gyng, den rekten se dochs in bytsje fen âlderdom en in inkelden ien hie al in brek, mar hwa hearde dy iene wanklank ûnder al dy tûzenen, suver stimd noch fen simmerwaermte en groei fen lange ljochte dagen. En hja waeiden eroer as gouden mearkebledden oan reuzebeammen, dy-t allinne stiene yn wâlden, hwer bernefoetten komme kinne.

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide. De sinne, waerm en read fen Septimberwille, sonk al tichter nei hjar ta, as hie in frjemde seilstien syn tûzen krêften útstjûrd ta in forlokkinge, om hwet goed en hearlik wie en heech, yn in hel fen tinende swarte nachten to bigraven....

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide—stie al boppe fiere beammen.... âld en strang. Under by hjar stammen wenne it tsjuster en de freez, hwet der joun komme scoe, prike hjar al ta de lytste, fynste tokjes as ûnwaersrûzjen út. Mar derboppe yn hjar krunen, der lake de ljachte joun noch, helder en jong, lake in gouden laeits, lake mei ljachte fonken en kleurigheit en syn waerme sinnehânnen aeiden de griene bledden, dy-t nou ynienen wer stil hingen, as gyng der hjarren eats greats foarby, lok ef leed. Der wipten noch fûgeltsjes yn ’e tokken om, blausyskes en skelfinken, mar de sang fen ’e klyster en it koeren fen ’e houtdouwen wie stoarn. Hja dreauwne mei de lichte simmertwirren foart en skerpen nou hjar snebben op hwa wit ho fiere rotsen, hwer de waermte as weagen oer ’e huverige ierde sloech en ’t droege stôf op hege palmen lei.

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide.... rikte bigearlik nei de felreade sinne mei swarte, wrede hânnen, wiet fen kâlde buien. Sjoch him rikken, de geweldige, mei syn sterke hânnen! As fangearms binn’ se, bilust op ’e hearlikheit fen it ûnbidoarne, reine each, hwer se optslach hjar skaden oerhinne smite scille, det de gouden glâns der út weitriennet as kostlike oalje en noch skoften op ’e weagen fen ’e loft omkralet.

Der ynienen....! O! is dit noch diselde dei fen nys ansens? Feal wirdt de moaije ierde, de fûgels gien’ stil sitten en sette huvrich de fearkes op, de bijen fluchte by de letbloeijende roazen wei en krûpe slûch yn ’e hoale, de ierde is ongedien ûnder hjar tichte Septimberpracht. O hja fielt de foarpine al fen ’e dead, syn giftige pripnuddel yn ’t bloeijende fleis, waerm fen hjit, fel libben! En dit! dit is syn ôfskading syn wrede foarloper! En hja stelt hjar to war, makket hjar sterk for in lêste wrede woarstling, as ’t om dea giet.

Der is de swarte wolken.... As efter de foarhang fen in stille, ûnthillige timpel lit hja de sinne deabliede efter hjar ûntrochgrounber swart en it poarpren bloed dript lange smertepaden de blauwe loft lâns. Dy birint, al mear en mear, ticht mei dounsige wolkjes. Hja komme opsetten fen alle kanten, stil en sterk en wrotte en dwale en kringe yn inoar om as Febrewarisskossen op in blauwe mar, as de iere maitiid bigjint to sykheljen. De sinne is wei, de lêste bloedreade drip forwettert yn loftskûm.

Nou komt der in sûzjen oan út de fierte, krekt as fiere wetters bliid-wei op ien greate, smelle slûs tarinnen komme, in foarsmaek fen séfrijdom op hjar wrede weagetongen. Hwer ’s nou de frede fen tomiddei bleauwn? Kâld en skrousk krimpt de wyn, Súd, ja djip Súd wirdt ’r, der slûpt ’r hinne, der is ’r dochs húsriem.

Mei ien brede earmswaei tynt de swarte wolken nou ta stjelpige rein, ta stoarm, ta hjerst!

Sjoch de âlde sted, ho-t hja teistere wirdt yn ’e stryd fen ’e jiergetiiden! Hjar âlde huzen sidderje, hjar âlde beammen alje en kreunje oan ’e forlittene greften. Al it leed fen ieuwen libbet wer, wirdt wer great, dwaelt yn wylde jachten de deadske strietten lâns, hwer de goudene bledden yn deastryd lizze to krimpen en to skronfeljen, spûket yn ’e stille hernen om, tôget eineleaze wegen syn selde bitter lot, syn syktme, forlies, forlangst, syn nea ûntfinzen ljeafde, syn nea forgetten haet. En boppe alles út gûlt de stoarm, gûlt mei lange úthalen!

Der ’s drift oan ’e loft, drift en geweld, as hastige ruterbinden jeije de swiere reinwolkens de moanne foarby, dy-t heech en koel glimket yn hjar earste skynwêzen. En de rein klettert. Wol ’r de toastige ierde nou ris yn ien nacht sêdzje....?

En dy drinkt nou! dy drinkt! O sillige moaije dagen, joechst hjar waermte en stiltme en sinneskyn, mar nou ’t de rein komt, de libbensdrank, forjit hja jimm’, forjit! en drinkt, det it klokket der oer. Scil hja hjar net sterk meitsje meije for dy nije simmer, dy kommende, hwer hja de heimnis al fen sjoen hat yn ’t nije sprútsel, djip ûnder ’t hjerstbled fen d’âld beam.

Sa waerd ûnforhoeds dit jier, wylt de stoarm op ’e hoarn blies en in wylde stoet fen reinwolkens foar him útjage as bút-biluste hounen, de hjerst berne. De dilder, de stadige trêdder nei ’t iensume winterhûs.

En de Sneintomoarns hingen de reingazen noch oer de huzen en skynde de sinne sa flau, krekt as boarre hjar ljocht troch biroan feletten glês, fen gjin brânflammen yn tûzen tuten lottre. Sims wie ’t nou efkes stil, den knikkere de rein en heil wer op ’e pannen en rôlle yn ’t lead fen ’e goatten en hearde min it swiere neirûzjen yn ’e bolwirksbeammen. As in girle fen skutte gyngen se om ’e sted en rikten inoar de moskbigroeide tokken, frjeonehânnen, dy-t ien wyt foar eagen ha.

In boatsje wie losrekke en dreau nou heal oerside yn ’e stedsgreft om—bleau einliks yn dea wetter lizzen. In âld roek gyng der op sitten to loeren, deastil, reinkralen op ’e gledde fear. Boppe him raesden in stikmennich wylde goezzen. Ho hjerstich en onwarich klonk hjar skreau oer it forlittene lân! Der hinge ek in tinne reinmist, krekt as barde der optheden hwet heimsinnigs yn ’e natuer, hwer gjin eagen oer gean mochten. ’t Wie noch stil op ’e dyk, de wiete slinger bochte iensum troch de griene lânsdouwe, dy stille Sneine fen Hjerstmoanne 1795. De neigalm fen ’e stoarm wie der noch wol, mar ’t fallen fen ’e rein waerd’ sêfter en ’r wie in memmige seine yn ’t delkommen fen ’e drippen op it toarre gêrs en de earmskearde stoppel, dy-t der foarlei as in âld skierkert, hwaem ynhalige bern de lêste oartsen ôfpangele ha.

De frucht wie binnedoar, namsto swietter de tins oan ’e wissichheit fen bisit, as de stoarmrover om ’e skûrre strúnt en neat fynt as it tek fen ’e greate skûrre, hwer hy yn om haffelt as in bytlik hynsder, geef fen tosk.

Yn ’e fierte klonk in swiere stap op ’e wiete wei. Stadich gyng ’t.... it waerde net iens in wanklank yn ’e moarnsfrede. De ruter hearde ek sa krekt by it hiele gea, dizze moarne—mei syn âld tabbert oan en syn bienbitich antlit ûnder ’e sutrige hoed, suver as wie hy de hjerst sels, de âlde stoarmer, dy-t mei ’t greate, sterke libben fen nature selst in wraksel oandoar. De wyn waeide yn syn mantel, dy-t útstie as in seil—de rein dripte fen syn âld hoed, hy mirk it net iens, ried yn stúdzje wei foart, mei de sêfte, maklike soeijing fen in bikwaem âld rutersman op ’e willige hynsterêch, der in skurf seal op lei, det him ek gjin ien forginne scoe. It appelich hier fen ’e skimmel wie wyt fen âlderdom, syn sealrêgige rêch glimde fen rein. Oan ’e fiterlokken fen syn meagere skonken hinge de blabze en hy liet likegoed as syn hear de kop mismoedich hingje.

In nije bui jage ynienen oer ’t fjild, de âld man kroep tichter yn syn mantel en stjûrde nei de lijte fen ’t struwel ta. Foartdaedlik by him roan in moai jong foshynsder yn ’t lân, hy wrinske tsjin syn âlde kammeraet en kaem skean oer ’t lân wei oandrafkjen, de stirt as in waeijer en ’e nekke kroes. Foar de wringe bleau ’r stean. Dy wie gleonwyt opfarwe, suver gril stiek it ôf tsjin ’t grien fen ’e ûnderwal. Mei ’t gesicht op dy wite wringe wachte ’r, det de rein hwet lichte en do ried ’r op in fiskjagersdrafke op Ljouwert ta. Nimmen seach him, reisber folk wie der noch net warber op de hearrewei nei Grins, de sted hie de eagen ek noch ticht, al wie yn ’e omkrite de dei oars al wer ûren âld.

Foar in sutrige stâl yn in sydstriette liet ’r him mei de stive swaei fen in âld man fen ’t hynsder falle, diich ’n doar op en gyng yn ’e hûs. It hynsder roan him nei as in houn en socht syn waerme stâl, hwer ’t roek fen hjouwer en oare bigearlike dingen. In man slûpte him efternei en makke de gaspen fen ’t seal los en wreau him de wiettens fen ’e lea, hiel foarsichtich en soarchlik. Do gyng hy yn ’e hûs en dronk in kûmfol waerme kofje by de fammen en diich in steil wird oer ’e reboelje fen forline wike. Hiene guont soldaten net wegere, om Oranje ôf to swarren en de eed fen trou ôf to lizzen oan ’t nije regear! Hja stiene derfoar en by tsjienen hiene se de boeijens oankrige en wierne yn ’t Blokhús set op wetter en brea. En hjir waerde syn lûd sa sêft, det de fammen forstiene him kwalik: jonker Ryklef en in pear oare stânfriezen forpoften it ek. Sa ’n smet scoe der net op syn sabel komme, hie ’r lûd roppen en him foar de eagen fen al syn ruterfolk dwerstroch britsen en der delsmiten. Det hie me in opskûr jown! Hiel Ljouwert wie der fol fen.... hja hiene der al in sang op, dy forkoft Schreuder yn ’e Wide Steech, moarnsier, en betiid troch ’t kelderfinster for in dûbbelstûr. It wie in bihyplike nearringe, hwent nimmen mocht op eigen manne boete eat printsje litte, de hege frânske hearen moasten der earst yn omgnúvd ha, as der wol neat yn stie, det it nij regear skea dwaen koe.

De fammen lieten de brij der by oersiere en ’t fjûr der hast by útgean, ho harken se mei saun pear earen! ho forwinsken se dy Frânsken, dy-t nou for mastersfeint opspylje doarsten!

En Minne Pjirkes stoppe de piip yetteris út ’e âld pûdde, bêste Jouwster hearebaei, det einliks yn minheare syn pultrum thúshearde. Mar Sneins, den libben minheare en hy yn mienskip fen goederen, fielde ’r altyd en minheare.... och, dy kniep wolris in each ticht. Toeback wie sa pipende djûr en ho scoe in earm man as hy oars de fonken fen ’e fjûrstien yn ’e tondelpot slaen en it geniet hawwe kinne fen de geur fen ’t earste triedtsje, yn brân set en yn reek weikrinkele....

En hy diich halen oan ’e piip, det de fonken stouden der nei. Willemke, de kokenfaem, snúfde de geur op as lodderein en hâldde in swevelstok oan ’e gleonte fen syn piip en sette ’r it fjûr mei oan ûnder ’e hege skoarstien. Hja mocht der hiel wol oer, as Minne ris efkes by de skerm siet to smoken en as Ael der den mar út wie, scoe min den hast net tinke kinne, det se sa yn hjar eigen hûs sieten as man en wiif? Der scoe ’t ek wol op yngean.... as minheare der ris ôf kaem to reitsjen. Net, det se der nou sa ’n forlangst nei hie, mar in minske hat altyd in útsjend each en der stie by hjar as eindoel altyd al wer oan Minne Pjirkes mei syn eptich livrei, it gouden kraechje op ’e jas en ’t hoedtsje mei ’t blau roaske, der syn goedlik antlit ûnder weilake as in dei moaiwaer.

De piip rekke útsmookt, hy pluze noch gau in boltsje op, striek do mei in effen gesicht ’t kammisoal gled oer ’t rinteniersbûkje en waerde op ’t selde stuit wer de eptige hearsfeint fen ’e Ripperda’s, sa ’s de bern him koene, as hy yn folle staesje neist de koetsier siet, sa onforweeglik as in stik stien, al raesden de jonges ek wit whet. Allinne de lange swipe, dy libbe altyd noch, det fielden se somwilen oan ’e striemmen op ’e kuten.

Mei de learzens fen ’e jonker yn ’e hân en ’e mantel fan minheare oer ’e earm, gyng ’r nei foaren en bleau earbidich stean, do-t minheare der oan kaem, út ’t tún wei, it sulveren mes en in pear moaije roazeknoppen yn ’e hân. De reindrippen rôllen ’r ôf en foelen him op ’e hierrige hânnen. Great en breed wierne se, min seach it, der siet klam yn. Hwet se namen, scoene se hâlde, wea! as se ’r hjar nei setten, om immen hwet to ûntskûrren! Mar nou aeiden se de sêft-reade roazen en droegen se hoeden yn ’e hûs, út wiette en wyn wei yn ’e skutte fen smoute mûrren foar in finster, hwer de sinne nou en den ta ’n yn glimke as in blier frouljuesantlit....

Der stie in fanke foar, bloun en bleek as hy, út ien laech, det seach min optslach, al wie ’t hjir allegear frouljueseftiger, fynder en hie de strange útkyk fen ’e manljueseagen him hjir formoaijke yn it sêftere, jonge fen in fanke fen sechtsjin jier. ’t Sizzen gyng fen ’e Ripperda’s, moai slach fen folk wie ’t, elts yn syn soarte, bloun ef brún en Doedt mei hjar elfkeëftich, tear omskot, it lange, bloune golvige hier, de greate grize eagen mei hjar donkere eachsteisters en ’t tige lyts mûltsje, net wakkere praetsk, biskamme dit sizzen net. Skande, hja wist it sels mar al to goed, det wie hjar ienichste lek en brek en skeinde hjar danich.

„Moarn, Doedte,” sei ’r mei âlderwetske ridderlikens en joech syn bernsbern de roazen oer. Hja kleuren sa krekt by hjar, it teare goudbloun fen hjar hier, de earnst fen hjar greate grize eagen ljachte ’r suver fen op en hy krige de iene en dy stiek ’r hjar foar by de kant fen ’t jakje yn. O ho tear wierne syn hânnen nou!.... en Doedte, jong ding, roan op ’e spegel ta en biseach hjarsels, kwier draeitopke op hiele hege hakjes, it hier as in toer opsteapele op ’t fine holtsje en hâldden fen in oeribele greate skildpatten nekkekaem, presint fen Ryklefom en opdien op syn reizen.

„Foar dy spegel wei!” sei âlde Ripperda ynienen strang. „Det beppe dy net sjocht!”

Mar beppe seach al en lake ûnder ’e greate tuitmûts en toch om ’e jonkheit fen Doedte mem, ek ienkear sa bloun, sa frolik as hja, nou al lang as in iensum sinnestrieltsje weisonken yn ’t skaed fen dead. En de laeits forgyng wer droef-wei fen beppe lippen. En beppe loek Doedte koartmillich jakje rjucht en pluze de kant fen ’e mouwen út.

Do seach se tafallich yn ’t ljocht op nei hjar man. Syn âld, wyt, ticht bosk hier wie noch wiet. „Scilst’ nou noait wizer wirde?” kibbe se goelik-wei. „Det yn det minne waer. ’k Woe dy wizer ha, Regnerus.”

„Dû wist, nou en den moat ’k der ris út. Moat ’k mei my-sels allinne wêze, Hanne,” lei hy der dimmen tsjin yn, hiel stadich, krekt as wierne syn tinsen wit hwer oars. Hja mirk it al sont dagen.... Ryklef koe by tiden ek sa stoarje en kaem sims yn dagen net ta de doarren út. Siet der hjar hwet dwars? Kaem ’t fen de reboelje fen forline wike? Mar hy hie ommers syn ontslach naem.... en sa scoe de saek wol deabliede.... hie Easgama sei en der hjar onrêst hwet mei delbêdde. Mar it wie oars sa ’n frjemde tiid tsjinwirdich, wol ringe de deisrounte fen moarn, middei en joun de wiken oan inoar yn gewoane sleur, mar krekt sims, as scoe al det gewoane ynienen spjalte en min hwet frjemds, freesliks sjen, eat, det nou noch slomme yn ’t tsjuster. Ho faken hie se net yn noed sitten om Ryklef.... dy wie langer oars as oars.... onforskilliger, wreder en stoefer. Seis bern hie se hawn, mar krekt dizze jonge kipte him derút, dizze, der se it âldermâlst mei wie fen allegearre, bleau sa fier fen hjar. Flot en fleurich foar ’t each, wie ’r dochs in eigenlibber, in sluten boek, det licht noait ien opslaen scoe en lêze it inerlikste fen syn wezen. Hwer hie de jonge it wei?

Tocht ’r noch om Anne? Dy wie ommers al lang troud en hjar lyts bleek kopke seach ’r allinne mar mear yn tsjerke, hwent de frjeonskip twisken hjar en ’e fen Rhé’s wie stoarn. Hja seagen nou gled-wei oan inoar foarby. Hwet hie ’t in kwea bloed set, earst al, do-t Popke Ryklef it baentsje ûntfytmanne en letter do det mei Anne, o hwet in hertsear! En nou ’t fen Rhé al mear en mear yn ’e ginste fen ’e Fransken bisocht to kommen, lieten de Prinsgesinden hjar stiltsjes-wei lofts lizze. De Patriotten setten hjar op ’t stoeltsje, soks hage hjar as echte parvenúes, de earste oerloper fen ’e aristocratie.... Det fen Rhé yn 1787 oars tocht hie en mennich Patriot it fjûr neijernôch oan ’e teannen lei hie, der liet min nou gers oer groeije.... En fen Rhé, gewiksten skerpsjogger, slûchslimme gochemert, wist, hwet ’r diich....

Hy waerde âlder, sei ’r en de baentsjes, him to biswierlik, erfde Popke, det dy wende ’r sa stadich oan, om stim mei yn ’t kappittel to hawwen.... En de skoane ynstruijng fen Anne hjar kaptael forswiette him sikersonk wol it lêst, fen troud man to wêzen. Min sei.... min sei.... de leidige flinterfammen yn Frentsjer lokken nou ek noch net om ’e nocht.... tocht hja en harke ris yn ’e gong, as se Ryklef ek oankommen hearde boppe wei. Hja hie einliks fen ’e moarn hjar moed net, der ware hwet heimsinnigs yn ’e hûs om en Regnerus wie sa ongedurich det en sei stoef-wei hja moasten mar net op Ryklef wachtsje, licht, det ’r him forsljipt hie en let kaem. Hy hâldde fen oarder en regel. Stil-wei sieten se do mei hjar trijen om ’e tafel, nou en den foel der in inkeld wird, mar ’t forbrede him net ta in algemien petear.

De Sneinsklokken bigoanen to lieden, klapten en songen as blide fûgels yn ’e loft. Oeral sljipte it wirk, min fielde it, ho hage de âld sted hjar stiltme, krekt as se in nij frjemd kleed oantein hie en nou stil hjar eigen moaijens biseach. In forreinde sinneblink lôke yn ’e keamer, weefde fine gouden triedden oer ’t âld húsrie en ’t swiere goudlearen bihang, hwer frjemde, nea wesentlike blommen langstme-ranken útskeaten nei de souderbalken ta. Der libbe al in lyts hjerstfjurke ûnder ’e skoarstien.... de wyn sûge mei heftige rukken de reek yn ’e skoarstien op en Juno, d’âld wynhoun, roek ’r mei de fine noas nei en seach den wer nei it wynderjen fen ’t bûnte Sineeske skoarstienkleed. By tiiden gyng de wyn troch de holle keamer en rissele it bihang as de toarre hjerstbledden fen ’e âld kastanjebeam yn ’t tún....

As ’r net de jonge hearlikheit fen Doedte om him hinne hawn hie, scoe Ripperda der grif wer útgien wêze, it frije fjild yn. Him, de sterke, rôpen de sterke machten der bûtedoar, de skûrwyn, de bearende stoarmige buien, de roppers fen ’e hjerstdagen en ’e troch alles hinne geande sterke geuren fen ’e groun, dy-t mei soune, sterke longen kreften garre for de lange winter. As ’r de wyn sa om ’t hûs waeijen hearde, krige ’r altyd noch wer forlangst nei syn âld stins yn ’e Bjirmen, hwer nou syn âldste jonge op wenne en scoe hy der noch wol ris wer op útgean wolle mei ’t gewear en jeije de hazzen op út ’t forskûl ef fiskje yn tsjustere moanne-waer op iel yn ’e tochtsleatten. Mar syn âld skonken woene ’t net mear lije, de jicht pleage him by tiiden alderearmoedichst. Hy wie fen in taei, âld en soun laech.... hy tócht noch net om testemintsjen.... al wist ’r, de âlde dei stie al op syn paed, smiet syn skaed oer ’e sinnige wei.

Mefrou Ripperda en Doedte gyngen nei tsjerke[1].... de stille, skjin-reinde strietten lâns. Alle simmerstôf wie weispield.... lette roazen bloeiden iepen oer ’e lege mûrkes fen ’e tunen en yn ’e lytse rútsjes fen ’e finsters lei de glim fen ’e foardei mei hiele wiffe sinneblinken, sá gril.... sá wei....

[1] De Geate Tsjerke wie fen April ôf oan sawhet ein Sept. 1795 ta brûkt as hospitael. Yn dy tiid waerden ek de grêven fen de Prinselike femylje fornield en hjar stôf op in alderskandaligste menear fierder fornietige.—
    Dizze dei waerde der wer for ’t earst yn preke.—

De klokken letten.... hja gyngen ’t Heech op nei de Tsjerkstriette en steatlik rûzde mefrou Ripperda, breed fen in mennichte stiifsidene rokken, ta de tsjerke yn, neiteante fen Doedte, hiel jong, hiel famkeëftich efter hjar oan. Durk koster kaem mei hasten oandraven en droech hjar ’t readdemasten kjessen mei ’t wapen nei en slute mei in bult strykaesjes it hokje. In fêst sit wie ’t. Geslachten fen Ripperda’s hiene hjir út wei nei de prekers harke, mennich-ien fen hjarren lei ta stôf formôge nou yn dizze wijde groun. Pake hie Doedt de skiednisboeken wol ris jown to lêzen.... ho blierke den hjar each, as se aloan wer diselde ljeave namme foun, dy-t hja ommers ek droech. Fen hjar moed fortelden se en fen hjar trou, fen ’e fiere reizen, dy-t se dien en ’e skinkingen, dy-t se jown hiene oan kleasters en tsjerken en einliks, den waerde hy net mear noemeneare. De skiednis skreau mei in nije pinne de nije namme: de soan, de erfnamme.

Mefrou Ripperda stompte hjar oan: dreame Doedte? Sjoch, der wie ommers Elske Baerdt, Elske mei in kyps mei in luifeltsje en der roazen ûnder út en ek al kielbânnen en minhear Falentijn, hiel deftich, in âld patriciër yn ’t swart lekken, en Bet en Jehannes.

Doedte seach op en liet de kleare onskildige eagen fol wiis fornim oer ’e tsjerke gean. It oargel sette yn.... ho brûzden nou de toanen as in liet fol wijinge troch de rûmte.... ho song de fuga fen Bach mei lûd en wjerlûd yn hearlikheit.... Stadich kaem minhear Falentijn it naue paedtsje lâns op hjar yn.... as sulver syn snikwyt hier, hiel donker en earnstich syn eagen, selst do-t ’r mei in djippe bûging mefrou Ripperda hjar hokje foarbygyng. Deun efter him gyng syn soan. Doedte seach him en hy hjar.... ef einliks ek net mear, hwent der kaem in flueske foar hjar eagen en in wûndre, nije fieling binaem hjar op itselde stuit suver it omtinken. It wie sa frjemd.... it gyng sa gau.... hja bûgde hjar kopke foardel en do-t se efkes letter wer opseach, wie hy weiwaen en François Falentijn siet yn ’t fjouwerkant en lies yn syn Bibel.

Hwet wierne de wirden fen ’e preker dy moarne tapaslik op earnst fen ’e tiiden. Hy hie ’t oer ’e saun en fyftichste Psalm en hûnderten fielden de eangstme fen in David nei en hopen as hy op in blide útkomste. Dy scoe ek wol wer komme for ’t heitelân, mar hofolle triennen, scoene der earst noch skriemd wirde moatte, miskien hofolle kostlike libbens opoffere oan ’e frjemdling, dy-t as in wrede meander alles ta him bigoan to nimmen, hwet mar waerde hie.

Hwet dit jier noch jaen scoe, it lei noch as in sluten boek, mar it memmehert fen mefrou Ripperda, o! de ljeafde fielt sa fyn!.... bineare in druk, hja wist sels net ho.... Alle dagen brochten nijs.... de patriotte-partij woan by den dei, spriek óp, makke him ta man en dy-t to mûlryp wie en doarst him to ûnderstean en sizze hjarren it mannuael op.... welnou, de Blokhúsdoarren wierne willich, om op to gean. Den waerden de kraeijers wol njúd.... hiel stil selst, hwent de boal syn hânnen wierne ek rap en inkelde patriotten fielden in danigen oanstryd, om nou-t hja guont fen ’e tsjinpartij yn hânnen hiene as de kat de mûs, dy ek ris fiele to litten, ho-t in giseling smakke ef ’t brânmark, det hjar sels hjar libben lang skeinde.

Inkele greateljues huzen, dy hjar lûken bleauwne mar ticht, sa ’s ’t hjitte wierne hja noch nei de simmerwenten ta, mar de ekstraposten, dy-t by nacht en ûntiid de hearrewei lâns jagen nei de Limmer ta, wisten ’r wol mear fen. Oer ’e Sudersé, nei Amsterdam en den for in pong mei dukaten nei Ingelân ta. Der wierne se tominsen feilich.

Tongersdei yn ’e foarnacht kaem sa fen Asbeck[2] ek noch to hjarres, reisfeardich, in wolbiredt jongkearel, dy-t it bloed ek hjit waen wie by ’t sjen fen safolle ûnrjucht en dy-t nou de wyk spylje moast en ringen ek! It barnde op ’e neil.... de Freede sneupten de gens d’armes by hjarres al ’t hûs nei, as ’r der ek wie. Mar hy sylde al lang foar in moaije Easterkoelte ôf oer ’e Sudersé en dreau nou licht al op Ingelân oan, tocht mefrou Ripperda bliid en helle hjar alles noch ris wer foar ’e geest, ho-t ’r as jongkje ta hjarres kaem mei de swarte eachjes hiel blier yn ’t smelle antlit, as Ryklef en hy yn ’e âld bijestâl gyngen to boartsjen en hja se elk in apel meijoech, en letter de opslûpen jonge op de greate brune merje, der ’r as in lytse prins op oandraven kaem, it prûkje o sa wyt ûnder ’t steekje en de meagere brune jongeshals hiel lang út it tichtknope jaske. Nou wie ’r great, syn earste died hie forset west tsjin ’t gesach. Det scoe him dûken leare! ho spotsk lake ’r! hy gyng. En ho lang scoe ’t dûrje, eart ’r werom kaem? Scoe ’r ea werom komme en sitte mei hjar om ’e hird en skake mei Ryklef om in fijfje?

[2] Gerrit Ferdinand baron fen Asbeck, berne de 30e fen Septimber op Oenemastate to Wirdum. Fen 1789–1795 ritmaster yn Syn Trochloftige Heechheits liifregiment Oranje-Fryslân. Fluchte yn 1795, kaem werom yn 1809, waerd do ketierdrost fen Ljouwert, letter maire op ’t Ammelân. Yn 1813 commandant fen ’e nationale Garde yn Fryslân. Stoar de 4e fen April 1836.

En ynienen fleach ’t hjar oan!.... as Ryklef sa ek ris gyng.... hja scoe ’t bistjerre! Hja koe him net misse, det lêste bern fen hjar ljeafde! Hja wist it, hy wie like goed as fen Asbeck in hjitholligen jongkearel, fol jong fjûr, dy-t miende izer mei hânnen brekke to kinnen en yn ’t bisef fen syn jonge kreft wol de heechste bolwirken doarst to bistoarmjen.

Hja skrandere hjar âlde eagen op.... hwer siet ’r? Hy wie in trou tsjerkgonger.... mar ho-t se nou ek kúrde, hja miste him op ’e krêke, hwer se syn moai manlik antlit oars altyd gau yn ’t fesier hie, de riddersman, dy-t der him útkipte ûnder gewoane folk. Scoe der fen ’e moarn thús bleauwn wêze? Hjar tinsen bleauwne der net oan hingjen, wylt it lêste sjongen bigoan, speurde se de nijtsjes op ûnder it tsjerkefolk.... joech nau acht, hwaens sitten leech wierne en hwa-t de djûrste doek om hie en de bûntste kyps op en ynienen markbite se minhear fen Rhé. It loerdige yn syn eagen trof hjar as in wjerljochtslach. Hwet woe ’r? Hja koe him net daeije.... út noch yn net.... Sette det folk Ryklef net altyd de foet dwars?

Anne hiene se him ûntfytmanne en mefrou Ripperda suchte.... o Ryklef wie dodestiids wylde wegen gien! wit, hwet se nou wer útfounen! It wie ’t ivige gewraksel fen twa autocraten yn ien lytse stêd, elts foar oar skripte, om nûmmer ien to bliûwen, hja, de Ripperda’s wierne it troch hjar adel en de fen Rhé’s troch hjar ynfloed, dy-t tsjinwirdich groeide mei skoaten as in ienjierrige sinneblom.

Hja wie stil ûnder ’t nei hûs gean.... en Doedt waerd’ fen ’e weromstuit ek swijgsum. By hjar thússes founen se in hiel gearset om ’e roune tafel, allegear Oranje tagedien en heit yn ’t foarmidden. De post wie oankaem, in hiel feest! de nijste tynge fen ’e bûtewrâld, mar fensels, der wie al wer in wike oer forroan oer ’t lêste nijs. Der stie ’t, brieven fol, de steile letters bidaerd wei delskreauwn mei de wolforsniene goezzefearrene pinne en oertocht ûnder ’t smoken fen in pypfol hearebaei, mar o! min hearde ’r de neiboldering yn fen ’e swiere seën, dy-t der yn ’e frjemdte gyngen!

Minhear Viersen lei ’t mei de hânnen út, hy wie in biweechlik man, sims diich ’r suver joadich, tocht mefrou Ripperda en syn swarte eagen koene as gitkralen glinsterje yn ’t djip fen ’e kassen. Hopperus, Anne hjar omke, stie der by, as gyng ’t him allegear net oan.... en dochs wie nimmen sa fel gebeten op ’e Frânsken as krekt hy, hy scoe Popke ’t fjûr noch wol ris neijernôch oan ’e teannen lizze kinne, as ’r Anne net goed bihânnele. En den siet der noch stil yn in hoekje, och min seach him suver oer ’e holle: Willem fen Heemstra,[3] hiel blond, hiel tear.... stil. Greater contrast as Ryklef en hy wie der net. Beide jong, beide heech fen steat, beide by ’t peerdefolk yn tsjinst fen Oranje, mar yn aerd en wezen twa útersten....

[3] Willem Hendrik baron fen Heemstra, berne 1779, naem de flucht yn 1797 nei Ingelân ta. Letter yn ’e brigade fen ’e Prins fen Oranje op it eilân Wight. Kaem yn 1803 werom, waerde yn 1809 commisaris fen ’e forponding yn Collum en yn 1813 maire fen Aldwâld. Letter grytman fen Collumerlan en lid fen ’e Steaten fen Fryslân. Stoarn to Ljouwert 30 Decimber 1826.

En beppe seach Willem en Doedte al togearre, jonge bern, dy-t de wrâld yngean scille as nei in great feest.

De manljue praetten en diene de hiele middei.... do-t Ryklef ynkaem, hearde se wol, gyng de doar op ’t slot. It waerde binaude stil yn ’e hûs.... krekt as sette in swiere hân in domper op al it lûd en hime det nou hertstochtelik yn smoarde klanken syn leed út. It waer waerde ek wer minder.... der kaem in hjerstrein út it Westen oanstoarmjen en sloech mei wrede fûsten tsjin ’e glêzen. Doedt en hja sieten nou yn ’t seal en hiene de laden útskouwd fen ’e greate kast en snuffelen yn ’t âld moaijs. Doedt, trinten jong ding, stie der pauwich by to sjen, paste den in kettinkje om ’t blanke halske ef liet in stringkje pearels troch de fingers glide en aeide der oer mei hjar waerme, teare fingerkes.

„Ast dit joun ris omdychst,” sei beppe en hâldde in fyn gouden kettinkje foar hjar út, der flonkeren trije fjûrreade robinen oan yn in kranske fen blaue saffieren, seldsume bûnt, kostlike moai. Doedt liet it hjar omdwaen—as bloeddrippen lei ’t read fen ’e stiennen op ’t mûtele wyt fen hjar jonge hals. ’t Wyt skittere ’r fen op.

„En dit om ’e hânnen,” en beppe paste hjar de swarte fewieltsjes om, sluten mei jewielene gaspkes.

„En hwet yn ’t hier?” frege Doedt. Dy wankele toer, it wie in hiel krewei, om dy yn ’e balans to hâlden, al siet der ek in hiel fûgelnest fen izertried yn.

„Ryklef-om scil ek noch wol in donkre roas ha for dy en oars.... nou den mar neat,” ornearre beppe. Sierden jonkheit en sounens hjar net? Hjar blonde, leeljeblanke moaijens hie nin oare sier fennoaden.

En beppe sels klaeide hjar dy joune oan, dy joune fen hjar earste feest, hinge hjar ’t swartkanten oerrokje oer ’t wytsiden ûnderrokje en knope hjar ’t leech utsniene wytsiden spinserke ticht. Ho blank kamen hjar skouderkes der út, it dounsene halske, hwer de robinen om flonkeren!

Earnstich, hast yn foarstlike prael, kaem Ryklef-om hjar op ’e side en naem hjar mei nei ’t brede finsterbank ta.

„Gien der nou ris efkes stean, dû”, sei ’r en draeide se sa, det it felle rea-ljacht fen ’e joun foel op hjar antlit. „Ik moat dy efkes op ’t aldermoaijst sjen, Doedte.... pop!” Det sei ’r sa tear, it fanke foar him waerde der oars fen en yn freegjende eangstme socht se syn eagen.

Do lake ’r ynienen! O dy moaije, jonge laeits fen det antlit, sa ’s in sinnestriel laket oer d’ierde!

En hy bûgde him foaroer en stiek hjar hiel foarsichtich in donkerreade roas yn ’t hier. Wie ’t forbylding? fielde se syn mûle efkes, hiel efkes op hjar halske? Mar hy bihearske him foartdaedlik ek wer as in man, al trille syn herte fen ’e greatste drôfenisse.

Sá rieden se nei de de Witt’s ta. De rein sloech tsjin de rútsjes fen ’e karosse oan.... de lantearnen yn ’e útstoarne strietten slingeren hinne en wer oan ’e swiere izeren hâldfêsten. Mei gierjende skûrren jage de wyn en flappen rein swypken op ’e flinten en ’e poellen wetter yn ’e weinspoaren sidderen yn ’t wiffe lantearneljocht mei sulveren skimers. In earste hjerstige Sneine, as de smoute binnekeamer wer wardearre wirdt en it petear by de hird, hwer it earste fjurke barnt....

Mefrou Ripperda siet lyts en kâld yn in hoekje fen de wein. Eineleas like hjar ’t ein riden nei de Witt’s ta yn dit needwaer en dochs hearde se oan ’t flugge klappen fen ’e hynstehoeven op ’e stiennen, de brunen sûzen deroer. Ryklef siet foar hjar oer, djip yn syn mantel. Wie ’t tafal? De hânnen fen mem en soan moeten inoar en leine in setsje mei sêfte triûw hiel innich yn inoar.... Sa ’s by âlds.... moast se ynienen tinke, do-t ’r noch in jonge wie, in lytse jonge en hjar swijgsum op ’e skirte kleau yn skimerjoun en hja him sokjes en hoazkes útdiich en ’t lyts blau-streekjes hansopke oan en him den noch ris hiel memmich bistoppe, as ’r op bêd lei. Den pakte ’r hjar hân ek sa stiif beet en lei hjar mar oan to sjen, stilwei, mei syn greate brune eagen al sa djip earnstich yn ’t bernige antlit. Hja waerde der moilik ûnder.... hjar eagen roanen fol triennen.

De koets stie foar ’t hege parradis fen Gelland de Witte hûs, op ’e ein fen ’e Tsjerkestriette. De doarren fleagen op en ’t grille ljocht út ’e gong biit mei feninige gnauwen nei ’t piktsjuster fen ’t foarplein.

Hja wierne de lêsten. Hjir yn ’t seal fierden nin wyn en rein feest, hjir noade wille en ljocht. Oeral ljocht, sêft fen glâns, op ’e hege kjersekroan, de lusters oan wjerskanten fen ’e spegel, de greate koperen blêkers, frolikheit yn ’e eagen fen it jongfolk, det as in kloftke flinterkes gearhokke yn in hoeke fen ’t seal en niget foun oan elkoarme en ’e bûnte kleuren fen ’e sidene frouljuesklean, de kleurige setinen jassen fen ’e manljue, de uniformen, stiif fen goud, jubelen lûd tsjin it stemmige ikenhout fen ’e lambrisearing en ’e âlde kast en ’t hoekspyn mei lange-Lys stelten.

Ryklef yn syn foarse manlikens, hast in reus ûnder ’e oaren, makke as de lêste syn compliment foar mefrou de Witt, do gyng hy troch ’t seal, stadich yn ’t folle bisef fen syn eigen-waerde en socht it jongfolk op yn ’e hoeke. Der hearde hy nou noch by.... hwa wit, for ho lang. Efkes gyng der him in skokje troch de lea, miende ’r der net, Anne Hopperus to sjen! Anne fen Rhé nou, mar och, it wie in útfenhûzerke, in bloun jong ding as hja, mar nea syn Anne wer. En dertwisken al dy plezierige minsken yn it frjemde hûs wist ’r hjar ynienen yn ’e heimichheit fen syn siele by him, sa ’s se him libben-liif nea tichter west hie en hearde hjar lûd en it sêfte: ja, my.” It wie forgien allegear, dy moaije simmer, dy greate jeugdljeafde, hwer alles, hwet letter komt, mar in flau neiskaed fen is en in neibloei. Noait wer de simmerknop.... it stille iepengean fen ’e greate, greate earste roas, der hiel de kûstring yn leit fen tûzen sinnestrielen en tûzen reindrippen.... Maeijenacht.... Junidei, ja fen it hiele minskene knopjende maitiidsjier.

Hy wie allinne bleauwn en strak ansens....! O hy woe net tinke, net neitinke mear en noch folle minder foarút tinke. Dizze joune noch.... dizze iene joun en den....

Hy stie heal yn ’t skaed fen in gerdyn en hearde, ho-t it der bûtendoar oan wei gyng. De blinen fen ’e efterkeamer stiene noch op—by dei seagen dy finsters yn ’t smelle eftertún út, oer ’e stedsgreft, it fjild yn, it hjerstige fjild, hwer de wyn mei rukken omdwaelde en dwaende wie, de beammen keal to teppen en der it wetter yn ’e sleatten tynde út ’e oerfolle saden wei. De beammen om ’t bolwirk rûzden, it wetter fen ’e greft klotste tsjin in skoeiïng oan tichte by ’t tún. In doar flapte.... it earmoedige piipjen fen ’e rostige knieren teistr’e syn earen as in klachte yn dy lette stoarmjoun.

In minút twa stie ’r der sa, do joech ’r him wer yn ’t jongfolk, der alles joleit wie en plaisier en fleur en laeits. De gasten fen ’e de Witt’s, dy waerden der altyd wakker let en set, ho faken seagen dy greate seal en opkeamer net sa ’n gearset nei tsjerktiid by kofje en soezen, der it hiele hûs swietgeurich fen roek....! Ripperda’s wisten der fen bern ôf oan fen mei to praten en nou Ryklef wer en Doedt, dy wierne der as eigen bern thús, likegoed as Gelland ta hjarres.

Earst waerde der praet oer ditten en detten, den kamen de piipen oan en joech de âlderein him om de greate roune tafel oan ’t domenearjen ef skaken ef praette oer ’e polletyk, hiel wichtich en heallûd yn in hoekje. De jongerein socht inoar yn ’e opkeamer, dy roan mei twa trapkes op út it seal wei en seach yn ’t tún út. In great hol fertrek wie ’t mei in lyts bytsje húsrie en skildere bihang op ’e mûrren, Diana op ’e jacht en soks. En foar ’e glêzen wyt-sânlopers gerdinen, by-inoar boun mei read bradlint.

Sá gyng ’t joun ek. Der stie Ryklef foar Bet Falentijn en makke hjar bliid. Seach ’r net de oare frouljue oer ’e holle en spriek hjar oan.... En yn moaije jongfammige skrutenens waerd’ se swijgsume bidêsd, hja, flotte fleurige Bet, oars net op ’t mûltsje fallen en hjar wûndermoaije eagen bloeiden hiel stadich wiid iepen as donkerfewielene simmerfioelen en hjar wangkjes waerden fyn roazeread.

Mefrou Falentijn, kleurich en fleurich neist mefrou de Witt, seach it. Det stie hjar oan! Det bigoan der nei to lykjen! Falentijn moast dy wevery nou oan kant dwaen.... min koe ommers ’t paed effenje for immen, dy-t yen hage. En hwet kaptael oangyng, Bet telde mei, nûmmer ien hast. En mei memmige greatskens skerpe se hjar eagen op en seach nei hjar fanke, hjar moai fanke fen sauntsjin jier, dy-t alles to baet hie, jonkheit, sounens, jild en sa sterk stie se yn ’t bisef fen hjar hege eigen-waerdij, det it der net yn woe by hjar, ho-t it lot de bêste kansen keare litte kin en de jildpong noait in ieûw lang aloan hingje lit foar ’t selde hûs.

It waerde in joun, dizze fen Hjerstmoanne 1795, dy-t trije minsken nea net wer forjitte koene.

It waerde ek de joun, det Jehannes Falentijn en Doedte Ripperda inoar wer to wird kamen. As in opslûpen fanke hie hy se for ’t lêst sjoen en nou! nou stie se as in jonge roas to bloeijen yn syn âlde sted, nou dreau in ûnbikende macht him derhinne.... him, de ûnbikende nei it ûnbikende, it nije, it frjemde.

Hy kaem let.... hie nys krektsa noch de earste libbensskreau biharke fen in jong minskebern en de greate earnst fen ’s libbens ljeaf en leed makke it him earst swier, noch nei in jounpret ta to gean. Mar in Sneinige, forlittene stimming spûke op syn keamers. Syn kostfrou en de jonges wierne der út, min fielde nou de stiltme suver.... Hy krige de fioele en striek heal yn tinsen wei, oer ’e snaren. Mar syn siele wie der net by—dy ranke mei in nij sprútsel oer in frjemd paed.... In iensume sykster yn ’e greate wrâld dy-t detjinge siket, hwet hjar de folsleine ienheit jaen kin.

En hy forklaeide him dochs noch, alhiel yn ’e feestpronk. It wynkleurde sidene kammisoal mei de hiel lange jaspânnen kaem oan en ’e echt kantene das mei de greate pearelspjelde foar. Oare skoen waerden yette opsocht, guont mei greate sidene strikken en goudene gaspen en pasten wûnderwol om de fynankelige moi lytse foetten, stitsen yn ’e aldermoaijste sidene hoazzen, dy-t der mar breide waerden fen Falentijn syn breidsters. De klean sieten om syn kante lea, as se der om getten wierne en de wynkleur fen ’e jas kleure goed by de donkerens fen antlit en eagen.

Do gyng ’r heal yn ’e prakkesaesje wei, ris foar de spegel stean en seach mei opmerksumens syn eigen brún earnstich antlit mei de skerpe dokterseagen, de greate noas, de mûle, dy-t de swijgsumens ljeaf hie en dy-t noch noait fen frouljueslippen roerd wie.

Do glimke ’r. Det barde net alle dagen, om yensels sa optuge to moatten! Mei in hastige ruk wrong ’r syn brede skouders yn ’e wiete mantel en joech him op in paed troch de stille sted, wiet, wiet! as wie der in séweach op delstrûze.

It roan al nei tsjienen, do-t ’r de klopper falle liet en de noegjende waermte en gesellichheit him mei hjar smoutens omearmken. Sa gau as ’r koe, gyng ’r nei de opkeamer, fol blide forwachtinge, hwet komme scoe. Ja wol binn’ de paden fen forwachtinge de moaijsten út it hiele minskelibben to gean! Hy ûnderfoun it nou ek.

It wie him frjemd to moet.... bigoan in minske syn libben den earst by de ljeafde.... al it oare preludium en droef postludium? det allinne de kern, de midden hwer alle geestdrift, al it hege, it goede, it wûnderhearlike út groeide en bloeide as it fine fruchtfleis om in eale pit, it geheimste wûnder fen in hiele ierde.

De manljue fen ’e Falentijn’s hiene let ljeaf en.... ienris. Hy wist it. Yn ’e frouljue, Diûke en Bet, streame it bretael-soune bloed fen mem.... dy wachten net, dy dânsen jong en hastich de ljeafde-dâns, krekt as mem, dy-t mei achttsjin jier hjar earste jonge widze hie en ’t nou mei fiif en fjirtich jier noch opnimme koe tsjin in hopen jongefammen.

Gelland de Witt, de moaije eagen ien skalk, siet foar de pianoforte en song mei in ljeaf, lyts lûd in boartlike bergerette. It twangbuis fen ’t frânsk régime paste hjar hjir net, mar de frânske kinst yn hjar fynste, geniaelste utering foun nea de slettene doar, selst hjir yn ’t Oranje sá oanhankelike hûs boarte it fleurich, loftich sin fen ’e harderssang. En de famkes tipten by it refrein oan ’e koartmillige rokjes en dânsen tomûk efkes om ’e tafel hinne, bang, dat immen út ’e greate keamer it seach.

En heal yn ’e skutte fen in blyn, hiel donker, der seach ’r hjar ynienen, it boarterke út syn jeugd, nou it famke fen syn forlangst. It joech him in blide skok yn syn hert. Ho machtich en fel groeide nou ynienen syn bigearte, nou ’t se los fen ’t ket wie, net mear hâlden fen it koel bihearske forstân!

Yn hjar jurkje fen gros de Naples stie se lyts en tear neist Ryklef en de felle reade roas bloeide kleurich yn hjar gouden hier. Mei ien loaits stie de print fen hjar wêzen-sa-jong-en-moai yn syn heugenisse.... neat, hwet der letter kaem is yn syn libben, koe dit byld fordriûwe. Hy seach de glâns fen hjar hier en it lytse earke, det der heal biskûle efter gyng en ’e blaugrize, hiel ljachte eagen, kristallich fen gloed en skrander fen útkyk en de reade lippen, der noch de dau op lei fen ’t nea-oanroerde en ’t greatske halske, det hast to foars wie for ’t fine kopke en det sa mûtel forroan yn ’e kanten fen ’t strookje.

En ynienen kaem him de wissichheit, dit waerd’ syn wiif, syn fen God for him útornearre wiif.

En stadich roan ’r op hjar ta en seach fen alle oaren allinne hjar. En krekt as fielde hja det, hja sloech de eagen op en seach him great en fol oan. It like him in ivichheit fen lok.... en dochs.... it hie mar in tel twa dûrre en bisegele it lot fen dizze beide minsken.

Do kamen se inoar for ’t earst sont jierren wer to wird.... hy hearde hjar lûd en as in bliid klokje klonk hjar laeits him yn ’e graech harkjende earen. Stil siet ’r nou neist hjar en forgeat yn ’t folle geniet fen syn earste loksamerij de hiele wrâld om him hinne. Alles oan hjar wie eachweiding for him! fen it kettingkje mei de robyntsjes ôf aan ’e wytsetinene skoentsjes mei swartfewielene krúsbantsjes ta!

Hjar praet wie noch bernich en jong, sims efkes foel der in sprankelich, geestich wirdtsje twisken, foarproefke, hwet der fen hjar to forwachtsjen wie yn ’t kommende. Ja, alles wie noch forwachtinge oan hjar.... en de dingen, de stadich kommenden, swier fen heimsinnige moaijichheden.... hawwe in ongekende hearlikheit, der de dingen yn ’e folheit fen wêzen net mear by yn ’t skaed stean kinne. Ommers, as de winsk forfuld is, is der in greate freugde fen forlangen stoarn....

Ryklef mirk, ho-t it mei him gesteld wie en joech him nei in oare hoeke fen ’e keamer ta, nou ’t Gelland ophâldde fen spyljen en sjongen en ek mei taseach, ho-t Elske Baerdt oan ’t silhouet-knippen wie. It stie hjar sa linich det, yn in knip mennich foarme se in aerdich lykjend petretsje fen d’iene ef d’oare en do-t âlde Ripperda syn greate earne-noas yn ien knip oanjown waerde en ’e lange pipe en ’t pallisanderhouten toebackspotsje, der ’r krekt út stoppe, gyng der in hoeraetsje op.

Ryklef kaem hjar stil-wei op ’e side.... Elske hjar hantsje bigoan to triljen, hja lei de skjirre del en seach nei him op mei hjar ljeave, waerme eagen, hjar herte ien trilling fen ljeafde for dy man, dy-t hjar libbensbigearte útmakke.

„Dû soest tige hwet for my dwaen kinne,” sei ’r sêft, hast flusterjende wei.

Hy hie hjar tawird al yn stiltme, eart ’r iens útpraet wie.

„Meitsje my in knipsel sá fen mem,” sei ’r. „En gau, it giet op ’e snaren.”

Hja andere net, mar naem de skjirre wer yn hânnen en hjar kinstnerseagen, sa fynfielich for lynje en lyknis, hiene yn ien omsjoch mefrou Ripperda yn ’t fesier, sa ’s se der dimmen en stil foarsiet, it fine âldwyfke kopke heal wei ûnder in greate mûts mei felettene linten, fyn en moai fen profyl noch, mar yn ’t lyk-oansjen it antlit al fol tearen. De skjirre snie troch it gledde, swarte pompier, it printsje groeide, selst it string kralen liet se mei wyt kryt ringje om ’e meagere hals. It like sa krekt, det hy bisoude der fen....

„Ast ris heal wiste, hokfoar deugd ast my dien hast!” tanke ’r hjar en onforsjoens krige ’r hjar rjuchterhân beet, great en waerm as syn eigen en patte dy. Hja liet him stil gewirde, forweechde hjar net.... hja wist, it wie it ôfskie, yn hjar fen álles, hwet Ljouwert him oan jonkheit, wille en ljeafde jown hie.

„It wirdt dyn tiid, Ryklef,” sei se ynienen hiel sêft, do-t de klok fen ’e Aldehou alve slaggen útgalme oer ’e stille sted, reinforlitten....

„Ik wit, der ’s nin trouwer astû biste....” hoarte hy der stadich út.... „Bring myn lêste groet oan Anne. Unthjitst it my, Elske....? Nimmen wit myn heimnis as dû....”

„Eart de dei fen moarn om is, hat Anne dyn groet,” andere hja, wylt hja him lyk oanseach.—

Mefrou de Witt wonk it jongfolk nei foaren om mei oan to sitten en hja kamen graech en slynden fen ’e brosse waffels en ’e onbidich greate geleitaert fen fjouwer fordjippings en dronken der de swiete Spaenske wyn by út de donkergriene glêzen mei draeide foetsjes.

Ryklef waerde stil wei. Nimmen miste him. Allinne âlde Ripperda, sa wyt as in doek, ridele ongedurich op ’e stoel hinne en wer en koe der gjin byt trochkrije. Krekt as hie der nys ansens de deadsklok let fen ’e Aldehou for syn bern, for syn ljeafste, jongste soan en âlle de stoarmnacht nou yn ien greate, onmachtige snok al syn eigen herteleed út.

Mar ’t mocht gjin each jaen en derom siet ’r as in dea-ding op ’e stoel en skaekte mei de Witt, al dânsen de stikken him ek foar eagen.

Der sloech in doar mei foarsje ticht.... aliegear seagen se op. Hwet wie det?!

„Ea, dy túndoar hipt sa nau”, sei de Witt. „De feint hat grif de skoatel der by troch stritsen en mei dit needwaer.... Gien mar efkes mei, Ripperda.”

En togearre gyngen se derút nei efterhûs ta, it smelle túntsje lâns. It wie neare nacht, de wyn boaze oan ta stoarm en ’e oerfolle reinwettersfetten klokten it wetter yn swiere gjalpen wer oer ’e stiennen paedtsjes út.

„Hald moed, âlde jonge,” sei de Witt, dy-t bigriep, hwet der yn Ripperda omgean moast. „Hy ’s jong en fluch, hy rukt it wol.”

„It hipt sa nau.... Ien misse stap,” kreunde dy. It eintsje striette der yn dy stille, wiete tún, waerde syn leeds-wei.... Sljuerkjende wei roanen se yn neare nacht fierder, op ’e túndoar oan. Dy stie wiidwaech op, min seach ta in steechje yn en den de tsjustere mûrren rizen fen in húske en noch ien. Yn it fierste barnde in tútlampke, nearsich fen piid. Der ynienen waerden er noch twa opstitsen. In skean streekje ljocht foel op it blikje foardoar. It wie it ôfspritsen sein, Ryklef Ripperda wie al bihâlden oer ’e stedsgrêft.

„Sjoch!” sei de Witt. „Gjin Frânske kûgel rekket him mear.”

Do waerde Ripperda syn herte hiel rêstich yn him fen blydskip.—

Ryklef Ripperda gyng de wei fan hûnderten oare jonge bazen, dy-t hjithollich en rapmûllich, hjar to ûnderstean doarsten yn wird ef died it nije gesach op ’t sear to kommen. En Oranje ôfswarre, det noait!

Syn strydlustige natuer, wend om him frij to uterjen, koe ’t net útstean, det it near op syn tinzen en wirden lei wirde scoe, it Sigeunereftige yn syn aerd hage it libben fol avonturen ek wol, al bitsjutte it tagelyk ek in tobrekken fen alle Ljouwerter bânnen en dos spile hy dizze Sneine, de 24ste fen Hjerstmoanne de wyk en liet syn fijannen it neisjen.

It plan wie sá goed bitocht, det it koe net misse, it slagge. Alde, sutrige klean leine klear yn it húske by de stedsgreft, do mei in boatsje deroer en gjin healûre letter foun ’r de wite wringe, dy-t him bitsjut wie en yn it lân der by, fêstboun oan ’e wriûwpeal, it moaije jonge foshynsder, det him fierder bringe scoe. Syn klean wekken al troch en for-’t earst yn syn libben bikroep him in gefoel fen iensumheit der sa lykme allinne op ’e âld hearrewei yn ’e Tyttsjerkster petten, hwer syn hynsder by tiden suver oan ’e fiterlokken ta yn ’e modder weisakke en ’t wetter om him hinne brûze en bearde, as scoe ’t him sa mar forswolchje.

Mar hy hâldde de moed deryn en do-t de dage noch net iens oer ’e loft gyng, draeide hy de Harstewei op, de Iestrumer kant út. Der wie nearne in minske to bikennen. De melkers wierne noch net yn ’t lân, de fûgels swijden noch yn ’e wiete beammen, dy-t hjerstich roeken fen wyljende bledden. De stoarm wie lizzen gien en forroan yn in rûzige hege wyn út it Noard-Westen.

Noch in eintsje, der riisde út ’e flauwe dize fen ’e neinacht de Iestrummer toer. Hy sette it hynsder oan.... efkes seach ’r in biwyske fen ’e bakker syn nachtmûts oer in ûnderdoar, oars markbite ’r nimmen en ’t frije fjild mei syn skadige beammen en forhoalene loantsjes naem him wer yn syn hoede.

It earste skimerich moarnljocht weage nou as in teare sulverstream mei sêfte deining oer ’e tsjustere wolkensé, forinnige him ta kleur en djipte fen fyn opael, grien en fleiskleurich en bleek-blau. In pear lânbreedten fen him ôf lei de mar, in tsjustere heimenis yn ’e bislettenheit fen syn reidbigroeide bochtige iggen. En ûnder út det tsjuster wei skeat ynienen in goudene streek.... waerde breed lutsen yn ’e greate ljochtleaze iensumheit fen it Easten en forbrede hjar o! sa njonkenlytsen ta de tinende rounte fen ’e sinnebol.

De sinne kaem op.... en in set let stapte Ryklef Ripperda syn hynsder hiel foarsichtich op ’e útslitene bâlstiennen fen Foppe Lieûwes syn efterhûsstriette.

De bûthúsdoar gyng sunich op.... Foppe-om kipe om ’e hoeke.

„Alles goed, jonker?” lustere ’r. „Mar gau yn ’e hûs,” en in ûre letter sakke Ripperda yn ’t goezzeplûmmen bêd fen ’e foarkeamer wei en hearde noch heal yn ’e dod it lûd fen ’e tsjerne en it sleauwe geklos fen ’t âld hynsder op ’t liem fen ’t tsjernpaed. Do rekke ’r yn ’e sliep.

De earste dei fen syn ballingsskip.

Ljocht en read gyng de dage oer ’e loft, de klysters setten op ’e hagebeam ta by Foppe en dy ’s op ’e dyk, in lette fûgel bigoan to fluitsjen.... jong en lokjend.

En nei in wrede dei fen rein libbe nou de wyn breed en fol yn neisimmerrûzing oer ’e mar.

En dy wie as ien glinster fen goud.


„Hinneboer! hin-ne-boer!!” raesde in jonge Foppe-om efternei. Dy roan deabidaerd troch mei syn pypkoer oan ’e earm, it antlit heal biskûle ûnder it breedskadich hoedtsje. It lûd fen ’e bistoude fetlearen skoen klonk op ’e stille striette.

Twaris roan ’r de Wirdumer dyk op, mar slûpte do tomûk it Ayttasteechje troch en roan de Weaze wer del oer ’e Brol, de Heechstriette yn, nei ’t hûs fen Berdeau.

Berdeau siet great en breed op in skammel, in stik baelsek foar en pluze de lêste fearrepylkjes út it fel fen in stikmennich sinze petrizen. Dy-t him joun sjen scoe, it stemmich swart lekkens kammisoal oan mei de sa fier weisniene pânnen, det it mear fen in swellestirt hie as fen in fetsoenlike jas, de swartsidene doek yn in losse frânske strûp ûnder it fette ûnderkin, de hoed mei de trijekleurde cocarde in dripke skean op it roetswarte hier, in miniatuer guillotine oan ’t horloazjeket.... scoe ’t net oan wolle, det dit ien en diselde man wie. Mei de klean teach ’r in oar wezen oan, oare menearen, ja! selst in oar lûd. Hy waerde smidich, liet mei him omfodzje as in jong kat, dy-t syn neils noch net folgroeid binne en roan as in janefod for de hearen, ja, as for boantsjelap liet ’r him brûke der yn ’t hege hûs[4] foar de Waech oer, hwer se jouns forgearren ta eare fen Liberté, Egalité en Fraternité.

[4] In ieuw letter biwenne fen notaris Albarda, nou fen B. Ph. baron fen Harinxma, âld commisaris fen ’e Keningin.

In liipen-ien, brocht ’r it earst al dûkende wei yn nederichheit ta oandrager, kleau do stadich—o min markbite de rukjes hast net! ta skriûwer fen ’e hearen en wist it mei redsumens en gebektens al gau sa fier to krijen, det ’r der hoatus en toatus waerde.

Helpers binn’ der oeral.... for in pong fol rinkeldaelders scoe ’r selst syn frjeon nou wol forriede wolle, ast him sels mar op ’t stoeltsje bringe koe.

„Ek nijs yn ’e Wâlden, húsman?” frege ’r mei in fyn gnyske.

„Nou né, andere Foppe-om en sette de pypkoer op ’e toanbank. „It nôt is yn fensels en it fé noch net op ’e stâl. En de beane en earte jowe in goed biskot.”

„Hwet male my beane en earte! De pollityk, man! der freegje ik nei!” raesde Berdeau.

„Ja nou,” sei Foppe-om dimmen, „dy bouwe wy net,” en hy seach sneu en helle bidachtsum de einefûgels ûnder ’t gêrs wei en telde: „trije, fjouwer.... seis binn’ der, keapman. Is dy pollityk altomets in nije frucht?” hifke ’r foarsichtich.

„De pollityk is gjin frucht, ezel,” skreauwde Berdeau, „it is de staetkindige, ja einliks ek net, de bidoeling fen ’e staetkinde....”

„Keapman wit it likemin as ik-sels fen ’e moarn,” sei Foppe-om wiis, striek syn jild op en sei goe-dei. Hy wist it nou, de greatste speurhoun fen ’e patriotten wie thús, hjir hie hy fen ’e moarn neat fen to duchten.

Op’t Waechsplein seach ’r al fen fierrens de wide mantel waeijen fen Ulrich, de jeneveroaljekoop, drok oan ’t kjizzelûken ef hoarnbrilpassen. It stie der fol, de ljue wrotten en krongen yn inoar om as hoannebijen foar ’t nêst. Ulrich feile nou syn fleskes út mei gûd for kjeldrige hânnen. Hja fochten der hast om.

Der ynienen foel syn each op ’e âld man mei syn wyt hier. Foppe-om sei neat en hy ek net, ien amerij hâldden se inoar yn ’t fesier.... do joech Foppe-om him wer ôf, de Piip oer, nei Falentijn’s ta, gyng troch ’t foarhús, oer ’e plaets en nei de weverij. Der stie ’t hinter troch twinter, it like wol, as scoe hjir wer de wolle fen in hiele provinsje to plak moatte. Yn in ynsprongkje fen ’e lange tsjustere gong stie Falentijn op in âld stoel en rôp en telde mar wer oan, de hiele moarn al en mei greate gjalpen streame de stream fen wolle ta ’t hûs yn, biret en onbiret. It roek ’r fet en krûdrich en topkes wolle waeiden yn ’e foarein op en hingen yn ’t túntsje oan ’e roazebeammen. De fammen yn ’e spinnerij songen al wer fen „Sinte Severius, det ’s ús patroan,” hwent wie ’t hast gjin 23 October, syn nammedei? Boppe alles út klonk it doffe, ienlûdige geklos fen ’e weversspoellen, hûnderten, dy-t as skuitsjes skearden troch de stiif spande skearings. It wie de sang fen it libbene, jaende, fleur bringende wirk.

Foppe-om kaem der stadichwei oan en gyng do Falentijn foarby, wylt ’r him stiif oanseach. Do bigriep dy, like goed as Ulrich it bigrepen hie, Ripperda wie oer ’e grins yn feilichheit.—

Nou gyng Foppe-om stadich by ’t bolwirk op. Do-t ’r der wie, fielde ’r yn ’e bûs. It rissele der noch.... do glimke ’r op syn egenaerdige menear, de fine lytse mûle hwette spotsk, en sette de stap derûnder, steechjes en strietsjes troch. Sims roan ’r itselde paed werom, om den ynienen in frjemd krûpyn yn to swaeijen en wei to wirden efter in âld hûs ef in hok, der min in barchje gnoarjen hearde. It wie hjir de efterkant fen ’e stêd, smoarch, sutrich en earmmoedich. De huzen stiene troch inoar, as wierne se út in doaze fen berneboartersgûd hjir sa delsaeid.... sims sprong de bochtige lynje fen dy âlde gevels in foet trije tobek.... min seach in hoekje grien, in blikje, in hinnehok en derefter de greate sted mei hjar toerren en hege huzen, hjar geskrip en geskreau.

En oan ’e oare kant, oer ’e stedsgreft it moaije, soune hjerstlibben fen it fjild en der spande him in himel oer, sa blau, sa klear, as wie ’t yette simmer. En Wynmoanne wie ’t, de 16e fen Wynmoanne.

Foppe-om bleau ynienen stean, loerde tomûk alle kanten út en wie do mei ien stap binnedoar, yn ’t great foarhús fen in âld hûs.

„Bin ’k hjir by Pytsjemoi?” sei ’r hiel sunich. „Pytsje!” rôp ’r do hwet lûder en rattele efkes mei de klink.

„Kom mar harren,” waerde der andere, de keamersdoar gyng op en in âld wyfke, in greate kaei yn ’e iene en ’t ierdappelskyldersmeske noch yn ’e oare hân, sei koartwei: „It wird, húsman?”

„Goudtsjeblom,” andere dy optslach.

„Och, ús mefrou wachtet al sa ’n skoft!” en ’t âld minske slofte foar him út, de tsjustere gong lâns troch in leech bûthús en do kamen se efterhûs op ’t hiem. It wie ien fen dy lytse boerkerijkes, dy-t min in hopen fine koe binnen de mûrren fen ’e sted. Foppe-om hie de stallen teld, acht koene der stean en ien hynsder, mar ’t wie allegear sa binypt en lyts en tsjuster.... dy-t de romte wend wie, scoe hjir omkomme moatte yn sa ’n krûpyn. Mar de groun wie hjir djûr en ’t koumelkers-affearen smiet skoan op. Ornaris boerken se hjar ryk, waerd der wol fen sei.

Hja kamen nou foar in hege túnmûrre mei in skerpe ôffreding fen stikken flessen en glês der op. Hy seach al hwet skean, de jonker hie him alles oars sa goed bitsjut, ho-t hy by heites komme koe, sûnder det de patriotten der erch yn hiene, mar fen sa ’n mûrre hie ’r net praet. Syn swijgsume paedwiister rearde hwet takkebosken en âlde planken oan kant en draeide do in doarke fen ’t slot, det der efter biskûl siet en det wie sa lyts, det Foppe-om koe him der amperoan trochwine. Do stie hy yn ’t greate tún fen Ripperda’s, der hy alle beammen al fen koe, sá hie de jonker der fen sitten to fortellen. Wie ’t net it âldershûs? it tún fen syn jonkheit? Nou syn foetten de paden net mear lâns gean koene, biweefde in tear, sêft forlangst it as mei heimige hearlikheit yn syn binnenst en forknotte it mei de moaijste tiid fen syn libben.

Hwet wierne dy âldeljue op ’t snjit! Einliks tynge.... Ryklef soun! frij! yn feilige haven! Dy lange brief, sierlik steld yn ’t Frânsk, yn ’e kleurige styl fen in waerm, kinstsinnich minske as Ryklef Ripperda wie, wol fjuchtersbaes, foaroanman earst, mar likegoed ek mei in iepen each for alle moaijs fen ’e wrâld, noch sá jong yn syn eagen fen seis en tweintich jier—ja dy lange brief wie hjar as in frisse lafenisse nei in waerme binaude dei.

Mefrou Ripperda aeide efkes stil-wei oer ’t pompier, eart se bigoan to lêzen fen ho-t syn reis west hie dy nachts en ho-t Foppe-om him let en set hie tsjien dagen lang, deis op ’e kousouder en jouns, o! as de skimer kaem en hy troch ’t lyts finsterke de sinne sinken seach yn ’e mar! ho-t hy den by de ljerre delkaem en by Foppe-om syn hird siet. It folk wie foart, gefaer wie der net en Poai, de húshâldster, Foppe-om sa tagedien, det dy scoe neat forklappe. Hwent it hie Foppe-om syn deafonnis beteikene. Ripperda stie op ’e list.... dy-t him dos biharbarge, krige de kûgel.

En hja lies fierder, de âlde eagen hiel ticht op it stevige pompier.... ho-t det tsjien dagen oanhâlden hie, tsjien lange dagen fen eangstme en freze, it libben sa to sizzen oan in fyn siden triedtsje en ho-t do op in joune let, einliks yn ’e foarnacht al, Foppe-om en hy de iensume paden lâns knoffele wierne nei ’t Bouwekleaster ta, nei Wolmoet en dy’s. It wie der sa ’n wrâldforgetten hoekje, hjir foun him nimmen en hwa scoe den ek noch sa ’n hege riddersman sykje yn ’t hûs fen twa frouljue?

Hjir dijde it egentlike plan ta died. Hja hiene der gignút fen heard, de hearrewei fen Ljouwert nei Grins, der roanen gâns oandragers op om, allinne om ’e preemje to krijen, steld op syn holle, dy oproerkraeijer sines, dy-t as ritmaster fen eren Syn Doorluchtigheits lyfregiment Oranje-Fryslân nou de hoarnen yn ’e wâl stekke doarst hie en syn soldaten oansette om ek nea trou to swarren oan it nije gesach. De poartwachters to Grins krigen nije oarders en in pong mei goud yn ’t útsicht, as se dy goocheme fûgel yn ’e knip krigen. To Delfsyl, der wie gjin sprake fen, in boat to krijen nei Emden ta, it lân fen ’e frijheit, der Ripperda hinne woe, om den syn tsjinsten oanbiede to kinnen oan ’e kening fen Prusen.

It ware him nou ynienen hielendal net mear yn ’e kaert, alles roan wan en hy waerde der al hwet mismoedich ûnder, do kaem Foppe mei twa helpen opdaegjen, in nij plan waerde opset en dizze brief biwiisde it.... det slagge.

Syn lange krollen, mem koe se, skreau ’r bizich, sneuvelen ûnder Lysbeth hjar skjirre, hy waerde sa keal skeard as in jeneveroaljekoop en do moast ’r syn antlit ynsmarre mei it ôfseane wetter fen nutebeamsbledden.

„En de hânnen foaral,” sei Lysbeth, „dy wite hearehânnen moasten him foaral en bilieven de dea net dwaen,” en ’t hipte nou nau. Allegear stiene se der om hinne yn ’t âld binhús fen ’e boerkerij yn ’t Bouwekleaster, Foppe-om en Lysbeth en Ulrich, de jeneveroaljekoop, dy-t it earst mei ’t útstel for ’t ljocht kaem wie en Bindert Japiks, de bûrman en Wolmoet, dy-t it einliks wol hwet moide, det hjar gast fen trije dagen nou sa ynienen fen in hege hear him forminderesearje moast yn in earme omrinder en yn in hoekje by de skerm, Anders, Anders fen Twizel. De sucht nei aventúr waerde wer wekker yn him.... hy diich gjin lichten, hy woe mei de jonker en bringe him oer de Eems. Foppe-om abbeleare der wakker tsjin fensels, mar hy twong en flaeide en eamele sa lang, det hy rette it en krige syn mem ek noch sa fier, det dy joech ’t tawird ek.

Hy hie in âld fioele en koe ek mei de fluit omgean en ’e triangel en as sa ’n ien reisge yn ’t selskip fen in jeneveroaljekoop, peare det net sa min. Reisbere ljue allebeide, dy-t hjar gewin fen ’e streek ha moasten. De jonker paste Ulrich syn klean.... en do-t hy de lange pelgrimsmantel om hie, de greate hoed op, dy-t hast it hiele gielbrune antlit yn ’t skaed sette, de hege learzen oan en ’t masterkistje mei medicamenten oan ’t seel oer ’t skouder, moast it al in bitûften loaitser wêze, dy-t yn dizze goe-man in hege hear formoede.

Yn skimermoarn bigoan de reis. Foppe-om gyng earst noch foar yn ’t gebet.... it moed wie him fol waen, skreau Ripperda, do-t der yn det frjemde hûs troch dy man, dy-t him frjemd wie, mar allinne forboun troch ien ljeafde, dy for Oranje, sa innich smeke waerd om him in ginstige reize to jaen en in bihâldene thúskomst by syn folkes. Swalkjende wei gyngen se do oer ’e greate heiden, de hearrewegen mijende en de doarpen en oersetten en nei in biswierlike reis fen fiif dagen stiene se twarissum foar ’t wetter, tichte oan ’e Eastergrins, to Oterdum.

’t Geswalk yn rein en wyn, de lange dagen, it sliepen nachts yn in blokje hea ef yn in âld hok, hie hjar ’t loaije fet wol fen ’e bonken jage.... hja wierne nou in pear echte, earme landlopers. Hja loeken de milriem al ris oan, mar de mage liet it hol-rotteljen net en omt se de doarpen skou wierne, moasten se it ornaris fen jowne jeften ha en det soppe ek al net sa rûm, hwent de Frânske bilêstings ûnderhâlden der de ljue ek al as de tredde-deis koarts en hja doarsten ek net to folle to keapjen, bang, de folle pong koe hjar ris forriede.

Hja hâldden der sahwet de hiele dei ta, gnúvden alles nei en wierne al gaueftich wys waen, det der wenne yn in forfallich húske yn ’e dyksherne sa’n âld sérobbe, Luitjen Klaes hiet ’r, dy-t it net folle skille koe, ho-t ’r oan jild kaem, as hy ’t mar krige. De joune stieken se ’r op los en in ûre letter, wylst de wyn oanboaze ta in Súd-Westerstoarm en der koppen stiene op ’e Eems fen komsa, dobberen se op it frije wetter en kamen de oare deis wolbihâlden to Emden. Derfendinne gyng ’r mei de postwein oer Aurich en Bremen nei Hamburg en nou scoe de earste tynge, dy-t se wer krigen, wol wêze út Potsdam.

Sa wie de ein fen syn brief en Foppe-om fortelde fierder, Anders hie dit great brief fen ’e jonker noch meikrige, liet him oersette nei Delfsyl ta en spile do ûnderweis op hûs ta alle jonge fammen ta de huzen út. Hy mijde nou de doarpen net en roan gâns duiten op en dûbbelstûren en sims wol fijfjes. En ’e lêste deis fen Grins nei hûs hierde ’r in plak yn ’e postwein en sa kaem ’r wer thús en diselde joune hiene se trijersum, Wibe Lubberts en Anders en hy in glêskefol mé dronken op ’e bihâlden reize fen ’e jonker.

Mefrou Ripperda siet noch mei ’t brief yn ’e hân, yn wûnderlike birêsting wie hjar herte stil. Alle skieding is ommers mar de ôfskading fen in oare, greatere skieding en ho inniger it ien-wêzen, namsto smertliker it hinnegean. Nou socht hjar jongste syn libbenspaed, strak ansens scoe ’r him foegje by de fijannen fen ’e Frânsken en hja scoe him yn lang net weromsjen, yn lang net en as ’r den weromkaem, scoe se nei him útsitte to sjen hjir foar itselde finster, der se nou syn brief lies, de brief fen hjar ljeafste bern.

Ja nou! al yn ’e smerte fen ’e skieding wie de hope ek al wer berne! Hy libbe! wie frij! wie jong!—

Hwet waerde Foppe-om der dy deis let en set! Hy hie ’t der as in prins! en diselde middeis kuiere ’r wer op hûs ta, in moaije silveren snufdoaze riker, dy joegen se him as in forearinge for syn bystân en Wolmoet krige in sierlike sulveren knipper en der in kralene tas oan.

En Anders en Ulrich? Dy rattelen for ’t earst yn hjar libben de dûkaten[5] ris yn ’e bûs.—

[5] In dukaet: f 5.—.