V.
De sinne broeide waerm op ’e hokken hjouwer. De stoppel roek en sulvrich skitteren de wjukken fen ’e flechten houtdouwen, dy-t der op delsaeiden. Neisimmer wie ’t, de ierde, de faek bigearde en ryk jaende, gyng stil de winteriensumheit tomjitte, mêd fen jaen en bloei.
Wibe Lubberts hearde it jounlieden fen ’e Optwizeler klok.... hy stiek de lêste skeaven op ’e foarke en loeide se op ’e wein. It waerde in heal-foerke.... it lêste. In goed biskot joech syn lân en it waer wie moai, mar dochs, Oranjeman as ’r wie, hy hie syn moed net. Tsjin nimmen doarst ’r it uterje, hwet him biswierde, hwent skûlen der oeral gjin útkloarkers en oandragers? en dy-t de Oranjenamme nou mar mear neame doarst, waerde heal-dea gisele.[1]
[1] In spylman, dy-t to Idsegahúzen it „Wilhelmus” yette spylje doarst, kaem mei giseling frij, mar de feinten, dy-t der op dânse hiene, krigen elkmis fiif jier twangarbeidzjen yn ’t Rasphus = tichthús. Lytse bern, dy-t krânskes flochten hiene fen goudtsjeblommen, setten se op wetter en brea en by in genjirker, dy-t prinsessebeantsjes to keap hie foar ’t finster, smieten se de ruten yn.
’t Is wier, hy wenne der net sa djûr, mar de lêsten wierne sa heech en somtiden kamen hiele swarmen earme úthongere soldaten del út de greate steden en bisochten, om wer sêd to wirden by ’t lânfolk. Det hjitte den ynketiering en wie in slimme bisiking.
De wein krêke de moudige Wedze lâns en roerde de swiere elzebeamswallen. In klyster fleach op út in koetsebeam, in wikel sette him nei.
Yn ’e fierte hearde ’r de hoarn fen ’e postilion, de postwein fen Grins op Ljouwert wie yn oantocht, fol reisbere ljue, hege hearen en frouwen en hy jage it hynsder oan, om him foarbyriden to sjen. Hy kaem mar ienris deis troch en den wie ’t fensels noch de tref, om him to sjen. Der kaem ’r oanskommeljen yn in wolken fen stof, seis grouwe poepen der foar, dy hiene der noch in hys oan en fol, fol as in aei. Allegear frjemde gesichten, brunich en útlânsk en twa heechbiladene byweinen kûrrelen him efternei, yn ’t selde sânnige spoar lâns. En strak ansens scoe de hiele karafaen hâldde by de Benthem, de greate harbarge oan ’e Harstewei yn ’e Koaten en der ieten se den hjar meiname broggen op en de hospes tape ’r it bêste Grinzer bier by.
De bern hâlden op fen boartsjen en stiene op ’t foetpaed, toside fen ’e hearrewei en seagen skerp ta, as der ek in hân ta ’t portier útkomme scoe en saeije in pear duiten oer ’e wei.
Der....! Wibe Lubberts glimke, wol tweintich hântsjes klauwden yn ’e moude.... it reinde duiten, der siet grif in rynsken jower yn dy wein.
Hy krige nou syn wein by ’t tiksel en stjûrde by de Wedzetrijesprong de Twizeler kant út, de kreammen en dissen foarby en ’t Jan Klassenspul. ’t Scoe moarn kattekneppeljen wêze, in hiel feest. Der kaem ’t folk altyd noch op tasetten as âld roeken, for de Optwizelers wie ’t in like great feest as for de Ljouwters ’t giseljen. Nou, det barde tsjinwirdich noch al ris, langlêsten twa op ien dei. Dy hiene ’t yn ’e kop krige en roppe „Oranje boven!” op ljochtskjindei en sûnder, det se de jeneverstoker sines preauwn hiene en de iene hie boppedien goudtsjeblommen hawn foar op ’e pet.
Nou, ’t wie hjar yndroege en net maklik ek: Foppe-om hie ’t sjoen.... hy wie ’r noch dagen fen út ’e liken en spoan sa raer op, do-t hy it lêsten jouns by Eadske en dy’s fortelde, det Wibe hie him warskôgje moatten en sizze net tofolle, opljeppene, rjuchtute Foppe-om, sa oan Oranje forkleefd, det min foun syn gelikens hast net. En de joune let roan hy in ein mei, de stille Twizeler sânwei út en de Opper-Koaten troch en hiene se it hert foar inoar bleat lei.
Hûndert millioen goune skatting moast opbrocht wirde en 25.000 soldaten ûnderhâlden op kosten fen ’e boargers.... de lêste duit waerde de minsken út de pong luze. En hja kamen mar mei ynkertieringpompieren by de foardoarren en nusselen hjar yn ’e pronkkeamer en sochten de hinnematten ôf om fette jonge hoannen en slachten de lammen yn ’t lân. En wea! de húsman, dy-t in mûle opdych! Den hellen se tsjien oaren, ondogenser as hja sels en tojagen syn hjouwer en forneilen syn hynsders en slachten him de bêste keallen en dreauwne syn inters nei ’t Ljouwter wykmerk. En biklage ’r him.... ’t wie nul op ’t rekest fensels! Moasten de bifrijers fen ’t heitelân nin iten ha, nin lean! Mei wille hie min se ommers ynhelle.... Frânsk wie ommers de foarsje, Frânsk moast min leauwe, Frânsk moast min prate en nou ’t dy heilsteat ’r wie, hearde min ’t ek to wardearjen!
Bidrukt en min to moed wierne hja elts wer syn wegen gien en yn in skoft hearde ’r neat mear fen syn âld frjeon. Sims siet ’r wol yn noed om him.... Foppe Lieûwes, wist ’r wol, stie op ’e swarte list fen ’e fijannen fen it heech-eare gesach, lei oan ’e sintinsje, om by it lytste wissewasje oppakt to wirden as in foarbyld for ’e hiele Iestrumer en Eastemarder krite, rjuchtsinnich en Oranjeëftich as ’t hast net slimmer koe. En nou ’t dizzer dagen de earste ynketiering kaem wie by al de geseten ljue, de earste slompe jild fen de skatting opfoardere waerde, nou kaem de kniper op ’e skine. It waerd tinken.
Hy liet it hynsder breed úthelje en jage do mei in swaei ta de skûrre yn. Dy stie mei de efterein nei de wei ta.... it moaije jounljocht glimke yn ’e tsjustere fekken op. ’t Lêste gol rekke fol tojoune, ’t lân joech in goed biskot fen ’t jier. En hy hie ’t lân ek net to djûr yn hier, fiif goune de pounsmiet.
Mar o! dy lêsten, dy doarpslêsten, dy floreenlêsten, det smoarge reëel! Fen ’e goune wer alve stûren[2] útjaen to moatten, allinne oan lêsten, det roaide wâl noch kant. Det scoe de maetskippij grif de deastek jaen!
[2] Historysk.
De merje wrinske—hja hearde hjar kammeraet en moi hastich strûpte ’r hjar de sylbeage út en brocht se ek nei ’t kampke, der se hjar rôlle, det it hwet diich en do wer stadich op him takaem en tier yn ’t bultsje ofmeand gêrs om bigoan to siikjen en to iten.
Hy stie der in set stil nei to sjen.... de Saterdeijoune wie ek sa stil en sa moai, krekt as naem in wûnderlike frede alle soargen en biswieren út minskeherten wei. Tinne goudene wolkjes dreauwne de loft lâns, swellen saeiden heech út ’e fierte del ta de skûrredoar yn en op Jan Hindriks syn skûrre stie de earrebarre to klepperjen en de iene nei de oare kamen de trije jongen út ’e mieden weifleanen, it krop fol en de wite wjukken loai yn ’e fallende jounwyn.
In ruter draefde de hearrewei lâns, hast net to hearren yn ’t molle sân, in hearsfeint mei pak en sak deun efter him oan. Eadske stie by de wei, ’t permotten jak oan en der de kleurige, bûnte doek mei in streekje ta ’n út. Hy wist wol, hja hie ’t joun net rûm, sieten der gjin trije frânske snúshanen by hjar om ’e hird en putsken mar bêst Grinzer bier en ieten as slatters?
Krekt kaem de bakker der oan, de blauwe breasek op ’e rêch en in greate koer mei kliengûd yn ’e earm. Twiebak brocht ’r, grouweiten bôle en in krintebôle, in fearigen ien. Fensels for de praters moarn.
Hy wist der alles fen, krige ’r moarn sels ek gjin jimmetiters en stie ’r al net in greate petylje klear mei skiepfleis en in panne mei stoofde parren, swiette mei sûker en pypkeniel? Wolmoet scoe ommers komme mei Lysbeth! ’t Wie wol uterlike femylje, mar hja hâldden altyd tige de frjeonskip oan en Feanster marke wie hy mei Foppe-om altyd by hjarres to gast. En Wolmoet wie nou great, in moai faem, tocht Wibe Lubberts, gjin Twizeler fanke koe ’t hjar hâlde, selst Eadske Pytsje net, dy mei hjar swart hier en blank fel.
Yn ’e stúdzje wei gyng r by de hage lâns en sa nei de hutte ta. Syn wiif stie to pankoekbakken, de bern boarten yn ’t skaed fen ’e flear by ’t bjinhout doekje-by-lizze en d’âld houn siet der by to wiis sjen. In pysjon dripte fen ’e beam! det wie in hael, de bern fleagen der op ta as d’âld boarre op de brij.
Lubbert sloech ’r yn.... hy wie de sterkste en hy hie him. „Kom ris harren”, wonk Wibe Lubberts strang.
En Lubbert kaem. De sisterkes stiene fen fjirrens en seagen skean nei heite hânnen. Mar dy bleauwne yn ’e broeksbûsen.
„Moarn net de wei út”, wie ’t fonnis. Do moarte Lubbert folle lûder as det ’r omseame waerde en gyng einliks op ’e koelbak sitten to stúmjen.—
De dei fen it feest is kaem. De dauwe krale noch op ’e bledden, de moarndize weve noch oer ’e finnen, do hiene de bern de pronk al oan en stapten mei hjar sitsene jakjes en greinene rokjes de wei út ef sieten op ’e hikken en fredings to útsjen.
O de wei wie oars en de sinne skynde oars! greate, lûdroftige blidens hinge yn ’e loft! Der kaem de hounekarre fen de man fen ’e lange lapen oanriden en hy waerd mei jubel ynhelle, der kamen se mei ’t gûd for de oaljekoekskream út ’t skip en hja stiene der yn stille forwachting omhinne en loerden mei speurderseagen nei ’t meitsjen fen ’t bislach.
En einliks, einliks bigoan it folk to riden. Hoarnseweintsjes fol en hja sloegen út by de harbargen yn ’e bûrren en kuieren nei de ljue, der se to gast wêze scoene, de frouljue swierich en breed, hwette bûnt, wie readbûnt sits net de foarsje! de manljue smel en stemmich yn ’t lekkens kammesoal, inkelden al mei de jas oer ’e earm en de tûmmen by de earmsgatten fen ’t fesje yn. De wei wie fol fortier.... lietsjesjongers bigoanen hjar dreunen op to heljen, âlde Linse mei de rommelpot gyng om, it wiif mei de tromp mei sûkerslakken trije tred efter him oan en yn in gloppe twisken de huzen dobbelen se al om fijfjes en fochten de earste rûzje út. En oan twa stevige peallen, oan in sterk tou, spand oer ’e wei, hinge de tonne, der de kat út kneppele wirde scoe. Mar hy wie der noch net yn, sei Theunis, hy siet noch yn ’e skûrre. En Theunis wist it, heit hie him sels stellen fen Hanenboarch. Mar det sei ’r net, fensels.
Wibe Grytsje seach al ris út nei de praters, ’t Roan nei tsjienen. Ja, der kaem al in faeitonne de brede hearrewei delsetten, de giele tsjellen kleuren wol sa fel yn ’e skadige fierte. It gyng moi hird, twa hynsders derfoar en al gaueftich seach se Wolmoet hjar kopke neist Lysbeth hjarres en âlde Wobbe foaryn. De sidene linten fen syn broek waeiden yn ’e moarnskoelte, de sulveren knopen fen syn baeitsje glimden der oer en hy siet derfoar as in âld soldaet, dy-t in keningsdochter rydt.
En de middeis stie de wei swart. Foaroan yn ’e bûrren by de tonne, it brânpunt, de bern mei de noas der op, bang en nijsgjirrich fen beiden. Yn hiele kloften kaem it folk delsetten op de Wedzebûrren ta en den einliks de pret sels, de kat yn ’e tonne. Der hokke alles gear, hwet durf hie, om in gleone kat, dy-t út in tonne fleach, dy-t stikken kneppele wie, to fangen. En dy moed liichde der net om.
For in dûbbelstûr sloech min de tonne en by tiden klapten se er op oan trije kanten. Einliks en to ’n lêsten kaem ien fen Beine Harms jonges, sa ’n greaten, loaijen slinger en dy diich me der in houw, det de boom fleach út de tonne en ’e kat oer ’e wei en stoude razen de Wedze-kant út, alle folk der maltjirgjend efteroan. Hwa ’t him nou fong, det wie de man. Dy lei de dei gjin wynaeijen.
Ald Janom kaem der stadich oantraepjen, in nuzje foeken oer ’t skouder, hwette toside op ’e wei. Roan der simtiden gjin bigangel yn ’e midden? hy moete se ljeaver net, hwent den moast ’r de lêste folgje en sjen, hwer se hinne gyngen.... hy wie berne mei in helm.
Ald Janom skerpe nou syn harsens op, myn goede guant! hwet gyng ’t der oan wei! Patriotten en prinsljue slaende deilis? Goed patriot as ’r wie—droech ’r net altyd reade streekhoazzen en dronk ’r net altyd út in blau reauke?—winske ’r op ’t selde stuit alle prinsljue troch ’t hinnipen finster[3] sjen to litten, mar dochs waerden syn eagen roun fen skrik, do-t ’r foar him op ’e wei de razene kat oankommen seach, lyk op him yn en der al it baltende, laeitsjende en skreauwende folk efter oan yn in wolken fen stof.
[3] De galge.
Hy pielde ek mei bijkjen, wie dos net sa gau forfeard for in prip ef in klau en koart biredt, smiet ’r de kat it hiele bosk foeken foar de foetten. Dy rekke ’r yn fortiisd en siet.... Hânsum in âld bûsdoek om de rjuchterhân, de kat by ’t nekfel, âld Janom wie fiif trije-gounen riker en trêdde stadich nei de karmasters ta, ek gjin stap hirder, al ho-t de kat ek moardte en oangyng.
It folk hantsjeklapte om ’t hirdst, mar do-t der ien bigoan to roppen fen Patriot! patriot! wie ynienen de kaert forjown. Knyften kamen út ’e ské en de jassen út en yn in omsjoch stiene der twa partijen tsjin inoar oer, it grou sa op inoar, det hja koene der bêst ta komme en stekke inoar dea. De frouljue stouden fen ruten, de lietsjesjongers waerden stil, de kat socht in hinnekommen yn in hege beam en siet der to blazen en to fûl-sjen.
En do sloegen se der yn, om mâllens. Ald Janom hie al gau sa ’n trewinkel, det dy joech him skytskoarjend ôf en Harm Beins joegen se in sneed oer ’t ear, it hinge der suver by. Japik snider en Klaes Stok tokerfden se suver de hiele kop, it bloed sipele hjar by strieltsjes yn ’e hals út, mar twa fûle mirden wierne ’t, hja joegen gjin krimp en skreauwden mar fen „Oranje boven”.
Der riisde great en strang eksteur mei syn assistinten út it skaed fen ’e wei en do wie ’t fen naei-út. Hja fleagen oer ’e hage en troch de sleatten, ien wie yn in omsjoch by Nanne Binderts boppe op ’t hea en eksteur, âld, krebintich man, gnúvde al wakker om him hinne, mar markbite al ringen, hy kaem in tel mennich to let. It saekje wie krekt biredt, de baeifangers útpykt. Hy seach de stirt fen in lang kammisoal noch krekt skeanoer de lânnen wippen, like det Wibe Lubberts net? dy Oranje smycht? en de hokken hjouwer foar him út forweegden sims al sa onnatuerlik. Mar syn wiif wie de marke op en hy hie in pear fles wyn yn in bultsje kaf, det gûd koe hjoed mei de waermte ek wol net ris better wirde....
En eksteur sette de hoarnen brul hwet leger en skreau op in hikkestirt in „rapport” en de assistinten teikenen graech for in fijfje alles, hwet eksteur dy deis sjoen miende to hawwen.
De dei wie sa moai en de sinne sa hjit, scoe min net miene kinne, noch yn midsimmer to wêzen? Nou kaem de joun, fol tear ljocht en lei in ljochte, goudene skimer oer ’e hege popelbeam by de sleat.... de drokke lûden fen ’e dei joegen hjar njonkenlytsen nei gefluster en stiltme. De dauwe bigoan stadich út ’e sleatten to tinen en ’e beamspintsjes waerden warber en hingen to weven twisken de fine bledtsjes fen ’e palmbeamkes yn ’t naentsjetún. Oan ’e kumbeammen glimke hjir en der in readwangkje apel, de hege ligusterhage wie fol fen fûgelgetsjotter en sa út en troch kreauwden se yn inoar om as in kloftke útlittene bern by Geale skoenmakkers foardoar.
In hiele kloft moai opdiene frouljue stie by Eadske ’s by ’t bjinstap to praten. Ho scoe ’t tojoune komme? tape de hospes wol nei de reboelje fen tomiddei? Hy hie al sei, hy scoe twa Westereintsjers hiere en dy-t him to ûnderstean doarste en jowe ek mar lûd, dy smieten se fjouwerkant ta de doarren út en fenwegen de minne tiden en de noed om ’t gûd, det joun stikken reitsje koe, gyng ’r hinne en sette it mingelen brandewyn en ’t healfearntsje in dûbbelstûr en in stoater heger en spikere planken foar de finsters. Wie ’t nin griis! in frjemd ynkomling moast suver miene, it wie hjir in moardhoale, sei Eadske en tocht om Anders. Dy woe de wrâld sims yn, om nijs to bilibjen, nou hjir bilibben se ek wol hwet nijs en net folle moaijs en ’t âld minske tochte om ’e trije Frânsken, dy-t hja jisterjoun ynkertierd krige hie en dy-t nou de bûrren ynstitsen wierne to pleats-bisjen.
Wolmoet en Eadske Pytsje sieten togearre op ’e koelbak en mûskoppen, det it hwet diich. Lit fjuchtsje, hwet woe, hja krigen de wyldsten wol njúd en elts foar oar formakke him yn tinsen al mei de wille fen joun. Hja ontroanen inoar net folle, Eadske Pytsje wie allinne hwet omtleiner, hwet foarser, Wolmoet de lytste kant neist, wie fynbonkeriger en fleisiger, mear nei Wytse Jans folk útskaeid. Mar allebeide hiene se as greatste toai hjar jeugd. Dy joech hjar eagen de lokjende skittering en hjar wangkjes it fynste blijread, sa ’s hja it fynder noait earne op mjillet en kleure mei poarperen gloede de bocht fen ’e frisse mûltsjes en mei tearblau de ierkes oan ’e sliepen, heal biditsen fen ’e fine kantylje goudene earizerknoppen.
Pytsje wie wakker op ’e tekst fen hjar Ljouwter reis, lêsten Saterdei’s. Hwet wie ’t in ein to gean! en hja hiene pleistere yn Hirdegeryp, der hie Wibe Lubberts in nift ta sines to wenjen, dy wie der trouwd oan ’e skoallemaster en hounegiseler Jan fen Tijum. Mar do dy âld prikkewei troch de Tyttsjerkster poellen! hja hie der noch blierren fen ûnder ’e foetten.
By minhear Falentijn ’s hiene se iten, jonge petrizen en stoofde parren en tusearten en brette hansfotsjes en Bet hie mei hjar it bolwirk om west en de Nijestêd op, der wierne trije winkels, dy hiene in glêzene útstalkast, der lei yn to bisjen, hwet se to keap hiene. En de middeis wierne se útforsocht by minheare Ripperda en der krigene se brieven mei for Bindert Japiks, master Marten Joukes en Foppe-om en hiele greaten for ’t bûtelân, dy stoppe se twisken it foer fen hjar rokken yn, der hie nimmen der erch yn, hwent Wibe Lubberts sels koene se al as in Oranjeman, hy doarst gjin skrifturen mear oerbringe. En nou wierne se al yn ’t Bouwekleaster en Driesum ef reisgen al mei Ulrich, de jeneveroaljekoop nei ’t poepelân en der krige de jonge minhear Ripperda se, dy focht tsjin de Frânsken, hie mefrou Ripperda sei.
En om ienen hinne, gyngen se nei ’t fearskip ta, det lei oan ’t Súdfliet en der foeren se mei nei hûs, de man in dûbbeltsje en den hiene se de kofje ta. Mem hie in bêste triûwetsiis bisoargje litten en in mingelen skiepmôlke en in pear woarsten, it waerde in hiel feest, dy weromreis en op Birgumerdaem moeten se in aerdige feint, dy hie sei, hy gyng joun ek marke op en woe mei hjar.
En Eadske Pytsje hie forlangst, al wist se it sels noch net. Wolmoet harke swijchsum, mei de hânnen yn ’e skirte en ’e greate, moaije blauwe eagen yn stille mimer. Hja wist net, ho-t it wie hjoed, en bikende ’t hjar sels mei fammige skrutenens, hja scoe ek wol wolle en sjogge tojoune immen, dy-t mei hjar gean scoe de stille Hamster wei lâns nei hûs ta. En wer foartgean.... faken komme en foartgean, faken.... en den ienkear, ienkear komme en foargoed to hjarres bliûwe as hjar man.
En ynienen tocht se om jonker Ripperda.... en ho-t it do to hjarres west hie dy dei ef hwet. It wie itselde âld hûs noch en itselde hôf, de loft, de sinne! alles noch krektlyk as altyd en dochs.... hja seach it mei oare eagen nou, dy-t de moaijens fen in heldere ljocht-moanne-joun bigriepen en de keinens fen in útkame blom.... Der slûpte mei him hwet frjemds yn ’e hûs, hwet nijs, hwet hearliks en hja wist, hja hie nóch stilder west, noch skrutener as ornaris. En as se den jouns om ’e hird hinne sieten, der al in lyts hjerstfjurke barnde ta eare fen ’e hege gast, en hja somwilen s kant útseagen, bigoan se der ek for ’t earst yn hjar libben weet fen to krijen, hokker sterke fielings ien loaits to wekker roppe kin. En sedich hie se de eagen foardel slein....
En de joune foardet ’r reisgje scoe, o ho wist se it noch! hiene se in amerij togearre west yn ’t binhûs. Syn ranseltsje lei tichtstrûpt, de pistollen blonken op ’e klaptafel, in greate ikene stôk lei der by. Ho griisde it hjar allegear oan! Hjar herte waerde sa weak fen meilijen, det de triennen kamen hjar yn ’e eagen. Hy hie it grif sjoen, hwent hy kaem stadich op hjar ta en krige hjar beide hânnen beet.
Do moast hja wol nei him opsjen en hwa koe ’t helpe, de triennen, dy domme triennen, wierne hjar oer de wangen rôlle.
„Is det om my?” hie ’r hiel sêft sei.... „Der is Ien, dy-t my dit swiere paed maklik meitsje kin, Wolmoet. Dy scil my net forlitte. En myn earm, lyts lân yn noed likemin. Tinkst ris om my?” en do hiene syn lippen efkes hjar foarholle roerd, krekt as woe ’r der de frjeonskip mei bisegelje.
O! en dit forgeat se noait wer! It wie de earste feint, dy-t hjar oanroerde, it wie in pea fen wijinge, nou-t se it jongfammelibben yngyng mei al syn fleur en tier. Hy frege neat werom.... stadich liet ’r hjar hânnen los.... do gyng ’r by hjar wei, stil troch ’t foarhús en bûtedoar. Hja hearde him by de hússide lâns hinne en wer kuierjen. Gefaer wie der net, de joun wie tsjuster en winich.
Yn it boek fen hjar ljeafste oantinkings biskreau Ryklef Ripperda sa it earste bled.—
It wie suver noch waerm op ’e joun. In bolle, sêfte wyn waeide en oan ’e lofteinder kroesden hwet wite, tinne wolkjes. De sinne sakke ljocht en klear en ’e lytse rútsjes fen ’e Op-Twizeler huzen laken blier yn ’t jounljocht. In tropke protters kwéle hjerstich yn ’e platsnoeide linebeam foar Sije Jans syn weardshûs, mar do-t de fioele bigoan to jeuzeljen en ’e fluite en de triängel der middenmank, joegen se hjar fen ruten. Sa roerich koene hja de stille bûrren net.
De âldere minsken kamen bûtedoar en hokken by inoar op in stoepbanke to praten oer ’e nijtsjes fen ’e dei en it jongfolk stapte hjar kwierich en alhiel út ’e leage wosken, foarby to feestfieren. De tiiden wierne oars fierst to min, miende âlde Ant, ’t wie better, hja bisparren in dûbbelstûr for ’e kwea dei. Mar in âld bysfeint giisgobbe en dy sei, it heuchde him noch, ho-t Ant yn ’t bûnt sits ek wol ris keamer op west hie en ienkear selst de soal fen hjar skoech tróchdânse hie. En Ant seach spûnsk en hjitte it him ligen en hiel slim ek. En sa siet det der op inoar om to hottefyljen en yn ’t hier to hingjen, krekt sa lang, do kipe âlde Sjoerd om ’e hoeke en brocht hjar in stove en in kruk. Hwent âlde Ant dânse nou al sont lange jierren net mear.
Nou is der libben en biweging op alle Twizeler paden. De boeresoannen nimme frij en it folk hat healjoun. De fammen yn ’e stisel, risselje as popelbledden en rinne bliid en fluch de lytse krinkelpaedtsjes lâns troch de keale boulânnen, de feinten komme hwette stadiger op ’t doel ôf, de sidene petten skean op en de piipen gleon oan al kostet de toeback ek in skandaligen twa goune it poun. Hja binne allegear sa jong! en it libben! o it is ommers neat oars as ien great feest!
En Foppe-om komt ek noch del op ’e âld skimmelmerje mei ien each en neist him rydt, hiel koel en heech, hast foarnaem yn syn donkere klaeijing en it smelle, bleke antlit efkes biskade fen in great hoed, ien fen syn jonge frjeonen, Roanes Gearts, de skûtmakkerssoan fen Eastemar. ’t Is krekt, as hâldt ’r it hynsder net iens, sa licht en wis rydt ’r. Ho doar ’r, tinkt Foppe-om en sjocht tomûk ris nei syn sydkammeraet op it swarte hynsder mei it bûnte oranjestek. Ho moai kleuret it! Der is neat gjin prael en pronk oan dizze ruter, mar dochs seit syn hâlding, syn klaeijing, it sjen fen syn eagen, by him thuses is ’t gjin smeldoek, der snijt min goede broggen.
En in lytse blide skalk laket yn âld Foppe-om syn goedlike blauwe eagen.... Mar hy praet hiel earnstich oer deistige saken en hat it oer syn bijkjen en fortelt, hy hat hjoed in bêste koer útslachte en scil ek mei in trompkefol hunnich nei ’t Bouwekleaster ta. Der wennet syn nifte Wolmoet.... en jongefammen binn’ swietbekjes.
Der foroaret neat yn it koele antlit neist him.... de earnstige mûle bliûwt ticht en hy sjocht rjucht foar him út, al kurende wei. Hwer tinkt hy om?
Hja draeije det op nei Wibe Lubberts, der scill’ de hynsders yn ’t lân, en stiene efkes by Wobbe to praten, dy-t al wer ynslacht. Lysbeth en hy moatt’ ommers melkjoun thús wêze! en Wolmoet, nou, dy tinkt der net om, om nei hûs ta to gean, dy scil joun mei Eadske Pytsje en alle oare jongefammen foar de fioele, marke hâlde!
„As ’r mar feinten genôch binne!” knypeaget Wobbe heal pleagjend tsjin Wibe Lubberts. Mar dy bliûwt earnstich en sjocht stoef. Feinten genôch, planteit. Binn’ der earjisterjoune gjin tweintich Frânsken oankaem, dy-t hjir ynkertierd binne en nou yn gloednije uniformen, lange sabels op ’e side, yn ’t folk omstappe en de jongefammen frijpostich ûnder de kypsen oploere, det se fen biskamsumens de holle omdraeije en yn ’e oarre-wei sjogge. En min seit: der komme noch mear, folle mear....
Twongen scill’ se wirde, dy hirdhollige Friezen, dy Oranjekraeijers, dy-t it mei Bibel en Kening hâlde. In kening by de graesje Gods.... den spotgnyskje de Frânsken, it folk is de god, dy-t hja oanbidde. Wibe Lubberts fielt it nou yn syn eigen hert.... o ho wier is ’t, det twang de heit is fen forset! en wrokjende wei tinkt ’r om wûndere dingen.
Hy hat noch gjin ynketiering.... de ryksten komme it earst oan bar sa ’s Eelke Harms en Driûwers Piters, Sjoerd Rinzes en soksoartigen mear, by him soppet it net sa rûm, seis lytse bern en den sa ’n djûr steed yn hier[4], mar hjoed ef moarn scil de biisjager ek wol ta hjarres komme mei it hate pompier en oplêze, hwa ’t by hjar op lêst fen ’e Staet útfenhûzje scille en ’t brea út ’e mûle ite.
[4] Historysk. Wibe Lubberts kofte letter de Tsjerkepleats to Twizel it hûs mei ien stikje lân for toalvehûndert goune. It oare lân rekke as losse stikken foart oan mear as ien egener.
It wie net genôch, hûndert millioen goune as oarlochsskatting opbringe to moatten op oarder fen det smoarge Haegse fordrach fen de 26ste April 1795, né, hja moasten ek noch 25.000 Frânsken ûnderhalde en in goed lean jaen boppedien. Hwer scoe ’t allegear wei komme? En den yn ’e bûrren feestfiere, det it hwet diich, de jongerein wie net wizer, mar de trouden, waerden hjar de earen net goedernôch bikôge? Stie der gjin bankrot to wachtsjen, as ’t regear sá foartfarde?—
In hiele rigel fammen swaeide de reed op, lûd gekjeijende en laeitsjende, allinne Wolmoet roan der stil by, it kopke hiel greatsk op it slanke halske, de eagen fol dreamerich forlangst nei de heimsinnige earste markejoun. Hja gyngen by de hússide lâns.... Foppe-om seach se tomûk efternei troch ’t skûrrefinster en do loaitse ’r nei Roanes. Dy syn antlit stie effen en earnstich as altyd en dochs.... en dochs....
De faeitonne mei de beide jonge brunen, boldere wer oer de efterhússtriette, de tsjellen sakken wei yn ’t moudige sân fen de hearrewei, min seach noch in skimer fen Lysbeth hjar waeijende bûnte kypslinten, do wie de joun wer stil. Foppe-om en syn jonge maet bleauwne noch efkes by Wibe Lubberts stean to praten en do gyngen se nei Eadske’s om in jounbrogge en om ris to sjen, ho-t it der foarstie. ’t Sloof siet mei trije Frânsken opskeept en hie Anders jister al ier en betiid nei Foppe-om tastjûrd, hy moast komme. It barnde op ’e neil.
En nou kaem Foppe-om. ’t Wie folle slimmer, as ’r him foarsteld hie. Eadske huze yn ’t keammerke, de greate foarkeamer hiene de Frânsken opfoardere en ’e goezzeplûmmene bêdden en nou sliepten se sels mar op striesekken en Anders yn ’t hea. En Pytsje útfenhûze by Jan Hindriks oer ’e wei. ’t Wie better, hie Jan biisjager sei, hwent de Frânsken hâlden fen grappen. Hja hie him bigrepen —. sei se mei in sucht.
Foppe-om nikte. It wie nou stil yn ’e foarkeamer, hja sieten yn it weardshús to kaertspyljen. Strak ansens kamen se thús, den easken se fen alles en Eadske wie sa goed net as hja moast hjar mar hânsum alles efternei drage. Hwent de bern.... dy kamen se net byneist. Dy wierne sa bang det fen ’e greate sabels en ’e pistollen en ’e hege berefellene mûtsen en ’e gleone swarte eagen. Dy fleagen efter skeanoer nei skoalle ta en toarken de hiele dei bûtedoar om ef boarten by Wibe Lubberts yn ’t skieppehok.
„En joun”, sei Eadske fjirders mei hjar sêft seurderich lûd, „den scoe de bûter jild jilde. Hja rôpen mar neat oars as: dânsje! dânsje! en stiene mei hjar trijen tsjin ’t bedsket oan en bûgden foar in âld stoel, „madame”, prevelen se den. Krekt as wie ’t hjar yn ’e holle slein. En jenever hiene se fen Klaes stoker helle, in krûk fol.”
En do bigoan ’t sloof to gûlen. Det grypte Foppe-om yn ’t moed.
„Kom, kom; ho nou? Sa ’n krankyl wyfke. Moast dû de holle hingje litte?” sei ’r. „It wetter komt noait heger as oan ’e lippen ta, den is de help der ek. Der is in Weitsjer for de widdou en it weeske, Eadske, hwer earne se ek binne yn ’e wrâld. Det wist dû ek wol, net?”
„O ja,” andere se sêft, mar mei in glans yn hjar eagen, dy telde Foppe-om, hjir hie hy de rjuchte snaer fen treastinge roerd.
Roanes Gearts siet der stil by.... hy bigoan der nou einliks ek hwet bisef fen to krijen, ho slim de tiiden wol net wierne. It leed kaem tichterby, min fielde syn binearjend skaed.
Foppe-om ljurke oan ’e piip en sei in setsje ek neat, hielendal yn ’e prakkesaesje wei. „Wist, hwetst dochst, Eads?” sei ’r op ’t lêst. „Stjûr my dy bizen mar ris yn nije wike op in dei mei Anders to fiskjen op ’e mar. Licht bifalt it hjar derre en as se it sels forsykje, den kinne se wol hwet by my bliûwe en scil ’t regear det net wegerje. Ier ef let krij ’k se dochs en dû bist for in setsje wer holpen.”
„O ast koe!” hope se mei in griselke moed.
„Wy moatte mar ris sjen”, en Foppe-om iet mei like folle smaek as oars syn jounbrogge. In soune mage jowt soune tinsen en soune tinsen jamk soune dieden en al ho gebeten ’r ek wie op ’e Frânsken, hy wist wol, mei in leppel fol sjerp komt min fierder as mei in flesfol jittik.
Nou leit de sinne leech tsjin ’e groun en yn ’e beamkrunen wirdt it swartich en jounich. Hjir en der flikkert al in inkele stjer.... it lûkt koel, de spinrêchstriedden op ’e hage wirde stiif en feal en de hjerstblommen gien’ stadichwei ticht.... Mar hjar geur.... dy hinget noch yn ’e stille loft, der gjin wynsigentsje mear warber is. De reek stiet steil boppe de skoarstiens, de lytse wite skieppewolkjes krekt oer ’e bûrsterhuzen roere hjar hast net fen ’t steed, driûwe loai nei ’t Easten ta, hwer de moanne great en roun út ’e dauwe weisilen komt as in dreame-skip oer ’e Ald-Dyk. In reiddomp klaget yn ’e mieden.... boem.... boe..m, fierôf andert in oaren. It heart efkes onhúslik, wintereftich, binaud.... Den is alles wer stil en moai....
Yn dy moaije joun giet Wolmoet mei hjar maten nei it feest. Is ’t net in prinseske, tinkt Foppe-om en sjocht hjar efternei. Hokker ’t joun ris wirde scil, hokker feint scil yn ’e ginst falle fen syn lytse keningin? ’t Moat nou ek ris wêze, hja is al yn ’t njuggentsjinde jier, mar altyd sa.... sa.... koel. Ho hat se Kinge fen Lieûwe-om hawn! dy-t op in Sneintomiddei ris hwet frijpostich waerde yn ’t kuijerjen troch ’t hôf! Kinge hat der net in foet wer binnedoar set.
De hospes stiet krekt op in lange ljerre en stekt de kjersen op yn ’e lantearnen oan ’e balken fen ’e trochreed. Der hingje in pear pompierslingers oan en ta eare fen ’e frânske gasten in great pompier en der mei gleone read farwe letters op: Vive la Françe! Hwent Wiggele Wyldhier is in goed patriot, hy draecht as Janom ek altyd reade hoazzen en drinkt út in blau reauke en rint[5] gesworen mei in greate kleurde cocarde op ’e âld pet. En dy-t om syn spreuk der net yn wol, dy bliûwt der mar út.
[5] Historysk.
Hy hat syn wird gestand dien en ek in pear Westereinders opstreweard, om de ljue der út to keiljen, dy-t altomets net om lyk wolle. ’t Binn’ reuzen, mar optheden njúd en stil mei de mage fol pankoeken en glei spek en nou drok dwaende, om skammels en banken oan to dragen.
Yn ’e hoeke op in âld moalkiste sit de spylman, ek al drok yn ’e skrip om ’e fioele to stimmen en de snaren mei hars to bistriken. En de hospes komt en jowt him de houten nap, dy-t ’r fielende wei oankriget, hwent Beinte spylman is blyn.
Hy heart it folk kommen, de jachtweide en de trochreed folrinnen, ’t gerissel fen ’e greinene skoarten en ’t gebos fen ’e swiersoale skoen, do bigoan ’r to spyljen en mei syn krêkerich âld-mannelûd to sjongen:
Ik ben ’r al verre naar ’t Oosten gegaen,
Daer sag ik myn allerliefst frysterke staen,
Ik sei ’r: hoe duur is een kus fen dijn mond?
Ik kuste so geren myn herte gesond!
O ruiterke stout, hebstû kuskes so geern?
Ho kanstû jonk frysterke ’s herte bigeern!
Dat ligt er so diep in een kamerke fijn,
Dat kan nimmer noait voor een ruiterke sijn....
Ik ben ’r al verre naar ’t Oosten gegaen,
Geen scoonere liefste en sag ik noait staen,
Kom rozemond, laet dij nu kussen terstond,
Ik dek dij met kussen dijn soetrooden mond.
Sij kusten tesamen in somernoenschijn,
Het ruiterke forsch en ’t frysterke fijn,
En do’r de mane in den avondschijn glom,
Do wendde de ruiter sijn peerdeken om.
Het frysterke schreide heur oogekens rood,
Om ’t ruiterke forsch.... om ’t ruiterke snood;
Maer diep ligt noch ’t herte in ’t kamerke fijn,
Dat sal voor de liefste, geen ruiter noait sijn!
It lûd wie net moai mear, forsliten fen ’t sjongen fen tûzen lieten op wit hofolle marken en jounpretten en doch.... Wolmoet, jong bern, fielde ’r hwet yn, det eat wekker makke, djip yn hjar hertke ek, like goed as yn ’t frysterke hjarres yn ’t sangkje.... Kom rozemond, laat dij nu kussen terstond.... It waerme bloed gyng hjar mei gjalpkes nei de holle, hja moete de loaitsen fen ien fen ’e frânske soldaten yn ’e hoeke. Stiif, aloanwei seach ’r nei hjar. Heal biteutere, heal nijsgjirrich seach se einliks ien tel ek nei him. Leart ynienen op dit stuit, ho-t in manljueseach lokje kin. Wirdt ta de hals út read en draeit hjar gysten om nei hjar spylfammen, krekt as wol se der biskerming sykje tsjin dy skroeijende loaits, hwer hjar herte fen skrillet yn syn djipste skûlhernen.
De spylman set wer yn, in roundte. Alles, hwet jonge foetten hat, siket inoar en wylt de âlderen fen ruten spylje nei de tapkeamer ta ef op de banken ûnder d’âld linebeam, draeit de fleur fen Optwizel for ’t earst yn ’e roundte. Anders is op Wolmoet takaem, pakt hjar sûnder in bult fiven en seizen om ’e kliene mil en hja dânsje, det it klapt. It is in gewanten baes, in feardich jongkearel mei syn moai bosk krol hier en syn bliere eagen, it pearet net sa min, tinkt Foppe-om, dy-t om ’t hoekje sjocht. Wolmoet fielt syn hân om ’e mil, himsels tige tichte by en tafallich sjocht se him yn ’e eagen. Hja skrilt.
„Lit my los”, seit se mei in lyts lûd.
Mar Anders klammert hjar fêster tsjin him oan en draecht se hast. „Bistû bang?” pleaget ’r. „’t Scil wol wenne. Siz ris, ik kom yntkoart in nacht by dy to meiden hear!” Syn laitsjende eagen sjogge nou hiel djip yn hjarres.
Wolmoet hjar moaije blauwe eagen wirde great fen binaudens. Dy healwize Anders! It lipke stiet prúl.
Foartdaedlik lit Anders hjar los. „’t Wie mar in grapke, fanke”, seit ’r. „Sippe femylje, bist ommers wol wizer. Mar in moai fanke yn ’e earms, is as in tsjilkfol hjitte wyn oan ’e lippen, ju.”
Wolmoet laket wer en efkes letter sitte se smûk yn in herntsje to drinken, swiete bramboaze brandewyn en ite der Dimterkoeke en Dokkumer fluitsjes by. Wolmoet hjar eagen skitterje. Hja geniet for ’t earst de triomf fen hjar moaijens en bigrypt wûndre skoan, hwerom de feinten nou sa hastich op hjar takomme en de spylfammen hjar spyt hast net mear forkropje kinne.
Der ynienen sjocht se de frjemde feint wer stean, dy-t se fenmiddei ek al seach by Wibe Lubberts en grif kinde hat oan Foppe-om. Bleek en slank stiet ’r der yn syn donker habyt, praet mei in pear ljue, drinkt den stadich wei syn bier út. Der is hwet sûnders oan him, hja wit net hwet. Eat rêstichs, eat, det de oaren hjir net hawwe. Tomûk sjocht hja noch ris nei him. Hy dânset net, nou ’t der wer in roundte spile wirdt, krekt as is ’r to greatsk om in faem to freegjen. En Wolmoet winsket ynienen, det ’r hjar frege, hjar allinne. Hja scoe mei him wolle, ek wol faker as ienkear.
Mar hy draeide him om en waerde wei yn ’t gewoel. De joun gyng syn gong.... it spyljen hâldde efkes op, de spylman bigoan bylâns to rinnen mei syn nap en de duiten en ’e fijfjes rôllen eryn. It waerde in fette joun, it jongfolk goederjowsk. Ho scoene se ’t ek net op ’t ienichste Twizeler feest?
Der ynienen, dreame hja? Foppe-om stie foar hjar en neist him dy frjemde feint. In bliid skokje trille hjar troch ’t hert.
„Dizze feint wol ek ris mei dy dânsje, Wolmoet”, sei ’r. „Nou Roanes, gien dyn gong. ’k Scil ris sjen, ast se wol fen ’e flier krije kinst. ’t Is in stymsken ien”, pleage ’r en joech him glimkjend ôf. Einliks dochs.... hy hie oars al tocht, it waerde neat.
Nou wie ’t den sa fier. Wolmoet lei hjar hantsje yn Roanes sines, hiel lichjes lei ’r syn earm om hjar hinne en der draeiden se yn ’t roun, stadich earst, al hirder en hirder en op ’t lêst roerden hjar foetten hast nin groun mear, hja sweefde deroer, ienwillich mei hjar sterke hâlder en neat oars mear fielende as de sêfte twang fen dy skuttende, draechjende en troaikjende earms.
Hja waerde waerm en ynein, mar sei it net. Al scoe se ’r nou by delfalle, hja dânse troch. Nou gyng ’t stadiger, al mar stadiger. Hy seach hjar hjitte wangkjes en de switdripkes op ’t blanke foarholtsje.
„Kom”, sei ’r sêft en hja gyng mei, it hantsje noch yn sines, det ’r bifrijde mei lytse forljeafde knypkes. Nei in hoekje stevenen se ta, hwer it net yn ’e sigen siet en skimerich wie en stil en der liet ’r in flesse wyn komme en soeskreakels en der smûzden se do togearre fen, krekt sa as nys ansens mei Anders, mar nou dochs oars o! hiel oars! ’t Wie hjar frjemd tomoete.... hy hie neat fen it optwingerige fen ’e oaren en doch.... hja foege hjar jern nei syn wil en fielde hjar thús en feillich by him as in skutte tsjin ’t woelige folk, det noch mar net bikaem like to wêzen fen ’e reboelje fen ’e middeis. Hjir en der mûskoppe in kloftsje yn in herntsje, guont er fen de holle en ’e hânnen yn wynsels biswaggele, der waerde ek al ris in fûst skodde tsjin de Frânsken, dy-t op ’t eareplak ticht by de spylman sieten en mar fen alles op ’e skammeltafel opdisse lieten, hwet mar lekker wie. De patriotten en hjar oanhang krûpen der ticht omhinne, eksteur mei syn assistinten, de biisjager en in stik ef hwet nearingdwaenden, wylt de prinsljue, al de geseten boeren en oare eigenerfden by inoar hokken op ’e oare ein. Skaet as bokken en skiep, seagen se inoar oan mei ûlseagen.
Roanes seach de binaudens yn hjar ljeave eagen en gau biredt krige ’r syn glês op en brocht it hjar yetteris ta mei in bizich glimke en hja helle it loddereindoazke út ’e bûs. „Ek ris rûke?” sei se in bytke pleagjend. Do seach ’r hjar for ’t earst oan, lang, o sa lang..... Hjar hertke trille. Hja sloech de eagen foardel en waerde oer en oer read.
„Wolmoet!” sei ’r sêft, mar mei neidruk. Do moast hja de eagen wol opslaen en sjogge him oan. Alles sonk yn in dize wei.... krekt as wierne hja der beide optheden mar allinne oerbleauwn fen al det folk en waerde se hoeden yn in nije wrâld fol heimsinnige moaijens laet.
„Sá is it goed”, sei ’r wer earnstich-wei. „Dû moast net bang wêze, ik mien ’t dy goed.... tige.... goed”, en de ljeave earnstige loaits fen syn donkerblauwe eagen telde it hjar noch folle better as alle wirden, ja hy miende it hjar goed.
„Bistû nou utrêst? Den scille wy yetteris skotse”, en hy smiet twa skellings yn ’e spylman syn nap en rôp: „In skotse, Beinte-baes!” En Beinte-baes stimde de fioele opnij en de fluiten kamen der by en ’e triangel. Wolmoet hjar jong hertke tilde op fen wille. En einliks liet ’r se los en wie dit moaijs foarby en siet se wer by de spylfammen en dânse wer gewoan. Dit allinne hie oars west.
„Nou, nou, dû dochst it mar”, pleage Anders en kaem hjar al wer op ’e side. „Wol sa op ’t snjit mei hjar Eastermarder, hwette? Meijst wol oer boatsje farren, fanke?”
Wolmoet pluze hwet mei de kanten fen ’e skelk om.... hja wie noch to jong, to nofteren om in gekjeijerich wirdtsje werom to finen. In bult jongfolk kaem net yn ’t Bouwekleaster, Anders en Wynsen wierne al wakker de ienichsten en langlêsten.... Ripperda. Mar dy stie sá fier boppe hjar, dy hearde net ta hjar wrâld sa to sizzen. En Anders wie hielendal los fen ’t ket joun, diich sa ’n steil wird, det de fammen gûlden hast fen ’t laitsjen en woene der wol om fjuchtsje, hwa ’t mei him dânsje scoe. Mar Wolmoet koe dy eare neat skille. Hja miste hwet, sont se Roanes foartgean sjoen hie mei Foppe-om en oare prinsljue nei de gelachkeamer ta. It feest wie syn gloarje kwyt.
Bûtedoar barnden se nou tartonnen en smieten mei swervels. Opslûpen jonges sprongen der omhinne as tsjammen. By en hwennear de lôge der goed útsloech, seach min de bûrsterhuzen, de mounle en ien amerij in âld bijestal en der siet in pearke smûk to frijen, sa ’n twiskenbeurtsje. ’t Folk roan allegear bûtedoar, de jachtweide en ’e trochreed rekkene leech.
Ek de nij-ynkommelingen, de Frânsken, de forspuiden, settene der op ta en stiene, hwette appart, der nei to sjen, de lytste foaren-oan. Hja kipten hjar hielendal út ’e Twizelers mei hjar fynbisniene antlitten en donker útsjoch, mar de lytste noch wol it measte. Hy like ek wol de heechste yn rang to wêzen, grif de brigadier, hwent syn streken op de mouwe wierne breder en fen klearebare goud, syn plûm op ’e mûts greater en syn hiele hâlding dy fen in man fen oerwicht en gesach.
Wolmoet stie net sa fier fen him ôf, kant en kein yn hjar blaukleurich pakje, in fris roazeknopke fol geur en kleur en hy, de frouljueskenner fen in bulte lânnen, bispeurde it wûndre skoan, dizze hjar moaijens wie echt. Hja fielde it, der stoareage aloan immen nei hjar en seach ynienen yn ’e fierte wer dy moaije gleone eagen, dy snikwite tosken ûnder it swarte snoarke, krekt as laken se hjar ta.
Koart biredt draeide hja hjar om en socht om Anders. Mar ’t wie sa gau net, as de frjemdling mirk it en fielde ’r de tobekset út. Det joech him in prip. Dizze just, dizze ynfierene doarpsprinsesse scoe ’t nou wirde, dit teare lytse famke fen frjemdlânsk bloed mei hjar greate séblauwe eagen en ’e kantene fichu om ’e smelle skouderkes.
En do-t de jachtweide en ’e trochreed wer folroan en bline Beint op syn heech sit in skots ynsette, stapte ’r permantich út it folk wei en mei de hospes foarop as help yn need, op Wolmoet ta.
De greate goudene tressen op syn uniform skitteren, syn spoaren rinkelen, hy naem de berefellene mûtse ôf, wist omrake goed, ho-t syn fyn bisnien donker antlit den op ’t alderfordéligst útkaem ûnder ’t roetswarte, gledkiemde hier. ’t Gemien gyng oan kant.... de spylman hâldde op. Dizze eare wie great.... der moast stiltme by wêze.
„De heecheale boarger, monsieur Dompierre wol mei jou dânsje. Kom mar ris harren”, en Wiggele Wyldhier, goe patriot oan ’e lytste tean ta, kromp yn inoar as ien boskje onderdanigheit foar de hege hear.
Wolmoet bitocht hjar efkes. „En ik wol net,” sei se do.
Monsieur Dompierre bigriep der neat fen. Dit wie him noch noait oerkaem, net yn Parys, noch yn Amsterdam, hwer se om him hinne flodderen as de finken om ’e floiter en nou hjir.... hwet wie det.... Wegere se syn ginsten?.... Koe ’r net mei gewelt nimme, hwet him net goederjowske graech jown waerd’? Koe ’r se net nei Ljouwert slepe litte twisken tritich ruters yn en oerdrage oan guont, tûzenkear slimmer maten as hysels, dy-t de heechste priis as losjild fregen fen in moai faem....? En monsieur Dompierre syn tsjokke ier op ’e foarholle sette út. Det foarsei net folle goeds.
Stilwei kamen syn soldaten om him hinne. Der wie gefaer, hja fielden it, mar wisten einliks net, hwer it om gyng yn dit forflokte lân fen sompen en gatten. Fen ’e oare kant bigoanen de ljue ek op to kringen.... Foppe-om en Roanes stiene der middenmank. Hja bistoaren ’t hast fen skrik. Hwet bidiich Wolmoet der yn ’t foarmidden twisken de soldaten? Hja bigoan to praten. Foppe-om pakte Roanes syn hân, knypte him hast stikken fen deabinaudens.
„Stiltme!” raesde der ien.
Do hearden se yn dy stiltme hjar helder lûd. „Ik dânsje net mei in patriot. Woll’ jy him det bitsjutte?” Hja sei ’t bidaerd, mar hjar lûd trille en hjar eagen stiene fol triennen.
Ien amerij bleau ’t noch stil, do wie ’t ljeave libben geande. Dompierre scoe hjar fen ’e bank ôflûke nei him ta, mar as jonge lieuwen fleagen de Twizeler feinten him oan. Hy skûrde de sabel út ’e ské en syn maten diene fen ’t selde, do pakten de oaren de skammels en de banken en sloegen der as mâllen op los.
Wolmoet en hjar kammeraetskes spilen fen ruten, mar by de doar, der wie de greatste reboelje. Do scoene se ta de syddoar út, der kaem Foppe-om mei in hiele oanhang oansetten. Der wie gjin untwyk mear, gjin kant út. Dompierre, razen fen sneuens oer syn tobekset, socht hjar oeral, om se dea to stekken, raesde ’r breinroer. Hja hearde syn frjemdlânsk lûd boppe alles út.
O hie se dochs mar ien roundte mei him dien! Mar ien! Né, sei hjar greatsk Oranjehert, scilst sloaije? gjin fijan de frjeonehân, noait en to nimmer net en hja mikere alle kanten út, hwer mar in mûzegatsje to finen wêze scoe.
„Hjir! Gau!” hearde se ynienen hwa sizzen. In donkere omslagdoek waerde om hjar hinne slein, o sa heech, oer ’e holle, oer ’e eagen, twa, trije né wol fjouwer pakten hjar beet en gauwer as se ea tinke koe, waerde se trochjown fen d’iene nei d’oare en stroffele einliks oan ’e hân fen ’e lêste in smel gongkje lâns, troch in skûrke, in efterdoar út, op ’e wei en do oer ’e wei efter de huzen, sa hird as hjar lytse foetsjes hjar mar drage koene.
„’t Giet der om, fanke”, flustere der immen deun neist hjar, „dit ’s libben ef dea joun, lytse dappere Prinsman”, en in greate, waerme hân joech hjar in hiel lyts triûwke. Hwerom hie se iderkear al de wissichheit hawn, det it krekt dizze hân wêze scoe, dy-t hjar laette? O it herte fielt sa fyn.... foartdaedlik hie se ’t al formoede.... nou wist se it. En al scoe ’t nou de nacht sa troch gean, de tsjustere lije neisimmernacht, hja wie net bang mei dy allinne. Hja sei neat, roan op in drafke neist him.
„Sjesa”, bigoan ’r einliks, „it gefaer is foarby. Gien hjir de reed efkes op, hwette yn ’t tsjuster fen ’e beammen en de doek hielendal om dy hinne en wachtsje. Ik moat Foppe-om tynge bringe....”
Nou fleach hjar dochs de binaudens oan. Hja abbeleare tsjin. „Kinst net bliûwe?” smeke se. „Kinst net?”
„Ik moat mei dyn omke prate en ’t oare Oranjefolk. Sjen, det wy ’t sa bikûpje kinne, detstû bûte skot komst en oars.... Dû bist optheden yn libbensgefaer. Slimmer ast sels wol tinkst. En op alle Oranjeklanten wirdt dyn dwaen wreekt. Op dysels as se kinne it measte. Mar wy binne yn Gods hân, fanke. Hy kin selst it tsjoede ek wer keare litte ta goed. En as wy Oranje tsjinje, den tsjinje wy yn Oranje Him.... Ien amerijke en ik bin wer by dy....”
Hja seach him gean, yn ’t tsjuster in breed tsjuster skaed.... en hâldde him net. Hja makke hjar lyts efter de wringe, de swarte doek oer ’e wite flodder en ’t ljochte feestkleed, hjoed sa mei freugde oanlitsen. Ho ’n dei, ho raer syn ein! Hjar earste feest en licht.... hjar lêste....?!
Hwer wie Foppe-om, hwer Anders? O licht wol dea! formoarde! Hja raesden der noch wakker om yn ’e fierte, mar ho-t it der krekt foar stie, koe se der net út wys wirde, derfoar wie ’t to fier ôf.
Hja wist net mear, ho lang as se der nou al allinne siet. Hja skrilde fen elts wyntwirke, fen ’t fallen fen in toar bled en ’t risseljen fen hjar eigen skoart. Hjar hert sloech as in wyld efter ’t siden spinserke, de syken gyngen hjar red, mar net allinne fen ’t hird rinnen fen nys ansens.
Yn in húske oer ’e wei bigoanen se mei in tútlampke yn in greate keamer om to skermesearjen, grif setten se de bêdsdoarren op. ’t Joech hjar de treastlikens fen ’e biwenne wrâld en minsken tichteby. ’t Wie ek noch net sa let, om tsjienen hinne, einliks noch net ienris nacht. Mar is in neisimmernacht mei syn loft fol fonkeljende stjerren wol ea tsjuster?
Sûnder, det hja him oankommen heard hie, stie Roanes wer foar hjar. „Ho wie ’t? o.... ho wie ’t?” kaem der hoartsjend út by hjar.
„’t Giet mâl,” andere hy mei in djippe sucht. „Hja slagge yn inoar om as wylden. Wibe Lubberts ha se healdea slein, omt ’r „Vive la France” forskûrd hat en Dompierre hat in sneed oer ’e hân en hofolle as ’r mei in bloeddrige kop omrinne, det stekt net nau. ’t Is in griis. Foppe-om bliûwt to nacht by Eadske-en-dy-s, hwent dy scil de neipret wol krije mei dy dronken divels.”
„En.... ik,” sei se hiel sêft, deun neist him op it smelle sânpaedtsje fen ’e hearewei.
„Dû giest mei my, okke”, flustere ’r hiel tear en fielde foarsichtich, hwer hjar kopke wêze koe ûnder ’e greate, bifeiligjende omslagdoek. Dy skouwde ’r hwet tobek en naem do it triljende mûlke syn allerearste patsje ôf.
Kom rozemond.... laat dij nu kussen terstond.
Ik dek ’r met kussen dijn soetrooden mond—
reaunte it yn hjar. Hja stie hiel stil tsjin him oan nou, alhiel oerjown oan syn wil fen nimmer. En wer en wer socht ’r hjar.... ho tichteby fielde se nou syn smel, earnstich antlit, syn mûle, dy hjar mûle om wûnderljeaflike anderten twong.
En do gyngen se togearre stil op hûs yn, de iensume sânwei lâns fen ’e Koatsterhoek nei de Ham, sims neist inoar, sims efter inoar. Nin minske moete hjar mear, de Koatsters wierne op bêd en do troch de Ham en de Skalkepaden[6] oer nei ’t Bouwekleaster.
[6] It Bouwekleaster waerde yn âlde tiden ris bilegere. Ut kriichslist namen de kriichsljue de flucht? nei de Skalkepaden. de mûntsen mienden, hja joegen de bilegering oer en setten hjar nei. Do kamen de fijannen fen ’e oare kant wer opsetten en namen ’t kleaster. Sa forskalkten se hjar.
Lysbeth bistoar it hast fen skrik, sa let yn ’e nacht noch folk en hokfoar folk! En Wolmoet sa raer optakele, in swarte doek om ’e holle en in greate tibéjene skoudermantel oer it pakje en hwerom wie se net by Wibe Lubberts bleauwn útfenhûs? En hja bigoan to gûlen, goe-sloof. Mar do-t Wolmoet hjar sa jong en fris mei sa’n lokkige glâns yn ’e eagen út de omslagdoek woelle en alles torjuchte prate, sûnder nou just foartdaedlik de hiele wierheit to sizzen, ea, do sakseare it wer hwet. Wobbe kaem ek noch yn ’t foarmidden.... ’t fjûr waerd’ yetteris oanset en kofjemeald en broggen snien en do-t dy bipluze wierne en ’t nijs forteld, seine Wobbe en Lysbeth bizich fen nacht....
Hy siet foar ’t fjûr to smoken en hie tomûk syn eagen net fen it lytse, ljochte figuerke ôf, suver in sintsje fen fleur en kleur yn dizze tsjustere binnekeamer. Ho jong en linich wie se, ho fyn bisnien it kopke, ho leeljeblank it fel! Syn brúnforbarnde greate hânnen liken ’r suver swart by!
Einliks wie ’t in amerij sa deastil yn ’e keamer, det hy hearde it tikjen fen ’t horloazje yn ’e fesjebûs en oars neat mear. Hy seach ris om him hinne, in fyn glimke heldere de earnst fen syn antlit, do-t ’r hjar der sitten seach oan ’e lânsein fen ’e tafel, sa fier fen him ôf as ’t mar koe. Hy gyng oerein en stadich nei syn oerhearrich selskip ta.
„Dyn plak is by my by ’t fjûr, tocht ik”, sei ’r en lei hiel hoeden syn hân om hjar skouderke. In stille blide glâns kaem yn hjar eagen, do-t hy hjar wer oanroerde, mar hja bleau sitten yn hjar hoekje by de skerm.
„Dû moatst mar droegen wirde”, en hy tilde de stoel mei syn hiele ljeave fracht op en sette him neist sines del.... Do lake hja mei al hjar toskjes bleat en joech hjar willich yn ’t skûl fen syn earms, dy-t hjar al tichter en tichter tsjin him oantreauwne, sûnder der acht op to slaen, as de kanten doek ek knûkken krije koe ef de floddermûts út de ploai reitsje.
Nou tochten se net mear om de rare útein fen hjar feest, nou wierne se neat oars as twa onskildige jonge bern, dy-t inoar it earste hillige ljeafdewitten leare....
Hy bleau net lang mear.... hy moast út namme fen Foppe-om en Wibe Lubberts, Bindert Jacobs, Wolmoet hjar bûrman noch tynge bringe en den ek noch nei fen Skeltinga ta op ’t slot to Stynsgea, de beide foarmannen fen it forset tsjin de patriotten yn it hiele gea. Hy koe se beide fen oansjen, mar der yn neare nacht mei sokke boadskippen oankomme to moatten, der hie ’r ek al net folle smucht op.
En wer en wer preau ’r de hunich fen syn simmerblom en koe hast net ta skieden komme.... En dochs.... it moast einliks. Hy wist, ho swier as de kommende dagen wêze scoene, as de kniper op ’e skine kaem en Wolmoet opbrocht wirde koe en yn ’t rjuchthús fen Stynsgea neitinke oer hjar sounen. Den moast ’r hânnele wirde, sterk en strydbiredt, as dit teare skepseltsje, great fen moed him en alle oare Oranjemannen nedich hie. Foppe-om en hy hiene net om ’e nocht in wird-mennich mei inoar wiksele yn ’e foarnacht en swierwichtige wirden wierne der fallen oer flucht en forskûl en oare dingen, hwer nin Roanes Gearts ea om tocht hie, bihelle to wirden.
Sa fredich as de nacht forroan der yn ’t stille Bouwekleaster, der yn dy smûke binnekeamer, sa wyld gyng ’t der yette oan wei yn ’e Optwizeler bûrren. De Frânsken krigen help fen hjar maten út Bûtenpost, mar de Optwizelers, ek net mak, sloegen der yn mei flaljeklappen en kneppels. In great kearel kleau op in bierfet en raesde: „Dit ’s noch ris foargoed Oranjeboven!” en smiet mei snuf. It waerde in geprúst en gelaek en gegûl sûnder ein, de Westereindsjes krigen der al in pear út, mar nijen, gleon om de patriotten ris in pyk to setten, krongen ta de foardoar wer yn, sterk yn ’t bisef fen hjar manmachtigens. Foppe-om wie der ek middenmank en al ho-t it him ynwindich ek hage, sa Oranje fordedigje to hearren, hy eange, ho-t de gefolgen wêze scoene. En hy riboske.
Der ynienen, nimmen wist, ho-t it kaem, stie Wibe Lubberts yn ’t foarmidden, bleek en stil, in great bosk goudtsjeblommen foar op de hoed.
Lang ein kearel as ’r wie, stike ’r boppe alles út en ûnder it razen en skreauwen wei om him hinne, krige ’r de hoed ôf, swaeide ’r mei oer it folk en rop mei syn swier lûd: „Dit is for ivich noch Oranje boppe, mannen!” Krekt kaem eksteur der yn, wer fen in nij wynroeske bikaem en mei him in stik ef hwet gens d’armes fen Kollum en det wie ynienen: pak oan en bring op, ho-t it folk der ek tsjin abbeleare en Foppe Lieûwes selst hûndert goune bea as losjild en boarch. It gyng allegear sa gau, det do-t it folk ta himsels kaem, wie Wibe Lubberts al lang de Wedzebûrren troch op reis nei ’t hounegat yn ’e âlde stompe toer.
Eksteur hie ’t rapport fen ’e middeis noch ris neilêzen en wie wys waen, min koe der licht to Ljouwert út opmeitsje, hy hie de saek blau-blau litten en wie net goedernôch for de bilangen fen it Frânske gesach opkaem. Nou koe hy it den ris better toane, diselde deis noch! Stie op it dragen fen goudtsjeblommen, selst it plantsjen en hawwen yn ’t tún net in greate straffe en dizze Wibe mei syn gebalt fen: „For ivich noch Oranje boppe!” scoe ’r ’t ris goed yndruije litte yn ’t blokhús. Oranje wie der foargoed ûnder, totrape, twa foet ûnder de groun. En hy dronk him yetteris in nij roeske yn ’e neinacht, swiet biselskippe fen monsieur Dompierre, dy-t wol in pynstillingkje fennoaden hie.
De oare nachts waerde Wibe Lubberts twisken sa ’n tweintich rúters yn nei Ljouwert ta brocht en flapten de Blokhúsdoaren mei in swiere pomp efter him ticht[7]. Monsieur Dompierre oan it haed fen syn binde hie him sels ôflevere en barde in skoan sieleranselerslean for syn tsjinsten, sa great, det ’r in fjirtsjin dagen ûnder wetter bleau en by tiiden en ûntiiden as in goed troubadour l’amour en les belles bisong, ont in lege pong en in heaze kiel der einliks in stokje foar stieken. Do waerde monsieur Dompierre wer njúd en do-t der op in dei ek noch in bifoardering bykaem ta heger rang yn ’e greate sted fen Utert, draefde ’r mei in bliid gemoed op syn moaije swarte merje wer det út nei ’t Easten ta. Hy scoe dy Optwizlers wol lyts krije.
[7]
Extract Sententie voor Wibe Lubberts gevangen. ’t Hof en c. condemneert de
Gevangene ter zaake, dat de Gev. op Zondagavond 12 September 1795 ongeveer 9
uiren in de herberge van Wiggele Jacobs te Optwijsel zijn hoed, welken hij met
geele zoogenaamde Goudtjebloemen had verciert van het hoofd heeft genomen en
gezegt, dat is oranje boven, alles breeder ten Processe gemeld—te zitten te
water en brood den tijd van zes weeken—condemneert de Gevangen meede in de
costen van den Processe tot ’s Hof’s Tauxatie, en verklaart den klager tot zijn
verder genoomen Eisch en Conclusie niet ontvangbaar.
Acte den 7 Octobre 1795 Ter Ordtie van den Hove:
kost f 7,—
get. S. Faber.
It dûrre net sa bare lang, as it Frânske regear to Ljouwert bimoide him dochs mei dizze saek. Koe min dy smaed op yen sitte litte?
En it folk bleau roerich. Optwizel, de Koaten, de Droege Ham, Iestrum en Easte-Mar, it wie der sa’n rare hoeke, hja koene der kwalik in patriot fen ’e hûd bliûwe en sadwaende makke dizze goede saek der alhielendal gjin abbesaesje. En nou dit der noch by! Der kamen hege hearen yn greate karossen en hynstefolk by de fleet, ta straf krige hiele Optwizel swiere ynkertiering, sims in man ef seis yn ien hûs. It folk forkroppe syn lilkens.... fielde optheden, hja wierne ûnderlizzend partij. Der moaste boete bitelle wirde, net sunich en der waerde mei flyt nei pinfiske, hokker Optwizeler jongfaem it west hie, dy-t monsieur Dompierre sa yn ’t iepenbier misledigje doarst. Mar nimmen koe se.... wie ’t net singulier? ’t Hie in Ljouwter west, miende immen, guont dy-t dy deis út to plaisierriden wierne en fensels! fensels! bigriep det fanke net, hokfoar eare sa’n hege hear hjar net oandwaen wold hie. En monsieur Dompierre socht heech op ’t hors ef geandefoet de hiele omkrite ôf, forljeafd en lilk fen beiden op det keine ding, hwaens moaije blauwe eagen him ljeafliker liken as syn heitelâns loftblau yn ’t Suden fen Frankryk, mar hja wie wei en bleau.... wei. En yn grimmitich sloech ’r op in goede joun alles koart en klien yn ’e „Swarte Jagtwagen”.
Do pakte Wiggele Wyldhier him by de goudene kraech en saeide him bûtedoar. Det getaep altyd for slitersjild oan dy Frânsken bigoan him mar danich to forfélen en nou ’r sels ek al twa man ynkertierd hie, dy-t ieten fen syn skieppetsiis en dronken fen syn jenever, sûnder ea de pong ris los to strûpen, nou lei him „vive la France” ek al net mear sa foarenoan op ’e tonge.
Der gyng in dei foarby en noch ien.... Wibe Lubberts kaem mar net wer thús. Earst tocht min der net sa om, eltsenien hie syn dagelyks wirk en de measte patty wierne de hiele dei op ’t lân to ierdappeldollen ef al wer to ploeijen for de winterfrucht, mar do-t Wibe Grytsje mei in bidrukt gesicht sels to ierdappeldollen gyng, de âldste jonge mei en ’e lytse poppe yn ’e kroade, do waerden de frouljue der hast moilik ûnder en de manljue hjar bloed hjit, al swijden se.
Mar de oare moarne stiene der fjouwersum guont to ierdappeldollen op hjar lân en gjin loaikerts! en de oare joune siet it measte al yn ’e bult! gyng ’t net mei geande weinen? krekt op itselde steed, hwer Wibe langlêsten fen praet hie, it graech ha to wollen.
En dochs hie Grytsje hjar moed net en siet jouns yn ’e hirdsherne to skriemen en tocht fol innigheit mei hiel hjar sêfte sterke frouljuesljeafde om hjar man, dy-t hja wist it, noait hwet dien hie ef dwaen kind hie, det net strookte mei syn gelove ef gewisse. En mei de Oranje ’s wierne se troch detselde gelove forknotte, en as ’t moast, der woene se offers for bringe, alle Friezen, dy-t noch leauwden oan God de Heare en Syn gebod.... hjar man.... en o as ’t moast hjasels ek....
Wylt de triennen stadich op hjar hânnen dripten wist se, hwer se nou ek treast en stipe fine koe en hja gyng derhinne mei al hjar herte drôfheit en bikommernisse. Hy, dy-t de widdou en de wees noait yn hjar lijen omkomme lit, scoe hjar ek de skutte jaen, hwer se sa ’n forlet fen hie.
Hja helle it âld psalmboekje út it kammenet en lies by it flaue kjerskeljocht noch ris wer it jubelliet fen treast en forlossing for it herte, det nei útkomst snokt, al fen tûzenen foar hjar ek bi-ame, as se gyngen yn ’e skaden fen de dead ef de tsjusterste djipten fen wrâldske ellinde peilje moasten:
„Ja, de Heer zal uitkomst geeven,
Hij, die steeds zijn gunst gebiedt,
’k Zal in dit vertrouwen leeven,
En dat melden in mijn lied,
’k Zal Zijn lof, zelfs in den nacht,
Zingen, daar ik Hem verwacht,
En mijn hart, wat mij moog’ treffen,
Tot den God mijns leevens heffen.”
Hja hearde it sykkeljen fen hjar lytse bern op bêd, hja tochte om hjar man yn syn binypt tichthúshokje.... Mar hy litte for in goede saek en al scoene se him ek giselje ef brânmarke, ja al binamen se him ek it libben, syn ljeafde for Oranje scoe hy net ôfswarre. En hjar fyn frouljuesgefoel sei ’t hjar wol, al hwet nou noch yn Ljouwert tahâlde en ynfloed hie sa’s minhear Ripperda en de Hoppérussen en minhear Falentijn en de Witt, scoene mei mannemacht skrippe om him frij to keapjen ef de straf forlytse to krijen. En hja hiene noch in bulte macht, dy hearen fen it âld regear.—
De tiid dy gyng syn gong. It waerde hjerstiger en op in moarntiid bleau it mistich.... om middei hinne kaem de sinne der troch en skynde op in lange spjirrebeam mei boppe yn ’e top in greate blikkene hoed en det hiele saekje wie me der delplante mids op it gêrsroundel fen ’e trijesprong, hwer de Wedze[8] en de hearrewei yn inoar forrinne. Greate reade linten waeiden der by del en yn ’t wyt klaeide fammen dânsene der omhinne, ek mar in stikmennich, hwent dy-t hwet wierne, hâldden hjar fij.
[8]
Historysk. De hjerstmis fen 1795 wie der ûnder „sêfte twang” ek al in wapene
frijcorps to Optwizel oprjuchte ûnder de sinspreuk:
Met hart en hand voor ’t vaderland,
Staat ons gewapend corps geplant.
Fen der Kooij fen Stynsgea, boarger „representant” fen „de Bataafsche Republiek” hie oarder jown, as der binnen fjouwer wike gjin frijheitsbeam yn Optwizel plante waerde, den scoene se mei dûbbelde ynkertiering straft wirde. ’t Stie him min oan, skreau ’r, det min det oerhearrige folk dêrre net better to-plak sette. En hja moasten soargje for mesyk en fammen yn ’t wyt en Durk stoker fen ’e Tille for jenever.
Wiggele Wyldhier wie redsum, Beint kaem mei de fioele en de jonges mei ’t oare ark en diselde fammen, dy-t de 17e Maert der ek to Iestrum omhinne dânse hiene, waerden nou útforsocht to Optwizel. In inkelde Twizelder dânse nou ek al mei, hwette spitich, omt de measte kammeraetskes absint bleauwn wierne, mar min wol ek wol ris in forsetsje ha en minhear Braak fen Collum, hwer de Bûtenposters sa’n moaije frijheitsbeam fen krige hiene, hielendal om ’e nocht, scoe de Twizeler fammen elkmis in moaije sidene cocarde presint jaen, wie de hjitting. En sa kaem’t ek. De middeis, do-t it plaisier op ’t heechst wie en ’e tamboer fen ’t Optwizeler frijcorps in roffel sloech op ’e greate trom, stapte minhear Braak mei staesje út ’e faeiëton en op ’e fammen ta en elkmis krige in kleurich siden roaske. En do dânsen se, minhear Braak foarop, allegear hân oan hân, om ’e spjirrebeam hinne en ’e blikkene hoed.
Grytsje hearde se mâltiergjen en oangean. Hja skripte troch en hjitte de bern, net op de wei om to stoatskaven. It wie nou al de fjirde wike en yet gjin tynge fen Wibe. Foppe Lieûwes en Bindert Japiks hiene al twa kear in reis dien nei Ljouwert en net iens útfikelearje kind, yn hokker hoeke fen ’t spinhús hy siet. Den hie ’t licht noch bisocht wirde kind, om ’e wacht om to keapjen en tominsen in libbensteiken to krijen. Yn ’t kammenet hie se sa ’n tachtich goune oersparre jild, in hiel kaptael, mar alles, alles scoe se mei blydskip jaen wolle, as se Wibe mar wer thús krige. By dei en by nacht pakte se der mei om, sa to sizzen wie ’t hjar gjin tel út ’e tinsen. En it sjongen en ’t feestfieren yn ’e Wedzebûrren diich hjar suver sear, namstomear, omt hja fielde, it wie net echt, fen der Kooij woe ’t ommers sá, hy moast rapport opmeitsje kinne, de Optwizelers wierne al mak, plantene al in frijheitsbeam en dânsene der omhinne, hellen ’t frânske gesach ek al mei wille yn!
De sinne sakke stadich, de mist kleau. De bijen gounselen hjerstich foar de bijestal om, de lêsten kamen mei dau op ’e wjukjes thús en kroepen sleau en slûch yn ’e koer. Min hearde de kastanjes fallen op ’t droege bjinstap, sims boarste ’r mei in knap in kastanje iepen op it hirde hout. Skril lokken de jonge klysters op ’e boppelânnen, ho wyld en hjerstich klonk hjar rop! en in pear ielreagers skreauden heech yn ’e loft. It waerde al mistiger en mistiger.... it waerde hird jounich en koel.
De bern sieten om ’e klaptafel hinne en ieten it jounmiel, bidrukt en stil. De lytse slomme in mûzesliepke yn ’t smûke roun fen memme earm. De bloune kroltsjes foelen him oer ’t foarholtsje, it sêfte ljocht fen ’t tútlampke biskynde him krekt mei in tipke, it roazereade earke en ’t sinnebrune halske. Grytsje siet sa stil det, hiel evenredich forweegde hjar boarst op en del ûnder ’e grilbûnte doek en fol teare ljeafde rêstten hjar eagen op it slomjende skirtebernke....
De iene nei d’ oare gyngen de bern der stil út.... hoazfoetling troch ’t foarhûs yn ’e keamer op bêd. Hja wisten net ho-t se mem wol net bystean scoene.... selst Lubbert, oars sa ’n houtsje, sa ’n greate oppeteur, liet him nou om ’e finger wine en skripte en klauwde for mem hwet ’r mar koe.
It popke op hjar skirte slomme noch. Hja forheuvele hjar in bytsje en loek de stove oan. De stiennen flier joech al kâld op. Hiel hoeden bistoppe se syn lytse foetsjes mei de wollen skelk en skouwde it lampke hwet toside.
Sa sieten se der in set hiel stil togearre. De lea bifoel hjar, stadichwei gyngen hjar eagen ticht. In sefte rêst fen slomme loek oer hjar fyn, koairoun kopke, deis al fen in bulte tearen skeind, nou yn it lampeljocht noch ris wer fen jeugd ’s wjerskyn formoaijke. Hja dreame.... Wibe wie wer thús. Hja seach him oankommen, sa ’s ’r gien wie, net skeind fen brânmark ef beulshânnen. Hja seach syn stil, bleek antlit ûnder ’e breedskadige hoed, de blydskip yn syn eagen, hja fielde syn hân op hjar earm.... yn greate oandwaning sonk se swijgsum oan syn boarst.
„O myn wiif,” sei ’r, „hast my sa mist?” en de triennen forstikten syn lûd. En hja seach him foar hjar út gean by ’t finster lâns yn ’e hûs.
Do waerde se ynienen kjel wekker. De lytse gûlde, de lampe barnde mei in lange, walmige, útbarnde piid. It wie in dream.... o alles in dream.... en de wirklikheit noch o sa swier to dragen. Mar dochs.... spoarde der immen om ’t hûs? Wie der hwa foarhûs? Bûtedoar helle de jounwyn oan, hjerstich rûzden de tokken fen ’e beammen. Hja wreau hjar de eagen út.... seach nou wer klear, neat oars as it earmlike, wolbikende keammerke en hjar popke, det mei lytse klokjes syn jountate bigoan to drinken, it teare lichemke ticht tsjin hjar oan en ’e hantsjes op ’t waerme fel fen hjar boarst....
Krekt as glied de drôfenis ynienen op dit stuit dochs fen hjar ôf, in ôfdroegen kleed, woe hjar siele der net mear fen witte.... It wie frjemd, mar it wie sa. En moediger, as se yn tiiden west hie, klaeide se it popke út en lei it neist hjar yn ’e weach. En waerde dy nachts trijeris wekker.
De oare deis stie hiele Optwizel op iene ein. Myn goede guant noch ta, de frijheitsbeam fornield! Der lei ’r omkeile, de blikkene hoed yn moster totrape, de tokken der ôf en wech-en-der-wear smiten, de sidene sjerp yn fodden toskûrd, de pompierene slingers ta hwet jiske bitard. De Optwizelers skodhollen en stiene der forslein omhinne. Keuning kaem, breinroer, eksteur mei syn assistinten, it „Geregte van Achtkerspelen” Geuke Ljibbes en fen der Kooij yn ’t ferdek hielendal fen Stynsgea en hja gyngen húske-bylâns en der hja in skalk each op hiene, moasten mar ris biswarre, hwer hja dy nachts tahâlden hiene. Elts foar oar wist to biwizen, det ’r thús west hie en net omstoatskaefd dy nachts. De lêsten wierne om alven hinne út „de Swarte Jagtwagen” wei gien nei hûs ta en hiene gjin onrie bispeurd.
Der waerde in preemje útloafd fen hûndert goudgoune yn in gloednij sidene slúfkepong en hwa scoe dy net fortsjinje wolle yn dizze minne tiiden, nou ’t in fjirder bûter mar achttsjin goune gauw en in melke kou mar in goed sauntich goune? Jouns yn ’e sûphuzen leine de oandragers op ’e loer en Saterdeijounen by de skearbaes en hwet letter yn ’e hjerst scoene se op ’e Bûtenposter en Kollumer marke op hjar openst wêze, mar’t joech nin byt.
In lyts wike letter stie Grytsje by de wei en altyd al wer seagen hjar eagen mei langjende loaitsen de kant út nei ’t Westen, hwer de hearrewei de bocht makket om de harbarge De Benthem en yn ’e Harstewei forrint. Der lei Ljouwert, der wie hjar man, der gyng al hjar forlangst nei út.
Hja seach de postwein oankommen yn ’e fierte.... o sa stadich, hwent de wei wie suver in modderpoel nou mei de hjerstrein en de wiete bledden, dy-t by tûzenen foelen, hird en glêzich fen ’e nachtfroast.
Hja seach him yn ’e stúdzje wei oankommen en stilhâlden by „de Swarte Jagtwagen”, de reisgers stapten út en yn. En o! wie det net in bikende stap? Hja lei de hân tsjin hjar wyld-bounzjend hert oan.... ien amerij bleau se hast biseffeleas stean hwer se stie, do seach se noch ien kear det út en roan do mei hasten yn ’e hûs en helle de lytse poppe út syn widzke en rôp lûd om de oare bern. Boartsjende wei kamen se der oan. Hwerom rôp mem sa en hwet seach mem bliid!....
In wylde reinfleach snjitte hjar in pear felle reindrippen yn ’t antlit, hja mirk ’t net iens. Hja stie der mei hjar popke op ’e earm to wachtsjen by ’t potrak ûnder ’e felreade hjerstige kornoelje. Unforweeglik stie se der en dochs! o dochs! ien siddering fen ljeafde en blydskip elts feseltsje fen hjar hiele lichemke en it hert, in bounzjende blide klok oan ’e kiel ta....
Sá seach se him oankommen, hjar stille bleke man. Fen fierrens sochten syn eagen hjarres en loaiken al mar djip yn hjarres, al ljeafde en neat oars.
„Grytsje, wy binn’ wer by inoar”, sei ’r mei in oneinige tearens yn syn swier lûd,” en hy lei hiel foarsichtich syn earm om hjar hinne as in steunder. Hja hie ’t fennoaden, hja trille sa, det hja hie der sa wol hinnesige kind, as hja det ljeave soarchsume hâld net om hjar hinne field hie. En hoeden naem ’r it popke fen hjar oer en biseach him op en del en kitele him ûnder ’t fette kintsje en sei, hy like krekt op mem en wie wol tsjien poun groeid yn al dy tiid. En sa gyngen se yn ’e hûs.
De bern sochten wer hjar hael yn ’e skûrre en op ’e wei, elkmis in stik koeke yn ’e hân en in grou sûkerslak yn ’e mûle en boartene hjar bliid. De druk, dy-t it hûs bineare, wie der net mear, hwet it west hie, biseften se net, mar det it der west hie, bispeurden se wol mei it fynfielich forstean fen ’t bernegemoed. En do-t Lubbert boadskiprinne moast for heit en Jan Hindriks, de bûrman oer ’e wei en Sjoerd Harts en Douwe Everts oansizze moast, heit wie wer frij en fen de iene in fijfje krige en fen ’e oare in bûsfol moaije apels en fen ’e tredde jild for in nije draek, do sprong de jonge hast út syn fel fen blidens.
En hwet waerde me det in joun! De bern yntiids op bêd en hja sieten wer by inoar as yn ’t earst fen hjar trouwen, in krom bêste kofje op ’e koal en in stik marich fol resinen der by! Beide seine se net sa folle, mar hja fielden elts foar oar de rykdom fen it by-inoar wêzen sa inerlik, krekt as seagen se inoar hjoed for ’t earst as sadanigen, inoar foarbiskikt fen ivichheit.—
Hy markbite wûndre skoan, ho fol as hjar it moed wie en forstânnich wei praette ’r oer neat oars as blide dingen. Ho goed ’r it hawn hie yn ’t blokhús, de kofje wol lang net sa goed as by ’t wiif, mar it iten, nou det wie net sa min. Wie ’r net fleurich? Hy sei ’r mar net by, det minhear Ripperda fen alles en noch hwet slûke hie yn syn tichthúshokje, selst toeback en woarsten, hwer de cipier earlik syn part fen krige.
En do einliks de greate dei! trije hûndert goune losjild skikten se him ta en do hoechde ’r de lêste fjirtsjin dagen net mear út to sitten! Frij! frij! as in fûgel yn ’e wiide blauwe loft. „En ’t brânmark?” frege hja lytsmoedich. „Ea kom, hja wie dochs wol wizer,” en hy glimke op syn stille menear en striek it tichte hier hwet fen ’e foarholle en liet hjar mei de hân der oer fiele. Det it raer knypt hie, as hy hie to pronk stean moatten op ’t Blokhúsplein for in giseling fen fyftich stokslaggen op ’e bleate rêch en in pea fen ’t gleon izer der op ta, hy hâldde det mar foar him! Mar hwet hie me det in nacht west, do-t it op ’e neil barnde as it losjild komme scoe ef net!
En de oerstjûre weagen fen hjar earm moed bêdde ’r sa stadich del mei syn sêfte wirden fol treast en ljeafde, ont ’r om hjar reade weake mûle wer it glimke spile, det syn sit hie yn de efkes opkrolle mûlshoeken en det hy der sa jerne seach en hja him it popke ôfkrige, om him syn jounmiel jaen to kinnen, kûs togearre foar ’t knappende houtfjurke. En hy tanke yn stiltme syn God for dit hearlike weromsjen fen al syn ljeaven.—
Diselde joune hiel, hiel let, hast yn ’e foarnacht al, slûpte der immen de finnen út, nei de Sânsleat ta. In swiere bile foel der mei in plomp yn. Sá liet Wibe Lubberts him de fjouwer wike iensum-sitte bitelje[9]. Hja skeinden him yn syn eare as frij man yn in frij lân, hy formoarzele hjar symboal ta grús en winske der by, hjar macht mocht wer wirde ta stof en neat en it âlde, ljeave Oranjehûs noch ris weromkomme op syn eigenerf yn Fryslân! Hy hie it winske, ja bidden dy nachts lykme allinne der op ’e iensume trijesprong by de Wedze út it djipst fen syn hert....
[9] Historysk.
Der wierne mar twa, dy-t mei him wisten, hwer dizze bile ta tsjinne hie. De iene wie syn wiif, der hy nea in geheim for hie en de oare wie Marten Joukes, de skoalmaster en doarpsrjuchter fen Driesum, dy-t him in goed wike ûnderdak jown hie, om de ljue op in falsk spoar to bringen. Eltsenien wist net better, as hy hie noch goed en wol yn ’t tichthús sitten dy joune.... En hy hie it ek west dy nachts om it hûs fen syn ljeaven....
Efkes ien blinkje fen det hûs, det ûnder de skutte fen syn tek alles birg, hwet him dierber wie op ierde, efter ’t finsterke ien skimerke fen syn wiif en ’e lytse yn ’e slom, det joech him de kreft ta de died.
En sa ’s yn him de geest fen forset noch libbe, sa libbe ’r noch yn tûzenen.
Fryslân liet Oranje net los, likemin as de groun in mei en yn him biwoartele beam. De stoarm meij komme en him teisterje, in wylde skûrring him yn ien hoart tognidzje, det ’r kreunende falt.... sjit ’r den de oare simmers net in lytse teare loat op út ’e âlde stam en wirdt det nei forrin fen tiden net wer in beam, in greate keninklike beam?
Fryslân liet Oranje net los, né noait.