KOAREN.
Op it foartoaniel komme fen wearskanten seis feinten en seis fammen op; elkmis fiif riigje hja hjar efter de beide oanfierders fen it koar, healmoanne-foarmich.
KOAR FEN FEINTEN.
’k Seach Walhal, rizende yn de joun’ge glâns.
De reade pracht
Fen deadlik ljacht
Roun tsjoenende de blanke mûrren lâns.
Stil amjend laei
De mêdde dei
Dy’t stadich sonk yn great oandwaenlik swijen,
En Midgard seach
For treast omheach,
Sêft suchtsjend yn hjar langst nei ljeafde, en mijen.
Heech priele dêr de goade-stins;
De wester-grins
Wier ien gestriel fen ljocht en wûndre gloede,
Mar ’t ljocht wier kâld
En joech de wrâld
Nin treast, dy’t hjar tsjin striid en dwylsin hoede—
De stinzen stiene dêr yn ienlikheit.
De nacht strûsde oan;
De hill’ge troan’
Waerd wei yn ’t swart fen dûnkre treastleasheit.
TSJINKOAR FEN FAMMEN.
Hok fyn geroft trochnúndret nou de loft?
Oer ’t slomjend gea
Giet sjongsme bea
Fen klokjes, tinkljend yn it jounske skoft.
Yn ’t rûzjend wâld
Dêr’t griis en âld
De preesters ôffren ûnder hill’ge wijing,
Riist mank gerûs
Fen beamte, it hûs
Fen him dy’t stoar nei net to neamen lijing.
Dêr ear’t men him dy ’t krúshout droech;
Aldgillis joech
Syn folgers frij dêr ’t hillich hûs to bouwen—
Hjar sang rûz’t swiet
Oer greide en wiet
En noeget elts ta rêst en bliid bitrouwen.
It twiivlich Fryslân heart, binijd,
En freget stil
Hwaens goad’ne wil
Bistean scil tsjin de bleke god, dy’t lijt.
KOAR FEN FEINTEN.
Riis Walhal, riis! moat den dyn dei forgean?
Lit Baldur bliid
Oer miede en wiid
Mei syn wollûd’ge sangen bliidzjend gean.
Frou Freya, jow
Dyn bern bitrou—
Wy langje nei de laits fen dyn swiet’ eagen.
Dû Odin, riis!
Ei noedzje ús! wiis
De dûnkre dwylsin-lear ta earme ljeagen.
Lit ús net ienlik yn de nacht;
Wy ha dyn ljacht
Sa faek al folge; ei, wol ’t ús net ûntkeare
Nou’t oer de wrâld
Dit deadlik skâd
Fordjerlik driuwt, ûnhilligjend dyn leare.
Dyn wente is ús ta’n ivich thús;
Dyn troane ús trêft;
Ei lit dyn krêft
Den weidwaen fen ús each dit deadlik krús!
TSJINKOAR FEN FAMMEN.
Mem Fryslân sei, scilst sinke yn djip forjit?
O Keningsgroun
Fen Walhal jown,
Scilst swymje nou’t de krêft sels Thor forlit?
Bist wijd oan dea?
Mar dôch, dyn gea
Is swiet fen krûd en ljocht fen nije blommen.
Fornijde tier
Giet sêft en blier
Dyn antlit oer, wer bliid yn ’t Maitiids-kommen.
’k Hear ho’t dyn marren núndrjend gean;
Hjar bliid bistean
Wijt wer fen nijs de siel’ ta iivge dreamen—
Scoest sinke yn ’t neat?
Dyn striid is great,
Hwet dy bidriget, swier en frjemd to neamen;
Mar wy wol tsjûgje fen dyn rom,
Det dei by dei
Dyn hill’ge wei
Dy laet yn ’t ljocht, wer rizende út dyn slom.
MIENSKIPLIK KOAR.
Hwent dit is de minske as in godsrjucht jown
To ljeavjen it lân fen syn âlden;
Meije stinzen forgean, wier Walhal swoun,
Dit bliuwt syn hert bihâlden.
De goaden fen d’ ierde dy bidt men oan
Nei de driuw fen it egen bistean;
It lân fen yens ljeafde oerglânzget hjar troan:
Nea scil it yn nacht forgean.
(Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn).