WeRead Powered by ReaderPub
Kening Aldgillis cover

Kening Aldgillis

Chapter 51: 10. Radbod, Arthur.
Open in WeRead

Explore more books like this:

About This Book

A five-act historical drama set in a coastal kingdom traces the tensions around succession as an aging ruler, his kin and competing nobles confront rival ambitions and spiritual change. Action moves through domestic rooms, council halls, forest shrines and public ceremonies across the seasons, with choruses and songs shaping communal feeling. The play stages conflicts between traditional rites and emerging faith, personal longing and political duty, and the costs of pursuing greatness. Poetic language and ritualized scenes underscore questions of loyalty, legacy and identity as private doubts and public decisions determine the realm’s future.

FJIRDE UTKOMSTE.

Klinte fen in slachteman yn it wâld, net fier fen it Kristlik Godshûs. Groun fen liem, mûrren fen hout. In griene seadde-bank tsjin de eftermûrre, sljuchte houten banken by de rjuchter kant lâns, tsjin de lofter in pear skragen mei planken for tafel. Dêrop in walmjend ljocht, weevjend mei de wynpûsten. Joun, needwaer.

1. Slachteman, Wiif.

SLACHTEMAN.
Hei, hwet de stoarm de beammen kreakjen docht!
Hy ploft deryn, hy boldret, raemt en geit,
En ’t beamte kroanet fen syn woede en grym,
En wringt yn eangst for d’ ûre fen syn fal.
De Dizen jachtsje it wâljend loftrom troch;
Niis do’t ik ’t fé foerre en de baergen joech
En effen bûten by de rûchskern stie,
Seach ik in great swart hynsder stiigrjend gean
Troch ’t strûzend swirk, en wyld dêrop in wiif
Mei hier dat sling’re oer hiel de stoarmge loft,
Wylst út hjar eagen fjûr fen wjerljocht skeat!

WIIF.
Sa hoedzje ús Thor! Neat as syn hammer kin
De stoarm bitwinge en ’t ûnksbrod flechtsjen dwaen!
Hastû de jountiidsjefte al off’re en wijd?

SLACHTEMAN.
Ik haw in hin slachte en it bloed him bean
En oer de drompel fen de féstâl struid.
Mear kin ’t net lije en ’t hoecht ek net. Thor wit
It leeg’re folk giet for syn wil troch ’t fjûr,
Hy rekk’net mear mei ’t herte as pronkrich gûd.
Gol soarget er for ús, mei krêft’ge earms,
En hâldt de stoarm tsjin yn syn grous’me feart,
Det oer ús dak syn grym gjin beamte keilt!

WIIF.
Hwet bin de goaden sterk! Ik fetsje it net.
Hja ride op fjûr’ge weinen troch de loft,
En brekke d’ iken eft it reiden wiern,
En swypkje sims de sé oer greide en gea,
Det sels de terpen ûnderdûke yn ’t wiet,
En ’t séwiif baeit dêr’t oars it koubist roun.
Ja, hwa’t hjir tsjin hat—Hwent de minske is túch,
Sels bear en ûroks binne ús krêft to sterk,
En fijnen ha wy ’t meast fen alle djier.

SLACHTEMAN.
Ja selsum is ’t. Mar oars, wol noedzje hja
Hwa’t wach en trou him oan hjar tsjinst forbynt.
Grif wennet yn hjar boarst mear ljeafde as haet.
Witst noch fen do’t ik, feint yet, om dy roun?
Ast den my bidest yn jim iensme went,
En neat wier nêst ús as de sil’vren nacht,
Den fielde ik klear, al seach it each ’t ek net,
Frou Frigga sloep de klinte teansjend troch
En stoarte glâns yn ’t each en krêft yn ’t hert,
En letter ast yn ’t glânzgjen fen de dei
It lynwaed wevest op ús drompelstien,
Den seach ik sims dy triedden mymrjend gean,
En ’k wist, soks koe net ien mei minsk’ne hân,
As Frigga sels net kind’gens joech en krêft.

WIIF.
Dat hie ús mem ús leard. Mar grif is ’t wier,
De goaden moatte seine en woltier jaen.
Ho skoert it, hark! Hja bin wol swier yn grym,
Mar ek, ho húnt men net hjar heech biwâld!
Men seit, de kening niigt him faek for ’t krús,
Ien dead stik hout, wylst Thor wol beam nei beam
Yn byljend woedzjen tsjin de wrâldgroun stjit!
’t Is ’t hill’ge in hún. En den dat ûngodshûs
Hjir yn it wâld, dêr’t joun dy tsjoendersman
Wer oangean scil tsjin goad’ne wâld en trêft!
Men moast it drinzgje yn bloed, dat skamtleas folk,
Dat oer ús dak de goad’ne flokwird bringt!

SLACHTEMAN.
Mar ’t hâldt gjin stân! Us kening seit it goed,
Mar Radbod sjucht skerp ta. By Thor, in helt!
Al ienris keilde er ’t fjûr yn ’t ûngodshûs,
En ’t krús hat hún en dead fen him yn ’t foar.
Dat is de hoop fen ’t folk. Is ’t hof ek siik
Hy scil it bûgen dwaen yn hill’ge tsjinst
For ’t heech biwâld fen ’t machtich goadendom.
Bid Frey for him, as’t skielk de jounsbea dochst!

(klopjen oan de doar).

WIIF
Hwet, is der folk? Yn sok in deadlik waer?

2. Slachteman, Wiif, Radbod, Holder (beide formomme).

RADBOD.
Slachte, bist Odin trou?

SLACHTEMAN.
Mei hiel myn hert.

RADBOD.
Ik moat dy fergje op tsjinst. De goad’ne striid
Ropt ta de die. Siz goed, dat ik dyn went
Diz nacht as mines brûk. Jow dy nou daelk
Mei ’t wiif hjirwei, en siikje yn ’t doarp biskûl
Oant moarn it ljocht wer riist. Haw goed bitrou.

SLACHTEMAN.
Hwa is ’t dy soks yn d’ egen went my seit?

RADBOD.
Sjuch hjir dizz’ ring. Dy runen kenstû wol.

SLACHTEMAN.
(forheard)
By Odin! dat...

RADBOD.
Gjin nammen hjir. Unthjit
My by dyn siel detst swije scilst hjiroer.

SLACHTEMAN.
Skoer my de tonge út as ik dêrfen praet.
Wiif mei my mei. Flok hwa’t it krús oanbidt.

(Slachteman en wiif ôf).

RADBOD.
(ûntmommet him)
Seachstû dy glâns opljochtsjen yn syn each?
Ik siz dy, ’t folk is soun. Syn hert slacht sterk,
’t Bloed jaget fûl syn bounzjende ieren troch.
Fen sok skaei dije helten. ’t Heger folk
Forweaklike yn syn neatdwaen en gedream
Is krêftleas by sa’n iizren libbensmoed.
Hy fette it wol, der drige in ûnk for ’t krús;
Hja haetsje d’ ûngod en syn siik gedweep,
Hjar libben ropt om rouwe krêft en rom
Lyk ús tsjinst inkeld hjar forkind’gje kin.
Al scil it hof spjalte yn in grousme eangst,
Al sjongt gjin skalt de die dy’t stiest to dwaen,
’t Folk júb’let yn syn doarpen, as it heart,
Det d’ ûngodspreester for syn goaden foel.

(Holder swijt).

By Widar, Holder, siz hwet! ’t Wearzget my
Dat skriklik deadlik swijen! Kinst den neat,
Neat litte fen myn moeisum woune rêst?
Moat ik wer húvrje as in eang lyts bern
For hwet ik doch, wylst ik dochs wit, it moat?
Dû witst det nou de stiltme as stjurre bloed
My hearzget yn myn kiel, dat minsklik lûd
My wytgje moat, det ik by libb’nen bin?
Bist for dyn died den bang? Dû dy’t men nea
Yn jacht noch bloedd’ger striid net riljen seach?
Wylst ik dy sein haw, sward haw by myn siel,
Det astû diest hwet ik gjin oar bitrou,
Gjin oar for my mear wearde woun as frjeon?

HOLDER.
Ik bid dy, neam dat net. Dat mei net mear.

RADBOD.
Dû seist, it wier it hillichst datstû hiest!

HOLDER.
Ik haw myn siel stjûrd út myn weardleas liif,
Ik bin bleat wirktúch mear. Ik kin net oars.
Scoe ’k sjen nei hwet ik dwaen moat, mei forstân
My jaen yn hwetstû wolst, ik doarst it net,
Ik wist myn siel forflokt by minske en God—
En delstaet yn de hel. Ik wol net sjen
Net fiele en tinke mear. Ik wol bleat dwaen
Hwetstû my hjitst, gjin egen wil mear ha.
Gjin praet fen frjeonskip mear ef oar bliid ljocht—
It wier de bloei fen myn forstoarne siel,
En ’k wol net det hja ea wer libjend riist.
Frjemd dat ik joun ien byld net weidwaen kin...

RADBOD.
Siz my alteast den dat.

HOLDER.
Ik tink om Mem.
Hja glimke troch hjar triennen do’t ik gyng
En oant de stins-greft bleau hja nêst myn hoars,
En sei: „Al is ’t my leed, dyn gean is goed.
Dû scilst dyn tsjinst dwaen oan in trêftich hôf
Dêr’t wierheit dijt en trou en súv’re rom,
En oan dyn siel scilstû gjin skea der ha...”
Joun sit hja yn de halseal, foar de heard,
En sjucht ho’t stoarm de fûnken stouwen docht,
Ef stiet foar ’t rút en sjucht de jountiid yn,
En mymret oer lang lyn, do’t hja for my
Yn winterjoun hjar moaiste sankjes song.
Frjemd det ik joun dat byld net weidwaen kin,
Wylst dochs myn siel net sels mear libje mei...

RADBOD.
Jow my dyn bôge en gean. Den scil ik sels...

HOLDER.
Gean dû hjirwei. Dyn selskip martlet my,
Ik wol net detstû ’t dochst. Do’t ik for ’t earst
Dyn antlit seach en knibble for dyn troan,
Dreamde ik dyn holle omgoude fen klear ljocht,
En yn dyn eagen mymring fen it heil
Dat dy oan al it hege en hill’ge boun.
Do tocht ik: „Spitich det de striid him ropt,
Det skielk dy blankens readzje scil fen bloed,
En d’ eagen sjugge yn ’t woedzjen fen ’e hel—
Hy wier for neat as ljeafde berne en liet”.
En dû scoest falle? Dû in moart bigean?
Ik swar dy, gean werom. Forjit hwet wier.
Moarn scil men dy wytgje Wilfrid’s dea
En my sjuchst nea werom. Ja dochs, ik scil
De skild nimme op myn siel, de goad’ne grym
Scil gean oer my, ik wol ’t ... myn egen wil.
Gean dû nou foart. Dû kearst my dochs net mear.
’k Bisleat it yn myn hert mei klear forstân
En egen doel. Gean nei de stins werom.
Dû witst fen neat. Dû hast gjin skild oan dit.
Bistribje fierder sels de goad’ne heil
Lyk ’t foech jowt for dyn súvre foarstlikheit
En flok den my, det ik dy súvrens briek.
Ik swar dy, gean. Dû hjir! It is in dream.

RADBOD.
Den kenst my net. Ik wol myn diel hjiroan.
Ik wol togearre diele yn died en flok.
Wy hawwe ús Odin wijd. De goaden sels
Stean for de skild, as ’t skild is en gjin trêft
Hjar ryk to warjen mei dizze iene died.
By Odin, stil! Ik hear hwa... Hwet is dat?

3. Radbod, Holder, Thied.

THIED.
Radbod, bistû dêr ... siz by Thor, bistû ’t?

RADBOD.
Ik bin ’t.

THIED.
Forjow my bern... ’t Wier my sa near,
Ik miste dy. Dû wierst net yn de stins.
’t Hert bounze my en sloech ... ik wist gjin ried,
Ik fielde dy yn need, de dea ticht by.
Oan’t Bernlef sei, dû wierst it wâld yngien
Mei Holder, hy hie ’t sjoen. Dû tocht ik daelk
Det joun dy tsjoender-preester tsjûgnis joech
Hjir yn dit ûngodshûs. Ik socht dy hjir.
Hwet wolstû, hwet oertinkst? O, Radbod siz ’t!
Hwerom forswijst it my? Ik hie dochs rjucht...

RADBOD.
Foarstinne, is dit jins wei? In joun fen stoarm,
Det yn it wâld it beamte spjalt en knikt,
Gean yet jins fiet, fen leed en jeld sa wirch,
In paed dêr’t gjin jongfeint syn liif bitrout?
Is soks jo weardich en de goaden nolk?
En wytget dit bitrou? Myn stridend hert
Is jo yn leauwe en heechste langst dochs hiem?
Bin ik ien dy’t forhoalen paedtsjes giet,
Ef mei leech folk forkeart, det eltse stoun
Der tasjuch gean moat oer syn doel en dwaen?

THIED.
Mar ast yn need wierst! Ast dysels forgeatst
En yngyngst tsjin dyn heite strang bifel
En dochs de frede mei dat túch tobriekst,
Hjar tsjerke plonderst ef de preester faeks...

RADBOD.
Moat den yens wird my eangst leare en gekrûp?
As ’t hert my seit det men ús folk forstaet
Yn earleaze ûndergong, en d’ ears’me foarst
My ûnderwiist yn ’t boadskip fen it krús,
En alles sinkt yn ûnmacht, skande, fal,
Wylst men de goaden húnt as ûnwier spoek,
En janket oer de minsk’ne sûndich hert
Dat—Odin tank!—ek hate’s krêft forstiet,
En walch hat yn dy goare gûchlerij,
Moat ik den sjen en biidzje en dildzje út eangst,
Omt oars de kening mei syn wiis bistel
My mindrje kin yn macht ef boetsjen dwaen?
Né, né, jim goaden! Lit syn flok my slaen!
Al scoe ik finz’ne wêze yn ivichheit,
Al waerd de skande-dea myn einichst lean,
’k Scil ienris dwaen nei ’t biedwird fen myn hert,
’k Scil ienris laitsje as oan it krêftleas krús
De bleke God wer trien forjit nei trien,
En ’t liif him yetris bliedt fendet myn hân
De spear yet ienris delstaet yn syn fleis!
Lit den Aldgillis my yn boalshân jaen,
Ik laitsje om him en syn dwylsinnich rjucht
Dat ljeafst syn egen bern út ’t libben staet!
Bliid, bliid scil ’k falle, as ’t krús mar foar my foel!

(Holder giet, ûnmirken).

THIED.
It krús komt wer! Mei ien slach falt it net!
Hja scille in oar stjûre yn dit twiivlich lân
Mei kinst’ger wird en kriichsfolk mei him jaen,
Det nimmen mear syn wirk bihindrje kin!
Dyn striid scil lang wêze en as lead sa swier
En astû nou foelst, ear’t de stoarm’ge slacht
Bigjint to woedzjen yn syn wyldste krêft,
Bliuwt neat ús oer as wanhope en it ein!
Ik bid dy, hjit in oar dat wirk to dwaen!
Forlit dit plak fen ûnk! Gean nei de stins;
Dû stelst dysels oan skande en delfal bleat,
En slachst ús keinste hope yn dwylsin del!

RADBOD.
En den? dêr biidzje op better kâns en tiid
Om greater slach to slaen? En siikje yn ’t brein
Ho’t ik, yn ’t from en froed each in freedsme glâns,
’t Best gûchlje kin det, wylst gjin ien it tinkt,
Myn earms yn ien slach tommljen dogge it folk,
Det sûnder erch yet knibb’let for it krús?
En wylst hwet spinne oan ’t webbe fen forried,
En frjeonen stjûre yn earleaze ûndergong,
Det hja hjar siel en sill’gens jaen for my,
Sa’t ik hjar hiet to dwaen, wylst ik fierwei
En feilich, glimkjend tsjin ûnnoaz’len siz:
„Ho dom fen hjar! Hja witte ik ha ’t forbean
Ik ken hjar doel net en hjar wyld gedoch?”
Moat ik in gûchler wirde, in falske smjeont?
Is dat de goad’ne rom? By Walhal né!
My offrje scil ’k. En jowt sels dat to min,
Lit Thor den sels hjir stjûre in trêft’ger helt,
Dy’t striidt en wint, hwer’t ik to slomjen liz.
Lit den myn libben koart wêze as in dream
Mar suver, sterk en ljocht. Thor, Thor, hwet woe ’k!
In frjeon scoe ’k hjitte in moart to dwaen, wylst myn,
Myn herte siedt fen grym en hjitte smert!
Mysels scoe ’k sparje út leffe ûnweard’ge soarch?
Wylst my de goaden stjûre! wylst hjar wil
Net ien as my oanfytret ta sa’n die!
Mei my in god slaen for sa’n skrikb’re fal,
En martlje det ik sà mysels forgeat!
Foarstinne, ik stjûr jo nei de stins werom,
Holder giet mei. Iksels bliuw inkeld hjir.
Nou gean, gjin tsjinpraet mear... By Thor, forflokt!
Hwer is er bleaun? Jim goaden, is er gien,
Is ’t al to let? En wylst myn hert krekt nou
De folle ûnweard’gens fen myn misdie sjucht?
O Walhal, wolst myn fal en skande den?

THIED.
De himel sprekt. De goaden dildzje it net.
Gean mei my nei de stins. Hwet moat bart dochs.
De goaden ha dyn tsjinst en foarstriid brek.
Hjirwei, hjirwei! Tink om dyn keningswirk!

RADBOD.
Ik siz jo: swij. Ik wyk hjir net mear wei.
Hy komt hjir wer. Ik haw in plicht tsjin him.
Ik scil him súv’rje fen syn bloed’ge died,
Det hy syn mem syn siele suver bringt
En for de moart scil nimmen stean as ik.

THIED.
(smeekjend)
Myn soan...

RADBOD.
Foarstinne, ik swar jo, swij!
Al scoe Thor’s fûst al ’t beamte tomml’jen dwaen
Oer ’t dak fen dy brekfall’ge klint, ik bliuw;
Hels egen doem driuwt my net mear hjirwei!

THIED.
’t Is goed. Den sjucht de stins ek my net mear.

RADBOD.
Gean, gean!

THIED.
Ik wit myn plak. ’t Is njunken dy.
De goaden hawwe ús yn hjar tsjinst forboun.
Astû falst, fal ik mei. Myn tiid is komd.
Myn each hat greatens sjoen en krêft en striid,
En by it gûlen fen de stoarm is ’t goed
Yen los to skoerren fen de gammle wrâld.
De goaden tank det ik yn greatste need
Nêst dy yet biidzje mei. Hja bin my myld.

(It byljen fen de stoarm forstjert. In sêfte wyn giet oer it leaf. Oer de drompel fen de klinte siicht in silvrige gloede).

RADBOD.
Forflokt! de stoarm bynt yn. De rop fen krêft
Sinkt yn in sêfter lústring stadich wei.
Hwet bounzet nou it bloed... O det de stoarm
Der dochs oerhinne gûlde yn striidgedroan!
De jounwyn rint al húvrjende oer it beamt,
En silvren drippen stouwe oer ’t slykrich paed.
It swirk skoert iepen. ’t Grille moanljocht falt
Oer bleke rânnen weevjend oer it wâld.
Dwylljochten gean mei lytse lampkes roun.
Dêr fier troch ’t hout it glânzgjen fen klear ljocht
Dat streamt troch finsters fen dy ûngodswent!
Ilindich hûs! Mei dy Thor’s wjerljocht slaen!
Heal wirk Thor, docht dyn fûst, salang ’t er net
De hammer nei dat earmt’lik bousel keilt!
Hwet nou... Kin dat... Giet den dat lûd sa fier...

KOAR FEN NONNEN.
(fierôf)
Hear dy’t ta it hill’ge wije
Dy’t fen sûnde it hert bifrije,
Lit ús dwaen ta goedens dije.

Lear ús libjen yn dyn minne
Dy’t ek sûnd’gers, moard’ners, winne,
Mear as minsken fetsje kinne
.

(It lûd wirdt wei yn de stoarm dy’t wer riist).

RADBOD.
Fiks! war dy Thor! oertongrje mei dyn lûd
Dat ropt ta dûnkre striid fen loft tsjin loft,
De weake sankjes fen dat skynfrom skaei!
Forskyn hjar yn de skrikb’rens fen dyn krêft,
Boldrje hjar eangst yn ’t hert! Slaen fen hjar went
It earmtlik dak en blies it boartsjend wei,
Det hja yn ’t groljen fen d’ ûnlij’ge loft
Dyn laitsjende eagen fûnkljen sjen fen fjûr!
Ho nou? bist wirch dû Thor? swijst nou al wer?
’t Is eft dyn hammer delslacht oer myn hert...

IT KOAR.
(fen nijs)
Hear dy’t nei dyn hill’ge troane
Ropt de fall’nen en fordoarnen,
Langje ek my dyn lijens-kroane!

Lied ús oer de goede wegen
Nei dyn libb’ne glâns omhegen,
Ljochtsje oer hwa’t dyn ljeafde fregen.

(de stoarm riist fen nijs).

THIED.
Hja sjonge it liet fen d’ egen ûndergong.
Hy boartet mei hjar as hwet túfkes plús,
Syn boarst swolt op fen ’t amjen dat er docht,
En hjar lûd is in wyl’ge krâns dy’t yn
De macht’ge streamen fen syn floed fordrinkt.
Meast wûndre wizens fen ús goadendom!
Warskôgjend giet hjar lûd it loftrom troch,
Dat yet it wantrou hert syn sûnd’gens sjucht
En bett’rje kin, ear’t yn it ein hjar grym
De domme dwylders yn hel’s djipten stjit.
Ljocht fregen hja? Stoarm, heilslach scil hja ha!
Hja nôt scil rotsje op ’t fjild, hjar fé scil Ran
Drinzgje yn de stream fen hjar útlitt’ne noft,
It tek stoart oer hjar holle kreakjend yn!

(Stoarm bilunet, it koar wirdt hearber).

RADBOD.
Hark! hark! hwet is it klear! As wier ’t deun by

IT KOAR.
(yn jubel)
Kening God, hwaens strieljende eagen
Klinte en hoal mei ljocht oerteagen,
Sûnde en bloed en ljeagen seagen,

Skriklik riist dyn grym en woede
Tsjin hwa’t sûnd’get oan d’ algoede,
Húnders fen dyn hill’ge gloede!

Mar de dea scil machtleas sinke,
Sûnde it heil fen lottring drinke,
Dêr’t Genede en Ljeafde blinke.

THIED.
Noch bliuwt it stil. Nou rist de God him ré.
In rjuchter lyk sa riist er yn syn wein
En skôget siikjend oer it wâld-beamt del.
Syn grym riist yn him as in hjerst’ge sé,
Dy’t stiif stiet yn it biidzjen fen ’e stoarm!
Sjuchst oan ’e loft ek fjûr? Is ’t swirk yet gear?
To skrikliker scil skielk de wjerljocht slaen!

RADBOD.
(yn forheftige kjeltme efterút-skriljend)
By Odin, dêr, de loft! Hwet wol... O Thor...

THIED.
Hwet is ’t? Hwet seachst?

RADBOD.
De stoarm, de wyn is keard!
Thor sels droech niis dat krúsliet nei ús oer!

THIED.
Hwet! dwylstû, bern!

RADBOD.
As ’t mûglik wier! as ’t koe!
As twisken hjar en him de twastriid sonk!
As hja by ’t neijrjen fen syn nije trêd,
Him noegen as in frjeon yn Asgard’s stins,
As Odin riisde en him it wolkom sei,
En hy tonei nêst hjar de leegre wrâld
Bistjûrde en dielde yn hjar geneed’ge glâns!
Ek Niörd kaem sa ta hjar! Koe ’t wêze! O koe ’t!
Syn antlit is sa stil, sa bleek fen leed
As hie er sjoen yn Hel’s great ryk fen smert;
As út de grizens fen de djipste wrâld
Hy werkomd wier yn ús wrâld... Baldur sels...

THIED.
Warje Odin dy for twivel! Bist bitsjoend?
Dû húnst ús goaden bern! In krús’ge slaef?

RADBOD.
Forjow! ik fiel my swak. Dy frjemde sang...
Né, né, ’t is gien. Ik slút myn hert wer ta.
Gjin soen, gjin frede, striid en dea for ’t krús.
’t Untstelt ús... Goaden hwet... it stelt ús krêft,
Us rom, ús heltesteat, ús skoander sels.
It krús moat del. Dea hwa’t syn God oanbidt!

THIED.
By Thor! der bin gûnt! op de bocht fen ’t paed!
Dwêst út dat skynfet! triuw de doar tel ta!
Faeks gean hja sa foarby... De herne yn, hjir!

(bounzjen op de doar).

4. Radbod, Thied, Bernlef, Feinten fen de Keningswacht.

BERNLEF.
Folk hjir? Gjin lûd. My tocht, ik hie hwet heard.
Fier iepen den dy doar. Lit twa fen jim
For wacht by d’ iep’ning stean. Kear tsjin as ’t wier
Det immen flecht oertocht. Draech jim it lyk
De klinte yn. Hwet is ’t? gjin ljocht? Hjir, tsjin
De sydkant moat in bank fen seadden stean,
By ’t moanljocht kinst it sjen. Liz dêr him del.

(fjouwer feinten lizze mijen de prins for dea op ’e seaddebank del).

Twa fen jim gean werom, en wytgje ’t ûnk
De kening sels. Lit hiel de wacht it wâld
Ofsiikje for de moardner. Dû slaen fjûr!

(Wachtfeint slacht fjûr, sjucht by de fûnk in tel Radbod en Thied hjar foarms, lit de fjûrstiennen falle).

FEINT.
By ’t wird fen Tyr! Dat wier...

BERNLEF.
Hwet is ’t?

FEINT.
Ik miende ... ik seach...

BERNLEF.
Dû sûle! Spoeken? Bang? Jow my de stien.

RADBOD.
(him twingend)
Dû Bernlef? doch gjin war. Ik sels scil wol.

BERNLEF.
By Walhal, Radbod dû?

FEINTEN.
Prins Radbod is ’t!

RADBOD.
Foarstinne Thied en ik, ja. Wirdstû kjel?
Wy woene joun de tsjinst fen ’t krús ris sjen
Fen tichteby. Mar ’t waer hat ús hjir keard.
Hjir is de stien. My tocht, ik seach hjir niis
In skynfet stean. Bliuw stean hwerst bist. Mar ho
Falstû hjiryn? Hast faeks oan ’t fjuchtsjen west?

BERNLEF.
Ik hie de kenings-wacht. In slachteman
Roun hymjend by ús yn en rôp ús wach;
Hy hie in gjalp heard op ’e wei nei ’t krús.
Ik fjouw’re mei de feinten ’t wâldpaed yn
En foun him tsjin in beam. Rampsill’ge joun!
Hwet hat syn wird ús koart ta seine west,
Ho ring is ’t ljocht yn dy mylde eagen dwêst!

RADBOD.
(slacht nou earst fen nijs fjûr; it skynfet ljochtet op. Den)
Hwêr is de griisbird rekke? Is er dea?

BERNLEF.
Hwet mienst ... dû tinkst ... hast den net sjoen hwa ’t is...
Sjuch Radbod ... stil en glimkjend leit er dêr,
As hie men yn in dream fen lok him daet...

RADBOD.
De prins fen Inglân! Goaden, dat! is dat...

THIED.
(kâld)
Sa slacht de flok fen Thor de frjemden del,
Dy’t hjir ús folk forliede en knibbljen dwaen
For ’t skriemend wanbyld oan it skandlik krús.

BERNLEF.
Thor’s flok... Né, né, sa bin de goaden net,
Gjin iens’me moardzje hja yn ’t ljochtleas wâld,
Dy’t wirge doarmers bringe op ’t goede paed
En reiz’gers hoedzje tsjin it longrjend wyld!
Neat as in minske is ta sa’n died by steat,
Hwaens herte siedt fen ’t wyld fenyn fen haet!

RADBOD.
Ydwine wirdt syn breid dos wis net mear.

BERNLEF.
Goaden! Ydwine! As hja dit skrikliks heart!
As hja de boaden moete foar de stins!
Hja wachte joun op him! Forflokt det ik
Oan hjar great leed net tocht! Jim, feinten, gean,
Fjouwrje yet d’ oaren nei en wytgje hjar
Prinsesse Ydwine heart gjin wird hjiroer,
Ear’t net hjar heit it gint. O goaden, koe ’k...

RADBOD.
Lit my gean. Better det iksels soks bring.
It jowt gjin foech, det hja ’t fen frjemden heart
Wylst hjir hjar egen broer it wachtsjen docht.

BERNLEF.
By Walhal né, net dû! Better in slaef
Dy’t for hjar grousum leed earbied’nis hat
As dû, hwaens wird fen jubel trilje scil,
Hwaens eagen flûnkerje fen hún en nocht!
’t Is for dyn hate in reade kroan fen Hel
Eft dy it bloed oer hier en antlit dript!

THIED.
Unsill’ge, húnst dyn master? Lit him gean!

BERNLEF.
Hy bliuwt. Hy sieddet ûnk hwerdet er komt.
Arthur is dea. Hy hat myn noed net brek.
Mar hwa’t Ydwine wounje scil yn ’t hert,
Moat myn hert earst trochdolgje mei syn swird.
Wachtfeinten, yn de doar. By ’t Keningswird
Liz ik jim op to soargjen det er bliuwt.
Hwa’t lef is, boetet moarn de skande-dea.

RADBOD.
Forwoed’ne! is dat dyn frjeonskip? dat dyn trou?
Dochst my hjir hún oan mei myn egen folk,
My, Fryslân’s prins en nei myn heit it heechst?
Hwet sleepst my troch it slyk? Hwêr is dyn rjucht
Mei mei dyn wacht dit sot gewelt to dwaen?
Jim feinten, jow my romte, ef oars, by Thor...!

BERNLEF.
Prins Radbod scil net gean. Jim stean for him.
Hy is myn finzne oantdet de kening komt.
Hy briek de kenings-frede en die in moart.

5. Radbod, Thied, Bernlef, Holder, Wachtfeinten.

HOLDER.
Bernlef dû lasterst. Nim ’t werom, dat wird.
Hy wit fen neat. De dieder stiet foar dy.
Hjir is it reau dat dea brocht oer syn wei.

(smyt syn bôge Bernlef foar).

BERNLEF.
Holder, ûnsill’ge dû? Dû raest! ho koest?

HOLDER.
Ik ha ’t út frjeonskip dien. Myn hert hat skriemd
To sjen ho’t Radbod lijde en eltse dei
Wer nije delslach dildzje moast fen ’t krús.
Hiel ’t herte dreau him oan ta striid for ’t heil
Dat Thor bitroud hie oan syn kenings-krêft,
Neat bide er as de dei det iens syn hân
Syn goaden warje koe tsjin ûnk en fal,
En pynge hat men him mei twongen rêst,
En as in finz’ne foltre en longrjen dien
Nei frijdom, wylst syn jonge hill’ge krêft
Forneat’ge waerd en yn it skaed fortreaun.
Syn hân wier boun. Mar ’k ha syn hert forstien.
Ik wist, al bleau syn mûle stom, syn boarst
Scoe slaen fen nocht, as men him wytge en sei,
De greate preester wier for ivich stom.
Syn slimste fijan wier ’t. Do haw iksels
De die bitocht en dien. Dû, lit him gean.

BERNLEF.
Dyn wirdt sels kleit him oan. Tinkst Wilfrid dea?
Ilind’ge, sjuch hwa’t hjir de dea-sliep sliept!

HOLDER.
By Thor, ’t is him! De greate prins fen ’t krús!
Brek, moardners-hert! Jim goaden, slaen my del,
Forstjit my yn de iivgens fen jim grym,
My flokbre, dy’t de Divel tsjinje doarst!

(falt del foar Arthur).

THIED.
Oerhears’me skalt! Wiist dit net groulik út,
Hwa’t hjir de moardner wier? Hwet, twiivlest yet?
Biswar him by de hill’gens fen dyn siel
Det Radbod dy dyn flokbre hún forjowt
En net dyn libben brekt as earmtlik reid!

RADBOD.
Foarstinne, swij! Ljeagen en bloed genôch!
Hy die, hwet ik him hiet, hwerta myn hert
Him brocht hat mei it lokjen fen myn ginst!
’t Ark is fen him, mar mines is de tins!
Mines de wil en ’t hiele flokbre doel!
Syn hert hat wraksle tsjin myn wylde driuw,
Mar ik haw longre en stookle en jage en dreaun
As Loki, do’t er Baldur deadlik sloech
Troch ’t glûpske stjûren fen god Hodur’s hân!

BERNLEF.
Radbod, ho koest! Is dit de wei nei rom?
Hwer fjuchtest for? Hwet wennet yn dyn hert?
Hat men ús soks leard oer ús goad’ne krêft?
Springt Thor’s sterk hert by ’t skôgjen fen in moard?
Sûnt holang drinkt forrie de romer út
Dy’t de Walkire yn ’t blinkend Walhal biedt?
Hwa hat sa djip dy staet? Hat den dyn each
Nea Asgard’s greate wûnders libjen sjoen,
Det it yn hel de kroane sjucht fen ’t ljocht?

RADBOD.
Ik siz dy, nea! Nea hat myn each soks sjoen!
Dyn goaden bin my frjemd. Ik ken se net!
Jim sjonge nommle sankjes yn de hal
Fen ljeafde en hillich ljocht, en goad’ne lean.
Mar sankjes bin ’t, hwet sêgen, âld en strûst!
Mar sankjes bin ’t, hwet sêgen, âld en deadsk
Nea joech in god my ljocht yn ’t twiivlich hert,
Nea sei my Frey in frjeonlik, lústrjend wird,
Nea is for my de libb’ne Baldur riisd—
Dea, dea haw ik him sjoen as stien sa dea!

BERNLEF.
Mar den, ik bid dy, hwet driuwt den dyn hert...

RADBOD.
Wist ik it sels! Ik tink, in wyld njoer lot,
Dat as in spoekbyld wacht hâldt oer myn gean!
Myn egen wrok, myn wrange haet, it tsjoed
Dat skandlik troanet yn myn sûndich hert!
De goaden ha my flokt! Jim feinten, sjuch!
Hjir stiet de prins fen Fryslân! Hjir de helt
Dy’t yn de slacht jim haed en foarbyld wier!
Mar sjuch syn klaed net, noch syn flûnkrjend each,
De skyn dy’t dea bislút! Mar sjuch syn hert!
En wit, de leechste út jim hat nomm’ler siel
As dit flokt kenings-bern, hwaens hân nei bloed,
Hwaens hier nei ’t walmjen fen de swevel stonkt!

FEINTEN.
Hy ropt de hel oer ús! De ûngod riist!

THIED.
Hear net nei him! Hy wit net hwet er seit!
It leed stjûrt dwylsin oer him! ’t Wird raest út,
Mar ’t hert is soun! It driuwt wol oer! By Thor,
Haw earbied for syn liif, al is er gek!

RADBOD.
Né, wrychtich net. Ik bin net gek. Ik sjuch,
Ik bin mysels. Ik flok myn tsjuster hert
Det faeks myn siel hjar súvrje kin, det dochs
Myn sonken hert syn sûnd’ge driuw oerwint.
Holder, oerein. Dû hast myn flok my wiisd;
Myn libben súvre yn ’t ljochtsjen fen dyn trou.
Dû hast my dead ûntskoerd. Troch dy ha ’k bleek
Myn grous’me skande yn ’t bliedend antlit sjoen;
Ik wol wer wirde as dost it earst my seachst.
Ik fergje dy op tsjinst. Gean nei de stins,
En siz myn heit it hiele flokbre doel,
Ik skild’ge, dû de feint. Siz him, syn doem
Mei droanje oer myn holle as mokerslach.
Ik bid om boete en oardiel. Frjeon, gean gau.
Bernlef, ik bin dyn finz’ne. Byn my mar.

HOLDER.
Tink om dyn wird. Dû scilst wer wirde as do.
Bliid, det ik dêr myn heil for offrje mocht,
Dû sjuchst my hjir net wer. Radbod, farwol.

6. Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Wachtfeinten.

YDWINE.
(bûten de doar tsjin de feinten)
Gean, twa fen jim, ’t paed nei de hofstins del,
Myn hynsder stroffle yn ’t fjouwrjen oer in beam,
Dêr delkeild fen de stoarm. It earme bist
Leit wrinzgjend yn syn need. Gean, help it gau.

BERNLEF.
Odin, stean by! As net Dyn noed hjar laet...

(yn de doar)

Ydwine, dû! Hwet driuwt dy hjir? Hwet woest...

YDWINE.
Ik bin sa bang. Ik tink noch fiel net mear.
Ik wachte omdôch op Arthur. ’t Wier syn tiid,
Mar iensum bleau ik yn de diizge hal.
De stoarm skoerde as in dier de loften troch,
’k Roun nei de greft. Twa feinten fjouwren oan,
Twa oaren hellen s’ yn, krekt foar de stins.
Ik hearde in rop: „Siz de prinsesse neat
Fen hwet der bard is ear’t hjar heit it gint!”
Ik frege en bea... De mûle bleau hjar stom.
’t Hert bounze my. Ik naem myn goed trou hoars
En stoarme it wâld yn. Amper wier iksels
Yn ’t ûnlok bleaun. De Hear hie noed for my.

BERNLEF.
Is ’t wier goed gien? Is neat dy pyngjen bleaun?

YDWINE.
Né, né, mar ’k bin sa wirch. Mei ’k efkes yn?
In skoftke lins. Hastu dyn tsjinders hjir?
Den siikje wy it wâld om Arthur ôf.
’t Is lyts en lef, mar ’t herte slacht my sa...

BERNLEF.
Ydwine, ’t siikjen hoecht net mear...

YDWINE.
Godtank!
Hwet? skriemst? hwet bistû bleek! God, Bernlef siz...
Hwet is der bard? hwet kearst my hjir? O Hear!

BERNLEF.
Hy dystû ljeafhast wennet fier hjirwei,
Moanje dyn hert ta krêft. Syn hill’ge’ Hear
Hie mear rjucht op him as in stjerlik minsk’.

(lit hjar yn).

YDWINE.
(komt yn)
Hwet, Beppe en Radbod hjir? Nou sjuch ik ûnk
En hate en bloed... Hwet moat... God, Arthur!... dea?

(falt by it lyk. Holder ôf).

BERNLEF.
(tsjin de feinten)
Gean jim hjirwei. Stil, praet noch lústrje net,
Dit is to hillich leed for minsk’ne lûd.
En jim dy’t dit great ûnk mei eagen sjen,
Dy’t jubel strielje yn skynglâns fen fortriet,
My tocht, elts oar honk wier jim weard’ger skûl,
As dêr’t de rou hjar sloech. Myn wacht bliuwt hjir.

RADBOD.
Myn heit komt hjir. Ik biidzje hjir myn doem.
Gjin plak scil hy my mear sjen sa’t ik bin,
As by hwet dijde út myn ûnsillich dwaen.
Hjir bliuw ik oant er komt. Hjar rou en leed
Scil útdrippe op myn siel as wyld fenyn
Dat súvring jowt ef dea. Myn plak is hjir.

THIED.
Mar ien winsk bleau my mear, en dy forstjert.
Lit komme nou hwet wol. Ik bliuw by him,
De lêste ljeafde út myn to lang bistean.

YDWINE.
(by it lyk knibbeljend)
Hwet leist dêr bleek en stil! dû gien, dû dea?
En d’ earste gloede út dyn forklearjend each
Dat my it libben learde yn ljeafde en ljocht
Hie amper ’t langjen fen myn eagen met!
Dû gean? myn hear, myn hill’ge? Bliuwstû stom?
En amper song dyn wird myn earen yn,
En wekke it wûnders yn myn siikjend hert,
Dat jierren tide op ’t rizen fen syn dei?
Né, wier, ik dream. In grousme god dy’t nocht
Yn tsjoeddwaen hat, stiel út myn each it ljocht
En tsjoent my yn it ûnkshoal fen syn nacht
En stjûrt my djip de Dea syn gongen troch...
Mar as it, às ’t ris wier wier...! Myn each hat
Dei ’s libjend ljocht yet yn, dyn wang is kâld,
En út dyn hier dript bleek de hjerst’ge rein,
En oer dyn mantel leit yet deadlik leaf...
Hear, Hear, hast my forlitten? is myn siel,
De lytse, ûnweard’ge, wer binomd fen ’t ljocht,
Moat ik wer gean yn skaed en twivel-tins,
As ear’t Dyn tsjinder my Dyn wytging brocht?
Hast him nou wernomd yn Dyn heech biwâld?
Oerginst’ge, ik, ik hie syn ljocht meast brek!
Forstjitst my út Dyn hûs, noudetst myn heil
Myn libbensljocht wer oan myn langst ûntseist?
Hwa bistû den, sels-suchtge? Is dit Dyn rjucht?
Slachst elts den fêst oan ’t foltrjen fen it krús,
Hast nocht as ’t bloed Dyn bern hjar hert ûntstreamt?
Sa hate yn Walral nimmen, astû slachst
Yn ’t gysljen fen dyn ljeafde. Is dit dyn rjucht?
My hearde er ta, my wier syn hillichst wijd,
Yn my oanskôge er Dy, en Dû bist grym
En deist Dyn frjeon en brekst it byld midstwa?
O hert, lyts hert, hwet slachst! Hwet is ’t dy bang!
Wêz great, hâld út! bliuw yn dyn ûnksdei sterk!
Myn frjeon, ik hie dy ljeaf ... ik kin net mear...
Ik fiel dy nou sa fier... Mids rein en stoarm
En ’t kâlde laitsjen fen ’t wyt moanne-spoek,
Bliuwt neat as d’ oantins oan dyn ljocht by my,
En divels gâlje my yn ’t ear ta hún
For hwet ik mines tocht yn heechste trou—
En iensum bin ’k, dû bist as God sa fier
En neat bringt my dyn libb’ne foarm mear by,
Dy’t lake en song en God’s genede droech...
Neat? en dat bloed? dat bloedplak oan dyn sliep?
Né, dat swijt net, dat sprekt. Dat klaget oan.
Dat ropt in rop, sa strang, sa fûl, sa wyld
As dyn hert nea net koe, fen boete en rou
Tsjin hwa’t dy dreaun hat út ús ljeafde-ryk,
De moard’ner, dy’t dy sloech. Dat bloed forflokt.

(stiltme; den hjar stadich nei Radbod kearend, fierôf en heech).

Radbod kom hjir. Dû bist my ’t neist, as broer.

RADBOD.
Ik haw as broer nea yn dyn ljeafde dield;
’t Wier ljeagen, knibb’le ik nou dêr nêst dy del
En lústre ik dy in dimmen wird fen leed.

YDWINE.
Fynfielend is dyn hert, dat wist ik lang.
Net dêrfor rôp ik dy. Kom hjir, detstû
De skande sjuchst fen dyn forflokte striid
Tsjin ’t ljocht dat riist, en yn dizz’ moard’ners-die
De grousme wytging fen syn sûnd’gens sjuchst.

RADBOD.
Ik kin it net. Myn kommen brekt syn rêst.
Lit him yn frede slomje en twing him net
To tsjûgjen tsjin d’ ûnsill’ge dy’t him sloech.

YDWINE.
Ilind’ge! ik wist it! woedzjend scoe it bloed
De woune útwâlje en oer dyn foetten gean,
Astû dû moard’ner, knibb’lest nêst syn sté
En mei in skyn-from antlit súvring sochst!
O, fierde ik nou it swird, joech krigers-krêft
My lôge yn ’t hert, myn hân naem bloed for bloed,
En bliedend ûnder ’t byljen fen myn flok,
Scoest suchtsjend gean it paed nei Hel hjar ryk!
Forflokte! Mei in God dy slaen ta dea,
En pyngje oan ’t ein, en foltrje it tsjuster hert,
Oant it fen rou en skamte en eangstme brekt!

THIED.
My tinkt, ik hear it frede-wird fen ’t krús,
En ’t minlik lûd is wis myn hert wol hiem.
As ’t krús forjowt en Walhal’s rjuchter flokt,
Droanet ienselde grym ús earen yn.

YDWINE.
Swij oer it krús! Ik sjuch it nou net mear.
Hwet oars hat macht oer my, myn bea is wrek.
Ik easkje for de moard’ner, moard’ners rjucht.

BERNLEF.
Hâld yn! ’k Hear hynders drafkjen oer de wei,
Faeks is it him, hwaens wird...

FEINTEN.
(bûten)
De kening heil!

BERNLEF.
Drôf sté for ’t ljochtsjen fen syn fredeglâns,
Tiisd yn de nacht fen d’ egen bern hjar rou!

7. Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Aldgillis, Jûle.

ALDGILLIS.
Hwet? jim hjir? elts dy’t my yn ’t bloed bistiet?
Wansill’ge joun, dy’t yn syn stoarmge grym
Us driuwt nei ’t tsjuster yn dit hûs fen ûnk,
En bliidste hope yn wé en triennen dwêst!

JÛLE.
To drôver ús de nacht yn ’t nearzge wynt,
To blider skielk it ljocht fen nij lok riist,
As ús each ealgje stil de hearlikheit
Dy’t hy nou sjucht, dy’t ús sa ier forliet!

YDWINE.
Hwet! kin in moart den wêze in wei nei ’t ljocht,
Koe for syn siel gjin hill’ger paed bistean?

JÛLE.
De kening fen it skeep’ne stoar oan ’t krús,
En syn dea wier ús wrâld genede en ljocht.

YDWINE.
Mar moat den elts dat grousum krúspaed gean,
Moast syn holle ek oan dat forflokte hout
De skande-kroane tôgje... O God, myn God,
Hy dy’t myn ljocht, myn heil, myn alles wier...

ALDGILLIS.
Myn bern, wêz sterk. Stean fêst yn dyn bitrou,
Al sjucht ús each it greate doelwyt net.

YDWINE.
Myn hege heit, as ea in godleas dwaen
Jins herte yn grym brocht en jins oardiel strang
Fen boete skoep en rou, as ea forried
Jo haetlik wier en wearzich as de hel,
As ea jins hert forspijing hie for ’t dwaen
Fen glûpske skande, en ea jins wird de sot
Dy’t jo to keapjen socht for earleas wyt,
Fol grym fordreau, as ea jins gastfrjeon djûr
En nei wier oan jins hert, in griis âld man
Deun oan de dea, mar ek de maitiidsfrjeon
Dy’t kein en suver wier as knopjend blomt,
O nim den wrek, lit den jins keningsmacht
In wjerbyld wêze fen it heechst strang rjucht
Dat libben nimt for libben, bloed for bloed,
Forflok den mei jins doem en died de hân
Dy’t Goades súvre frjeon de deaslach die,
En myn each sleat yn ’t reinklaed fen de nacht.
Dyn bern skriemt oan dyn fiet; it hoopjend hert
Dat bloeije wol yn ’t laitsjen fen syn ljocht,
Skriemt nou syn wanhope út; myn lok is dea,
En laits en blidens bin dyn dochter hún,
Dy’t dy sa faek in glâns brocht oer dyn dei;
Mar ien ding is hjar bleaun, ien libbensplicht
Hjar tsjûge fen it bloed op ljeafste’s lyk:
To meitsjen det sa’n died net strafleas stiet,
En boetsje mei de swierste doem for tsjoed;
Yn namme fen de deade, út egen leed,
Ut kreft fen ’t heechste rjucht oer minske en god
Biswar ik dy by ’t bloed dat oer him is:
Slaen mei dyn flok de swarte moard’ner del
Yn Hel’s djipst ryk, forstjit him yn de nacht,
Dêr’t nea in libbens-foarm út rize mocht,
Jow him, dyn skande-bern, yn Dea syn hân!

ALDGILLIS.
Leed makket dy dyn tonge as flymjend stiel.
Ydwine, riis; jow oan dyn frjeon dyn rou,
Mar rop gjin rjucht noch boete en doem oer him
Dy’t yn syn twivel foel ta sûnde en skild.
Draech great dyn leed en lit it oardiel my.
It rjucht scil oer him komme, strang en swier,
As strykt mei dit flokt dwaen, mar ek det him
Genede bliuwt ta súvring fen syn siel.

THIED.
Dyn wird is twiivlich as dyn wêzen ’t is.
Dû witst, dû hast gjin rjucht ta doem. De skild
Fen dizze ûnsill’ge die birêst by dy.
Unnoazle! dû, dy’t wetter en wyld fjûr,
De goad’ne wierheit en de ljeagen-dream,
De dead en ’t libben, pearje woest ta ien,
En hate en grym, dy’t as de goaden sterk,
’t Hert bûkjen dwaen en útslagge as in fjûr,
Yn yeske fen dyn freeds’mens dwêste woest
En twinge yn dimm’nens hjar oerhears’me gloed!
Nou briek it út. De tsjinstriid wier to fûl,
To grym de haet, dy’t út ús hill’ge wrâld
It flokhout keilt yn ’t brûzjen fen de nacht.
Ik wytgje dy, haw noed, sjuch ta hwetst dochst!
Net hy hat skild, dy’t machtleas, riedleas, boun,
Ienris it ûnrjucht fen dyn frede briek,
Mar dû hast skild, dy’t hjar oerdied’ge krêft
Knoeist en yn kjetlings fen dyn freeds’mens twingst,
Dy’t yn ús herte ljeafde en ealens daetst,
Hwaens hân net ien moart yn syn grym bidreau,
Mar hwaens bistean ien greate ûntkrêft’ging is,
Hwaens frede ien staed’ge moart fen hill’ge trêft!
Dû dy’t dit folk slachst yn in skande-jok,
Det eltse nomm’lens stjert en ’t leechste dwaen
Hjar útkomst liket út hjar dildleas leed,
Dû dy’t dyn folk, dyn hof, dyn egen soan
Slachst oan it krús, en praetst fen rjucht en doem
As hjar hân yn hjar need de krús’ger slacht!

ALDGILLIS.
Frede is de wijing fen ús ierdsk bistean,
Mar striid ûnweardichheit, en great biwiis
Det men oer egen wierheit twiivlich bliuwt
En oarljue goede en wize kar mistrout.
Eltsien hat rjucht to libjen sa’t er is,
Dy’t soks ek oan oaren gint, en eltsien scil
Hjir yn myn ryk frij wêze yn ’t hill’ge en God,
En net oar d’ oar misdwaen. Hwaens hert to swier
Tilt ûnder ’t tôgjen fen syn hate en niid,
En nytgje moat en hjitfolgje as in oar
It hill’ge yn oarwei sjucht, dy is my fier
En net eardet syn hert de noft forstiet
Fen frede en bloei en ljeafde yn alle ding,
Ear’t net de ljochte wei út ierde’s tiis
Him linkenoan laet nei in blanker oard,
Sjucht er de frjeonskip fen myn eagen wer.
Myn leed telt hjir net mei. Hy wier my ljeaf
Yn al syn stoarm’ge grym en tsjustre wrok,
Ljeaf as syn each, oermoedich flûnkrjend, gyng
Oer ’t deistich soargjen fen myn moeisum wirk,
Ljeaf as er stune yn twiljocht fen de hal
En nei de grize wolkens seach, dêr’t bleek
In glâns fen hjerstich ljocht trochhinne foel,
Mar syn aerd flokt mei ’t stribjen fen myn hert
En twingt him mei nei misdied en gewelt,
Dêr’t ik syn langste ûntsiz. Woloan, ’t is goed.
Oandet myn each brekt yn de iiv’ge nacht
En men him ropt to hearskjen op myn troan’
Is Fryslân frjemd for him. ’t Ald Hilge-lân,
Ombrûze fen forwoedend wiet en skom,
Is oant dy dei syn wensté. Ear’t it ljocht
Syn mindring wer oernimt, leit dêr syn ryk.

THIED.
Unsill’ge! driuwst dyn soan syn heitlân út?
Jowst him it wiet, de grime stoarm ta rôf,
En ’t iensum longrjen op in keal stik stien?
De dei det hy giet, giet dyn mem him nei
En út hjar eagen, blyn fen wea en leed,
En feal as ’t ljocht fen jinsen hjerst’ge loft,
Scil ienris yet in fjûr opglânzgje en oer
Dyn holle slaen de wearljocht fen hjar flok!

RADBOD.
Stil, beppe, en wêz him tankber. Heit hie rjucht
Ta swierder doem, al weacht ek dit my swier.
Hie bloed for bloed syn doem wêst, swier fen skild
Wier ik forflokt, it paed gien nei de Hel,
En for myn siele wier nin heil wer riisd.
Dêr is it plak fen iens’mens, wraksljen, langst.
Mei ’t skomjen fen ’e sé, de sâlte wyn
My lottrje fen myn dwylsin—mei it lûd
D’ ûnweard’ge fytrje ta in greater striid,
As nou myn dream oer ús forbjustring brocht...

YDWINE.
Hy bliuwt dos en hy foel. De himel swijt.
De keningsmûle is stom. Der is gjin rjucht.
Ien is it lean for goed en flokber dwaen.
Hy dy’t de macht hat, stiet; mar dy’t bitrout
Op God en himelsk rjucht, siicht del yn dead.
O greatste, hiest it krús net nomd, en djip
Yn ’t suver hert yn minsken wantrou hawn,
Hiestû it swird fierd as dyn moard’ner ’t docht,
Dû leist nou net yn swijsumheit fen dead—
In ljeagen wier ’t, it krús foel mei my del.

JÛLE.
Ydwine, hâld oan ’t hill’ge!

YDWINE.
In dreambyld is ’t.
De krúsgod swijt en lit ús traepje yn ’t stôf.
It swird is goed for ’t rjucht. For sa’n wylde ierd’
Foegje de goaden fen ús Walhal bêst.

JÛLE.
(knibbeljend by it lyk)
Geneed’ge, hill’ge, almacht’ge Hear en God,
Dy’t by Dyn bern bist en it weitsjen docht,
Dêr’t drôf in stjerlik hert om útkomst skriemt,
Dû greate, dy’t de wrâld yn oarwei stjûrt
Mei ien stil wird, dy’t do’t Dyn tsjinner bea,
Deis strieljend ljocht weromdreau yn syn rin,
For hwa’t it beamte as deade twigen brekt,
Aliiv’ge, stean ús by yn eangstme en need!
Dû dy’t it krús brochst yn de tsjustre wrâld
Sjuch ho’t it sinkt, dêr’t earst Dyn feint it djip
En sterk plante yn it hert, Dyn ljocht ta ear,
En hear it wird, dat it syn heil ûntstriidt!
Mar hwa’t dy ken, forstiet Dyn almacht ek,
En swijt, hwent yn Dyn tinzen dijt de dei
Dy’t hún en twivel delslacht as in ljocht,
En sels ûnwittenden Dyn iivgens wiist.
Forskyn ús Hear yn ’t wûnder fen Dyn wirk,
Lyk faek Dyn hill’ge geast de deaden rôp
To libjen yn hjar ierdske foarms fennijs!
Jaen ljocht hwa’t oan Dy twiivlen, wiis de wei
Hwa’t blyn binne yn hjar gean, lit heech dyn glâns
Ljochtsje oer de dimm’nens fen dizz’ earme klint,
En stiftsje yn dit fier lân Dyn ryk, sa sterk
Det elts it hild’gje moat en Dyn macht wit
Boppe de goaden út ús tsjustre tiid!
Hear Hear, wêz ús neiby! Ik rop dy oan!
Kom del yn krêft! Slaen mei in wûnder troch!
Lit ús om Kristus wil net krêftleas stean!
De nacht komt oer ús del! Wêz Dû ús ljocht!
Forlit ús net! Dyn greate macht hat wâld,
Fier oer de bleke dea! O God, myn God
Harkje de bea fen hwa’t Dy knibb’ljend ropt!
En biidzjend leaut... Hear, Hill’ge Hear, dû scilst
Dochs net dyn bern stjitte yn de twivelnacht!
O as it stil bleau, en Dyn dwaen bleau fier...

THIED.
Dyn hill’ge hâldt fen rêst. Dû skeinst syn lins.
In greate die foeget syn fierens net,
Hy lit him ljeaver warleas stean oan ’t krús.
Sels rêdde er him net ienris; scoe syn krêft
Yn soks dy útkomst jaen? Earm breinleas bern,
In dead stik hout hastû dyn ljeafde oan jown;
Dû makkest dy ta spot. Kom, riis oerein!
Jim God doocht better for hwet feal gedream,
De libb’ne wrâld heart syn lûd net yn thús!

WILFRID.
(yn ’e doar)
Great is de Hear, dy’t joech en nei him naem,
De God, dy’t yn it Wird ta wêzen kaem,
De hill’ge dy’t syn foltsen laet nei ’t ljocht
En oer de dea syn greate wytgings brocht.

8. Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Aldgillis, Jûle, Wilfrid.

THIED.
Ek him yet! Nou komt ek syn ûnkrêft út!
Better sa’n fal as yn de krêft fen ’t wird!

ALDGILLIS.
Earweardich frjeon, jy fine ús djip yn leed
En roujend oer in ûnk, sa bang en great,
Det by it bleate neamen ’t lûd ús stjert
En ’t glânsleas each gjin ljocht noch treast mear sjucht.

WILFRID.
Ik hearde it, hear. Myn âld hert is forslein.
Hy wier ús hope en wytge it ryk fen heil,
Dat Kristenkenings stiftsje scille op ierd,
Hwennear hjar hert for ’t hillich boadskip slacht.
Mar God wit mear as wy. Syn dwaen is heil
En hwer’t hy naem nei ’t strieljen fen syn ryk
Jowt minsklik hert gjin fûle leedklacht foech.
(tsjin Ydwine).
Myn bern, mei God dy treast jaen yn it hert,
Dat bliede moat noudet syn ljeafde wiek,
En mei ’t dy stypje det ús hill’ge Hear
Syn bern neat docht dat ta hjar bêst net dijt!

YDWINE.
God swijt yn ’t djipste fen syn sealen, Hear.
Syn ljocht is ús ûntstoarn. Syn himel swijt,
Sels as in gjalp om grous’me moart hjar ropt.
Us ljocht forsonk yn kâlde dea syn sé.

JÛLE.
By ’t hill’ge fen it krús biswar ik jo
Rop God oan om in teiken. Krêftleas sinkt
Us ljeafste hope yn ljochtleaze ieuwen del,
As nou it ljocht net mids dit tsjuster riist
En strielet hiel de wrâld oer, as eartiids
Do’t nei it krús de Hear riisde út de dea!
God is sa goed, hy weegret jo soks net—
Myn siele is syn great hert to fier en frjemd.

YDWINE.
By moart en deaslach klonk faek Odin’s flok;
Hwa’t hjir swijt kin for d’ iivgens net bistean.

ALDGILLIS.
Earweard’ge nim ús twivel wei. Ien wird
Fen jo wint mear genede as al ús bea.
In great ljocht scil ús rize as nou syn krêft
De dea binimt fen syn ûnstuitbre macht,
En ’t lân scil strielje yn ’t glânzgjen fen it krús,
As dit great ûnk troch syn geneed’ge wil
Wer hill’ge wirdt ta wytging fen syn krêft!

WILFRID.
Wanhearrich laech! is dit jim Godsbitrou?
De Hear dy’t dead en libben hearlik laet
Yn greate skeakels fen ûnbrekb’re wet,
Dy’t oan de dea de grym en eangst binaem,
Hjar hill’gjend ta de poarte nei syn ljocht,
Scil for in ienling dy’t er nei him rôp,
Syn iizren wetten brekke as weardleas reach?
De wrâld scil siddrje op hjar kristallen wei
For ien? For ien it ljocht forlitte it sté,
Mei wiis bistel him oan de himel wiisd
For ien de sé rize út hjar einleas bêd?

(wiist nei de stjerren).

Sjuch, twivelried’gen! Yn ûnsiz’bre preal
Wintlje de tûz’nen stjerren troch de nacht,
Greatmacht’ge stiennen yn Gods alwrâlds-kroan,
Elts oan syn sté en oan syn banen boun,
En gean hjar wei, de riigjende ieuwen troch,
Eltse oare nacht fen nijs, nea skokt noch skaet
Fen dêr’t Gods hân hjar stelde ta in ljocht!
En hiel dy iiv’ge wrâld mei al hjar greats
Fen gouden wetten, tinzen fen Gods brein,
Fen berte en dea, fen nacht en moarn en dei
En joun en nacht weroan, fen stiltme en wyn,
Fen himelwilft en swirk, fen strân en sé,
Scil út hjar wei wike om ús stjerlik leed,
Us ierde-bern, wif meinomd yn hjar flecht?
En scil wy bidde om mindring fen ús heil,
Om ierde ynpleats fen himel, skaed for ljocht,
Gods ljeafsten weitwinge út syn leedleas ryk,
Det hja nêst ús, wer diele yn ierde’s leed?
Wé, wé de preester dy’t Gods wil misken
En tsjin de hill’ge yn ’t rjucht giet! Wé it wird
Dat stúnje doar tsjin de bazúnstjit Gods!
Fornim, jim twiivlers ho’t de kristen bidt
As hy him bûgt oer ’t lyk fen sibbe en frjeon:

(delknibbeljend)

Geneed’ge heit, myn siele bûgt ta dy,
Myn each hat skriemd en yn myn hert is rou,
Hwent dû hiest ljeafde nei myn earmoed stjûrd,
En sinne jown det ik my waermje mocht,
Nou naemst it my en ik bin ienlik bleaun.
Mar hearlikheit is alles hwetstû dochst
Fier oer myn ierdsk forstân en stjerlik each.
Ik leau yn dy. Dû, bêdzje my ta rêst,
Det ik aloan stil for dyn wizens bûg,
En nea myn hert niig ta ûnweard’ge grym
Tsjin him dy’t stiet oer tiid en ivichheit.
Net mines, dyn wil wêz yn elts ding dien.
’t Is greate wizens dat dyn oerliz docht.
Dû joechst, dû naemst. Dyn hill’ge namme scil
Myn stimme priizgje oer de tiid’ne rin.

(In fier wyt ljocht siicht oer de drompel de klinte yn. Arthur forweecht sêft en bringt de holle hwet omheech).

RADBOD.
(sjucht it)
Goaden, hy riist! De dea wykt fen him wei!

YDWINE.
Arthur! (knibbelet nêst him).

JÛLE.
(hâldt it krús omheech)
God spriek! Syn ljocht riist oer ús út!
Bûg for de hill’ge dy’t dit wûnder die!

ALDGILLIS.
Nou dûkt de twiivlichheit. It hirdste hert
Iep’net syn grounen for dit tsûgenis.
Gjin God is great as dy’t sa klear forskynt,
Der’t dimm’ne frommens delbûgt for syn wil.

ARTHUR.
(bykommend)
Hwet wol dat hjir ... hwêr haw ik west ... my tocht,
Ik foel... Ydwine dû? en triennen? Frjemd
Detstû hjir by my bist ... ik woe nei dy
Mar do... Ik seach de moanne, ik hearde in trêd
En tsjin myn sliep sloech fûl hwet tsjusters oan...
Ik leau, men woe myn dea ... mar hwa dochs? hwa?
Ik ha safolle ljeaf ... hwa hatet my?

YDWINE.
Sjuch roun oer hwa’t hjir stean. Den fynst him wol.

ARTHUR.
Ik ealge it wol... Hwent Radbod is my grym,
Mar ’t herte is him dochs heech en suver, great,
En klear syn each ... hy bûgt? it is dos wier?
Frjemd dat de striid safolle nommlens nimt
En fytrje kin ta soks.—It wier my ljeaf,
As bûten him nou elts dit sté forliet,
Det hy myn winsk fornaem. Lit feinten hjir
For lieding nei de stins, skielk as ik my
Wer jow nei jim... Mar lit my nou mei him.

YDWINE.
Dû ropst de dea ta dy. Dû hjir mei him,
Dy’t niis dyn libben naem, dy’t as de wolf
De sinne hatet, longret nei dyn dea?
Dû meist net! tink om my en ’t âldershûs!
Hwet scilst dy weagje om neat? Dû bist fen ús,
En meist om ús net gean yn ’t hoal fen ûnk!

ARTHUR.
Lit my mei him. Bitrou en haw gjin noed.
Dû sjuchst, ik haw myn swird yet. Syn hân is
Fen wapen leech en rjuchtet neat mear út.
En yet in greater soarger noedet my,
Dêr’t syn grym dochs as stouwend tsjêf tsjin is.

WILFRID.
Nou lit ús gean yn stil en great bitrou,
Hwent Hy hat noed dy’t blidens jowt fen rou.
De moanne riist, yn silver leit it paed;
Wolsillich, hwa’t it hert sa lottre waerd!
Stil giet ús trêd en folget from it krús,
As ienris op ús wei nei ’t himel-thús.

RADBOD.
Foarstinne, gean. Ik stroff’lje en fal net mear.
My wirdt myn paed allinken ljocht en klear.

THIED.
Ik gean in iens’me wei. Myn hert is swier.
De joun is oars as det de dage wier.

(Thied, giet ôf, biselskippe fen Bernlef; men jowt earbiedich romte. Wilfrid nimt it krús en giet foar. De kening, Jûle, Ydwine folgje).

10. Radbod, Arthur.

ARTHUR.
Dû hast gjin wapen mear? Gjin dolk ef swird?

RADBOD.
Neat, dû bist feilich.

ARTHUR.
Nim dit swird fen my.
Dû woest myn dea en hiest my slein, as net
Gods wil it tsjinkeard hie. Mar hjir bist frij.
Yn dyn hân leit myn libben. Twiivlje net:
Ik flok dy net astû ’t dyn goaden wijst.

RADBOD.
Dyn libben winske ik nea. De preester wier ’t
Dy’t d’ oanslach jilde moast. Mar dû wierst dêr,
En naemst hwet him biskern wier, nei dysels,
En ’t wier my leed, hwent dyn dea woe ik net.

ARTHUR.
Unnoaz’le! In griis âld man hwaens holle al bûgt
Nei ’t grêf, dy’t eltse dei as taslach telt,
En mei in pear jier weiwirdt fen ús wrâld,
Him scoest in moart dwaen om’t er tsjin dy stie?
Wier hy de stêf fen ’t krús, syn hope en krêft,
Hy dy’t God ropt nei ’t noegjen fen syn hûs,
Nou’t hast syn deiwirk dien is en syn plicht
Foltôge is, deun by d’ einpeal fen syn paed?
Hwet kin syn wirk tsjin dyn oerdied’ge krêft,
Syn kâld bloed tsjin it fjûr dat dy trochstreamt?
Mar ien kin ’t krús hjir rizen dwaen yn ’t lân,
En dat bin ik. Myn krêft is jong as dû,
Myn macht is mear en rounom dêr’t ik gean,
Forklearje ik ’t each fen hwa’t yn twivel stiet,
En riist it krús yn dage’s goudglâns heech.
My scilstû tsjin dy sjen, safaek dyn dwaen
Dyn goaden weitsje wol ta nij bistean,
En alles hwetstû boust, scil myn hân skielk
Wer brekke en broazljen dwaen yn moude en túch,
En myn God riist op ’t grize pún fen nijs.
Hwet twiivlest yet? Hjir bin ik, warleas, wirch.
Ien stjit, en faeks hastú den ivich woun.
Dyn heit scil sinke yn twivel oer myn God,
Dy’t sok ding dilde, Ydwine flokt it krús
Dat twaris hjar de ljeafste it herte ûntstiel,
En ’t haetlik boadskip stjert yn ûnkrêft wei.
Hwet? nimstû net hwet sa’n goed lot dy biedt?

RADBOD.
Forlied my net. Ik doch gjin skande mear.
Hwet wier, hat west en d’ oantins pynget my
As bitend kanker-fjûr. Mar nou is ’t gien.
Ik scil myn goaden hoedzje yn ears’me striid
Ef mei hjar falle yn ’t poarper fen de joun,
En astû tinkst, neat as it krús kin ’t hert
Fen sûndgers lottrjen dwaen yn keiner ljocht,
Den scilst yn my de wytging sjen, det ek
Us greate goaden súvrens ljeavje en trêft,
En det, yn Walhal ek, de hill’gens blinkt!

ARTHUR.
Ik tankje God detstû dat ynsjoen hast.
Dû wierst sa ljocht en sterk. Ik hold fen dy,
Al wier dyn each for my fen hate wyld.
Ik wist yn dy ûnthjittings for de wrâld
Sa great en, ryk as mennich minsk net dreamt,
En ’k seach sims op dyn hier in glânzen kroan’,
Net hill’ge fen it krús, mar gouden ljocht
Lyk simmer-middei ’t wide lân oerstruit.
Yn ’t hert bin ik dyn frjeon. Dû witst, de striid
Scil skielk ús skiede, en elts scil yn syn tint’
Wach fjuchtsje for syn sill’gens en syn heil,
Dû for de foarstlike Asen, ik for ’t krús
En faeks bringt God ús nea wer nêst mankoar,
Mar jimmer bliuwt yn ’t herte it witten klear,
Det, dêr’t sels Goaden skiede, greaters yet
Gelikens winskjen brocht hat yn ús geast
En det, fen ’t krús en Walhal fijân wijd,
Us djipste hert, ús sibben skoep, en frjeon.
Tink sa om my. Ik haw yn dy bitrou.
Dû wirdst dyn goad’ne rom. Dyn hân as frjeon!

RADBOD.
Núvre! dyn goedens skroeit myn hert as fjûr.
Ik kom út hernen fen in skriklik wâld
Dêr’t nea it ljocht troch twiich en leaven foel,
En hommels stean ik mids dyn iep’ne dei,
En ’k sjuch en wird net mêd dyn glâns to sjen,
Mar hiel myn liif is yet biwoelle yn reach,
En stjurre bloed noch klibbet read myn hier—
En dû seist soks? dû kenst myn djipste striid
En leaust yn my? Dû dy’t hast foelst, troch my?
Ik bûg for dy. Dyn wird ûntstjert my nea.
Tink net oan my as oan in weard’ge frjeon,
Mar as oan ien, dy’t fier fen dy, by ’t lûd
En ’t grime bearen fen d’ ûnlij’ge sé,
In greate striid fiert yn syn brûzjend hert
En wirde wol as dû, en den dyn frjeon,
Al skaet ús sé en striid. Dû wierst my goed.

(jowt him de hân).

ARTHUR.
Mear as de nacht skaet, bynt de libb’ne dei,
Hwent elts dielt God fen syn genede mei.

(klopjen op ’e doar).

11. Radbod, Arthur, Rixt Martena.

RADBOD.
Hwa kloppet dêr for yn?

WACHTFEINT.
In krúsfaem, hear,
Dy’t oan prins Radbod boadskip bringt.

RADBOD.
Oan my?

(docht iepen. Rixt komt yn, formomme ûnder de nonne-kape).

My brochten jo in tynge? Ik ken jo net.

RIXT.
(hjar lûd tobrekkend)
Gjin frjemd fornimt myn namme en heimnis, hear;
Jo inkeld wirdt myn wytging iepenbier.

ARTHUR.
Wachtfeinten, lied in hynsder foar. Ik gean.
Twa jaen hjar mei my nei de kenings-stins,
En d’ oaren biidzje Fryslân’s keningssoan.
Radbod haw heil. Myn herte bidt for dy.

RADBOD.
Myn dwaen scil tsjûgje det ik net forjit.
Haw heil.
(tsjin Rixt)
Nou heart gjin frjemd jins wytging mear...

RIXT.
Allinne Radbod wier myn heimnis hiem,
Him song myn lûd ús swietste dreamen ta.

(slacht de nonne-mantel ôf. Radbod sjucht Rixt foar him stean yn de dracht fen in ealfaem, it losse hier oer de skouders).

RADBOD.
Rixt! Dû! Ho komst... Hwet wolst? Hwet sikest hjir?

RIXT.
Dyn hert. Ik bin fen dy. It kleasterklaed
Omjowt myn jonkheit mei syn rou net wer.

RADBOD.
Bist flechte? Ik swar dy, hast oertocht, hwetst diest?

RIXT.
Ik hie in wearze yn ’t krús syn tsjustre tsjinst,
En ’t hert wier fol fen oantins oan ús lok.
Ik ha ’t hjar sein, myn langjen dat de wrâld
Noch jonkheit weegre hie, wier hún for ’t krús
En ’k hie in hate yn hwet my finzen hold.
Hja twongen my. Oandet in hill’ge man,
Dy’t gast is fen dyn heit, yn ’t kleaster kaem
En ik him myn wjersin en myn ôfgriis sei.
Hy sei my: Gean dêr’t dyn langjen ropt
En joech myn frij my wer. Do socht ik dy,
Myn herte júbljend fen myn bliid great lok,
Mar Radbod, du seist neat ... dû bliuwst sa stil...

RADBOD.
Dû hast ús doel forret, dy maitiidsmoarn.
Hwet twong dy do ús heimnis priis to jaen?

RIXT.
Myn heit hie aen. Do spriek er goed fen dy,
En moed’ge my ta myld bitrouwen oan,
As wier’t him goed detstû my boaskje woest.
Ik wier sa bliid en op forrie net ré,
En ’k tocht yn ’t hert: Us ljeafde is him nolk,
En ’k sei tofolle, oantdet er wist en hy,
D’ ûnsill’ge, my yn ûnk en finznis twong...

RADBOD.
Mar as er nou dy easket by myn heit?

RIXT.
De hill’ge man is nei him gien, for my,
En spriek for my en det God’s hert gjin nocht
Yn twang hie oer it hert dat oarwei woe.
Do slingre er my syn flok. Ik bin forstaet.
Myn âldershûs is for my ivich ta,
En oars ha’k neat mear as ús ljeafde en ljocht.

RADBOD.
Myn bern, en dat for my... O joech in God
Nea hie myn paed dyn blanke wegen krúst,
En hiestû fier fen my dyn blidens foun
Yn oar great lok, fen smerte minder swier!
Myn ljeafste, ik mei net nêst dy gean. Ik foel.
Myn siel hat sûndge as ik net neame doar.
Myn ljocht dat dy oerskynde is dwêst yn nacht
En amper wraksle ik fen de hel my frij.
Ik bin net dystû tochtst. Dyn ljeafde-prins
Giet as in skoaijer troch de grize joun
En tinkt syn skande oer, djip yn ’t hert de striid
Eft nea syn siel net rize kin nei ’t ljocht...
Myn rjucht op dy is wei. Ik swar dy, gean.
Dû hast ien ljeaf dy’t thús heart by it folk
Dat glûpske moart bidriuwt en swalkers daet.

RIXT.
Nea gean ik wer nou’t ik dyn hert wer foun.
Ik ken dy as de simmerwyn de mar,
Dy’t brûzje en skomje kin, biroun fen grym,
Mar yn syn djipten suver bliuwt en ljocht...
Al stoarste fen den tsjoeds de skande-dea,
Al flokte it folk dyn namme, al spei it swirk
Thor’s lôge woedzjend oer dyn misdwaen út,
Ik leaude yn dy, ik wist yn dy, hiel djip,
In great sterk ljocht, ryk as de dei syn glâns,
Dy’t aloan rize en winne en strielje moat,
Al stoarmen ek tsjien winters wyld dêroer...
Ik leau yn dy as yn de jountiidsloft
Fol greate stjerren, glânzgjend fen klear goud,
Dêr’t sims in wyld swart skaed yn woede oer strûst,
Mar dy’t bistean en strielje yn ivichheit;
As yn in wâld, fol spoekrichheit en skyn
En driigjend swart dat nimmen yngean doar,
En holle suchten út it kroanjend beamt,
Mar djip dêryn in hege berch fen ljocht,
Dy’t nei de iivgens sjucht en út hwaens hert
De libbne streamen gean fen ljeafde en krêft,
Sa leau ik yn dyn siel, sa riist se my
Yn iens’me nachten yn myn dreamen foar
Det ik de hannen optil nei dyn ljocht,
Dat djip swart hert dat strielt fen goud ... for my...

RADBOD.
Dû slachst my blyn fen lok... Myn Maitiidsblom.
Dy’t my sa ljeaf is ... en ik mei dochs net...
Myn bern, ús lân is hjoed myn fiet ûntsein,
Ik mei net by dy bliuwe. Ik moat hjirwei.

RIXT.
Hwet oarde leit sa fier det ljeafde’s fiet
It net bireizgje yn ’t lieden fen hjar langst?

RADBOD.
In iens’me rots is my ta wensté wiisd,
Fen ’t wide oerstreamd en dêr’t de sâlte wyn
De reade kliffen sels ta stiengrús byt;
In keale stins mei neat as sé syn sang,
Neat as de wyn syn dream en bleek stil ljocht
Dat pearlet oan de loft as ienlik leed,
It grym gewelt fen ’t âlde Fostelân.

RIXT.
As Baldur stoar, de goadne ljeafste en treast,
En drôf syn trêd de grize paden gean
Nei dêr’t de siele yn stille wémoed skriemt,
De diizge kriten fen de dea, de Hel,
As hy dêr siet, fen tûznen skimen ien
En wirch it leed út rust’ge romers dronk,
Rûze ien sucht ljeavjend troch syn gouden hier,
En patte in mûle myld syn wyt drôf wang,
En streake in hân yn dimm’ne noed syn hân,
Nanna, de blossomknop, dy’t mei him bloeide,
En mei him wylge en mei him doek yn hel.
Lyk hjar boat dreau oer stille Dea syn stream,
Draecht ús it boat nei ’t hillich Foste-lân,
En astû den fier fen dyn heitlân wei,
Sjuchst nei de dreamen yn de blanke kym,
En yn dyn hert, it greate, in leed dy riist,
Den scilst in trêd hearre oer it grize strân
En nêst dy scil hja stean, yn striid en langst,
Dystû ta ljocht en glâns en godheit bist,
Dy’t longre hat nei dy, dy’t dy bistiet
En bûten dy gjin heit noch himel wit.

RADBOD.
Dyn ljeafde wynt my wei yn dreame-ljocht.
Ik doar der net nei sjen. Myn hert slacht swier,
As briek it ûnder d’ oanstream fen it lok.
Dû ... mei my dêr ... o Rixt ... ik ha sa lit,
Ik wier sa bang, det ik gjin ljocht mear seach
En stjerre moast yn ’t skaed... Siz ’t ienris yet,
Bliuwstû my trou, bistû myn egen breid?

RIXT.
Myn libjen is fen dy, yn ivichheit.

RADBOD.
De goaden tank! Myn greate dei bigjint!
Hja libje, libje yn iivgens! Walhal wint!

(It doek lûkt ta).