KOAREN.
Op it foartoaniel fen wearskanten seis nonnen, dy’t bar om bar de koaren en tsjinkoaren sjonge; sêft gouden ljocht.
KOAR I.
Mem Gods, hwaens mylde ljeafde en noed
Blank ljochtet oer ús leegre wegen,
Dy’t herte noeget nei omhegen
En súvrest fen it stjerlik tsjoed,
Geneedge dy’t yn goudne joune
Heech troanest dêr’t it deiljocht sinkt,
Wylst yn dyn hier de jounstjer blinkt
En glinstret ho’t leed dy woune,
Lit ús yn dimnens tinke om dy
Forhearlikjend dyn heil-genede,
Dy’t koele treast en ljeafde en frede
Jowst oer de weagjende ierd hjar tij!
Dû dy’t it brûzjend stjerlik herte
Heech hill’gest ta in nij bistean,
Wol strieljend foar ús foetten gean,
Det dwylljocht nea ús dwaen forrette!
TSJINKOAR I.
My tinkt ho’t yn de heil-lânsdouwe
Do’t nearne in rêst wier for dyn foet,
Yn dûnkre stâlle in libb’ne gloed
Forriisde tsjin de dea syn rouwe;
Yn wynsels leist it hill’ge bern
To rêsten; yn de krêbbe en d’ eagen
Dy’t lokkich nei syn slomjen seagen,
Hja strielen fen in wûnder sjen;
In stjer briek troch de tsjustre loften
En ljochte yn hege himel-glâns
De dimm’nens fen de stâlle lâns,
De wyn song sêfte heil-geroften;
En knibbljend bidestû de dei,
De hill’gens yn dyn great ryk herte,
Dat yn dyn bern syn kening mette
En lústerjend syn loksbea sei!
KOAR II.
De skepers, tiisd yn sliep en dreamen
Yn iensme romten, bleek fen ljocht
Dat moanne’s wijing oer hjar brocht,
Utskinend oer de tsjustre seamen,
Skrillen fen dream en slomjen op,
En hearden fiere hill’ge sangen
Fen frede en lok en great forlangen,
En riisden by de hill’ge rop
Fen d’ ingels dy’t de wei hjar wiisden
Nei ’t ljochtsjen fen hjar heil en hear,
Hwaens stjerre flûnkerjend en klear
Al swider oan de himel riisde;
Hja knibblen dêr’t it Bernke laei;
Dû seachst it, yn dyn lok bitize,
En tochtst: As sa syn teikens wize
Ho hearlik ljochtet den syn dei!
TSJINKOAR II.
De wize kenings út de fierten,
Dêr’t minsk’ne dream hjarsels ûntstjert,
Dy’t iivgens drage yn hjar hert
En yn hjar hier de kroan fen ’t witten,
Hja, hill’ge ta Gods heechste rie,
Dy’t fier oer tiid en ieuwen skôgje,
Hja pylgrje nei de stâlle en tôgje
Hwet yn hjar ryk it weardichst wier;
Dû groetest hjar mei mylde stimme,
Mar niigdest for hjar heechheit net,
Hwent hill’ger wier dyn dimm’nens set,
As dêr’t de heechste kenings klimme;
En dreamend seachst in troan fen ljocht
En witst dy los fen minske en ierde,
En dochs scoe ’t blide hert dy bliede
En wier dy trien en rou bitocht.
KOAR III.
Mem Gods dy’t tsjin de tsjustre loft
Trochflamme fen in wylde gloede,
It krús seachst en it folk syn woede,
En by it kriichsfolk hún en noft,
Dêr’t hammerslaggen deadlik droanen
En oan it krús syn holle sonk,
Wylst fen it bloed it hier him blonk
Trochflechte fen de stikel-kroane,
Dy’t trou bleaust dêr’t de dûnkre dea
Dy drige en nêst him wierst yn ’t lijen,
Stil skriemend mar yn dildzjend swijen
Yet tôgjend dyn ûnsizber wea—
Dyn ljeafde riisde oer dead en neden
Great strieljend as in iivge stjer,
En djipten fen it ierdsk bidjer
Hast hill’ge mei dyn keine frede.
TSJINKOAR III.
Weroan is dy de dei forskynd,
Do’t dof fen leed dyn siikjende eagen
De hill’ge grêfsté ienlik seagen,
Mar fen in wûndre gloede oerskynd;
Do’t Gods forljochte feint dy mette,
En wizend nei it himel-rom
It heilwird wytge dat as skom
Forstouwen die dyn eangst en smerte;
Heech stiestû yn dyn hearlikheit
Ek sels fen suver ljocht oerstriele,
En út de sill’gens fen dyn siele
Dreau tankbrens nei de himelheit.
Dû hast it heechste heil oanskôge,
De wrâld hjar treast en rêdding bean,
En ljeavjend bidestû dyn lean,
In glânsstjerre oan de himel-bôge.
SLUTKOAR.
Mem Gods dy’t loft en driuwende ierde
Oerljochtest mei dyn ljeafde-gloed,
Hwaens weitsjende eagen from en froed
De twiivligen wer treastging biede,
Heech troanjend oan Gods rjuchterstoel
Forjaende en stypjend hwa’t misdiene,
Dy’t nea dyn ljeafde djip forstiene,
Noch libben nei dyn strieljend doel
Fen sels-forjit en offer-frede,
De séen sjonge dy ta rom,
De jounloft jowt dyn glâns werom,
It rûzjend wâld seit dyn genede;
Ljocht-hill’ge fen Gods’ iivge trou,
Us stimmen júblje dy ta eare,
Dyn ljeafde kin gjin dea mear keare,
Dû, wûnder fen goadinne en frou!
(Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn).