Opdracht
Lyts freedsum lân, fen blauwe sé omspield,
Mei stil gerûs fen wâld en weach en miede,
Mei weagjend nôt dat yn it ljocht sêft giel’t,
En jountiidsklokjes mei hjar dreamich lieden,
Ho jowt dyn Maeije bliid
Wyt blomte en nije piid—
Ho tilst dy hoeden út de dream omhegen
Oant oer dyn eagen sêft it deiljocht tynt,
En laitsjend yn syn ljochtens, myld oerskynt
Hwa’t bang en stil mar ien dei tiid mear fregen!
De Hear hat nomd en jown,
Great giet Syn dei yn ’t roun,
Dos priizgje ik nou dyn moais, dyn libben ryk en lang,
Dyn siele yn hill’ge sang.
Grien wâld en blide mar, ei jaen my gol
It sjongs’me lûd dat weiriist út jim herte—
Ek jim is ’t moed fen jonge maitiid fol;
Jim dylje yn liet hwet lang de tier fortrette.
Sa stean my ljeavjend by
Det ik jim keinens wij
Mei glâns fen liet, mei ljeafde’s teare lûden,
En laet my, elfen fen it rûzjend wâld,
Yn ’t skaed fen beamte as grize tiid sa âld,
En bied my ring fen jim bitsjoende krûden,
Sa’t glânzget foar myn each
Hwet lang yn dead forteach,
En ik yn witnis sjong hwet oer it heitlân riist,
Nei’t my de Norne wiist.
Mar dû it measte, Frjeon, hwaens siele in dream
Fen ljeafde’s keningskip my lústre yn ’t herte,
By ’t ivich rûzjen fen it great gestream
Dêr ’t Aemlân leit, yn ljocht en laits bisletten,
Dyn noegjen joech my moed
Det ik mei ljeafde en noed
Us dreamen glânzgjen die yn blide rigen
Fen sjongsum lûd, yn rhythmen myld en kein,
Swiet driuwkljend lyk de middeiwyn, in Snein,
De goud’ne nôten rizen docht en nigen;
Dû hast myn dreame-roun
Yn goud’ne reagen spoun,
Dyn lûd wier as de sé fol leed en great geniet—
Sa wij ik dy dit liet.