KOAREN.
(Opkomt in koar fen Fryske feinten en fammen).
BERNLEF.
De maitiidssinne riist allinken
Oer ’t woedzjen fen de winter-grym;
De koele mar yn gouden blinken
Tilt núndrjend yn de teare kym.
De dei driuwt yn oerdize gloede
De blauwe wilften steatlik roun,
En d’ ierde dy’t hjar sieden noede
Leit iepen, fen syn skientme woun.
KOAR.
Dû ljeafde, berne yn ljochtfal fen de dei,
En droegen fen de wyn
Dy’t riljend fen dyn skyn,
Dy meifiert oer syn wiffe dreame-wei,
Det yn elts libjend hert dyn godlik wêzen riist,
En, triljend nei syn gean,
De minske yn wûnder langst en greate dreamen tiist
Fen in fornijd bistean,
Djippe Alkrêft, nea oerwoun, dy’t bynt en stjûrt
Hwa’t wraksljend tsjin it noegjen fen dyn noed
Syn wenten for dy sleat,
Great rizend yn dyn ljocht, in libb’ne glâns
Dy’t giet oer fjild en sé de fierste streamen lâns,
Det alles nei dy keart—
Ho ljochtestû sa djip yn ’t langjend hert,
Dat as in maitiids-blom
Nei twiivlichheit en slom
Syn iep’ne tsjelk ta bloei en sintsjen set!
In foarse wyn fen lok driuwt dream en tinzen oer,
De siele dy’t oanbidt
Bûgt dimmen as in reid for dyn trochloft bistjûr
Dat hjar gjin twivel lit.
En wylst it hert slacht nei dyn macht’ge wil
Eft dyn algodlikheit it briizlje scil
Forriist yn steatlikheit
Mank wijing fen dyn súvre ljochte trêft,
Dy’t tilt èn siel èn tins fier oer ús ierdske krêft
In dream fen ivichheit.
(it koar giet; opkomt in koar fen Fryske manljue en frouljue, ryp fen jierren).
ARTHUR.
En wiid fen godlik ljocht oerstriele
En rizend ta in heger steat,
Wit elts de dimmnens fen syn siele
Ta ’t bloeijen fen hjar heechheit keard;
De wyn driuwt oer de blanke seamen
In great ûnthjit fen wijing mei,
En ’t riigjen fen de simmer-dreamen
Is moarntiid fen de himel-dei.
KOAR.
Yn ’t hert dat dyn genede en hill’ge seine
O ljeafde, wier bisiet,
En dat dyn ljocht en liet
Foreare as fen God’s egen amme oerteine,
Untjowt hjar mei de dei dy’t oer syn widens skynt
In glâns dy’t nea forstjert,
Wylst godlikheit de siel yn wize lieding bynt,
En ’t ear de klanken heart
Fen great muzyk dat noeget nei it ljocht
Dêr’t ierdske smert noch eangst nea wanlûd brocht;
Dêr riist God’s ivich ryk
En ’t each dat earst God’s ljocht yn oar each seach
Oanskôget nou de geast, dy’t skeppende oer hjar teach,
In blanke lôge allyk.
Wolsill’ge tiid det fen God’s ryk de doar
Hjar linkenoan ûntslút,
En yn de siele ûntsprút
Hwet nije bloei ûnthjit yn heger gloar.
God plante ljeafde yn ’t hert, det hja de minske in blom
Ut himels wiidten biedt,
En langjen docht nei neat as it oerglânzge rom
Dat sa yn heechtiid stiet.
Dos, wylst it ljocht al nei de jountiid dûkt
En oer de jountiidskym in froastglâns lûkt,
Set yn it stjerlik hert
De frucht, dy’t d’ ierde ús ta in rykdom woun,
Ta fromme jefte oan God, as yn de grize joun
It lêste deiljocht stjert.
(it koar giet; opkomt in koar fen Friezen en Friezinnen, âld fen jierren).
JÛLE.
De heechtiidsglâns dy’t wâld en streamen
Fen greate blidens laitsjen docht,
Is dimm’ne ôfglâns fen de dreamen
Fen godlikheit en himelnoft.
Fen ierde’s mylde ljeafde wekke,
Wit tsjin it noegjen fen de joun,
It hert, fen heger hoopjen rekke
Him inkeld oan God’s ljeafde boun.
KOAR.
My noeget nou it lûd fen God’s ûnthjit,
Dat ljeafde en heil forseit
Oan hwa’t syn hearlikheit
It dûrjend ljocht oer ierde’s winter wit;
Dy’t oan syn ierdsk bistean mei silvren triedden boun
Weromsjucht nei syn moarn,
Mei ’t dwyndljen fen de glâns dy’t do syn siele omspoun,
Ek stjerlikheit ûntstoarn;
Him skynt in stjer oer d’ opgong fen syn paed
Dat strieljend liedt troch dea syn drige en skaed,
Nei ’t rizen fen in dei
As’t ierde-bern hjir nea net prealjen seach,
Ien libb’ne saed fen ljocht, en wolken-flues noch reach
Nimt fen dy keinens wei.
Ho ropt myn siel God’s wizens ta yn tank,
Det hy mei ljeafde’s krêft
Us wêzen myld en sêft
Untboun fen ierdske glâns en iid’le klank!
Hy dy’t de ljeafde-gloar, de libbensgloede en fonk,
Dy ’t herte tintljen docht,
Brûkt ta syn alwrâlds-doel, en as hjar glans forsonk
Us wijt ta heger nocht.
Myn ljeafde, ik tink dyn swiets en heechtiid nei,
En eft in simmerwyn syn dreamen sei,
Rûz’t yn myn siele in liet
Ta eare oan Him dy’t mei syn ljeafde-dwaen
Myn ierdske gongen stjûrde oer syn forkleare baen
En my syn foarhôf biedt.
(it koar giet).
KENING.
De dei dûkt del. In sêfte wyn giet roun.
Yn goud en poarper stiet de heechtiidsjoun.
Nei stiltme giet ús langst. Us hoopjend hert
Hat hjoed de Hear yn striid en blidens met.
(De kening riist en giet de oaren foar; ûnder it ôfgean sakket it gerdyn).
EIN.