FOARSTE UTKOMST.
1. Thied, Jûle.
THIED.
Sa kin ’t wol, Jûle. Né, dy skeakels net,
Noch ek dy spjelden, flûnkerjend fen goud—
Gjin pronkske steat mear op myn âlde dei.
To lang is ’t lyn, det Fryslân’s feinten my
Forbliden mei hjar ljeafde en flûnkrjend each—
Gjin goud noch glânzgjen mear. My foeget bêst
Dit lynwaed, deistich yn syn skyn, mar djûr
As nea in fammehân noch weve hat
Fen Eider oant it Sinkfal. Jûle, tank.
JÛLE.
Wier ’t foechsum, det ik Mem in frage die?
THIED.
Hwet wier ’t, myn dochter?
JÛLE.
Wachtet Mem hwet greats,
Det Mem hjar djûrste liifsklaed oantein hat?
THIED.
Hwet greats en bliids. Mar ho’t it krekt bistiet,
Hwet it bitsjut en hwet it wytgje mei,
Ik wit it net...
JÛLE.
Dochs mient Mem al, det eat...
THIED.
Nin mienen, mar in witnis is ’t, dy’t myn
Forjeldzjend hert mei nije gloed’ trochstriel’t—
Hark Jûle, en siz, eft ik falsk hoopje scoe.
Hwent jisterjoun, ear’t noch de swiere moanne
In bleke strieling spraette oer froastich gea
—’k Siet mymrjend del, en stoarre it lânfjild oer
Fornúvre ho’t myn hert sa freedsum wier
Mids d’ ûnrêst fen ús tiid—do teante sêft
Prins Radbod nei myn iens’me troansit ta
En bûgde del en sei in wûnder wird.
JÛLE.
Hwet wier ’t dat him nei Mem ta dreau, sa let?
THIED.
„Forjow my, Beppe”—sei syn ljeave stim,
Sa myld, sa sterk as iere maitiidswyn
Dy’t oer de weagen fen it marwiid glydt—
„Forjow my Beppe, det ik ûnbean kom
En sprek yn riedsel-tael. Mar tsjuch moarndei
Jins djûrst klaed oan, ris jo op ’t kostlikst út,
En biidzje my den hjir mei hoopjend hert,
As ’t sinljocht riist oer himels easter-seam—
Hwent moais en greats is jo en my biskern.”
’k Unthiet it him, en hy wier ring wer gien,
Myn winter’s treast, it deiljocht yn myn siel’,
En ’k mymre nei oer hwet er miene mocht.
JÛLE.
Prins Radbod, Mem, is as de Maitiid myld,
As Maitiid sterk yn syn greatmoed’ge siel’,
Mar ek as Maitiid yn syn jonkheit wif.
Faeks wier ’t in plan, dat him fornoege, in stoun,
En wer forstoar mei ’t rizen fen de moarn,
Faeks ek...
THIED.
Stil Jûle, neat forkeards fen him.
Dû kenst him net as ik—dû fielst net ho’t
De krêft is dy’t syn keningsboarst bisiel’t:
Sims bin ’k binijd oer jim bihyplik sjen.
Dû wist, Prins Radbod goait de lânse fier
As nimmen yn ús gea—dû wist, syn earm
Slacht mei ien bile-swaei de ûroks del—
Dû wist de sterke krêften fen syn liif,
Sjuchst eltse dei syn kenings-each, dû hearst
It wûnder lûd dat yn syn tale sjongt—
In lûd dat my yn wûndre dreamen tsjoent
Fen ljeafde en macht, fen lok en kenings-steat—
Dû wist ho’t sels Aldgillis by syn soan
Is lyk in lânsman nêst in prinslik helt—
JÛLE.
Mem sprekt eft Radbod wier in goadesoan!
THIED.
In goadesoan, seistû? Woloan, hy is ’t!
Frou Freya joech him moaijens, Thor de krêft,
En Odin, hoopje ik, scil de macht him jaen—
De macht dit lân, great-Fryslân’s keninkryk,
To meitsjen ta de master oer al ’t folts
Dat om en nêst ús wennet, oer de sé
Safier dy giet fen Pikt’ne heitlân oan
It skom-wiet bercht oan roppende ich yn ’t Noard.
Hwent hy scil Fryslân meitsje in ivich lân,
Us frjeonen boarch en rom, ús fij’nen skrik,
En hy scil hearskje yn Fryslân’s goud’ne tiid.
JÛLE.
Mei alderearst hy frede’s stim forstean!
THIED.
Wêz boppe alle ierdske rêst de striid him djûr!
Striid tsjin ’t fenyn dat mennich eal-Frysk boarst
Tokankret mei syn dûnkre, flokbre krêft
En dat Aldgillis krêftleas kankrje lit
—Ik mien de dwylsin fen dy slaef oan ’t krús—
En striid tsjin elts dy’t Fryslân tsjinstean doar:
Striid for ’t bihâld fen ’t erflik âlderlân,
En striid! for nije greatens fen ús gea.
JÛLE.
Mar as de striid syn ienichst erfdiel wirdt,
—En dochs, bitink ho tear er wêze kin,
In dreamend famke lyk—hwêr fynt er den
yn lok, syn ljeafde, en hwêr syn libbenslean?
THIED.
Dit scil de striid for ’t egen lân him jaen,
En oars scil neat it jaen.
JÛLE.
O tsjuster wird
My tinkt, ik sjuch de hôven al yn brân
En leedzje oer ’t folk en hiel syn wirk omdôch!
THIED.
Sa sprekt myn bern? Yn dizen doarmest roun
En tsjoede twivel hat dyn siele omspoun,
Mar ik, ik sjuch in kroane op Radbod’s haed,
Sa great, sa swiid as nimmen taskikt waerd.
JÛLE.
(for hjarsels)
Sa woun, sa roun. Hy stjert de dea, dy’t daet.
2. Thied, Jûle, Bernlef, in preester ta Odin.
PREESTER.
Foarstinnen, Walhals ginste noedzje jim!
BERNLEF.
Foarstinnen, wêz dizz’ dei jim bliid en ljocht.
THIED.
Tank, bard en preester. Goed set sa’n dei yn
Hwaens dage fen jim mûle heilwinsk bringt—
Hwet wier jim boadskip yn ús iens’me hal?
PREESTER.
Prins Radbod hiet my him to biidzjen yn
Syn Beppe’ seal, mar sei syn boadskip net.
THIED.
Bard Bernlef, teachst ek dû dyn steatsklaed oan?
Ho flûnkret sa dyn earm fen goud? ho wynt
De wylde roas sa haechlik om dyn harp?
BERNLEF.
Prins Radbod woe it sa, foarstinne Thied,
En bringt dizz’ dei de wierheit fen syn winsk.
Den is it goud to feal, to drôf de roas
For sok in ljochte simmerheechtiids-dei,
En ’t djûrste liifsklaed is to dof, hwennear’t
Syn siele-langst dizz’ dei bikroane wirdt.
THIED.
Ho, Bernlef, wist hwet Radbod hjirmei mient?
Ek ik haw ’t ljeafste klaed my nomd, mar wier,
Ik wit de reden noch syn doel dêrmei.
BERNLEF.
Prins Radbod is myn sielefrjeon, frou Thied,
Syn boarst hâldt for myn each gjin heimnis yn.
THIED.
Wier ’t foechsum det syn beppe it plan fornaem?
Ek hjar is hy boppe eltsë ierdling djûr.
BERNLEF.
Foarstinne Thied, mei ljeafde sei ’k it jo,
Mar hjir is ien oer hwa’t ik twiivlich bin...
JÛLE.
(yn ’t ôfgean)
’k Jow my al ôf. ’k Wit ho’t Prins Radbod faek
Syn moeike bliken joech fen wanbitrou
Om’t hja it tsjustrë yn syn ynboarst sjucht,
Net fen syn skyn bitsjoend. Ik jow my ôf,
Siz dû syn plan en neam it hjar: mar wit,
Hwet groeit yn heimnis, stjert yn heimnis wei,
En hy docht tsjoed, dy’t sibbe en miich mistrout.
(giet).
THIED.
’t Is min, sok praet. Bard Bernlef, jow jo del,
En meitsje ús bliid mei jins oerljochte tael—
Hwent, tink ik, ek de preester mei it hearre.
BERNLEF.
(giet sitten)
Wis, wis—hy wol it meast: syn wird scil skielk
Ta krêft’ge wierheit wije Radbod’s winsk—
Foarstinne Thied, en dû, myn frjeon, den hear.
—’k Siet jistermiddei iensum oan it strân
Dêr’t sêft de skomweach rûz’t en rûzjend stjert;
En ’k harke nei it liet dat súntsjes út
De goud’ne weagen nei de himel sjongt—
De tinzen fen de sé, by ’t maitiid wijd
Ta rêst en frede en langst nei stoarmleasheit.
En ’k seach it ljocht, hodet it fûnkljend glied
Bitwisken tearen fen it amjend wiid,
In weldge frou, mei ’t amjen fen hwaens boarst
De flûnkerjende goud-sier riist en sinkt.
Ik wist, God Baldur spriek myn siele ta,
En ’k die myn eagen ticht, det ’k harkje koe,
Hwent Goad’ne boadskip heart men bêst, as d’ Ierd
Yen fier is mei hjar pronk en wûndre tsjoen—
En ’k laei yn dream, in swiet en sillich skoft,
Wylst sêft de strânwyn wyndrë oer myn hier
En Frey my gouden glâns oer ’t antlit lei.
Do hearde ik sêft in dimm’ne trêd oer ’t strân,
Sa scoe, tocht my, God Baldur seingjend gean,—
Hy knibble nêst my del—mar ’k doarst net sjen,
En striek myn hier sêft fen it foarhaed wei,
En sunich lústre er my: „Siz Bernlef, sliepst?”
Do doarst ik sjen en ’k seach yn Radbod’s each.
THIED.
En, sjonger, like er Baldur sels fen liif?
BERNLEF.
Syn each wier as de jounloft yn dit lân,
Sa wûnder myld, en dochs in brân dêr’t rêst
En ljeafde en myldens dwêstende yn fortart;
It wier in saed fen skrikbre djipte, dêr’t
Ien wiffe stjer hiel sêft en tear yn blinkt—
Mar ’k seach djip yn syn each en ’k hie him ljeaf.
En wylst ik laei en him yn d’ eagen seach,
Myn holle rêstende op syn frjeone-hân,
Forhelle er my, sêft lústrjend, in forhael
As âlde barden sjonge yn winterjoun,
En as de séwyn wier syn lûd, sa tear,
Sa fyn en jong, sa fol fen frjemd ûnthjit.
PREESTER.
Sa giet by ’t Maitiid sims ek Widar roun,
De god fen ’t wâld, hwaens dûnkre en súvre krêft
Fornijd wer riist mids sinne’s glinster-steat.
THIED.
Biskriuw ús hwet er sei en neam ús dat.
BERNLEF.
Dit wier syn wird: „Myn Bernlef,” sei er sêft,
„Dizz’ dei is goed for d’ Ierde, dy’t fen nijs
De fruchten groeijen fielt yn ’t slomjend liif,
En goed for dreamers, mymrjende oan it strân
En skôgjend ho’t it ljocht de sé oerweev’t—
Mar ’t bêst for him dy’t ljeafhat yn syn hert,
En yn dizz’ tiid in wûndre miening fielt.
Sa Bernlef, (sei er) giet it my; ’k ha ljeaf,
En moarn forbynt it boask myn faem mei my.”
THIED.
Ho Bernlef, ho? En wy, wy wisten neat!
Hwa naem er ta syn kar? In Fryske faem,
In faem fen stân? Ien dy’t him weardich is?
BERNLEF.
Foarstinne Thied, hy mient Rixt Martena.
THIED.
’k Bring Odin tank! de trêftichste fen ’t lân!
Dochs is der great biswier ... gean fierder, bard!
BERNLEF.
Hy den, hy sei: „Dit is my ’t swierst en ’t slimst,
Det ik yn heimnis dwaen moat hwet ik ljeafst
Fen hiel dit gea de maitiids-blidens seach,
Mar ’k wit, hjar heit jowt nea it tawird; ’k wit
Hy is in tsjinner fen dy krúsge slaef
Dy’t men de Kristus neamt—hy hatet my
Om’t ik syn ôfgods-tsjerke dylge yn fjûr,
Nêst mennich jier, in wylde winternacht.
En Heit jowt him, dit wit ik, ’t weegrjen frij,
En twingt gjin Kristen ea syn dochter ôf—
Dos moat iksels geheimge wegen gean.
Rixt mient it my, en hat my ynlik ljeaf
—Yet ljeaver as de slaef fen ’t krús!—en moarn,
By d’ iere dei, as ’t East yn lôge barnt,
Den flechtet hja út d’ âlderwente wei,
Myn breid nei ’t rjucht fen ljeafde’s egen kar.
In preester scil ús boaskje as man en wiif—
Dû, doch dyn djûrst klaed oan, en biidzje my
Yn beppe Thied hjar seal, en siz hjar oan
Hwet mylde hope ljocht bringt yn myn hert.”
En hy spriek troch, en die my ’t âld forhael
Fen blide ljeafde, in bard sa goed bikend,
En priizge Rixt, det ik hjar glimkjen seach
Mids feale drôvens fen hjar âldershûs,
En hiel de middei spriek er wûndre tael
Fen ljeafde, as ienris mar de minske sprekt—
Foarstinne Thied, dêrom trochwynt de roas
De stringen fen myn harp, dêrom is ’t each
My bliid en ljocht, en dêrom biidzje ik hjir.
THIED.
O súvre Maitiidsmoarn, hwet bist my myld,
Ho hoeden draechst my Frigga’s jeften ta!
By Odin, keninklik is Radbod’s kar
En wiis syn wird dat sa fen oerliz sprekt;
Hwent wis, myn soan, dy’t men de kening neamt—
Mar kening is er net yn died en krêft—
Hy hie oan Radbod’s langstme nea foldien.
Dêrom, ’t is goed; en ’k fiel mysels in breid
Fen blidens, det ik dit oanskôgje mei,
Myn Radbod boaske en ’t flokte krús forslein.
Myn hert rint oer fen wille en tankberheit.
PREESTER.
Great is it wirk dat my de prins bitrout,
En ’t is my bliid, det hja, syn keaz’ne faem,
For him it skaed fen ’t môgich krús forlit.
THIED.
Dos preester, hâld dy ré; wêz greatsk fen hert;
Dû, Bernlef, sjong in sang dy’t Walhal heart!
Ho is dizz’ moarn ús myld! ho hat de wyn
In tsjoenend lûd fen blide ûnthjitting yn!
Haw, Frigga, tank; bin twiivlich ek dyn bern,
Dyn ljeavjend each hat nea hjar glâns forlern!
3. Thied, Bernlef, de Preester, Radbod.
RADBOD.
Det Walhal’s ginste rêste op beppe Thied!
THIED.
Dizz’ moarn, myn Radbod, ha’k syn seine field
By ’t blide harkjen nei dyn keningswinsk.
RADBOD.
’k Bitroude it sa, jy scoene my forstean.
Wol is ’t my drôf det ik mei slimmichheit
My winne moat hwet Walhal sels my jowt,
—’t Is my in skaed om ’t jonge, sillige lok—
Mar ’t moat sa Beppe, it mòàt. Hwent sûnder hjar
Is my de dei in nacht, myn libben dea:
Ho scoe hja oars my tastien wirde as breid?
THIED.
’k Seach hjar yn tiden net. Mar ’t is in faem
Dy weardich, Radbod; en it bliidste is dit:
Det hja om dy fen ’t krús hjar ôfjaen doar.
RADBOD.
O hiene jy hjar sjoen as ik, jins jeld,
Myn beppe, bloeide as Maitiids-jonkheit op,
Jins each waerd ljocht fen swietste fam’nenocht;
Hwent wier, hja is in wûnder as dit lân
Nin twadden wiist. Hjar lûd is as de sang
Dy’t út in krûd-oerdits’ne wjittring riist,
Hjar gean is as it nigen fen it reid,
Hjar laitsjen—o hjar laits! Mar, beppe Thied,
Sims haw ik soarch, hja laket fiersto min:
Hja hat sa lang yn skaed en leed forkeard,
En ik... hja hat my ljeaf, hja wit ho’t ik
Hjar noedzje scil mei al myn ljeafde en krêft...
Mar altyd bin hjar eagen wûnder-great,
As wier hja wend to eangjen for in ûnk,
Se is sa stil, sa skruten ... Beppe ’t is
In ljurkje lyk dat yn de moarntiid sjongt,
By wjerljocht bang, en swijsum yn de joun,
Mar ’k haw se ljeaf en noedzje scil ik hjar
Tsjin ûnk en striid, salang de krêft my bliuwt,
Dy krêft dy’t by hjar sjen tsienfâldich riist,
En dochs ... o beppe, ’t is sa nij, sa great...
THIED.
(stil)
Dyn herte sprekt—ho’t ik syn tael forstean!
RADBOD.
’k Wier faek in rouwe jonge, beppe Thied;
My wier de jacht, de striid, de macht it djûrst,
Al laei ’k simstiden mymrjend yn it wâld
By ’t wûnder rûzjen fen God Widar’s beamt—
’k Wier sterk, oermoedich en yn ’t hert in prins.
Regearje woe ’k en hearskje, strang fen moed,
En hwa’t my tsjinstean doarst, syn straf wier swier,
En sims wier ’k wreed en kâld en hird fen hert.
Hwent ’k wit, dêr wennet greate krêft yn my—
By sinneskyn, den is de risping great,
Mar moast s’ yn tsjuster waechse—Beppe, as nea
In great lok seingjend oer dy fjilden gyng,
’k Scoe wêze as stien: hird, ûnforsetlik, kâld.
En faek loek my it hert fen njoerens gear,
Koartkearich wier ’k, opleappen—mennichien
Hat hate yn my, om’t ik him fiele liet
Det Radbod’s wird èn wet èn wierheit is,
En om’t ik faek ’t lefhertich kristen-reau
Hjitfolge mei myn grym; in winterjoun
Do barnde ik mei myn maten—wûndre nacht!—
It ôfgodshûs fen Keimpe Martna del:
Ho sloech it fjûr om ’t Kristusbyld, ho kreake
It knappend hout ... nou is dat lang forlyn...
THIED.
En dochs, myn soan, ’t is goed, de kanker dy’t
Us lân tofret, mei stegens tsjin to gean
En—by dat lôgjend fjûr wier Walhal bliid!
RADBOD.
’t Mei wêze, beppe Thied, mar ’t is foarby.
Sûnt ik hjar seach, myn keine, freeds’me faem,
Is al hwet wreed is, sûnder macht yn my,
En ’t ienichst wyt fen hiel myn libben, ’t is
To libjen sà det ik hjar weardich bin.
Ja, wier myn hân ea smoarch en read fen bloed,
Nea doarst ik hjar wer yn hjar eagen sjen.
THIED.
Myn soan, myn soan, forjit dyn lân dochs net,
Bliuw prins yn krêft, bliuw prins yn wil en dwaen!
RADBOD.
’k Haw ljeaf, myn beppe ... nim ’t my net kwea-ôf
As ’k sims oerdriuw, mar ’t is sa great, sa nij,
En nou dizz’ dei ... de kroaning fen myn winsk...
Ho skruten scil hja wêze, skielk, as hja
Myn beppe en Bernlef yn myn selskip fynt...
By hjar oan hûs is alles kâld en keal...
THIED.
’t Is Kristenfolk. Mar dochs, hjar stân is goed,
En goed is ’t det hja ’t flokte krús forlit.
BERNLEF.
Mar Radbod, siz, ho komt se hjir? hwa bringt...
RADBOD.
’t Is wier: ’k forgeat it noch. ’t Wier slim en swier
Hjar oer to heljen ta myn plan: hja kin
Sa min hwet skûl hâlde yn hjar bernlik hert—
Ut ljeafde naem s’ yn ’t lêst myn útstel oan.
Ear’t yet hjar folk dizz’ moarn forriisde út sliep,
Scoe hja, forklaeid as non, hjar hoeden jaen
Nei ’t ôfgodshûs fen Martena yn ’t wâld;
Dêr bidet hjar—ljeafst wier iksels mar gien,
Mar maklik hie in Kristen niget sjoen—
Myn liifsfrjeon Holder mei in treftich hoars...
Ring is hja hjir, myn beppe, ’k tel de tiid...
BERNLEF.
Ik hear de hoefslach fen in hoars—ja hark,
Dêr komme gûnt de treppen op...
RADBOD.
Rixt! Rixt!
THIED.
Byn yn, myn prins. Oertink dyn weardichheit.
Bliuw nêst my stean en biidzje sa hjar komst.
4. Thied, Bernlef, de preester, Radbod, Holder.
HOLDER.
(hymjend op)
Foarstinne Thied ... myn frjeonen...
RADBOD.
Lit hjar yn!
Myn beppe wit it, Holder—lit hjar net
Omheukerje yn dy kâlde hal—s’ is faeks
Wirch fen de reis, en ’k ha sa’n langst nei hjar!
HOLDER.
(yn himsels)
Wé my ... myn boadskip ... Goaden, hoedzje my...
BERNLEF.
(nei him ta)
Ho komst sa mêd en hymjend, Holder? Hast
Sà jage en dreaun? Ho trillest sa? Hwet is ’t?
Ik seach dy nea sa wyld en frjemd oerstjûr!
HOLDER.
O Radbod, Radbod, hear my...
RADBOD.
’k Hear. Sprek op!
HOLDER.
Ik kom allinnich, Radbod...
RADBOD.
Hwêr is Rixt?
THIED.
De wierheit, feint; prins Radbod ferget dy.
HOLDER.
Hja is fier wei ... en s’ is for ús ... forlern...
RADBOD.
Del op de groun, dû slaef! dêr! foar myn fiet!
Eangest gjin straf for sok ûnskeamel praet?
Sjuchst net de dolk hjir glinstrjen yn myn hân?
HOLDER.
Ut dyn hân, Radbod, is de dea myn frjeon,
En wolst myn dea, ’k bin ré. Mar skildleas stjer ’k.
BERNLEF.
Radbod, wêz wiis! hy is dyn bêste frjeon!
THIED.
Myn prins, bidimje en harkje nei syn wird:
Wêz weardich ek yn smert. Kom Radbod, gean
Hjir nêst my stean—dû wist, dû bist my ljeaf—
Myn ljeafde striel’t ek as in drôvich flues
It skaed fen minder stjerren diek yn nacht—
Dû feint, riis op, en doch dyn hird forhael
En sparje ús neat, hwetst ek to neamen hast...
Radbod, myn bern, dizz’ moarntiid is ús wreed,
Mar dield leed is mar heal leed, seit it wird,
En beppe Thied lit mei hjar bernsbern mei...
RADBOD.
O Beppe, Beppe... In fjûrkolk is myn hert...
BERNLEF.
Kom, Holder, siz ’t! Sa’n twivel skoert ús hert
Dat lije wol yn Radbod’s machtich leed!
HOLDER.
Myn ûnksforhael is koart... ’k Wier ier yn ’t wâld
En bide op ’t oansein plak—it wâld wier stil,
In inkle drip foel pearljend út it leaf,
En d’ Easter dage-brân sloech lôgjend út;
Yn ’t beamte wier ’t ier libben fen de dei—
En ’k bleau allinne en nimmen kaem. De klûs
Fen ’t ôfgodsbyld oan ’t krús bleau ienlik stean,
Gjin non, gjin faem ... o ho’t ik wachte haw,
Fordildich hoopjend en sa bang fen hert,
En nimmen kaem en ’k doarst net gean. Yn ’t lêst
Do ried ik stadich ’t paed del nei de went
Fen Martena: miskien noch moete ik hjar—
En jimmer blider riisde it Maitiidsljocht
Dat op myn rêsting foel as bloed’ge damp,
En nimmen kaem... Ik twiivle en doarst hast net,
Mar ’k wist, it moast. Ik ried nei Martena
Syn hôf, dat blomke yn ’t iere Maitiidsljocht
Mei blossums read en wyt en poapren blomt’—
Ticht wier de poarte en d’ ophelbrêge omheech.
Ik rôp en rôp... En einlings kaem er sels
Nei foaren, Martena, en rôp my dit
Mei lûd, dêr’t frjemde jubel klear yn klonk:
„Myn dochter is Kristinne en hat it krús
Mear ljeaf as him dy’t Kristne godshûs barnt.
Siz Radbod dit: hja hat yn fromme bycht
D’ earweard’ge preester ’t godleas plan bitroud,
En hjoed oertinkt s’ as Kristus iiv’ge breid
Dit tsjoed bistean yn ’t feilich kleaster-hûs.”
PREESTER.
Wé, Odin, wé! De Nazarener woun!
Hast den dyn bern bijown? Hwêr toevestû?
RADBOD.
Yn ’t kleaster ... hja, myn dimm’ne Maitiidsblom
Hwaens kopke niigde, as sinne efkes wiek...
O Beppe, ’t kin net, ’t mei net—hja giet dea
Yn ’t flokte skaed en ik ... myn hert tobriek...
Mar frjeonen, nim jim hoars; wy fjouw’rje wei,
Birinne it kleaster, rôvje hjar—hjar plak
Is hjir nêst my, net yn dat ôfgodshûs...
BERNLEF.
Wy witte it plak net fen hjar dûnkre doem—
Hwa wytget ús it sté, hwet kleaster ’t is?
RADBOD.
Den barne wy de stins fen Mart’na del,
En twinge it folk to sizzen hwer’t hja is!
THIED.
Bitink, myn soan, ’t is opstân tsjin de wil
Fen him dy’t nou dit lân bistjûrt, dyn heit,
Dy’t frede wol yn Fryslân’s gea, en mei
De swierste straffen spjalt en skeel bitwong!
RADBOD.
Mar Beppe, is den gjin inkelde útkomst bleaun?
Moat wy bilies jaen sûnder striid? Bitink,
It is myn libben dat dy krús-slaef brekt!
THIED.
Brek dû den syn biwâld en nim dyn wrek.
RADBOD.
Ha wrek! Ik scil se slaen, dat flokte reau,
Dat my it hert yn domme dwyl tobriek,
Se weidwaen út dit lân, mei brân en doem
En kenings-straf forfolgje, yn iiv’ge grym,
Hjar bylden slaen oan splinters, ’k scil mei fjûr
Hjar ôfgodswente yn yeske sinken dwaen—
’k Scil suverje dit lân fen ’t ûngediert
Dat Fryslâns liif tofret—nin ien ûntkomt
Syn rjuchtlik lean yn Radbod’s ryks-biwâld!
De lytse lefferts, falsk yn ’t gammel boarst
En stitsen fen de Nazarener mich, dy’t yn
In krús syn troansit seach, ik scil se slaen,
Det ’t bloed hjar wiif en bern yn d’ eagen spat
En lûd de goaden laitsje op Walhal’s plein,
De houn scil slobb’rje fen hjar brein, de roek
Pikt noch by skande-liken d’ eagen út...
BERNLEF.
(smeekjend)
O Radbod!
RADBOD.
Swij! ik wit myn libbensplicht.
THIED.
Jim feinten, gean; to swier is Radbod’s smert,
Syn siele skriemt en hat fen treast forlet.
Dû preester, bliuw; hwent sikersonk, ús ryk
Nimt for ien donker skoftke flecht noch wyk.
5. Thied, de Preester, Radbod.
THIED.
De tiid is komd det ’k sprekke moat, myn prins,
En harkje goed hwet beppe Thied dy seit;
Biwarje it yn dyn hert, hwent yn dizz’ stoun
Wirdt berne it komstich lot oer Fryslân’s groun.—
De krús-slaef naem dyn breid. Wol fier is ’t komd
Det Fryslân’s kenings-soan syn breid forliest,
Bistellen fen misdied’ge dwylsin-lear,
En nearne in wei fynt for syn kenings-rjucht!
Wol fier is ’t komd! Ik seach s’ yn lang net, Rixt,
Hjar heit, forbline, in earme gek, hat hjar
Fier hâlden fen ús hôf, aloan—ik seach
Se ’t lêst, do’t se op in Maitiids-feest hjar blomt
Mids Fryslân’s eale fammens-bern my brocht—
Mar hja wier sêft en myld, en foege dy
Fen stân en bloed. Graech hie ’k hjar nêst dy sjoen
Op Fryslân’s troane, in weardich, foarstlik pear:
Dû, great fen krêft, strang-hearskjend, sterk fen wil,
Kastijend d’ ien en leanjend d’ oar, sa’t moast,
Hjar, great yn hwet elts wiif to priizgjen stiet,
Yn trou en ljeafde, en ljeafde’s ried en treast.
Dy dream is dea, forneat’gë; yn dyn hert
Bliedt yet de deads-woun, stjelpich, gjalp nei gjalp,
En faeks groeit nea dy dûnkre woune ticht—
En nou, oertink hwet dy sa strymjend slacht.
Hwet twong dy, heimge wei to gean? hwet krêft
Twong hjar ta sels-forried? hwet twong hjar del
Yn ’t kleasterhûs? hwa as de slaef oan ’t krús?
De himel ropt ús, Radbod; Walhal hat
Dit ûnk yn ivich oerliz dy biskern,
Detst witte scoest, hwa’t de de deadsfijne is.
De krús-slaef naem noch mear—sjuch roun, myn prins!
Hwêr is de goad’ne soarch? hja stúnje yn grym
Om’t Fryslân’s folk hjar goeddiels al forliet;
Rjue eal-ljue joegen jacht en striid-nocht oer,
En bûge, siik fen hert, foar ’t krús. Krektsa
Wykt út hjar frouljue piid en kriich; hja gean
Foardel nei ’t ôfgodshûs en moarmlje dof.
’t Fenyn krûpt alles troch—de hear, de slaef,
De bidd’ler en ... miskien de kening sels:
’k Bin twiivlich oer myn egen soan. ’t Fenyn
Fret alles oan: in kankrjend fjûr dat yn
De woartels fen it beamte al krêft’ger wirdt,
Al is it leaf noch grien, de krune swiid...
O Walhal, hwet is ’t folk dat dy forlit?
Ho scil ’t bistean? Scil Thor net mei syn fjûr
It dylgje fen de wrâld? Scil Hela net
Lûd geije fen útlitt’ne nocht, as skielk
Hiel ’t erflik lân deltomm’let yn hjar tût?
Ik neamde niis de kening. ’t Is myn soan,
Mar ho ûntfoel er d’ âlde kriich! Stil, sêft
En mijen giet er ’t deistich earleas paed,
Bistriidt de striid as Frede’s ljeave frjeon;
In earsum húsman lyk, sa noedet er
Syn folk, ûnkeninklik yn died en skien;
Hy skikt en oardnet, telt en tinkt en weacht,
Is fij fen ’t swird, arbeidet nacht en dei,
En ’t folk, ’t is tankber, mar it freest him net.
De leffe Frank mei swiete flaikers-bek,
De Friez’ne slimste fijne, neamt er frjeon
En hâldt er trou en earlik as him sels;
En ’t alderslimste—ik húvrje as ’k bitink
Hofier dizz’ soan syn heit en my ûntrint—
De dwylsin fen it flokhout lit er gean,
En stadich trochkankrje yn ús erflik lân.
Ien ding is my ta treast—noch is it hert
Fen Fryslân soun. Dat hert bistû, myn prins,
Nou prins, mar ienkear kening oer dit gea,
Dû Radbod, yn hwaens liif iksels wer riis:
Yn dyn each sjuch ’k myn egen each; dyn hert
Brûz’t wyld, lyk mines eartiids die, dyn moed
Forflokt de krúsge slaef, as mines docht.
Op dy bitrou ’k. My neamt men faeks al âld,
Myn paed bûgt del en ’k trêdzje nei it grêf,
Al is it liif my soun, it each my klear—
Mar dû bist jong en ienris draechst de kroan.
By dy rêst Fryslân’s lot—bist sleau en têd,
’t Scil sinke yn tiid’ne djip forjit; bist sterk
En dochst dyn kenings-plicht, ’t scil foartbistean.
Nou freegje ik dy ien ding, myn moed’ge prins;
En troch myn mûle klinkt ek Walhals winsk,
Sprekt Fryslân sels, klinkt deade helt’ne wil,
Ja, sprekt de faem dy’t men dy stiel, dyn Rixt:
Swar my in hill’ge ied by Odin’s haed
Fen iivge striid tsjin ’t flokte krús, tsjin ’t skaed
Dat út it Súd ús lannen dekt yn rou;
Unthjit my hill’ge, iivge kriich, salang
De krêft dy bliuwt, tsjin ’t kankrjend krús-fenyn,
Net rêstend ear’t dit lân wer jeuchlik bloeit
Yn fromme goade-tsjinst en Walhal ear’t.
Dit iene freegje ik dy; myn prins bist ré?
Bitink hwet men dy stiel, bitink hwet ûnk
Al spielend oer ús fruchtbre ikkers streamt...
RADBOD.
Genôch, foarstinne: ik bin ta d’ ied biret.
Jy wiisden my myn keningsplicht: iksels
Hie ’t al as boi sa sjoen. Jins wird wier wiis
En tsjûget suver ynsjuch, ljeafde, en krêft.
It krús ef Odin! Odin is myn God
En ’k scil it krús tobrekke yn earmtlik pún
Mei Walhal’s help, al bliuwt net ien my trou
As hja dy’t gean’ yn Asgard’s wûndertún.
Men briek myn hert dat minsklik wier; mar ik
Scil brekke it hert fen dy ûnkrêft’ge God
Dy’t stoar oan ’t krús en my myn breid ûntstiel.
O Rixt, o Rixt! hwet wier dyn each my ljeaf,
Ho weage yn goudne glinsters ’t hier dy dol,
En nou bist finzen, skielk bist dea, en ik,
Ik libje troch en longrje nei myn wrek—
Dû preester, nim my d’ ied; hwent ik bin ré.
PREESTER.
Swar den by Odin’s haed, dy’t kening is
En wâld hat èn oer goad’ne èn minskewrâld,
Hwaens glânzgjend each net oersjucht, en hwaens ear
Elts lûd op ierde, yn loft en sé fornimt,
Dy’t alle tins forstiet fen stjerlik hert,
Swar dû den by syn haed him trou, det hy
Aloan yn dy in treftich tsjinstfeint fynt.
En ast him hâldst, dizze ied, den wêz dyn diel
In kenings-libben, ryk oan rom, in dead
As fen in helt, in plak yn Walhal’s stins,
Den neamt de neiteam dy yn djip ûntsach
Wylst barden dy bisjonge yn iiv’ge tael
En bliid dyn geast mids hege kenings toevet;
Mar hâldst him net en brekst dizze ied, den bist
Forflokt yn al dyn dwaen, yn eltse stoun,
En stoattljend scilst mids minsk’ne klibers gean,
Forstaet fen minske en god yn ivichheit;
De wriggen scil dy nytgje yn dyn dead,
Yn Hela sinkt dyn siel ta iivge straf,
En d’ egen bern scil spije dêrste stoarst,
Omdetst forrieder bist by minske en god.
Prins, Odin heart—doch dû dyn hill’ge ied.
RADBOD.
By ’t haed fen Odin, hearskjende oer de wrâld,
Oer loft en ierde en sé, oer minske en god,
Swar ik in hillige, trijfâld’ge ied:
To tsjinjen Him en Walhal’s goade-boun
Salang de krêft myn hert’ trochstrielt, it bloed
My waerm en libjend is, as feint en frjeon;
To dylgjen hwet syn alkrêft tsjinstean doar
Mei flokbre tael ef yn godleaze died,
’t Sij jong fen krêft ef griizjend yn de jeld;
En ’t measte dit: de krús-god del to slaen
Mei elts dy’t him skewielt, to rêsten nea
Eardet syn wirdt forspein wirdt yn dit lân
As leffe dwylsin-tael, allyk as ’t is—
By ’t haed fen Odin swar ik dit: ik bin
Yn ivichheit syn fjuchtersmaet en frjeon,
En stride scil ’k, det hiel dit lân ien went
Wirdt fen syn hearlikheit en iivge trêft,
Ien timpel fen syn hearlikheit, de rom
Fen Odin’s boarst, de nocht fen Frigga’ each.
THIED.
(yn jubel)
Jim goaden, hear! Fen nijs forriist jim hûs!
Ho bin jim mûrren blank, jim hôven prûs!
Nou giet oer Walhal laitsjend Maitiidsljocht,
De roaze bloeit, de harpe sjongt fen nocht.
Meast wûndre moarn! Dyn ein is as ’t bigjin,
Unthjit op heechtiid, tael fen keningsmin;
Mar iivger as it wird oan ierdske breid
Sei Radbod jim. Nou stiet jim ivichheit
In rots lyk yn forwoed’ne sé, nou giet
Oer Walhal’s plein in júblend elfe-liet,
Hwent Walhal, Odin’s wizens, Fryslân woun,
Ring sinkt it flokte krús yn spjalte groun—
Gean, preester, gean, en bring ús goaden tank
Mei ’t bloed fen offer-djier en harpe-klank.
6. Thied, Radbod.
RADBOD.
Foarstinne, foechsum wier ynbann’ger nocht,
Al riist ús ryk ek skielk fen nijs, myn hert
Is stoarn yn my en ’t deiljocht is my wreed...
THIED.
Wier, ik forstean dyn smert! Mar dû, forstean
Myn nocht, myn wûndre nocht... Myn bern, dû witst
Net hwet ik litte yn hwet nou stoar, net d’ eangst
Dy’t my ’t heech herte jeije en húvrje liet,
Al bliuw Forhoping’s twiivlich ljocht my by,
Nou dijd ta ien great mar fen glâns... ’k Ha woun
Sa great as ’k hast net tinke doarst—nou stiet
It komst’ge fêst, nou bloeit fen nijs dit gea,
O Radbod, ’t moeit my sa, mar ’k bin sa bliid...
RADBOD.
En ik bliuw ienlik yn myn leed. ’t Is goed;
’k Bin sterkernôch en ’k sjuch hwet Walhal mient
Dy’t wille oan jeld en rouwe oan jonkheit brocht,
Elts nei syn krêft; myn maitiid stoar, fordet
Myn froast de gift’ge krús-blom deadzje scoe—
’k Bin wirktúch yn de hân fen ’t lot. Woloan,
Net ik scil dûke yn krêftleasheit, myn macht
Scil ’k brûke neffens foarst’ne rjucht en wet,
It iennichst nocht dat d’ earme Radbod bliuwt...
(Stoarm. Tongerslach).
THIED.
(kjel)
By Odin, hear dat bolderjen! ’t Is in stoarm!
RADBOD.
Niis-krektsa stiek de wyn al op. Ik heard’
Im gûlen, brûzjen by jins wûndre tael,
De wijing fen myn ied. Ha, wolkom, stoarm!
Dû foegest nou it bêst my as myn maet,
Ho reagest ût de hôven ’t deade hout
Dat nije bloei bihindret! Driuwst de kloft
Mistreast’ge wolkens fen de loft net wei,
Lyk Thor eartiids it reuze-skaei bistried?
En den, dû bist sa lûd en fol fen leed...
7. Thied, Radbod, Jûle.
JÛLE.
Prins Radbod, Mem...
THIED.
Hwet bringt myn dochter ús,
In wird fen leed, in útring fen geniet?
JÛLE.
’k Bin twiivlich, Mem ... noch jeit it bloed my fel
As ’k tink oan hwet myn stjerlik each niis seach...
Ik wit it net ... mar ’k leau, ’t is ûnk, ’t is striid...
RADBOD.
Ha! hokker?
JÛLE.
’k Wit it net ... fen skaed tsjin ljocht,
Fen âld tsjin jong, fen ’t nije tsjin hwet sonk...
Ik wit it net ... ien wûnder wier de loft...
THIED.
Siz hwetstû seachst! Rin sa oerstjûr net roun,
In skip dat stjûrleas driuwt nei waer en wyn!
JÛLE.
O ’t skip, dat skip! As ’t sonken wier... Mar stil,
’k Scil ’t sizze ... al scoe ek waerljocht slaen myn each...
Mem wit, do’t Bernlef kaem, joech ik my ôf,
’k Moast gean, al wist ik net hwerom. Myn siel
Wier tiisd yn ûnrêst, fol fen dûnkre aen,
Dy’t my bineare as wier der ûnk op til—
For rêst roun ik de hôven yn, dêr’t sêft
De moarnswyn, stil de krune omhúvrjend, song;
Ik socht de terp, mei line en iik bigroeid
Dy’t útsjucht op de sé, det myld myn moed
Hjar rêst wer woun by ’t amjen fen de wyn
En ’t blauwe glânzgjen fen de iivge sé.
Stil wier it dêr; gjin blêd forweechde, stil
Det ik noch eangstiger, net amje doarst—
Yn blanke fierte sylde in steatlik skip,
Sêft driuwkljend mei it opjaend wiet, en ’t wier
As boun ’t yn frjemde tsjoen myn eagen fêst;
Wyt-strieljend blonk it seil, mar—wûnder wird—
Dêryn dêr flûnkre en blonk in great blau krús...
THIED.
Alwer! de pleach fen ’t Noard!
RADBOD.
En sonk it skip?
JÛLE.
Myn each seach mear oan jinsne wester-kym;
De loft oer roun in goud’ne glâns, det hiel
Dy kym stie yn in tsjoenend ljocht; fen ’t east
Kaem dûnker op, dat ring de sinne oerdiek.
Neat as dat blank ljocht yn it west; en dêr
Forskynden my, wylst sêft en fier geklang
Fen harpen, floiten, taweve op myn ear,
Rjue ljochte wêzens, sweevjend yn de sé
Fen ’t bleke ljocht—Walkyren lyk, mar dôch
Yn blanker trêft, mear myld en kein fen foarm;
Mank hjarren gyng—ik húvrje nou’t ik ’t siz—
In wirch mêd man, bloed klibjend op syn klean,
In bloed’ge kroane op ’t haed: hy droech in krús...
RADBOD.
Biroun de loft alhiel?
THIED.
’t Is dwylsin-praet.
JÛLE.
’t Is dwylsin, mar ik seach it, ’k seach it dochs—
It bleau mar koart. It dûnker strûsde rêd
Oan út it East en diek de loft alhiel
Safier dy bôge oer d’ ierde, leadich blau;
Swart laei de sé, goar, tsjuster as in hel,
Syn amjen hold er yn. Oer ’t wetter roun
In njoere griene glâns; de weaze en ’t wier
Dy driuwklen op en swommen op it wiet;
It skip mei ’t krús hime oer de wrede sé
En swaeide roun...
RADBOD.
Mar sonk it? Siz it dochs!
JÛLE.
’k Bin bang fen al ... ik mien, ik tink fen al
Mar ’k wit it net. It rommle rou yn ’t Súd,
De wearljocht knett’re flits nei flits; de sé
Stiek skûmm’ge koppen op, de rein sloech del.
Ik flechte troch it hôf wer nei de stins,
Yn lijte fen it kroanjend wâld; ik roun
Sa rêd ik koe, it poarte-hôfpaed lâns—
In gleone ruter stou my wyld foarby
Det my de weaze yn ’t antlit sloech; hy rôp
My yet hwet ta, ’k forstie it net—mar ’k seach
Yet krekt hwa’t wier: ’t wier Keimpe Martena.
RADBOD.
Thor, Thor! Hwet skrikbre hún! De dwaze slaef
Trún’t my yn d’ egen stins ta deaslach oan!
JÛLE.
Hy fjouw’re wei. ’k Roun nei de hal; dêr stie
Bleek, rjucht, yn d’ eagen greate en swiere grym,
Yn dûnkre finsternis de kening sels—
Hy wonk my foart to gean. Do flechte ik hjir.
RADBOD.
Myn Beppe, hoop riist yn myn hert. Myn Heit
Scil heard ha ho’t men mei misdie: syn moed
Is riisd yn grym do’t er dy hún fornaem—
De kening scil my stypje mei syn krêft
Tsjin Martena; grif hat er dy fordreaun,
Grif scil er my myn breid, myn Rixt wer jaen...
JÛLE.
(yn hjarsels)
Ho’n wreede klearens oer dit riedling riist!
THIED.
Myn soan, byn yn. Forwachtsje nea de dei
Eardet de moarn al gloede oer d’ ierde laei.
Lûd gûlt de stoarm; der riist to wyld in tiid
For leffe frede sûnder bloed’ge striid:
Nin hope op ljocht, nin dûrjend lok, as net
Us hân net it stiel staet yn dat ûngods-hert!
BOADE.
Kening Aldgillis kindget jim syn komst.
THIED.
Hy is ús wolkom. Lit him yn, en gean.
8. Thied, Radbod, Jûle, Aldgillis.
ALDGILLIS.
Mem Thied, det Walhal jo hjoed seingje mei!
THIED.
Syn ginste bliuw myn soan, de kening by.
ALDGILLIS.
Tank for dy winsk. Ik haw se brek, dizz’ moarn.
THIED.
Mear as trochstrings?
ALDGILLIS.
Ja, sikersonk, Mem Thied!
Myn keningskip weacht my dizz’ moarn swier—
Niis Radbod, frege in Kristen my to wird:
’t Wier Keimpe Martena.
RADBOD.
Hy wêz’ forflokt,
Dy glûpske tsjeaf, dy’t my myn breid ûntstiel,
En Rixt boaske oan de krúsge slaef—wis Heit,
Sa’n trêftich sweager mei er greatsk op wêze!
ALDGILLIS.
Myn soan, dû dochst him ûnrjucht yn dy tael.
Hy, sels ek heit, stie yn syn rjucht; hy moast
Hjar ’t bêste siikje. En tocht er, Rixt hjar plak
Wier earder yn it kleaster as nêst dy,
Net ien dy’t him dêryn bihindrje koe.
RADBOD.
Tinkt jo den Heit, men mei sels Fryslân’s prins
Ofsteegrje for in krúsge slaef?
ALDGILLIS.
As dy
Yndied de God fen ’t wrâldal is, den wis.
RADBOD.
Jy sizze dat yn earnst, Heit? bin jy siik?
ALDGILLIS.
Swij, Radbod; Fryslân’s kening sprekt dy ta.
Ik rekk’nje dy dyn rouwe tael net oan—
To swier bist yn dyn leed bitiisd. Ik ken
Dyn greatsk en brûzjend hert—it wier for dy
In skrikbre hún, ’k forstie it daelk. Nea hie’k
Dy praten heard oer hjar—mar ’k wit forfêst,
Dû ljeavest hjar mei hiel dyn sterke siel’,
En dos is great dyn leed en great dyn grym.
En do’t niis Mart’na foar my stie en sei
Hwet jimme doel west hie—ek hy wier lûd
En bitterder as wiislik wier—do’t hy
It wird my die fen jimme ljeafde en langst,
Hostû him hast syn bern ûnthelle hiest
En oan dy boun ta iivge trou, do gyng
Syn grym myn hert foarby, mar ’k seach dyn leed,
En hast hie ’k winske, it opset wier dy lokt.
Hwent Radbod, wier, dyn heit wol graech dyn bêst,
En hy forstiet ho’t dit dy nei gean moast...
THIED.
Hwet keart myn soan den yn dit iivrjen tsjin?
ALDGILLIS.
’k Haw swierder plicht, mem Thied. Dit lân, dat ik
Nou tweintich jier bistjûr nei bêste krêft
—Al haw ik faken mistaest yn myn dwaen—
Dit lân, sa swiid yn simmer’s glânzich ljocht,
Bliuwt jimmeroan it earst myn noed bitroud
En d’ earste soarch is oan syn wolstân wijd.
En wier, ús tiid is swier, mem Thied: fen hwet
Us âlden ’t neist laei oan ’t hert, hwet hjar
It hillichst wier, by libjen en yn dead,
Sinkt folle wei, ta jeld en delfal keard;
Nij blomt’ riist út de bloeiende ierd’ omheech,
Yet frjemd fen glâns en nij fen rook—wy bin
It net biwend en hawwe it egene ljeaf—
Mar ’t riist omheech yn mennich hert, it tsjoent
It minskdom mei yn ûnwearsteanb’re dream,
It wirket striid, fen nij tsjin âld. Det dy
Bisletten bliuwen mei yn elts syn boarst!
Noch is dit lân, al brûz’t it yn syn hert,
Yn flokbre broerre-striid net spjalte en skoerd:
Dat foar to kommen is myn kenings-wyt.
RADBOD.
Hwet docht men, Heit, as syktme in minskeliif
Mei dea bedriget? Seit men den: ik scil
It sike en ’t soune hâlde yn frjeonskipsboun,
Net dildzjend det men striidt tsjin ’t kanker-fjûr?
Ef dit: ik taest it kwea yn ’t woartel oan,
Ik roegje it út, ik snij it siik flesk wei,
Sa’t inkeld bliuwt hwet soun en libjend is?
ALDGILLIS.
Dyn wird wier wiis as ’t nije in siiktme wier.
THIED.
Bitwiivlest dat?
ALDGILLIS.
Ik wit it net, Mem Thied—
Mar ’k neam net in siiktme. Ik sjuch dêryn
Rjue goed en greats, dat ús birykje kin,
Us rouwe seden sêftsjend, oer ús moed
In webbe spriedend fen genede en lok.
Ho ’t wêze mei, ik kies it ien noch ’t oar:
Ik stean dêrboppe en soargje it earst for ’t lân
Det gjin ynwindich skeel syn krêft toknoeit
En dat de striid fen âld en nij, ho djip
En mânsk, yn freedsumheit folstriden wirdt.
Ditselde, Radbod, seach ik jerne yn dy,
Nou prins, mar ienris troanjend op myn sit;
En dêrom—ho’t ik ek dyn smert forstie—
Dochs wier ’t my leed, detst sels net ynseachst, ho’t
Dyn plan fen Rixt to ûntheljen oan hjar heit,
Us lêst brocht hie, it lân yn fjûr,
De miich tsjin egen miich yn striid, it ryk
Staet yn in sé fen ûnk: ’k mispriizgje dit.
Boppe oandriuw fen it wiffe, ierdske hert,
Safaek dat twingt ta striid fen Fries tsjin Fries,
Moat ek by dy de noed for Fryslân gean.
Unthâld dat goed myn soan, en doch dêrnei.
RADBOD.
Sa bliuwt den Martena jins earbre frjeon,
En Rixt fortreaun yn ’t moassich kleaster-hûs?
ALDGILLIS.
Dit haw ik Mart’na sein (ik siz ’t ek dy,
Hwent ’t is myn wil, dy’t nimmen tsjinstean scil
As ta syn skea en efterneisk birou):
In heit hat frij to soargjen for syn bern
Lyk ’t him it bêste tinkt, nei plicht en rjucht;
Sa hat ek Mart’na frij, en nimmen scil
Him yn myn ryk bihindrje yn syn kar,
Dêr’t hy it bêst wol for syn egen bern.
Dêrnei is Martena yn frjeonskip gien,
En ’t skeel is wer bisljuchte en dea. Mar, soan,
Lit nea soks troch dyn tadwaen wer ûntstean:
It famke Frede is skruten, ring fordreaun,
En gauwer gien as komd—oertink tonei!
RADBOD.
Elts wird dat jy my sizze is my in hún,
Sa wreed, sa min det ik ’t net neame doar;
’k Bin machtleas nou en ’k jaen my del: ik swij—
Mar yn myn boarst bliuwt elts leed my by,
En ienris komt myn tiid; wit dit, myn heit!
ALDGILLIS.
Bidrigest my?
RADBOD.
Net jo; hwent Walhal seit,
It bern is flokt dat tsjin syn âlden stiet—
Mar lit de Kristnen rilje by jins dea,
As Radbod Fryslân’s keningstroan bikliuwt!
ALDGILLIS.
Dû dwilest!
THIED.
Dwilestû den ek mar sa!
Ik húvrje as ’k nei dy hear, myn soan; dyn tael
Is twiivlich yn elts wird, as wierst forlern
For minske en God, út Walhal’s keamers dreaun.
De hill’ge paden jowst dy ôf; yn ’t krús,
Us goad’ne greatste fijne, sjuchstû goeds—
Wé, wé! Hwet baet dyn krêft, dyn keningswird,
As Walhal sels dy ôfsnien hat?
JÛLE.
Myn broer,
As Odin dy forsmiet en Kristus hie
Dy oannomd as syn feint, hwet hiest forlern?
RADBOD.
Sa taest de kanker ek de kening oan;
Sa leit myn moei wer balsem op de woun’—
Wêz hjirfen wis: skielk barnt it boarst fen nijs
En net yn ivichheit jowt Odin krûd.
ALDGILLIS.
Iensyd’gens is ’t dy’t jim sa praten docht.
Jim haww’ aloan yn Walhal’s tsjinst forkeard
En fregen nea hwet Kristus lear bistjut—
Mar hearsket Odin as de heechste god,
Den blinkt syn krêft yet klearder út, sadré’t
Men yn de Kristne leare dwylsin fynt;
En hat de Kristus wâld, den is de tiid
Oan Odin’s tsjinst en eare jown, forlern.
Gean nei en ûndersiikje elts wichtich ding,
En hwetst den as it bêste fynst, nim ’t oan:
Sa rikt dyn ierdsk bistean de iivgens ta.
RADBOD.
Sa hy dy’t krûden kiest en giftich blomt
Dat haechlik rûkt en tsjoent yn sike glâns,
De kar jowt boppe it dimm’ne blomt, dat hiel’t.
ALDGILLIS.
Genôch, genôch; hwent myn bislút stiet fêst.
Oan Ing’lân’s kening, myn fornimst’ge neef,
Stjûrde ik in boadskip oer de Krist’ne lear
Dy’t ik bigripe en ûndersiikje wol,
Eft preester Wilfrid, yn syn bloeijend lân
It meast forneamd fen witnis en fen wird,
De moeis’me reis bistean woe oer it wiet
—Nou wyld fen stoarm en bearend as de dea—
Om ús de nije lear to wytgen, det
Ik sjen hwet ’t bêste wier en kieze mocht.
RADBOD.
Sûndige winsk! Mar Heit, ek Odin giet
De minsk’ne twivel-wei mei wizens nei—
Faeks sonk it skip oan Fryslân’s woedzjend strân
En hat ús wiet it nije wrâldljocht dwêst,
Eardet syn glâns gyng oer ús âlders gea!
ALDGILLIS.
By Odin, hwet wol dit?
JÛLE.
’k Seach niis in skip,
In great blau krús yn ’t strieljend seil—it dreau
Us strannen ta—mar ’k haw it ein net sjoen,
It waer dreau my yn hûs—mar ’k eangje swier,
De sé wier grym, ús goaden bin sa wreed...
BOADE.
Hear kening, gûnt bifreegje jo: in feint
En in âld man, yn frjemd en útlânsk klaed.
De stoarm, sa seine hja, tobriek hjar skip,
Mar troch in wûnder wiek de Dead hjar ôf,
En dreauwen hja op stikken hout nei ’t strân,
Wol wiet en kâld, mar sûnder liiflik skea.
ALDGILLIS.
De goaden tank! Gjin toevjen, lit hjar yn!
THIED.
Hjir yn myn seal, myn soan? Bitink hwetst dochst!
ALDGILLIS.
Op Fryske strannen smiet de stoarm hjar del;
Bitink, gastfrijheit, Mem, is d’ earste wet.
9. Aldgillis, Radbod, Thied, Jûle, Wilfrid, in pylger.
In telmennich stiltme. Men wachtet op mankoar. Den de kening:
ALDGILLIS.
Hwa seit hjir de heilwinsk? Jûle dû?
JÛLE.
(yn ienen, as yn great bislút)
De heechste seine wêz jim wei biskern!
THIED.
(foartdalik dêrop)
Flok oer jim haed, forlieders! Gean forlern!
WILFRID.
Jins mylde winsk myn tank—jins flok forjow ’k:
S’ is lichter as de loft. Hwent hjirop bou ’k.
(hâldt it krús omhegen).
RADBOD.
(effen skriljend, den lûd en spotsk)
In macht’ge God! Hy krôllet oan it krús!
DE PYLGER.
(ienfâldich)
Hy hie de sûnders ljeaf en stoar for ús.
ALDGILLIS.
(him effen bûgend)
Wy hearden gâns fen him en bin binijd;
Mei ’t wêze, det fen striid hy d’ Ierd’ bifrijt!
(It doek lûkt ta).