WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 10: MARIJE.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

MARIJE.

Marije, dy kuijert it sânpaedtsje del,
’t Waerm sintsje syn strielen dy brúnje hjar fel.

It bûntfloddrich rokje, dat waeit yn ’e wyn,
Wyldroaskes stekt boartlik by ’t jakje se yn.

Marije is ’t fleurige blomke fen ’t sân,
Marije is sa moai as de heide op hjar lân!

As ’t poelke dat slommet, sa blau is hjar each,
As rypjende rogge it hier op hjar rêch.

’t Fornimstige noaske, dat sjocht nei de loft,
En ’t aerdige mûltsje de laeits der ta docht.

’t Robyntsje sjongt sêfkes yn ’t ikenstruwel,
Marije, dy kuijert it sânpaedtsje del.

Hja, bern fen ’e heide, hat ek wol hjar njue,
Bist lokkich, hwa freget dan ’t hwat en it ho?

Hja springt oer it sleatsje, it poelke syn bern,
Hja strúnt op ’e diken om ’t lân oer to sjen....

Der sichtet Roel Meinses—de bynsters him nei,
’t Is simmer, ’t is sichttiid, ’t is ynhellersdei!

Marije, dy sjocht him en hy sjocht hjar oan,
Marije mei ’n kleurke, dy laket „goemoarn!”

De haechjes, moai famke, binn’ skerp wol en fyn,
Hja ljeavje dyn goudhier en boartsje deryn!

Brún-hantsjes, dy roppe, dy helpe nou mei,
Mar toannen binn’ stevich—hja stouwe er net nei!

„Roel Meinses, ea help my! ’t hier sit m’ yn ’e tiis,”
„„Ik kom al, Marije!”” ropt willich de biis.

Hy saeijit de sichte as in slaeije yn it roun,
En fljocht as in swel oer ’e stopp’lige groun.

„„Ei famke, Marije! Nou sitst’ yn ’e need,
„„Liet ik dy gewirde, dat wie wol to wreed!””

„„Ik kin dy wol helpe en scil it ek dwaen,
„„Marije, mar earst moast bileaning my jaen.””

„Roel Meinses, to gau dan, ea pleagje my net,
„Hwat wotte: myn kraeltjes, myn sulveren ket?”

Roel Meinses, dy lake sa blier en sa wiis,
In tûken ien, kaem wol bislein hy op ’t iis.

„„Myn mem hat wol sulver, myn heit hat wol goed,
„„Ik freegje om hwat oars dy en ’k freegje dat hjoed!

„„Myn skeaven, dy bûge sa swier nei de groun,
„„Ien kerrel hat d’ ieren it tritichfâld jown.

„„Nou scitte dû my op dizz’ dei ek hwat jaen,
„„Marije, dû kinst’ en dû moaste it nou dwaen!

„„Ien patsje, dat freegje ik as losjild fen dy,
„„Dan sichtsje ik de hage ôf en dû bist wer frij!””

Marije, dy niichde ’t blond kopke foardel,
Fen blidens en bangens reagloeide hjar fel.

„„Kom famke, ’t bêst losjild is dit op ’e wrâld,
„„Ek sûnder in stimpel de foarst der fen hâldt.

„„Bitelje mar hânsum, oars komst’ yn ’e skild,
„„Dû wist wol, Roel Meinses is tûk op it jild....

„„Hy rekkent dan rinte en rinte by-ien,
„„Seit stilkens, lang hat hja yn ’t kryt by my stien!

„„Wolst’ sa dan en d’ oaren, dy laeitsje dy út!
„„Dyn spylfammen gnyskje, hja doar net, slyp út!

„„Fij famke! Ien patsje! To jow der my ien!
„„Dyn skild is forjierre! Kom, krij ik nou ien?””

Roel Meinses, dy flaeijit sa sêfkes en goed,
Hja glimket en suchtet—mar hat noch gjin moed.

„Roel Meinses, to help my, dan scitte ien ha!
„’k Bin dûzlich en warrich—de hage pript sa!

„Roel Meinses, hast meilij’n ef haste it net,
„En litst my forkomme yn pine en yn smert?”

Roel Meinses, dy slacht mei de sichte yn it hout,
En krêkjende it twiich fen ’e stamm’ him bijowt.

„Roel Meinses, ei helje dyn patsje nou ring!”
Sa laket Marije, ’t ynfierene ding....

En stouwt as ’t patryske Roel Meinses foarút,
Hy folget hjar stadich, de glimkjende gút.

Nijsgjirrich Marije, op frouljues menear,
Sjocht om, mar Roel Meinses, dy sjocht hja net mear....

Dy leit oer hjar eagen syn brúnige hân,
Seit sêfkes: „„Marije, dyn wird ha ’k ta pân!

„„Hwer ’s ’t lean nou, Marije? Unthjitste it my,
„„’t Is mines en ’k nim it nou selme fen dy!””

Hy pattet it mûltsje, sa swiet en sa rea,
Roel Meinses, dyn lean hast fen ’t moaijst bern fen ’t gea!

’t Robyntsje sjongt yette yn ’t ikenstruwel,
Marije, dy flittert it sânpaedtsje del.

Ear ’t rypjende nôt oer de lânnen wer leit,
Dan bistû, Marije, Roel Meinses syn breid!

1900.