WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 11: FOR IN BERN.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

FOR IN BERN.

Berntsje, dat op memme skirte,
Dodzet yn ien sike foart,
Kipige eachjes warrich sletten,
Bistû net hjar ljeafste gûd?
Pân, fen Heger Hân ûntfinze,
As in blossom op hjar wei,
Dy ’t mei ljeavjend memme-hoedzjen,
Se as in blomme sjocht tonei.

—’t Is in blom, dy jown yn ’t libben,
Mem, dyn ljeafde, dat ’s hjar dau,
Swart net by syn earste klanken,
’t Bernelûd dy bernetrou?
Laket net it roazemûltsje,
’t Foarst en ’t ljeaflikst memke ta?
Is ’t net, dat syn earste tinzen,
’t Wird en ’t wêzen fen dy ha?—

Berntsje mei dyn ûnskildseachjes,
Der ’t gjin kwea noch fat op hat,
Der ’t in mem hjar lok yn lêzen,
En hjar spegelbyld yn hat!
Dat mei ’t reade mûltsje mûlket,
Bernesiel yn dream fortiisd,
....Slomje rêstich en tofreden:
’t Memmeëach ta weitsjer hiest!

’t Memmeëach, dat jimmer wekke,
Memmeëarm, dy ’t jimmer droech,
’t Berntsje, warch en slûch fen ’t futtljen,
As de lea ’m nei rêst bijoech;
Ing bigrinze is noch dyn plakje,
Mar dyn macht is wûnderlyk,
Selst yn ’t earmst en ienlikst klintsje,
Makkest troch dyn wêzen ryk!

O dy lytse trippelfoetsjes,
Jowe yn hûs sa ’n wille en tier!
Mei se flittrje efter flinters,
Boartsjend rôlje oer ’e flier!
’t Alderhert ropt tûzen bylden,
Ut in takomstdize op;
Hoopjend, freegjend for syn berntsje,
Draegt hy ’t oan d’AlSeinjer op.

—Wûndre bylden lûke oan d’ eagen,
As de takomst dan foarby:
....Sjochst dy selme âld en ôfmed,
Mem, en ’t bern—in man—neist dy!
Man yn wezen en yn jierren,
Froed en eal yn ’t wrâldgebrûs,
Lang bihirde al yn gefaren,
Mar dyn bern yn ’t âlderhûs!

Lang foarby binn’ dan dizz’ dagen,
Mei hjar lok en mei hjar wea;
Jongerein oermiet dan ’t libben,
Alderein bûgt stil de lea,
Nei de groun.... der winkt de rêste....
Soarch en noed, dy binn’ dan dien,
Bernetiid en jonkheitsjierren,
Binne, in skaed, foarby dy gien.

Mem, mei ’t berntsje op ’e skirte,
Hast nou ’t libben noch foar dy!
Lit it seinjebringend wêze,
For it bern, mar ek for dy!
Lear him ier ús ealste deugden,
Lear him ier âld-fryske trou!
Mei it wird.... mear noch!.... mei ’t herte,
Mem, dyn berntsje is ’t yette nou!

Dines is syn hiele herte,
Bûge en meijaen wol it yet;
Unbiskreauwn mei bittre wytnis,
Dy ’t de smert der grifflje lit,
Leit it jimmer for dy iepen—
Fier ’t yn ljeafde,—fêst de hân,
Litst nea fol bikrûpich sizze:
„Hoede ik trou wol ’t djûre pân?”

Loddrige eachjes, reade lipkes,
Mûtel omskot, lyts-ljeaf hart!
Heite hoop en memme ljeafde,
Heite winsk en memme skat!
Loddrige eachjes, reade lipkes,
Bern, wirdt man en sjoch de wrâld,
Dy ’t as ’t ljeaflikste yn syn libben,
’t Memmebyld foar eagen hâldt.

Memmesoarch en memmeljeafde,
Ha dy stipe, jong en tear,
Dan bist great, kenst eigen kreften,
En dû hoechst gjin stipe mear!
En dan tinkst om d’ âlde ljeafde,
’s As allinne in mem dy ken,
O hwet scoest noch graech dat antlit,
En dat each fol lok wersjen!

d’Alde tiid ropst, d’ âlde ljeafde,
Trou, dy ’t nea gjin grinzen koe!
Mar gjin kearpunt kin ’t Forline,
Dat dyn geest wer roppe woe;
Memmeëagen binn’ nou sletten,
En dat ljeavjend herte stiet....
....Sei, de dea mocht om hjar waerje,
Mar hjar ljeafde nea forgiet!

Sjochst in hôf yn hege beammen,
Der ’s in grêf, der rêst ek hja....
Mar kin ea sa ’n greate ljeafde,
’t Lytse grêf ta ’n einpunt ha?
Né, onstjerlik is hjar wêzen,
Sinkt ek ’t omskot wei yn nacht,
Memmeljeafde kin net stjerre,
Hja ’s in striel fen ’t ivich ljacht!

Ja, hjar eagen scill’ dy hoedzje,
Wolst it kweade paed bigean;
Kin foar ’t ljocht fen sokken eagen,
Wol dyn sounich plan bistean?
Tinkst ynienen om in jonkje,
Dat op memme skirte sit....
En de man, ho ’t paed ek bjuster,
Wirdt wer as in bern.... en.... bidt....

Hwerst ’ek doarmest, hwerst’ ek toevest,
Hwetst’ forkrigest, hwest’ forlitst,
Doch hwet goeds.... dû hearst hjar flústrjen:
—Noch myn soan!... myn ljeafling bist!
Memmelok blinkt yn hjar eagen,
Nôch is ’t hert mei dines ien!...
....O min mocht dyn mem bigrave,
Mar hjar ljeafde dekt nin stien!

.    .    .    .    .    .    .    .    .

„Mem, dy bânnen binne hechter,
„As in ierdske macht se ken,
„Om dy tinke en dy forearje,
„Scil ’k, salang as ’k sels noch bin;
„Scil ’k, salang as ’k memmeëagen,
„Oaren wol oer oare bern,
„Salang as ’k yn reine stjerren,
„d’ Unskildshimel blinken sjen!”
Dat fortankest dan hjar ljeafde,
Dan hjar soarch en trouwe en noed!

.    .    .    .    .    .    .    .    .

Lokkich berntsje, slomje fierder,
Dream in Takomst, dream fen Hjoed!

1900.