YN ’E MIEDEN.
Gielgouden fjilden, hwer de stiltme wennet,
In ûnôfmjitbre moaije ienlikheit
Fen griene sompen, kleare petten,
Fen plûmich gêrs, fen weagjend reid!
Yn blide rêst sit op it rûge dykje
In ljurkje, wol in maitiids ljeafste bern,
In sulvrich lûd, biskûle yn lytse fearkes,
In kuierjend stipke yn ’t loftenrûm forlern.
’t Reidmoskje hipt, troch ’t tichte bosk fen reiden
Fen leaf nei leaf en pipet sêft en fyn;
In sulverglâns leit oer ’e wylgenbeammen,
Moai tsjoenende de maitiids-sinneskyn
De wylgen mei hjar smelle sulvren fearren,
Hja rize as wachters yn ’t fôrlitten lân,
Oan ’n horizon fen wolkens en fen petten,
As ’n lêste groet fen djûre frjeonehân.
Den ’s ’t beamte dien! In stille wrâld fen streamen
Bigjint, hwer ’t wetter ûnder sompen tynt.
Op feanhoutsstamm’, troch tiid en stream forware,
It simmerblomt in simmerlibben fynt.
Hjir klaget jouns de reiddomp yn ’e lizen,
Hjir wennet wémoed neist forlittenheit,
Selst ’t miedlânsstreamke yn ivich warber wrotten,
Untrint al bochtsjende dizz’ ienlikheit.
It fjild draegt del yn wiide, kleare fjirte,
Der, hwer it marke ’t bûtlân jamk birint
Mei komme en gean, in sinne-speegljend djoeijen,
Jouns jowt ’t him del en mei de moarn ’t bigjint.
Gjin triljend lûd forbrekt dizz’ miedlânsfrede,
Fier bliûwt tobek mei ’t drok gewoel de wrâld,
Hjir ’s wijing noch fen ’t reine en ûnbikinde,
Sa ’s blomt’, dat ûnbisjoen it knopke ûntfâldt.
It tilt oer ’t fjild—de blauwe loft en d’ ierde,
Dy weagje inoar tomjitte yn ’t sinneljocht,
Eft stil in frede, dy ’t oer ’t gea him leegre,
In ierde op ’t moaijst in himel neijer brocht.
’t Reid sûzet sêft as ’t nôt fen stille mieden,
Ienlûdich foart it ieuwenâlde liet
Fen maitiidskommen en fen hjerstmisstjerren,
In driûwend lot op ’t kleare weagewiet!
Jimm’ stille streamen, dy ’t nei ’t marke kruije,
Mei weachjes, sulvrich kroljend, boartlik wei,
Sêft twisken rûch mei reid biplomme iggen,
In miedlânsstream—in bûrljend Wiid tonei....
Mei ’t weachje yn ’t Wiid is jimm’ bistean to niete,
Jimm’ bern fen lichten, widze yn ienlikheit
Fen griene sompen, kleare petten,
Fen plûmich gêrs, fen weagjend reid!
—Stream fjirder weagen! wol yn ’t Wiid forsinke,
Goudraeijich gêrs! hear nei de miedlânswyn!
Bloei kleurich blomt! en dream fen simmerfrede,
Frysk miedlân, goudbisparke yn sinneskyn!
Dyn moaijens bliûwt my by, ho fier fendinne
Ik nou ek bin fen ’t ienlik frede-gea;
In plakje op ierd, hwer w’ ienkear lokkich wierne,
Forlit min wol, mar dat forjit min nea!—
1900.