AS DE KLOKKEN LIEDE.
Oer de stille fjilden rôllet it, dof en swier, fierôf as wijde toanen út in oare wrâld, dan wer tichteby, oanbôzjend ta in ienlûdige sang fen wémoed....
Oer ’e rûge reidpoellen rûzet it nei de slomjende marren ta, hwer de mist oerhinne wâllet as in kleed fen birêsting en fier wirdt it wei yn ’e ienlikheit, hwer it lege lân mei syn bleekgoud fen forgettene raeiplûmmen út ’e weagjende wrâld fen wetters tynt....
Oars is it sa stil, sa stil....
Forheft hjar de wrâld ien amerij út de sleur fen it deiske en rêst hja yn ien ûre fen neitinken, fen frede? de lêste joun fen it jier, hweryn al wer safolle leed, safolle lok forflein is yn ien ûneinichheit? Fielt de natuer dat wachtsjen—as it âlde foarby is en it nije komme scil—en húvert derom it triljende bledtsje fen ’t ikenstrúwel net mear en swijt de wyn, dy-t hjoed noch sa onlijich om de hege beammen by ’t klokhûs rûzde?
Gjin suchtsje glydt oer ’e hagen; gjin lûd wirdt foartdroegen yn ’e fjirte.... allinne it Sint Thomeslieden droanet dof en swier oer ’e forlittene fjilden as in ôfskie fen it Alde, as in lêste groet fen de lêste ûren, dy-t noait weromkomme scille en dy-t nou de swiere klokken biliede, sa ’s min it in ljeave frjeon docht, dy-t lang toeve en dochs einliks.... hinnegyng.
En stadichoan wirdt it ljochter efter de smelle krúsfinsters fen it tsjerkje. De lampen glânzje al op ’e swierkoperen kroanen en by de útdoar stiet de koster en sjocht it skylpaed lâns, hwa-t de earsten wêze scille en hy tinkt om sa mennichien, dy-t forline jier ditselde paedtsje opkaem en nou al lang by ditselde paedtsje rêst en as it jongfolk tige oangiet, skodhollet hy en giet wer yn ’e tsjerke, hwer hy de greate klomkachel yetteris oanpuónt.
Nou wirdt it libben op ’e wei.... Hja komme by tropkes: âlde mantsjes, om ’e ynfallene sliepen noch in inkeld flokje wyt hier, djip dûke de bienbitige troanjes yn ’e kragen fen ’e buffels wei. Hja binne stil en tinke om sa mennich Aldejiersdei út hjar lang libben, sa ientoanich yn itselde doarp foarbygien as in sike, dy-t mei de wyn forfljocht—op itselde steed, hwer se berne binne en stjerre scille en hja suchtsje, dat de jierren, dy ’t nou noch komme kinne, tajefte binne boppe de mjitte en hja hokje by inoar, dy âlden, as guont dy-t forgetten binne twisken in jong geslacht, dat hjar wille net ken en hjar leed net mear begrypt, omt it hjarres net mear is....
Hja sitte yn ’e koarsein op it smoutste plak en tichternôch by de preekstoel, om hearre to kinnen, hwat domenij fen psalm 144: 4, de onbirime makket.
In stikmennich jonge fammen binne hjar op hakken en teannen nei. It binne hjar bernsbern, de genaemten fen beppe, dy-t wer jong wirdt, as se de roazen bloeijen sjocht op de aerdige troanjes en fielt, dat de folle fleur fen in jonkheit, dy-t ek ienkear hjarres wie, nij-bilibbet yn hjar tredde geslacht. Nei tsjerktiid scille se it Aldejier útsitte by pake en beppe mei boerekofje en oaljekoeken en dan meije inkelen fen dy jonge kloklieders, dy-t hjar wol faker op in Sneintojoun opsiikje, it paedtsje nei pake ’s ek opdraeije en bringe hjar nei hûs.
Hwat tinke se om Aldejier en syn wémoed? Alle dagen is for hjar Nijjier, jier fen hope, jier fen wille en miskien bringt dit jier hjar wol, hwat se yn ’e dreamen winskje en yn wirden net úterje doare en hja glimkje it nou al tomjitte, wis, dat it neat as wille bringe scil.
Hja ha fêste plakken yn ’e rigels stoellen, hwer hja goed sjen en noch better sjoen wirde kinne.
Nou rint it aloan en aloan. Eptige boerinnen mei skoudermantels om en ’t breed gouden earizer op, komme mei âlde wyfkes yn ’t fyfskaft, de kyps oer it smel sulveren earizerke, sa tin, sa tin, mar dochs de lâns-pronk, dy-t hjar djûr is.
Bysitterske komt it lêste wyfke op ’e side, in krebintich âld sloofke, for-arbeide, ynein fen it wrakseljen tsjin ’e earmoed, dat al in greate sauntich jier dûrre hat.
„Hjir Swopk,” flústert hja, „op in lokkich Nijjier,” en triûwt hjar hwat yn ’e hân, dy-t fen ’e riding trillet as in popelblêd.
„Fen ’t selde, bysitterske, noch lange, lange jierren,” seit it âld minske mei in dof lûd en ’e omfluesde eagen sjogge nei ’t jong minske foar hjar op.
Dan lûkt hja hjar wollen tipdoekje hwat fêster om ’e meagere skouders en komt mei koarte âlde stapkes efter bysitterske oan ta de tsjerke yn. In fyfskaften pakje hat se oan, himmel en skjin, mar tige skurf op ’e naden. It is dan ek noch út de fleurige tiid, do-t hjar man yet libbe en it sims, as it ris in fordielige simmer wie, in inkele goune lije koe. Sont hy stoarn is, en dat ’s nou tsjien jier lyn, draecht Swopk gjin nije klean mear.... en o! yn ’t âld kammenet is ’t sa rom, sa treurige rom waen....
Hja is nou ek to plak, op ’e eindichste bank fen ’e losse sitten. De foetten siikje mei de klûmskens fen âlde minsken nei de waerme stove, dy-t se fen hûs meitôge hat oan ’t breed koperen hânsel, en it tsjerkboek, in erfskip fen oarremem en in femyljeregister mei-ien, leit se foar hjar del. Fen swier sulver is de heak en pauwefearkes kypje der ta ’n út.
In inkeld âld wyfke s’ as hja, nikt hjar ris ta en hiel, hiel tomûk docht Swopk hjar hân efkes iepen om to sjen, hwat bysitterske’s jefte is.... It fielt sa swier.... mar né, hja doar ’t hast net tinke! Sa ’n moai eindsjebislút hat it Aldejier net for ’e earmen yn ’e wrâld, klaget it yn hjar—de ûnderfining fen lange lijen-jierren—de ûnderfining fen in sa faek kûstere en noch faker bidragene hoop....
En dochs, it is sa.... hja sjocht it mei hjar doffe eagen en stadich dript der in trien, ien inkele, op de ryksdaelder del. Dat hjar dit noch barre meij!.... Brânje, iten, waermte, alles bitsjut it stikje sulver for hjar, sa kâld troch mennich hân gliden, mar nou for in earme as in sinnestrieltsje op Aldjiersjoun....
En om hjar hinne sûzet it lûd fen domenij, bywilen it oargel, dat it sjongende folk sleauwei mei lange úthalen en draeijen folget, hja heart it net, hja is allinne mei hjar selme en hjar lok en stil, hiel stil bidt se in seine ôf for bysitterske....
Dy is noch sa jong en wol noch sa jerne in bulte fen it libben forwachtsje mei hjar man en hjar lytse boi en hja sjocht efkes dy kant út, hwer in alderljeafst jongkje hiel lyts op ien fen ’e frouljuesstoellen sit en syn mem o sa tige oankrûpt en hwaens eachjes sa nou en dan yn in dodze sêfkes ticht giene as fen in lyts fûgeltsje ûnder memme wjuk....
En hjar eigen bern komme hjar yn ’t sin, do-t se ek noch sa lyts wierne. Jan, hjar âldste mei syn ljochte kroltsjes en syn ondogensheit—hwat lei hy hjar nei oan ’t herte! en dan Sije mei syn stil wezen en skrandere holle, sa stoef en dochs heite ljeafling en dan.... dan kaem der oars in famke, as in ingelke sa moai mar ek as in ingelke sa tear.
Hja hiene hjar nei ’t tsjerkhôf bringen moatten op in stille Maeijedei, wylt alles bloeide en geure en ’t minskeherte it hast net leauwe kin, dat er noch in dea om him hinne waret. O dy lange nachten by ’t bêd, dy koe se noait wer forjitte!
De fjirde yn tal hie wer in famke wêst, mar swak en mei in biheind foetsje, in lijerke, yn earmoed berne en yn earmoed opfokke.
Nou wierne hja allegear al lang great, troud en hiene sels alwer in húshâlding opset mei diselde soargen en diselde takomst as heit en mem en pake en beppe foar hjar.... en for mem, Swopk mei de koerren, skeat net folle mear oer as in frjeonlik wirdke ef in pear kwartsjes, as hy yn ’t fortsjinst wie, fen ’e âldste soan, sûkereistamper op ’t fabryk. De twadde hie ’t ta ûndermaster brocht mei fiifhûndert-fyftich goune en dêr wie ’t ek altyd skrabjen om ’e kant en it famke wie troud oan in skoenmakker, dy-t gjin stân gripe woe. Dat hie se hjar tige nei naem; earst hwat omtsjirmje, tarring, seine de minsken en do wie der in twadde grêf op it tsjerkhôf kaem, sûnder stientsje, sûnder pealtsje, mar it âlderherte forgeat it nea, hwer dat syn ljeafsten slommen.
Sa hie ’t yn ’t foarige wêst, do sieten de bern ek noch om hjar hinne Aldjiersjoun en mem yn ’t foarmidden, jeuchlik en woltomoet, al wie elkmis part en diel sims al hwat skrael bimetten en al moast it mei bodsjen en skoerren helle wirde, en nou.... âld en allinne!
....Och, it Nijejier komt, maar Swopk sjocht der net sa mei langstme nei út, as jonge minsken dat dogge. Hja is warrich—hjar libbenswei hat lang en swier west. De blommen fen in âlderdom bloeije allinne mar mear yn ’t forline.... Hja rekkenje mei in Hjoed, hwent in Takomst, sa’s de jonkheit dy ken, mei al hjar dreamen, hjar winsken, hjar wramen, hjar wachtsjen, dy ha se al lang bilibbe en forlibbe. Dy heart by in bluisterige jonkheit, mar net mear by ’t sulverhier, dat is der to wirdich ta en ’t herte is dêrfor fierst to earnstich waen.
Alde Swopk heart domenij yn ’e stúdzje wei Amen sizzen, hja giet oerein mei de oaren en hâldt nou de ryksdaelder noch steviger yn ’e ronflige hân. In koaltsje, in pantsjefol kofje mei in sûkerslak, in nije bûnt skelk en in tipdoek mei boltsje-franjes, fjirder giene hjar bigearten net.... en hja húvert ûnder hjar tin tipdoekje, hwer wol alle gatsjes kreas yn stoppe binne troch in bernsbern, mar âlde minsken binne waermte brek.
It waer slacht damp oan; swier en tsjok hinget de mist twisken de âlde beammen, dy-t om it hôf stiene mei syn âld klokhûs en ienfâldich tsjerkje en elkmis jowt him hastich ôf nei hûs, nei in waerrne hird, nei syn migen.
Swopk giet it paedtsje del by de posterij lâns, op in lyts húske oan.... ien fen ’e earmfâlden. Hja wennet dêr om ’e nocht, mar oars kin hja hjar sels noch bidrippe mei bolkoerrinnen en boadskip-dwaen. Hja is ien út it rjuchte laech—der sit kriich yn.
Hja kriget de kaei ûnder it tek wei en docht de doar op en fielt by de mûrren lâns, om it lytse tútlampke to finen, dat se mei knoffelige hânnen opstekt. In skimerich ljocht trillet nou oer ’e keamer, falt op it brúne bedsket mei syn koarte bêdsdoarkes, krûpt mei ljochtplakjes oer ’e reade stiennen flier, kreas mei sân yndweile en twiljochtet oer hjar antlit, hwer ljocht en skaed op leit as op in âld skilderij. It fel sit fol fâldtsjes; it is net gled mear, mar rûpsk, as fen immen, dy-t yn ’t lijen sit en suchtsjend fielt âlde Swopk, ho ’t hjar bywilen al de kreften bijaen wolle, ho-t se himet en pûst fen in lyts eindsje gean.... De âlde dei, tinkt hja dan fol birêsting en wachtet dan salang by in pealtsje ef hikke, dat it wer hwat bikomt.
Hja makket hwat kofje ré yn ’t readkrite tsjetteltsje en leit de ryksdaelder op ’e tafel del, dat se him aloan foar eagen hat en sims moat se der ris efkes oerhinne fiele mei in loddrige streaking fen ’e âlde ridige hânnen. En hja telt yn hjar tinzen nei, hofolle turf as se dêr wol net for helje kin. As in sparpotsje scil ’t wêze, sa nou en dan ris hwat fen brûke en miskien kin hja for hjar ginaemd, Swopk fen Jan en dy, der noch wol in skelkje fen útsúnigje en sont lange, lange tiiden leit der wer in glimke op hjar bienbitich antlit, dat it libben sa ’n bytsje glimkes brocht hat.
En sa ’s hja it Aldejiersjoun wend is—nou al njuggen jier, fen ’t earste jier ôf, do-t hjar man forstoar, giet hja nei ’t kammenet ta, hellet der in knipke út en skoddet it oer de tafel.... Gounen, kwartsjes, dûbbeltsjes en selst stûrkes rôlje oer ’e tafel en elkmis wirdt bifield en op rychjes lein neist inoar, fjouwer ryksdaelders boppeoan, frjemd en glânzich as hearre se hjir net thús by de earmoed. O hwat wit Swopk it noch goed, it earste oerfortsjinne jild sont hjar manne dea, as húshâldster deis by Pier Pijjes jonges! Acht wike hat se dêr tahâlden; do ha se in jongfaem naem, dy wie hwat flugger en hânsumer, mienden hja en wrachtsjes, letter wie ien fen dy âlde knapen der noch mei troud!
En dan dy kwartsjes en dûbbeltsjes!... Faek hat hja it út de mûle bilije moatten en swiere suchten binne der om forbrutsen, as ’s yn ’t knipke weiwaerden en hja se dochs sa breanedich brûke moast! En nou al sont njuggen jier is dat sa gien, do-t de rige op it hôf alwer greater en it omsittend laech alwer lytser waerde.... En hja telt.... hja telt salang en sa faek, dat hjar âlde eagen der sear fen dogge—mar it tal wirdt net fol en hja sjocht hjar warrich op dat plakje, dat iepene plakje, dat hjar wreed oangniist en alwer safolle ûntsizzing, safolle lijen wekker ropt. Hwat scil hja noch sparje moatte, ear ’t dy lêste goune, dat lêste stûrke der is!
En for ’t earst fielt se de moedeleazens yn hjar libben. d’ Ald foetten bijowe hjar—hja wirdt sa swak, sa swak en noch is hja net ré....
En as in dreambyld omwjukt hjar de tinze, hwer hja nou al safolle jierren for skript en om lit hat: sa ’n stille rige fen fjouwer grêven op ien en diselde ikker, hwer lange gêrsraeijen wémoedich oerhinne waeije scille en in sêftoanrûzjende miedlânswyn reauntet fen frede. En it eindichste scil hjarres wêze, fen eigen oergearre jild bitelle as it ienichste, dat hja op ’e wrâld hjar eigen neame kin.... Dy tinze hat hjar oanfitere, al dy jierren, dy-t kamen en gyngen, sont hja for hjar man, mei ’t lêste jild dat hja hie, in grêf koft neist hjar famkes—en nou noch in bytsje, in pear goune en dan scil hjar dat ek barre meije! Gjin fâlden litte hjar dan mar sa bidobje yn in efterôfherntsje, né, alles scil wêze ’s as by de geseten ljue, en al is hja mar Swopk bolrinder, mei eare en staesje wirdt hja dan dochs nei hjar lêste hûs tadroegen.... En stille triennen rinne oer hjar âlde wangen....
Wreed gniist hjar dat lêste lege plakje tomjitte en hja is al sa âld, sa âld.... Der scille noch dagen en wiken en moannen komme moatte en it swiere jok mei de bolkoerren scil hja noch faek omhingje, ear ’t it lêste stûrke oerfortsjinne is.
En der foar hjar glânzet de ryksdaelder, dy-t waermte en iten ûnthjit en ’t âld wyfke forgappet hjar al op it sjen fen in krinkeljende lôge, dy-t by de izeren plaet opkrûpe scil.... En dan giet it hjar kâld oer ’e lea, in earmegrêf.... en hja hat hjar in libben lang sa ward....
Ynienen reart hja it jild fen ’e tafel ôf yn ’e skoat mei ’t briefke derby, hwer hjar lêste bigearte op stiet, sjocht nei de kâlde hird, dy-t dochs mei dit skrouske waer hast noch gjin fjûr kend hat en hja ribosket.... for al dy dagen, dy-t miskien noch komme scille, ear ’t for hjar it Aldejier ek for ’t lêst útlet wirdt....
Dan glydt in siikjende hân noch ienkear oer ’e tafel en mei in inkele trien falt de ryksdaelder fen bysitterske ek yn ’e skoat....
En bûtendoar der sjitte hja mei los krûd en it jongfolk giet sjongende wei nei ’t weardshûs ta, om it Aldejier út to sitten en it Nije mei wille yn to heljen. Hja binne noch lang net ré mei it libben en syn njue—hja tantsje it om mear, om alles to jaen—salang, krekt salang dat se sjogge, dat hja ek âld waen binne en it libben om hjar hinnegien is.... Ien is mar ré.... âlde Swopk bolrinder....
Al de wilskreft, al de kriich bijowt him nou.... der is gjin doel, gjin libbenswyt mear, dat it bloed noch troch de ieren jeije litte kin. It is nou foarby....
En as in âlde beam, dy-t troch in lêste twirre falt, bûgt Swopk hjar warrige lea for in sêfte sliep, dy-t hjar tinzen fordôvet en hjar lidden forstiivje lit....
En as de Nijjiersdei komt mei safolle blide forwachtings for mennich-ien, daget dy net mear for in âld wyfke, dat mei in knipke yn ’e hân op in stoel sit to slomjen, de slomme fen ’e dea, hwer hjir gjin ûntweitsjen wer op folget.
1900.