WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 20: II.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

DE SISTERS.

I.

Yn de hoeke in widzke gyng,
Blomd reasitsen wie ’t gerdyntsje,
En derûnder slomme in bern,
Loksbyld, ek yn ’t lytst krûp-yntsje.

Stil siet memke en spoan derby,
’t Fine triedtsje út fluezen wolle;
’t Stoppelkatsje, oan ’t slûchjen, roek
’t Fjûr, fen skiûwden heech opstoelle.

Bûten griene it oer it fjild,
Wylgenkatsjes plûmich bloeijden,
Maitiidstwirkes, waerm en bol,
Al oer ’t lytse hôfke djoeijden....

’t Erfskip fen ’e oarremem,
d’ Alde lange klok, dy tikke,
Mei syn gouden ballen koe
Hast er ’t solderbalkje rikke.

Leech wie ’t klintsje en lyts derby,
Mei syn brúne reiden kape,
Rûch bifriss’le yn mosk en look,
Sims mei sugge en strie bilape.

Mar dêrûnder ’t earmoedstek,
Mar der yn ’t bihoeftich wentsje,
Widze yn lok en tankberheit,
Widze in mem hjar earste berntsje!

II.

Beppe kaem, krebintich, gammel, ’n stive sechstich jier,
For ’n genaemd, in lytse Hinke, wie gjin ein to fier!
Beppe kaem! trij goune yn ’t knipke! Lang oer gearre,
Hwent gjin krapte scoe dit hearlik feest bidjerre.
Miich en sibben folgen ringen en fen wech en ’r wear,
Tôgen s’ alles oan. Sa ’n earstlingfeest seach nimmen mear!

III.

Oanfallich waerd’ se en ljeaf. As se oer it flierke stoarr’le,
De lytse foetsjes wierne wankel noch en tear,
Mei wize en kipige eachjes, al mei reade wangkjes,
Dan hiene de âlden hast gjin oare winsken mear!

Jouns, as de rêstklok lette om him nei hûs to roppen,
Dan longre hy nei ’t bankje ticht by ’t lôgjend fjûr,
De lytse faem by him, om se yn ’e sliep to soeijen,
Dat bern, it âlderhert sa inerlike djûr.

„As w’ ienkear letter âld en warch fen ’t wrotten binne,
„Wost dan wol leauwe, Lys, dan kûstert se ús ek sa,
„Dan hat se sels in hûs—miskien wol lytse famkes,
„En hwat in hearlik thús scill’ wy dan by hjar ha!”

„„Ja wis”, wie ’t moedich andert, „’t koe sims ek sa komme,
„„Sjoch Hindrik, tink ris oan, is ’t net in dream allyk?
„„Licht wirdt se in hiele frou, kin ’t grif skoan rêdde.
„„En wennet op in spul en boerket hjar dan ryk!”

„Dû rinst de tiid foarút en ek mar net in bytsje,
„’t Is ommers mar in beukerke fen amper trije jier,”
„„Mar moai!”” sei ’t wyfke greatsk.... Sjoch mar dy kleare eagen,
„„Hwer fynst sa ’n ingelke? Siz Hindrik, nei en fier?””

Hja streake mei de hân oer ’t sêft ovael fen ’t kopke,
Byside omkrolle fen it moaijste blonde hier,
Mei ’n teare glâns deroer as goud fen d’ Easterdage,
Dat triljend oer in roazeknopke glydt moarns ier!

En eagen! Reiner as it poelke, dêr ’t se oan boarte,
In wrâld fen ûnskild—dreamen—winsken lei der yn,
Itjing, dat ûnbikind, yens herte lûkt nei boppen,
Dat freget for sa ’n each, sa ’n hert fol sinneskyn!

En dan!.... Sa fluch as ’t wezelinkje oer hege diken,
Sa fyn de lea en dochs sa mûtel, sêft en moai;
In gouden flinterke yet yn syn wikselwente,
Dat op ien simmerdei ûntfâldt syn jonkheitstoai!

IV.

Allinne bleau hja net. Nei fjouwer koarte jierren,
Do gyng it widzke wer, mar al sa fluch net mear;
De soárch fordûble; ’t húske koe nou treurige ûren,
En beppe, d’âlde, trouwe, wie der ek net mear.

Hja waerder greater. Njonkenlytsen kipten de âlden,
Nou d’âldste er út. Dat wie hjar earste en ’t ljeaflingsbern;
De jongste, brún, ûnsjoch en stoef en stil fen wezen,
Hie soargen brocht en hie hjar ljeafde do forlern.

„O ’k wit wol, hwerom heit en mem my n’t ljeavje kinne,”
Sa kriet hja faek. „Ik bin net moai en kreas as sij;
„Hwat sei ús heit ek flústrjend lêsten? ’k wit it yette,
„’t Goudflinterke, dat’s Hinke en hja? In hunichbij!”

Hwat sei hy mear? Dat koe hja noait net wer forjitte!
„Dû moast se tsjinje litte, ringen by de boer
„For bernefaem kin ’t wol. Grif hâlde wy for Hinke,
„Us beider ljeafling, nou? dan ’n inkeld stûrke oer.”

Sa kaem ’t mei gauwens ek. ’t Fyfskaften jurkje en skelkje
Waerd’ ringen strang forwiksle for ’e rôk en ’t jak!
En ’t famke, sels in bern, moast al op oaren passe,
Forskovelinkje allyk, siet se op in lytsfaemsplak.

En Hinke, ’t âlderblomke, dertle troch it libben,
Hja flinterknipte aloan om hûs en hear en seach
Do-t se ûnder ’t wylchstrúwel to sintsjen lei by ’t poeltsje,
Ho’n earrebarrekloft ris wer nei ’t Súden teach.

„De wrâld yn! ’k Wol hjir net forwylje op ’e pôle,
„Fortún scil ’k meitsje en ryk kom ’k ienkear dan werom.
„’t Lûkt me al om fierrens, lyk as nys de earrebarren.
„Blomt libbet om to pronkjen! Bin ik net in blom?”

Hja bûgde hjar foardel nei ’t kleare, reine wetter,
In spegel, stil omfrissle fen it plûmich reid!
Dat glês wie trou! Hja seach ’t en hja reagloeide yn blidens,
Hja seach in jonkheit der yn al hjar hearlikheit!

Krekt sauntsjin jier! Op ’t allermoaist, mar ek to derten
In gloeijend each, in idel herte, wif fen sin;
Heit liet him wol bilêze en mem hjar gau biprate,
En Hinke, ’t heideblomke, krige as stees hjar sin.

Der teach hja hinne! In doek mei klean en ’t koerke yn hânnen,
Fol kralegûd en moais, en seach net ienris om!
Heit kearde ’m om en wiske in inkle trien út de eagen,
Mem lake greatsk en sei: „Dêr giet ús moaije blom!”

V.

Twa kear hie ’t simmer wêst. ’t Wie yn ’t ierdappeldollen
As do. Wer fleagen earrebarren ’t loftrûm lâns,
It bjirkleaf giele en foel. De hjouwer stie yn hokken,
De koetsebei reagloeide as blomt yn leavenkrâns.

Der kaem wer tynge! en as berntsjes snokten d’âlden:
„Us Hinke komt werom, yn eare en oansjen great!”
d’Onsjuchge Sijke, dy ’t by memme stoel omhingle,
Roungear en smel, dy telden se yn hjar eagen neat.

Der waerde farwe en skrobbe dat de finsters blonken
Mei sân de flier bistruid. Hy die syn trouklean oan.
Mem wie alhiel yn ’t brat—yn ’t bleek tibéjen pakje,
Sa wachten hja by de útdoar op dizz’ hjerstemoarn!

Hja kaem—mei goud en flikkrjend stiente rjue bihinge,
En op it holtsje it hier—in golvjend sydne kroan,
Loek oan it noaske—in fyske wie hjar Hinke wirden,
Sei neat—mar lake aloan en gyng al de oare moarn!

„Hwat wie hja moai!” sei mem, fen greatskens lang forbline,
„Sjoch heit, hja koe net bliûwe, moast wer nei de stêd,
„En ek—ús klintsje is lyts, hjir past gjin siderûzjen,
„Hwat seist’? Haboes! dû stúnest dêrom nou dochs net?”

„Seachst wol dat gouden ket? Soks scoe ús Sijke ek lykje,
„Al seit se it net, hja longert der ek tige nei....
„Mar soks past net by sa’n onsjuchge, brúne troanje;
„Dat heart by guont as Hinke as ’t ljocht heart by de dei.

„„Nou is ’t genôch!” kriet Sij. „„Binn’ jimme wiere âlden,
„„Dy ’t d’iene haetsje en de oare ljeavje allinne om ’t moai?
„„Hear nou de wierheit. ’t Earmoedsbrea meij droech sims wêze,
„„Mar al to djûr koft Hinke dizze gouden toai!””

„Hwat!” rôpen beide op ’t selde stuit, mar ’t wrede andert
Bleau wei. Stil slûpte hja wer nei hjar tsjinstfaemplak
By Liûwe en dy.—Hja mochte mytrich, tanich wêze,
Hjar toai, in eal goed hert, siet ûnder ’t grouwe jak.

Mar for ’t forlitten bern, dêr kamen moaijer dagen,
Ien seach, dy ’t fen dizz’ eale pit de skyl weitocht,
’t Trou hertke, dat sa treurich, ienlik, for him tikke,
En hy hat Sijke do nei ’n kreas, nij húske brocht.

VI.

Yn stoarm en rein, de drippen triljend yn ’e hierren,
En rouwe yn ’t hert, seach ’t âlderpear syn bern werom,
Syn Hinke, bern fen jierrenlange hope en soargen,
En ho? ’t Paed bjuster wie dy droef forwile blom!

En net allinne kaem se. In bern droech se op ’e earmen,
In bern, mar sûnder namme, sûnder heitehûs.
De âldman bigoan to malen; wrokke aloan mei ’t hirde:
„Komt mei myn grize hier sa ’n skande oer myn hûs?”

Hy woe ’t net sjen en spile stil de wyk, hwerhinne,
Wie dat in skoft for al syn sibben tsjuster bleau,
Ont nei de stoarm, dy ’t wetter heech en fûl opjage,
Syn lyk út de opfeart wei nei ’t fiere marke dreau....

Der foelen hirde wirden út ’e memmemûle,
En Hinke hearde it, o sa stil, forweesd, forslein,
En sei bidêsd: „Kom memke, wol nou net mear kleije,
„It slimste is ommers oer en alles nimt in ein.”

„„In ein?”” spotgnyske hja. „„In libben komt fen skande!
„„Is dat myn ynljeaf bern, dy ’k salang kûstre ha?
„„Yn d’ allermoaiste tiid hie ’k ljeaver dy bidobbe,
„„—Hearst dat?—as dat ’k dy ienkear wersjen moaste sa!””

It fanke sei gjin wird, mar klaeide hjar yn ’t side,
Sa ’s lang forlyn en flechte ’t hier ta ’n gouden kroan;
It skittrjend stient trille om it meagre, blanke halske,
As for in willefeest! Sa gyng hja mei hjar soan!

It poelke fen hjar jonkheit dreame yn jountiidsfrede,
In spegel, sêft omfrissle fen it weagjend reid;
„Hjir bist bigoán, bislútsje hjir dyn libben,”
Klonk ’t flústrjend. „’t Hjoed en ’t jister skaet in ivichheit!”

Hja seach net om nei ’t húske yn hége bjirken,
It wetter lokke, in dream allyk wie ’t kleare blau;
It earme, ydle bern mei ’t jonkjen op hjar earmen,
Dat sprong er yn! En nou bleau ’t wetter ek hjar trou!

It bûrrle, mar ’t forswijde, hwat it rêstjend barge.—
Nei ’n skoft droech ’t weachje hjar by de igge yn ’t reid wer oan;
Wyt swânneblomt en eineflach yn gouden hierren,
Yn side klaeid foun min de mem wer mei hjar soan.—

1900.