FEN FRIJDOM!
Hwer fljochtstû hinne, goezzekloft,
De frijdom siikjend yn ’e loft?
Nei ’n ienlik fjild, mei snie biklaeid,
Hwer skrousk in easterwyn oer waeit?
Nei ’n wek, dat húvrjend iepen leit,
Bifriss’le troch it toarre reid?
De goezzen snije troch de loft,
Fen frijdom ropt de hiele kloft!
Ien skot—ien snettr’jen—tûmmljend wei,
Sûzt d’ iene red in oaren nei.
Ien inkle fljocht, mar stil en heech,
En d’ oaren lizze dea op ’t Leech.—
1901.