RUTH.
Ruth wie in lyts brún famke, dat yn it sichtsjen mei hjar mem boun for Ate Jans. Dan siet de âlde figematte hjar noch hwat djipper yn ’e eagen en gloeide hjar read jurkje noch hwat reader oer it roggefjild as de moankopsblommen, dy ’t mei de ieren foelen, goed en tsjoed yn ien slach. Moarnsier siet hja dêr al yn ’t skaed fen ’e hage op ’e foarikker; dêr koerden de houtdouwen sa moai—dêr scoe hja wol de hiele dei bliûwe wolle. Mar as Ate Jans der dan oanriden kaem op ’e ierdkarre, wie hja ek wer as in sweltsje oer ein en droech it kofjetsjetteltsje for mem en roan boartsjende foar hjar út. Hjar lytse brúne hântsjes stiene alhiel al nei ’t arbeidzjen en it gyng for hjar berneforstân net mear to heech, dat der jild wêze moast om to iten en hier to biteljen.
En lytse Ruth fortsjinne mei.... Dêr wie hja greatsk op. Hja hólp mem. Alle gounen, dy ’t hja krigen, dêr hie hja ek mei for stien yn ’e barnende sinne op dat roggefjild, hast to great for in berneëach en for bernefoetsjes.
Jouns kroep hja neist mem yn ’e hoeke op in stoel, deawarrich, hast gjin bilul mear om oerein en op bêd to gean en as hja dêr dan lei, slepte hja ek, de brune wangkjes nou ris koel en de hântsjes.... stil op ’t lekken. Dan rêstte it lytse lichemke nei in lange dei.
As Sets, hjar mem hjar dan sa seach, krige hja der hast bikrûping oer, dat hjar ienichst bern ek al efter de sichte oan moast op dat gloeijende fjild, hwer hja hjar al krûm arbeidde hie. Hja ljeave hjar bern as de rike mem, dy ’t hjar jowt al hwat se bigeart en folle en genôch noch oer ’e miette, en Sets koe hjar neat oars jaen as in nij greinen skoatsje ef in skealik lapke for in jakje en der ezele hja noch dagen for by de boer—bûthus-skienmeitsje en sa. Dan koene hjar de lea hast stikken wêze en hjar hânnen trillen sa fen it hâlden fen ’e luiwagen, krekt as hie hja de riding deryn; mar Ruth, de lytse brúne Ruth, stapte as in pauwke de sânwei út mei in nij jakje oan, wylst in greinen skoatsje, bol fen nijens, hjar efternei rissele.
Dan wie ’t Sets yn ’t lyts. In pittich kopke, alles brún, de eachjes, it hier, it fel, mei dat lytse deaplakje ûnder it rjuchter each noch hwat brúner en allinne it mûltsje read, frisread as in kêrs yn ’e moarnsinne. Sneins seach min, ho blank as dat kopke wêze kind hie: dan kaem it fine halske út it jakje wei en dat wie net forbârnd, troch de figematte. Der scoe nin blanker halske to finen wêze, mar dêr hiene de kammeraetskes gjin hartsear fen, mar o! dat sulv’ren ket die ’t him. Dat siet mei trije slachjes om ’e hals en slúte efter sedich mei in sulvren slotsje. Sets erfde it fen hjar beppe, dy ’t jild oerhie for sok spul en nou waerd it tige yn eare hâlden, hwent der koe min ommers oan sjên, dat Sets hjar folk yn goeden dwaen wêst hie.
Binammen dy beppe fen ’e klaei, dêr wie Sets wûndre graech fen op ’e tekst. Hja brocht it frisse bloed yn ’e famylje en ’e wilskreft, en allegear erfden hja hwat fen hjar natuer, om it libben to nimmen, sa ’s ’t is. Sels fleurich to bliuwen mei seis bern om ’e tafel en neat oars as droech brea yn ’e hûs, dat wie hjar kreft. Hja woe hjar bern foarút ha yn ’e wrâld en hja kamen it. Do ’t dy bern elkmis wer in nije hird bouwd en goed hjar brea hiene, do waerden hjar heldere eagen earst slûch fen al dat soargjen for de dei en al dat sjên yn ’e takomst.
Hjar dei wie foarby.... hjar wirk birêdt.
Ho âlder as hja waerden, ho mear de bern dy mem wardearre ha, dy ’t hjar sels as offer joech for it nije geslacht, dat hja net iens yn bloei sjên mocht.
Op hjar fîif en sechstichste jier hie hja noch in slach yn ’e rêch hawn en roán sa rjucht en sa trinten oer ’e wei as in jongfaem mei it breedsulveren earizer op en it fyfskaften pakje oan, en nou?.... Sets liet it al sitte tsjin ’e soargen, do ’t hja noch gjin iens tritich wie, it waerd in lyts wyfke mei in foarholle fol tearen en in forarbeide lea.
Sa siet hja der jouns op ’e knopkestoel yn ’e hoek, sa scoe hja der oer tsjien jier ek noch sitte, tocht lytse Ruth „en dan fortsjinje ik for mem.” Dan seach hja nei hjar hântsjes en tocht om dat einleaze roggefjild yn ’e barnende sinne en om dat ierdappellân mei al syn lange, lange ikkers, dêr ’t maitiids hjar plak wie mei in koerke fol setters ta boartersgoed en lytse Stabij ta kammeraet! O hwat wie jildfortsjinjen doch swier wirk, mar mem koe it allinne net neikomme: it koe net!
En dan krige lytse Ruth wer fol moed hjar koerke yn ’e hân ef sette it âlde hoedtsje op, al nei ’t it jiergetide wie en die, sa ’s Ate Jans it ha woe. En do kaem der in joun, do wie dat allegear út.
Snjeon wie ’t, sa’n moaije stille Snjeon, as de foarfrede fen ’e Sneinsrêst oer it hoarnleger leit, de skûrredoarren sluten wirde en d’ âld boer sels mei de brune nei it klaverkampke kuiert.
Mem en Ruth sieten op in bankje by de doar, d’ earste ûren fen in hiele wike, dat hja lins hiene. Fen warrigens seagen hja beide net iens, ho moai ’t alles om hjar hinne wie, ho ’t de heide bigoan to bloeijen, as woene dy lytse reade klokjes de hjerst ynliede mei syn gloeijende kleuren en fruchten en it skaed, dat alle dagen langer waerd. De frânske kroanen blonken yn it hôf, de hjerstfûgeltsjes songen yn ’e twigen. Hjir en der rissele in toar blêd nei de groun, in weistjerrend libben, dat syn lêste sike útamme, en min hearde de bern boartsjen en oangean yn ’e bûrren.
Dy hjar foetsjes wierne jong en ’e hertkes blij en sûnder soarch, mar it skaed fen it libben wie al oer lytse Ruth hjar paed fâllen.
„Mem, meij ’k ek noch ris to boartsjen?” frege hja en hjar eagen waerden great fen langstme.
„Bist, net to warrich, ljeave?” frege Sets werom. Ruth wie mar neat net fleurich yn ’e lêste tiid; ûnder it simmerbrún waerd it fel sa inerlike wyt.
„Ruth is langer altyd warrich, mem,” andere hja. Dat die Sets sear: hja wrong de hânnen yn stille smert.
„Hwat scill’ wy?” suchtte hja. „For mem is ’t net sa slim, mar ik woe dy sa graech hwat foarút ha yn ye wrâld.”
Dyselde wirden hie d’oerbeppe sei op itselde steed mei hjar seis bern om hjar hinne, fûgeltsjes, for hwa ’t de tiid fen útfleanen kaem wie.
Lytse Ruth joech hjar op yn it stoeltsje. Hjar eagen glinsteren, hjar wangkjes bigoanen to gloeijen.
„As ’k ris leare koe, mem”, bigoan hja.
Né, dat koe noait, sa abbeleare Sets dêr tsjin. Hwer scoene hja it jild for boeken weihelje en gnappe klean?—Der siet oars wol hwat yn it bern, sei master; ’t wie sûnde en skande! dat hja al meifortsjinne, bigoan Sets nou to tinken.
„Ast’ dochs ris nei master gyngst,” tocht hja einliks lûd, „en freegje, hofolle it kostet, boeken en sa.” Al scoe hja it dan ek út ’e mûle bilije, as hjar lytse Ruth it mar hwat better krige.
Ruth sprong oerein. „Mem scil sjên, ho ’t ik wol,” sei hja, en dy ûnthjitting hat se in libben lang hâlden. ’t Ald foarhûs, hwer dizze wirden yn klonken ha, is der net mear en dy mem mei hjar herte fol ljeafde en hjar eagen fol soarch is der ek allang net mear, mar dochs, hja hat it lok fen dat bern mei syn izeren wil en syn flugge geest sjoen, in lok, sa ’n nin mem it better for hjar bern úttinke kin.
Sets forstrûpte hjar hwat, mei in skjinne bûntskelk foar en ’e haekte mûtse op en Ruth die de skoaljurk oan, de moaiste pronk, dy ’t hja bisiet.
Der is noch noait in herte sa fol hoop dat sânpaedtsje delgien nei de bûrren ta. De jounssinne glimke twisken in tropke hege bjirken troch, krekt eft hja dat bern mei syn hertke fol idealen de wrâld op it allermoaist sjên litte woe, sa ’t it oerienkaem mei de bigearten en ’e dreamen fen syn hert. De myldens fen ’e neisimmerdei hinge noch oer it fjild, in keppeltsje jonge einen fleach op út ’e rûchte fen ’e diken, dy ’t de bern to middei útrille hiene om ’e ripe toarnbeien.
Lytse Ruth fielde it net, ho sear ’t de foetsjes hjar fen de klúten diene, hja roán foarút as in jong hountsje, dan efkes wachtsje, dan wer mei in skoat foarút en hjar mûltsje stie net stil.
Sets die it swijen derta. For d’iene bloeide noch de hoop en d’oare wist, hwat de forfulling jown hie fen alles, hwat ek hja hope hie.
Hwat binne der tiden oer forroan, sont dat sânpaedtsje noch sa fier wie for it berneëach! Min kaem der ek in poelke foarby, der lei in skat yn bidobbe fen in âld kleaster, en in krús yn in beam, dêr wie in man formoarde. It wie in paed fol geheimen, mar ek fol moaijens, mar dat seagen de heldere eagen fen Ruth earst folle letter, do ’t hja dêr op dy stille simmerjoun lâns kuijere, de twadde kear, dat hjar libben hjir in kear naem.
Master, d’ âld man lei de pipe del, do ’t Sets en Ruth om ’e hûsside hinne kamen. Hy siet dêr yn ’e smoute fen it tsjerkhôf op ’e túnbank mei de dichten fen Vondel foar him en seach nei de loft, sa blau as de sé yn it hearlike Suden. Hwat hie hy as jongfeint in langstme kend nei dy oarden, hwer yn goudene sinneglâns en jimmeroane wille in libben forroan! En hwer wie hy tolânne kaem? Mids ’e roggefjilden yn in âld skoallehûs, dêr foun hy it for him bistimde plak. Dêr waerden de bern ûnder syn eagen great, dêr seach hy de fruchten fen it sied, dat hy oan d’ikker tabitroude.
Do ’t Sets him sûnder in bulte omhael fen wirden fortelde, ho ’t it mei Ruth gesteld wier, harke hy der neat net raer fen op.
„Ik hie ’t wol tocht,” sei hy, „dat bern heart net op ’t ierdappellân, n’t Ruth?” en hy striek mei syn âlde hân de hierkes fen dy hearlike hege foarholle. Jawisse, dat bern wie to goed om oan dy sânwei to forkommen yn earmoed en soargen; en master bigoan to rekkenjen, wylt hy sa ûnder dúmkes wei ris hifke: „En hwat woe Ruth dan wirde? Bigjint min in reis sûnder doel?”
Flinkwei seach hja him mei hjar skrandere eagen oan. „Ik woe graech foarút yn ’e wrâld, master”, sei hja. Hy bisoude; wie oerbeppe dêr net oan ’t wird, dy ’t bigoan as boerefaem en de bern in flink kaptael neiliet? Dat hie noch ris ien fen dy frouljue wêst, dy ’t de wrâld ta ’n seine binne en ’e sibben ta ’n swiet neitinken. Hja woe ek foarút; in warbere geest yn in soun omskot, dat nea syktme kind hie. Master seach hjar noch foar syn âlde eagen nei tsjerke ta gean: steil as in peal, stadich fen gong en mei dy djip-earnstige eagen, hwer selst gjin spjelde oan ûntkaem.
Ut ’e tsjerke wei gyng hja dan mei de bern nei it grêf fen heit ta, dy ’t yn ’e haeijing ûngemak krige hie mei de hynsders en ’e skrik mei de dead bitelle. Dan hearde master, do sels noch in hiel jong baeske, dat kleare lûd, dat klonk as metael tsjin ’e bern, seis yn tal, dy ’t der omhinne stiene, de lytste noch mar in beukerke fen fjouwer jier: „Bern, hjir leit heit yn ’e swarte modder, dy ’t in libbenlang skript hat for jimm’. Pas op, dat jimm’ him net ta skande meitsje en de achting fen jimm’ mem fortsjinje.”
Dat hearde de âldste fen achttjin en ’e lytste fen fjouwer jier en hja namen it yn hjar acht. Hja ha de achting fen hjar mem fortsjinne en de namme fen hjar heit mei eare yn Fryslân droegen.
Lytse Ruth wie met rjucht ien fen dy âlde stamme, it fierde bloeisel oan ’e tokken, mei al de sappen fen dy âlde stamm’ noch ris wer forienige yn dy skrandere holle en dat taeije lichemke. Dat bigriep master.
„Ja”, sei hy en trêdde it paedtsje ris op en del, „dat learen kostet tofolle, Sets. Jou pongkje is der fierst to lyts for en mines ek”, foege hy der mei in sucht by.
Ruth draeide hjar hastich om en knypte de lytse hântsjes yninoar. Scoe master sjên, dat der triennen oer hjar brune wangkjes rôllen? „Dan is ’t net oars”, miende Sets mismoedich en woe hjar ôfjaen.
„Mem, mem, siz dat net”; kriet Ruth ynienen sa heftich, dat hja beide in skrik krigen. It like krekt eft hja greater waerd, eft dy sterke geest dat teare lichemke opfeare, sa stie hja dêr foar hjar en dat bleue bern bigoan me dêr to pleitsjen for hjar bigear, dat master der stil ûnder waerd en einliks ûnthjitte: „It scil noait oan my lizze, Ruth, datstû neat wirdste. Wachtsje!”
Ruth tochte om dat gljeone roggefjild yn ’e barnende sinne, om al dy ikkerkes mei ierdappels, dy ’t mei gauwens wer dold wirde moasten en opsocht en mei drôviche earnstigens sei hja: „Ik kin net langer wachtsje, master.”
Do bigriep master earst de langstme fen dat bernehert.
En master gyng nei Ate Jans ta en in pear oare geseten ljue, master foun tafâllich sels ek noch hwat yn in laedtsje en fjouwer wike letter seagen de heldere eagen fen Ruth wer yn it earste learboekje. En noch ris fjouwer wike letter sieten master en Ate Jans yn it simmerkeammerke en do ’t master sei, dat Ruth hjar woldwaners eare oan die en sels komme woe om to bitankjen, sei Ate Jans stoef: „Dat hoecht net. Ik kin dat bernegefljoch hjir net ha, master.” En hy lei in muntsje op ’e tafel, „om dat bern net lije to litten.”
En Ate Jans wie in geseten man en great boer op ’e sjidzjende Bouwer.
II.
Der stiene in bulte boerkerijen yn ’e streek, mei slingertúnen foardoar en izeren hameijen met goudene bollen oan ’e side, mar by gjinien is ’t sa moai en alles sa yn ’e es as by Ate Jans. Dêr leit it hoarnleger yn brede greften en oerâlde linebeammen bloeije foardoar mei de namme fen ’e foarâlden noch útsnien yn ’e rûge stamme. Dêr telt min yn it bûthús fjirtjin kouweglêskes yn ien rige en yn ’e skûrre trije fekken. Dêr fynt min nearne in wankel sket ef in môgige peal ef kjitten twisken de stiennen; de hân, dy’t hjir regearret, is wiis en it each, dat hjir oer wekket, sjucht skerp.
Hen, der komt de boer oan, de boppelânnen út wei, in greate, brede figuer, dy’t skerp ôfstekt tsjin it grille jounljocht fen ’e Westerkym. De foarse nekke is brún fen ’e sinne en op it antlit mist min it karakteristike net, dat min somwilen fynt by ljue, dy’t mei in skrandere holle hjar niget dochs siikje yn ’t boerebidriûw. De útkyk fen dy blauwe eagen is stoef, de gong fen dy man is steatlik. It is immen, in persoanlikheit—selst út in hûs fol minsken scoe hy him der noch útkippe.
Hy lit syn eagen gean oer it hûs, dat dêr sa frjeonlik leit to blinken yn ’e sinne, in lytse wrâld op himsels yn ’e ôffreding fen ’e greften. Foar twahûndert jier wennen syn foarâlden hjir al. Hja binne hjir kaem en gien; yn dy greate efterkeamer hat hjar widze in plak hawn en op it brede bêd dêr jinsen joegen hja de lêste syke. Sa ’s in reuzige beam woartelt yn ’e ierde, wie hjar bistean forgroeid en ien waen mei de sjidzjende Bouwer en Jan Ates folk is net to neamen sûnder de pleats der by.
Hjir ha se ljeave en lit—hjir waerden de bern ta minsken—hjir lei de grizens it libben ôf mei dizze pleats ta ’n bigjin en ein.
En Ate Jans is forkleefd oan dat spul, lyk as in âlder oan syn bern.
Ja, hy ’s der sa forkleefd oan, dat hy der net om tinke meij, ho’t alles hjir ienkear oan frjemden forfâlle scil; de eptige húzing, it bêste lân, it âld paslein yn ’e kast en ’t goud en sulver yn ’t kammenet is for úterlike famylje en frjemden.
En Ate Jans sjocht yn ’e takomst in skerp byld en in treurich byld. Hja forkwânselje de pronkstikken fen oerbeppen oan ’e joaden, de sterke mûrren fen ’e foarhúzing, dy’t safolle geslachten skut ha for winterkjeld en simmerwaermte, komme del for in gloednij spul en d’âld kastanjebeam by de hússide, dy’t oerpake plantte en dêr hy sa ’n bulte mei op hat, houwe hja om. Der scil gjin stien op ’e oare bliûwe fen alles, hwat hy ljeaf hawn hat en dêr hy sa ’n noed for stiet.
Moarn, de earste Snein nei Pinkster, komt de hiele famylje wer delsetten. Foar ’t earst yn syn libben hat hy in hekel oan de drokte fen dy dei. De blauwe eagen sjogge nou noch stoefer en hy jowt him op as immen, dy’t it tsjin ’e hiele wrâld opnimt.
Sokke tiden is Ate Jans net bêst to brûken.
Ate Jans kaem by de hússide lâns; hy roek de swietrook fen ’e bloeijende hage en tochte der om, dat it hôf meand wirde koe en do krige hy Sets yn ’t fesier.
Hja gyng de reed by hjarres del, it koartste paed nei it húske ta by de sânwei. Dat bigrutte Ate Jans—hja skriemde en de ôfarbeide rêch hinge noch in slachje mear foaroer.
Mei in pear stappen wie hy hjar op ’e side: „Sets,” sei hy en syn lûd waerde sêfter, „ho nou?”
Hja seach nei him op en it trof him, dat der nou alhielendal gjin glâns mear yn dy eagen lei. Sims ôfbritsen troch in snok fortelde se him, det Ruth deamin wie, in biklûming, sei dokter, en oerspanning. Hja woe tofolle en wie mar tear.
„As ’k dat bern misse moat,” kriet se en al de memmeljeafde fen dat lytse wyfke útere hjar yn dy wirden, „dan is ’t ek dien mei my!”
En Ate Jans, de man, dy ’t noait de âlderljeafde kind hie, bigriep dochs de klachte fen dy mem om hjar ljeafling, sa ’s yn elts herte wol forwante snaren trilje by leed en wille. Fen al hjar plannen, wirden en tinken wie dat bern ommers de haedpersoan, de hope fen in mem hie mei it bistean fen hjar in fêste foarm oannaem en in libben mei dat lege plak yn dy keamer en dy stoarne hoop yn it hert, scoe hja net drage kinne.
„Seist soks ek tsjin dat bern?” sei Ate Jans moi strang. As Ruth sokke wirden hearde en de wanhoop yn die eagen lies, moast hja wol minder wirde, tocht him.
—Ja—né—stammere Sets en frege einliks skrúten—„ho sa, boer?”
„Dat moast’ net dwaen”, redte Ate Jans hjar oan. „Ast’ Ruth ljeaf hast’—en dat hast’—ik sjoch it yn dyn eagen—dan sparrest’ se. De holle opstekke, Sets—„troch bliere eagen binne al in hopen bettere.”
„Dat kin ik noait!” Sets waerde der by al hjar lijen noch krigel tsjin yn.
„Dû moaste.” Ate Jans bleau lyk foar hjar stean en der lei hwa yn syn eagen, hwêr hja bilies for joech. „Scilstû?” frege hy hirdwei, sa ’s it Sets talike.
It lytse wyfke fielde ynienen hjar nietichheit en ’e oermacht fen dy man, hwaens wil hjar twong. It hiele doarp achtte en eare him as in forstânnich man; hy scoe it dochs wol wite, tocht se. Och, as ’t Ruth mar foarútbrocht, dat teare lichemke mar wer soun en sterk waerde!
„Ik scil ’t bisiikje,” flústere hja skrúten, „....en as de boer ris komme wol.... Ruth sjocht der alle dagen nei út.”
Ate Jans bleau stean. „Ik kom,” sei hy en draeide him do sûnder joun to sizzen om en gyng op hûs ta. Sets seach him efternei, skodholle ris en sette do de stap derûnder, sa hird as hjar âlde foetten hjar mar drage koene.
Ate Jans stoareage foar him út. Hy seach nóch it moaije spul, nóch de bûnte wynhoun, dy ’t him mei greate sprongen yn ’e miette fleach en hearde der neat fen, dat de faem him ynrôp. Hy wie yn in lyts húske oan ’e sânwei en foar it bêd fen in siik bern, dat tankberheit koe en nei syn komste útseach.
En dat hie nimmen dien al sont tweintich jier. Do krolde syn brún hier him noch om ’e platte pet en wie hy in jongfeint fen achttjin, do seach in aerdich fanke nei him út op in Sneintojoun, nei Jan Ates soan fen ’t sjidzjende Bouwer, de rykste út ’e hiele omkrite. En dochs hie hja in oaren ien ljeaver hawn as him, in stêdsman mei in bulte wyn yn ’e swipe, dy ’t der better slach fen hie om mei frouljue om to gean en hy woan it.
Ate Jans syn greatsk hert krige in knoei en syn bitrouwen op ’e minsken noch folle greater. En sont dy tiid wist hy, dat der nimmen mear nei him útsjên scoe.
En dochs!—Scoene der berne-earkes harke ha, eft de doar iepen gyng en hy ynkaem, stadichwei, sa ’s hy oars nei it roggefjild kuijere? en koe der noch immen fol langst nei him útsjên? nei dy stoefe man mei syn skerpe eagen, hwêr sa’n bytke praet by siet?
For ’t earst sont lange tiden fielde Ate Jans, dat in minsk, dêr ’t immen yn ljeafde om tinkt, noait yn syn ienlikheit allinne is yn ’e wrâld en dat de langstme fen dat bernehert hwat yn him wekker rôp, dat hy allang biditsen miende to hawwen.
En de oare middeis, de Snein nei Pinkster, stouden de moaije reauwen fen ’e famylje d’ iene nei d’ oare de brede reed op nei de sjidzjende Bouwer ta. It skûm stie de hynsders op ’e bek en ’e glâns fen ’e nijens lei op ’e weinen. En hja kamen allegear mei hjar soannen en dochters en biseagen alles mei kennerseagen en forgappen hjar al op it diel, dat ienris hjarres wêze scoe.
En Ate Jans tochte om in lyts húske by de sânwei, dêr hy tomoarne salang for in bêd sitten en salang de koele hân op in hjit foarholtsje lei hie, dat twa brúne eachjes einliks tichtfoelen en in swiete slom forkwikking brochte for in ôfmartele lichemke.
En Sets mei al dy soarch yn d’ eagen en al dy wanhoop yn ’t hert, hoechde net bang to wêzen hwat de dei fen moarn bringe scoe. Hja hat dy greate stille man, dy’t dêr yn ’e stúdzje wei by de poel lâns roan, foreare as in woldwaner.
III.
Ho faek ha d’ ieren oer ’e roggefjilden rûsd sont dy Snein nei Pinkster en ho faek hat Ate Jans de sichte slein yn ’e middeissinneglâns, hwêr nin lytse bernefoetsjes him nou mear folgen? De jierren binn’ net teld, mar hja fleagen derhinne as dagen.
De âld kastanjebeam is wer wyt en in twirre rint troch it hôf oer ’e stânnen, dy’t wer wachtsje op ’e seine. Der is neat foroare op dit plakje fen ’e wrâld al dy simmers en winters, dy ’t kamen en foarbygingen als âlde frjeonen, dy’t in fêst plak by de hird ha. En dochs—Ate Jans scil net sizze, dat der neat foroare is. Syn gong is noch like steatlik en syn each noch like strang, mar syn herte, dat ’s him net allyk bleaun. Yn ’t foarige achtte en eare min him allinne, nou wolle de ljue him wol op hânnen drage en hat syn woldwaen ienkear plicht wêst, nou is ’t út ljeafde.
En dat allegear ha dy eagen fen Ruth dien. Hja ha him it bitrouwen yn ’e minsken weromjown. Hy kin dat bern net wer forjitte mei hjar hertke fol ljeafde en hjar eagen fol langst en hy scil noait dat paed by ’t poelke lâns gean ef hy tinkt om hjar mei hjar flugge foetsjes, hwaens skranderens him sa haget en dan sjocht hy se altyd noch foar him mei dat reade jurkje oan en dy figematte op as bynsterke op dat greate lân. En dan kin hy der oars fen wirde om dy bernejeugd, dy’t gjin inkeld blomke joech en dat oerdrôvich siikjen fen dy geest nei de welle fen ’e wytnis, sa ’s in pilgrim siket nei de oäse yn ’e woestyn. En dat is in hearlike tinktme for him: dy woestyn is trochreisge en it lân fen bilofte foun.
Sont oardeljier sjocht Ruth oer ’e brune en blonde holtsjes hinne yn ’e skoalle en leart hjar hwat goed is for de bern en dan sjonge hja as klysters, dat Ate Jans it hearre kin yn ’t lytshús. Sims, as hy it lân útgiet, rint hja him mei hjar flugge foetsjes efterop en dan geane hja togearre de reed by de beide kampkes lâns nei de sânwei ta. Sont dy syktme hat hja in plak yn syn hert krige en eltsenien hat it der al oer, ho ’t hy him oan it bern fen dy Sets gelegen leit.
As hy net sa âld wie, hwa wit!
Ate Jans is in eigenerfde en in greatsk man. Der is gjin wiif yn syn famylje kaem, ef hja brochte like folle oan as de man, dy ’t hjar frege en wie syn gelikens yn alles. Sa koe de sjidzjende Bouwer ieûwenlang yn ien famylje bliûwe, dy-t net yn ’t neigean rekke, mar aloan de earste wie fen ’t gea en as Ate Jans ea noch tinkt om to trouwen, scil hy de lear fen syn âlden tagedien wêze.—
It kin ienlike stil op in great boerespul wêze, as de simmerrein tsjin ’e glêzen oan klettert en ye wyn op ’e skoarstien gûlt. Dan stouwe de lêste blossoms fen ’e parrebeam as boartlike berntsjes, dy-t gjin thús mear ha en stiet Ate Jans yn ’e syddoar, dêr de drip fen it tek sa ientoanich delfâlt en sjocht út nei master. Dy scil tojoune komme to pizeljen mei domenij en syn wiif en Ruth.
Hy forbyldt him sahwet fâld oer dat bern to wêzen en as Ate Jans de leardens forsiket, stiet der ek in stoeltsje by for Ruth. Hy bigrypt it wol, hja hat nou net genôch mear oan it petear fen ’e spylfammen op ’e bûrren, master komt der nou by to pas en domenij mei syn folianten. En as hja dan sa wetich en op ’t stik ôf prate kin, is Ate Jans op ’t snjit. Dan sjocht hy op dat pittige kopke del mei greatskens.
„Joun”, seit master.
„Joun”, andert Ate Jans, „Kom yn.” In frjemde scoe dat wol hwat in kâld wolkom talykje, mar de ljue fen dizze krite ha de hertlikheit ornaris net op ’e tonge, mar yn ’t hert. Hja geane nei de foarkeamer ta mei syn âlderwetsk húsrie, dêr min noch de âlde geuren mient to rûken út ’e sulveren snúfdoaskes, dy-t oerbeppen mei nei tsjerke ta namen.
Master heart yn dit âldmoadrich binn’hûs as in figuer op in skildery. d’Ald keamer telt fen it Forline; master syn snikwyt hier, syn tearige foarholle wite der ek fen ôf.
Mar Ate Jans past hjir net. Dy foarse man heart yn it frije fjild, dy bihierre hânnen moatte de jageline hâlde fen in pear hynders, dat kenings binne yn hjar soarte, dy steatlike gong is fen in frij man, dy-t oer syn eigen frije fjilden kuijert. Hy heart noch by alles, hwat jong is. Dat merkbite master en dy ek, as hy mei Ruth praet.
Hwa hat him ek ea sa praten heard? Dat bern yn ’e folle jonkheitsfleur lêst him de wirden hast fen ’e lippen en ’e brune wangkjes wirde al reader en reader fen nocht. Alles is noch like brún as alear en der is nog safolle fen it bern yn ’e jongfaem biwarre bleaun, dat hjar eagen noch de ûnskild fen ’e douwe bisitte, lyk as it Heechliet Salomo’s sjongt. Der leit sa ’n frissens oer hjar antlit en hjar hiele wezen as fen ’e kântsjeroaskes by hjar memmehûs op ’e dyk, dy-t de moarnssinne noch net iens talake hat. Master kin syn âlde eagen der hast net ôfhâlde, domenij wirdt der stil ûnder en sjocht ris nei syn wiif oer. Hja tinke om de tiid fen hjar achttjin jier, de simmerbloei fen hjar libben en ljeafde en hja kinne it dat bern hast forgunne, dat dy nou dat alles geniet, hwat for hjar foarby is—for jimmer....
It reint net mear; de hearlike geur fen it jonge krûd komt yn ’e hûs op. Tûzen drippen trilje oan ’e âld kastanjebeam, tûzen blomkes oan ’e blomkroanen stekke de kopkes op as ljochtsjes yn in feestseal.
Troch it sydfinster sjocht min de boppelânnen út, de wrâld fen it sân, de diken en ’e poelkes. Dêr klearet de loft op en djip yn it Westen gloeit alles fen goud, dat troch it frisse grien fen ’e elzenwâllen hinnesparket en selst dizze âlde keamer yn gloed set. Alles libbet der nou; oer ’e brune knopkestoelen leit in glim fen nijens en ’e pasleinen hynsderkes op it kammenet dounsje noch wylderiger yn in goudene sinnestriel.
Ate Jans wit net, ho ’t it is, mar hy fielt him ynienen noch sa jong mei syn fjouwer en-fjirtich jier, hast to jong for dizze âlde keamer mei syn skiednis, dy ’t oer ieuwen rint. Net om ’e nocht formakket alles derbûten him yn ’e fornijende jonkheit—as der itjinge jong is en in grisselke hoop libbet yn in forgetten herntsje fen it minskehert, sa’n joun scil ’t him úterje.—
En as Ate Jans syn bisite wer oan ’e útdoar tabrocht hat en it nou stil is yn ’e hûs, sa neare stil, omt it frisse lûd swijt, dat strakjes noch oer ’e keamer klonk, dan bigjint dy greate man to tinken om dingen, dy ’t noch noait by him opkaem binne.
As dy lytse foetsjes hjir ris altyd troch it hûs trippelen en it jounljocht ris altyd dy brune wangkjes foun yn ’e foarkeamer, om dêr syn rozerea op to tsjoenen, ho scoe dat wêze?
Ja, ho scoe dat dan dochs wol wêze! Ate Jans giet de reed út mei de hege iperen beammen oan ’e kanten en bliûwt foar de hamei stean mei de earmtakken op ’e peal. De greatfaem en ’e lytsfaem binne mei de feint oan ’t grapjeijen by ’t bjinstap en ’e heldere laeits is as muzyk in ’e jounstiltme fen ’e natuer. Hja heare sa by-inoar—allegear jong—allegear noch sa fol forwachting hwat it libben bringe scil, as berntsjes ta Sinterklaes wêze kinne.
En allinne de boer mei al syn rykdommen, dy wit hwat ienlikheit is.
It waret troch de greate skûrre en ’e keamers, it is yn ’e tún, dêr de earste roazen bloeije, it is yn syn hert.
En for ’t earst yn syn libben fielt Ate Jans it, dat hy mids al de tûzenen om him hinne sa allinne is as in ienlike rots yn ’e woelige sé en dat der noch in lok bistiet, dat for gjin skatten op ’e wrâld koft wirde kin en dy man mei ’t helder forstân, de skerpe blik, de bulte ûnderfining, syn herte bigjint to prykjen fen langst.—
En dêrjinsen yn in húske by de sânwei leit Ruth it brune kopke tsjin Sets hjar earm oan en hja snokt it út: Mem! Mem!
Hwat hat hja him ljeaf! Wit it bern, dat hja nou de hearlikste skat fen it libben ûntditsen hat, om ljeaf to hawwen mei hert en siel, op to gean yn it oare ik fen yensels?
Hja wit allinne, dat hja him ljeaf hat en dat der nea in hopeleazer ljeafde op ’e hiele wrâld wêst hat.
It is in dream.... Ruth it is in dream!
IV.
De swiere foeren hea ride de strietwei lâns, de sinne wiist nei it Westen. Oer de bermen stouwt de moude en mei in âld túnklauwe swylje de bern al sjongende wei de heatopkes op, dy ’t hjir en dêr op ’e strietwei delfâllen binne. Hja sjonge lûder as oars en sims giet it wûndere aerdich twastimmich. De haeiwein fen Ate Jans boldert oer ’e wei, it lege lân yn. Hy hat sels de jageline yn ’e hân en sierlik geane de fine foetsjes fen ’e swarten op en del as dânsje hja op ’e maet.
Joun it lêste hea yn ’e hûs—de haeijing is dien, moai woán en moai ynhelle. Alwer in foardielige jiergong, tinkt Ate Jans, wylt hy syn lânnen útrydt, dêr it nijgêrs al grienich as ferwiel út bigjint to sprúten, alles gewin en de tinktme, dy’t dêr op folget, is bitter—alles geskrip for in oar.
As hy oan syn lêste ûren ta is, scil hy syn âlde eagen net fol ljeafde noch ris oer ’e fjilden gean litte kinne en fol greatskens tsjin syn bern sizze: „Dit is jimm’ erfnisse. Myn hân wie hjir warber for en myn each skerp—ik ha hjir in libbenlang mâl mei wêst”, en alle ljeafde, dy ’t hy der for hawn hat, oerdrage op in folgjend geslacht, dat it yn syn geest en nei syn winsk yn eare hâlde scil....
O hwêrom is der gjin soan, om syn namme to dragen en gjin dochter, dêr ’t de ljeaflikens fen in mem opnij in bloeit?
It nije geslacht is al yn ’t oankommen, it giet der sjongende oer ’e wei en nimt ienkear fol moed de plakken yn, dy ’t heit en mem forlieten en allinne op ’e sjidzjende Bouwer, dêr bliûwt in plak oer—it lege plak....
Dêr telt gjin soan fen ’e warberens fen syn heit en gjin dochter hâldt dêr it oantinken fen in mem yn eare—dêr is it swijen en de dea....
En alles yn Ate Jans forset him tsjin dizze ein. Ho ’t it ek komme meij, sa wol hy net.
Kin hy noch net to kust en to keur gean by de dochters fen it lân? Is der net mennich fammeëach yn ’t gea to finen, dat wol jerne as frou oer ’e sjidzjende Bouwer gean wol en for hwa ’t it in eare wêze scil, as hy mei syn steatlike gong nei hjarres opdraeit?
En Ate Jans tinkt om in rike widdou mei twa bern, dy-t op de stjelp by de feart wennet. It is in great frouminsk mei glandige swarte eagen en in wyld bosk hier. In earste mansheld is ’t sizzen, dos it jild scoe hjir ek al wer in bulte oerhelje moatte. En dan dy frjemde bern, scoene dy letter erfnammen fen ’e sjidzjende Bouwer wirde scille?....
Ynienen hâldt hy de hynsders hwat yn en lit se yn ’e stap komme. In hiele kloft berntsjes komme de mieden út wei en sjonge ’t heechste liet, de hânnen fol blommen, it herte fol freugd. Twa fen ’e lytsten sjaggelje hwat efteroan en Ruth hat se by de hân.
„Dag boer”, roppe de greatste jonges en kopketûmelje foar de eagen fen ’e hynsders, dy ’t al hwat gril sjogge oer it lân en as in sêfte wjerklank, sizze de famkes it hjar bidêsd nei: „Dag boer.”
Hja wite it wol, hwa sa’n bulte ta ’t skoallefeest teikene hat en hwaens gêrs yn ’t hôf hja moarn fortraepje meije, hwat in boer sims noch neijer oan ’t hert giet as in stik mennich ryksdaelders.
Sjoch, dêr komt Ruth nou ek oan mei dy blierlieldere eagen, dy ’t Ate Jans al salang kend hat, fen lyts bern ôf oan al. „It is allegear for ’t feest”, ropt hja him tomiette en hâldt in bosk fen ’e moaiste swânneblommen yn ’e hichte. Sa stiet hja dêr foar him, it brune kopke ûnder ’e greate wite sinnehoed hwat yn ’e hichte, wylst de eagen sa djipdonker skitterje en de wite toskjes weikypje efter de lippen, rea as in kêrs yn ’e moarnssinne. Ien amery sjocht Ate Jans nei hjar, dan draeit hy him ôf en seit stoef: „As jimm’ mear blommegoed ha moatte, dan kin master jimm’ noch wol hwat út ’e tún helje”.
Krekt ef lizze hja hjar iis om ’t hert, sa kâld wirdt Ruth by de toan fen dizze wirden. Hwêrom meij hja der net mear komme en hwat blommen teppe út Ate Jans syn tún? Oars mocht dat ommers altyd wol en dan naem hja hiele rûkers mei fen nagels en jasmyn en sims fen roazen—dan stie de boer ek wol ris efkes by hjar te praten yn ’t foartún en dan wie faek de winsk by hjar opkaem, dat it altyd sa mar bliûwe mocht, dat dy stille man altyd om en by hjar wêze en syn eagen op hjar rêste mochten. En nou?....
Ruth wisket mei it brune hântsje in inkele trien ôf.... Dêr rydt hy hinne en..... it herte fen dat bern folget him.... It hat ljeaf, it tinkt der net om, dat dy greate man mear as tweintich jier âlder is en stoef wêze kin en dat by him de greatskens noch djipper ynwoartele is as by ien fen syn geslacht. It hat ljeaf en yn ’e húskes by de sânwei kenne hja sa ’n ljeafde mar ienris.—
Ruth mei dyn skrandere holle en dyn tear lichemke, hwêrom hat sa ’n greate ljeafde fat op dyn hertke krige? Hwêrom hast’ dy stoefe eagen altyd oer dy en hearstû yn dyn weitsjen en dreamen jimmeroan dat lûd, sa ’s it yn dy greate keamer klonken hat op dy reinige simmerjoun?
Der binne ommers oaren genôch, dy ’t better by dy passe, jong fen jierren en frolik fen hert, dy ’t fol koartswyl sitte en mei dy opgroeid en great waen binne. En dochs, dêr rydt Ate Jans hinne en it herte fen dy folget him, de reed lâns, de mieden yn nei it trije-mêd ta, hwêr de lêste protsjes hea wachtsje op it ynheljen.
En nou-t Ate Jans dêr is, sjocht hy om foar ’t alderearst.... Alles lûkt him ommers nei dat bern ta, dy heldere eagen binne for him, ja se binne it forgoed, ho fielt hy it nou! de bronwelle fen alle lok. En ’e stille man, hwaens hier al griis bigjint to wirden, krijt sa ’n forlangst nei de sêftens fen dy frouljueshân en de swiete klank fen dat lûd, dat hy deastil stean bliûwt mei de riûwe yn ’e hân, om noch ris ienris dat lûd to hearen, fier, hiel fier by de bûrren. Syn herte forskûrt fen langst. Scil it nea de bifrediging kenne?
En al syn sibben bigjinne him nou to moanjen—hja binne noch yn wêzen—hjar geest is om en by him, al binne se allang forgien en hja scille rjucht hâlde oer him, as hy sa ’n oerdwealske set dwaen wol. De amme fen hjar wêzen, dy ’t ek noch sa koel oer ’e sjidzjende Bouwer hinget, is selst hjir yn ’e mieden, yn it frije fjild.... Is der noch ûntkommen oan? Scil hy út ’e bân bite....? en dwaen sa ’s syn hert him ynjowt?
Mar de bân, dy ’t him oan syn folk bynt, is ek sterk. Ieuwenlang hat it kommende en geande geslacht dy tinktme hawn, om lyk by lyk to siikjen en dêr nei dien en it is yn hjar wezen bipikele, sa inerlik as in trek fen dat wezen sels. De bern binn’ der great mei waen, ha hjar gelikens socht en binne dêrmei stoarn. Ate Jans bigrypt it nou, it is net allinne de boask mei dat bern, mar it is it fortraepjen fen ’e famyljewille, hwer syn forstân him tsjin forset.
Koed er noch mar ljeavje mei de gloed fen syn achttjin jier! Sûnder it forstân, mar mei it hert, sa hjit, sa hearlik, dat de wrâld der by forsinkt! Kin hy it dan net fen him ôfskodsje, dy ûnbiskreaune winsk fen it foargeslacht, as alles yn him yn opstân komt, om dy to forfullen?
En Ate Jans forwart him, mar dy macht is noch sterker—hy bûgt de holle—de slach is fâllen. Scil der allinne op ’e sjidzjende Bouwer it lege plak bliuwe?
As master de joune komt, is Ate Jans noch stoefer as oars en as master fortelt, dat Ruth earjister mei glâns in byakte helle hat, dan nikt hy allinne.
Hy mist de lytse brúne hântsjes by de blommen en de sinneskyn fen hjar loaits. Mar hy kin se hjir net mear sjên, hy kin net! Hy scoe it útskreauwe wolle, ho ljeaf hy se hat, dat de wjerklank derfen by de âlde mûrren lâns trillet! Hy wit, dat der in grins is, dat ek hy de macht oer him sels forlieze kin, dy sterke man mei syn steatlike gong en stoefe eagen.
Dat hat hy hjoed for ’t earst yn syn libben ûnderfoun. Do’t hja dêr sa foar him stie, mei dat swânneblomt yn ’e hân, de hiele frisse jonkheit, wist allinne hy, hwat for striid it koste hat, om de eagen ôf to draeijen en de mûle swije to litten, wylt alles him dreau om de langstme fen syn hert to úterjen.
Hy wist ek, de twadde kear scoe syn ljeafde sterker wêze as syn wil!....
En hy meij ommers net!
Hwat jowe him nou syn rykdommen, as hy net iens de bigearte fen syn hert krije kin?
Hjoed sjocht hy de sjidzjende Bouwer for ’t earst mei oare eagen oan. Hwerom hat hy ek al syn ljeafde oan dat kâlde bisit jown, de moaiste jierren fen syn libben foarby slûpe litten yn ienlikheit? Argewaesjes binne him bisparre, mar it lok is ek fier fen him ôf bleaun. Der wie gjin plak for yn ’e tsjustere keamers en ’e greate skûrre en noch folle minder yn syn herte.
Dêr leit de pleats, de ljeafde fen syn libben en fen mennich geslachten, dy ’t foar him wêst ha. Ja, wol is alles dêr yn ’e es, mar hwat der ûntbrekt, is de frouljueshân. It is hjir moai sûnder glâns en waerm sûnder gloed. De gerdynen yn ’e foarkeamer binn, heal del en gjin inkeld blomke bloeit yn ’e finsterbanken. Alles opredt en skjin, mar as min de strietwei lâns giet, fielt min selst de stiltme, dy ’t hjir wennet.
En wylt hy troch de skûrre stapt, hwer se it lêste healfoerke hea leegje, knypt hy de hânnen stiif yninoar, hwent hy fielt de triennen yn syn eagen, de earsten, sont lange, lange jierren.
Ate Jans kin de waerdij fen syn forlerne jonkheit en syn forlerne lok.—
V.
De joun dy fâlt en oer ’e âlde linebeammen by de skoalle rûzet it. Der giet in flústring fen it forline oerhinne, fen geslachten dy ’t ek jong wêst ha ûnder dizze beammen en boarten en great waerden, krekt salang, dat einliks foar ’t lêst it skaed fen dizze beammen op hjar bier foel, as hja tohôf brocht waerden.
En dan tûmelen der alwer oare blonde en brúne kopkes om en harken nei it lieden fen ’e klok en stompten inoar oan. Twa kammeraetskes folgen ommers dy beppe nei mei it redenkleed om en de holle nei de groun. Der binne al in bulte ûnder dy linebeammen troch gien nei it hôf ta, dat lytse eilân fen deastiltme mids ’e woelige libbenssé.
Master sit op in stoel by de doar en heart dat rûzjen oer ’e krúnen dêr boppe him en lit syn eagen noch ris gean oer it skoallepleintsje. It is der nou stil.... mar yn ’e moudige groun stiene noch wol tûzen foetprintsjes, lytsen en greaten, sims sjocht min der in foetleast mank nei de natuer, sa ’s de greatste byldhouwer it net better neimakket. Dat binne de bleate foetsjes fen ’e sânwei. Der hearre bilape buiskes by en brúne kopkes en skrandere eagen. Hja sjogge wol ’t aldermeast nei ’t feest út, it ienichste ljochtpuntsje yn hjar sober bistean.
’t Is krekt, ef fielt Ate Jans dat, tinkt master, hy jowt se altyd hwat mear as d’ oaren, hy jowt se altyd dûbeld. Scoe hy dan om Ruth tinke? dat hy dat bern ek sa kend hat?
Master suchtet.
Ate Jans útert it net, hwat hy tinkt. Dat rekket gjinien. Hy hat himsels like goed yn ’e macht as it wyldste hynsder, dat hy mak kriget en master wit it ek wol, it is de greatste kinst, om yensels to kennen. Joun yn ’t blomtún, hwat hat hy do graech de tinktmen ris lêze wold fen dy greate stoefe man, hwaens brede, hege foarholle hast skûl giet ûnder it kastanjebrúne hier.
Mar master freget net.... hy wachtet as in âlde wachter, hwat de dei fen moarn bringe scil.
De dei fen moarn!
Hofolle berntsjes kinne der allinne tonacht net iens om sliepe! Hja wrotte as jonge hountsjes ûnder ’e tekkens om en mem mient al hast, dat hja de koarts ha, sa gril stiene dy eachjes en sa gloeije dy wangkjes.
„Rin hinne!” laket heit, „fen forwille, neat oars!” En dan wirde hja einliks stil en forsliepe de ûren, dy ’t hjar al neijer by it dreame lok bringe.
De linebeammen rûzje.... de moarn is kaem. To-nacht hat it hwat reind.... nou is de wyn útsketten en hellet oan út it Súd-easten, de lauwaerme moarnswyn fen midsimmer.
De sinnestrielen fâlle skean troch de swiere beamkrúnen hinne, op al de ljochte jurkjes, de ljeaflike jonkheit fen ’t gea, dy ’t nou op it skoallepleintsje gearhokket en hjoed, yn ’e freugd fen it feest, it hiele libben as ien feestdei sjocht.
Master en Ate Jans en dy, leden fen ’e skoallekommisje en oaren, dy ’t tige teikene ha, sitte yn ’e skoalle efter in tafel mei presintsjes. Hja binne allegear yn ’t swart en inkelen ha ’t wyt foar, hwer se oars net oan dogge as op heechtiden. Dat is ’t hjoed ek—hjar bern ha wille en dan ha hja dy as âlder mei.... en as der dan in lytse Jan ef Sijke mei yn ’e rige stiet en heit en mem tanikt, dan wriûwe hja hjar sims wol ris effen yn ’e eagen. It sân stouwt ek sa, nou?
Ruth is der ek en Sets!—Sets mei in nij pakje oan en in breed-sulveren earizer op, nou net Sets, dy ’t op lân stiet to binen en hast net wit, ho ’t hja iten útsúnigje scil for moarn, mar Sets, de mem fen Ruth, de ûnderwizeres! En Ruth hélpt mem!
Sets is boerinne waen! Hja hat in bist op ’e stâl, wol in trije-oer, mar oars in boppest bêsten en twa skiep en hja tsjernet hjar eigen bûter. It âlde wyfke had ynienen noch wol moed krige, om tweintich jier to libjen. Sims lit hja de bûthúsdoar wol ris iepenstean, allinne om de mûskop mar to hearren.... oars kin hja hjar lok hast noch net leauwe. Dan rûkt hja ek it bêste hea yn ’t skûrke, dat lêsten de reden delkaem, „de boer hie der gjin plak for, as Sets it ek brûke koe”, sei de greatfeint fen Ate Jans. Dat wie in hael! Sets makke mar gau hwat kofje for de feint ré en brocht it do mei him to plak yn ’t lytse skûrke, hwer it húslook op ’e naed stie to bloeijen en oars allinne de sweltsjes wennen.
Alle goeds komt fen ’e sjidzjende Bouwer, tinkt hja.... alles, alles wol? twivelt hja as hja it bleke kopke fen Ruth sjocht, noch bleker yn ’e wite jurk mei lytse giele streekjes. O dy man mei syn hert fen goud en syn koel forstân, ho komt Ruth derby? Der binne wol ris wûndere dreamen dreamd yn ’e wrâld, mar Sets is der to âld for....: Hy hat alles oan Ruth dien yn ’e goedheit fen syn hert, mar hjar ljeaf ha.... né, derfor is Ate Jans in geseten man en great boer op ’e sjidzjende Bouwer.
„Ruth”, flústert Sets, „dû moast de holle opstekke, bern. Ho komst by sokke ûnmogelike dingen”, en hja strykt mei o sa’n sêfte, ljeave memmehân oer it fine holtsje. Hja ha dit petear yn in herntsje yn ’t skaed fen ’e spjirregrienslingers, hwer de skoalle mei opsierd is en nimmen sjocht hjar.
Allinne Ate Jans syn eagen wike net fen dat plak. Hwat skilt dat bern?
Hy kin, hy kin it net sjên, dat hja lit! As der ien lije moat, lit it him dan wêze: hy is der sterkernôch for, hy scil der wol wer oerhinne komme, mar lit hja sparre wirde!
De taspraken binn’ hâlden, de presintsjes útdield, it fanfarecorps bigjint to spyljen op ’t skoallepleintsje. De lytsen ha de wille hawn, hja ha earst de bûrren troch wêst yn ien lange rige en binne do yn Ate Jans syn hôf traktearre op sûkelarje en úlefeltsjes en oare snobberijen. Do ha se for him song mei hege heldere bernestimkes en neitiid mei fetsjekroadzjen, hirdrinnen, aeidragen, ens., hjar bêst dien, om ien fen ’e moaije prizen to krijen en de lêste útsetter hat nou yn ’e skoalle wêst, mei koeke en oranjeaêpels. Nou bigjinne hja de warrigens to fielen; in pear lytsen sitte al yn ’e bank to sliepen en d’iene nei d’ oare wirdt stil wei en siket de fredige paedtsjes op nei hûs ta, hwer de lette neimiddeissinne troch de bjirken twiljochtet.
De loft dy trillet noch fen ’e waermte tomiddei; de bisten efter de skoalle stiene fier yn ’e dobbe út ûnder de elzen. De lêste bern giene sjongende wei foart nei hûs ta en Ate Jans sjocht noch krekt, ho’t sa ’n lyts beukerke ynienen de guit nimt en op in frouminsk tafljucht, dat him optilt as in fearke en dy lytse eachjes en dy kroltsjes tútet, eft se him yn gjin jierren sjoen hat. Dan wiist in lyts fingerke nei in moai printeboekje en in doaze mei griffen en in fyn bernelûdtsje bigjint ynienen to kraeijen: „Heite, heit!” en stekt de mûtele earmkes út.
Ate Jans ken him wol: it is Klaze Trine Japik. Syn eagen skitterje—mei in pear greate stappen is hy by syn wiif en bern en dan draegt hy syn jongkje op ’t skouder foart as in keninkje.
It hûs is lyts en mei hwat reid ditsen, mar it is in paleis by de sjidzjende Bouwer.
Ate Jans hat nei hûs ta wêst to iten en do is hy in setsje yn ’e greate stoel yn ’e foarkeamer sitten gien to bikommen. It wie dêr neare stil; selst gjin inkele mich weage hjar yn ’e tsjustere rûmte.
De greatfaem hie it sydfinster opskoud en ’e swiete geur fen ’e wite roazebeam en in pear ôffâllene bledtsjes brochten selst yn dy âlde keamer in biwyske fen ’e hearlike simmer, dy ’t derbûten bloeide.
Dy kaem noch faek werom mei syn blommen, syn ljocht en syn kleuren—mar syn simmer—wie dy net hast foarby? Hwat scoe hy dan fierder fen in ienlike winter hoopje kinne?
Hy seach himsels der al sitten yn in hoeke fen ’e keamer op syn âlde dei, bitsjinne troch frjemden en dan de famylje, dy’t him drok forsochte, as hy troch den dei hwat gammel waerde en him mei meilijiche wirden biklage, mar efter syn rêch scoene hja gnize as pinksterfoksen. By syn libben taksearen hja de lânnen al en tsjierden oer it dielen en ’e sjidzjende Bouwer scoe mar krekt salang mear yn syn hear en fear bliûwe, as syn eagen noch wekken.
It griisde him oan—sa’n âlderdom en dochs—it kaem sa, sa wis as it needlot sels.
Hy fleach oerein en roan mei greate stappen de keamer op en del. Dy greate keamer waerde him to lyts en to near.... Hwerom hiene syn foarâlden der ek sokke lege balken yn meitsje litten? Mar dy balken diene it him net—it wie it tsjustere byld fen in tsjustere takomst, dat yn alle hoeken en hernen omspûke.
De jounklok bigoan to lieden.... acht swiere slaggen. Ate Jans seach syn bûrman foarbygean nei de harbarge ta en hy loek de jas oan en gyng him efternei, nou wer deabideard sa’s altyd.
Nimmen scoe sei ha, dat hy in bislút makke hie, hwat in libben útwize scoe, eft it goed ef tsjoed wie.
De hiele smite fen ’e middeis is nou wer op ’e boppeseal presint mei de frouljue, mar de heldere eagen, dy for Ate Jans de siel fen it feest binne, mist hy.
„Sets”, seit hy moi lûd tsjin it wyfke, dat yn in hoeke mei in oaren ien stiet to praten, „hwer is Ruth bleauwn?”
„Efkes nei hûs tagien to forklaeijen, boer,” andert hja skrúten. Hja seit der net by, dat se Ruth mar in amerijke nei hûs tastjûrd hat—it bern wie sa út ’e liken, omt Ate Jans hjar de hiele dei links lizze liet. Hy hie noch gjin wird tsjin hjar sei en nou hearden de skeane mûrkes fen it húske oan ’e sânwei de klachte fen dat forbûke hert. Oerweldich mocht it yn syn ljeafde wêze, nou wie it oerdrôvich yn syn smert.
En wylt it lêste ljocht oan ’e Westerkym forfloeide fen it gloeijendste poarper yn it sêftste giel en oer dat âlde hûske de kleuren fen in dreamlân lei, wylt dêrbinnen in hertke syn ienichste dream werom joech oan it neat.... kaem der in man de bûrren út wei.
It paedtsje is smel, dat út ’e bûrren wei op ’e húskes fen ’e sânwei oankrinkelt en hege diken rinne der by lâns. Wylde bramboazen stiene der yn ’e wâllen en ierdbeijen, hwer de lêste fruchtsjes oan poarperje, krûpe tsjin ’e diken op. Ate Jans sjocht, ho-’t de ikkers rinne en dy lytse foarikker en hy sjocht tige skerp ta, ho de hjouwer stiet.
It is krekt, tinkt hy by himsels, eft hy dat paedtsje noait wer lâns komme scil; sa ’s hy dat nou giet.
En sa rint hy fierder—it goudene jounljocht tomiette.
Dêr sjocht hy hjar ynienen.... Hja sit op in greate bâlstien oan ’e kant fen ’e reed, dy’t se opgroeven ha út ’e sângatten, lang lyn.
It lytse kopke hinget mismoedich foaroer en fen snokken skokt it hiele teare lichemke.
„Ruth!” seit Ate Jans, dat hja gjin skrik krije scil.
Hja fljocht oerein en ear’t hy der op fordacht is, draeit hja hjar om en sûnder dat hja ien wird seit, giet hja op hûs ta.
Ate Jans bliûwt stean, foar’t earst yn syn libben forslein.
„Ruth!” seit hy nochris en der is in nije klank yn syn lûd. Hja heart it—né hjar herte fielt it—en dat herte hat it forstien.
Wer draeit hja hjar om en mei in kleurke fen biskamsumens op ’e brune wangkjes, komt hja him oerstadich yn ’e miette.
De minsk, dy’t it paed giet nei ’t lok....
En dy greate man mei syn stoefe eagen en syn steatlike gong wachtte op hjar en do naem hy hjar as in bern yn syn earmen en joech hjar de innige ljeafde fen syn hert ta in bisit for jimmer.
Der wierne gjin oare tsjûgen as de jounwyn, dy’t troch de tokjes fen ’e bjirken flústere en ’e lêste strielen fen ’e skiedende sinne; de ûnthjitting fen in man as Ate Jans hie ek gjin oare tsjûgen fennoaden.
Do hat Ruth for ’t earst de moaijens fen dat paed bisjoen, hwent de joun dy foel en hja gyng mei de man, dy hja ljeaf hie.
Ate Jans rekkene ôf mei de famylje en hjar winsk en wille—hjar kamen de earste tweintich jier fen syn libben ta en de lêste tweintich hat hy oan him sels hâlden.
Hja hawwe it lok brocht en in stamhâlder, in lytse Jan Ates. Dy boartet nou om it hûs, dy hat de jonkheit brocht yn ’e keamer, hwaens skiednisse oer ieuwen rint en dy scil ienkear sitte, hwer heit siet en troch in lytse genaemd mei brune wangkjes en in mûltsje, rea as in kêrs yn ’e moarnssinne, de namme fen syn mem yn eare hâlde.
De simmer is kaem en foarbygien, mar Ate Jans scil noait de ienlikheit fen in winter kenne.
1903.