HY, DY ’T IT WOÁN.....
It boike rydt—in bakje, dat ’s syn wein,
En ’t hymjend Bijke dat ’s as hoppe der foar slein;
It giet de singels om, it boldert nei de finne,
Hwat barnt op holtsje en hânnen nou him gleon de sinne!
Mar ’t boike fielt it net—it giet to moai, to hird,
En hy bigrypt it nou, ho ’n wrâld omriden wirdt;
Syn hântsjes hoarte oan ’t tou, syn eachjes willesparkje....
Hy fljocht to hird en nei syn mem kin hy net harkje!
De feint dy rydt—mei staesje nei syn faem,
Sa jong as hy en prûs, fen d’ âlde, geve staem;
De wyn dy bûgt it hout, de rein dy komt by fleagen,
Him hâldt gjin rein ef wyn—him roppe ljeafstes eagen!
De draver foar de sjeas, sa fljocht hy der op ta,
Syn âlde heit dy brimt en wol ’t hast sa net ha,
De stoarm dy sûzet near en koppen steane op ’t marke,
Mar ’t feintsje fljocht to hird, nei heit hy net mear harket!
d’Ald man dy rydt—mar stadich, nei syn lêste hûs.
Him hâlde ’t âlderwird, him hâlde ’t wyngesûs
Nea fen syn doel, mar ’t wie de dea dy ’t hirder ried,
En by dat wrede ho! de jagelin’ him ûntglied....
1902.