DE LÊSTE TROUWE.
„’k Ha lang en faken song,”
Sei d’âlde kening Witte,
„De riding yn ’e hân,
„Scil ’k nou it sjongen litte?
„Myn hert, dat koe gjin leed,
Myn hert, dat koe gjin wille,
Ef as de wjerklank hat
It yn dizz’ snaren trille.
„De rom, dy ha ’s útgeid,
Fen d’âlde kening Witte,
Sa woest, sa wyld, sa moai,
Nea scil ’k dy dei forjitte!
„De haet, dy ha se field,
Dy ’t boarre my troch ’t herte,
En ho ’t myn flymskerp stiel,
Syn waerme herte mette!
„Myn trou ha ’k by hjar sward,
Myn mânljuestrou fen jierren,
In libben seagen hja,
In jeugd en grize hierren.
„De ljeafde hat ’er oer rûst,
Sa ’s jounwyn oer ’e stânnen,
En siddrjend harke it hert,
By ’t triljen fen myn hânnen.
„Dy millodij wie frjemd,
Mar o sa swiet to hearren,
Rûzt m’ ienkear yet dizz’ sang,
Dan kin ik fredich stjerre.”
De snaren socht syn siel,
En d’ âlde wizen kamen,
As ljeaven, dy for ’t lêst nou
In ivich ôfskie namen.
Hy song: „Hwat is de rom?
De ljeafde yn ’t libbensliete?
In deiskofts-ommegong,
En alles giet to niete!
„It libben hab ik hawn,
En alles is forgongen,
De ljeafde en trouwe en rom,
Hwer iens myn hert oan hongen!
„Hwat bliûwt? De wrede trou,
De wierheit fen ’e dea....!”
Sa song dy âlde kening....
Dy trou bisong hy nea!....
1902.