SICHTTIID.
De rogge, dy blinkt yn ’e sinne,
De reden binn’ moudich en droech,
De beammen dy rûzje op ’e diken,
Yn middeislom warrich en slûch.
Sa ticht is it lof fen ’e beammen,
Sa hearlik de geur fen it blomt!
Hja bloeije de simmer tomiette,
Midsimmer, dy ’t gloeijende komt!
Nin fûgelte sjongt op ’e diken....
It Súden, dat njuntet sa soel....
De miggen, dy hingje to gounzljen
Wjukskitterjend boppe de poel.
Twa stammige bjirken hjar krunen,
Dy lizze oer it wetter in skaed;
Oerpake dy hat se der plante,
Dy beammen troch ’t ringwâltsje skaet.
Dy plichte hjir Sneinseftermiddeis
To kommen, d’ âld stôk yn ’e hân,
’t Slap pypke yn ’e mûle, sa kuiere,
Hy stadich dan ’t kampke út nei ’t lân.
De rogge dy blonk yn ’e sinne....
Dan rekk’ne d’ âld man oer ’t biskot,
En as hy yn ’t skaed siet to rêsten,
Kaem slûch slim in knipperke ’m oer ’t mot.
Dan dreame d’ âld man fen ’t jong baeske,
Dy ’t ienkear hjir ploeide mei ’t span;
Ho rjucht kaem dy fûrge to lizzen,
De hynsders dy pûsten derfen!
De kluten, dy glinstren fen wiettens,
De protters, dy saeiden erop del,
En de hearlike maitiidssinne,
Dy kleure ’t jong baeske syn fel.
De siedding kaem op en de sinne,
Joech d’ierensé glânzen fen goud;
Noch faker waerd’ ploege, waerd’ eide,
En ’t sied oan in ikker bitroud.
En ienkear op Sneineftermiddei,
Do kuieren der twa nei dat lân....
De rogge, dy blonk yn ’e sinne,
De fûgeltsjes mouden yn ’t sân.
Gjin moaijer Snein hat pake libben,
Nei dizz’ iene letter wer sjoen;
De sinne dy sonk yn it Westen,
Oer ’t fjild gloeide ’t ljocht fen ’e joun.
En d’ieren dy weagen en sûzen
In frjemd gouden séwiid allyk;
Hwat wierne hja mâl mei elkoarme....
Oerpake wie ’n kening to ryk!
Nin minske strúnde om op ’e reden,
O sillige joun for dy twa!
Ald-tiiden fen ljeafde en fen wille!
Mid-simmer fen lok wie ’t oan ta!
De joune dy foel. Oer de fjilden,
Loek simmerdau sulvrich en fyn;
De moanne kaem op troch de beammen,
Sêft-sjongend helle oan nou de wyn.
En altyd alweroan gyng pake,
Nou Sneinseftermiddeis dat út;
En einliks do roánen twa jonkjes,
Tik-boartsjend ek mei him dat út.
En d’ieren, dy blonken en bûgden....
De sichttiid is kaem yn ’e hjerst,
De bânnen, dy lizze om ’e skeaven,
En pake is op ’t lân nou mar ’t ljeafst....
De hjerst is ek kaem yn syn libben,
De sichte is ek gien oer syn lân....
En stadichoan falle der drippen,
Op pake syn ronflige hân.
Hy kin hjar, hy kin hjar net misse,
Syn Anne, sa gol en sa goed!....
’t Ald herte forgiet hast fen langstme....
De bern sitte om pake yn ’e noed.
Syn troanje is biklonken fen smerte,
Syn hier is sa wyt waen as snie....
Hy’s d’iensume ier op ’e fjilden,
Dy ’t de hjerststoarm stean litten hie.
En Sneinseftermiddeis dan kuiert,
d’Ald man mei syn stokje yn ’e hân,
De reed út nei ’t poelke yn ’e beammen,
Dy rûzje as fen âlds oer it lân.
De rogge, dy blinkt yn ’e sinne,
—Ho moai stien’ de fruchten erfor!—
Mar pake dy kin net mear dreame,
....Syn oanhâld, syn Anne dy stoar....!
Hy sit nou to sjen yn ’e fierte,
Nei ’t Westen dat dikerjend oer,
Der riist út ’e beammen fen ’t tsjerkhôf,
’t Readpannich ôfdakje op de toer.
En pake syn dyk’rjend âld eagen,
De triennen dy komme deryn....
Hwerom moast dy iene ier ek falle,
Ien stean noch for waer en for wyn?....
* * *
De hjerststoarm dy waeide út it Westen,
En pake dy kaem nou net der;
De maitiid lei ’t erf oer ’e fjilden,
De ploeijer dy ploeide der wer.
Oerpake mei ’t stokje hiel stadich,
Kaem noait wer de lânnen Sneins del,
De sichter seach d’ âlde ier bûgen,
En sloech him mei ’n inkle slach del.
De rogge, dy blinkt yn ’e sinne,
d’ Ald beammen, dy hat ’t oer alear....
Oerpake dy ’t plichte to kommen,
Oerpake dy komt nou net mear.
De fjilden stien’ keal en forlitten,
De skeaven binn’ boun en er wei....
In ierde forwachtet hjar maitiid,
Oerpake út it Easten syn Dei!....