HJAR SANG.
In boat driûwt fier fen hûs,
Hwat lokket it weachgesûs,
De skipper is mymrjend allinne,
Mei loft en weagen en sinne!
In boat driûwt oan op ’t strân,
Him wachtet lok op it lân!
De wille, syn sin, syn Marije....
De lokjende weagen swije....
Hy fynt it doarp, syn faem,
As frjemdling is hy der kaem,
Hja lake sa wyt en sa derten,
Him hat s’ al jierren forgetten!
In boat driûwt fier fen hûs,
Hwat lokket it weachgesûs!
’t Wanhopige herte fol lijen,
Unthjitte it for ivich it swijen.—
1902.