WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 39: LIBBENSBLOEI.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

LIBBENSBLOEI.

For ANT.

Hja wie as in keninginne út âlde tiiden. Op hjar holle hearde in kroan, om hjar hals hearde it goud en hwat scoe hast goedernôch wêze, om troch dat hearlike omskot droegen to wirden?

En nou ’k dizze wirden delskriûw, dizze swakke wirden fen in swak minske, dy ’t de skiente festhâlde wol, nou riist se wer for myn each op, sa great.... sa heech.... sa hearlik....

Ik groet dy, siel fen in bern yn in omskot fen ’e goaden! Hwerom draechst dat mei op in ierde, hwer fornietiging dy wachtet en âlderdom en syktme? O, de blommen fen ús ierde bloeije sa koart en it stof leit al ré by de teare staltsjes en dat komt al heger en heger.... Der twirret de wyn oer it kroantsje.... de blom hat it libben, it ljocht en de dea kend.

Mar nou sjoch ’k dy noch ris wer yn al dyn hearlikheit!

De godlike sinneglâns lei yn dyn each en dyn reade lippen sprieken in treftich wird, dochter fen myn Fryslân. As de skimerjoun oer de fjilden slûpt en ’e poarte fen it Forline my noadet ta ynkommen, dan libbest yet for myn each, dat him net sêd sjen kin oan dyn skiente! Dan hear ik wer dat innige yn dyn lûd, dat myn herte yn ûnbidimbere langstme nei boppen tilde, nei in lân fen ’e ivige simmer en ’e ivige skiente! O hiestû mar in blom west—ik hie dy drage wold mei al myn langstme nei dy oarde.... O hiestû mar in fûgel west, ik scoe dyn gouden wjukken aeije en dy fleane litte nei it blau, dat gjin wolkens ken en hwer nin floiter wachtet en syn tûke netten spant! O hiestû mar in millodij west en myn earen hiene dy forstien! Dan scoestû for my west ha as de skat fen ’e keningin fen Scheba, dy ’t gjin eagen telle koene en ljeafliker for myn hert as in jonge breid en for myn geest as in welle, dy ’t nea droechte ken.

Mar dû wieste in minske en dû hiest it libben ljeaf, hwent it wie noch de opgeande dei by dy. Dyn each, dat skittere, dyn mûle dy frege en dyn herte dat winske, folle-en-net-genôch.

Ik ha dy ljeaf hawn, Ant en derom hâldt myn geest dyn byld fêst en ik jow mei in skerpe etsnuddel de omtrekken fen dat byld oan oaren. Dan scill’ hja dy ek ljeaf ha, omt dû ien fen hjarren wiest. Dû wieste ommers ek ien út it rjuchte laech, frysk fen âlder ta âlder en dû haste lyts west op in hoarnleger, sa’s nea bernefoetsjes in twadden ien fine. Der groeide en bloeide it in hiele simmer troch; der koe min gjin snoeimessen en hageskjirren. Der skûle it bjinhout yn in mantel fen flearebeammen en by de brede greft stoaren in hiele rige fen wylgenmoezen fen âlderdom. De houtdou koerde der ta de joun út yn ’e bloeijende linebeam en de hearlike roazen geuren yn ’e keamers op.

Sa wie dyn jonkheit en dû wieste de jongste fen ’e keppel. Dyn heit hie dy ljeaf sa ’s syn âldste soan en yn dyn memme herte wie allinne plak for dy. Hjar mûle wie net stil fen dyn lof en hjar herte trille fen tankberens. O dat fredige hiem yn dat âlde bosk, hwat habbe lange, lange jierren dy letter skaet fen dy bernefoetsjes en dat bernelok! Dat hiem is der yette, mar syn âlde beammen binne oan ’t omfallen ta, it is sa stil as in forlitten hûs en de houtdou koert der noch wol, mar as in fûgel by in forbâlle nêst. It ljocht, it libben hat de wyk spile nei in oare contrein. Dyn âlderlik hûs is forlitten, forfallen, forgetten.

En it wie doch sa ’n moai hûs. Der wennen soune, frije minsken—der skripten se for it brea—der fregen se de wille to gast—der joegen se elkmis sines—der droegen se nimmen in kwea hert ta. Alle goede geesten ha der efter dy lytse rútsjes tahâlden, dy ’t nou forkomme yn ’e spinrêgen: de gastfrijheit lake yen by de doar al ta, de wierheit hie hjar fêst plak by de hird en it glimke fen ’e frjeonlikens is der nea op ’e mûle bistoarn. De treflikens siet hjar yn ’t bloed en in fêst geloof droegen se in libben lang yn it hert, ont se it by de dead ynruilen tsjin skatten, hwer de mot net oan komt en dy ’t fen gjin forrostjen witte.

En der bistû by great waen, o sa stadichoan, dat heit en mem it hast net mirken, ho ’t dat blomknopke al greater en greater waerde, om strakjes ynienen yn folle bloei to stean.

En heit en mem winsken nou beide, dat de Tiid mar net sa hird mear fleach! Ho moasten hja it úthâlde sûnder dy foetsjes oer ’e flier en dy glimkes en dy aeikes?

Mar de Tiid, al wie hy ek noch sa âld en warrich, woe net wachtsje en ynkomme. Hwerom dat ek? Op syn wei mette hy sa ’n hopen, dy rôpen al fen fierrens: foart! foart! Dat wierne de bidrukten en de earmen en ’e wanhopigen! Hja droegen swiere lêsten en de measten hiene in greate woune yn it herte, hwer de âlde wize Tiid alline mar de balsem for fine koe. Hja jagen him aloan mei de swipe fen ’e hoop op bettere tiiden, mar och! syn âlde foetten roanen der net hirder mear om.

Sims op ’e joun yn ’t moaije waer woe hy wol ris efkes stil stean en omsjen nei in pear jongeljue, dy ’t inoar ljeaf hiene en net om strúnders tochten. Mar as hy hjar dan tomûk efkes op ’t skouder tikke en groete mei de klokslach fen in fier toerke, dan seagen hja elkoarren oan en winsken, dat hy noch mar de helte hirder fleach, dat hy mar wjukken liene mochte, om de fiere takomst, dy ’t hjar talake as de gouden dage fen in nije dei, to bringen o sa ring, sa ring....

En de Tiid wie ’t jeijen al sa wend, hy wachte net, do ’t heit en mem der him om fregen.—

De blossomkes yn it hôf seagen it ljocht en de goudene flinters de sinne. Dat bloeide en geure, dat floddere en skittere yn eineleaze wille, dei út, dei yn, en der kamen tûzenen blommen út, d’iene al moaijer as d’ oare.

En der op it stille hoarnleger kaem ek in blom út. Dy wie noch ljeafliker as de appelblossoms en noch dertener as de flinters: dy hie fen de sinne hjar ljocht liend.

Bloeide dy blom fier om fjirrens yn oare lânnen, grif hiene se hjar yn sangen prize en miskien wol droegen nei moarmeren troanen. Nou bloeide dy blom op in ienlik hoarnleger en de measten wisten it net iens, dat der efter dy beammen en greften hwatte bistie, fen hwaens hearlikheit hjar each net sêd wirde en hjar herte net swije kinne scoe.

Ja, dû wieste in keningin yn dy dagen. Ik haet it lot, dat dy net sparre hat.

En dû wieste as in blom, de poarperen dage seach dyn moai en de sinkende sinne naem dyn oantins mei yn it Westen. En der kamen in hopen, dy woene dy meinimme. Hja kamen fen Easten en Westen, fen Súden en Noarden en hja gyngen wer, mar hjar herte bleau by dy. Dû wiest in treftige dochter fen Fryslân—dû hast mei nimmen spile, mar hwa koe dy forjitte?

Hja binne foartgien; hjar hânnen wierne to wreed en hjar tunen to kâld for de ynmoaije seldsume blom en heit en mem geiden it út: noch mochten hja hjar blom, de freugd fen hjar âlderdom bihâlde.

Mar do kaem der wer ien—ik sjoch him noch—it wie in man, in greate túnter en de moaijste blom wie him krekt goedernôch for syn hôf. Dy learde dy, hwat ljeafde is en dû lietste dy oerplantsje út ’e stille tún fen dyn âlders erf wei nei in frjemde lâns-douwe en it die heit en mem sear op hjar âlde dei.

Dat wie de lânsdouwe en ’e tún, hwerstû hearste. Der wenne altyd de simmer en hy hie dy ljeaf, sa ’s de parelfisker syn skat ljeaf hat, dy ’t hy op it herte draecht en de mem hjar earste soan.... ja noch ljeaver as de minsk it lok hie hy dy....

Sa hast dû it heechste smakke, hwat for de minske weilei is. De goaden hiene dy ek ljeaf,.... hja ha dy alles jown, hwat hja sels bisieten, mar och, de onstjerlikheit koene hja dy net jaen. Do ha se dy for de soargen fen ’e âlde dei biwarre.

In wjirmke, dat gjin thús mear hie, socht syn oanhâld by dy. It wie der sa moai to wêzen, alles sa jong en sa soun. En it wjirmke bouwde in hûs mei hoalen en gongen en foun yn dyn omskot in thús for altyd. Hy hat dy nea wer forlitten, mar oaren roppen, kammeraten, dy ’t pine en lijen brochten en syktme en dea.

En myn hert is yn opstân rekke yn ’t foarútsjen op sa’n ein en in hopen mei my. Alle wysheit út ’e wrâld is gearhokke om dyn legerke en tûzenen herten ha der noch hope op betterskip.

O blossomke fen it hôf, o sierseltsje út ’e tún, hwat wie dyn bloeitiid koart!

It stjerren fen in blêd is neat en fen safolle dingen net, mar it ivige swijen, dat oer in herte komme moat as it yette it blide libben tomjitte tikket mei al syn langstme en ljeafde, syn wille en winsken, dat is de wreedste wierheit fen it libben.

Noch stie it blomke oerein, noch jage yn dat hearlike omskot it jonge bloed, skitteren dy eagen mei de glâns, dy ’t hja fen de sinne liend hiene.

Mar op in waerme joun, do wie de blom forbloeid. Hja draeide hjar kopke om en seach for ’t lêst de sinkende sinne en ’e ierde, dy ’t hja sa ljeaf hawn hie. Do joegen hjar brekkende eagen de sinne hjar glâns werom en hjar hearlik omskot forfoel oan ’e hân, hwer it ut foartkaem wie. O dy hearlike eagen, dy ’t nin nije dei wer sjen scoene!....

Mar dû hast it libben kend en it greatste lok, dat for ús minskebern weilei is. Der binne sa’n hopen, dy ’t de poarten fen dat bigearde hûs net iens sjogge, lit stean der ynkomme, mar dû hast der yn west en op ’t eareplak sitten.

Dû bist biwarre for it lot fen ’e weagen, dy ’t nea de sé fine, fen ’e lampe, dy ’t nea de gloed fen it ljocht fielt, fen it boek, dat weilein is, sûnder lêzen to wirden. Dû wiste, hwat ljeafde is, it libben hat neat fen syn hearlikens bynefter hâlden.

Slomje dan ûnder dyn terpke op it hege hôf. Wiest net in pilgrim, útrist as in kening, dy ’t by de ein fen syn ierdske reis oanlânne is? in skipke, dat syn lêste haven foun hat?

’t Kin wêze, dat der oaren komme, dy ’t wer wêze scille as keninginnen yn âlde tiiden en dy ’t my de pinne ridelje litte yn ’e hânnen, mar yn myn herte hast dû dyn plak allinne, sa’s de sinne oan ’e loft en ’e ljeafde yn it libben.

1902.