WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 40: DE KENINGSSOANNEN.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

DE KENINGSSOANNEN.

De greate kening wiûwde
Ta ’n ôfskie mei de hân,
Dêr gyngen s’ alle trije,
Syn bern, nei ’t frjemde lân.

De wyn striek oer ’e seilen,
It moarnsgoud sparke oer ’t Wiid,
Oan d’ igge dreame d’âlde,
Tocht om hjar bernetiid.

Nou wierne it keningssoannen,
Nin bern mear as alear....
Nou sochten keningsherten,
De frjemdte om rom en ear....

De wyn striek oer ’e seilen,
En d’ âlde kening ’t seach;
Hy bleau—mar o! syn herte,
Sa fier mei ’t skipke teach!

          *  *  *

Der binne jierren kommen,
Der binne jierren gien,
En ’t âlde keningsherte,
Is hast fen langst forgien.

Der hawwe seilen blonken,
En ’t longr’jend herte sloech....
Der binne seilen gongen,
Dy-t hy in trien meijoech....

En einliks kaem der tynge,
—Mar hy kaem selme net—
Syn âldste soan, syn ljeafste,
Hie him nei wenjen set....

Nei wenjen yn ’e frjemdte,
Mei ’n faem fen frjemdlânsk bloed,
Hy stjûrde in groet fen fjirren,
En frege om ’t memmegoed....

En d’ âlde kening skûrde,
Syn mantel, poarperswier....
De rouwe hat forsulvre
As snie syn wâljend hier.—

          *  *  *

Wer stouden mennich jierren
Foarby, s’ as tsjef oer ’t lân,
Do hâlden frjemde boaten,
Oan op it stille strân.

Yn jonkheitsfleur sa gyng er,
Syn twadde, en kaem werom,
Mei rom en ear bifriss’le,
Mar dea—en kâld—en stom....

En d’ âlde kening tochte,
Yet om syn bernetiid;
En d’âlde eagen dig’ren,
Fol langst wer oer it Wiid.

          *  *  *

Wer blonken fiere seilen,
En ’t âlde keningseach,
Seach ôfmed nei dat kommen,
Sa jamk hy dat al seach....

Mar o! dit boat, dat koed er
’t Wie ’t âlde fen alear!
De skipper wie syn jongste,
Hy wiûwde kear op kear!

It frjemdlân hie him lokke,
It frjemdlân hie him jown
Al hwet syn herte troaide,
Hwer ’t each mar nocht oan foun!

Mar yn dat manljuesherte,
Der wenne in dreambyld yn,
Syn heit wie ’t op in hichte,
By ’t ôfskie, lang forlyn....

Hy seach gryshierren triljen,
Hy seach in each fol gloed,
En him, bihirde yn ’t libben,
Him waerd’ nou fol it moed.

Hy fielde in langstme wâljen,
’t Rûze oan, in stream allyk....
Noch wie hy ’t bern fen d’ âlden,
Al wie hy wiis en ryk!

Noch wie syn ljeafste plakje,
Op d’ ierde oan dat hert;
Noch dielde ’t yn syn wille,
En snokte mei syn smert.

Nou wie de man forgetten,
It bern dat foun syn heit!
Hwat giet foar berneljeafde,
En âldersillichheit?

De kening naem syn mantel,
Sloech dy om jonger lea;
De kening naem syn kroane,
Dy-t gloeide as jountiidsrea....

Blondhierren ha dy droegen,—
Mei ’n skitt’rjend keningseach....
In âlde kening dreamend,
Nei ’n jonge kening seach.

1902.

DE KENINGSSOANNEN.

Dútske wize.
Wirden fen S. KLOOSTERMAN.

Andante