LEED EN WILLE.
Aene Wypk dy sei de bakkerinne goedei en noch mei de neigalm fen in healhûndert rabberspraetsjes yn ’e holle, bleau se efkes stean, om de wei út to sjen, ef hjar dochter der ek oankaem. Do draeide hja moi rimpen ’t loântsje op, dat twisken twa rigen bjirkebeammen op ’t Boskpleats oankrinkele.
Fluggernôch koe se noch út ’e foetten komme, dy Aene Wypk. In bonkich, houten fromminsk wie ’t, stevich fen skouders, dêr ’t it swart thibéjen jak sa spand omhinne siet as in bos, mar al danige forfallen fen troanje. Der lûken djippe tearen om ’e mûlshoeken, de noas waerd’ skerp en it fel ronfelich as in Febrewarisringenet, mar de wangen bleauwne reafallich as de lêste neiskimer, dy-t gjin jierren en soargen útwiskje koene, fen de moaije Wypk Sytses, dy-t ienkear bistien hie.
En sa’s hja ’t wol tûzen kear dien hie, roán hja nou ek wer fluch op de everlasten skoen nei hûs ta—dizze let-Novimbersneintomiddei nei tsjerkstiid, it ’salmboek mei sulverbislach yn ’e hân en in heap nijs út ’e bûrren yn ’e holle.—
„Dêr komt jimm’ mem al oan,” sei Aen Claeses, wylt hy ta ’t finster útseach en krekt op ’e fingers neitelde, op hofolle sek djûre hjouwer him syn min hynstehea wol net komme scoe to stean.
„Jow hjar fjûr—en dû Ant, yit mem ris yn,” bitsjutte hy syn dochter. Do stoppe hy syn birdbârnderke mei it Sneinse hearebaei en seach mei lydsumheit, dat der wer in tongerbui opbroeide oan syn húslike himel, hwer it—sei!—lang net altyd moai waer en foar de wyn wie. As Wypk it mâl fel oan hie, spûke it der sims omraek—ja, der waerde selst op ’e bûrren fen gnúte en dan moast it wol oer ’e hege skoen gean, hwent alle praetsjes kinne oars net in healûre sûnder sykheljen—sûnder forgreate to wirden ef stil to forsliten.
Mar ienkear—nou ja, it wie al lang lyn—do hie Aen Claeses om ’e moaije Wypk stike, jierren en jierren der om frijd en by heech en by leech sward, dat se syn wiif wirde scoe en dat oars it reap for him ek net om ’e nocht draeid wie en as hy der nou bikaeid mei útkaem, hwa koe’t helpe? En Aen Claeses, dy smookte syn pypke, kroaske hwat om hûs en hear hinne op in pear kramme klompen, dy-t rattelen fen âlderdom en as syn wiif wer op bigoan te spinnen, dûkte hy mei syn fyn âldmantsjekopke en wite kroltsjes yn it feal buffeltsje wei ef spile de wyk nei ’t bûthús, der ’t hy yn ’e greatste frede en wolbihagen hwat op ’e bisten om bigoan to rossen.
It wie in janefot, dy Aen Claeses, fen syn wite kroltsjes êf oan ’e greate tean ta. Ho ’t sa’n núver span, oan-inoar keppele as in pear stymske skiep, dochs in tweintich jier mei-inoar omploeije kind hie yn ’e swierste sin fen it wird, der stiene de measten forsteld fen, mar it gyng sa: Aen Claeses sûzebroeke mar hwat foart en syn wiif, dy hie ’t heft yn ’e hânnen en fegebeurte aloan en alwei. Sadwaende wierne Maertske buien mar in lytse ôfspegeling fen ’e húslike ienriedigheit op ’e Boskpleats, dat moaije spul, djip biskûle yn ’t beamte as in lyts keninkrykje op himsels.
Binammen as hja de skonken sa linich foarút smiet en it eptige thibé fen ’t skoárt hjar efternei floddere as stoaters-bûntgoed: „dan forsjitte de stjerren,” miende Aen Claeses bidachtsum en makke ornaris, dat hy fen rúten kaem, mar it siet hjoed sa smûk yn ’e briedstoel en ’e hearehoutsjes, dy knapten sa nochlik yn ’e klomkachel: „ik bliûw,” tochte Aen Claeses foar ’t earst yn syn trouwen, „’k scil myn man stean, sjeder!”—
Wypk kaem yn—de frisse kâlde Novimberloft noch yn ’e klean, de hânnen klûmsk yn ’e tippe fen ’e omslagdoek.
„Hwer ’s Luts?” frege hja gysten en seach it omsittend laech ris roun. Luts wie der noch net—oars wierne se allegear presint, de boer, de feinten, de faem, Ant, de jongste dochter en Jan, it lytse Benjamintsje fen ’t hûs, bidoarn al foar ’t hy rinne koe troch pake en nou as in boike fen acht jier de greatste húspleach fen ’e Boskpleats.
„’t Is my hwat moaijs, dat folk, dat skooiersfolk!” bigoan Wypk breinroer. „Deis stikken en ûngedien en Sneins—de dames! Hearstû dat, Aen?”
„Ik bin net dôf!” andere hy binijd, hwer dit hinne moast en dûkte him, mar it sneins jaske, dat hie de snider to krap bimetten, der koe hy net yn weiwirde. Geduldich wachtte hy derom nou, dat lytse, goelike mantsje der yn ’e hirdsherne.
„Ik koe se forgrieme mei hjar botsense pronk!” rôp Wypk nou sa lûd, dat âlde Karo, dy stiek syn earen op en harke ek al mei. „En nou hat me dat fanke ek noch dy rike Haeije oen ’t hântsje! Grif om ’e fjirtjin dagen, sei bakkerinne en sok iens spul....
„As jy nou ris sizze woene, Wypkje, hwa?” miende Aen Claeses bidêsd.
„Hwa? Bigrypstû dat net? Sije Hinke fen ’e mounle ommers! Dat folk slacht me in swé, wy binne der neat by, kin ’k dy sizze. Mar yn dy, der sit ek for gjin koarel kriich yn.”
De feinten, dy-t it paed rûm seagen, knypten stil út, de faem joech hjar ek ringen ôf, mar harke earst noch efkes foar ’t slots-gat, de bern wierne allang foart en Aen Claeses bleau der allinne foar sitten, om mei syn wiif en hjar lilkens oan to pielen. „Mar hwat scoe dat nou allegearre?” suchte Aen Claeses, dy-t der gjin bigryp fen krije koe, ho-t syn wiif hwat mei mounlers Hinke út ha koe to stean.
„Is ús Luts sims minder? Us fanke? En Haeije sjocht hjar net iens! Né, dat forhinget him mar oan sa ’n Hinke mei hjar geisige wangen en bleek hier.”
„Ik kin him derom net foar ’t rjucht bringe, wol?” frege Aen Claeses en geat bidachtsum syn leste kopkefol thé yn it saksise pântsje oer.
„Hwat biëamelst nou wer mei dyn kinnen?” frege hja wer. „Wy ha jild en kinne alles en ik wol it sa ha, ik wol it! Dû siste Freed mei ús Luts nei stêd ta om in holoasje en in earmbân en nije mûtsspjelden en....”
„Goed,” sei Aen mar gau, hwent krekt waerde de doar iepen dien en Luts kaem yn.
Sounens en frisse loft hiene roazen op hjar wangen lei; it wie in frysk fanke út it rjuchte laech, fiks út ’e klúten sketten, fearich en great as hjar mem mei de kreazens fen hjar achttjin jier derby. Fen hjar heit hie hja it moaije en ’t sêfte yn ’t antlit—syn stomp, fyn noaske, syn blauwe eagen mei de greate, swart-omrânne eachsappeltsjes, mar de reade mûle mei dat berneftige tipke oan ’e ûnderlippe, it dobke yn ’t blanke kin en it wolbirette yn ’e hiele útdrukking fen ’t gesicht—dat hie hja fen hjar mem.
Hja loek it manteltsje út, sette it earizer ôf en de wite mûtse op en forwiksele de Sneinse klean for it ienfâldige jakje, om de beide bêste kij op ’e heechste stâl efkes to meltsjen, dat Aen Claeses oars oan nimmen tabitroude.
Stil sa ’s hja yn ’e keamer kaem wie, gyng hja der ek wer út. Heit en mem seagen hjar beide efternei; ho min ’t hja ’t oars ek mei-inoar fine koene, dochs wierne hja ien yn ljeafde for hjar bern.
„It giet hjar neijer ast’ tochtste, net?” sa hifke Wypk him. „It is ek alles net, mei de hjeldagen gjin foarrider to hawwen en dat sa ’n frouminsk—as in lôge, al siz ik it sels.
„It is in moai bern, ús Lukke, mar mei ’t trouwen is ’t allinne ek net goed....”
„Omt it mei ús min útpakt is, n’t boskboer,” gnyske Wypk.
„Ik bin hjir oer en tofolle,” sei Aen, dy-t spûk bigoan to sjen, Wypk koe ris wer bigjinne en derom him ljeaver ôfjaen woe. Hy kuijere stadichwei nei de doar, mar ek gjin stap hirder as gewoanwei en syn wiif, dy bigoan it fen nijs oan wer op to sizzen, hy hearde it noch, do ’t de bûthûsdoar al efter him tichtflapt wie.
In amerijke bleau hy der stean en seach it bûthús ris lâns en do nei Luts, dy-t op in skammeltsje ûnder it iene bist siet to melken. De kij stiene beide sa stil as mûskes en by it twiljocht fen ’e lantearne skitteren Luts hjar wytblanke earms as ljochtplakjes yn it healtsjuster fen ’e lege balken en ’e hege sketten.
Aen Claeses brimde ris, fage kwânskwiis yn ’e stúdsje wei de lêste raeikes foar de miellingsdoar wei en tipele do hwat mei it koekebakje om, sûnder ien inkele to brekken. It bleau in skoftsje stil yn ’t bûthús; de feinten plôken mei de heaplôke de jounsjeften bêst finhea út it ieslok—min hearde se potsjemeitsjen en oangean yn ’e skûrre. Alle bisten stiene oerein, hja langhalzen nei it swietrûkende foer. d’ Ald mûskop kaerdse syn rûchhierrige kop oan ’t kouwesket en harke nei ’t tichtslaen fen ’e doarren, ef de boskboersdochter der ek oankaem om him syn timke brea to bringen. De jonge hynsders sloegen boartlik tsjin de sketten en gnobben nei-inoar en yn it skaed fen ’e lege jernamers siet de âlde sifertse boarre to spinnen mei al de wirdichheit fen syn fewielen eptigheit.
„Luts fanke,” sei Aen Claeses.
„Hwat wie der oan, heit?” frege hja binijd, wylt hja efkes ophâlde mei melken.
Aen Claeses brimde ris en noch ris en do sei hy: „Mem is alhiel út ’e liken om—nou dû wist wol. Mar it kin dy neat skille, wol bern?”
„Né heit,” andere hja bidaerd wei en bigoan wer to melken, dat de speten môlke opbrûsden yn d’amer en hjar kreftige hânnen trillen. Lokkich, heit gyng nou by hjar wei, hy koe it rea fen spyt net mear sjen, dat hjar nei de wangen fleach en it halske bipoarpere. Nou, ef ’t hjar ek hwat skille koe! Haeije hotus en totus by mounlersfolk en Hinke hjar in reed foarút! Hwa hie dat tinke kind fen Haeije? En hjar seach hy net ienris! dat wie in koel goemoarn ef joun en dermei ôfroan en it paste oars sa krekt, jimm’ beiden, hie mem al ris sei, do ’t Haeije en Luts faek út ’e jounskoalle inoar’s bywêzen sochten: jimm’ binn, for inoar yn ’e widze lei, sjedêr.
Luts lake ynienen fen spyt en gyng oerein. Hja hie ’t dien.—
Nou waerde it libben yn ’t bûthús. Gongen wetter waerden oandroegen, de faem kaem der ek oan mei it spantou en ’e skammel yn ’e hân, om hjar stikmennich kij to melken en ûnderwilens mei de feinten to maljeijen, ho mâlder, ho moaijer. Benjamintsje tyske mei in fyn wylgenryske yn ’e keallen om op ’e lytse stâllen, dat se oangyngen as wylden, krekt sa lang, dat it de greatfeint forfeelde en hy him, mei in: „dû ondôgense jonge!” in lawibes joech, dat Benjamintsje as in oprôlle igelbaerchje oer ’e mielling tûmmele, syn bikomst krige en mei sân en raeijen bihinge, by memme skirte syn need klage.
Aen Claeses joech him del, nei-t hy sa twa-trijeris it bûthûs lâns trape wie, op in foech bankje by de heafeksdoar en rekkene stil for him hinne oer ’t gemaek en biskot. Foarút gyng syn spul, sei de hiele wrâld en syn pong sei it ek, „mar de frede kin ’k net keapje,” suchte d’âld man en tochte om in ienlik boerespul yn it lege lân, der ’t hy lyts west hie....
Hy hearde it net, dat Luts fen ’e stâl ôfkaem en ’e amers delsette, net de droktme fen sa’n fjouwer beuzige minsken om him hinne, dy-t skripten om it Sneinswirk dien to krijen—hy tochte aloan om dat ienlike boerespul yn it lege lân en dy âlde grize klapperbeam oan ’e kant fen ’e sleat, dy-t sa húverje koe yn ’e jounswyn. En derboppe yn ’e krún lei in âld weintsjel en alle jieren alweroan kamen de earrebarren en nesselen erop. „Hja bringe ús lok,” sei syn heit dan ornaris as in âld folkssegje fen ieûwen, ieûwen lyn en do-t der ris in jonge earrebarre delkaem, noch yn ’e plûm en bloeddrich kniesd, waerde hy as in saeijerke opfokke en kuiere letter Sneintomiddeis mei al de permantigens fen syn súddlânske komôf om hûs en hear. Mar do-t de hjerst de earste bledden mei syn goud oerstruide, lokke ek him de rop fen ’e earrebarrekloften nei it fiere, fiere strân en ’e ivige simmer ta. En in lytse boi stoareage him mei triennen yn ’e eagen nei, de wite stip, dy-t weiwaerde, fier, hiel fier yn it reine blau fen ’e lofteinder...., krekt sa’s letter de frede weiwaen wie út syn libben.
„Ynkomme!” rôp syn wiif mei hjar skel lûd troch de miellingsdoar en seach it bûthûs ris lâns.
„Hwer’s Luts nou wer?” frege se Aen koart oanboun.
„Yn ’t simmerkeamerke oan ’t forklaeijen”, andere de faem, dy-t krekt nei de keamer ta scoe.
„Dû soest dy mar stilhâlde, ik freegje dy ommers neat, wol?” sa snûrre Wypk hjar ôf.
„As Haeije Luts mar ris frege, sok freegjen noaske de frou”, gniisde de faem.
„Hâldst op, flarde! Oars derút!” sa spatte Wypk ynienen op. „Sa’n faem! dy-t hjar brea iit, dy-t se út in heideklintsje opswile hie! dy doarst me hjir prate oer hjar greate tobekset mei in fyn gnyske fen wille!”
En hastich fen nidigens snjitte hja nei de keamer.
Der siet Benjamintsje al op in stove mei in great boltsje mei giele sûker, om ’e triennen wei to iten en ’e jongste dochter fen Aen Claeses, in spjuchtich fanke fen sa’n jier ef fjirtsjin, dy siet neist him en bledde slûch fen ’t omflitterjen bûtendoar yn in âld almenakje.
Op ’e fjouwerkantige tafel stiene de broggen ré en min rûk de kofjegeur út it koperen tsjetteltsje al fen fjirrens. Njonkenlytsen kamen hja allegear wer yn, mar it bleau núvere stil yn ’e keamer en ’e kopkes waerden ridlike gau omkeard, sa graech woene hja der wer út. De feinten gyngen nei de bûrren to strúnjeijen ef nei in aerdich fanke to jounpraten en de faem stiek skeanoer op ’e neiste bûrljue fen Aen Claeses oan, der ’t hjar kammeraetske wenne.
Luts krige it earizer fen ’t kasje ôf en sette it wer op foar ’e spegel, dy-t twisken it kammenet en ’e sikkertaire hinge. Do joech Aen Claeses hjar de Ljouwter krante oer en gyng hja yn in hoekje sitten to lêzen, ticht ûnder ’e hanglampe. It koe ’t wol lije, dat it skerpe ljocht op hjar antlit foel, der wie noch gjin fâldsje yn to finen—it wie sa fris en rein as de earste roazen in Juny.
„Hark, der is hwa!” en Aene Wypk, dy-t hwat slûch waen wie mei in gleone stove ûnder, stiek de holle op. Hiel tomûk seach hja ris nei de klok—hearink, krekt acht ûre! As der ris immen wie om Luts!
Der waerde de doar al iependien en in prústich feintsje kaem yn, in dûkhoedsje op, yn ’t swart mei ’t wyt foar, in gouden haloazjeket mei in bingeljend singenet op ’t fesje en in hert fol moed derefter.
„Joun,” sei hy.
„Joun,” anderen trije mûlen, d’ iene bliid, dat wie Aene Wypk, d’ oare ûnforskillich, dat wie Aen Claeses en ’e tredde skrúten, dat wie Luts Aens. Hja gyng oerein en joech him in stoel foar ’e klomkachel, der Aen Claeses ek siet, dy-t de lea oars al hwat bifoel, mar nou ynienen de slom alhielendal forgetten hie.
Hwat wierne dy âldeljue op ’t snjit! Aen Claeses lei segaren en in lange pipe mei in trochstekker foar him del—hy hie de kar, syn wiif sette in kopke en pantsje op, hwer in slipe klontsje yn glinstere—Luts allinne, dy bleau stil sitten en sloech de eagen bidêsd foardel, hwent, as woe de jongfeint hjar útteikenje, sa lyk seach hy hjar oan.
Min koe ’t him oansjen, dat hy sokke akkefytsjes fen Sneintojounskuierkes wol faker yn ’e útsetting hawn hie; prate koe der as in alk, mei de boer oer ’e jonge hynsders en ’e minne tiiden, mei de frou oer ’e skandaeltsjes, dy-t de bûrren oplevere en mei Luts—nou dy woe noch net rjucht bite. Miskien de earste kear in feint, tochte de biis—nou, der wie hy net sa rouwich om—strakjes scoe it wol better flotsje ûnder fjouwer eagen—en mei in linige swaei skoude hy Aene Wypk syn kopke yetteris ta.
Luts socht in útwiinsel en makke, dat se fen rúten kaem, mar de biis krige it yn ’e gaten en wie hjar op hakken en teannen nei. „Ho ris,” sei hy, do ’t se him yn ’t foarhús net mear ûntkomme koe, „moat dat sa, Lutske? In âld boartersfeint en kin der dan noch net iens in frjeonlik glimke ôf?”
Luts dy lake; hja bigoan aerdigheit oan hjar selskip to krijen. „Hwat kinne jy dochs narje,” andere hja flotwei. „Diselde noch fen altyd en foaral net forbettere!” pleage hja, nou neat net forlegen mear. Stiek hja mounlers Hinke nou joun net de eagen út?
„Ik hie boadskip oan jo,” bigoan hy wer. „Dat scil jo ek wol tocht ha, net, nou ’t ik jimm’ joun opsochte.” Hy wie in slachje greater as Luts en seach nou op it moaije kopke del en socht hjar kleare eagen, krekt as hy der in andert út lêze woe.
„Jy koene ek wol kaem wêze, om ús jonge hynsders ris to bisjen ef sa, nou?” sei hja gútich.
„Ik kom om jo,” andere hy reslút wei, „en ast jo joun past, scoe ik wol hwat langer bliûwe wolle as to kofjedrinken.
„In âld boartersfeint is min né sizzen....”
„Dan ja?” miende hy bliid en syn moaije blaue eagen, dy skitteren fen wille.
„Allinne út âlde frjeonskip, dat moatt’ jy net forjitte, Pijjes,” sei hja en snjitte do nei it keamerke ta, om der hwat fen ’e skrik to bikommen. Fij, dy Pijjes, hwa hie dat tinke kind! Dat wie noch hwat oars as Hinke en dy ’s Haeije! dy koe der net by neamd wirde! En hwat is hy foroare, tocht hja en gyng der efkes by sitten, en great en gnap waen! En hja seach him wer as jong baeske op ’e jounskoalle mei syn brede skouders, dy-t net mear yn in jongesbuiske pasten, sa meager as brânhout en mei de earste slappe pipe yn ’e mûle. Do wierne it noch bern mei inoar, fol oanslaggen en fiten, nou socht de feint de faem yn ’e hearlike maitiid fen ’t libben.
Luts bigoan sêft for hjar hinne to sjongen en stiek de wytpesleinen stânlampe op, sette twa reaukes yn it lakte théblikje ré en skoude twa stoellen by de tafel, krekt fierdernôch fen eltsjoar ôf, om inoar net to forfélen.
Efkes mei in wip yn ’e spegel sjen—hwat Eva’s dochter scoe ea hjar aerd forjitte!—hjir in hierke weistrutsen en der in fâldsje gledlutsen—mei in flecht yn ’e molkenkeamer, om hwat tsjokke reamme op to strewearjen—en do mei gloeijende wangen en in bliid sin wer nei de keamer ta.
Der sieten Aen Claeses en de bisite al wer wiidweidich to riddenearjen oer de lege prizen, dy-t dit jier for ’t flaeks bitinge wirde koene.
„En ’t is oars sok boppest bêst—lang en ticht, komselden sa,” miende Aen Claeses.
„Jonge ja,” liet hy der op folgje, „wolle jy der ris in proefke fen sjen?”
„’k Scoe ’t lije meije”, andere Pijjes, dy-t alhiel op ’t stoeltsje set waerde en him mar smûk yn ’t hoekje by de kachel deljoech. Der hie hy Luts ek krekt yn ’t fesier—en alles, hwat jong en moai is, dat ’s formeits for d’eagen, dy-t noch mar tweintich simmers sjoen ha.
„As der hwat moaijs to sjen fâlt, der wol ’k myn botsen ek wol om forsnobje!” sei hy en seach Luts sa loddrich oan, dat se in kleurke krige as de moankopsblommen yn hjar heite roggefjild en mar al to goed bigriep, hwat for him „it moaijs” bitsjutte.
Aen Claeses, dy gyng oerein en helle hwat fen dat boppest bêste flaeks efter wei en Wypk, dy-t nou ketsjerûmte hie, hâldde de gast oan ’e praet en hjar mûle, dy gyng as in lazarusklap. Pijjes en hja koene it skoan fine—hja hie in bêst sin, it sette ommers ek sa wûndere moai yn mei Luts. Aen kaem werom mei hwat flaeks en Pijjes, dy prize dat—nou, sa ’s in hynsteman syn jonge hirddraver prizet. Ef hy altomets tocht om ’e wysheit út ’e âlde tiiden: „sitst yn ’t skaed fen ’e roazebeam, dan binne de roazen dines,” en woe hy nou de heit nei ’t sin prate, om ’e dochter better bilêze to kinnen? Pijjes Jans wie der bitûfternôch ta, al seagen syn eagen ornaris ljeaver loddrich as fûl.
„Wy moasten einliks ek noch efkes to ôffûrjen,” tochte Aen Claeses in skoftsje letter. „It fé ek ris bisjen?” frege hy oan ’e jongfeint, dy-t folle ljeaver Luts hjar blank antlit ris biseach as dy rûchhierrige dieren, mar dochs frjeonlik tasloech.
Aen Claeses slofte foarút, de toffels heal oan, de eagen mar heal mear iepen fen slûchens—en nou en dan seach hy tomûk ris efkes efterom nei de jongkearel, dy-t hy yn syn gedachten al: „ús Luts hjar feint,” neamde. Dy stapte him efternei mei de hân yn ’e bûs en dy hie d’eagen wiidernôch op for de taksaesje fen Aen Claeses syn fé, dat yn ’e omkrite forneamd wie, hwent bûten en bihalve de moaije Luts wierne der ek noch oare moaije dingen op ’e Boskpleats te finen, in reau en bislach, dat klonk as in klok, by de twahûndert pounsmiet lân om ’e doar, der ’t oer roppen waerde, in slompe jild yn ’t kammenet en Aen Claeses syn namme yn ’t testamint fen in rike âld-omke.
Hwa scoe tinke kinne, dat d’ âld toffeltsjes en it to krap bimetten jaske mei Aen Claeses deryn safolle wirdich wierne?
Mei ’t lantearntsje yn ’e iene en ’e biezem yn ’e oare hân, sa pandere Aen Claeses it bûthús lâns en Pijjes Jans moast it fé taksearje, om ris to sjen, ef der wol in goede boer yn him skûle. Hwent dat nijmoadrige jaske en dat dûkhoedsje, it griisde Aen Claeses oan en doch hie hy ek hiel wol smucht op Pijjes syn kaptael, syn erfskip as ienichst bern! It wie in riken skevel, dy Pijjes Jans, ryk fen heite en memme kant en boppedien—alles stoar him noch ta. En yn Aen Claeses syn slûche holle fleagen allerhânne núvere gedachten ôf en oan—as in greate twirre reagen se yn him om, dat hy der kop noch stirt mear oan fine koe. Jonge, jonge, en dy kaem om syn Luts! Sa’n berneboarterij efter de hage koe wrachtsjes noch wol ris útrinne op de greate boarterij yn ’t grietenijhûs, alhiel yn de es: in nije tilbury, de jonge swarte erfoar, in bult sibben, in bult jild en syn Luts in lokkich wiif! Jonge, jonge, hwat in hael!
Noch efkes nei de efterdoar ta, ef dy goed skoatele wie, sjen, ef de jonge hynsders hjar ek forhingje koene, de beide boppeste kij gau efkes tomûk over de brede rêchen streakje en do sochten hja de keamer wer op.
„Nou scill’ jy wol ljeaver ris hwat mei myn dochter prate wolle, tink ik”, sei Aen Claeses, do-t hja troch ’t gongkje gyngen. „Dan scill’ jy wol yn ’t keamerke wêze moatte.”
Der woe Pijjes Jans de earen wol nei hingje litte—dat wie trewis for him en mei in pear flugge stappen stie hy foar Luts, dy-t him ek al forwachte hie en ring wierne hja al yn drok petear oer hjar bernetiid.
„Hwa scoe tinke kind ha, do-t wy noch lyts wierne, dat it sá ek noch ris komme koe!” sei Pijjes en syn stoel bigoan hiel tomûk in biweging nei in tichtby doel.
„Ik kin der noch om laitsje”, en Luts liet alle geve, wite toskjes sjen,—„wite jy noch wol, ho-t wy do alles dielden, de grifkes, de sinten, de sûkerslakken en ’e klappen mei ’t lineael, selst it sinterklaezegoed, ik de kop en jy de romp fen it soeteliefspear!” en Luts seach sa gútich, dat it Pijjes hiet en kâld fenbinnen waerde.
„—Mar ’t moaijste forjitte jij”, miende hy.
„Hosa dan?”
„Sjoch”, sei hy, „wij boarten togearre yn ’e needstâl by smidsfolk—jo soeiden op it hynsteket en ik hingele der hwat by om. Sa’n aerdich lyts ding wierne jy do—in hiele bulte blonde kroltsjes om ’e holle, der ’t ik jerne ris oan lûke mocht en do ynienen sei ’k: „Luts, jow my ris in tútsje.”
„Hwat’s dat for in ding?” fregen jy do nijsgjirrich en ik sei drystwei: „’k Scil ’t dy leare.” Mar sa fier is ’t noait kaem, hwent wy hiene al folle earder rûzje om in glêzen bakkert en rôllen oer ’e smitte om, dat it in lust wie. Siz Lutske, nou moast ik dy iene einliks noch ha—ik hâld in oaribelen bulte fen sokke âlde rekkentsjes.”
„Rekkentsjes? Hofolle ha jy der dan wol?” frege Luts fol bizigens. Syn stoel bigoan al mear en mear to libjen en do-t hy lústere: „Mar ien, sa’s ’k ek mar ien boartersfamke hawn ha”, foun hy in sêft wangkje, dat him as in ûnfoldien rekkentsje talake. Dat hy der mei in patsje jerne it stimpel fen „foldien” op sette, is licht to bigripen for immen, dy-t ek wol ris op in Sneintojoun mei in ljeaf famke hwat allinne-sitten hat, smûk yn in herntsje mei ’t ljocht fen in skimerich bârnende lampe boppe en in kopke fol kofje foar him.
....Do-t de datumwizer fen ’e lange klok yn ’e foarkeamer al lang fen ’e 18e Novimber yn ’e 19e foroare wie en hja stymsk en loai fen it hingjen tsjin in dampe bûtemûrre twaris sloech, snúfde Pijjes Jans de frisse nachtloft yn en hie ûnder in healhûndert patsjes wer in nij oanknottepunt for ’e âlde bernefrjeonskip foun, dy-t oars njonkenlytsen al hwat forkoelle wie.
Ho neijer as hy op hûs ta kaem, ho flugger it der oer gyng. Hwat scoe it heit en mem noaskje, dy-t gjin wiif oars hast goedernôch for hjar Pijjes wie! Wiif, wiif! reaunte it troch syn holle, ’t is dyn faem ommers noch mar fen ien Sneintojoun. Mar ik kin doch werkomme, tocht hy woltomoet—„’t skynt net sa min foldien to hawwen, en mei de swiete gedachte, ho aerdich it oer fjirtsjin dagen wol wer wirde scoe, rekke hy yn ’e sliep.
En op ’e Boskpleats, der stie in gnap jongfaem by in walmich lampke en seach yn in spegeltsje en lake hjar selme oan. „Dat ha ’k dy doch noch ôfwoan, Hinke!” lústere hja sêft. „De rykste út it gea, dy fynt it paed nei úzes en hwat is hy aerdich,” en hja moast efkes suchte. Do draeide se ynienen sa foarheftich om ’e tafel hinne yn ’e foarkeamer, dat Aene Wypk wekker waerde en hjar bonkich antlit twisken de reasitsene bêdsgerdynen trochstiek mei in:
„Sist op bêd gean fanke, né ef ja?”
Sa eindige for Luts Aens hjar earste frijerijjoun.
II.
Ut it tsjuster fen ’e winterjoun glimken yen de ljochte finsterkes fen ’e bûrsterhúzen sa frjeonlik en nûgjend tomiette, dat min selst bûtedoar in strielke fen it húslike lok en ’e wille fielde, dy-t derbinnen as in sinne keald en tsjuster fordreau. Wol sa kipich seagen dy finsterkes ûnder ’e wite kape fen Decimbersnie út en efter dy stevige mûrren en spitsige reidtekjes wie it frysk binnehûs biskûle mei syn houtfjûrke en syn lege solder, hiel de poëzij fen in lytse wrâld op himsels yn ’e greate....
Deis sûgen de berntsjes op ’e oezen, mar jouns.... as it sa stil—deastil waerde en min wech-en-der-wear gjin lûd hearde as it oanslaen fen in hiemdogge—de sinne hjar dodzjende bijoech, in klear gouden each allyk, dat fen slomme bilûkt,.... dan frear it wer, dat it ongle. De snie, dy krêke ûnder ’e sêftglidende foet en de froast, dy sjidde tûzenen diamantene stjerkes oer it wyt-wâljende habyt, dat bjirken en iken yn stille majesteit fen winterdreamen droegen....
Oeral glûrren dy lytse ljochte finsterkes, efter leechknipte hulstehaegjes wei, oer ’e gledde iisflier fen hoarnlegersgreften hinne, mar by ien húske, mei in ôffreding fen beamstamkes, sa ’s de dyk se opjowt erfoar, hiel âld, hiel bryk as in kezyn, dat út ’t lead hinget en hiel smûk efter syn mantel fen strúwellegoed, der wie ’t ljochter as by d’ oaren. Ien fen ’e lûkjes, dat stie waechwiid iepen en it grille ljocht fen in lampke foel op it skienfage paedtsje en ’e bisnijde wei.
Efter dy finsterkes wie it ryk fen Doetsje Japiks, dat hja en hjar man de Maeijes groune hiene op syn spaerbankboekje en hjar oerfortsjinne lean. Trou hie hy fjouwer jier by hjar kaem, grif om ’e fjirtsjin dagen mei ’t boatsje oer ’t kanael, der ’t hja by de boer tsjinne. Mar dat panderjen aloan en alwei hinge him einliks de kiel út en derom hiene se nou Maeije de lapen mar by-inoar smiten en skripten nou mei de jonge kreften for hjar eigen bisit. Eigen hiette it âlde húske mei ’t túntsje en ’t kampke lân derefter, mar hja hiene it einliks op skea.... Pijjes Jans syn heit, dy wie mei in resje hjar jildforsjitter, sels koene hja de kosten bitelje en noch in bytsje mear—en sa koe it skipke sile en ek mar ris omraek foar ’e wyn.
Derom seach Doetsje ek sa moedich ris ta de doar út en dan wer ris yn ’e keamer om. Der siet hjar man, kreas forklaeid, hwat to nifeljen mei in stoveblêd, der-t hy mei it fynste ridskip de úttakke bledden fen ’e ikebeam op útsnie. For hwat byfortsjinst pielde hy de lange winterjounen ornaris mei sok spul: tsjerkestoven for ’e boerinnen—naeikisjes en tabaksfetsjes for ’t jongfolk—mar ’t moaijste, dat syn hânnen ea mei eineleas gedild út it hirde hout tsjoend hiene, dat hie in hoekspyntsje for Doet west. Under wie ’t in kasje, mar fjouwer pylderkes, dy droegen it boppestik, twa bûrdsjes alhielendal mei lofwirk sierd en mei iepene lisjes ôfmakke. Och it wie it ienichste presintsje, dat hy syn breid yn syn earmoed jaen koe, mar der hat noait inniger ljeafde de hân stjûrd as dy-t hjir ienkear de blomkes en bledsjes op lei. Troch dy ljeafde waerd’ Sjoerd Meinses in kinstner, sûnder dat hy it sels wiste.
„Net biklûmje litte, Doet!” rôp hy en draeide him efkes om. „Hja komme wol, as hja der oan ta binne, fanke!”
„Ei ju, hwat wistû derfen”, andere hja, wylt hja de doar tichtlûk. Hy hearde it glimkjen yn hjar lûd.
En hy snie fierder—mei de foetten op ’e waerme plaet foar ’e hird, der ’t yn it rossigge ljocht in pear ingeltsjes krânskes frisselen op ’e izeren stander en it wetter sa ienlûdich song yn ’e koperen tsjettel oan ’t hael. Sims gliden syn eagen in amerijke fen ’t wirk ôf—dan stoáreage hy oer ’e wiide rûmte fen ’e âlderwetske keamer en—harke. Mar Doet fornaem hy net mear.
„’t Is krekt, ef ’t Snein is,” tocht Sjoerd Meinses, do ’t hy ris om him hinne seach. It húsrie blonk als in spegel, mei in pear tingeltsjes hie hy hjoed in skien skoarstienskleed for Doet om ’e skoarstienmantel hinge en de flier wie sa ticht mei matten bilei, dat min de reade stiennen net iens mear sjen koe. Seis knopkestoellen stiene as stive soldaten om ’e tafel hinne en derop pronke: foarst yn in lakt blikje in heal dosyn thégoed, in troupresintsje fen boerinne, der ’t se wei troud wie, oard in presentearstrompke mei koeke en in oar derneist mei soeskrakelingen en tredd’ in glêzen bakje mei klontsjes, alles noch neat by de moaije lampe, de gearjefte fen ’e jonge fammen, by hwaens folk Doet jierren tsjinne hie en dy-t nou joun ris komme scoene te pizeljen en to húsbisjen. Derom wie alles sa yn d’es, fen ’t âld kammenet ôf, dat glimde troch ’t heal fleske waeks, dat der op forstrutsen wie, oan ’t koperen tsjetteltsje ta, dat hjoed nochris ekstra readkrite wie en der ’t nou de kofje al nochlik yn prottele fen forwille.
„Hwer scoe Doet nou dochs wer sá láng bliûwe?”; dat kaem him ynienen yn ’t sin en hy gyng moi gysten oerein. „Sa’n heal bern noch mei hjar earste bisite—en dochs—in wyfke út tûzen!” liet hy der út it djipst fen syn hert op folgje.
It like hast, as dy greate keamer noch to lyts wie for dy foarse gestalte. As hy Sneins út tsjerke kaem, stike hy mei syn brede skouders boppe alles út en yn ’t foarige hiene der ek wol oaren as boerefammen eagen op him smiten. Nou, der koe min ynkomme. Mar syn herte hinge oan Doetsje, dat teare, fine famke mei hjar golvich hier, dat as in bern wie neist him. En hja hie dy man mei syn reuzekreften ljeaf, sa ljeaf.... as it gêrsraeike de wyn hat, de machtige, dy-t komt oer séën en bergen en dochs him, it ienlike raeike fynt en—pattet.
Sjoerd Meinses folk hie al lange jierren yn it doarpke forkeard, sont se ûnder it twangjok fen in strang regear, dat hjar frijdom fen godstsjinst to nei kaem, weiflucht wierne en nimmen hie ea spyn oan hjar bifoun. Hjar lân en tael forgeaten hja sa njonkenlytsen wei en nou wie for de bern fen dy âlden it frjemde lân fen hjar stamme as in teltsje út in mearkeboek. Mar de swarte eagen, dy-t mei in stil fjûr ûnder ’e tichte wynbrauen weiglûrren en it kastanjebrúne hier, dát forerfde altyd noch fen d’âlden op de bern as d’oantins oan dy lang forfleine dagen en dy lang forgetten kriten. Mennich soan fen âlde Willem Meinses folk hie oars al sa for en nei syn niget foun oan in blondhierrich famke fen Fryslân—mar doch, ek yn de bleke sinne fen it hege Noarden skitteren hjar swarte eagen en by Sjoerd Meinses nóch folle moaijer, mei dy inerlike hearlike glâns, dy-t it lok der mar allinne oan jaen kin.
Hy seach ris tomûk yn ’t foarhús—der wie Doet net—hoázfoetling efkes mei in flecht om ’e hússide, ja, der stie se al mei hjar donker jakje oan, de bûntskelk om ’e holle en digere yn ’e fierte, in swarte stip allyk yn it reine wyt fen ’e winterjoun.
„So?” sei hy en gyng efter hjar stean, „so? stiet de frou hjir as in waerûltsje yn ’e wyn?” en hy naem hjar as in bern yn syn sterke earms en droech se yn ’e hûs. Hja spartele en lake en kibbe, mar Sjoerd Meinses hie se en hâldde se....
„Skammest dy neat? As dat de fammen ris seagen!” sei hja in krom brûkel, wylt hy syn swiete lêst kreas op in stoel by ’t kofjetsjetteltsje delsette. „Sa ’n pear bern!” en hja lûk in prúl lipke.
„Better in pear lokkige bern as in pear ûngelokkige greaten,” sei hy goelikwei, mar hy hâldde him ek ynienen stil, hwent der klonken frouljuestimmen bûtedoar en ien rôp oer ’e ûnderdoar hinne: „Is hjir folk?”
„Ja, ja, ik kom al,” rôp Doet werom en roan gau nei de doar ta. Sjoerd Meinses gyng hjar stadich efternei.
Hwat wie dy Doet nou lyts neist de greate Luts Aens, dy-t bidaerdwei as de lêste ynkaem, krekt sa ’n famke fen in jier ef fjirtsjin, mar dochs mei al de eptigens fen ’e frou, dy-t tojoune for ’t earst bisite ha scil yn hjar eigen hûs, greatsk op dat hûs en noch folle greatsker op hjar man is.
„Dit ’s hjir wol sa ’n kreaze keamer, Doet,” sei mounlers Hinke mei ’n fyn gnyske en seach der ris yn om en do nei Sjoerd Meinses, eigenlik hwat al to lang for in jongfaem.
Hja wie de lytse kant neist, moi omtlein en opsierd mei alles, hwat memmeëach mar opstrewearje kind hie yn ’e goudsmidswinkels to Ljouwert. De blaue driûwkjende eachsappeltsjes stiene nea stil—hja wierne oeral en nearne en hja hie wol hwat tofolle wyt yn d’ eagen, dy-t glandich lokken en gloeiden efter reablonde eachshierkes. As hja lake en ’e krytwite tosken efter de reade lippen wei blonken, wie ’t in aerdich fanke, der ’t alle feinten for in kear wol ris nei omsjen woene. En prate koe se! in abbekaet wie der neat by!
De beide oare jongefammen harken nei de namme fen Pier Sijes dochters. Hja heit hâldde for fordiwedaesje de moalkerij noch oan, mar rintenierjen scoe him oars skoan barre meije. It wierne in pear aerdige bern, allebeide mei in slach yn ’e rêch en sa ’n fyn, spitsich noaske, mar oars roánen hja út-inoar as de nacht en ’e dei. Afke, d’ âldste, lang en spjuchtich as in jong beamke, dat min in steunderke tawinske scoe, blierhertich fen wezen en frjeonlik fen útkyk—dy scoe nimmen for de sister oansjen fen dy lytse, tsjokke fodse fen in Auck, mei hjar dobkes yn ’e hânnen, waerm en sêft fen mûtelens—yn it kintsje en yn ’e stevige wangen, read en roun as moaije bellefleuren. De foetsjes wierne hast to lyts for it ûnfoech tsjokke omskot; hja wraggele oer ’e wei as in ropeintsje, mar o it hertke wie goed! en efter hjar stil wezen skûle skranderens en in goed trochsicht.
Auck suchte hwat ôf oer dy heal-jellen, dy-t hjar to min tametten wie en in hopen, mei hjar smeulen op lytsen en tsjokken, makken it ek noch net better. Mounlers Hinke smiet hjar stûrke der ek o sa graech by en as hja it mâl fel oan hie, joech se Auck der spytbokkings oer, dy-t hjar de triennen yn d’eagen dreauwen en dy hjar sister Afke biändere mei wirden, sa skerp as nuddelprippen en hwer se Hinke omraek mei op ’t sear kaem.
Tojoune scoe de bûter wer jild jilde. Hinke hie de pikbol yn, omt de postloaper hjar fen ’e moarn by-t bjinstap in lyts briefke oerjown hie fen Haeije Hindriks en dy skreau, koart en bondich, dat de reis him to fier waerde en hja him net wer hoechde to forwachtsjen.
Hja hie it pompier as in kleone yn-inoar treauwn—mar hja hâldde hjar stil, skriemde net en fûtere likemin, mar flûstere allinne: „’k scil dy wol fine, jonkje!” en gyng do bidaerd wei yn ’e hûs. Narjend wierne do al dy hearlike ûren hjar nochris foarbykrûpt, eft se net wer skiede koene—dy ûren, as hja sa grien mei-inoar wierne en hja tochte, dat hy hjar wol freegje scoe to trouwen.
En der ynienen: út, út!!
Scoene der ek altomets guont ûnder sitten ha to stôkeljen en to rabjen? Hie der miskien gignút fen west, dat se mei in oaren ien Sneintojoun hâlden hie, do-t se by hjar nichten útfenhûze?
Dat scoe ’t wêze kinne, tocht hja optslach en dan hat moalkers Sije it forkrante, dy slûche sokses mei syn lytse eachjes, dy-t oars sa aerdich plúre koene. Mounlers Hinke wist alle lek en brek fen ’e feinten út ’e omkrite en mei ’e measten hie se sont hjar sechtsjinde jier wol ris merkehâlden ef reedriden.
„Ho giet it mei de jongefammen? Binne der al oaremans bern om ’e doar?” pleage Sjoerd Meinses, do ’t it blikje oan kant skoud waerde en ’e bramboazebrandewyn op ’e tafel kaem.
Luts Aens krige in kleurke. „Dat ’s al ien tawird,” miende hy—„en Afke en Hinke en Auck, ho stiet it mei jimme?”
„Ik bin op skien pompier,” sei Hinke noartsk. Hjar priemmen, dy fleagen as wylden yn ’e streekhoas om, krekt ef moast se der in libben mei fortsjinje.
„Kom, Hinke, flau nou net,” sei Doet. „Wy wite ommers allegear wol, ho ’n sib frijer jy ha. Dat ’s al twa jier út en oan en as jy mar wolle, dan is ’t klear en trouwe jimm’ Maeije,” en Doet seach Hinke gútich oan.
„’t Is út en foargoed ek! Nou wite jimm’ it!” andere Hinke nitelich en do ynienen tsjin Auck: „Dû witst der mear fen, Auck! ”
„Ik?” frege Auck tige binijd, mar bidaerd. „Sa wier as ’k hjir sit, neat.... Hwat miene jy wol?”
Afke seach foardel, wylt se in bytke om ’t fine noaske bilûk. Doet hie ’t yn ’e gaten: Afke scoe wol wite, ho-t de foarke yn ’e stôk siet, mar hâldde hjar noch efterút, tocht hja.
„Hwat ik mien?” nydse Hinke, alhiel op iene ein. „Hwat ik mien? dat ’s twaris, dastû de greatste rabbersskûtel biste yn Sânhúzen en teutest, dat dyn earen der fen sûzje. Moast noadich tsjin Haeije sizze, dat ik mei in oaren ien west ha by myn nichten en rabbe hast!.... Sjut bolrinder is der neat by!”
Nou gyng ’t Afke to bot. „Jy komme ús Auck net to nei mei jo skerpe tonge, bigrepen?” moanne hja.
„Masters kerdoes en Ruerd syn wynhoun, dat ’s in pear en ’e meagere en fette jierren yn Egypte folgen ek op inoar, hen!” spotgnyske Hinke mei in lange úthael.... „Mar ik siz jimm’ dit mar: ik ha ’t útmakke mei Haeije en hwa ’t myn ôftanke gûd ha wol—seine ermei!”
„Jy forsinne jo der in lyts bytsje,” kaem Afke nou o sa koel út ’e hoeke, „jy hienne folle mear smucht op Haeije Hindriks as hy op jo en hy hat it útmakke, Hinke.”
Dat wie oalje yn ’t fjûr. Hinke waerde sa wyt as it kraechje om hjar hals en hja meat Afke fen ’e holle ôf oan ’e foetten ta mei eagen, dy-t sizze woene: „Hwer bistû wol wei krûpt, Pier Sijes dochter?”
„Hwat docht my dat in wird!” sei hja en smiet de holle yn ’e nekke. „Haeije sjocht jimm’ en gelikens net iens!”
„Dat kin ’k jo oars biwize,” sei Afke en helle in briefke út ’e bûs, dat hja yn ’e hichte hâldde mei in fyn: „Kinne jy dizze hân, Hinke?”
Nou, ef Hinke dy koe! Hja stoareage en seach en it húnjende andert bistoar hjar yn ’e mûle. Dat wie ommers Haeije syn hân mei dy lange halen en sok pompier mei blaue streekjes—ho faek hie hja wol net mei sa ’n brief fen him yn ’e bûs roan, om dy to lêzen en wer to lêzen!
„To, to, nou ophâlde,” miende Doetsje goelikwei. „Dy frijerij wit hwat, n’t Sjoerd?”
It jongfolk scoe nou ris efkes yn ’t simmerkeamerke sjen; der hie Sjoerd Meinses in pear moaije tsjerkestoven klear stean en d’ iene derfen hie Aene Wypk bitinge. Hinke stúme, min hearde hjar net mear en eart immen der om tochte, gyng de bûtedoar en joech hja hjar ôf nei hûs.
Doet merkbite ’t alderearst, dat hja de wyk spile hie en seach rare sneu. „’t Moit my danich, sei hja bidrukt, „’k ha jierren by mounlersfolk forkeard en hwat moatt’ hja nou wol tinke, as ’t hjir sa op rûzje en spul útdraeit.”
„Kom, ik scil ’t wol efkes for dy yn-oarder bringe,” treaste Sjoerd Meinses, en gyng oerein. For dy sêfte eagen fen syn wyfke woe hy wol troch wetter en fjûr fleane en mei in pear stappen wie hy al by de doar.
—Hinke stiet grif yn ’e srnoute fen ’e krimpe to stúmjen, tocht hy. Mar dan koe hy hjar net. Hja fleach al lang mei steande earen nei hûs ta en do-t hy einliks ek bigriep, út hwat hoeke de wyn waeije scoe by in frouminsk mei sa ’n bluisterich aerd as Hinke, do stapte hy de strietwei út, hjar efternei.
Ring kaem hy hjar op ’e side, mar mei mounlers Hinke wie joun gjin lân to bisilen. „Is me dat der faksearjen!” bigoan hja út to farren.—Né, Sjoerd, ik gien net werom!” sa waerde hy ôfsnûrre en do-t hy-t oer in oare bûch smite woe en sei, ho-t it syn wiif moide en dat hjar der gjin wille om hie, andere hja gnyskjend: „Hwat ha’k mei jo wiif to meitsjen?”
Dat stiek him. „Jy litte myn wiif ek mar alhielendal bûten ’t spul, bigrepen?” sei hy en syn lûd, dat trille fen ynhâldene lilkens. Hy tochte om Doet, ho-t se útsjen scoe, ef hy ek mei Hinke weromkaem en ho-t dan de ûnderdoar op ’e knieren draeide en der him allinne ynlitte scoe. En dat syn wyfke hjar earste bisitejoun! der ’t se al wiken for sparre en al moannen nei útsjoen hie!
En neist him lâns flodderen de eptige stroken en riûwsels fen Hinke hjar stêdske „japon” en op in hiele oare toan waerde der ynienen hast smeekjend sein: „To Sjoerd, bring my efkes it mounleloantsje lâns. Der strúnt ornaris jongfolk om en in jongfaem wirdt sa gau bipraet, nou?” suchte hja dimmen.
„Dat ’s goed,” sei hy koart. Dochs hwat woán, tocht hy moediger, ’t fanke scil der ús nou gjin kwea hert om tadrage.
Sjoerd Meinses hâldde mounlerinne graech for eagen—hja skikte syn wiif fen alles ta, naeijen en breidsjen út ’e bûrren en yn ’e haeijinch moast Doet hânlange en gyng jouns mei nei de jister. As Slachtmoanne it akkefytsje fen ’t bargeslachtsjen brochte, dan wie Doet ek mei oer ’e flier en siet by mounlerinne yn ’e keamer to woarstmeitsjen en dan kaem se jouns ek net mei lege hânnen thús. It sied waerde for hjar ek altyd in pear sinten goedkeaper meald en yn ’e lêste wike ef hwat hie min op ’e mounle mei it drokkere gemael sims wol in pear flinke hânnen brek en dan fregen hja Sjoerd Meinses. „Scoe hy hjar noch net in pear ûre gerieve kinne as goefrjeon?” Hwent sjoch, as arbeider, der liet Sjoerd Meinses him net for brûke! Hy wie frij man, op syn eigen groun en yn syn eigen hûs! It bleau in ginst for mounlerinne, de tank for hjar woldwaen!
En al de greatskens fen it âlde súdlânske bloed wâlle yn him op: lyts mocht syn hûs wêze, mar hy wie der de kening! En hy seach der twa strieljende eagen, der ’t hy alles yn lies, hwat syn libben ta ’n parradys makke, dat noch net troch d’ingel der wrake foun is. Hja sprieken fen hoop, dy reine blaue stjerren, fen lok en fen in takomst, in hearlike takomst.... trijersum....
It moed waerde him fol, dertwisken dy âlde elzebeammen fen it mounleloantsje en de triennen kamen him, de sterke man yn d’eagen by de gedachte oan dy ûnútsprekkelike wille fen kommende dagen. Hy roan neist Hinke lâns, sûnder der hast bilul fen to hawwen, dat hja al sa ticht by honk wierne en as de moanne nou en dan ris mei hjar sêfte loaits troch in wolkengloppe glimke en ’e dreamjende wrâld yn syn djipste winternacht oersulvere, dan foun hja ek in pear eagen, dy-t nei ’t fiere blau kúrden en in herte, dat syn God tanke for syn lok.
„Ho is ’t, gien de saken net fordélich?” bigoan Hinke, sa frjeonlik as hja sims wêze koe. „Jo suchte sa.”
„Die ’k dat?” andere hy earnstich.—„Mar saken, seine jy—nou der bimoije de jongefammen hjar oars net safolle mei, wol?” en ien amerijke rêstten syn swarte eagen op hjar. Krekt skoude der in swiere wolken de moanne foarby—Sjoerd Meinses hie ’t net sjoen, ho-t Hinke ta de hals út read waerde en hjar eagen bigoanen to fonkeljen.
Efkes wierne hja allebeide stil en do andere hja greatsk: „Nou, ik bimoi my dan dochs wol mei ús memme saken, kin ’k jo sizze. Soks komt yen altyd to pas.” Ynienen kaem hja hwat tichter by him. „En as ’k jo nou ris fortel, dat ús mem sa’n foege fiifhûndert goune hat to lizzen.... dy koene jimm’ miskien wol brûke, tochten wy en dan hoeche jimm’ fensels it measte ek net to jaen. Mem en ik praetten der lêsten al ris oer en do sei mem, as ’t pas joech, koe ik it wol ris tsjin jo sizze.”
„Jimm’ mem wit ommers ek wol, dat Pijjes Jans syn heit it jild oer myn spul hat”, andere Sjoerd Meinses, net wakkere oansjitsk.
„Ja wis”, leugene Hinke, sûnder dat hja der oars fen waerde, „en mem dy sei, hja woe net lije, dat jimm’ sa jong al yn ’t lijen rekken, hwent dy Pijjes Jans syn heit helle alle hiersljue it fel oer ’e nekke en hy scoe jimm’ ek net sparje. Fanke, sei se, fjouwer en in kwart for Sjoerd Meinses. Dan is ’t foardiel for him en dan kin hy for ’t jild, dat der oersjit, syn wyfke ris bliid meitsje.”
Dat die de doar ticht. Doet bliid meitsje! Earst harke hy hast net iens nei Hinke hjar praet, mar nou waerde it bledsje omkeard en bigoan it him goed ta to lykjen. Wier wie ’t, Pijjes syn heit frege in hege rinte, hja wennen der einliks mar djûr en de húshâlding naem ek mear, as der ris in lytsen ien kaem—Sjoerd Meinses sloech al ta yn syn hert—mar hy útere it noch net, hy woe der earst noch ris mei Doet oer prate.
„Kom mar ris efkes oanrinnen yn in ledich skoftsje, Sjoerd”, bigoan Hinke wer. „Jimm’ binne sikersonk to goed for Pijjes syn heite útsûgerijen, seit ús mem en ik siz ’t ek,” en hja flaeide op hjar allermoaijst.
Sjoerd Meinses waerde der súver stil ûnder, dat dit fortúntsje him sa mar yn hânnen falle scoe. Hwat scoe Doet nuver opharkje! In gelok, dat hy nou mar efkes mei gien wie mei Hinke, nou wist hy de blide tatynge namsto gauwer.
„Moatt’ wy yntkoart ris komme, om der oer to praten?” bigoan hy wer. Hy koé ’t hast net leauwe.... hy woe ’t noch sa graech ris wer hearre. It klonk him suver as mesyk yn de earen, do-t hja fluensk andere:
„Ja wis.... kom mar gau ris, dan kin ’t ynoarder makke wirde. By ’t winter komm’ jimm’ dochs ommers altyd to sûkela-drinken.... dan scil mem it jo wol better útlizze. En dan ha ik ek gjin argewaesje fen moalkersbern, dy sniggels!” en hja lake mei wrede spot. It wie sa tsjuster dat op ’t mounleloantsje, oars hie hy grif it nuvere flikkerjen yn hjar eagen wol sjoen en dat wie net allinne fen haet tsjin moalkersbern.
„Ea hwat!” sei hy der luftich oerhinne, „hja binne jeloersk op jo. Dat is ’t.” Hy hearde de spyt yn hjar lûd en woe ’t nou hwat torjuchte prate. Dy frijerij by de frouljue, dat wie sok tear spul en it moide him danich, dat se nou krekt by hjarres der rûzje om krige hiene.
„Op my?” frege hja, krekt as hie hja him net bigrepen.
„Ja fensels. Tink’ jo, dat it hjar de eagen net útstekt, dat jy sokke feinten krije kinne? Nou wirde se lilk en jo krije der spytbokkings oer.”
„Ja.... mar....” sei Hinke spitich, „hja hat him nou ommers, Sjoerd.” Der knypte de skoech, dat mirk hy wol. As ’t sa gyng, dan bigoanen de frouljue op ’t lêst noch om Haeije to fjuchtsjen.
„Nou! hy hat jo dan dochs mar de eare oandien, om earst by jo to kommen en ik for mysels doar der wol by sizze, eart de winter om is, is ’t út mei Haeije en Afke.”
Dat wie sêfte oalje yn Hinke hjar hertewoune; hjar lilkens bigoan stadichoan aerdich to saksearjen en do-t hja ’t steksdoarke iependraeide, wie se for ’t each wer de âlde.
Sjoerd Meinses brocht hjar oan ’e doar ta en gyng do werom en tocht der noch ris oer nei. It skilde al wer gâns, as hja dat jild nou ris hwat goedkeaper krije koene en eltse sint wie der ien. Fiifhûndert goune! it wie gjin kleinigheid! Sims, hiel djip yn syn hert, tocht hy wol ris, as ’t noch mar net better west hie, om in jier ef trije mei trouwen to wachtsjen. Dan hie hy noch hwet mear oergearje kind en ’t nou gjin skrabjen om ’e kant west. Mar och, hwat binn’ trije jier lang for ien, dy-t wachtet op syn lok! Licht wierne der wol guont, dy-t dat koene.... mar ’t gyng him oer ’e fûst. Hy hie ’t trouwen mar weage.—
Hy wie sa yn ’e prakkesaesje wei, dat hy mirk it net iens, dat it wer bigoan to snijen, wiskjende wei mei nou en dan fen dy tinne wite snieflokjes, droech fen felle froast. Hja glinsteren op syn jas, hingen him yn ’t hier en einliks toraenden der him in pear op ’t wang. Do mirk hy ’t earst en sette de kraech fen ’e buffel op en stapte steviger oan. It waerde in skouwer yn ’e wyn op, dy-t súver yn ’t Easten wenne, nou al in dei ef tsjien lang en de loft wie rein en fris, fol keald fen in echte winterske nacht.
Yn ’t nei hûs ta rinnen draiden al syn tinzen mar om dy iene saek: fen dat jild. Hwet waerde dat nou allegear moai skikt, it koe suver net moaijer! En dochs wie ’t krekt, as in heimsinnich eat him warskôge.... sêft en seamelich aloan.... doch ’t net.... net. En hy prakkeseare him hast stikken deroer, der siet nou dochs suver gjin koarel kwea yn, hja hiene der ommers selst net iens om frege: mounlerinne bea it sa mar oan. By Pijjes syn heit wie ’t fiif procent, dy wie deun, tige op ’e sint en nou fjouwer en in kwart, dat skilde gâns.—
Fen fierrens hearde hy se al laitsjen en oangean by hjarres. Der waerde hast net iens nei harke, do ’t hy sei dat Hinke net mei weromwold hie, hja hiene sûnder hjar ek like folle plesier, hwent as hja op ’e bisiten net nûmmer ien wêze koe, dan wie ’t hoarntsje kniesd.
Hy skikte mei oan en seach it omsittend laech ris roun.
Yn ’e hirdsherne, der troane nou moalkers Sije in ’t winterhabyt fen in swiere buffel en in greate fellemûtse, der-t de lytse eagjes hast ûnder weiwaerden en dy kaem nou en dan twisken it smoken fen ’t pypke en ’t preauwen fen ’t sûpke ris út ’e hoeke mei in grapke, dat de frouljue it hast fen wille útsnokten. Twadd’, him op ’e side, smûk neist Aene Luts, syn faem, der siet Pijjes Jans op in krebintige knopkestoel om to riden. Hy biseach syn faem noch ris tomûk en do ’t hy ’t mei himsels iens wie, dat der nin moaijer en ljeaver yn ’e omkrite to finen wêze scoe, dronk hy op dizze lokkige wytnis yn ien swolch syn romer leech en bigoan der for ’t earst yn syn libben oer to rekkenjen, hofolle ’t in brilloft koste. Ris oan ’e siden pet lûke, hwat mei de hânnen omtipelje, syn faem ris hiel tomûk in ljeaf loddrich triûwke to jaen ûnder de tafel troch yn ’t mûtele pinkje, hwat wie dat trewis for Pijjes Jans! Wol in kuierke fen in lyts ûre wirdich! en dan efkes syn faem nei hûs ta bringe en der by de trije bjirken, ho hieten se ek wer.... it klaverblêd.... hjar in patsje ûntstelle, krekt sa ’n swieten ien as dat for twa jier, it earste op dy Novimberjoun!
De tredde man, dy skoude syn skipke yn ’t farwetter fen Auck Sijes, mei oare wirden, hy siet tichternôch by hjar, om in frjeon to hietten en pleage hjar krekt genôch, om hjar feint to wêzen. De lêste binaming ware him ek ’t bêste yn ’e kaert, hwent hy stike om Auck Sijes mei de fûle foarsje fen immen, dy-t nei eigen húslikheit útsjocht. Dat hy in gewiksten prater wie en in goede „dosis” soun forstân ûnder syn moi greate plasse hie, der ’t it swarte hier mei brede stringen oerhinne plakt siet, koe him as in eare tarekkene wirde. Hy wie mei licht sied en koeken bigoan to hânneljen en hie ’t nou al brocht ta in dwershúzing yn ’e bûrren en twa feinten en ’e ljue kamen sims al oan ’e pet, as hja him seagen, mar der waerde him neijoen, dat hy mei de kweade kûzzemûzze en him better mei syn biheinde foet folgje koe as de tsjoensters op hjar biezems en derom hiene de ljue in kwea each op him. Der wie sa troch-den-dei gjin praet fen, mar as der jouns immen syn hûs foarbygyng en noch let ljocht yn ’e skûrre seach, dan tocht hy riboskjend: Hessel en ’e kweade binn’ oan ’t hjouwersek-tellen.
By Pier Sijes, der laken hja hwat om dy âlde segjes, hy waerde der let en set as in ienichste soan by syn mem en d’âlden frijden mei, eft neat wie. Sa kaem de eptige Hessel mei ’t wyt foar en in blinkjende Lochemse diamant yn syn blauwe das yn dit omsittend laech tolânne, der ’t hy oars al to âld en to permantich for wie, mar hwat docht in fiskers-man al net, as hy byt hat! Bij eltse snedige set fen ien fen ’t jonkfolk lake hy mei, dat der djippe tearen om syn tritichjierrige mûle kamen en syn noas bigoan to gloeijen as de healripe kêrsen yn syn naentsjetún, der de protters de frjeonlike ploaitsers wol fen wêze woene.
„Kom, Afke en Auck, moatte wy ek ris om hûs tinke?” frege Luts Aens. Hjar tochte, de rjuchte wille wie der út, sont Sjoerd Meinses weromkaem wie sûnder Hinke, Doet lake net mear fen herten mei en sims stûke it petear by de aerdichste setten.
Doet hjar lûd klonk ek sa dof en bidrukt, do-t hja foartgyngen en hja sei: „Gau ris wer komme en thús joun sizze,” en Luts hearde, ho-t hja suchte.—
„Nou mar op hûs ta, n’t Lutske,” sei Pijjes Jans en skoude syn earm troch hjarres. „Dat ’s for ’t fallen, hear!”
Sije en Afke kamen hjar op ’e side en yn ’e fierte seagen hja as twa Sinése skimmen Hessel en Auck omdwelmjen, dan bleau der mar ien en dan kamen se allebeide wer foar ’t ljocht, en moalkers Sije, dy sei derfen sa ûnskildich wei, dat Hessel ek ljeaver blomkes as strûken seach, al wie ’t yn ’e winter.
Einliks—der makken hja it heal desyn fol, Auck mei it forlegene sizzen, dat hja hjar fingermof weislipt hie en der sa lang om siikje moatten hie, hwat Luts mei in glimke en in wetich: „Op elts slot past in kaei”,—wol leauwe woe.—
„Witt’ jimm”, hwat wy moasten?” bigoan Hessel, dy-t ljeaver noch in grapke yn ’e útsetting hie as mei de kweade hjouwersek-telle: „strúne fammen, strúne by Jan Watses folk op ’e hoek! For âlde Foeck is ’t hjeldei—Gjalt kûper is der hinne mei de nije fiterskoen oan en in Dimter koeke yn ’e bûs.”
„Fij né, strúne.... dat jowt gjin pas”, lei Luts Aens der tsjin yn.
„Hwerom net?” lake Hessel. „Sneintojouns strúne se by jo en dan ris wer by in oar, sa de hiele streek lâns—hwerom meije wij ek net ris?”
„Jonge ja”, mienden de oaren en hja bleauwen al foar it hekje fen Jan Watses folke hûs stean. In âld nêst yn hege beammen wie ’t, lytse rúten, heale lûken, de hiele foarhúzing mei reid en suggen dutsen, in bihoeftich skûrke, mar Jan Watses folk wie rûch op ’e side, dat hie Gjalt kûper ek yn ’e gaten—hy frijde lang, hy frijde sleau, mar hy hâldde oan.
Hja teanten efter inoar oan it sânpaedtsje lâns nei it keammerke ta, Hessel foarop en Luts noch in bytsje fen fjirrens as de alderlêste.
„Hark!” lústere Hessel en lei syn ear by de skreef fen in lûk. „Gjalt kûper riddenearet, eft hy d’âld master is”, en hy bisochte, om it watteltsje to finen, der ’t de houten finsters mei fêst sieten.
By Jan Watses folk hellen hja in bântsje troch de strûp fen ’e âldmoadrige blaue gerdynen, dat sparre latsjes en trije sinten út en hja hingen der like kreas om, sei Foeck dan wolfoldien.
Mar mei de dampens kaem it waer deryn en oan ’e iene kant hingen hja sa wynsk as hwat. Nou trof it sa, der wie ek krekt in oastgat en by it gerdyn troch koe min dan krekt yn ’e keamer en it boppestik fen in âlderwetske pomplampe en ’e hollen fen twa minsken sjen, d’iene mei in opmakke mûtse op en ’e oare mei in prûkje wyt hier, dy’t elk oan in ein fen ’e tafel sieten, sa fier fen in-oar ôf, as jongeljue it noch noait bitocht ha.
„Myn ljeave Foeckje”, sei de kûper sa grien, as in krom swiete kofje en in pyp-fol bêste tabak in slûch âld mantsje mar meitsje kinne, „sjoch, wy koene it oars sa skoan ha, n’t ljea?”
Foeck dy nikte as tastimming, dat de plooikes fen hjar opmakke mûtse risselen as de toarre bledden yn Novimber.
Gjalt brimde ris—it hege wird moast der dan dochs ek ris út en mei nije moed bigoan hy: „Deis hwat skrippe, witt’ jy, in bûterfet meitsje, in moai ammerke for jo to skiepmelken, witt’ jy, dan op ’e joun hwat yn ’e beantsjes skoffelje en ’e blomparkjes wjudde en dan jy klearsitte mei hwat kofje en in brogje, nou Foekje, ho liket it? Wy koene in aerdige âlde dei ha, mien ik to sizzen.”
„Alde dei?” en Foeck seach wol sa raer. „Ik bin noch mar yn ’t seis en fyftichst”, lei hja nidich út as andert op dizze lange riddenaesje fen baes kûper, dy-t hy yn trije jounskoften twisken skiepmelken en beantsjeskoffeljen fen bûten leard hie.
Mar baes kûper dy wie net ring út it fjild slein. „Dat woe ’k net sizze, witt’ jy”, sei hy, „jy binne noch in wûnder kreas frouminsk for jo jierren, mien ik to sizzen en derom wol’k jo ha en sa is ’t mar gesteld mei my. Woll’ jy, dan is ’t goed en woll’ jy net, dan....” en baes lûk hiele djippe tearen yn syn lege foarholle, der ’t it hier as kedsjemoanjes oerhinne hinge.
Foeck gyng de grize oer ’e grouwe. Hja seach baes kûper al mei in pûdtsje fol rattekrûd yn ’e bûs troch ’e kûperij kuierjen.
„Hwat dan?” frege hja húverich, mei hjar fiif en fyftich jier noch in bern in sokke saken, hwent dit wie Foeck hjar earste feint en ’t scoe hjar lêste ek wol wêze. Fen aeklikens riboske se op ’e waerme stove.
„Jy freegje fen hwat dan?” rôp d’ âlde kûper, dy-t sa yn ’t frijen keard wie. „Ja dan—ik trou in oaren ien, kin ’k jo sizze!”
Foeck liet de holle sinke. „As ’t perfoarst dan sa wêze moat, lit ús ’t dan mar bisiikje,” suchte hja en sa boasken dizze beiden. Allegear hiene se troch ’t oastgat loerd, d’ iene nei d’ oare, mar do-t de kûper syn lêste pile ôfskeat, der ’t Foeck sa fen suchte moast, bigoanen hja to laitsjen, dat hja skodden. Sa hird as syn rimmetikige skonken it mar lije woene, fleach hy nei de doar en do derút, mar der wie gjin minske mear to bikinnen. It jongfolk hie al lang de wyk spile en fol lilkens hearde hy se lûd yn ’e fierte sjongen: „To Bolsert yn ’e merke, seach ik in famke stean!” Nou waerde baes pûr; min moat wite, dat syn earste blauwke him taparte waerde fen in wolkammersdochter út dy âlde stêd. Elkmis, dy-t baes syn lijensskiednis koe, der ’t nou al fjirtich jier it gêrs oer woeksen wie en der ’t baes him al lang oer treaste hie mei in houn en in kat mei in byneffens in heal pounsmiet beantsjes, kin bigripe, dat as it jongfolk mei bes dit skoandere liet ynsette, it mei baes net mear yn ’e es wie.
Sa eindige dizze joun mei in liet fen ’e jongerein, dy-t yette fol oanslaggen siet en mei ’e forsuchting fen baes kûper, dy-t wol woe, dat de hiele smite goed en wol yn smûk bitimmere bûterfetten yn ’e feart rôlle.
III.
Klip—klap, gyngen de flaljekloppen op ’e hirde telle fen Aen Claeses syn skûrre en klip-klap kroaske Aen Claeses op ’e âlde klompen efter Benjamintsje oan, dy-t mei earms en skonken op it iis fen ’e greft oan ’t skermesearjen wie, om ’e geheimen fen ’e skoandere reedriderskinst to learen. Dan klûmmere Benjamintsje ris wer yn ’e wâl om en telde dûbbeltsjes yn it swarte iis ef iit hwat snie út ’e folle fûst—dan swaeide hy wer as in skipke sûnder roer foar Aen Claeses út en twisken de bidriûwen wierne heit en soan aerdigjes oan ’t tiid formalen.
Aen Claeses seach ris nei de loft; it wie moai waer, fris en kâld mei sinneskyn. Krysttiidwaer, seine de âlde wyfkes en hja tochten om Sint Steffen, do-t hja for lange, lange jierren dounsen op Birgumerdaem! Do hie de snie ek krekt sa wyt en sa rein oer ’t fjild lei as nou en sa stouden do ek de lêste flokjes fen ’e beammen yn ’t oanheljen fen ’e eastewyn. Hja riden yn gedachten noch ris wer it âlde paedtsje lâns, by ’t poelke der op bine, dan ’e tochtsleat lâns, oer it mounlehiemke, de feart del nei de mar. De glinsterjende, njuebringende yn syn bifrissling fen toarre reitplûmmen lokke hjar sa mei syn krinkeljende banen, dy-t op fiere toerkes fen ’t gea oanroánen en dochs loerde de dea derûnder, de kiste, dy-t as in tsjustere spjalt fen wetter it skitterjende kristal fen ’e iisflier mids twa skaette.
En nou ’t hy de fjilden oerseach, tocht Aen Claeses der ek om, ho faek as hy mei syn jonge foetten en syn herte fol moed der ek oer dy mar flein wie. Nou loek hy nei de sechstich—it gyng nei de bidelte ta mei him en syn bern fornûgen hjar nou, der ’t hy ek jong en fleurich west hie.
Klip-klap, gyng it yn ’e skûrre en ’e wine bigoan to sûzjen, dat de piken derfen foartstouden en âlde Karo by de greft kaem, om syn need to kleijen. Mar Aen Claeses fornaem it net.
Hy eage yn ’e fierte.
Der droech it lân njonkelytsen del nei de mar; hege elzewâllen biskaden de kampen; poelkes dreamen hjir en der as forgettene rêstplakjes fen ’t wetter en fjûrreade kantsjes scoene der noch sa oerhinne hingje as do-t hy in jonge wie en se as syn likeblommen op it petsje stiek.
En dan al fierder.... al fierder weage in reidbosk, foars en ticht mei tûzenen wetterpaedsjes dertroch—krinkeljende grillige berntsjes fen lange reinnachten, sa ’s de hjerst se jowt. En stil as in ienlike wachter riisde de greate mounle óp ûnder ’e djippe sniekape, yn slom—eft hy nea it sûzjen fen ’e wyn tsjin syn roeden kend hie en nea de triljende amme fielde fen in stoarm, dy-t slûpend neijer rint út it Westen.
„To heit, helpe,” eamele Benjamintsje.
„Ei ja jonge,” sei Aen Claeses. „Kinst my nou net efkes bitien litte? Sjoch, Luts en dy scill’ ek to riden.”
„Luts,” rôp ’e lytse twinger—„Luts! Nimst my hwat koekjes mei?”
„In lange lape, om der lytse jonges in wan mei to jaen,” pleage Luts mei in goed sin. Afke en hja wierne togearre, beide alhiel út ’e leage wosken, de sneinse kyps op en de redens yn ’e hân. Hja scoene hjoed nei B. ta to riden en Pijjes Jans en Haeije wachtten al op hjar by d’ opfeart, om for hjar op to lizzen.
Pijjes en Luts, dy riden in eindtsje foarút; mei in linige swaei gliden hja oer ’t iis, beide krekt op ’e streek. It wie in skilderijke fol libben, fol gloed, de fynste nuddel fen Rembrand wirdich, mocht hy oars ek for ’t ljeafste ronflige, âlde troanjes forivigje. Mar hwat is moaijer as de jonkheit yn ’e folle fleur, as in pear soune, gnappe minsken, dy-t op smelle izerkes in gledde baen folgje—dy-t de eagen skitterje en ’e wangen gloeije! Fen ’e wyn, mient in klûmsk âldfeint by de hird; ei jonge né, der binn’ tûzen oare dingen, dy-t it foarholtsje blanker en ’e wangkjes reader meitsje! Altomets in triûwke yn ’t hantsje, dat de foarrider sa waerm yn sines fielt—in ljeaf wirdke, dat mei de wyn forwaeit en dochs o! safolle bitsjut en as it jounet oer ’e fjilden, hiel tomûk in patsje, hwennear de reed losrekket en in aerdich kopke him foardel bûgt.
Ja âldfeint, dat binne tûzen dingen, dy-t jy forgetten en dy-t hjar fen jo forjitte litten ha, do-t se jo bienbitige troanje en jo mitrige skouwing seagen. Hja binne om jo hinnegien, man, as boartlike berntsjes, dy-t in âld jeuzeler skouderje.
„Sjoch,” sei Pijjes Jans, „hwa binn’ dat? Lutske?” en hy wiisde op in stippe foar hjar út. Der wierne twa en hja lieten hjar foar ’e wyn ôfdriûwe nei de mar ta. „Scill’ wy ris?”
„Nou!” sei Luts en hja sette hjar to skrip. De kriich kaem deryn. Hwerom scoene se do oaren foar litte? Koene se net like hird? En se woánen groun, in tûmbré, in reed, al mear en mear, mar o sa stadichoan, hwent de oaren spilen ek net min by. It fromminsk skoude de feint op, dat hy derfen skokte, mar einliks lieten hja it sitte en bleauwen by in diske mei sealjemolke en knapkoekjes stean.
Pijjes en Luts draeiden der ek hinne. „Hearink, binn’ jimm’ it? Hwer komm’ jimm’ wei?” ûntfoel Luts, do-t se seach, dat Hessel en Auck foar hjar stiene. „Nou, as jimm’ wachtsje wolle, Haeije en Afke binn’ ek yn omwandling. Hwerom binn’ jimm’ ek net daedlik mei ús gien?”
„Sjoch,” sei Hessel, „Auck hie ôfpraet mei Hinke en ’e feint, dy scoene ek mei. Mar Hinke bleau wei en do tochten wy, kom, wy gien der efkes oan. En nou witt’ jimm’ noait, hwa’t der wierne to thédrinken? Lêsten sa’n reboelje en nou ynienen wer sa iens as hwat.”
„Sjoerd Meinses dochs net?” frege Luts.
„Sjoerd en Doet allebeide, hear en mounlerinne en Hinke wisten net, ho-t se hjar wol lette en sette scoene. Hinke foaral wie sa ljeaf as poeske,—to diwel, as de klauwen noch mar net ris foar ’t ljocht komme!”
„Fij, Hessel, sok sizzen”, abbeleare Auck der tsjin. Pijjes en Haeije joegen der hjar nou ek by en harken, hwat der forkrante waerde en Haeije dy sei: „Der wirdt gnúte, Sjoerd moat mounlerinne nei de eagen sjen en Hinke sjocht him tofolle yn ’e eagen, bigrepen? Dy earme Doet!”
„Mar der leau ’k nou neat fen”, sei Luts foarheftich wei, „en jy ek net, wol Haeije?”
„Ja, ik ha ’t net sjoen”, sa makke Haeije him der ôf.
Pijjes, dy hâldde in spûlkûmke mei sealjemôlke yn ’e knoffelige hânnen en blies deryn, om it ôfkûlje to litten. Luts loek him oan ’e mouwe. „To siz ek ris hwat”, fitere se him bare nijsgjirrich oan.
„Hwat scil ’k sizze?” miende hy. „Dat frjemdlânske folk is sá hiet, sá kâld. Hjoed rinne se for immen troch wetter en fjûr en dy is hjar moarn gjin oansjen mear wirdich. En saken hat Sjoerd Meinses mei mounlerinne, dat’s wier,” sei hy hiel súnich.
„Dat’s dan yn ’t koart sa kaem, net? Ik ha ’t tominsen noait fornaem,” sei Hessel.
Pijjes seach ris nei de loft, krekt ef moast hy him ris bitinke en do flapte hy der moi hastich út: „Hja hiene jild fen ús en heit had se altyd bêst bihânnele en der komt me op in joun Sjoerd Meinses skytskoárjend oansetten om it jild op to bringen. Hy wie oars redt nei syn sizzen. Hwa ’t dy oare wie, mounlerinne fensels, dat waerde ús letter wol oandroegen en ek, dat Doet him der tige op oanstien hie. It skilde gâns yn ’e rinte en hja is moi deun, sa’s jimm’ wite. Sjoerd Meinses hie der earst oars gjin iens praet fen heare wold, hy meij mounlersfolk net rjucht lije.
„Hinke scil wol wite, hwerom hja ’t docht. As Doet hjar eigen lijen mar net biskript,” tocht Haeije en hy moast it letter mei oansjen, ho-t dy treurige foarsizzing wierheit waerde.
„Kom, kom, der wolle wy hjoed ús skoane moaije dei net mei bidjerre,” sei Pijjes. „Elkmis syn eigen soargen, dat ’s krekt genôch—en wy hwat wille, n’t Lutske?” en hy lei wer for hjar op.
Haeije en Afke, Hessel en Auck hekken der ek efteroan en ho-t Sjut de foetten ek priken efter hjar lyts diske, hja moast oerein, om it jongfolk ris efternei to sjen, dat as in lange rige mei linige krinkelbôgen oer ’t iis swaeide, dat de balken derûnder skeaten en it skrapsel der nei stoude.
Hja fleagen se allegearre foarby: earst in kloftsje bûrsterfammen, dy-t ien inkele feint ta hjâr offer útsocht hiene en hjar nou mei dizze goede lûker foar ’e wyn ôfwaeije lieten. Do in stik-mennich preamkeskouwende jonge bizen, de redens heal ûnder, de buiskes heal oan, dy-t mei fûle foarsje jonge fammen efterop riden, dy-t se net koene, mar dochs wol guont út de kinde wêze scoene, tochten se en einliks hjar eigen sisters op ’e side kamen. Dan by tiiden sa’n inkele deabidaerde skipper, mei de hânnen op ’e rêch en ’e pet yn d’eagen, hwaens gedachten twisken de wisse streken yn eltse kear by priiswinnen stûken.
Hja fleagen se allegearre foarby en earst, do-t se by it brêgje foar ’e greate iisharbarge, der ’t de sulveren Swân úthinget, opkladden, kamen se wer hwat op azem.
Der wie it great feest, foarst om it priisforrieden en oard’, omt it nou foartearst sont fjouwer jier ris om Krysttiid hinne wer sa oanknypte, dat de mar sterk wie. De redens waerden slipe, de pongen wierne fol en it jongfolk kaem by kloften del, sa langhalzen se nei in settefortútsje. Der waerden grúden strie forstruid op it stiennen paedtsje nei de harbarge ta en op ’e boppeseal, der dounsen se, dat de steunders der fen trillen en ’e glêzen dinderen en ’e kaslein noch ris in tear mear yn syn foarholle loek.
Der siet Claes Bluffer by de gleone kachel to swetsen en sloech mei de hierrige hânnen op ’e tafel, dat de romers bigoanen to dânsjen en hinge mei in bulte pehui syn reed oan ’e dwarsbalke. „Kom op, as jimm’ doarre, jimm’ leechlânsters, jimm’ dykdolders en jimm’ turfstûkkers!” skreauwde hy yn ’t folle gelach wei en seach sa gleon om him hinne as in lieû ûnder ’e hazzen.
De leechlânsters, de dykdolders en ’e turfstûkkers namen it wol yn hjar acht—hjar fûsten jokken hjar om him ris in wântsje op syn permantige rêch to jaen—hja stiene yn bistân, om him ôf to soaljen, mar as der dan ris in jongkearel oerein gyng, dy-t dat húnjen en narjen wars wie, dan meat Claes Bluffer him efkes fen ’e holle oan ’e foetten ta mei in: „Hearink, maet, hwat soest dû mei dyn poddehier?” Dat kaem der dan sa stadige—forachtlik út, dat de dryste stil weiwaerde út it omsittend laech. En noch altyd bingele dy reed der oan dy balke.
Luts en dy kamen yn en gyngen mei in bramboaske en hwat bier by in taffeltsje yn ’e hoeke sitten. It wie sa soele stil yn ’e tapkeamer, lyk as min ’t foar in stoarm ha kin. It jongfolk út ’e fearnhoeke hokke nidich by-inoar gear, omt der net genôch kriich yn ’e leechlânsters siet, om sa ’n pogger stil to krijen, en dochs scoene se it sa ’n ien ek al forgund ha, as him de eare derfen takaem. De oaren stúmen hwat by de kachel en ’e tapkast om en ho wylder as Claes Bluffer bearde en swetste, ho stiller as hja waerden. En ’e baes der by de kachel helle op fen de prizen, dy-t hy woán hie en dat nimmen him ea noch oermâns west hie en mei reade hollen en triljende hânnen harken hja nei syn geswets.
„To, is der nou gjin-ien fen jimm’, fjurre moalkers Auck de manljue oan. „Moat ús doarp it sa sitte litte?”
„Ik bitank derfor,” miende Hessel op ’e tean trape. „Earst heal dearide en dan útlake to wirden, dat ’s gjin trewis for my.”
„Min koe ’t ris bisiikje,” tochte Pijjes en seach ris nei de reed yn ’e loft, de argewaesje fen in hopen. Mar do-t hy wys waerde, dat elkmis it stees tsjin Claes Bluffer ôflizze moatten hie en Claes Bluffer op neat as bonken en sinen takseare en merkbite, ho ’n ûnfoegen sterken kearel it wie, dy-t fen gjin ûre yn ’e wyn efter de pûst kaem, do forklomme syn moed ek al for syn bangens.
„Kom op nou ris! siz ik for de twadde kear!” sa dage Claes Bluffer it omsittend laech wer út.
„Ik bin dyn man,” andere immen en sleauwe Tsjalling smiet syn jas út, fleach op in stoel en helle de reed fen ’e spiker.
Stil wie ’t in amerij—binaude stil en do briek de stoarm los. De iene skreauwde, d’ oare lake, der waerde mei de fûsten op ’e tafel slein en yn in omsjoch wie de hiele keamer leech. Selst de kaslein bleau net by syn flesse.