WeRead Powered by ReaderPub
Ruth cover

Ruth

Chapter 45: V.
Open in WeRead

About This Book

The collection blends lyric poems and short prose vignettes that evoke rural life in Friesland, following seasonal cycles, household scenes, and village characters. Poems linger on winter light, thawing springs, and birdsong while tales place elders and young folk in market days, family gatherings, and reminiscence. Recurring motifs include domestic labor, courtship, local customs, and oral song, with a nostalgic but unsentimental tone that registers change across generations and the quiet rhythms of everyday community life.

„Dû, dû!” sei Claes en gniisde Tsjalling út.

„Prate is neat, mar dwaen, dat ’s in ding!” skreauwden se allegearre, alhiel op iene ein, mar Tsjalling dy sei neat, boun der him bidaerd op, swaeide hwat hinn’ en wer en wachtte do op syn partij.

„Los!”—rôp Jan Roels, de tromslagger en opropper mei syn heech lûd en der fleagen se hinne—Tsjalling bidaerd, hjir in streek, der in streek, as gyng ’t him net oan, Claes hird—hird! Hy hearde it krassen efter him, tichterby, neist him—hy skripte, hy klauwde, mar de streken fen Tsjalling waerden al langer, de foarsje al fûlder—der ynienen stoude Tsjalling foar him út, eft it net mear in minske wie op in pear izerkes—mar in breedbiwjukke fûgel yn ’e loft.

„Ik liz it ôf, man!” rôp Claes en hime as in ôfjage wynhoun.

„Hoera for Tsjalling Jehannes!” skreauwde it folk, dat as in bijeswarm hjar efterop ried.

Tsjalling wiske him bidaerd ris mei de bûsdoek om ’e holle en sei: „Noch ris, jonkje—dû hast nou foar de wyn. Goed winne ef goed forlieze.”

„Dû forrifelst my,” kriet Claes Bluffer heas fen spyt. „Ik ha ’t noch noait forlern en nou tsjin dy....?”

„Bisiikje,” sei Tsjalling.

„Slûchert, dyst’ biste,” bigoan Claes nou to narjen.

„Strakjes moatt’ wy mar ris efkes ôfrekkenje”, miende Tsjalling nitelich.

„Los!”—rôp Jan Roels wer en as in pyl út ’e bôge naem Tsjalling Jehannes nou de guit en eart Claes Bluffer wiste, hwat der úthinge, wie Tsjalling al op ’e oare ein fen ’e baen en stiene in stikmennich stevige jonge bazen klear, om him ta ’t doarp út to kneppeljen.

Hy krige syn needlot yn ’e gaten en makke, dat hy fen rúten kaem. Nimmen hat him ea wer hirdriden sjoen.—

De kaslein trakteare Tsjalling en syn kornúten op in fles pons en it dûrre net sa bare lang, do waerde Tsjalling yn it rountsje fen Hessel en dy helle. Hy wie fierôf bisibbe oan moalkersbern en do-t hy ek noch in kreas famke op ’e side krige, dy-t hy mei al syn slûchens skoan oan ’e praet hâlde koe, wie ’t spul alhiel yn ’e es.—

„Sjoch,” sei Luts Aens binijd en seach ris nei de doar, der ’t in kloftsje jongfolk mei in bult bombaerje ta ’n ynkaem. „Ha’ wy Hinke der net?”

Der kamen se al oansetten. Moi al to rimpen, om frjeonskappelik to hietten, gyng Luts oan kant—mar der waerde al in stoel twisken de rige ynskouwd en mounlers Hinke mei fûl glinsterjende eagen en gloeijende wangen joech hjar neist Pijjes Jans, Luts hjar feint del en bigoan mei him to praten as in alk. Hjar eigen feint, in lyts, opljeppen baeske, siet der by, eft hy ’t net helpe koe—Luts hie de pikbol yn en moalkersfrouljue wie de kaert ek forjown. Hja bigriepen it allegearre wol—der scoe Luts joun ris in rare loer draeid wirde, dy wize Luts mei hjar ynfierenheit! sa ’s Hinke altyd húne. Dat fanke hie me ommers sa ’n ien oan ’t hântsje as Pijjes Jans! en hwa taelde der tsjinwirdich nei hjar, mounlers Hinke? Neat oars as in hierd boeresoántsje!

As hja tomûk sims ris efkes de oare kant útseach, dan bigoan hjar bloed te koaitsjen. Hwat siet dat moalkersfanke nou smûk neist hjar âldfeint, Haeije Hindriks! Hja scoe hjar de eagen wol ta de holle úthelje kinne, dy-t him nou sa loddrichjes syn loaits weromjoegen! Hjar hânnen bigoanen to triljen fen ynhâldene nidigens en hja sette de romer sa fûleindich del, dat hy yn grúzelementen tofoel.

„Fij, sa ’n bluisterigens!” miende moalkers Afke.

„Der wûrdt dy neat frege, wol?” gnauwde Hinke hjar ôf en draeide hjar do om nei hjar feint ta, dy-t slûch neist hjar siet to stoareagjen mei d’ eagen fol reek.

„To Ynse, sjoch ris efkes for my om in swolgjefol wetter,” hiette hja him. „De gong troch—rin mar efkes nei de koken!” Ynse, dat lytse keareltsje, dribbele foart op syn fiterskoen.

„Hwerom stjûr jy him derút?” Dat woe Pijjes Jans wol wite. He, hwat wie dy Hinke flot! hy libbe der alhielendal fen op! sjedêr, hy krige nou earst ris hwat plesier, fielde, dat hy jong wie. Och Luts, dy bleau altyd like bidaerd en stimmich, min waerde hiet noch kâld—mar Hinke, allegear libben en biweging en koartswyl! En dan dy eagen! Pijjes Jans seach hjar mar net mear oan—Luts mocht it ris mirke, fiis sjen ef prot wirde—mar tomûk joech hy Hinke in lyts triûwke yn ’e hân.

Hinke lake blier. „En hy siet der oars sa goed by hjar, tinke jo sikersonk,” grapjage se. „Sjoch derom.... en kwaenskwiis boartte se mei de franje fen hjar jurk en sloech de eagen foardel, dat de lange eachshierren oer de bleke wangen foelen.... jy moatt’ wite, it gyng my tige nei, dat hy him hjir sa forfeelde—en do seach ik der yn ’e gong ien fen syn maten, der ’t hy wol smucht op hat, om dy ris ôf to tiggeljen en do tocht ik: elkmis plesier for in bytsje jild. Hy scil him nou wol yn ’e hierren flein wêze,” en hja lake skerp en hird.

„Dat stiet jo net sa moai,” sei Haeije Hindriks forachtlik en gyng oerein. „Ik lit sa ’n hummelinkje net allinne wrakselje tsjin sa ’n sterke Jodsert.

„Och hearink, bliûw hjir dochs,” smeke Afke mei hjar lyts hantsje op syn jasmouwe.

„Hwat scill’ jy dochs?” rop Hinke en seach him mei hjar gleone eagen lyk oan. Mar dy hiene gjin fat mear op Haeije Hindriks.

„Derhinne gean,” andere hy koart, mar eart hy him nei de doar ta joech, hearden se in gelúd, der ’t hjar hert hast stil fen stie.

Hinke dy fleach oerein en trille as in blêd.

„Der hast dyn lean, sljucht fanke!” skreauwde Haeije Hindriks en joech hjar in trewinkel, dat se wer op ’e stoel deltrûzele.

„Ho, ho, ôfbliûwe,” sei Pijjes Jans en gyng foar Hinke stean.

„Is ’t dyn faem altomets?” narre Haeije mei in fyn gnyske.

It moaije, jonge antlit fen Pijjes biloek fen lilkens. „Dines, Haeije, siz?” raesde hy ynienen breinroer en hearde neat mear fen it bisusjen fen ’e frouljue, dy-t alhiel forslein wierne, bihalve Hinke fensels.

„Sa ’n allemansfrjeon? der moat ’k neat mear fen ha, noait wer, nou wist it,” sei Haeije koele feninich wei.

„Dát scil ’k dy leare!” skreauwde Pijjes heas en fleach Haeije oan. De oare frouljue stouden hjir en der, mar Hinke bleau mei de hânnen yn ’e side en it ljeafste glimke yn ’t formidden stean.

Haeije wachtte d’ earste slach ôf, mei kreft genôch yn d’ izeren fûsten om ’e sterkste syn bikomst to jaen, en hy forwarde him net, do t it fûle nidige klappen op him bigoan to hageljen.

„Tochst, dat ik om sa ’n faem fjuchtsje scoe?” húne hy en hy wiisde nei Hinke, dy-t de eagen net ienris foardel sloech. „Skamje dy for eltse slach, Pijjes, hwent it is dyn skande,” en hy kearde Pijjes Jans de rêch ta.

Dy bleau ien amerijke biteutere stean mei syn hânnen stiif om ’t bekling fen ’e stoel hinne—do skoude hy mei in foarheftige swaei de stoel twisken d’ oaren troch en gyng sûnder nei Luts om to sjen, neist Hinke sitten.

„Ik moat mar nei hûs,” sei Luts mei triennen yn d’ eagen hiel súnich tsjin moalkersfrouljue. „To Auck en Afke, gien mei. Ik kin hjir net mear wêze,” lústere se hjarren yn ’t ear. Alles draeide hjar foar eagen; de walmige tapkeamer mei syn kwinende lampen, der ’t it jongfolk foar ’e fidel dânse en sa fleurich song, de pearkes, dy-t hjir en der hwat yn in smûk herntsje elkoarren ljeave wirdkes seine—mar dat seach hja allinne dúdlik, hjar feint neist in oare faem....! Hwat siet hy tichte by hjar! Syn brede skouders roerden súver hjar mouwe en Hinke wist kast net mear, ho-t se hjar wol posture scoe fen útlittenheit!

Dat wie dy Pijjes Jans net mear, dy-t hja kend hie mei syn frjeonlike blauwe eagen en syn aerdich wezen—dy-t der nou siet mei flammende eagen en sa ’n frjemde útdrukking yn ’t antlit, hwertroch al it moaije en jonge der út weifage waerde, dy wie op dit stuit in frjemling waen yn hjar reine wrâld.

En dochs.... o hjar herte hinge noch sa oan him, sa tige..., tige! Hja koe him hast net ôfstean.... net gean litte for jimmer....

Hja wiste fen ljeafde’s wille, nou joun learde hja ljeafde’s smerte, dy-t der like wis mei giet as it skaed mei in lange sinnedei.

Oer it earste bloisel fen hjar jonge hearlike ljeafde lei ien inkele nachtfroast syn rym—licht kamen der nije blommen en moaijere miskien, mar hwat scoe ’t oait wer helje by dat earste, dat wûnderhearlike, dat noait weromkomt, as ’t ienkear foartgien is!

Luts woe ’t noch bihâlde.... en dochs.... it ûntslûpte hjar, eart hja der om tochte en it wie slim, mar nou earst fielde hja, ho ljeaf-t hja him hawn hie. „En dû moast him misse!” kriet it yn hjar.

Hja waerde ynienen sa wyt as in doek en Auck, dy-t tige om hjar bigrutte, sei moi lûd: „Kom, scill’ wy Luts efkes thúsbringe? Hja moat bêdtiid thúswêze. Hessel en Haeije, to gien efkes mei, nou?”

De manljue gyngen daedlik oerein.

„En wy dan?” frege Pijjes binijd.

„Jimm’ ha niget genôch oan elkoarme!” biit Haeije him ta.

„Hea Luts, moatt’ jy altyd sa betiid thús wêze?” narre Hinke yetteris, mar Luts hearde dizze lêste stikel net mear. Hja skouwden nei de doar ta, mar moasten it trochkringen al ring sitte litte, sa hokken de minsken der by inoar om in kloftsje mânljue hinne en Hinke hjar feint mei forwyldere eagen, de troanje fen smerte bistoarn, dy stie yn’t formidden. Op ’e flier yn ’t sydkeamerke lei syn slachtoffer mei de holle op in kjessen.

Afke en Auck stiene moi foaroan en koene nou krekt yn ’t keammerke opsjen. „O hearink,” lústere Afke, „it is Sjoerd Meinses, Luts.” Ja, der lei de lange, sterke reus as in machteleas bern mei de eagen ticht en de hânnen slap en kâld. In fûstslach tsjin ’e sliepen oan hie him yn ’e sûs brocht.

„Scoe hy-t libben hâlde?” hifke d’iene d’oare. Hja wierne der allegear oars fen. Hwa-t dan syn wiif sa’n tynge ris bringe moast? Syn dea scoe ek hjarres wêze, dat wist min wol foarút.

„Ho koene jy ek sa, man?” ûnderstiene se him.

„Hja hat my oanfjurre, leau it! Dan húne se op my, dan prize se myn kreft.... en hja sei.... dat se dan.... my earst lije mochte.... En ik leauwde it, minsken! Ik bin net in.... moardner,” kriet hy lûd as in bern. „Sjoch myn hânnen, mar hja is it? Hja hat it dien!.... en de triennen roannen him oer it jonge, roune antlit, nou ynienen âldsk waen yn dy freeslike amerij, dat haet, ljeafde en opljeppenheit him yn ’e macht hiene.

„Dû bliûwst hjir, jonkje,” sei de feldwachter koartoan boun. „As Sjoerd Meinses syn eagen net wer opslacht—it moit my om dy—mar dan stiet ’t er net sa bêst for. Dan moaste mei, is ’t ek hûndert kear om in sy ef en hy kaem. Dat maelt my net.”

Mar nei in setsje, do sloech Sjoerd Meinses syn eagen wer op en sa’s ’t like, wer klear, mar mei in barnende pine yn ’e holle, joech hy him mei in goefrjeon ôf nei hûs ta, der ’t Doet, syn lytse Doet, siet to wachtsjen. Daedlik fortelle, tocht hy yn syn oprjuchtens. Hwat hja wol sizze scoe? En ho moast hy it wol oanlizze, dat hja mar neat fen dy Hinke hjar sljuchtens mirk.

It wie him noch net forgetten, ho raer ’t hja earst opharke hie dy winterjoune, do-t hy it forteld hie fen Hinke en hja einliks sei, do hy der dochs noch tsjinoan hinge, om ’t jild oan to nimmen: „Mar Sjoerd, dû moast gjin rûzje siikje mei mounlersfolk!” en dat wie der sa snibbich útkaem—ien amerij koe by syn Doet net mear. Oars lei hja ’t ljeave kopke dan wol tsjin syn skouder oan, mei dy greate blauwe eagen sa tichte by him, dat hy se patsjende slúte en dan sei hja hiel.... hiel sêft, ho ljeaf ’t hja him wol hie, mar dy joune wie hja steurd en hiene se for ’t earst yn hjar trouwen forskil.

Nou scoe hy better oppasse. Doet scoe dochs noait fen Hinke hwat leauwe wolle, al hie ’t hiele doarp ’t der ek oer en foartoan fortelde hy hjar mar net mear, as ’t nedich wie.

Hja hoechde it net to witten, ho-t hy aloan noch it heaze lûd fen dy jongfeint efter him hearde: „Scoestû mounlers Hinke, myn faem, bilasterje, siz?” en do in bons tsjin ’e holle oan—in gefoel, eft de wrâld yn nacht forsonk en do stiltme—wrede stiltme s’ as fen ’e dea.

En dat om dy Hinke, yn hwaens memme kloeren hy forfallen wie! Hwerom stie Doet der him do ek sa op oan? Och, dy lytse ljeafling! hja wie ommers like súnich as hy!

O ho wist hy it noch, dat hja it allinne dien hiene, om hwat jild út to súnigjen! Sa ’n goune ef hwat, der koe Doet mei hjar flitige hântsjes bergen mei forsette en as der dan ris in lyts widzke oer ’e flier kaem, koe ’t in hartstérkingkje lije!

Tojoune hie hy ek wer jild barre kind fen syn braekjen, moai jild, der neat ôfgyng en do hearde hy de fioele en de langstme krige fat op him, om noch ris efkes nei it dânsjen to sjen. En do t hy der sa stien hie, moast hy om in oare winterjoun tinke, ek mei blommen op ’e glêzen en wytglinsterjende snie op ’e paden, de joune, dat ek him de ieûwenâlde fraech op ’e lippen barnde, dy-t mar ien andert ken: ik ha dy ljeaf! En dat andert mocht hy heare fen hjar! Fol swiete wémoed fielde hy nóch de sillichheit, dy-t him trochtrille, do-t hy hjar oan syn herte triûwe en hjar sines—sines for in hiel lang libben neame mocht....

En syn hert gyng sa op yn al dy hearlike bylden fen forline dagen, dat hy him mar ringen wer ôfjaen woe nei hûs ta. Doet siet allinne thús; hja scoe wol nei him útsjen.

Der kaem dy feint fen Hinke oan en joech him in opstapper. Hwat scoe der wer oer rabbe wirde en dat wie’t krekt, hwat Hinke sa graech woe! As Doet it mar net hearde, dat it hjar forkeard oandroegen waerde, ho dan?

En mei al de taeijens fen in âld forgeslacht forbiit hy syn pine en lake de goefrjeon hwat út, dy-t him nei hûs ta bringe woe, „Gien jo gong,” sei hy luftich wei, „’t is al wer oer—hwat yn ’e sûs west fen ’e ûnforwachte slach, moatt’ jy tinke.”

Dat woe de goefrjeon ek wol oan en hy gyng werom.

Allinne kuiere Sjoerd Meinses nou nei hûs, noch húvrich fen pine en mei in near forgefoel yn syn hert. It wierne diselde âlde, ljeave paedtsjes, der ’t Doet en hy ek sa faek togearre lâns gien wierne. De kamperfoelje stringele him noch om ’e strúwellen hinne, hy seach, ho-t inkele toarre bledsjes hjar noch forweegden op ’e seftrûzjende easterwyn, nou forskronfele en dea, mar strakjes—dan scoe de maitiidssudewyn oer ’e lânnen waeije en ’e keale tokken, der ’t nou de moanne trochhinne glinstere, siere mei bled en blomt, dat hy wekker rop. Scil hy ús noch lokkich weromfine? suchte Sjoerd Meinses.

En efter de beammen wei, der kipe noch in lyts húske ta’n út as in wente fen ’t lok, dat by minskebern toevet.

IV.

By de hússide fen Aen Claeses hûs, der bloeiden de lêste peaskeblommen en de weiten hinnen kuieren permantich nei d’âld flearebeam ta yn ’e krimpe, om der yn ’t sân en núndergûd to moudsjen. Oer ’e elzenmantel, dy-t it hoarnleger biskutte for de al to kâlde wyn fen ’e mar, lei in sêfte skimer fen knopjend grien, hast noch to tear for de heldere nachten, as it min ef mear rypte en yn it weinspoar fen ’e smelle reden de brosse iisblommen fen ien neinacht glinsteren. Mar dochs—de dagen bigoanen to lingen; der lei al wer erf op ’t finlân, hwer de earste ljipkes tûmmelen en op in sompich pôltsje in kûltsje for ’t nêst makken. Op ’e bloeijende wylgenkatsjes trille it goudstof en derûnder dy bûgjende twigen glinstere it wetter sa klear, dat min de lytse griene bledsjes op ’e boam hinne-en-wer soeijen seach, as de wyn oer ’t wetter twirre ef in healpouns snoekje forskeat.

Luts Aens stie op ’e efterhússtriette en seach ris nei de sweltsjenêsten, der de jonges plankjes ûnder spikere hiene, om hjar hwat steviger hâld to jaen. Der kipen noch gjin lytse giele bekjes ta ’n út, sa ’s tosimmer; de raeikes hingen der by del—de winter hie it aerdige húske alhiel fordústrewearre.

It hie al wer winter west sont dy treurige joun yn ’e harbarge, dat nou al langer as in jier forlyn wie en der siet Sneintejouns nou in oare jounprater by Aen Claeses hird, dy-t heit en mem like goed hage as Pijjes Jans en efter Aen Claeses oantrape to ôffjûrjen en hwer Aene Wypk hjar mûle by gyng as in lazarusklap, mar Luts skikte him net in plak ta yn hjar hert. Hy mocht wol komme, dat wie hjar goed, mar as hy weibleau, hja scoe der net oars fen wirde!

Al ho raer ’t Pijjes Jans hjar ek to fiter hawn hie, hja koe him noch mar net forjitte en dan seach se him altyd wer mei dy frjeonlike eagen, dy-t sa ’n bliere útkyk hiene, altyd wer as Pijjes Jans, dy-t hja ienkear kend hie en noait net as de frjemdling, der dy joune yn ’e harbarge.

As hja Hinke byneist kaem, droech hja de holle heech en seach stiif foar hjar út en ho fluensker as Hinke om hjar hinne aeide, ho steger en stymsker Luts hjar warde tsjin elts frjeoneblyk fen ’t fanke, dat hjar fen ’e feint ôfset hie. It gyng sa fier, dat Luts, oars sa sêft en sa goed, it hjar mem yndroege om ’t gemael by in oaren ien to dwaen en do spuide mounlerinne fjûr en flam en seach min yn twa Sneinen hjar bienbitich antlit net yn tsjerke fen klearebare nidigens. De tredde Sneine seile hja mei noch greater skoat oan ’t jak en noch swierder thibé wer hinne, neiteante fen Hinke, ek alhiel út ’e leage wosken, in nije hoed mei floddrige linten op, der ’t de greatske troanje hast alhiel ûnder wei waerde.

Hja hie Pijjes Jans nou foargoed yn ’e skjirre. Earst hie ’t noch al ris út en oan west, krekt as wie hy net sa habbich, mar nou hapte hy ta as de snoek oan ’e setangel. Hy roan hjar súver efternei as in hountsje en grif om ’e fjirtsjin dagen wachtte syn stoel al by de hird, de segaren derby en Hinke derneist. Ek yn ’e wike by in stik koeke ef in pantsjefol kofje wie ’t der de swiete falyn for him; om allerlei wissewasjes gyng hy it paed op nei de mounle ta en nimmen wie dan mear op ’t snjit as de leidige dochter fen mounlerinne. Mei in fyn glimke oer in oar syn lijen waerde dat Luts Aens allegearre wer oandroegen fen a oan z ta, mar hja liet de holle der net by hingje en hja lake en prate sa, dat nimmen hjar noch sa fleurich sjoen hie. Mar Aene Wypk liet hjar net in red foar eagen draeije.

„Fanke,” sei se koartwei, „dyn grapkes forbjusterje my net, moast mar tinke. Hat dat smoarch fanke dy net de bûter fen ’t brea iten? En sistû der nou om kwine? Né, wrachtsjes net! Forgrime koe ’k se!” en hja sloech sa foarheftich op ’e tafel, dat Aen Claeses de holle opstiek út syn âld buffeltsje wei.

Memmeljeafde wie ’t nou just allinne net, dy-t hjar dizze wirden yn ’e mûle joech; yn hjar greatskens hie se in tobekset hawn, dy-t omraek oankaem. Yn hjar jonkheit tige yn tel, hie se hjar lang net ôfjaen wold mei sok slach as mounlersfolk. Letter waerde dat noch folle minder, do-t Aen Claeses in wyt foetsje by hjar krige, omt hy him sa dimmen ûnder hjar regear deljoech en hja yn ’t earst fen hjar trouwen dy bêste jierren hienen nei 1870. Do fordûbbele hjar kaptael en hjar greatskens allebeide en Aene Wypk seach fier oer mounlerinne hinne en derom stiek it hjar nou namstomear, dat Hinke Luts sa to fiter hawn hie.

By nacht en by dei sinde hja derop, om mounlerinne mei hjar dochter in loer to draeijen en nou hjoed toffele hja al wer nei de bûrren ta, om ris to fornimmen, ef Pijjes syn komst der noch hie en sadwaende gyng Luts allinne mei de tobbe nei de blikke, om it gûd derôf to heljen.

„Joun Lutske, ho is ’t noch mei jo?” rôp der ien oer ’e hage hinne, dy-t it hiem skaette fen ’e Skeanpaden, dy-t dwars troch de lânnen hinne op it doarpke W. oanroanen.

„Hearink Ant! binn, jy der en dat sa let op ’e joun?” rôp Luts werom, do’t se in âld wyfke oer ’e hage kypjen seach, it swart-siden mûtske oer ’e tipmûts hinne en in knopdoekje om ’e lege hâls fen it âldmoadrige jak. „’k Bin yn in omsjoch klear en kom dan efkes yn, net? ’k Scil gau hwat kofje meitsje.”

’t Ald minske kaem op hjar ta. „Hwat bin ’k bliid, dat ’k dy ris wer sjoch,” sei se en stiek de beide hânnen út. „Fanke, fanke en hwat biste great waen! ik bisou der fen. En ik ha dy noch kind as sa’n hummelinkje,” en hja wiisde in hânbré fen ’e groun ôf.

Luts glimke efkes. „Ja Ant, der ’s gau in jier om, nou?” sei hja frjeonlik. „Woll’ jy efkes de tobbe mei my yn ’e hûs drage?” En togearre droegen se him nei de skammel yn ’t foarhús.

„En hwer komme jy noch sa let wei?” frege Luts binijd en seach nei de kreaze klean en ’e greate bûntskelk.

„Ja, hwer scoe’k oars weikomme as fen myn wirk?” andere d’oare glimkjend en nussele hjar yn ’e briedstoel mei in gleone Jannewaris ûnder.

„Hwa binn’ der dan hjoed bliid-makke mei in lytsen ien?” frege Luts, wylt se in reauwke mei in oeribel great klontsje en in stik koeke út ’e boddelerij helle.

„Wistû dat noch net?” mei in bisondere neidruk op it wirdke dat, krekt eft Luts de boargelike stân fen in healhûndert grietenijen yn ’e holle ha moast. „Sjoerd Meinses en Doet ha in jonge soan! In jonge, eft hy út ’e dyk dold is en mei sa’n moai prûkje hier, ’t is súver in aerdigheit.”

Ynienen kaem ’t Luts wer yn ’t sin, ho nochlik ’t hja der ienkear mei-inoar sitten hiene yn dat lytse húske efter de hege hage to jounpraten en ho-t der do sa’n ôfspegeling fen innich lok oer alles yn dy keamer lei en noch folle mear yn ’e eagen fen dy twa jonge minsken, dat hja der oars fen waerde. O hja wiste it wol, sá scoe it lok komselden foun wirde, dit wie wol it heechste, it allerheechste, dat de minsk barre mochte. Mar hja wiste it nou ek: it hoechde net in dream fen ’e jonkheit te bliûwen, it wie bisteanber op ierde en mei hjar gedachten mocht se jerne noch ris efkes yn dy keamer toevje, der-t twa lokkige minsken fen in takomst dreamen mei de hânnen yn-inoar en ’e herten ien.

„Nou bliûwt der ek neat mear to winskjen oer, scoe ’t wol?” sa pinfiske Luts der ris nei. Hja hie ek al gignút fen frjemde dingen heard en woe Ant, de kreamheinster, nou ris hifkje oer hjar bifining.

„Fanke, dat moaste net sizze,” andere Ant en skodholle efkes. „As alles yn ’e es is, dan is der noch in bytsje tomin, seit it folk, wiste, en der is gjin lân sûnder túch. Mar ik draech dy neat oan,” kaem der nou ynienen moi gysten út, krekt ef joech it gjin pas om by de eptigens fen in breed bûnt skelk en in greinen skoart noch mei rabberspraetsjes op ’e lappen to kommen.

Ant hie al yn sa’n bulte hûshâldings forkeard, en wie al sa faek by hjar spinwiele en skiûwdefjûr weihelle, as de nane hjir ef der wer fen ’e solder moast en wist der sadwaende alles fen, ho-t it by in hiele patty lang altyd gjin frede en ienriedigheit wie. Der waerde sims hwat ôffûtere en kettereminte—nou ja, yn alle húshâldings hearde dat der ek sa by, mar s’as by Sjoerd Meinses hie hja ’t noch noait bilibbe. Der siet súver gjin wezen mear yn dy man en do-t him syn jonge op ’e earms lein waerde, koe der net iens in glimke ôf, mar der rôlle him in trien oer ’e brúne wangen.

Mar dat, Willem Meinses folk hie allegear sokke frjemde kúren, sei Ant en hja lei de hânnen yn ’e skoat en alles—alles waerde Luts oan ’e noas hinge mei de nedige praetsjes derby, dy-t de bûrfrouljue by-t bjinstap ef de potkarre heard hiene. Hja hie in swiere mûtse op yn dit stik fen saken.

„Jonge, jonge, as ’t wiif gewaer wirdt, ho faek hy dy Hinke nei hûs ta brocht hat en Willem Jans jonges ha ’t goedernôch sjoen.... en dat hy al wer om datselde fanke in pûdde oan ’e holle oproan hat.... dan is de kaert der ek foargoed forjoen. Hwat tinkstû derfen, Luts?”

„Dat der neat bistindigs op ierde is en dat it my omraek.... hear’ jy omraek moit om Sjoerd Meinses en Doet. Mar ik leau ’t net, Ant.... it kin sa net wêze!” sei Luts treurich wei. Hwat wie hjar eigen leed nou noch by dit! by dizze ellinde!

„Dû hoechst net to tinken, dat ik dy hwat forliich,” andere Ant brodsk en knypte de eagen sa feninich ticht, dat der neat mear fen oerbleau as twa hiele lytse skreefkes ûnder ’e grize wynbrauen.

„Ho komm’ jy derby?” lei Luts der hastich tsjin yn en hja skikte hjar stoel hwat tichterby. „Wy moatte der foaral en bilieven net fen foartprate.... oars sjogge se se jo einliks for ’e lilke man oan en jo fortsjinst is wei.”

Luts wist mar al to goed, hwat fleis as se yn ’e kûp hie en hofolle ûnk sokke âlde rattelskûtels sjidsje kinne mei hjar skerpe blik en hjar linige tonge, mar hja wist ek, dat Ant allinne dan spûksjoggerich wie, as hja miende, for in âlde teute útmakke wirde to kinnen. Dan waerde Ant sa dimmen en ketoen as in laem en sa stil as in blok en do-t Luts hjar ek noch in poun spek tatreau, forsegele hja Ant hjar mûle mei in dûbbeld slot.

Do-t hja Aene Wypk yn ’e fierte oankommen seach mei ’t koerke yn ’e hân en it read-skienmakke earizer gloeijend yn ’e ûndergeande sinne, makke Ant, dat se fen rúten kaem en kûrrele sa hird as hja koe, de paden del op hûs ta.

„So,” sei Aene Wypk, „strúnde dy âlde teapert wer om ’e doar? Dû hellest ek allerlei kornúten by dy, as ik de stap der ris ûnder set, scoe ’k sizze.”

Luts seach bidêsd foardel. „It kaem sa út, mem en ’t sloof hat my noch nea omkrûmte bylein.”

„Mar hja is sa skerp as in heaplôke....” andere Aene Wypk gysten en foel yn ’e hirdsherne del op in wankele knopkestoel, der ’t âlde boarre in neimiddeislomke hâldde. „Derôf dû,” sei hja en krige him by ’t nekfel en saeijde him oer ’e keamer.

„Sjoerd Meinses en dy ha in bern,” sei hja.

„Dat wist ik,” andere Luts moi koart en gyng oerein, om ’e boel oan kant to meitsjen.

„Mar dit wiste net,” sei Aene Wypk foarheftich wei. „Mounlers Hinke scil trouwe en ek ringen,” en hja glimke fol niget.

„Trouwe?” stammere Luts en waerde sa wyt as in doek en hja liet it koerke mei thégoed falle, dat der fen it saksis neat as hwat diggels oerbleauwen.

„Brek my myn goed net!” rôp Wypk breinroer. Hja hie ’t mâl fel wer oan. „As hja trouwt, hwat kin dy dat skille?”

„Hwa is ’t.... mem?” It kaem Luts mei moite oer ’e bleke lippen, mar syn namme koe hja net útbringe.

„Ried ris!” sei Aene Wypk.... „mar dat kinste doch net.... ’k scil ’t mar sizze. Mei de feint, fanke, mei hjar eigen tsjinstfeint en ’t is moatten, ha, ha!” en Aene Wypk dy lake—skerp en hird. „Takommende Tongersdei breugeman en breid! Pijjes dy hat it spark grif dwalen sjoen—’t is al in hiel skoft út, sei bakkerinne.”

Al it bloed fleach Luts nou wer nei ’t moaije antlit en hjar eagen bigoanen wûnderlik to skitterjen. Aene Wypk merkbite dy foroaring.

„Min hoecht dy net to freegjen, ast’ ek bliid biste, dat dy Hinke oan kant rekket, dat pyst, dat snjit mei hjar sljuchtens,” sei hja.

„Ik bin bliid, mem,” andere Luts sêft, mar it „hwerom,” dat forswijde hja.

Hja bigoan nou mar gau drok to skrippen, hinge de ierdappels oer for it jounmiel en sette de sûpengroattenbrij op ’t twadde gat en ’e koekpanne mei stikjes oerjierrich spek yn ’e oun. Do joech hja hjar ringen ôf nei de skûrre ta, om yn in foech bakje hwat brjitten en talhoutsjes for ’t fjûr to heljen.

Hinke trouwd en Pijjes wer frij man! O hja hie it der yn dy stille skûrre útgeije kind fen wille; hwat fielde hja it nou wer, dat dy ljeafde for him noch noait stoarn wie, mar alline hiel, hiel djip slomme yn hjar hert. Hja bleau in amerijke stean for ’t skûrrefinster en seach de finnen út. Hwat like alles nou folle moaijer as nyskes, do-t se sa bidrukt de ûndergeande sinne weisinken seach efter in ticht wolkenflues, goudbirânne en poarper-troch-gloeid, mar dochs as in byld fen ’e tsjusterens, dy-t ek oer al yen wille loek.

It wie noch datselde fjild mei syn sinne yn ’t ûndergean, mar hja seach ’t nou mei oare eagen. Hwat blonk de wjerskyn fen dy inkele lêste sinnestriel oer it hiele stille gea en yn in lyts húske, fier, hiel fier it lân yn, hwat gloeiden der de finsters fen ’e foargevel, sa gril en sa ljocht, krekt ef woene se yn flammen forgean!

En dan dy wijde stiltme oeral! Luts seach nin libben wezen de reden delkommen; de greate wettermounle wie útslein en yn ’e fierte teikenen hjar, skerpbiline tsjin ’e kleare maitiidsloft, de roeden ôf, slomjend yn ’e stiltme. Oer de rûge poellen, der-t de reiden al wer út bigoanen to rinnen yn ’e lange húllen, oer de gielige mieden en ’e finnen krûp it skaed fen ’e joun en d’ierde joech hjar sefkes del ûnder ’t biwâld fen ’e jimmertroue, dy-t mei tûzenen stjerren nachtwekke hâldde by hjar.

Hwat wie ’t dochs hearlik, to libjen en yen formeitsje to kinnen mei alles, hwat der moai is yn Gods wiide wrâld!

Fol moed en fluch as in swel skoude hja nou de wattel fen ’e dwarsbalke, der ’t de skûrredoarren mei fêstsieten en staette d’iene doar iepen.

It hjouwerkoerke yn ’e hân en ’e skelk om ’e holle for ’e koele jounwyn, rôp se nou nei de dobbe ta: Hisp, hisp! Der kamen se al oansetten, dy lytse skooiers—in âlde earke mei ’n plûmke op syn grienskitterjend kopke hie de foarstap en efter him oan kuieren as pronkske jifferkes de lytse rôpeintsjes, dy-t Luts ûnder in hin útbriede litten hie en allerlêst kûrrelen de moddereinen oer ’e efterhûsstriette, dy-t yn ’e rûge wâllen fen ’e hoarnlegersgreften weileinen.

Do-t hja hjar bikomst fen ’e hjouwer en ’e lytse beane hiene, joegen se hjar kwêkjende en bûgjende op in pear skobben strie del en ’e aerdige ljeaflingen fen ’e boskboersdochter wierne for ’e mudde- en kattefangers biwarre.

—Hearink, nou ha ’k ek wol in healûre omdideldomdeine, tocht Luts en mei in flecht roan se de tellegong troch nei ’t bûthús ta. Der wierne se oan ’t fjûrjen, mar ynpleats, dat de feinten beusich omskripten, stiene se op dit stuit mei-inoar to mûskopjen by de pomp, de faem en ’e lytsfeint yn ’t formidden.

„En ik siz jimm’, sa wier as ’k hjir sit....” bigoan de faem wer.

„Dû sitst net, wol?” glimke de greatfeint.

„Sa wier as ’k hjir stien dan,” forfette hja onforfeard, „ik ha hjar fakernôch sjoen, as hja mei de mounlersfeint op ’e paden omstrúnde.

„Ea kom,” sei de greatfeint mei in fyn glimke, „dû wolst nou ek op Hinke del, omdatst sels de breid noch net biste.”

Nou rekke de faem alhiel op iene ein. „Sa’n ien! nou wrachtsjes, dû hoechst hjar wâl net op to hâlden, hear jonkje!” sei hja feninich. „Is me dat net in minnen ien? Earst lokke hja it út, dat Sjoerd Meinses jild fen hjar liende en do-t se him yn ’e skjirre hie, do....”

„Nou, hawar.... fitere de greatfeint hjar oan. „Do die hja krekt mei him, as in fûgelflapper, hja lûk him de wjukpinnen út en sei: flean nou!—hja hie him nou yn ’e macht mei hjar jild, dat flarde.... Mar Sjoerd Meinses is in gnap man—hy liet him net fen Doet ôfsette. Hja hie gjin fat op him, dy falske njirre en nou scilst’ sjen, yntkoart freget hja ’t jild op. Dat scil dan syn deastek wirde.”

Luts bleau deastil stean; der hearde hja dingen, hwer ’t se fen bisouwde.

„Ho wistû dat allegearre?” fregen se de faem. „Myn sister dy tsjinnet der ommers,” andere hja, „en for goed oardel jier ha ús Luts en dy der hinne west to jounpraten en in wike ef hwat letter kamen Sjoerd en Doet op in joun ek ris by mounlerinne en myn sister dy sei, do krigen hja jild en ek in bulte. En do kamen ek al gaueftich dy rare praetsjes op ’e lappen, mar ús Jel dy seit, der is gjin koarel fen oan. Sjoerd Meinses komt der noait binnedoar, as hy boadskip hat, dan giet Doet for him nei de mounle.

„Hy hat gelyk,” nikte de greatfeint. „De skyn tsjin yen to hawnen—dan is ’t al mis.—Mar dy Hinke trouwt nou ommers?”

„Ja, hwa hie dat tinke kind! Pijjes Jans wirdt me der noch ris yn ’e pet lutsen, tocht ik altyd en dû?”

„Nou!” andere de greatfeint, „—mar wy moatte wer oan ’t wirk en dyn mûle scil wol warrich waen wêze, net?” en hy kitele hjar mei in fyn raeike de moaije reade wangen.

„Warrich?” sei hja noch yn ’t foartgean, „né hear, der hat ús mem wol op past.”

„Hosa?” en hja laken allegearre.

„Hja joech ús praetsmoar,” wie ’t snedige andert, wylt hja bigoan to melken.

„Hwat ’s dat for goed?” frege de lytsfeint binijd.

„Gien nei Ouwe dúvelbander, dy scil ’t dy wol wysmeitsje,” lake de faem.

Alhiel biteutere seach de lytsfeint hjar oan.

„Jow dy ôf, Knilles,” moanne de greatfeint, „hja is oan ’t potsjemeitsjen, jonge.”

En Knilles trêdde nei syn wirk ta.

Nou kaem Luts foar ’t ljocht en roan op in drafke nei de keamer ta, hwent hja hearde hjar mem alwer fûterjen, nou omt de turf salang weibleau.

„Moast se noch út it fean helle wirde?” frege hja nidich.

Luts bearde mar, dat hja ’t net forstie en fortelde, hwer se yn ’t bûthús fen op ’e tekst west hiene.

„In seine, dat dy Hinke oan kant rekket,” sei Aene Wypk en wie ynnerlike bliid, dat de jurken mei stroken en ’e kipen mei kantene beagen, dy-t se al sa faek fol nidigens flodderjen sjoen hie, nou ek en noch folle wisser oan kant rekken. „En dû giest yn nije wike ris nei Arjen en der keapest in kreas jurkje for Doete bern en wy moatte de faem der joun mar efkes hinne ha mei in flau byt, hwat aeijen en in stikje ljirre, tocht ik sa.”

„Ja mem,” sei Luts. „Ik bin bang, dat dit gjin bêste dagen for Doet binne, as hja fen dy rare praetsjes wit, wol mem wol leauwe?”

Op itselde stuit, dat Aene Wypk en Luts yn skimerjoun dit petear hiene, sieten Pijjes Jans en syn heit en mem nei boargermoade yn ’e keamer to kofjedrinken en hiene der in stik iten by.

De eptige húzing lei alhiel al yn ’t skaed, mar it driûwerke yn ’e oalje fen ’t stoofke joech noch krekt genôch ljocht, om ’e âlde forfallene troanje fen syn heit en syn glinsterjende brúne eagen sjen to kinnen. Oan ’e oare ein fen ’e tafel, der siet syn mem en dy glimde as in ekkel oer it hiele fette geisige antlit, hwer it reade tipke fen ’e noas wûndere grappich by ôfstiek. Hja hie in âldmoadrige mûts mei plooikes op en ’e stisele bânnen wierne sa stiif ûnder ’e hâls oanhelle, dat hja hjar holle hast net forwege koe.

„So Pijjes en dû wieste nou wer op skien pompier,” bigoan syn heit bidachtsum en oerlangsum wei. „It paste dy net, jonge,” en noch bidachtsumer naem hy in snúfke twisken tûmme en finger en biseach it earst ris goed, eart it de wei fen alle snúfkes gyng.

„En it wie dochs sa ’n aerdich fanke, dy Hinke,” lei Pijjes der spitich tsjin yn.

„Sjoch,” sei syn heit, „dû moaste net tinke, dat wy dy forliede, mar wy wolle dy riede, sa ’s Eabele fen ’t tolhús seit en dan moaste net wer om guont frije, dy-t safolle wyn yn ’e swipe en safolle sinten yn ’e pong ha, astû der gounen yn haste. Dat wol ik net lije by myn rjucht as heit en dyn mem ek net.”

„Ik wol der gjin gedoente mei ha,” en syn wiif seach núvere swart.

„Dû wynst dy derút en dat dochstû,” sei de boer noartsk. „Mar Pijjes is ús jonge, ús Jozef en ús Benjamin fen beiden, scil ’k mar sizze en as heit bring ’k him soks ûnder ’t each. Scil ús bern mei de finger neiwezen wirde om sa ’n mounlersding!” en dan ynienen mei d’ eagen stiif op Pijjes: „Ho koestû der ek om fjuchtsje, siz?”

Pijjes siet oars mei de eagen foardel en ’e hân yn ’e bûs, mar nou stiek hy de holle op. „Hwa hat heit dat nou wer oandroegen?” frege hy rimpen.

„Ik jow gjin rekkenskip oan myn onmounige soan,” sei d’ âld man noch like bidaerd, mar syn hânnen bigoanen to triljen en op syn waeksgiel antlit gloeiden twa fjûrreade plakjes. „Ik wol net lije, dastû dy sels weismytst en derom moast takommende Sneintojoun in oare faem ha en derom giestû nei de útfenhûzer fen moalkersfrouljue. Dan scil ’t gauste forgetten wirde, dast sa berneftige sljucht, hearstû berneftige sljucht nei dat fanke fen mounlerinne wieste. Bigrepen?” en hy seach Pijjes nochris lyk oan, krekt as woe hy de gedachten efter dy jonge foarholle riede.

„Bigrepen,” andere Pijjes lûd, sette syn stoel tsjin ’t bedsket oan, krige syn pet en gyng derút. Dat fanke hie sa ’n macht oer him hawn en it spande tige, do-t hy it wol útmeitsje moast om ’e rare praetsjes, dy-t der fen Hinke en ’e mounlersfeint op ’e lappen kamen. Hy koe der hast net ta komme.

Earst woe hy ’t perfoarst net leauwe en abbeleare der mei alle kreft tsjin, as de âldeljue tige op Hinke ôfjoegen en do-t de kûgel ienkear troch de tsjerke en ’e brief, hweryn hy hjar ôfsei, skreauwn wie, do forgoelike hy hjar noch safolle, as hy koe. Hy forwinske allinne hjar luftich sin, dat him nou foar altyd fen hjar selskip biroave en yn al de oermoed fen syn jonkheit tochte hy der net om, dat syn hiele libben mei sa ’n ien bidoarn wêze kind hie.

En der yn ’t bûthús kaem him nou syn heite sizzen wer yn ’t sin, koart en foars, hwent d’ âld man wie dan oer gjin strie to lûken en hy birette him wol earst op syn alderdeabidaerdst, mar dan sloech hy ek spikers mei koppen, der ’t gjin forwrikjen oan wie.

En nou smookte Pijjes der op dat bûthúsbankje it iene pypfol nei ’t oare, mar op ’t lêst kroaske hy dochs as eindsjebislút nei de bûrren ta, mei in briefke yn ’e bûs, dat hy mei in forachtlik: kom, nou bin ’k der ôf, yn ’e bos smiet. En like bidaerd kuiere hy wer op hûs ta, mar mei de ûnderfining fen in earste tsjinstuit yn syn jong libben.

V.

De wylde kêrs yn Sjoerd Meinses tún wie mei tûzenen snikwite blomkes bisjidde en yn it blomtún foardoar skitteren as goudene stjerren de titelroazen twisken it grien. Om alle parkjes hinne stiene krûze palmbeamkes, dy kreas biknipt wierne troch Sjoerd Meinses en der foarlâns roan in smel rântsje fen pôltsjes sipelgêrs. In greate roazeklimmerbeam stie twisken de finsters, de nije loaten mei eindsjes boarlint oanboun en ’e earste biwyskes fen blêdsjes fortoanen hjar oan ’e úteinen.

Sjoerd Meinses fage it foar hûs hwat oan en struide wyt sân yn ’e paedtsjes. Hy wie sa fleurich net mear as foar oareljier, do-t de jongefammen der wêst hiene to praten; djippe fâlden leine nou twisken syn wynbrauwen en de eagen wierne hjar lokkige útkyk kwyt. Hja seagen droef foar hjar út en selst, as hy him nei it sydfinster tajoech en nei syn slomjende jonge seach yn ’e widze, in roaske allyk yn ’e wite kjessentsjes, koe der amperoan in glimke ôf.

Alles waerde him langer to hiet en to swier; hy suchte for de dei fen moarn en wie dochs bliid, as hy syn warrige eagen mar wer slúte koe en dat it hjoed in ein naem. Skoften koe hy yn ’e hirdsherne sitte to stoarjen—altyd—altyd mei dy pynigjende eangstme yn ’t hert, hwennear Doet ris nei de bûrren ta wie, dat hja ek dy rabberspraetsjes heare en syn lok as in dream forstouwe scoe, om nea, nea werom to kommen.

Lok! lok! de man, dy-t der stie to mimerjen, lake bitter. Syn lok, dat wie ommers al lang foart en hwer hy him nou noch mei syn hiele hert oan fêstklammere, wie neat oars mear as in neiskimer, as it poarper fen in blom, dy-t forwilet en hy húvere by it bitinken fen dizze hirde wierheit.

En hy hie dochs altyd sa it bêste wold! Ho wist hy it noch, dat Doet him súver twinge moatten hie, om it jild by Pijjes Jans syn heit op to bringen en fen Hinke mem to lienen en dy joune, do-t hy en Doet der mei hjar beiden hinne stapten en hja-t sûnder dat hja ’t wisten, hjar eigen ûnk biskripten! Hiene se do hast net de heale nacht opsitten en allerlei moaije plannen for de takomst makke? Do wie ús lok yn top, sûnder dat wy ’t mirken, suchte hy.

Mar Hinke bigoan al faker it paedsje lâns to kuierjen op hjarres ta en einliks roan it op spul út. Doet, dy-t oars Hinke hjar wâl sa ophâldde, foel nou ynienen fen ’t iene úterste yn ’t oare en forbear hjar ’t hûs—Sjoerd hie dochs wol gelyk hawn mei syn warskôging, tocht hja nou. Hy as gnap man sette by mounlerinne net wer in foet binnedoar. Dit brocht him om Krysttiid hinne in lawibes oan fen Hinke hjar meirinder, de harbargefeint, dy t troch hjar opstôkelje wie, mar dat hie noch net it slimste west. Sont dy tiid waerden der praetsjes útstruid, hweryn hy mei de finger neiwezen waerde as in man, dy-t in minske as Doet net wirdich wie en folle en net genôch.

Hy wiste, hwa ’t sa hjar fenyn op him koelle en hy swijde.... al waerde him it mes ek op ’e kiel set. Hja hie syn lot yn hânnen; hja koe it jild wer opfreegje—nimmen scoe him miskien wer gerieve wolle, nou-t him sa’n klodze yn ’e hakken jown wie—syn húske scoe forkoft wirde, syn aerdige meubeltsjes op ’e boelgoedstafel komme.... O suchte hy, is er dan alhielendal gjin útkomst mear?”

Der rissele hwat by de hússide lâns; Doet kaem om de hoeke mei hwat boadskippen yn ’e tippe fen ’e skelk. „Bist hjir, Sjoerd?” rôp hja.

„Ja,” andere hy en gyng nei hjar ta, mar krige in skrik, do hy hjar oanseach. Hwat wie der bard? Krekt ef wie de lêste bloeddrip út ’e moaije wangen weifage en d’eagen, dy reine kleare stjerren, der ’t hy sa faek syn lok yn wjerspegeljen sjoen hie, stiene hja net stiif fen skrik? Hja wankele mei de hân oan ’t glêskosyn nei de doar.

„Doet, Doet! rôp hy forslein, „hwat is der oan?” en hy woe de earm om hjar hinne slaen, om se sa sêft nei in stoel ta to dragen, sa’s hy o so faek dy swiete lêst al droegen hie. Miskien noch hwat to swak, tocht hy.... ik moast ek efkes hinnegien wêze.

„Bliûw fen my ôf,” sei hja stoef en gyng roungear yn ’e keamer op in stoel sitten. Hy skoude hjar in kjessen efter de rêch en in waerm stôve ûnder de foetten en gyng do bidrukt foar de kachel stean. In near forgefoel krige der yn dy nochlike keamer fat op him, der ’t it Maertesintsje sa hearlik ta’n yn skynde en syn lytse jonge, nou goed trije wike âld, fredich lei to slomjen.

Hy merkbite, ho’t hja nou mei greate, frjemde eagen nei him seach. „Ik haet dy,” sei hja sêft.

„Hwat seistû, Doet? Hwerom, hwerom dan dochs?” Hy brochte de wirden der mei moite út en syn lûd, dat trille fen ynhâldene eangstme. „Ik ha dy dochs sá.... sá ljeaf! dû bist myn alles!” en hy fleach nei hjar ta en hy treau se oan syn herte, dat hja it hammerjen en bounzjen fielde. Mar hja lûk hjar holle tobek en draeijde hjar stil ôf, safier, dat hy neat mear sjen koe as it ljochteblonde golvjende hier, dat mei fine goudtriedsjes oer ’e lytse earkes lei. Dit die him sear.

„Ha ’k dit oan dy fortsjinne?” sei hy mei in djippe sucht. „Bin ’k sa min, dat dyn eagen my net mear oansjen wolle?”

„Dû bist sa min,” andere hja reslút wei en ynienen flamme oer it deadlike wyt fen ’e troanje it rea fen lilkens, de lytse hânnen bigoanen to triljen en fen ynhâldene snokken skokte in hiele teare lichemke. Hja kriet it út: „Bistû in man, dast my nou skraelwirk twa jier bidroegen hast? Ik wit alles: de bern by de skoalle skreauwden my efternei en ik ha myn holle bûgd fen skamte for dy!”

Hy, dy-t der nou foar hjar stie en hjar beide hânnen yn sines naem en hjar safier omdraeide, dat hjar eagen him wol oansjen moasten, dát wie net in man, dy-t de holle ek fol skamte bûge scoe, as him hwette neiroppen waerde. Hy koe himsels frijpleitsje mei it bêste, hwat der is: in frij gewisse. Ien amerij wie ’t wer d’alde Sjoerd Meinses en syn lûd klonk fol en fêst, do-t hy bigoan: „Ik hoopje, dat ’k noch forstânnich mei dy prate kin, Doet. Wistû net like goed as ik, hwat Hinke mei ús yn d’akte hie? Ha’k dy alles, alles net forteld, en hast dû der do net om glimke?”

Hja skûrde hjar hânnen út sines wei en noch folle heftiger as nyskes kriet se it út: „Moast mar op Hinke ôfjaen, nou? En hja binne sa bêst! Strakjes noch en do seine hja....”

Sjoerd Meinses syn antlit foroare ynienen, mar Doet seach it net.

„....en do seine hja.... ik moast oppasse.... dû joechst neat mear om my.... e Hinke hie al genôch lijen mei dy hawn. Fensels, it bigrutte hjar om my.... oars hiene hja my al lang earder warskôge for.... myn.... eigen man,” en it lytse kopke dûkte djip, hiel djip wei twisken ’e teare skouderkes.

Nou waerde de lilkens him dochs oermâns by al syn meilijen. „Hast der west? by mounlersfolk! Wist dan net mear, dat ’t ús greatste fijannen binne?” sei hy strang.

Hja bigoan to gûlen. „Hja jowe noch hwat om my, mar myn man....? O Sjoerd, Sjoerd, ho koeste.... Doet forjitte? Ienkear hast my dochs sa ljeaf hawn.”

Der gyng him in skok troch ’e lidden, sa trof dat syn hert. It wie it oantinken oan hjar hearlike jonge ljeafde, dat nou om dy beide minsken hinneware, en se noch bihâlde woe for inoar.

„Ik swar it dy,” sei hy mei in triljend lûd, „dat ik nea net hwat mei hjar út to stean hawn ha. Leau my dan—by alles, dat my djûr is, dit’s wier, lit de minsken sizze, hwat se wolle!”

„Ik.... dy leauwe?” rôp hja bitter. „Dyn hiele libben wie ien leugen! Foart, foart!” en hja wiisde nei de doar.

Sjoerd Meinses sei neat mear; mei in lange blik op syn lytse ljeafling yn ’e widze, draeide hy him om en waerde yn bûthúske wei. Hiette triennen rôllen him oer ’e wangen. Ho scoe dit komme? Doet noch sa swak en nou dizze opwining, dy-t as in stoarm oer hjar hinnegyng. As hja mar net siik waerde?... Hwat scoe hy dan op hjar passe en hjar kûsterje! as hy hjar ljeafde mar bihâlde mochte! hwent der sûnder.... né sá ’n libben koe hy him net foarstelle.—

In skoftsje letter hearde hy de doar tichtslaen en do waerde alles sa stil, deastil, dat it him der kâld fen oer ’e lea gyng. Hoazfoetling roan hy it miellingsgongkje lâns en kipe troch ’e skreef fen ’e doar yn ’e keamer.

De stoel yn ’e hirdsherne wie leech.

„Sikersonk nei de bûrljue ta,” suchte hy. „Miskien saksearet it dan hwat, dat ik hjar alles noch ris mei forstân útlizze kin.”

En hy joech him nei syn wirk.

It waerde middei—it waerde joun en noch hearde hy de bikinde lichte stap net om ’e doar. Troch in núvere onrêst dreauwn—gyng hy nochris nei de keamer ta, teantsjende wei lichtte hy it widzekleed hwat op, om by syn earsteling noch hwat treast to siikjen....

Hy joech in gelúd.... it widzke wie leech. En hy foel op in stoel del en skriemde, sa ’s hy ’t sont syn memme dea net wer dien hie....

It wie al skimerjoun, do-t hy wer hwat ta him sels kaem en mei de bleate holle de wei útroan, om Doet mei ’t bern op to strewearjen.

Mar hwer-t hy frege en sochte, nimmen hie se sjoen en einliks roan, né fleach hy it loantsje út nei de poel ta, hwer hja oars altyd hinnegyng om wetter to heljen.

„Heare, help my,” kriet hy, do ’t hy it stille wetter yn ’e âlde beammen foar him seach. De kâlde jounwyn rûsde wémoedich oer ’e flotgearzen oan ’e igge, der ’t hy bylâns roan, mar lokkich, gjin minskeprint gyng troch it bidauwe gêrs nei ’t wetter ta.

En stadich as immen, dy-t nou mei syn ried to ’n ein is, gyng hy werom, datselde loantsje lâns, hwer hy sa faek in gong wetter for hjar droegen hie en hja dan as in derten famke foar him útroan en in pear bloeijende brimmerheidetokjes ôftepte for ’e steltsjes op ’e skoarstienmantel.

En nou alles miskien foarby! Hjar ljeave laits, hjar fleurich sin, hjar handich bistjûr, hiel de sinneskyn fen hjar libben! Moast it sá komme, sa eindsje as fen in dei, dy-t to moai bigoan wie?

Op diselde tiid rinkele de klink fen âlde Saepk-moi hjar doar. Hja wenne fier de lânnen út op in aerdich boerespultsje, dat se fen hjar lang tsjinjen by de greateljue oergearre hie.

„Ynkomme!” rôp hja, hwent hja wie swier to rissen mei hjar krebintiche skonk en siet der altomets mei yn ’t kjessen.

„Hearink fanke!” sei se forheard, do-t se Doet ynkommen seach, mei in bindelke stiif tsjin hjar oan en alhiel yn in tekkentsje biwûlle. „Bistû net wiis ef is Sjoerd it net mear? Dat scil ’t bern de dea dwaen.”

„En my ek,” sei Doet birêstend en foel op in stoel by de kachel del. „O moike,” sei se en hja krige de hânnen fen ’t âld minske stiif beet en do bigoan se to fortellen, net op ’t stik ôf, mar sa núver troch-inoar, dat it Saepk oan bigoan to gean en hja reslút wei biöardere: „Dû giest op bêd en dyn jonkje yn ’e wrine, forstien?”

En hja sear sealjemôlke en makke hjitte kântsjes, mar it joech nin byt en eart it tsjien ûre wie, ried de arbeider al op ’t hynsder nei dokter ta.

Doet waerd’ dwilich fen ’e swiere koartsen, dy-t it teare omskot teisteren en it dûrre wiken, eart se wer op ’t forhael kaem. Sjoerd Meinses hie bidden en smeke, om hjar en it bern mar ris ienkear to sjen, mar Saepk smiet him de doar foar ’e noas ticht.

Mar jouns let, as dokter nochris efkes oanrinnen kaem, dan strúnde Sjoerd Meinses der altyd om ’e doar, sims trochwiet fen it lange wachtsjen yn ’e kâlde maitiidsbuien en wachte op him en frege triljend aloan itselde: „Ho stiet it, dokter?”

„So binn’ jy it, Sjoerd? It giet foarút, o sa stadich, mar ef se de âlde wer wirde scil.... dat wite wy net,” wie dan ’t andert, wol in swakke treast, mar dochs treastlik. It bigrutte him, lyk as de measten yn ’t doarp om dizze beide minsken, dy-t troch in freeslik misforstân, hwent dat kaem nou mear en mear út, for altyd fen inoar forfrjemde wierne.

En sa kaem it ek. Doet rekke oan ’t gewin en bigoan wer om to wemeljen, mar it wie de âlde net mear. It wezen wie der út as ’t ljocht út in hûs—en praet siet der net mear by. It wie in skynsel by de moaije, plezierige Doet yn ’e fleur.

Selst hjar bern kûstere hja net mear mei de ljeafde fen in mem: hja holp him en forsoarge him, sûnder der bilul fen to hawnen, allinne út âlde gewoante. As hja Saepk-moi ris hwat hânlange scoe, glied hja sa stil ta de doar yn en út en birette it sa koart-om, dat Saepk-moi hjar mûle der njonkenlytsen ek swijgsumer op waerde en hja jouns ek skoften yn ’e lôge sitte koe to stoareagjen, dat hjar oars nea oerkaem. Dan hie se lytse Meinse kûsterjend yn ’e waerme selstoanretten skelk en dan wie ’t krekt, eft der yn it herte fen ’e âldfaem hwette wekker waerde.... eft hiele lytse hântsjes en brúne eagjes djip, djip deryn de skat fen memmeljeafde founen, dy-t yn dit ienlike frijplak fen elts frouminsk slommet.

Doet dy praette fen gjin foartgean en sa hooiden dy twa minsken der mar hwat mei-inoar foart. Saepk bliid, dat hja selskip en in help hie, al wie dy ek hwat stil en Doet by al hjar moedeleazens en ûnforskilligens innige tankber, dat hja en hjar jonkje hjir in ûnderdak foun hiene.

Fen Sjoerd Meinses hearden hja neat mear, sont Saepk him by de doar sa ôfsneutere hie. Syn namme waerde noait neamd en ’e wearaks fen Doet bôze sa oan, dat se hjar noait mear allinne op in paed joech, sa bang wie se om him to metten ef syn lûd wer to hearren.

As der ea de greatste ljeafde yn ’e freeslikste haet foroarje kin, dan joech dat hjir bliken; alles, hwer dit frouljueshert ienkear yn ljeafde for kloppe hie, wie forklomme en forstive—neat bleau derfen oer as de haet—de wrede, ûnstilbere, dy-t net allinne de geest yn in ivige nacht forsinke lit, mar ek einliks nei lang wrakseljen it omskot yn ’e stille kûle bringt.

Sa gyng it hjir ek. Doet waerde stadichoan noch stiller en siet einliks forweesd yn ’e hirdsherne. Dokter skodholle en loek de skouders op. „Dy greate ûnforskilligens scil hjar de dea dwaen,” sei hy bidrukt. „Is der dan neat mear, om hjar ris hwat op to moedigen? To Saepk, jow hjar it jonkje nochris.”

„’t Is om ’e nocht, dokter,” suchte it âld sloof mismoedich. „’t Hat ommers syn eagen.... en dat allinne is for hjar al in argewaesje.”

„Dan moatt’ wy noch mar ris ôfwachtsje,” sei hy. Hwerom stûke al syn wytnisse hjir ek en moast dit jonge, skoane frouminsk ûnder syn eagen forkwine? Alle dagen alweroan seach hy de greate stryd twisken wêzen en dea en as learde waerde hy der ûnforskillich ûnder, mar by Sjoerd Meinses en Doet fielde hy as minske, dy-t mei de minske, syn neiste lit. Allebeide hiene hja syn frjeonskip woán.

„Ofwachtsje, seit dokter?” flapte Saepk derút. „Hja is bitsjoend, seit nijboers Tryn, en ik gien joun noch nei master Ouwe. Dat ’s in wiis man.”

Dit kaem dokter yn syn eare tonei.

„Dan ha ik myn wirk hjir dien,” miende hy, naem syn hoed en joech him steurd ôf.

Op ’e paden mette hy Sjoerd Meinses wer. Diselde fraech folge, mar do-t Sjoerd Meinses wys waerde út syn andert, dat se nou hjar heul by de dúvelbânner siikje scoene, bâlle hy de fûsten mei in: „Dit kin noait, dokter. Al moast ik myn lêste sint ek formasterje—der by dei en by nacht for wrotte op it lân, ik die ’t noch mei wille for hjar.... Mar hjar yn hânnen fen dy Ouwe forfalle litte....! Dokter, witt’ jy net ien útwei? Hwat scil ’k, hwat moat ’k?” frege hy mei oandrang.

„Riede dat’s in min ding yn sokke saken,” andere hy. „It leit der nou sa ta, âlde Saepk wol der optslút hinne, jy scille der net folle oan dwaen kinne, Sjoerd, likemin as ik. ’k Scoe sizze, gien nou oars sels optslach nei Ouwe ta en hifkje him ris, hwat ried hy dy frouljue jaen scil. Licht wirde jy ’t wol gewaer.”

„Grif wol,” andere de oare wis „Ouwe hat wol faek ris hwat gerief fen my hawn yn ’t ierdappeldollen ef sa, dat komt my nou yn ’t sin.”

„Dan ’s dat ommers alhielendal klear,” moedige dokter him hwat oan.... „Sa lang as hy net mei drankjes en puijerkes bigjint to pielen, lit him dan gewirde. Syn bisprekken kin gjin kwea.... En nou.... moed hâlde, Sjoerd. Ik scil Doet net oan ’t lot oerlitte.... it bigruttet my om jimm’.... oeremoarn moat ik der noch mar ris efkes hinne.... dat se net alhielendal forkomt yn hjar lijen,” en hy joech Sjoerd Meinses mei in hertlik goejoun de hân.

Dy waerde hast wei yn ’e reuzehân fen de oare. „Joun dokter,” andere hy en hy joech him op, krekt ef fielde hy yn dy frjeonehân noch de achting fen in eal man for him yn al syn ellinde. „Ik scil jo ried bifolgje en scoene wy inoar yn bettere tiiden nochris wer mette meije?” Ynienen wie hy wer sa mismoedich, dat it lûd him hast yn ’e mûle bistoar.

„Der is gjin mis op,” andere dokter fol bitrouen, wylt hy in sydpaedtsje ynsloech, dat nei de bûrren tagyng en Sjoerd Meinses him ôfjoech nei it hûs ta, der ’t nimmen mear op him wachte.

It wie al let yn ’e joun en min seach neat mear fen ’e grienjende maitiid om yen hinne, mar min roek him, min roek him! De geur kaem mei de jounwyn fen ’e biblomme finnen en de beamtokjes flústeren derfen, de loft waerde soel en swier fen dy hearlike jeugd fen natuer, dy’t elts blomke, elts blêdsje de njue-om-to-libjen learde,—hjar opfearre ta in goudene midsimmerbloei yn in gloeijende sinne.

Der wie gjin gêrske sûnder hoop ûnder al dy tûzenen en gjin blomke bloeide der om ’e nocht yn ’e tún fen natuer, mar de minske, de earste fen allegearre, dy allinne fielde net mear it bisieljende fen sa’n maitiid yn syn hert.

Syn hope wie stoarn.... de tiid fen syn maitiidsljeafde foarby....

VI.

De stânnen sûzelen yn ’e bolle simmerwyn; it seineharjen klonk oer ’e stille fjilden, it wie simmer waen!

Oer ’t gea hinge de swietrook fen it earste hea, dat yn lange streken op ’t swé lei en hjir en der al yn lytse opperkes swile waerde for in tongerbui, dy-t opkaem yn ’t Súden, wytflokkich yn ’e neimiddeissinne, mar dy-t tsjin ’e joun heger skouwe en lang, hiel lang de stjerrende goudglâns fen it Westen drage scoe.

Pijjes Jans skoude de ierdkarre ta ’t lytshús út, lei it rúnedek erop en helle do mei it hjouwerkoerke de fos út ’e finnen.

„Hwer sist nou noch hinne op ’e joun?” frege syn heit, dy-t it lân út weikaem. Hy hie ris sjoen, ef de hantsjemieren Heinrich en Wilhelm út Westfalen ek hast komme koene, hwent to bytiid woe hy se ek ret ha, dan iten se him de earen fen ’e holle en to let, dan waerde it gêrs to ryp en wie de pit derút.

„Ik moat ommers noch efkes by Aen Claeses en dy wêze,” andere Pijjes, mar seach derby yn ’e oarre wei. Syn heit hoechde net to sjen, dat hy hwat reader waerde en d’ âld man syn brúne eagen wierne oeribele skerp. „Heit wit noch wol, net? om dat inter, der ’t wy lêsten fen praetten.”

„Ja jonge,” en syn heit bitocht him ris, „dat ’s ek sa. Nou hûndertsechstich, mar ek gjin sint mear en tink om syn poaten—mar as ’t der tsjien goune ôftingje kinste, noch better. Sa ’n tsjien goune fen in bitûfte hânnelsman as Aen Claeses—hwent dat is er, lit him oars sa slûch wêze as in stoppelkat.... sa ’n tsjien goune, dy-t ’k him ôfwin, jowt my in niget fen fiifentweintich, sa ’s ’k dy siz.”

„’k Scil ’t der nei oanlizze,” miende Pijjes,—„it is ek in skoandere priis,” en hy sloech it hynsder foar de wein en gyng mei in linige swaei op ’e ierdkarre sitten. „De groetnis,” rôp syn heit him noch efternei, do-t hy twisken de iken stambeammen fen ’e reed wei waerde.—

Yn ’e bûrren stie ’t jongfolk, dat hjeljoun hie, by de smitte mei-inoar to petearjen en kreaze jongefammen op gledde toffeltsjes mei de bûntskelk foar en ’e skjinne mûtse op, moasten der krekt foarby, om in pear reaven jern ef in healpoun kofjebeanen to heljen. Nimmen liket dochs op Luts,—tochte Pijjes en nimmen kin ek mar yn ’e fierste fierte by hjar yn ’t skaed stean, en hy suchte.

It wie him noch net forgetten, ho fiis ’t Luts lêsten jouns sjoen hie, do-t hy se ris mette by moalkersfolk en fortearst sont lange tiiden dat aerdige mûltsje wer ris praten hearde en ho feninich hja al syn fragen ôfsneutere mei in so? en in ja?, hwer hy sa ridderslein fen waen wie, dat hy mar ringen de wyk spile.

Mar nou joun scoe hy it fet wol oars bikûpje, sa stiek hy himsels in riem ûnder ’t hert; nou derhinne gean om ’t inter, krekt op Snjeontojoune—grif de boel oan kant en Luts miskien ûnder de linebeam oan ’t krantlêzen.... en dan.... bylizze, skild bikinne en freegje, ef hy noch net ris werkomme mochte.

As hja dan ja sei, hwat hja sikersonk wol dwaen scoe, dan wie ’t pleit woán, alles forgetten, dat sa ’n forkeard bloed set hie op dy winterjoune. Mar as hja him ris wer ôfsneutere, lyk as lêsten jouns? In bytke stymskens siet der wol yn, suchte Pijjes—de moaije blaue eagen koene sims rare prúl sjen as hja steurd wie en dan krolde it reade boppelipke sa spitich op en dan wie ’t ornaris lak! O hearink! as hy syn possenaesje sa ris útspylje moast!... en dan Luts foargoed kwyt!!

En de loaits, der ’t hy mei nei de mounle op ’e Heechkamp eage, der flamme al de nidigens yn op, dy-t hy salang bidimme moatten hie—tsjin dat frouminsk, dy-t him mei hjar lonkjes en glimkes fen Luts Aens ôfset hie. Nou earst seach hy ’t yn, ho-t heit gelyk hawn hie mei syn warskôging en it joech nou ynienen ek oan alle kanten bliken, ho ’n forkeard aerd der yn hjar siet. Der stie hja nou as troud wiif foar ’t finster—hwent de jongeljue wierne by mounlerinne yntrouwd om de fordéligens—en gniisde him wrachtsjes noch gekoanstekkerich hwat út. Ynienen joech hy de fos in klap mei de úteinen fen ’e jageline, dat hy in sydsprong makke en as de hagel foartstoude.

Krekt op ’t selde stuit draeide in jongfaem, dy-t mei Afke en Auck stien hie to praten, hjar om en gyng it paedtsje del nei de bûrren ta. De ierdkarre, dy-t mei fûle foarsje oer ’e wei rôlle, seach hja núvere swart efternei.—Sa ’n bluisterige gek—like ’t wol, ef dy kleare eagen seine en noch flugger wipten de lytse foetsjes nei de bakkerinne ta, dy-t krekt foar de moalkerij oer hjar grouweiten bôllen, healbreaën en swinemagen to pronk hie to lizzen.

„Folk!” rôp Luts Aens en sette it koerke op ’e toanbank del. Mei in fyn glimke moast hja der noch ris efkes om tinke, ho bikaeid as Pijjes Jans útkomme scoe, nou ’t hja foart wie, hwent hja bigriep it wûndere goed, dat de reizen lang net allinne om ’t inter wierne. Mar ûngemirken wei slûpte der ek eat as meilijen yn hjar herte; al ho-t it hjar ek stutsen hie, dat hy dy winterjoune mei Hinke gien wie, der bleau dochs noch altyd hwat fen sitten fen dy âlde tiiden, do’t hy, dy foarse gnappe feint it loantsje opdraeide nei hjarres ta. Der hiene al in hopen west nei him, inkelen like ryk en like fornaem, mar hjar hert bigoan net to bounzjen en hjar eagen net to skitterjen, as dy der oankamen; it wie en ’t bleau koel spul.

—„Och, dat fanke hat him ek yn ’e maling naem en hy hie dy joune in mâl sin—bigoan hja nou to forgoelikjen en rôp nochris lûder fen „folk,” omt bakkerinne noch net it bakhúsgongkje lâns kûrreljen kaem.

„Heden Lutske! sont hwennear roppe jy fen folk? Kom mar gau yn,” sei’t âld minske oansjitsk en kipe om ’t hoekje fen ’e doar. „Ha jy al in skoft stien to wachtsjen?” liet hja derop folgje, do-t Luts hjar efternei gyng yn ’t peikeamerke, dat mei fjouwer stoellen en in klaptafel mear as fol wie.

„Wachte? Welné,” andere Luts, „ik hie efkes by moalkersfrouljue stien, sjoch,” en foel do fen ’t iene yn ’t oare—„kinn’ jy yn nije wike ek twa healbreaën mear for ús hâlde en for trije stûren grou-boltsjes? Wy bigjinne mei de haeijing.”

„Dat moat ek,” nikte bakkerinne. „En hwat seine hja by moalkersfolk—scil Hessel en Auck ek hast trouwe? Nou, ’t fanke krijt it der as prûmmenbôle, sa’n moai spul en sa’n riken skevel! En ho is ’t mei jo, Lutske? stekt it jo de eagen noch net út?” pleage it âld minske goelik wei en seach ris glimkjende nei Luts.

„Ea ju, ik kin myn sile noch bêst allinne lûke,” sei Luts gútich. „En derby.... trouwen.... birouwen kin der ek ris fen komme.”

„Krekt sa,” bifêstige bakkerinne mei in djippe tear twisken de wynbrauwen. Hja wie al for de twadde kear widdou en hie nou alwer in moaije potkanten langmûts ré lizzen, om der de tredde kear mei to pronkjen, as it lok hjar tsjinne, om in woltrochfûrre rintenierke yn ’e bisnijing to krijen. „Jy moatt’ sa mar tinke, Lutske,” sei hja en lei de earmtakken maklik wei op ’e tafel, „der is in bulte tsjef ûnder ’t koarn, fanke, hwent moai prate kinne hja allegear as in lapkepoep en lige as in séman. Dan is ’t earst myn skat en myn ingel en dan letter dû diwelse âlde tange en dan wirdt der yen noch in biezem efternei smiten.”

„’t Scil wol sa wêze, mar dan wirdt it der sims ek nei makke,” miende Luts.

„En dan Doet Meinses sims? Ha-t dy ’t der ek nei makke?” frege bakkerinne skerp.

Luts skrilde in bytsje en andere dimmen: „Mar hat hy it der nei makke? Us heit en dy ha him salang kend—it is in man der’t noch noait immen spyn oan bifoun hat,” sei hja mei in oertúging, der-t hja eare mei ynlei.

„Gjinien syn skild is ’t,” sa wynde bakkerinne hjar der handich út, „mar ik siz dit mar, it is slim.—Ha jy ’t al heard, Lutske?” en hja skikte hwat tichterby. „It liket doch wol, dat der hwat west hat twisken Hinke en him, hwent mounlerinne hat it jild opfrege fen Sjoerd Meinses en nou scil ’t spultsje wol forkoft wirde moatte.”

„Scoe ’t net in praetsje wêze?” frege Luts mei ’t lêste dripke hoop.

Mar ’t wie gjin praetsje: Hinke spile hjar lêste kaert út. Hja wie net tofreden, dat hja it lok fen twa jonge minsken ûnderwrotten en fornietige hie, allinne omt Sjoerd Meinses op syn stik stie en hjar ôfsneutere.... né, hja sette de kroan op ’t wirk, hy scoe ek noch fen ’t steed, dat him sa djûr wie, der ’t elts herntsje, elts paedtsje en elts blomke noch flústere fen hjar, dy-t hy sa ynnerlike ljeaf hie.

Yn dy stille keamer koe hy jouns skoften sitte en dreame, dat it noch allegearre sa wie as alear, dat der wer sokke sêfte foetstappen troch ’t foarhús kamen en der in hântsje op syn skouder lei waerde mei de swietlûdige fraech: „Scille wy noch efkes bûten sjen?” En dan gyngen hja togearre, hân yn hân, hjar lyts keninkryk yn ’t roun, by de blommen lâns, dy’t hjar aerdigheit wierne, by de snijbeane troch, der hy sa greatsk op wie en dan kuijeren hja sims de lânnen ek noch wol ris in eindsje út, as de kamperfoelje bloeide en it gealtsje yn ’t ûnderhout sloech.

En as hy him dat dan allegearre sa to binnen brochte, dan útere it him yn dat iene wird: Scoe ús lok ek to great west ha?

En nou moasten al dy ljeave plakjes oan frjemden tabiheare? Hja dolden yn ’t blomtún om en fordústrewearen de parkjes, dy-t hy oanlei hie, oaren scoene op it lytse stoeltsje sitte yn ’e hoek, hwer hja him altyd sa aerdich oankommen sjen koe. Der hjar blond kopke oars sa moai boppe de blommen yn ’t finsterbank útkaem, siet dan in oaren ien, dy-t net iens wiste, ho-t elts herntsje, elts stientsje fen it âlde húske noch in oare waerdij hie as dy-t hy mei jild bitelle, de waerdij for in earme, ienlike man fen it oantinken oan lok.

O Luts koe der sa goed ynkomme. Hja wiste ek fen leed en ho-t dat droegen wirde moast, al wie de lêst ek noch sa swier.

„En is der dan nimmen mear, dy-t him mei jild gerieve wol?” frege Luts wer.

„Nou kin min heare, dat jildsaken gjin frouljuessaken binne,” sei bakkerinne. „Sjoch, dat’s sa: do-t Sjoerd Meinses it spul kofte, koe hy de kosten bitelje, miskien noch in bytsje mear, mar it oare moast hy op skea ha. De tiiden binn’ net foarút gien en ’t lêste fearnsjier hat hy de boel hwat útrûppelje litten—nou nimt mounlersfolk syn trekken waer. Nimmen jowt der him nou mear jild op, moatt’ jy tinke, fiersto bang, dat hja der in pear toppen wolle by sitte litte scille.”

„’t Is dochs treurich, dat dy earme minsken yn hânnen fen dy Hinke forfallen binne. Hwa hie ek tinke kind, dat hja se sa neiride scoe?”

„Siz dat wol,” andere bakkerinne. „Nou yntkoart scill’ jimm’ der wol mear fen hearre. Hinke jowt mar in hiele opskûrring yn ’t doarp.... earst dat trouwen mei de feint en nou wer sa’n spul mei Sjoerd Meinses en dy.”

Pratende wei wierne hja oerein gien en bakkerinne brocht Luts nou oan ’t steksdoarke ta. It lêste nijs moast hjar nou noch efkes fen ’t hert. „De frijerij mei Pijjes en moalkersútfenhûzer is ek wer út,” sei hja en seach Luts tomûk, mar skerp oan.

Luts koe ’t net helpe, mar hja krige in kleur fen komsa en bakkerinne, dy glimke yn hjar sels. „So, is ’t wer út?” sei hja sa ûnforskillich mûchlik. „’t Scil Tine wol moije, ik tochte oars, hja mocht him wol lije.”

„’t Is ek in gnap jongkearel,” prize bakkerinne. „Sa’n ien is oeral wolkom. To, kin ’t mei jimm’ noch net ris hwat wirde? Krekt sa’n moai spantsje, tinkt my.”

Hjar wirden dreauwen Luts it jonge bloed alwer nei de sêfte wangen en hja makke der hjar mar hwat ôf. Bakkerinne mocht graech hwat yn in oarremans saken omreare en alles útfiskje en freegje, der hie se sa’n slach fen, it wie gled in wûnder, mar dat noaske Luts neat. Hja makke mar gau in ein oan it petear en joech hjar mei in frjeonlik goe’joun ôf nei hûs ta.

Do-t hja thús kaem, siet Pijjes Jans noch smûk by hjar heit to kofjedrinken en Aene Wypk bleau as in sâltpilaer op ’e stoel, om op to passen, dat Aen him net forrifelje liet.

„Hûndertsauntich,” sei Aen Claeses slûchwei en stoppe in nije piip. Sa’s de saken nou stiene, koe ’t wol toalven en ienen wirde, eart hja it iens waerden en dan wie de slappe pipe for it stille mântsje mei syn grize kroltsjes in útkomst.

„Gjin sint mear as hûndert-trije-en-fyftichste-heal. Syn hier is núvere rûpsk en dat skeane koltsje foar de kop misstiet alhielendal,” lei Pijjes Jans der tsjin yn, mar tochte mear om Luts, dy-t stil út en yn gyng, as om alle hynsders mei ef sûnder koltsjes.

„Ea hwat!” bigoan Aene Wypk nou to hânneljen, „Aen is fierst to goed. Tachtich en net in sint minder, moast sizze en dan is ’t noch goedkeap.”

„Ik sei fen hûndertsauntich,” herfette Aen Claeses syn petear en lûk mei niget oan it pypke, „en der hâld ik my by. En jy, frou, jy moatte nei Noarch ef sa, om ’e hynstehânnel to learen. Hjir kin ik it wol ôf.”

Aene Wypk krige in kaem as in kalkoense hoanne en makke, dat hja fen rúten kaem. Sjedêr, hja koe hjar bidêsd, slûch mantsje net mear! Dat spriek mar op for mastersfeint en koe opspinne as in hounegiseler en dat, nou-t hy yn fiifentweintich jier fen al dit bûgen en deljaen al dûknekkich waen wie.

Min bilibbet hwat op yen âlde dei, mar ’k scil him opsitten leare! ûnthjitte hja hjarsels.

Yn it simmerkeammerke hânnelen hja al jeuzeljende fierder: Aen Claeses woe ljeafst it measte ha en Pijjes Jans it minste jaen.

„Komoan!” sei Pijjes op ’t lêst en hâldde him de hân foar, „slach ta, it forskil troch,.... Hûndert sechstich en ek gjin sint, gjin heale sint mear.”

„Mar dat doch ’k net!” kriet Aen Claes binaud. „Ho ris.... hy hat de hiele winter ek iten en ik moast in kwelderplak for him hiere en....”

„Dat wite wy wol,” miende Pijjes hwat ongeduldich, „....dwaen ef net. Der binn’ mear goede hynsders yn ’e wrâld. Nou?” en hy hâldde him yetteris de hân foar.

Skrúten sloech Aen Claeses ta en kroaske do nei de skûrre ta om in helter, der ’t hy it inter mei ophelje koe.

Luts wist sa gau fen gjin ûntkommen mear; op ’e rin gean, dat woe hja net, hwat mocht hy dan wol tinke en derom bleau hja stean, der-t hja stie en line fen greatskens en stymskens yn ’e rêch, wylt hja ta ’t finster útseach, de lânnen oer.