„Lutske,” sei Pijjes súntsjes. Gjin andert.
„Lutske,” sei hy noch ris en hja hearde, ho treurich as syn lûd klonk.
„Ik ha gjin hynsders yn ’e hânnel,” biit hja him ta en seach stiif foar hjar út.
„Gien dochs efkes sitten—ik woe sa graech ris efkes mei jo prate,” bigoan hy wer.
„Gien derfor mar nei oaren ta, hear!” andere Luts feninich. „Mei praten is ’t net to dwaen.”
„Hear nei my,” sei hy nou mei oandrang. „Woll’ jy wol leauwe, dat ik der op roan ha, om mei jo to praten, dagen né wiken lang? En nou scil ’k my dizze inkele kâns wer ûntgean litte? Né wrachtsjis net!”
„Jy ha wol gedild,” miende Luts kâldgnyskjend, mar seach him nou dochs efkes oan, hiel tomûk. „Nou, dat ’s ek mar goed. Mei forkeard folk is ’t ek min ploeijen, tominsen, as hja yen stean doarre, o’ net?” Dat o’ net kaem der sa húnjend út, dat it bloed Pijjes Jans bigoan to koaitsen. Hy wie ek net fen stien en dan mei sa ’n moai fanke foar him, dy-t hy eltse minuet noch ljeaver lije mochte en dy-t hy gjin tûmbré groun ôfwinne koe, dan spande it erom, om dimmen en bidaerd al dy faksearjende wirden by de rêch delglide to litten.
„Hwa doar my stean?” frege hy brûkel en kaem in pear stappen tichterby.
„Ik!” rôp Luts en gyng lyk foar him stean. „Hwat miene jy wol? Ha jy jild, ik ha ’t ek en ik lit my net negerje, dat kin ’k jo wol fortelle!”
Hja stie alhiel op iene ein, dat koe min hjar oansjen en Pijjes Jans rekke nou gled mei ’t spul oanklauwd.
„As jy dan perfoarst net wer wolle, Lutske,” sei hy mei in sucht, „dan sit der neat oars op as my der by del to lizzen.... Ik wol ’t earlikwei bikinne, ik ha skild.... ik ha jo net sa aerdich bihânnele, mar ha ’k net genôch boete nou?... Kinne jy net hwat forjaen en forjitte?... Scoe ’t twisken ús nou noait wer sa wirde kinne as alear?” en hy joech him nei de doar. Pijjes Jans bigoan net to smeken, der koe Luts him wol for, der wie hy fierst to greatsk ta. Dos dit wie syn lêste wird? Nou kaem ’t der op oan: hwat scoe hjar lêste wêze?
Kaem ’t troch it glinsterjende Westerljocht, dat ta de glêzen ynkipe? Luts dy seach, dat der triennen yn syn eagen stiene.
„Jy komme yen ek sa forkeard oan,” sei hja en gyng foar ’t finster wei in pear stappen efterût.
„En jy wite net, hwat jy wolle, Lutske,” andere hy bidrukt mei de knop fen ’e doar yn ’e hân. Jierren letter wist Luts it noch, ho-t hy dy giele knop hast stikken knypt hie yn syn stevige hân, krekt as woe hy net oer dy drompel gean, om ’e doar for altyd efter him tichtfalle to litten.
Rimpen draeide hy him yetteris om en gyng nou lyk foar hjar stean „’k Wol skild bikinne, alles wol ’k wol dwaen, mar jy gnyskje derom! Hie ’k net in bytsje better fortsjinne?” frege hy hjar. „To Luts, wêz net sa stymsk,” paeide hy. „Ik mien it sa goed, sa tige goed mei jo.”
„Jy komme yen ek sa forkeard oan,” sei Luts wer en glimke hiel efkes en dat forheldere hjar antlit as in sinnestrieltsje. Och hy wie oars net sa min, dy Pijjes, mar troch forkeard selskip komme sa ’n hopen yn ’e toarnen tolânne, tocht hja.
„As ’k mar wiste, ho ’k it oanlizze moat,” sei Pijjes mei hwat mear moed.
„Ja, ik wit it ek net,” suchte Luts en tipele forlegen mei de skelksbânnen om, it lipke noch in bytke prúl, de wangkjes yette hwat reader, mar de nidige bui al yn ’t oerdriûwen.
Tomûk seach hja him ris gútich oan. Pijjes Jans krige dy loaits yn ’e gaten en sei yetteris for de twadde kear: „Ho moat ik it dan oanlizze, ju?” en hy sloech hjar d’ earm om ’e kante lea en tútte op it ljeave mûltsje om, op de wangkjes, de sêftreade earkes en ’e blonde hierkes, krekt as koe hy der noait genôch fen krije.... „Sa dû?” frege hy dûzich fen lok, „sa dû? myn faem, myn skat?”
Mar it aerdige mûltsje bleau stom en op de wangen gloeide in forskriklik kleurke.
Aene Wypk stie yn ’e doar, mei de hânnen yn ’e siden en ’e mûts op trije hierren.
„Myn goede frede noch ta,” rôp hja gysten, „binn, jimm’ nou alhielendal net wiis? En dat op Snjeontojoun mei in berch hoazstopjen op ’e stoel!” en hja saeide Luts in pear sokken foar de foetten mei gatten as bâlstiennen. „Dû derút,” en hja wiisde op Luts, dy-t biteutere yn in hoekje stean gyng, om hjar hwat to skamjen,.... „en jy?” frege hja Pijjes, dy-t der glimkjende by stie.
„Ik wie fen plan, om myn koft inter mei to nimmen,” sei hy bidaerd. Hy hie ’t wol faker by Aen Claeses tongerjen heard en liet nou alles mar by de rêch delglide yn syn blidens oer it weromfoune lok.
„Jowes?” frege hja skerp.
„Nou!” sei Pijjes Jans, „koft en bitelle mei hûndert sechstich bêste gounen.”
„Nou hâldt it dan doch yn ’e goedigheit op!” rôp Aene Wypk breinroer. „Dat frijt me earst mei myn dochter op ljocht-skjin dei en set dan dy slûche Aen noch for in tweintich goune ôf. Aen! Aen!” galme hja mei hjar swier manljueslûd troch de bûthúsdoar, mar Aen Claeses mei syn lytse kroltsjes en syn nau buiske hie al lang bidaerder contrein opsocht en harke net nei Wypk hjar gerop, likemin as in âld hynsder nei de swipe.
Do smiet hja de toffels út en fleach hoazfoetling yn ’e skûrre.
Pijjes Jans naem syn trekken waer en socht syn forlegen famke yn hjar hoekje wer op. Hwat der bipraet waerde, is sa âld as ’t minskdom sels, mar it scil altyd nij bliûwe, salang der noch jonge geslachten opstiene, dy-t yn ’e bloeitiid fen hjar libben ljeaf-ha.
Beide ha hja dizze joun noait wer forgetten, ek net, do-t hja al lang trouwd wierne en Pijjes Jans it altyd alweroan biwiisde, ho goed hy-t mei syn wyfke foarhie.
En Luts? Hja forgeat, sa’s hja ûnthjitten hie; nea pinfiske hja nei ’t ien ef ’t oare, mar hy soarge ek, dat der neat to freegjen wie. Hja bitrouwde him yn al syn dwaen en litten en is noait bikaeid útkaem.
Hja wierne alles for en troch inoar troch de ljeafde, it ienichste ideaelgefoel, dat it minskdom bybleauwn is yn al syn leed en smerte—de ienichste blom, dy-t der noch for him bloeit en tept wirde kin.
VII.
Alles wie foarby! De frjemde foetstappen ûnthilligen net mear syn túntsje, de frjemde stimmen net mear syn keammerke. Hja hiene taksearre en wardearre, yn ’e bynten kerfd en oer it minne kousolderke krûpt, yn ’e stoellen om môchgatsjes socht en it ienichste bistje bitûmke—nou wierne hja foldien.—It húske fen Sjoerd Meinses wie op ’e bûrden kaem; nimmen hie safolle minslik gefoel, om him stibelearje to wollen, selst Aen Claeses net, ho-t Luts him ek oanpûnde en Sjoerd Meinses syn húske gyng foart, syn bistje, syn bytsje kreas húsrie, for trije jier mei safolle hoop by-inoar koft en hy bleau de joune allinne oer yn it lege hûs, it hûs fen in oar....
Hy suchte net en hy snokte net, hy seach net iens yn ’e lege keamer om, mar bleau stean, der-t er stie. Hwerom ek, hwerta?
Dizze lêste slach hie him fornietige. Mennichien fen ’e geseten ljue krige der letter wol bikrûping oer, dat hja hjar do net hwat mear oan him gelegen lizze litten hiene, mar it brânizer fen ’e gjirrigens skroeide ek al ring hjar herte wer ticht. Elkmis for himsels, tochten hja wysgearich. Hja koene it dochs net helpe, dat der wer in earme noch ûngelokkiger waen wie, as hy al wie. Hwat kin sokken in minskelibben skille, as de jildpong mar fol bliûwt!
Tsjin ’e joun gyng Sjoerd Meinses nei de bûrren ta om ôfrekken mei dizze en gene to hâlden, in skimme fen alear, de klean rûm om ’e meagere lea en skurf, nou ’t der gjin krekte frouljueshân mear wie, dy-t byienhâldend op alles taseach.
„So?” sei dokter, do-t hy der earst hinnegyng mei in swiere mûtse op. „So, Sjoerd Meinses, gien’ sitten. Hiene jy boadskip?” en mei ien blik fen syn skerpe eagen seach hy de wanhoap, dy-t der skreauwn stie yn dy eagen—de smert, hwer it herte yn dit sterke omskot fen forbûke wie.
„Ik scoe de rekken fen Doet bitelje,” sei Sjoerd Meinses mei in sucht en helle de koperen tabaksdoaze út ’e bûs. „Wol dokter it mar ris efkes neisjen, hofolle as ’t is?”
Wylt dokter him omkearde nei syn skriûwtafel ta, fielde Sjoerd Meinses for ’t earst, ho warrich as hy wie. De kreft bijoech him súver alhielendal en hy siet roungear yn ’e greate briedstoel, dy-t dokter him taskouwd hie en seach longerjend nei it pantsjefol kofje, dat doktersfaem op in lyts bledtsje yn ’e keamer brochte. Ungemirken wei drukte dokter nochris op ’e skelle, do-t hy dizze warrige blik yn ’e gaten krige en sei tsjin ’e faem, dy-t der al ringen oankaem: „Noch in kop kofje en in stik koeke, Ant.”
„Bêstich!” andere de tsjinstige en futtele foart op everlastene pantoffeltsjes.
„En nou.... hjir ha ’k it rekkentsje for jo,” sei hy en joech Sjoerd Meinses in foech snipeltsje pompier oer mei in bidroefd bytsje sifers en fiif goune en in dûbbeltsje derûnder.
Sjoerd Meinses krige it oan, biseach it ris, kearde it om en om en sei einliks forslein: „Dat’s in forsin, dokter. It moat grif fyftich goune en in dûbbeltsje wêze. Safolle hie ’k ek al meinaem,” en hy telde twa goudene willemkes, in pompierke en twa ryksdaelders op ’e tafel út, syn lêste jild—as hy mei Gjerrit winkelman en ’e kûper ôfrekkene hie.
Dan koe hy wer fen foaren oan bigjinne en syn hiele libben sparje, om oait wer safolle by-inoar to krijen.
„Hark ris Sjoerd....” sei dokter hastich.... „tochten jy nou einliks, dat ik jimm’ it lêste jild ôfhelje scoe? Wel man, ik scoe my for mysels skamje, sjedêr! It is fiif goune en dermei út en doch nou dat jild mar gau oan kant.”
Sjoerd Meinses wist net, hwat hy scoe. „Ik mien ’t,” sei dokter mei in goelik glimke, „dat jild is mines net.... Kom, drink ris op,” fitere hy him oan, do-t Sjoerd Meinses mei triljende hânnen it jild wer opbirgen hie en nou nei de groun stoareage. „En scill’ jy nou nei jo âld-omke ta, safolle as setboer?” frege hy.
Sjoerd Meinses stiek de holle op. „Der ha’k my al nei set, dokler,” andere hy en krekt ef bisefte hy nou earst, hwat dokter, in nij-ynkomling, dy-t noait hwat fen him hawn hie—joun for him diich—liet hy der hastich op folgje: „Hwat hat dokter in goed dien oan my!.... Wist ik mar, ho-t ik bitankje kin! mar wy minsken ha der to min ta leard, dokter.... om to úterjen, hwat wy fiele.... Mar as dokter ris forlegen is om ’t ien of oar.... ik stien klear for jimm’.”
„Dat’s bêst,” sei dokter. „Fen in man as jo hie ’k sa’n tank forwachte.” Hy wiste, dat Sjoerd Meinses nou altyd for him klear-stean scoe—it wie in man fen syn wird. In bytsje binijd bigoan hy noch ris oer Sjoerd Meinses syn foartgean to praten: „Der wol nei set? Is ’t dan noch net sa fêst?.... Oars wie by in snoar fen my wol in plak as túnman, der kinne jy ek komme op myn forspraek.
„Bêst, tige bêst,” sei Sjoerd Meinses moi rimpen en in fyn kleurke teikene him ôf op syn meagere wangen,.... „mar dat moat mar net, dokter.”
„En hwerom net?” Dokter bigriep der ynienen neat mear fen—hy hie ’t ommers sa goed mei him for en hy naem him ris hwat skerper op.
Der kaem gjin andert, mar hy merkbite, ho-t in lang forkroppe trien oer ’e brúne wangen rôlle en ho-t hy mei in ûnbiskriûwberen langst yn syn moaije eagen nei de aerdige petretsjes op ’e skriûwtafel seach, twa lytse famkes, blond en brún, it oare ik fen heit en mem.
Dokter liet syn eagen der ek oergean en ynienen begriep hy nou, hwat der yn it herte fen dy stille man omgyng.
Hij moast syn lyts beukerke noch ris sjen kinne! syn kraeijerich lûd hearre—mei syn mûtele hântsjes en earmkes yn ’e loft om skermesearjen sjen, dat wie de ûnforbrekbre bân, dy-t him noch oan it doarpke, oan ’e krite boun, mar sa fêst, dat der gjin macht op ierde wêze scoe, dy-t him ek noch dizze lêste treast ûntnaem.
„Né dokter....” sei hy ynienen reslút-wei,.... „ik kin net. Jy binne heit as ik.... miskien lokkiger.... mar dan forstiene wy elkoar.... As ik net mear tominsen it húske sjen kin, der-’t myn wiif en bern húsmanje, der-t ik sa ynnerlike mâl mei bin.... sjêder dokter... dan ljeaver dea!”
Dokter draeide syn holle hwat om. „Earme man,” sei hy hiel sêft en bleau in amerijke mei de hân oan ’e holle sa sitten. Do-t hy him wer omkearde, wie Sjoerd Meinses syn stoel leech; it sêfte jounsizzen fen him hie hy net heard.
De joune let wie Sjoerd Meinses noch yn syn túntsje dwaende.
Ljochtmoanne-waer wie ’t, moai en stil nei in lange wiete rite. Tûzenen drippen trillen noch oan ’t beammen, krekt as hearden hja by it earste fine simmergrien, by de reabrún-skimerjende ikebledden, by de sulverige blêdplûmmen fen ’e wylgenmoezen, dy-t de teare twigen hiel djip nei in poelke tabûgden, dêr ’t de bûlders fen ’e stjelpige rein noch op stiene.
Alles knoppe, geure en bloeide en as in simmeramme fen ’e allerljeaflikste joun wâlle der in swietrook oer ’e fjilden.... sa sêft.... sa myld út al dy jonge blomkes, dy-t tojoune iepengien wierne, fen al dy lêste bledtsjes, dy-t tojoune út it húltsje krûpt wierne, fen al dat blomt, fen al dat krûd, dat it wie, eft alles forroan yn ien hymne fen lof, sûnder wirden, mar forsteanber for ’t herte.
Roerleas stiene de hege esken op ’e diken. Sa nou en dan waeide it as in sucht oer ’e tichte krúnen en dan gyng der in flústring fen ’e hearlike nije dei, dy-t komme scoe oer ’e bledden en dan stiene hja wer sa stil, sa stil—in rige fen foarse, geve reuzen, dy-t it hoarnlegerke ôffreden, dat ienkear Sjoerd Meinses sines wie.
Mei de lod yn ’e hân socht hy de moaijste blompoltsjes út it blomtún foardoar, dy-t hy by de forkeap der útbitinge hie en soârgsum groef hy se der mei de klút út en sette se op ’e platte kroade. Hja bloeiden wer like moai—de beltsjeblommen, de fioeltsjes en it lette piperbeamke, mar de frouljueshân, dy-t se oars oan ’e wite stokjes boun, taelde der net mear nei, om efkes fen ’e moaijsten to rûken ef boartlik wei in kleurich blomke twisken de reade lippen to stekken en dan gútich to freegjen: „Smokst’ ek soks, Sjoerd?”
Alles kaem him wer yn ’t sin: der by dat rigeltsje útbloeide wite wyfkes hie hja triedsjes stopjern spand, dan hingen hja d’ oaren net yn ’e wei—for dy stamroaskes hie hy hjar wite stokjes mei giele knopkes op Sinterklaes foreare, der-t hy hjar tige mei yn ’e klean stutsen hie—der om dy moanne-roaskes, noch fen syn folk, hie hja as skutte in stikkene blompot omhinne set. En hja bloeiden sa moai en sa tankber, as rôpen se de frou werom.
En Sjoerd Meinses, dy dolde en dolde en lei se allegear neist-inoar del op ’e kroade, hwer as syn ienichste bisitting ek noch in doek mei klean en it hoekspyntsje op lei. Dat moast hy wer ha en hy koft it werom, do-t it ôfmine waerde for in drupke. Hwat maelde it him, dat syn âld-omke al fûtere, as hy sok frouljuesgûd yn syn hûs slipte—al scoe de ûnderste stien ek boppe, dit naem hy mei.
En nei in skoftsje wie dit lêste wirk ek dien. Noch ienkear gyng hy stadichwei it lytse hoarnlegerke yn ’t fjouwerkant roun, by de dyk lâns, der hy tocht hie, dat syn lyts jonkje ienkear op boartsje scoe, by it poelke troch, hwer it gealtsje nou bigoan to slaen yn ’e elzen en út to heljen yn sulveren toanen, sa wémoedige-moai, dat it him troch alles hinnegyng. Wie dit sims in ôfskie fen it maitiidssjongerke, dat nea net by him forbâlle wie en altyd alweroan syn nêstje by de daem makke, der ’t it lytse kopke mei de skitterjende eagjes dan ta ’n út seach, as hy de hikke iependraeide....
....Efkes letter wie alles foarby....
In earm man, dy-t frij west hie, kroade mei syn sober kroadtsje wer yn in swiere tsjinst....
Al fierder gyng it, de strietwei lâns, do in sânwei op mei hege toarnbeistrûken oan ’e kanten, al fierder en fierder, moedleas en hopeleas.
By in lyts húske waerde it piipjende rad stil.... „Noch ienkear sjen!” suchte hy, „en dan....” en hy liet de klompen by de kroade stean en roan hoazfoetling by âlde Saepk op ’t hiem. Wie hy net in strúnder? om efkes mei ien eachopslach it lok to sjen, dat hy net bisitte mocht en hwer hy sims wiken, né moannen op tarre moast, om net yn syn lijen to forslaen.
Syn sliepen dy bounzen.... sa slûpte hy foar ’t finster en seach boppe oer ’e heallûkjes hinne! Der siet Saepk mei ’t beukerke op ’e skirte, heal útklaeid, de earmkes en ’e lytse foetsjes bleat, tûzen blonde kroltsjes om it blanke ingelkopke, syn bern, syn skat! En hy moast him fêsthâldde oan ’t kesyn, sa trillen him syn foetten. En derneist, sa tichteby en dochs sa ûnbirikber fier fen him ôf, der siet syn wiif, meager en forfallen op ’e stoel to slûchjen, de wangen biklonken, it halske sa fyn fen meagerens, dat min der hast trochhinne sjen koe, in byld fen jammer en ellinde, in byld fen it stille forkwinen yn ûnforskilligens, yn fordôving.
„Scil der dan noait in ein oan ús lijen komme?” kriet hy yn fortwiveling. „O myn God, Jy kinne it en Jy wolle it, help ús!” bea hy út it djipst fen syn hert en fâldde syn meagere hânnen.
—Ha ik skild?—frege hy himsels wanhopich ôf en tûzenris itselde andert op diselde fraech:—Dû kinst dy frijpleitsje—mar it needlot woe dyn ûnk.—
En hy gyng wer foart op ’e greate boerkerij fen syn âld-omke oan for help en stipe, safolle as setboer, in tsjinst út tûzen, mar for in frij man in twangjok, dat him swier op ’e skouders lei.
Mar hy bleau—hy moast nei de pipen fen ’e âld man dânsje, al syn grisertslúmen fordrage, arbeidzje, luiterje, for baes spylje ef for feint, al nei ’t syn omke it yn ’e holle krige—hy fordroech it allegear sûnder wird, sûnder klacht, mar wie sa gestipt en krekt en wis yn alles as in klok, dy t min opwynt, dat de âld man wûnder mei him op ’t snjit wie.
„Jonge,” sei hy ris op in joun yn ’e haeijing, do-t se fen ’t swyllân op hûs tagyngen, „dû hiest myn soan wêze moatten. Ik hie greatsk op dy west.”
„So,” andere Sjoerd Meinses ûnforskillich wei. „Ja, dat scil ’t wol.”
„Dos ik like dy noch net sa min ta, dast wol ûnder my stean woeste,” tante de âld man mei de sinnigens fen âlde ljue, dy-t foarteamelje kinne as hja hjar hwat yn ’e holle set ha. „En dan hieste ek waerm yn ’e wolle sitten.... in pleats en sa,” liet hy der op folgje, krekt as woe hy him it wetter om ’e tosken rinne litte.
„As min mar lokkich is, dan is ’t lytste klintsje ek noch in parradys,” sei Sjoerd Meinses mei de folste oertúging.
„Dû tinkst wer om ’t wiif,” grânze omke.
„Hwer scoe ’k ek oars om tinke? Myn wiif en myn bern binne my it neiste op ’e wrâld. Dat is sa en dat bliûwt sa,” sei Sjoerd Meinses bidaerd, mar reslút-wei tsjin syn âld-omke, dy-t sa ’n frouljueshater wie, dat hy gjin frouljue yn syn hûs ha woe, bihalve Foeck, in earste mansheld en opskepper, dy-t syn kofje ré-meitsje en syn hoazzen stopje moast. Hja waerde der dild as in needsaeklik kwea en skoudere as.... in frouminsk!
„Scil ’k dy ris hwat fortelle?” sei omke en kaem him hwat tichter op ’e side. „Dat wiif fen dy—dat ’s in forkearden ien. Dokter scoe hjar helpe, dat joech neat, do ha jimm’ Ouwe, dy âlde rakkert, geweken naem en der hat hja hjar kweade kúren net iens for farre litten en....”
„Hâld op!” rôp Sjoerd Meinses en bleau midden op ’t paed stean, sa wyt as in doek mei triljende fûsten. Syn hege gestalte dy siddere as in blêd. „Noch ien wird, omke, en ik gien foart. Tink sa ’s omke wol, mar myn wiif.... ôfbliûwe hear! Hjar lek en brek hjir net oplêze, bigrepen?”
Omke wie alhiel forslein. „Hearink jonge,” stammere hy...., „sa.... sa ha ’k it net miend. Ik woe dy hwat opfleurje, dû moast der net sa swier oer tille, wier net. Der kin for dy ek noch wol ris wer in sinneblinkje komme.”
Sjoerd Meinses lake bitter. „In sinneblinkje?.... Myn sinne wol ’k wer ha!” sei hy. Syn sinne, dat wierne de moaije blaue eagen fen Doet, dy-t him fol ljeafde oanseagen—syn sinneskyn, dat wierne lytse trippelfoetsjes oer ’e flier en in boike, dat op syn knibbel sitte scoe en him oankrûp.... tige, tige tichte—hy koe der sa ’n ûnbidimberen langst nei krije, as hy sims troch ’t haeilân by de mieren lâns gyng, dat hy him hast gjin ried wiste. Mar wachtsje, sei hy dan tsjin himsels, hja scil wer better wirde en ús lok komt ienkear werom!
En yn dy hoop libbe hy.
In setsje gyngen hy en syn omke sûnder in wird to sizzen neist inoar lâns. It siet him heech, dat mirk syn omke wol en hy prakkeseare him hast suf, om Sjoerd Meinses wer oan ’e praet to krijen. Mar dy wie by tiiden sa stymsk as in blok—der koe min yen warrich by prate.
„Hjarren komme!” gûlde Foeck om ’e hússide.
„Ea ja, âlde tange,” sei d’âld omke, „wy rinne ommers al,” en hwat hastiger kamen hja nou op ’e hutte ta.
„So,” sei Foeck, „dat’s hjir ek hwat moaijs yn ’t doarp for skandael, scil’k mar sizze.”
„Meitsje ’t koart,” moanne d’âld man brimstich. Hja scil wer fen ’t iene ef oare op ’e tekst, tocht hy en waerde al hiet fen opkommende nidigens.
„Moai skandael, moai skandael. ’k Bin bliid, dat’k hjir net berne bin yn sa’n moarndersdoarp. Ljochtskjindei en hja moardsje, eft ’t hounen en katten binne.”
„Hofolle binn’ der dan dea?” frege de lytsfeint gekoanstekkerich.
„Ien en dat’s al moaijernoch en dat’s om sa to sizzen mounlers Hinke.”
„Dû liichst, dast swart wirdst, Foeck,” sei d’âld man skerp. Hy hie hjar frouljuespraet neat yn ’e rekken en bigoan bidaerd de sûpenmoallenbrij op to skeppen.
„’t Is wier,” lei Foeck der heftich tsjin yn en skûrde de eagen gril op—„mounlers Hinke ha se formoarde.”
„En hwa dat?” fregen se allegear.
„Nou hwa oars as hjar eigen man,” sei Foeck.
„Dû hâldst op mei dyn mâlle praetsjes, bigrepen?” sei d’âld man. „Min scoe sizze, datst ta de flesse west hiest, sa’n opskûrring makkest ûnder iten.”
De oaren waerden stil, nijsgjirrigens, skrik, binijing lies min op ’e troanjes.
„Der mankeart my neat”, sei Foeck, „mei jo smeule praetsjes. Hwat miene jy wol! Mar de bolrinder dy wie hjir nyskes en dy wist it. It hie al lang gien.... mounlers Hinke hâldde it mei in oaren-ien as hjar eigen man, mar der wie net folle praet fen.... En nou jisterjoune yn ’e harbarge socht hjar man, dy-t faek heal yn ’e sûs is, spul mei in oare kearel en dy forwiet it him by dit en by dat. En do hie hy ’t mâl fel oan.... nou jimm’ kenne him wol.... in earste bolderblast, en trapearde hjar in syn eigen hûs. As in wyld dier moat hy do op hjar ynflein wêze.... en syn trewinkel is sa oankaem, dat hja is der delsiicht.... nou om noait wer oerein to kommen. Is ’t gjin soune en skande yn in kristenlân?” en Foeck wiske mei in tippe fen ’e skelk in trien út ’e eagen.
„Hâld mar op mei dyn gelyp,” kibbe d’âld man noartsk. „Siz ljeaver, der’s wer in dôgeniet minder. It doarp wirdt der better fen, as sa’n ien de kûle yn giet.”
De iene nei d’oare waerde der stil fen by dizze hirde wirden en nimmen frege nei Hinke hjar man, dy-t flucht wie en mounlerinne mei de beide bern oanpiele liet.
It hiele doarpke rekke yn opskûrring. De ljue forkrongen hjar by de finsters fen Hinke en dy’s hûs, der ’t hja Maeije yn kaem wierne, omt mounlerinne en Hinke hjar man sa mâlle min mei-inoar koene, en hjir en der hokken kloftsjes frouljue by-inoar, om ’t ôfgryslike nijs to bipraten en ljeafst noch ôfgrysliker to meitsjen.
It wie krekt sa gien, as âlde Foeck it al oandroegen hie. De sterke fûst fen hjar man hie Hinke sa tramtearre en dat kaem sa oan, dat hja it libben der by ynskeat. De frjeon spile de wyk ta de efterdoar út, oer it mounlehiem en do de lânnen út en do’t mounlerinne ris sjen scoe, hwat der skeanoer hjarres úthinge by Hinke en hjar skoansoan, lei Hinke mei de dea op it antlit oer ’e flier en it âldste bern siet der forweesd by op ’e matte.
Gjin wytnisse koe it libben wer yn ’t omskot roppe; de mûle, dy-t safolle tsjin in oar brouwd hie, wie stom en fjouwer dagen letter droegen hja hjar nei ’t tsjerkhôf.
Sjoerd Meinses hearde it lieden fen ’e klok yn ’t swyllân en hy bûgde syn holle. Hwat hie hjar straf swier west! Mei skande yn ’t grêf, mei de greatste skande, dy-t ea in fatsoenlik frouminsk to lêst lein wirde kin, foracht fen elk-in-ien en bitreure troch gjin inkele. In forlern libben en in fortsjinne lean! Gjin inkele tinktme fen forjowing kaem by him op; it lijen hie him wreed makke en dat lijen wie kaem troch hjar hân, hjar mûle en hjar jild.
Ek wer foarby.... as in streek, dy-t útwiske wirdt, tocht hy stil for him hinne—en as in slaef, dy-t fielt, dat ek ienkear de ûre fen syn frijheit komme scil, stiek hy syn holle op nei de goudene sinne boppe him, hwer de himel blauwe en Hy wennet, dy-t gjinien fen Syn bern op ierde forjitte scil.
VIII.
Alles gyng wer yn ’e âlde basúnje foart; de sjidder gyng oer it lân en d’ieren sûzen, de hokken stiene yn lange rigen op ’e bou en de lêste siedwein ried daverjend de efterhússtriette op. Yn sokke stille kriten wikselt it ôf, mar it foroaret net. Hja binne der net hastiger as hjar foarâlden en net wizer as hjar ginaemten en hjar libben forrint der as in ûrwirk, dat jimmeroan opwoun wirdt en einliks fen âlderdom stûket. Dan kliûwt der ien fen ’e jongerein op it foarhek en nimt de jageline yn ’e hân en rydt in pake ef heit fen ’e bûrljue nei syn rêstplakje by ’t skylpaed ta. En dan rinne der jonger en flugger foeten oer ’e mielling en draeije jonger hânnen de wine by ’t winter en rôllet der ris in laeits troch de greate skûrre—de jongerein, dy-t alles moai en nij fynt, krekt sa lang, dat it ek wer stil wirdt op ’e hirde teskflier en in âld man al wer warrich en slûch syn folk neigiet, dat âld mei him waen is.
En sa giet it der jierren, né ieuwen yn sokke iensume doarpkes. Der meij ris in nije master komme ef in hûs bouwd wirde ef in oaren ien ôfbrutsen—der komt ris in spultsje op ’e bûrden, omt immen de toffels foar ’t bêd set hat, mar oars is it libben der as in stille mar, hweroer mar inkeld ris in fâldsje glydt.
Sjoerd Meinses ried mei de haeiwein en ’e wytfoetsjes derfoar, moi rimpen de bulterige reden lâns nei ’t swyllân ta, om ’e lêste weide hea to heljen.
It wie soel, motsk waer, krekt as forline jier, do’t se mounlers Hinke bilet hiene. Swiere tongerloften dreauwen stadich de bârnende sinne foarby, dy-t skûl gyng yn in damp fen mistige waermte en bywilen foelen der inkele geile drippen en rommele it yn ’e fierte as in warskôging. De hynsders snúfden en switten foar de lege wein en sloegen mei de lange stirten de feninige brimsen fen it appelige hier.
Gjin raeike trille, de wyn wie lizzen gien, de bisten âllen yn ’e fierte en stiene yn tropkes, de poaten hast ûnder wetter, fier yn ’e mar út ef fleagen as wylden troch de finne. It wie krekt, eft de natúer smûgde fen ’e waermte, eft der in flústerjen fen eangstme oer ’e fjilden gyng for ’t swier-waer en dochs ek wer in winsk om frissens nei sa’n lange rite fen droechte, fen Junihiettens.
„Dat moat oanmeitsjen wirde,” sei Sjoerd Meinses heallûd en seach ris nei de loft. Do joech hy de hynsders in lyts tikje mei de jageline en hja fleagen troch de dammen hinne en oer ’e barten, dat de moude der nei stoude.
De sinne krûp nou alhielendal wei; de loft wie ûnderset en it waerde sa neare stil, dat min koe it roppen fen ’e minsken yn ’t bûtlân oan ’e oare kant fen ’e mar skoan hearre. Hearke, d’âld gediende, stie al klear om mei Sjoerd Meinses it hea op to stekken. De oaren hiene hjar ôfjown nei in oar stik lân ta en skripten nou mei mannemacht, mânljue en frouljue, selst âlde Foeck hantearre de riûwe, om it wyndroege hea noch gau yn opperkes to bringen.
„Der komt reinwetter,” sei Hearke en sette him to skrip, do t hy earst de loft ris skouwe hie.
„De loft wirdt danige min,” andere Sjoerd Meinses en skodholle. De wolkens hingen nou as in swiere, skiere massa boppe hjar, mar it tongere net mear en it reinen hâldde ek op. Oeral gyngen tropkes minsken mei de riûwe oer ’t skouder en ’t kofjetsjetteltsje yn ’e hân mei in haest, dy-t in bulte fen fluchten hie, nei hûs. Allinne ien minske kaem noch fen ’e oare kant en gyng yn ’e bui op. Sjoerd Meinses seach ’t, ho-t de oaren stean bleauwen en nei de loft wiisden en it hjar ôfretten, mar hja gyng troch en do laken hja allegearre heech en gnyskjend. Sjoerd Meinses waerde der nitelich om.
„Hwat ek dom, yn sok waer yen noch ôf to jaen,” tocht hy en sei do lûd tsjin Hearke: „Ho scille wy? De hynsders moatte der mar net iens foar wei, wol? Dan binn’ wy safolle to gauwer thús,” en hy makke de jageline mei in pear slaggen om ’e wriûwpeal fêst.
„Dat ’s sa goed, sa kwea,” lei Hearke der tsjin yn ûnder ’t opstekken. „Tochten jy, dat wy ré kamen for de bui? Dat liket der net nei. Sjoch mar ris, de hiele loft is al slúten en derjinsen oer Fônegea reint it al, dat it spielt.”
Sjoerd Meinses seach dy kant ek út. Mei grize streken sûze der de rein al by de loft del en dof en swier rôlle tongerslach op tongerslach nou wer troch de stive loft.
„Ik scil se dan mar útslaen,” sei hy mei omtinken. Hja kinne hjar wol redde sûnder sylbeage oan en wy binn’ dochs to fier fen hûs, om noch droech thús to kommen. Mar hwer scille wy keare?” frege hy, do-t it al tsjusterder en tsjusterder waerde en hja it sûzjen hearre koene fen ’e rein, dy-t neijer kaem. De wyn stiek op en wie nou ûnder de bui. Twisken de tongerloften skimere gjin plakje blau mear—leadgriis kruiden hja tsjin-inoar yn, forienigen hjar en skûrden wer út inoar troch in wynpûst, der ’t de beide wylgen by de daem fen krêken. It lân wie der keal nei de mar út, de lêste útloapers fen ’e elzewallen hâldden in lyts eindsje fen ’e bûrren ôf al op en dan wie in inkele wylgenbeam it ienichste, der ’t yen each oan hingjen bleau.
„Witt’ jy hwat, wy rinne gau nei ’t hok derjinsen ta,” sei Sjoerd Meinses en hy wiisde nei in soarte fen forskûl for ’t fé, dat syn âld-omke der makke hie for de kâlde hjerstnachten, as it sa ûnwarich en kâld oer ’e mar rûzje koe. „Dan bliûwe wy tominsen droech. Der skûlet dat minske fen nyskes ek al.”
Hearke gyng fen ’e wyn ôf efter in hege opper sitten en sei, wylt hy skrilde fen in omrake tongerslach: „Ik bliûw hjir. Yn sa ’n hok, jonge, jonge, it is to gefaerlik.”
Mar Sjoerd Meinses hearde it net mear. Mei in oanrintsje sprong hy oer ’e sleat en roan skean oer it lân op it hok oan. Noch ien sleat...., dan wie hy birgen.
It brûze en sûze om him hinne; de rein streamde mei geweld út de wetterswiere wolkens en ’e wearljocht wie net fen ’e loft. Giele flammen skeaten troch it skiere swirk en dan krêke de tongerslach, eft hy alles forpletterje scoe.
Hast sûnder der bilul fen to hawnen, kaem hy oer de twadde sleat, nou allinne mar in pear ikkers mear....
Ynienen bleau hy stokstiif stean.... Alles om him hinne stie yn ’t fjûr en hy knypte syn eagen ticht for it sterke ljocht.... In swevelrook binaem him hast de azem.... op itselde stuit knettere de tongerslach en sloech de lôge út it hok.
....Dat wiif!.... hja skûlet der.... fleach him troch de holle; hy fielde de rein net mear en ho ’t syn jas al trochplakte op ’e rêch.... hy fleach erop yn. It gefaer telde hy net, hwat tocht hy om in twadde slach, dy-t him treffe koe! Der siet ommers in minsk yn need!
Tûzenen lytse flamkes krûpen al fierder en fierder oer it wiete tek en sochten nei in droech plakje, om ’e lôge noch mear foedsel to jaen, dy-t him sims smeuljende bijoech en dan ynienen knapte it wer lûd en gyng de flamme omhegens en foelen de droeche plankjes forkoale del. In forskrikkelike reek binaem yen hast de azem. Sjoerd Meinses digere der troch hinne.... hy stroffele oer âlde planken en skobben strie yn syn hastigens.... einliks.... der yn ’t healtsjuster lei it minske mei de riûwe noch yn ’e hân langút yn hwat rûchte, bidwelme ef dea, dat wist hy net.
Foarheftich tilde hy se oerein en sûnder ien amerij to forliezen, droech hy se bûtendoar ûnder de krêkjende styltsjes troch, dy-t hjar efkes letter bijoegen. Noch ienkear sloech de lôge derút; do bleau der net oars fen oer as hwat rikjende peallen.
....Dat hie ek net letter kind, tocht Sjoerd Meinses en hy lei it minske sêft op it wiete gêrs del, dat noch trille fen it sûgjen nei de frisse drippen. Yn it Súden waerde it ljochter; der kleare de loft op mei ’n sêftgiele skimer en yn dat ljocht draeide hy de holle fen it frouminsk om, dy’t troch de reek hast net to kennen wie.
En do joech Sjoerd Meinses in gelúd.... in skreau, dat min it wech-en-der-wear heare koe en Harke riboskjende oerein fleach.
....It wie Doet....
De sterke man foel neist hjar del op ’e knibbels en tútte ûnder snokken en tankjen de slútene eagen, it stille antlit fen it wiif, dat hy sa ljeaf hie.... En do sêft.... sa’s in mem docht, naem hy dat meagere hântsje yn sines en fielde yn tûzen soargen nei de pols. Dy gyng noch, mar o sa súntsjes, as in streamke, dat hast útdroege is.
Ynienen fielde hy ’t, dat hy noch jong wie en sterk en soun! Mei nije moed fleach ’t bloed him troch de ieren en hy krige hjar wer yn syn earmen as foar trije jier en droech hjar yn ’e smoute fen in polderdykje.
Der makke hy syn bûsdoek wiet en wiske de reek fen ’e bleke wangen en it moaije foarholtsje, fen de hânnen, dy-t in stik fen ’e riûwe noch stiif beethâlden.
....Lit mar los, dû hast nou wer ien, dy t for dy skrippe en wrotte scil.... sei hy heallûd en as in sucht ûntkaem it him, fol pynlike onwissens.... ast him tominsen noch wer in bytsje ljeaf ha kinste.... Hwent ho scoe dat nou wêze? De stomme lippen en ’e slútene eagen anderen net op dy fraech. Foarsichtich bigoan hy de kroltsjes hwat út de eagen wei to striken, dy lytse kroltsjes, dy-t nou sa wiet en sa rûpsk ûnder ’e wite mûtse weihingen en dy-t hy yn ’t foarige op in winterjoun sa faek twisken syn fingers hâlden hie.
„Doet, Doet,” kriet hy, „hwerom kinst my nou net sjen? Slach dyn eagen op.... ik bin ommers by dy,” en hy wreau hjar hântsjes, dat se mar waerm wirde scoene en hy lei de wiete bûsdoek op ’e foarholle, om hjar mar wer by to krijen.
....As de skrik hjar mar net forlamme hat.... fleach him troch de holle.... O dat net! dat net! rôp hy yn fortwiveling,.... ik ha se ommers krekt en moat ’k se dan sa wer misse?
Hy loek syn jas út en rôlle der in holkjessen fen for it fine kopke, dat hast noch to swier wie for ’t meagere halske. Hwat koe ’t him skille, dat hy kjeld skipe en de rein him mei kâlde strielen by de rêch ynroan.... hy hie Doet ommers werom!
Einliks sloech hja de eagen op en nei him ta en nou wie ’t krekt, eft hja him einliks werkoe. „O Sjoerd,” flústere hja, „bist dochs noch kaem, om dyn lytse Doet to heljen?”
It gyng him troch alles hinne. Wist hja dan net, ho jamk hy by Saepk oankloppe hie en ôfsneutere wie? Wist hja dat net mear ef wie dit it stadige ûntweitsjen út in fordôving, dy-t mei in skrik kaem wie en nou troch in noch greatere schrik fordreauwn?
„Ho bin ’k hjir dochs kaem?” frege hja en seach binijd om hjar hinne. „Hwerom lietst’ my yn sok waer ek rinne, Sjoerd, dû wiest oars altyd sa mâl mei my,” liet hja der in bytsje forwitend op folgje.
„Dû wennest nou ommers al sa lang by Saepk en nou scoest tink ’k hwat to swyljen nei hjar twa mêd ta, net?” andere hy en fielde for ’t earst mei njue, ho ticht dat kopke wer tsjin syn skouder oankrûp.
„Al sa lang by Saepk? It wie krekt as wie ’t in binaude dream,” sei hja en striek hjar oer ’e foarholle as woe hja dy neare gedachten forjeije. „En ik leau ek, dat ik weitsjende dreamde,” liet hja der op folgje. „Jimm’ kamen en gyngen, ik hearde it petear en dochs gyng alles bûten my om. O Sjoerd, it wie sa freeslik, dat sliepen mei de eagen op!” en ’e freez derfor lei hjar noch yn ’e blaue eagen.
Hy helle hjar nei him ta. „Bin ik net by dy, om op to passen, dat soks noait weromkomt,” sei hy mei bitrouen, „en ha wy ús lytse Meinse net? O Doet dû wiste net, hwat ik lit ha, dost’ sa siik wiest!”
„Nou bin ’k wer better en giene wy gau wer nei ús húske ta, nou?” frege hja mei de blidens fen in bern.
„Wis Doet, mar wy moatte noch in skoftsje wachtsje, der wenje tsjinwirdich oare minsken yn,” sa helle hy der om hinne. De wierheit wie to hird, to wreed; hja moast ris wite, ho-t de saken stiene!
„Kom nou mei,” sei hy en holp hjar om oerein to kommen. „Kinst gean, oars moat it famke mar wer droegen wirde,” liet hy der mei it skaed fen in glimke op folgje.
Togearre, hja mei syn foarse earm ta steun, sa roanen hja nou by de dammen om op Hearke ta. It reinen hâlde nou alhiel op; in frisse koelte skodde de lêste drippen fen ’e beammen en troch in wolkengloppe skimere it heldere himelblau twisken de sulveromrânning fen skieppewolkjes, dy-t al fierder en fierder ôfdreauwen nei it Easten ta.
Hearke helle it wietste hea wer fen ’e wein en swile it wer út inoar oer ’t lân. „Wy moatte mar mei in healfoerke nei hûs ta ride,” rôp hy al fen fjirrens, „it oare is sa wiet as hwat,” mar ynienen bistoaren him de wirden yn ’e mûle.
Hie Sjoerd Meinses der net in wiif by him? En syn eigen ek noch wol? En hja kamen inoar yn trije jier net byneist? En der kuijeren hja lyk op him ta, woltomoet en tige ienriedich?
„Hearke, ik doar wol sizze.... hjir is in wûnder bard,” bigoan Sjoerd Meinses earnstich. „Jy wite like goed as ik, ho-t it mei myn wiif gesteld wie en nou is hja my soun en fris weromjoun, ja.... weromjoun meij ’k wol sizze,” en do mei in snok, „ik tocht, dat se for altyd for my forlern wie, myn Doet.”
En hy fortelde, sa goed as hy-t koe, ho-t hy Doet foun hie en d’âld man roanen de triennen ek al oer ’e wangen as in bern. „Jonge, jonge,” sei hy, „hwat in dei, dizze lêste fen Juny!
En hy gyng it lân út en helle de hynsders op, dy-t by de sleatswâllen de earste nije sprútsjes ôfweiden. „Nou beide der mar boppe op,” rette hy, „wy moatte nei hûs, hwent ha gjin droege tried mear oan jimm’,” en hja kladden op it healfoerke hea mei in droech rúnetek oer ’e foetten.
„Hearink, hearink,” sei âlde Foeck, dy-t der troch d’ âld boer op útstjûrd wie, om ris to sjen, hwer Sjoerd Meinses mei de hynsders bleau, „der komme hja oan en jeije as ljue fen ’e hynstemarke!” Mei-ien snjitte hja nei de skûrredoarren ta en staette se iepen. Do gyng hja mei de hânnen yn ’e siden en bare nijsgjirrich op ’e efterhûsstriette stean.
„Ho,” sei Hearke. „Jow dy ôf, Foeck,” rôp hy brûkel. „Hwat dochst der to stean as in tsjamme! Dy bisten binne al spûksjoggerich genôch mei dit tongerige waer.”
Foeck spile de wyk, de hynsders setten wer oan en ’e wein stoude yn ’e skûrrereed op.—
In ûre letter hie Sjoerd Meinses for ’t earst syn lyts jonkje op ’e knibbel.
Gjin pinne kin it lok biskriûwe, dat do dy herten trochstreame. It wie oerweldigjend; it naem alles mei, al it oare forsonk derby yn ’t neat, de soargen for de takomst, for it deiske brea, for de tsjinwirdige ef kommende dagen, for ien amerij bistie dat allegearre net mear. Sa ’n lok ken gjin tiid ef miette!
Alle leed forfleach for ’e glâns yn dy eagen, for de wirden fen forjowing, dy-t der flústere waerden, der ’t wol neat to forjaen, mar o sa’n bulte út to lizzen wie.
En de dei, dy-t folge, wie in Snein, de Snein fen ’e earste July 190... en it wie in simmermoarn, sa’s der mar inkelen komme yn in jier, sa moai, sa stil en sa ljeaflik. En nei tsjerkstiid waerden hja útforsocht by d’âld omke to kofjedrinken mei de jonge, waerde der by sei. Nou Saepk stie al mei him ré op ’e wei en Sjoerd Meinses naem him op ’e earm en kuiere sa for ’t earst mei ’t wiif de strietwei lâns nei de boerkerij ta. Hwat der yn him omgyng, derfor sjitte wirden to koart; dat binn’ fen dy amerijen yn ’t libben, sa seldsum en sa hearlik, dat it minskehert se ek sûnder wirden nea, nea wer forjitte kin. Hja bringe him tichter by syn God.
It wie noch stil op ’e paden; yn ’e bireinde moude stie noch gjin minskeprint. De lêste kantsjeroaskes geuren op ’e diken, de lêste brimmerheideblossoms skitteren goudkleurich twisken it grien.
En der bigoan it gealtsje to sjongen. Hy sloech net troch, mar it wierne inkele noaten fen syn hearlike jounsang, dy-t hy nou noch oan ’e moarn wijde.
„Hark!” sei Doet en bleau stean, „wist it noch fen ús húske en ho-t hy der ek sa sjonge koe? Wy hearre him der nou noait wer, Sjoerd,” en hja krige de triennen yn ’e eagen. Sjoerd Meinses wiste it nou, ho-t dat âlde húske yn ’e diken ek for hjar it parradyske fen hjar libben west hie.
„Dat moasten wy jaen, mar wy ha inoar weromkrige, Doet,” sei hy sa folkomen lokkich, dat der for him neat mear to winskjen oerbleau. Ho fier lei nou dy joun al efter him, dy joun yn ljochtmoanne, do t it gealtsje sa moai trochsloech en yn syn toanen al syn leed bisong.
d’Ald-omke stie al ré by ’t steksdoarke, om nei syn kofjedrinkers út to sjen.
„Nou moat de flach ek op ’e skûrre, net?” pleage hy goelikwei, in bytsje lûder as hy ’t wend wie. Deksel, dy Sjoerd Meinses, sa’n wiif en sa’n jonge, sa’n boike om tige ljeaf to hawnen, for to skrippen en to gearjen en for ’e earste kear yn syn libben kaem de gedachte by him op ef hy miskien net it bêste fen ’t libben forsitten hie.—Bin ’k net lokkich? frege hy himsels.—Op in bytsje nei—wie ’t andert en nou hjoed bigriep hy it, dat dit bytsje just it aldermoaijste útmakke.
„En nou moatst ek wer in hûs ha, tink ik,” sei omke, do-t se sahwat oer ’t waer en ’e wyn útpraet rekken, „en dan kinst deis noch wol ris in skoftsje by my komme, net?”
Sjoerd Meinses sloech daedlik ta. „Wis en siker, omke kin op my rekkenje,” sei hy reslút wei mei d’âlde moed en mei eagen, dy t skitteren fen lok.
„En dû op my!” liet d’âld man der rimpen op folgje. „Ik ha in steedsje yn ’e bûrren en der moatt jimm’wenje. Jild is jild.... jimm’ hoeche ’t measte net to jaen. En dy jonge moat hjir nou en dan ris komme to boartsjen, dat bitingje ik der by.”—
En sa kaem it. Do-t lytse Meinse allinne bitroud wie, futtele hy deis mei syn heit nei omke ta, om d’ âld man mei syn bernepraet en berneboarterijen hwat op to kwikken. Hja rekken sa oan-inoar forkleefd as in pake oan syn bernsbern en ginaemd en do-t d’âld man syn holle dellei, waerde in lyts jongkje mei blonde kroltsjes en blaue eagen skepper en skriûwer op ’e pleats.
En alle jierren alweroan waerden de bjirken grien en foelen de blêdden ôf. Hja kamen en gyngen, dy jierren, ek for dy stille krite, dy-t earne yn ús Fryslân leit, mar nei de twirre, dy-t ek oer it bistean fen inkele minsken dêrre reage, waerde hjar libben wer as in stille mar, hweroer mar komselden in fâldsje glydt....
Der scil in tiid komme, dat it sulver fen ’e âlderdom hjar hollen biflokket en hjar nei in lang libben de warrige foetten dellei wirde nei ’t Easten ta en dan scil fen hjar sei wirde kinne as it bêste, dat ea fen in minske sei wirde kin: hy wie in Fries, in man út ien stik—in hert fen goud.
1901 en 1902.