WINTERNOCHT
De wrâld jowt ûnder ’t tek fen snie hjar del,
Sa rûch fen rym binn’ beam en skûrre,
En de easterwyn, dy ’t lang sliept, spilet om ’e mûrre,
En makket ’t elzenbeamke oan ’e sleatkant kjel;
It trillet, ’t floksatyn, dêr ’t mei biplomke wie,
Falt fen ’e twiichjes, der de wyn it siedde hie.
Sêft oer ’e fjilden streaket wintersinneljocht,
En ’t boartlik wetter sliept, yn fêste bân bisletten.
De tiid, it wirk wirdt for it nocht forgetten!
Min bynt de iizren wjukken oan en fljocht
De mar oer, hwêrfen de ein yn ’t lege lân fordwynt,
De baen him krinkljend nei it fiere toerke wynt.
Wyls ’t strykt de âld opfeart del, nei ’t priisforriden ta,
It jongfolk, rea fen troanje en blierens yn ’e eagen,
Sjocht wylde goezzen nei, dy ’t út it Easten fleagen;
Nou laeitsje en prate, joun dan sjonge hja,
En ride ta op ’t âlderhûs, forskûle as ’t leit
Yn hege beammen yn syn winterienlikheit.
Sa’n winterdei, as w’oer de fjilden eagje,
Neat sjogge as snie, dêr ’t libben ûnder sliept,
Neat hearre as in oes, dy ’t oan ’e súdkant dript....
Dan tink’ we om mylder wyn, dêr ’t lizich reid op soeit,
Om ’t maitiidssintsje, dat op ’t boartlik wetter djoeit,
Om ljurken, dy ’t yn hege loften sjonge....
O Maitiid, kom! en lit dyn ljeavens ’t dwaen,
Om ’t libben fen ’e wrâld syn jonkheit wer to jaen.—
1898.