SÉMANSLOT.
I.
Ik wit fen in séman to sjongen,
Jamk hat hy de séën bifearn;
Syn hier wie forsulvre troch stoarmen,
Syn troanje hie ’t wiffe bistean
Trochploege mei d’ynroste fâlden,
As tinzen oan ûren fen wea;
Rûmflodderich hinge syn klaeijing,
Om d’âlde, bienbitige lea.
Syn boat droegen skûmige weagen,
Hwer sulvrich de floksnie op lei....
Oer ’t ivige warbere wetter,
Glie ’t goud fen ’e kommende dei....
Hy seach it en ek ho ’t de stjerren,
Fordôven hjar skimerich ljocht,
En ienlik, mei ’n trien yn syn eagen,
Yn ’t hert hy om ’t heitelân tocht....
Om ’t hûs yu glêdstammige bjirken,
Smûk twisken de sândiken yn,
Hwat bûgden dy tokjes sêft-fredich,
Op ’t sljuerkjen fen simmerske wyn!
Om ’t herntsje fen d’âld-ljeave wente,
Hwer mem yn ’e skimerjoun spoan,
Wylt ’t imerke by de hirddobbe,
’t Ienlûdige sangkje bigoan....
Om ’t marke, sa klear en sa ljeaflik,
Forgetten moai ienlikheitsdream,
It hie him swiet lústrjend bilêzen,
Sa ’s ’t djoeijende twirke de stream;
Om ’t hôf yn ’e rûzjende beammen,
Dat fier seach oer ’t fredige gea,
Syn folk foun der rêst as yn slomme,
Foar ivich bifoel hjar de lea.
Syn hert wie forstive fen smerte,
Syn holle droech ’t âlderdomsskaed,
Hy longre nei hûs as in berntsje,
Dat bjuster is ’t âld-ljeave paed,
Hy hearde de wyn yn ’e seilen,
Hy fielde de stream oan it stjûr....
En sûzjende ’t brocht him âld sizkes,
Fen ’t dreamjende Suderlân oer.
Hy seach de granaetblossoms bloeijen,
Op hichten yn ’t goudsinneljocht,
Dy ’n amme ta ’t koart-moaije libben,
Ien sigen ta ’t ôfblêdzjen brocht!
Hwat wie ’t by de miedlânske berntsjes,
De stjerkes fen d’ivige trou?
De kreftige, glânzige blêdden,
Fen ’t swânneblomt, widz’ op ’e Grou?
Yet ienkear dy blommen to ploaitsjen,
Yet ienkear dy loften to sjen,
Dy, sulveromrânne tingaezen,
Oer ’t sompige Wetterlân tsjên!
As skimerjoun stilkes oerwjukket,
Mei memmesoarch ’t slomjende gea,
De fjilden yn ’t tsjuster bifâldet,
En susset al ’t lijen en wea....
Der hinge syn hert oan, syn tinzen,
Syn stjûr wie ’t, syn stipe yn it ûnk;
Swiet rêstplak for ’t longerjend langstme:
Syn skip brocht him neijer by honk!—
II.
Ik wit fen in hichte to sjongen,
Forlitten oan ’t frjemdlânske strân,
Yn hege cypressen forskûle,
Grien-skadich op ’t wyt-stouwend sân.
De sé sjongt fen kommen en stjerren,
Fen wêzen en stadich forgean;
It herte bisnaret de wémoed,
Wif, wif is it minslik bistean!
De lêste granaetblom forwilet....
De bledtsjes forstouwe as it tsjêf....
Sêft-amme fen ’t ynmoaije Suden,
S’ yn rêst draegt op ’t ienlike grêf!
De sé hie syn wille en syn wente
Syn ljeafde yn it libben stees wêst—
Nou sjongt as in berntsje for jimmer,
Hy ’t longerjend hert yn ’e rêst.
O ienlike fjilden fol moaijens,
Syn hope, syn heitelâns-groun!
Net ûnder jimm’ rûzjend griis beamte,
By d’âlden hat rêste hy foun!
Hy slommet yn frjemdlânske ierde,
En nimmen, dy draegt oer him rou;
Gjin sémanskrús plante op it tsjerkhôf,
Seit; d’oantins bliûwt yette dy trou!
In libben as skomjende weagen,
Forflein wol yn ûnrêst en wea,
En einliks—bihirde yn gefaren,
Op hûs ta—in sémanne dea.
Forgetten! Sa sjonge de weagen,
Forgetten, ear ’t jier noch wer stjert!
Hwat dwelmst’ op ’e twirre fen d’ûnrêst,
Nei ’n lok, datst nea founste, o hert?
Dat hûs yn gledstammige bjirken,
Smûk twisken de sândiken yn,
Dêr wenne dyn lok en dyn frede,
Blier jonkheit, sa lang al forlyn!
Net twinge om frjemdlânske skatten,
Hja binne sa wif as hjar pracht,
Nei ’n dei, dy-t se gloeijend ûntfâlde,
Forwilet s’yn ’t slomjen de nacht.
Net twinge om ’t frjemde, ûnrikbre,
Tofreden—dat ’s seine en skat!
Wif herte yn tûzenen soargen,
Bist stil waen yn ’t sémanne lot.
Hwerom dos om útens to swalkjen,
’t Oermjitten in einleaze baen?
It lok, hwer wol elkmis nei longert,
Moat ’t herte him selme dochs jaen.
1899.