V.
’t Liet wier myn maet de dûnkre rûz’ge jounen
Do’t Winter flokkend bounze op iizren doar;
De heard ljochte op yn giel en read; in gloar
Skeat oer de flier, dêr’t stille skaden rounen.
Nachts bûgden Dreamen oer myn bêd, en wounen
My núndrjend griene krânsen yn it hier;
Den wier ’t my goed ef ’t al wer Maitiid wier,
En ’k dreamde fen ús giene ljeafde-jounen.
Mar och, de dagen, wirch, lang, feal en skier!
Hjar ûren klibben oan myn klean, hja woene
Net wei fen my, hja krieten drôf en swier;
En dû wierst my ûntdreaun; myn tinzen koene
Dyn fiere dreamen net forstean; it wier
Eft ek dyn eagen ’t ljocht forlieze scoene.