VI.
’k Fiel sêft gerûs fen Maitiid yn de loften
Dy’t oanstrûst yn hjar blau en glânzgjend klaed;
In jonge wyn sjongt oer myn bochtsjend paed
Det ierdich rûkt, syn earste sang-geroften.
Jong krûd ûntsprút nêst wjittrings en by ’t saed
En ’t núndret dêr fen ljochte komstge skoften;
Myn ûren gean yn bûnte blide kloften:
’k Wit hwet ûnthjit my sunich wytge waerd.
O kom, dû dy’t yn hjerst en diizger dei
Net toevje koest, nou’t wer de rizende ierde
Hjar langst en ljeafde as wûnders fiele mei!
Nim hwet dy beamte en krûd en wjitt’ring biede;
Ja, kom by my, gean njunken my de wei
Mank ’t swiete blomkjen fen de griene miede.