VIII.
Mar ek: lûd droan’t it bûtsend wiet en ’t âll’t
Fen stoarm, opkrôljend yn de kopp’ge weagen,
En ’t grize brûs stout yn stoarm’ge reagen
Oer ’t grienjend wiet, det swolmich riist en falt;
Ien sé fen stoarmge dûnkrens ’t swirk—oer al ’t
Wiid loftrom grous’me wolkens, dy’t de fleagen
Dwylsinnich, wyld fen leed, toropje, as teagen
Dead’s feinten oer it djip, det kroan’t en gâll’t.
As wiid en loft bin wy by stoarm’gens ien
Sa goed as hwen oer d’ ierde Maitiid njuentet—
Skielk is de stoarm wer krêftleas lune en gien
En oer it wiet giet wer it liet, det ljuentet:
Wyls riist heech oan dyn loft in goud’ne gloed
Dy’t ljocht en laits myld oer myn weagen stjûrt.