X.
In bleke gloede leit oer ’t slomjend wâld,
Dêr’t sêft de jounwyn núndret, frjemd-allinne,
En ’t swijsum beamte is timplich nou’t de sinne
Fen silvren nacht riist yn hjar blank biwâld,
Dochs is hjar egen skyn mar deadsk en kâld;
Gjin weach noch beam scoe hja oerstrielje kinne
As ’t deiljocht net út d’ oerfloed fen syn minne
Hjar glâns joech, dy’t de siele yn mymring hâldt
Sa frjeonen, as der glâns is yn myn eagen
Dy’t jim bitsjoent en treastget nei de tiid
Det d’ ûren fen de dei yn fjûr forteagen,
Wit, ’t is mar liende glâns fen hjar, dy’t swiid
Myn siele wijt ta dreamen as de reagen
Bleek sigende út it fiere silvrich wiid.