XI.
Ik frij dy as de geal syn breid. Yn ’t grien
Fen ’t swijs’me wâld tiist mei syn reade reagen
It lêste ljocht om blomte en twiich; wirch fleagen
De fûgels nei hjar went’; de dei is gien.
En swijsum leit it biidzjend wâld as ien
Hwaens dreamen yn in sêfte dea forteagen;
Gjin beam forweecht, gjin jounwyn rûz’t, gjin weagen
Gean núndrjend mear, as is hjar oanstream dien.
En húvrjend sink ik del en bid de Heit,
Det Hy myn langstme it frjemde leed binimme,
En ’k yngean mei ta Dyn myld-diedichheit.
Yn ienen brekt yn júbljend liet myn stimme,
En ’k sjong, ik sjong dy as de geal syn breid—
’t Wâld bevet—Goades each is oer my hinne.