XII.
Ik kaem en riisde, in stjerre yn neinacht-moarn
As dizen bleek it wirge mêd oerdriuwe;
Myn glâns is klear en wyt fen dream, hjar kliuwen
Is strieljend as it stiente út kenings-kroan’.
Men wijt hjar liet en bea, en ropt hjar oan
As scoe hjar ryk de tiid dy’t fljucht oerbliuwe—
Skielk riist de Dage en oer syn haed scil wiuwe
It poarper, fâldzjend út syn goud’ne troan.
Den is myn dreame-glâns as raend en wei,
En júbljend scil dit folk in kening earje
Hwaens ljochtsjend each oerglânzget moarn en dei,
Net ien mear kin myn stjerre it paed forklearje...
Net ien as dy. Hwent heech, ús sinne ûntdreaun,
Bist nei myn greatre sinne langjend kleaun.