XIV.
Do’t d’ ierde gyng nei d’ ein en ’t lêste blêd
Bleek deldwirle oer hjar wiettich earmtlik klaed,
Biloek ús gea, ’t wâld húvre—sêft oer ’t paed
Mids dripkjend beamte gyng in frjemde trêd.
Dead’s amme loek oer ’t wâldrom gear, en têd
Joech ’t beamt him del nei d’ âlde groun, as waerd
Hjar woartel wjirm-toknage; yn ’t dompich skaed
Forstoar it biidzjende iere nôt-sie rêd.
Det seach frou Frigga drôvjend oan: hja hat
It blomte en ’t nôt en simmer’s ljochtloft djûr
En striidt tsjin dûnkrens dy’t de tier fortart—
Ho brocht hja glâns! By ’t skriemen fen Natûr
Berne ûnder loft fen griis en drouwend swart
In laitsjend famke, in stjerre yn ’t Hjerst-bistjûr.