XV.
Der gyng in feint yn wémoed d’ ierde roun.
Hy libbe yn stiltme, in prins yn ienlikheit
Dy’t inkeld God syn langst en ljeafde seit
En nea geniet noch treast fen eagen woun.
’t Beamt rûze fen syn leed; de streamen roun
Gyng sêft syn stille winsk nei d’ Ivichheit
Dy’t him hjar ljocht ûntkearde en nimmen seit
Hwerta syn lot fier fen hjar Mem-boarst woun.
Ien dei—de wyn wier moarmljend yn it reid,
De himel striele en ’t wâld hie rêstme woun,
Kaem nei him, biidzjend nêst it wide, in breid
Hwaens ljochtsjend each syn siele yn iiv’gens boun—
Ien gloed wier ’t gea, ien júbling en ien liet
By ’t sjen fen Brêgeman en Breid fen d’ ierd.